Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Ymportearde Berltsumers.


Echte âlde Berltsumer sibben dy’t hjir langer as 200 jier wenne hawwe, binne bgl. de Schiphof's, (Gen. Schiphof, de stamheit Pieter Eeltjes is berne en doopt op 23-12-1703 te Marsum. Hy is troud mei Mintje Kornelis. Syn soan Eeltje Pieters is yn 1749 skipper te Berltsum.) de Kuperussen, De Haan’s, (Wijtze Johannes), de Hager’s, de Braaksma’s, (Minne Ruurds) de Reitsma's, de Westra’s, de Werkhoven’s, de van Schepen's, de Peterzon’s, de Stienstra’s, de Lautenbach's en de Ru(i)nia’s.

De lêste 2 sibben binne hjir fia Wier kommen te wenjen.Horatius Lautenbach wie hjir beurtskipper op Ljouwert. In protte Lautenbach's hawwe de namme net fia de man, mar fia de frou oerkrigen. (sjoch it Lautenbach boek side 116)) Sa is it mei de Runia's ek gien. Ien fan de úteinlike foarâlders mei dy namme is in Pytter Skeltes fan Boer. Hy wie boer te Boer. Hy is berne om 1610 hinne en wie û.o. ek learaar fan de Frjentsjerter Minnisten. It doarpke Boer (Bour, Bûr, Buor, Buir) hat wierskynlik syn namme te tankjen oan it hiel âlde Germaanske/Fryske wurd wat oarspronklik "hûs" betsjutte. Pytter Skeltes wie boaske mei in Tryntie Jans. Syn pakesizzer, ek wer in Tryntje Jans (Runia), wie boaske mei Jan Theunissen fan Wier en hy hat de skaainamme fan syn frou oannommen. Hy hierde in pleats fan Godschalk Hiddema fan Knijff, neist Lauta State yn Wier. Tryntsje har heit, Jan Pytters (Ruinia), wie (Minniste) boer yn it Berltsumer Kleaster (op "de Hundert") en sa binne de Ru(i)nia's yn Berltsum kommen te wenjen. 

De Lautenbach's stamme ôf fan de Wierster dûmny Jacobus Lautenbach. Syn soan Horatius hat hjir yn Berltsum in protte neikommelingen wenjen. Hy wie beurtskipper op Ljouwert en wenne yn it hûs mei de namme "t Zwart Kruis ". Syn widdo Maartie Klaases ferkeapet it hûs letter yn 1787 en it hûs is dan omskreaun as in deftich woltrochtimmerd wenhûs, foarsjoen fan in romme kelder, in souder oer it hiele hûs, fierders in ôfdak, put, reinwettersbak en hôf, belêste mei 2 car. Gûnens yn't jier t.b.f. de Berltsumer bûtenearmen en troch har as eigner bewenne.

De Quarr(é)e’s (Lammert, Jeremias) earder skreaun as Carr(é)e, Kor(é)e ets. komme fan Ljouwert en dêrfoar wierkynlik fan Amsterdam. (* De de Jong’s (IJep, Tiete, Auke, Sake) fan Weidum / Bears. De van Wigcheren’s (via de ferver en glêzemakker, Popke Gerrits van Wi(g)cheren) komme hja oarspronklik fan Goutum, wêr’t Gerrit van Wicheren, yn 1760 boaske mei Cornelia Harmannus Inia, skoalmaster wie. Syn âlders t.w. Jan Jans van Wicheren en Jetske Paga kamen wer fan Ljouwert. De van der Ley’s (Waling, Freerk) fan Âlde leie en omkriten. De Zwart’s (de fean/turfskippers Mindert, Lourens) fan de gem. Opsterlân. De Jasper’s (Jelke, Johannes) fan Haskerlân. De van der Schaaf’s (Jarig, Taeke, Klaas) fan Dantumadeel. De van Dokkumburg's stamme ôf fan de eardere Berltsumer minniste dûmny Sjoerd Pieters van Dokkumburg en de (Minniste) Born's fan û.o. in Hoite Born, leadjtter te Ljouwert. Deselde Born dy't it streekje hûzen op de Berchôfstún sette litten hat en letter yn de folkmûle de Borns (>Bonne) buorren neamd waard, no de Singel. De hûzen binne ek al wer ôfbrútsen.

Albert Jan’s Dusselaar (** by houlik ôfkomstich fan Burgum), de fiere foarheit fan alle de Berltsumer Dusselaars, wie hjir earst skipstimmerfeint en letter mr. skûtmakker. Hy wie berne op 15-2-1770 te Harkema-Opeinde (dus in Harekiet) mar doopt te Droegeham, omdat dêr doe yn de Harkema noch gjin tsjerke wie, en ferstoarn te Berltsum (yn in skip, nei alle gedachten ûnder it wurk) op 16-12-1841. In dusselaar is immen dy’t mei in spesiaal soarte fan bile (blêd dwars op de stâle) hout bewurket. (skipstimmerman). 


Letter binne hjir bgl. in protte minsken út de Dongeradielen kommen te wenjen. Ik tink oan de Turkstra’s (Anne Rients, Fokke), de Rekker’s (Rintje, Bauke), de Vrij(e)’s (Pieter, Douwe), de Renzema's (Simon, Willem fan Anjum / Lioessens), de Wiersma,s (Former, Willem, Wiert ets.) De Pranger’s, de Sjoerdsma's (Gooitsen, Fedde fan Morre / Ee), de Sijens (Doeke, Douwe ets. (fia Ingelum), Aagtjes (Jacob), de Douma’s (Laas, Arend) fan Holwerd en myn (minniste) sibbe (Hendrik, Watse) Posthumus út Ternaard / Holwerd / Fiskbuorren. (fia Marrum), de Bijland’s, de Luinstra’s, de Haas (Doede, Jacob), Holwerda, Ferwerda en de de Graaf’s (Popke, Fedde) fan Ferwerderadiel earder fan Grinnum, De Haas noch earder fan Eastrum. Faber,(Lammert, Jan) fan Stiens, de Wiersma's (Douwe Gerrits) út Ferwerderadiel. De van der Leij’s (Dooitze, Jan, Freerk) fan Feinsum/ Âlde Leie. De Kalma’s (Jolt, Jacob) fan Hilaard / Jorwert. De Bosma’s (Douwe, Arjen, Pieter, Ale) fan Boksum. De Brouwer’s (Feike, Hisse, Sierk) fan Hylpen. De Winselaar’s (Wenselaar’s) fan Dronryp. De Schram’s (Dooitjen, Popke) fan Balk. De Tighelaars (Ynze, Hijltje, Yge) fan Slappeterp.De van Dijk’s (Jan en Dirk Ulbes) fan Baaium. Koning (skûlnamme: Wijnkoning, Lieuwe, Jan, Thijs)) fan Stiens/Froubuorren. De Binnema’s (Jippe, Pieter) fan Froubuorren, De Herrema’s (Harmen, Sybren) fan Tsjummearum/Easterbierrum. Dêrfoar fan Doanjum (genealogie Jelle Jacobs (Herrema). De Nieuwhof’s fan Barradiel. (Minne Franzes Nieuwhof, troud mei Rinske Pieters Andringa, sjoch op Google: Rinske Pieters Andringa). De Posthuma’s (Tjeerd, Jurjen) fan Wymbritseradiel), de Miersma’s (Arjen, Sipke) fan Ljouwerteradiel, de Kalma’s (Jolt, Jacob.) en de Elsma’s (Meike, Klaas, Pieter) fan Baarderadiel., De Siegersma’s (Harm, Gerben, Hendrik) fan Seisbierrum. Wopke Rinsma, de stifter fan garage Rinsma fan It Bilt (Barradeel). De Boomsma’s (Jan,Wybren, Adolf, Jelle etc.) en de Tilstra’s (Dirk, Heerke, Marten) oarspronklik fan Minnertsgea. De Osinga's (Klaas, Gerlof, Sybe) en deTuinenga's (Jacob, Wytse) komme fan Bitgum (Menaam) en de van Tuinen 's (Sybren, Jacob), de Smit’s (Klaas, Jimme, Lolke) fan it Hearrefean e.o., de Smitsen (Hyltje, Foppe) en de Bontekoe’s (Romke,Sybe,Ysbrand, Pieter) fan Bitgum / Ingelum en omkriten, dêrfoar oarspronklik fan Lekkum. Rondaan (Lolle, Syds, Gooitzen Dirk, fan Bitgum, oarspronklik fan Makkum.) De Meyer’s (Klaas, Holst, Halbe, Ruurd) en de Weijer’s (Jacob) fan Hilaard en omkriten. De Wetting’s, (Augustinus , Henk, Jacob, Martinus) fan Frjentsjer, , (Gen. Hendrick Hendricks Postma (Wetting) wenjende by it keatsfjild te Frjentsjer.) de Kamminga’s (Simon) en de Zuiderhof’s (Jouke, Douwe) fan Harns. De Algra's (Bote, Keimpe) fan Garyp. De Rob’s (Frans Gerard) fan Skylge, earder fan West-Fryslân (Medemblik, wêr’t yn 1840 Frans Rob weinmakker wie, Sjoch op Google: Genealogie Cornelis Rob), De Jaspers (Jan, Johannes, Jelke) oarspronklik fan Mettingen yn Dútslân fia Haskerlân (Âldehaske en omkriten), De van Ma(a)nen’s,fia Boalsert, oarspronklik fan it buorskip Manen by Ede. De Elsinga’s (Tjerk, Gerrit) fan Minnertsgea. De Elsinga’s (Tsjerk en syn frou Dieuwke) hienen earst in snikke mei de namme "Repos Ailleurs"en binne letter boer en boerinne wurden yn it Berltsumer Kleaster. (De snikke is letter befearn troch Lolke Lolkema mei de namme "Grietje").Soan Gerrit Tjerk’s Elsinga wie opfolgjend boer yn itBerltsumer Kleaster. Syn suster Feikje Elsinga wie troud mei Gelf Jacob’s Tuinenga, hja wennen earst yn de Buorren op nû 25 (It Blaauwe Hûs) en binne letter ferhúze nei de N.O.P.) De measte fan dizze doe nij yn kommen sibben wenje hjir ek al wêr mear as hûndert jier. Ek binne in protte Joostema’s (Abraham, Adam, Jan) út Minnertsgea hjir kommen te wenjen. De fam. Dirk Th. Zeinstra (Greenhouse Dili b.v.) fan Harns.

En no rûn de milleniumwiksel, de túnker Fokke Hoeksma (Fokke en Alet) fan Burgum en de túnkers út it Westlân (de Rânestêd) sa as de famyljes J.W. (Pim) en soan Jaap Vink, (Vink Sion b.v.) de famyljes Jan en soan Simon v.d. Beukel út Berkel en Rodenrijs. Z.H. (Simon Peppers v.of.), de famyljes Herman v.d. Kaaij en soannen Theo cs. út de Lier, W. van Overbeek út Poortugaal (Z.H.) de tros tomatenkweker. De famylje Adrianus M.P. Cornelissen (Laarheide b.v.) út it Brabânske Zundert, de fam. Kock, Robertus van Marrewijk, Egberts (v.o.f. Noorderlicht) ets. ets. en út in protte oare doarpen en stêden.. Sa gie it en sa sil it ek wol troch gean mei it minsken ferkear tusken de doarpen en de stêden. It wichtichste is, dat hja harren thús fiele op it plak wêr't hja wenje. Elts doarp hat sa syn eigen sfear, tradysjes, seden en pligen en men moat jin oanpasse en der by jaan, wol men der by hearre, oars bliuwt men yn Berltsum in "Hollânner", in "Grinzer", in "Bilker "of in" Ljouwerter", mar ek de minsken dy't men nea kennen leare sil.

Sjoch op Internet: Historie Van der Kaaij kwekerij (In film oer it plantsjen, opbinen, snijen, ferwurkjen, transport etc. fan de tomaten.)

(*  Yn 1664 rûnen wichtige persoanen mei yn de begraffenisstaaasje fan Willem Frederik. De griff. skilder Frans Carree hat sketsen makke fan dizze staasje. (út deselde sibbe?)

(** In dusselaar is immen dy’t mei in spesjaal soarte fan bile (blêd oerdwars op ‘e stâle) it hout bewurket, in skipstimmerman.)

**********************************


L. C.   23-7-2005.

VROLIJKE NOOT.

Vakantiewerk bij tomatenkwekerij van der Kaaij en Zonen. Er is meer aanbod dan vraag. Twintig vakantiehulpen kunnen van 7 uur ‘s morgens tot 5 uur ‘s middags aan de slag w. o. de 21 jarige Jan Eeltje van der Meij, die aan de hogeschool Windesheim in Zwolle tot bewegingsagoog wordt opgeleid. ........

(foto : fekânsjehelpen yn ‘e kas oan it wurk.)


L.C. 29-11-1972.

Nieuwe burgemeester van Menaldumadeel.

Mr. Dirk Reitsma naar gemeente waaruit grootouders stamden.

Het gezin waaruit hij stamde had sterke banden met de Friese hoofdstad, want moeder Reitsma had daar als dochter van ds. B. Klein Wassink haar jeugd doorgebracht. De grootvader van de burgemeester was een BERLIKUMER en grootmoeder kwam uit Dronrijp. Mr Dirk Reitsma komt dus terug naar de streek van zijn voorouders..........


L.C. 7-2-1929.

Sint Jacobiparochie. 6 februari.

Gistermiddag zou de arbeider Jelle Tempel (de pake fan de Berltsumers Jelle en Feico Heins Tempel cs.) aan de Oude Bildtdijk met paard en wagen zwaaien. Tengevolge van de gladheid van den weg en het schichtig worden van het paard geraakten paard en wagen bij den hogen dijk neer in het ijs. De bestuurder geraakte onder den wagen, waardoor zijn linkerarm zoodanig werd gekwetst, dat hij zich onder geneeskundige behandeling moest stellen.


L. C 25-5-1905.

Terstond gevraagd een schoenmakersknecht bij J. Sangers te Berlikum Fr. Aanbiedingen niet op Zondag.