Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Eat oer de wynfane dy't op de Koepeltsjerke fan Berltsum stiet.



Wynfaan Herfoarme tsjerkeOare nammen foar wynfane binne: waar- of wjerhoanne, wynwizer, waaier ensafuorthinne. By de lêste restauraasje yn it jier 2000 is de LANTEARNE fan de koepeltsjerke ôfhelle en hielendal restaureare. De wynfane waard ek op ‘e nij fergulde troch skildersbedriuw K. van der Graaf út Burdaard. Yn dizze fane is in troanende figuur te sjen mei yn syn rjochter hân in stêf en dêr boppe op stiet in fûgel. Wa't dizze troanende figuur is en wat dy fûgel derby betsjut is net alhiel dúdlik. Der wurdt soms beweard dat de fane âlder is dan de BERLTSUMER TOER. Dat soe kinne, mar dan bliuwe der ek noch hiel wat fragen oer. De patroan fan de eardere krústsjerke fan Berltsum wie de aartsingel Sinte Michaël en dizze ingel kin it perfoarst net wêze. Hy wurdt hast altyd ôfbylde oan it haad fan de himelske hearscharen mei fakentiden in heven swurd yn ‘e hân.

De troanende figuur mei op de holle de pontifikale pauslike tiara mei dêr oan de twa siden linten (* en de hardersstêf yn syn rjochter hân, docht jin earder tinken oan in Biskop sittende op syn troan (kateder). It wurd "cathedraal" de tsjerke wêr't de bisskop syn sit yn hat, is hjir fan ôf laet. It soe yn dit gefal ek sa wêze kinne dat hy de bisskop fan Rome ferbyldzje moat en dan wol yn ferbân mei de hilligen namme fan de eardere tsjerke fan Berltsum, de HILLIGE MICHAËL. De biskop is dan PAUS Gregorius I (de Grutte.) (de 64 ste paus fan 590-604). Dizze bisskop fan Rome hat fan grutte betsjuttenis west foar de tsjerke fan Rome en letter ek mei de namme Michaël, dy't letter jûn is oan in protte tsjerken yn it doe noch grutte Friezenlân. (De sân Friezelânnen, no noch altyd útbylde yn de sân pompeblêden).

Wy kenne de paus nammen Gregorius ek yn ferbân mei de Gregoriaanse sangen (Gregorius I de Grutte) en dy fan de lettere GREGORIAANSKE kalinder. (Paus Gregorius XIII 1566-1572) (Paus Gregoriu I de Grutte) hat nochal in soad ferbetterings oanbrocht yn de doedestiids ferfallen Roomske tsjerke. Dizze bisskop no, wurdt hast altyd ôfbylde as sittende op in troan mei in WITTE DO, dy't him de hillige wurden fan God ynflústert yn de stalte fan in DO, it byld fan de Hillige Geast.

Wat hat dizze GREGORIUS de GRUTTE no mei dy aartsingel Michaël te krijen? It ferhaal giet nammentlik sa, dat de siktaris (Petrus de Diaken) fan de gelearde Gregorius, út nijsgjirrichens, it gerdyn dat him fan syn learmaster skiedde, ris fan op side skowd hie en doe seach, dat Gregorius, dy’t oan it skriuwen wie, streekrjocht troch de Hillige Geast ynflústere waard yn de stalte fan in do. Yn de "TSJERKE FAN DE FRIEZEN" (dy’t flak by de Sint Pytter katedraal stiet oan de lofter side.) te Rome sjocht men rjocht tsjinoer jin, boppe it âlde haadalter, yn himmelsk blau, de aartsingel Michaël, dy't boppe it Mausoleum fan Hadrianus ferskynt mei in wite do oan syn ear, en de HILLIGE MAGNUS (** dy't alyksa nei de aartsingel opsjocht. Paus Gregorius hie in soad leginden sammele om oan te jaan, dat de Geast it gewoane minsklike oerstiigje kin. (Om it mei in modern wurd te sizzen: in soarte fan "overflow".)

Ien fan dy leginden is de ferskining fan de aartsingel Michaël boppe it Keizerlik Mausoleum mei in flamjend swurd yn de hân om de pest epidemy, dy 't Rome yn dy tiid teheistere, te kearen. Út tankberens tsjinoer Michaël en ta eare fan dizze Gesant fan God waarden der yn Rome njoggen(!) Michaël tsjerken stifte. Hjirfan waarden der acht tichteby en ien sels boppe op it Mausoleum fan Hadrianus boud. It Mausoleum soe tenei "Ingelenboarch" hjitte. De njoggende Michaël tsjerke, no as ienichst noch oerbleaune, is ús no bekend as de "Tsjerke fan de Friezen". Dizze Michaël tsjerke ferbint ús op in bysûndere wize mei de oantins oan Gregorius de Grutte. Hy wie dus net de stifter mar wol de feroarsaker hjir fan.cIt soe no sa wêze kinne, dat de wynfane mei de ôfbylding fan de aarts ingel Michaël (mei de draak) op de sealtek toer stien hat fan de eardere St. Michiels krüstsjerke fan Berltsum.

Yn Easterbierrum stiet sa ek as yn Bredevoort en Terborg, in wynfane mei St Joris (St. George) mei de draak op de toer fan de St Joris tsjerke. Yn Bitgum en Snits St. Maarten (Martinus). Yn de tiid fan de Reformaasje waarden wynfanen, omdat se oan Roomske hilligen wijd wienen ek faak fan de toer helle en by nijbou of fernijing kamen se der jierren letter wer op. Sa binne der hjir en dêr miskien ek earne noch âlde fanen opslein west om jitris fermakke te wurden. De nochal lytse fane mei de ôfbylding fan, lit ús no ris oannimme, de op de kateter sittende hillige Gregorius de Grutte mei yn syn rjochter hân de stêf mei dêr op de do, (* soe bêst ris op it daks útein fan de âlde krústsjerke stien kinnen ha boppe it alter op de eastkant en de (gruttere) fane mei de ôfbylding fan de oan de loft steande aartsingel Michaël mei it flamjend swurd op de doedestiids ôfbrutsene swiere sealtektoer. As men de tekeningen fan de eardere Krústsjerke besjut, kinne wy dêrop twa wynfanen gewaar wurde: ien op de toer en ien op it útein fan it tsjerkeskip.

(* dat de do op de (lieders)stêf stiet kin hast net tafallich wêze. De Hillige Geast (de do) lied de tsjerke op har wei troch de wrâld.)


By it ôfbrekken fan de âlde Krústsjerke binne de beide fanen frijwol seker nei Bitgum, nei it slot fan de fan Schwartzenberg thoe Hohenlandsberg brocht foar opslach. It kin ek sa wêze dat der mar ien fane (de lytse) nei it slot brocht is en de grutte net omdat dizze ten ein, fersliten en net mear op te meitsjen wie. Wa sil it sizze.

Wy moatte no efkes werom nei 1777-1779. Yn it rekkenboek fan de tsjerkfâdij, wêryn de kosten fan de bou fan de Koepeltsjerke wiidwreidich beskreaun binne, stiet it folgjende oer de gouden bol en de waaier: Op 17-9-1779 betelle oan Boate Bartels (glêzemakker te Berltsum) fanwege it arbeidslean foar it fergulden fan de pynappel en de waaier op de tsjerke en it fergulden en fervjen fan de wizerboarden, sawol yn as bûten de tsjerke, mei wat glêzemeitsjen, meiinoar 23 gûne 15 stoeren. Betelle oan Klaas Mulder op 13-4-1778 14 car.gûnen foar 20 boekjes blêdgoud foar de pynappel op de boppekoepel. Yn de rekken wurdt nearne net sprutsen oer it meitsjen fan in nije fane en ek net fan in nije pynappel. Op 14-4-1778 wurdt betelle oan Tsjeard Romkes (Bontekoe) foar in boadskip nei Bitgum om de waaier, bestimd foar de nije (Koepel) tsjerke, by de Heare Schwartsenberg fuort te heljen: 4 stoeren. Dit kin de ús no bekende fane wêze.

Mar der is noch in swierrichheid. Út it rekkenboek fan niisneamde tsjerkfâdij wurdt oanjûn dat yn it jier 1794, betelle is oan Joh. de Valk te BELCUM en Tjisse Sterringa mr. fervers foar it opfervjen fan de tsjerke fan bûten 112.-.-.--. en foar it fergulden fan de pynappel en wjerhoanne boppe op de tsjerke 31.--.--. plus it 2 wizerringen fervjen en ferguldzjen mei de wapens, ek oan wjersiden fan de foardoar of poarte, mei it ôf en oanbringen fan de wizers en huur fan de kleden by it ferguldzjen fan de pynappel brûkt, 184.--.--. Mar no komt it!! Twa jier letter stiet yn it rekkenboek oer it jier 1796: Betelle oan Jacobus Klinkhamer, Master koperslagger te Ljouwert, foar in gehiel nije waaier of saneamde wjerhoanne op de tsjerke 5--10--.--. Myn fraach is no: Is hjir ek in hiel nijmakke waaier bedoeld of is de waaier hielendal fernijd of is der ûnderwilens in twaddehâns waaier earne kocht om dy gehiel te fernijen omdat de âlde lytse waaier no ûnderwilens ek fersliten wie. Ek stoarm of wjerljocht kinne oarsaak west ha. It bedrach wat betelle waar foar de lêste waaier wie, nei myn betinken, net sa heech. It sil wol in riedsel bliuwe tink ik. Of binne der oaren mei in oare teorie?

Sint Michiel tsjerken binne noch te finen yn bygelyks: Harns, Eanjum, Jirnsum, Wergea, Wâldsein, Swol, Middelharnis, Leersum, Sittard, Breda, Oudewater, Thorn, Oosterland (gem. Wieringen), Beek en Donk, Schalkwijk, Koudekerk, Schoklân, it eardere Emmeloord, Brussel etc. etc.. It Praemonstratinzer kleaster by Baaium wie ek nei him neamd. Magnus tsjerken yn bgl. Anloo en Bellingwolde. Gregorius de Grutte is sa om 540 hinne berne en ferstoarn op 12-3-604 Hy is letter hillich ferklearre. Hy wie paus fan 590 oan't syn ferstjerren yn 604. Syn feestdei is 3 septimber yn de Roomske tsjerke en op 12 maart yn de Orthodokse en Easterse tsjerken. Sint Michielsdei is op 29 septimber en Sint Magnusdei op 19 augustus. Yn eardere tiid wie Magnus, as martele bisskop, in wichtige hillige. De Friezentsjerke yn Rome is ek oan him ta wijd. Michiel en Magnus binne yn it Friezenlân altyd in soad fereare en oanroppen yn de Roomske tiid. Op de Minniste tsjerke fan Berltsum stiet as wynfane in skip. Neffens S. ten Hoeve is it in skûtsje. In jimme miskien wol bekend rymke is: "De Minnisten hawwe in houten húske, de Roomsen hawwe in krúske, de Kalvinisten hawwe in hoantsje en de Lúthersen in swantsje".

Wynfaan Herfoarme tsjerke (Close up)

(* Ik wit it net seker, mar op it lint moat stean, sa is my wolris ferteld of ha ik wolris lêzen: Vicarius Fillii Dei oerset: Stêdhâlder fan de Soan fan God.

(** De Hillige Magnus libbe yn de 3e ieu. Hy wie, neffens lettere libbensbeskriuwingen, Bisskop fan Trano (Trani) en Fundi, en genoat bysûndere beskerming fan de ingel Michaël; en stoar as martelder t.t.f. de kristenferfolging ûnder Keizer Decius (248-251). Yn de 12e ieu krige hy op ferskate plakken bysûndere ferearing. Fan de reliken binne dêr en yn de San Michêle dei Frisione (Tsjerke fan de Friezen yn Rome) terjochte kommen, sa dat de tsjerke dêr no neist de hillige Michaël ek oan de hillige Magnus wijd is. (San Michêle et Magnus) In noch oanwêzige ynskripsje yn dy tsjerke neamd dêr trije mei  namme  Fryske "milites" tegearre mei in frommeske, dy’t as ancille Dei betitele wurdt, dy’t dizze reliken yn Fundi fûn hawwe doe’t hja Karel de Grutte en de Paus te help kamen wienen tsjin de Saracenen. In wûnder twong harren it grutste part dêrfan yn de Friezentsjerke efter te litten. In lytser part mochten hja mei nimme nei Fryslân (nei Esens yn it Harlingerlân yn East Fryslân). Yn Fryslân sels bestie in tsjinhinger fan dizze oerlevering. De Magnus Keuren oangeande, de Magnus sage, dy’t ferhellet hoe de Keuren ta stân kommen binne. Magnus soe de findeldrager fan de Friezen west hawwe, dy’t Rome en de Paus ferdigene hawwe. Fan Keizer Karel en de Paus ferkrige Magnus dêrop as beleaning de Fryske Wetten, wêrtroch alle Friezen frij binne, sawol de berne en de net berne, sa lang as de wyn fan de wolken waait en de wrâld stiet. Dizze Wetten omfetsje de yn de Sage opnommen 7 Magnuskearnen, en fierder de 36 Seendrjochten, de 17 Keuren en de 24 Lânrjochten. Al dizze wetten soenen neffens de Sage troch Magnus yn de Sint Michaëls tsjerke fan Harns-Almenun brocht wêze. Yn de 15e en de 16 ieu waakse de Magnustradysje yn Westers-Lauwersk Fryslân fierder oan. Yn dy tiid is ek de Berltsumer Krústsjerke boud, wijd oan Sint Michaël. De tsjerken fan Anloo, Bellingwolde, Hollum en Hoarnstersweach binne ek oan St. Magnus tawijd.

Sjoch ek op internet: St. Magnus van Hollum en Celdui van Esens


Paus Gregorius de Grutte wurdt sittend ôfbylde (sa ek yn Berltsum) mei tiara en pauslike stêf, of mei boek of skriuwend (as tsjerkfaar). It kin ek wêze dat hy op de âlde Berltsumer toer stien hat as "hinnewizer" nei de aartsingel Michaël de beskermhillige fan dizze tsjerke.


De fane moat yn 1844 ek fan de toer west hawwe om restaurearre te wurden, sa is my oerlevere en de fane bestiet út read- en giel koper. De flagge en de do út read koper en fierders út giel koper.

(of it is oars om, dat wit ik sa net mear.)


WAARSPREUK (12 maart) Is het weer op Sint Gregorius dol, dan kruipt de vos reeds uit zijn hol. Maar is het schoon en zonder vlagen, hij schuilt nog veertien dagen.


De JULIAANSKE kalinder is yn 46 foar Kristus ynfierd.

De kristlike tsjerke naam dit oer. Op it Konsily fan Trente (1545-1563) waard besletten om oer te gean ta in nije kalinder, de Gregoriaanske. Dizze is yn Fryslân pas yn 1700 ynfierd. It ferskil wie 12 dagen, 1 maaie waard 12 maaie by it oanfurdzjen fan nij wurk, de huzen en de pleatsen. Dan noch eat oer de Gregoriaanske gesangen en muzyk yn de tsjerklike liturgy. De term Gregoriaansk verwiist nei de Paus en Tsjerkfaar Gregorius de XIII -de.

Wynfaan fan'e Menniste tsjerke fan BerltsumWynfaan fan de tsjerke fan Wier

Oare tsjerken (doarpen, stêden), lannen krigen harren Beskerm Hilligen sa as St. Nicolaas, Maria (O.L. Vrouwe), St. Vitus, St. Godehardus, St. Martinus, etc. etc. De Biskop fan de Friezen hie syn sit yn Útert. Útert lei destiids yn it Friezenlân. Neidat it Kristendom ynfierd wie waard Útert de sit fan de aartsbiskop. It âlde ferhaal giet sa: dat Útert syn namme krigen hat fan de Germaanske snie- of wintergod Ullr. De namme waard ferbûn mei Trajectum (trajekt-oerstekplak fan Ryn). Ullr trajectum-dêrnei Ul trjectum- Utrecht. (Útert) Ullr wie de god fan de goeddiedichheid, dy’t troch de Friezen fereare waard. De namme Ullr komme wy ek tsjin yn de plaknamme Ulrum. (Dêr is de ôfskieding fan 1834 begûn) Doe it Kristendom hjir kaam, waarden de Germaanske goaden fan har fuotstik smiten en faak fergetten. Ullr brûkte in mantel krekt as de goeddiedige St. Maarten. ("Met de mantel der liefde bedekken".) De tsjerke fan Útert waard oan dizze St. Maarten wijd. Yn werklikheid wie syn heit in Romeinsk kriichshear. Doe’t hy in soan krige, neamde hy him nei de god fan de oarloch, Mars. Nei syn bekearing ta it Kristendom waard de namme feroare yn Martinus. De tsjerken fan Grins, Westergeast, Dokkum, Kollum, Burgum, Frjentsjer etc. etc binne oan him wijd. (St. Martinus fan Tours). BERLTSUM foel dus earder ûnder it Aartsbisdom Útert. It St. Maarten rinnen wie yn Berltsum by de bern ûnbekind. Troch ynport is it no ek hjir sawat in tradysje oan it wurden. 


BOERENSPREUKEN: 

Geeft Michaël geen wijn

dan geeft Sint Gal azijn.


Michaël met Noorderwind

geeft een droge Oktober.


Komt Michiel vrolijk en schoon

vier weken zulk weer is ons loon.


Als de eikels vallen voor Sint Michiel

Dan snijdt de winter door lijf en ziel.


De egel die de adder doodt is een beeld van Michaël met de draak.


Fryslân hat Michaëls hillichdommen nei de fjouwer himelstreken.


Yn it Westen: de stêd Harns

Yn it Noarden: Berltsum.

Yn it Easten: Eanjum.

Yn it Súden: de flecke Wâldsein.


MICHIELS LIET.


Lyk as berntjes om heit roppe

Sjogge wy nei Jo dêr boppe

Michaël in skutspatroan

Hege ingel fan ‘e Heare

Wol ús Jezus’ wegen leare;

Yn Syn namme libje wy.


As de stoarmen om ús rûzen

See en marren heger brûzen

Rôp ús folk Jo namme oan

Hege Ingel fan de Heare


Wol de rampen fan ús keare;

Michiel, ús ta stipe steld.


Liedt it skipke fan Jo tsjerke

Oer de weagen lit ús merke

Dat Jo steane oan it roer

As wy ienris d ‘ein besile

Lit yn it himelryk dan diele;

Ús Parochy fan Wâldsein

Ús Parochy fan Wâldsein!


Pastoar Welsing.

Oersetting: J.(an) R.(omkes) v.d. Wal.


Jan Romkes van der Wal is berne te Doanjum op 27-1-1947. Syn heit wie dêr boer op in pleatseke tusken Frjentsjer en Doanjum. Syn heit wie frijsinnich Herfoarmd en syn mem behearde ta de Gearkomst fan leauwigen. Op syn 14e sei hy it leauwen farwol, mar fûn it werom neidat hy it boek oer de evolúsje en it leauwen lêzen hie fan de roomske preester, wittenskipper en filosoof Pierre Teilhard de Chardin (1881-1955). Hy socht kontakt mei de Nederlâns Herfoarme tsjerke mar naam úteinliks it beslút om Roomsk te wurden. Van der Wal gie de preesteroplieding folgjen en op syn 33e waard hy ta preester wijd troch bisskop Möller yn Bakhúzen. Hy wennet no yn Frjentsjer oan de Groenmarkt mei it útsicht op de grutte Martinitsjerke, dy’t de Roomsken by de Reformaasje oan de protestanten ferlearen. (Syn heit wie frijsinnich Herfoarme en hat tsjerkfâd yn Doanjum west. Syn mem wie oansletten by de Vergadering van Gelovigen. (de Darbisten) en behearde dêrfoar by de Frije Evangelyske tsjerke.)

(Sjoch syn web-side: Pylger almanak. Almanak voor de pelgrim. Hy fertelt hjir yn in protte nijsgjirrichheden. Oer Fryslân , oer BERLTSUM etc. etc.)


Franeker Courant.  8-2-2012.

Priester van de Wal met emeritaat.  (foto)

Met een speciale mis werd onlangs afscheid genomen van J.(an) R.(omkes) van der Wal. De pastoor keert terug naar zijn geboortestreek en plant in Franeker. (sjoch ek Wijd en Zijd  1-2-2012 pag. 3, Oud Balkster priester met emeritaat. Sneeker Nieuwsblad  1-2-2012  Oud pastoor van Woudsend stopt. en het Sneeker Nieuwsblad 1-2-2012 pag. 41, Pastoor Jan Romkes van der Wal met emeritaat.  Allegear mei foto’s.)



L .C. 2-8-2002.

Berlikumer moet deel bodem sanering betalen.

(Karel G. Biesma, Hôfsleane 60)