Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Wenten mei in ferhaal.


Yn 1834 kocht doedestiids Teake Klases Lautenbach (1785-1858) in stikje bou grûn oan de Bûterhoeke, lizzende tusken de no dimpte haven en de dimpte eardere sa neamde " Ybeltsje haven " (wêr 't it hok hearrend by Bûterhoeke hûs nûmmer 26 op stiet), no bewenne troch de famylje Jouke Best en noch wer earder jierrenlang bewenne en brûkt troch it transportbedriuw fan Popke Jans Visser. Dizze Teake Klases Lautenbach hie hjir in hôfke fan makke. Teake Klazes Lautenbach, (de soan fan Claes Teakes en Wapke Lautenbach Horatius 'dochter, dy't de efternamme Lautenbach fan syn frou oan nommen hie), wie boaske mei Eva Douwes Voermans. Dy syn soan wer, t.w. Klaas Teakes Lautenbach (1819-1903) wie boaske mei Anna Ebbings Kiestra. Syn bern: Ebbing Klazes Lautenbach, troud mei Pietje Joh's. Douma, en Eva Klazes Lautenbach, troud mei Heerke Nannes Osinga hawwe letter troch fererving elts de helte fan dit stikje hôf yn besit krigen.

Bûterhoeke mei sicht op mûne Ebbing Klazes liet op de iene (eastlike) helte in los steand hûs sette, no Bûterhoeke hûsnûmmer 16. Hidde Born mei syn gesin hat hjir letter jierren lang wenne en no wennet hjir syn pakesizzer. De trije bern fan Heerke Nanne’s Osinga, t.w. Anna Heerke’s Osinga, boaske mei Johannes Steenstra, en Nanne- en Klaas Heerke’s Osinga hawwe op de oare (westlike) helte in rigel fan trije wenten sette litten, no mei de hûs nûmmers 18. 20. en 22. Hjir wennet no op hûsnûmmer 18 in soan fan Rintje Pieter’s Rekker en op de nûmmers 20 en 22 de famylje Feico Jeep's Heida. Feico Jeep's Heida is, fan syn memme's side, besibbe oan de niisneamde bewenster (Born) fan hûs nûmmer 16. Dit is sa mar in foarbyld hoe 't in strjitte oan syn hûzen kommen is en de wize wêr op.

It is mei de hûs nûmmers Buorren 3 en 11 wer in oar ferhaal. De hûzen wienen eartiids mei in tusken doar mei inoar ferbûn. Buorren hûsnûmmer 11 bestie al lang en hûsnûmmer 3 is dêr letter oan fêst boud, sa dat de âlder(s) en bern skieden wenje koenen en dochs meiinoar ferbûn wienen. (bakker Paulus W.(eslingh) Lublink, hy is letter nei 27 jier opfolge troch bakker Halbe B. Algra.). It gebou oan It Skil nû. 2 wer yn de Fryslânbank sitten hat wie foarhinne" it Griene krús" gebou en dêrfoar de wenning fan dokter Bote Gosses Bruinsmawenning fan dokter, troud mei Maria Elisabeth de Ringh, dy’t him hjir yn 1888 festige hie. Syn pake wie de meioprjochter fan de P.C.en hjirfan de earste foarsitter. Hy is yn 1903 wer fuort gien nei Amsterdam. Syn foargonger is my net bekend of it moat dokter Risselada west ha, mar dy sil dan de yn 1868 nei Drachten ta fuortgiene genees-heel en vroedmeester H.Beintema wol opfolge wêze. (H.Beintema wie Klaas Barteles Hoogterp jr. opfolge). Dokter B.G. Bruinsma (ein 19e ieu) is opfolge troch dokter J.H.Blankstein. Blankstein wie net sa yn oansjen by de Berltsumers. In protte minsken binne doe nei omlizzende doarpen gien te dokterjen. Dokter Theodorus Risselada hat fila " It Berghof" op it âlde Hemmema bouwe litten. (hûsnû. 3.)

Yn'e midden it doktershûs nûmmer 52 oan de Hôfsleane

Dr.Jacb J. Kwast sr.(troud mei Euphémie Wilhelmine Susanne Zur Mühlen) earst ek wenjende op It Skil nû.2 bewenne letter it pân Hôfsleane nû.52. Syn soan dokter.J. Kwast jr. (troud mei A.M.L. van Zoelen) wenne hjir letter wer as syn opfolger en hat as earste yn Nederlân it massale ynintsjen tsjin polio hjir yn Berltsum ta past.

Ynenting tsjin Polio (Berne ferlamming)Grienekrúsgebou (Wer't no AB Fryslân yn sit)

Hy hat ek de earste stien lein fan it wykgebou fan" it Griene Krús" oan de Hôfsleane nû.57 (it gebou wêr’t no AB Fryslân Europoint útstjoer buro yn sit). Yn ien fan de fundaminten is in leaden koker pleatst. Dizze koker befet neist de tekening en it bestek fan it nije wykgebou, foto’s fan it âlde wykgebou, fan de grûn fan it nije wykgebou en fan de "snertaksje"dy’t doe holden is om jild by innoar te krijen foar dit nije gebou. Dokter Freerk de Boer is him opfolge en no wennet hjir dokter René A.Comello.

Sjoch ek film "1957 Nog steeds winter en oplevering Groene kruis gebouw"  ( Griene krús gebouw wurdt no wer ferlitten troch de genoadigden, nei de 1e stienlizzing troch dr. Kwast )

It pân Ir. Van der Slikkeleane nû. 2 wie it Postkantoar en nû. 4 de" Rabo bank". Dêrfoar siet it Postkantoar yn it pân op de hoeke Buorren/Krússtrjitte. De "Coöp Voorschotbank", letter "de Fryslânbank" siet earst yn it pân Bitgumerdyk nû. 10. Hjir wenne doe as kassier Dirk Willem’s Lautenbach. Letter wenne hjir Hendrik Schat mei syn benzine stasjon en noch wer letter fytsmakker Sake Frânse’s Faber.

Doarpshûs "It Heechhout"wie foarhinne, de nije yn 1964 boude túnbouskoalle. Dêrfoar wie de skoalle sûnt 1922 festige oan de Hôfsleane yn it pân neist it âlde feilingsterrein. Dit wie yn it yn 1917 nij boude foarhinne net sa lang bestien hawwende café fan T. Westerbaan mei de namme "de Aardappelbeurs". It âlde café stie earst oan de Tichelersdyk (tusken no de hûs nûmmers 10 en 16) en wie bewenne troch kastlein D.K. Durkz.

Âlde grifformearde tsjerke oan de WiersterdykIt hege en grutte pân Wiersterdyk nû. 17 wêr’t no "Pension Welgelegen" yn sit wie foarhinne de Grifformearde tsjerke mei de pastorije. It hege hûs oan de Hôfsleane nû. 60 mei bedriuwsromte (boud yn 1932) wie foarhinne it garagebedriuw fan Cor Rotgans. Yn de Mulseleane hawwe somlike túnkers / hôfkers har hûs op in eigen (rom) stikje grûn sette litten. De hûzen oan de (Jan) Haquebart - en de Sybe (Osinga) streek en de(Huite) Borns (Bonne) buorren, no allegearre al wer slope, wienen del set foar jildbelizzing. De hûzen stienen hiel deun op inoar op in lyts stikje grûn. 

De frij steande hûzen Bûterhoeke 49, 51, 53, en 55 koenen foar arbeiders del set wurde en kocht middels in stype fûns dy't it foar lânarbeiders mooglik makke in eigen hûs yn besit te krijen. De Balkfeart dy’t foar dy hûzen lâns rûn is doe 60 meter dimpt op kosten fan de lânarbeidersferiening en de gemeente hat de rioelearing yn de Bûterhoeke doedestiids ferlinge. Ik tink oan de ôfbrutsen (súvel) fabrykswenten op de Terp op de hoeke Hôfsleane/Lytsebuorren (no tún mei paden en parkearplakken foar "Berlinga State") en gean sa mar troch. Elts los steand hûs of rygjes wente yn Berltsum hat sa syn eigen ferhaal. Sa mar in pear nammen fan wenten: "It Fearhûs" oan de Piip, "De Ramshoarn" op de hoeke Buorren / Ramshoarnstjritte, it "Grôthuis" yn de Lytse Buorren, it hûs mei de namme it "Swarte Krús", it "Blaauwe Hûs" en it "Heege Hûs" allegearre yn de Buorren.


 *************************************


L.C. 3-2-1900.

Van hier en uit den Omtrek.

Westergo, 1 Februari. Wij vernemen uit goede bron, dat de Woningbouw vereeniging "Menaldumadeel" 9 doelmatige, eenvoudige aan hygiënische eischen voldoende werkmanswoningen zal stichten in de dorpen Menaldum en BERLIKUM waar nog VELE arbeiders in KROTTEN gehuisvest zijn.


Gehuwd op 11-5-1882.

Thee Smit, 28 jier âld, berne te Oudeschoot, soan fan Jacob Alexander Smit en Geeske Thees de Jong 22 jier âld, berne te Mildam, dochter fan Lolke Jans de Jong Woudstra en Antje Jimmes Brouwer.


Gehuwd op 3-5-1906.

Lolke Smit, 22 jier âld, berne te Peperga (is ek it berteplak fan P. Stuyvesant), soan fan Thee Smit en Froukje Woudstra en Neeltje Lautenbach, 23 jier âld, berne te Berlikum, dochter fan Ebbing Klases Lautenbach en Pietje Douma.

(Slachterij Lolke, Jimme, Klaas, etc. etc. Smit oan de Hôfsleane en letter oan de Buorren yn foarhinne de slachterij fan Wopke Spanjer. Arnoldus Feddes Sjoerdsma hat de slachterij oan de Hôfsleane fan de Smit’s oernommen.) 


L.C. 10-10-1896.

Forkeaping to Berltsum.

Woansdei 14 Oktober de jouns 6 ûre by Visser to Berltsum, biskriuwing fen in Keapmanshûs mei Groatmakkerij, Skûrre, greate Tún ensf. In stik Gernierslân ef Tún, alles yn ‘e Bûrren to Berltsum.


L.C. 20-5-1997.

De namme Berltsum is ûntstien út Berlichem (1355) en dat is nei alle gedachten wer ûntstien út Berlingahiem. Yn it foarste part sit in persoansnamme, wylst de - ing útgong syn neiteam oantsjut. It twadde part - hiem wol sizze: wenplak. Berltsum kin dus omskreaun wurde as: wenplak fan de neiteam fan Berilo.

Rienk de Haan, Taelburo Fryske Akademy.


L.C. 23-1-1802.

De Secretaris Mebius, zal by de minst aannemende besteeden: Het arbeidsloon, met de benodigde materialen van reparatien, der navolgende vastigheden. De vernieuwing en reparatien aan agt huizen tot Berlicum by Jelle Hor.(atius) Lautenbach, Pieter Piers, Claas Tietes, Gerryt Harmens, Tjeerd Theunis (Runia), Jac.(obus) Lautenbach Lieuwe Hanses en Jan Th.(eunis) Ruinia in gebruike.


L. C. 26-5-1989. 

Harmonie tussen bloemen en fruit in Berlikumer tuin.

Fries mozaïek. Door Bonne Stienstra.

(foto: Tjitske (troud mei Durk Heerkes Osinga) aan de slag in de tuin (Ds. v. E.v.H. Strjitte 12) aan de slag in de tuin, waar geen centimeter onbenut is gelaten.)


L. C.  13-4-1989.

Menaldumadeel spant kort geding aan tegen eigenaar tuincentrum.

School (foarhinne de C.V.O. skoalle, no berneopfang “Okidoki”) gekraakt. (troch Jenne Feico’s Born.)