Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Jhr. E.M. van Burmania / Bijzonderheden betrekkelijk de Gemeente Menaldumadeel.


Fan Jhr. E.M. van Burmania (Grytman, hjir wenjend yn Berltsum) binne wy ek hiel wat te witten kommen oer it âlde BERLTSUM. Sa as bekend is bestie Berltsum al yn 992. It waard doe troch de Noarmannen plondere en ferwoaste. Yn it geografyske wurdenboek fan Fryslân troch him makke en printe yn Ljouwert yn 1749 kinne wy op side 13 lêze: BERLIKUM is eene plaats, die in de somer nog al bezoekers lokt. Het dorp bestaat voornamelyk uit eene seer lange straat, van waar de uitdrukking is ontstaan: "zoo lang als BELCUM". Aan het eind van de straat is de fraaye Koepelkerk, gesticht ter vervanging van de oude bouwvallige.

Men heeft hier considerabel veel hoven en tuinen, alsmede een Entery à twee. Echter hoe seer dit Dorp sig in weinich jaren tyds mag hebben uytgebreit, syn de meeste Hofkers geen rijkelingen, dan ter contrarie doorgaans van een sober bestaan, vermits de landen tot de Hofkerij extra - ordinair hoog verhuurt worden en buiten dat er veel onkosten op lopen eer alles te gelde gemaakt is. Desniettemin varen de Schippers, wekelijks op de 3 naastgelegen Steden en reisen er wonderwel by.

De Herbergiers maken er ook goede streek, in sonderheit wanneer 't ten tyde van de Paardemarkt in't laatst van April mooy weer is, en men des Somers goede wegen houdt. Genoemde paardemarkt was vroeger zeer gesocht. Schotanus noemt haar "de vermaardste van Friesland". Men vindt aangetekend, dat Doeke Hemmema te Berlikum in 1646 een bezoek ontving van de Kardinaal Fabio Chigi, later PAUS geworden onder de naam van Alexander VII. Hij wilde de Berlikumer paardemarkt zien. Tjerck van Heerma in 1622 Grytman van Menaldumadeel, heeft veel tot verbetering en verfraaying van Berlikum toegebragt. Aan de noordzyde, bij het begin van de buurt van Berlikum stond weleer Hemmema State, deze state is in 1747 afgebroken.

Yn in stik: Bijzonderheden betrekkelijk de Gemeente Menaldumadeel wurdt û. o. ek in stikje skreaun oer Berltsum. De âlde tsjerke is 30 jier nei de ôfbraak fan Hemmema State yn 1777 ôfbrutsen. De âlde sealtek toer wie fersakke en hong alhiel út it lead en drige de noardkant oer te fallen. De tsjerke fan foar de Koepeltsjerke wie de eardere âlde gotyske Krústsjerke wijd oan de aartsingel "Sint Michaël" dy't op boud wie yn 1345 ûnder it mei bestjoeren fan pastoar Theodoricus dy't hjir 15 jier foargonger west hat.

Oare skriuwers skriuwe, dat dy tsjerke boud is yn 1320. No kin it wêze, dat it jiertal net goed fermeld is of yn 1345 moat de tsjerke wer op nij foar in part opboud wêze omdat waarsomstannichheden sa as stoarm en wjerljocht dit nedich makke ha omdat de toer of it tsjerke tek dêrtroch foar in part ynstoart binne. Ik kin my net yntinke, dat yn 25 jier tiids de tsjerke al wer ferfongen wurde moast of it moat al west ha, dat bgl. in fersakking sa grut west hat dat dit echt needsaaklik wie. It kin ek wêze dat bedoeld is, dat yn 1345 pas in toer oan de tsjerke boud is. 


L.C. 30 Augustus 1889.

Westergoo - 27 Augustus. Thans nu de courant dag aan dag berichten behelst van harddraverijen, kaatspartijen, enz, stelt de lezer er misschien belang in te weten, hoe het in dit kwartier met de jaarmarkte een 300 jaren geleden gesteld was. Naar luid der kronieken had men: In Menaldumadeel te BERLIKUM de vermaardste paarden markt, die mede in de Nederlanden gevonden werd, op den 25 April, zijnde de dag van Sint Marcus, en te Dronrijp op Sint Johannesdag een jaarmarkt van paarden, veulens en andere gemeene koopmansschap.