Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Útgong en útgean.


De opfolger fan de (Frys)lân skriuwer Furmerus t.w. Pier fan Winsum (Pieter Winsemius) jouwt oan dat út de âldste boarne wêryn ÚTGONG *) neamd wurd, ferteld wurd, dat yn de stêd Útgong in wanskepen, twa mei de rêgen tsjin inoar oane berntsjes berne binne, mei twa hollen en fjouwer earmen. It wanskepsel hie noch 3 1/2 wike libbe. It wie yn it jier 806. It plak hie in treflike haven mei in syl of slús om it oerstallige binnenwetter nei bûten ta te oasen en mei ien wie it de útfeart nei de see.

Al yn de 15e ieu wie it ferbûn mei it dêrneist lizzend doarpke (thorpke=terpke) BELCUM **) troch de hege tsjerkebuorren. De skieding wie it dêryn op de helte fan dizze buorren lizzende pypke. Der binne gjin bewizen dat der 2 tsjerken west hawwe. De terp fan Útgong wie in hichte wêrop buorkerijen stien hawwe. It wie hiel dúdlik te sjen by de bou fan it eardere rêst- en fersoaringshûs "Berlingahiem". Tsien tallen laachen fan min of mear 10 sintimeter dik en in pear meter djip wienen der te sjen fan eardere ophegings troch dong en oar húshâldlik ôffal by it ôfgraven en yngraven fan de terp t.b.f. kelders en berch romten foar dit tehûs. Ik ha der mei ferbjustering nei stien te sjen hoe't dol-of graafmasines sa mar har gong gienen, sûnder dat der in argeolooch of oare saakkundige by wie en dêr op ta seach.


Buorren 94 op it heegste punt fan BerltsumDer binne troch Hendrik Albert’s fan der Ploeg, de soan fan de winkelman Albert van der Ploeg, dy't oan de Buorren nû. 94 op it heegste part fan de terp wenne, foar sa fier it my noch heucht, ferskate fynsten opstjoerd nei Útert ta. Doe't ik him letter nei de útslach dêrfan frege en oer de âlderdom fan de terp, wie it andert, sa it my noch by stiet, dat de terp om en by de 9e ieu opsmiten wurden is. Oan de (hege) buorren stienen de earste wenhûzen en de (hege) strjitte kearde it útstreamende wetter.

De lânnen oan de N.W. kant fan it doarp by it Berltsumer Wiid en it Moddergat stienen in grut part fan it jier ûnder wetter. It lege lân tusken de Frjentsjerterdyk (no Kleasterdyk), ek lizzend oan de foet fan in terp, en it "rivierke" (slinke) de Ried fungearre dan as úterwaard. Dan wie it " rivierke" de Ried ***) ofwol de Frjentsjerterfeart ek echt in wi(i)d(e) feart. De riedstream rûn fia it dêr nei neamde doarp Rie(d) rjochting Boer en Doanjum en de al ieuwen lang droech leine Katharine, Muontse en Doanjumer marren nei Almenum en Harns ta. Dizze marren wienen oerbleaun fan de âlde seeslinke en yn 1776 bedike en droechlein.

Fan út de riedstream binne in protte sydsleatten groeven nei de doarpen Menaam/Ritsumasyl (de Ballens), Minnertsgea, Furdgum, Tsjummearum etc. In diel fan de feart tusken Berltsum om en deunby Doanjum wurdt no noch it Hamburgerrak neamd. Dit ferwiizt noch nei de hannel op Hamburg en oare plakken oan de East See. De East See hannel wie letter yn de tiid fan de V.O.C doe ek noch wol sa wichtich as dy fan de V.O.C.. It ferbûn tusken Frjentsjer en Berltsum fan de frije en net behindere keaphannel en skipfeart, frijskatting fan tollen, wâl en brêge jilden is yn it jier 1478 sletten.

Berltsum wie de foar haven en dus "de útgong" fan it doedestiids hast yn alle opsichten wichtiger stêdsje FRJENTSJER. No is Berltsum yn it wykein op sneontejûn misskien noch wol folle wichtiger as "útgong" (gean) sintrum as Frjentsjer.

In oare skriuwer neamd 768 as earste fermelding fan it stêdsje Útgong wêrfan de oarspronklike stifting net bekend is. It wurdt dan neamd as stêd mei in feilige haven- en lizplak foar skippen, dat treflik bloeide troch ynlânse- en bûtenlânse hannel. Ubbo Emmius (1547-1625) neamd der oangeande: "Ter plaatse waar nu BERLIKUM is, heeft weleer eene stad gestaan, welke om haare gemakkelijke haven zeer vermaard is geweest door grooten toevloed van kooplieden. Zij had den naam Uitgong, welken naam nog tegenwoordig in een gedeelte van het dorp overgebleven is. Ook zijn de kenteekenen van eene stad nog niet geheel teniet gegaan. In 998 is Uitgong door de Noormannen geheel verwoest, en weer opgebouwd. In 1118 vreeselijk geteisterd door een hevigen storm uit het N.W. in December welke 3 dagen aan hield, het water in de Middelzee (Bordine, Burdine, Bo(o)rne), zeer deed wassen en den zeedijk doorbreken (de Wiersterdyk by it Leegje/Moddergat? en/of de Bitgumerdyk by de Meseame


*) Út âlde stikken blykt, dat de stavering earder Tuytgum of Tutgum wie en dat soe letter ferbastere wêze ta Útgong. Tutingaheem en Berlingaheem soenen neamd wêze nei twa sibben dy’t hjir op de beide terpen wenne ha, sa wurdt ek wol beweard.

**) Der wurdt wol ris sein, dat Berltsum út twa lytse doarpkes ûntstien wêze soe. Ik betwivelje dit. Neat wiist der op,dat hjir twa tsjerken stien hawwe. In gehucht of útbuorren krige pas de status fan doarp(ke) as dêr in tsjerkegebou (op in terp) oprjochte waard. Hjir hat altyd mar ien tsjerke stien by myn witten. Frjentsjer is ek ûntstien út in gearfoegjen fan de terpen Froone acker en Gods acker. (It froonhôf (Keltyske preesters, froonhearen of Druïden))

***) De âlde slinke fan Berltsum nei Doanjum, ek wol slinge of rie(d), ryd, riid neamd en fan Getswertersyl nei Roptasyl. (fergroeven ta streamkanaal.) Van der Aa neamd it in rivier en fermeld fierder, dat Frjentsjer wierskynlik net oan in haadfeart of ferbining mei de see lein hat en ta foarsterking fan har belangen de rin fan de Ried slinke ferlein hat en de beide takken groeven hat dy’t no Doanjum en Getswerdersyl mei de stêdsgrêft ferbine.


L. C. 31-3-1948.

Barradeel : eens een Waddenlandschap. 

(Tusken Berltsum en Doanjum skieden fan Menameradiel troch de Ried.)


IN VOGELVLUCHT.

KWELDERWAL BERLIKUM-DONGJUM.

door Paul Paris.

Omstreeks 1200 voor Christus vormde het gebied rond de MIDDELZEE één groot estauarium. Onder de terp van BERLIKUM zijn resten van de oorspronkelijk niet opgehoogde woonplaats gevonden. Het betreft hier sporen van de ZEIJENERkultuur uit 600-500 voor Christus. De vroeger zeewaartse flank van de kwelderwal ligt nu aan het riviertje het Berlikumer Wijd. Het hoogste deel van de kwelderwal ligt ter hoogte van de weg Berlikum-Ried; de Kloosterdijk. Deze weg verbond vroeger als een lint de vele naast elkaar gelegen terpen. De meeste van deze terpen zijn nu afgegraven. De ligging van terpen is duidelijk aan kwelderwallen verbonden.

(Wy witte net hoe âld de dêrop letter opsmiten terpen binne. De kearnen stamme mooglik út de Romeinske tiid, mar it meastepart fan de opbouwingslagen is midsieusk. W. H. P.) 

Ook de aanwezigheid van drinkdobben voor het vee hangt veelal samen met een vroegere terpenkolonisatie. De eerste bedijkingen begonnen in de eerste helft van de 10e eeuw. Deze bedijkingen hadden een fragmentarisch karakter en betroffen het afsluiten van erosie geulen die tussen de kwelderwallen lagen. De kwelderwal Berlikum- Dongjum lag relatief hoog. Uitgebreide bedijking was niet nodig. Wel zijn enkele laagten in de wal wat opgehoogd. Met de aanleg van de eerste zeedijk langs de waddenkust (op de kwelderwal Harlingen-Sexbierum-Tzummarum)  kwam er een einde aan de vorming van natuurlijke kwelderwallen etc. etc. ...............

 

RAPPORTEN : Een archeologisch bureau-onderzoek en een verkennend en inventariserend veldonderzoek  door middel van boringen aan de Ds. van Eijck van Heslingastrjitte 1 te Berlikum, gem. Menaldumadeel.  (Fr.)  (Is de lokaasje fan de C.B.S. “de Fûgelsang”)   

M. Verboom - Jansen  ARC-Rapporten 2011-125 Geldermalsen 2011 ISSN 1574-6887.

Hjirút oernommen :

.............kwelderwallen ontstaan tijdens stormen langs de rand van de kwelder. Zandige sedimenten, afkomstig van het wad worden langs de rand van de kwelder afgezet en vormen zoo een kwelderwal. (Vos 1999) Doordat de kwelders zich zeewaarts uitbreidden, werd op deze manier in Westergo een reeks kust parallelle kwelders gevormd. De kwelderwallen zijn gemiddeld 200 tot 500 meter breed en ca 0,5 tot 1.5 meter hoger dan de omgeving. Deze kwelders werden in de IJzertijd en Romeinse tijd intensief bewoond.

It ferskil yn hichte tusken de lokaasjes “De Fûgelsang” en “Berlinga State” is sawat 2.5 meter. Plm. 350 meter ten Noarden fan “De Fûgelsang” binne metalen Romeinske munten út de Romeinske Tiid en hertshoarnen dingen (saken) út de Izer Tiid - Romeinske Tiid oantroffen. (waarnimming 33.339) De DOARPS-TERP is út de Midden Romeinske Tiid – Nije Tiid. (monumint nr. 14.783) De TSJERKE-TERP (Koepeltsjerke) is út de Romeinske Tiid – Lette Midsieuwen. (monumint nr. 8281) De HÚS-TERP (“Marsma”) tsjinoer de Wettertún is út de Lette-Midsieuwen. (monumint nr. 1028) Alle trije terpen binne fan de kategory “tige hege argeologyske wearde”. Foar fynsten jild conform art 53 fan de Monumintenwet út 1988 in meldingsplicht. (Dit kin opûnthâld hawwe op de bouaktiviteiten.)


L. C. 26-1-1885.

Vergadering van de Kamer van Koophandel en Fabrieken te Leeuwarden.

(onder voorzitterschap van Menalda.)

............... o. a. een ingekomen stuk van 28 Oct. j. l.  :  van L. A. van der Meij, fabrikant te BERLIKUM, daarbij namens vele andere belanghebbenden inzendende een afschrift van een door hem ingediend adres aan de Staten der Provincie, tot verbetering van den ondiepen toestand van de vaarwateren van BERLIKUM naar Franeker en van BERLIKUM naar Ritsumazijl, en daartoe medewerking van de Kamer inroepende .................


L. C. 19-4-1961.

Franeker en de zeevaart.

(Berlikum, Hamburgerrrak, Dongjumervaart.)


L.C. 25-8-1913.

DERDE BLAD

Opkomst en bloei der oude Friesche steden.

Franeker.

Oer............het Klooster Anjum viel onder het Dekenaat Franeker ofschoon het in Menaldumadeel lag

etc...etc.......De Leeuwarder- en Harlingervaart moesten nog gegraven worden. In hoofdzaak bepaalde

zich de zorg van de Grietenijen tot het onderhoud der RIEDSTROOM, die verbinding gaf tusschen

BERLIKUM met de omliggende dorpen en FRANEKER met de ZEE ten westen door ROPTAZIJL en

langs de vaart ten westen van Wijnaldum en HARLINGEN. Door deze waterwegen te verwaarloozen

zou men zich in geheel Noord-Westergo hebben benadeeld en daarom werd daaraan, voor zover dit

in dien tijd mogelijk was, vrijwel de beschermende hand gehouden. De Dongjumervaart verbond ten

Zuiden van Ried de in opkomst zijnde jonge floreerende stad Franeker. Deze vaart is gegraven enMET

OPZET over Franeker aangelegd ter bevordering van haar bloei en welvaart, waarbij de Ried, die van

Boer tot noordwaarts Dongjum op de later aangelegde GETZWERDERZIJL uitliep, MET OPZET is

verwaarloosd om de schippers dwingen over Franeker te varen.......etc. ....etc................


L.C. 2-7-1971.

Franeker centrum.

Froonacker......uit een akte uit 1397 valt te zien, dat de Grietmannen der (ge)meenten van het gebied Franeeckere (no dus mei in a) een verdrag met Hamburg hebben gesloten..... etc...etc.... (it Hamburgerrak )


L.C. 8-6-1994.

Boer, bij ouds Buurstra: in tsjerke mei in hânfol huzen.

Bour of leaver Buur, by ouds Buurstra lykas de Tegenwoordige Staat van Friesland it doarp yn 1786 neamde. Yn de tiid (1790) dat J. Bulthuis de tsjerke tekene hat (no yn it Printekammenet Fries Museum) lei it oan IN DROK BERIDEN HAADFERBINING tusken Frjentsjer en Ljouwert. Boer hie noch wat ekstra’s, omdat tichteby nei it westen ta in mar lei: de Katharina mar. De Ried run dêrop út.. Dy mar, dy’t neffens de yn 1836 ferskynde beskriuwing fan H. Steenstra, "zeer vischrijk" wie, is der al lang net mear, hy is droech makke. De om 1700 hinne makke kaart fan Schotanus jout de mar al net iens mear oan. Al dit drokke ferkear gie dus ek troch BERLTSUM.

(foto: sicht op Boer. Rjochts fan de tsjerke is de grutte pleats te sjen wer’t de stamheit Pytter Scheltes (Rinia/Ruinia) fan de Berltsumer Runia’s wenne hat. Hy wie dêr boer yn Boer.)

(Alle ferkear fanôf Ljouwert oer de wei, sawol nei Frjentsjer as net Harns moast eartiids oer Berltsum gean. Berltsum wie IT KRÚSPUNT fen de beide wegen. Wa’t Berltsum besette, koe de tagongswegen nei de beide stêden ôfslúte en de omkriten behearskje. Hjir lei dan ek fakentiden in garnizoen of kompanjy op de Kamp)


L.C. 23-9-1890.

Eenige aantekeningen omtrent de Grietenij (Gemeente) Menaldumadeel.

................BERLIKUM of BELKUM is niet minder schoon aan den vroegeren weg van Leeuwarden naar Harlingen gelegen. (De Harnser strjitwei wie der fansels noch net, de Menamer Mieden en de Dronrypster Puollen stienen in grut part fan it jier ûnder wetter en wienen dêrtroch ûnbegeanber om yn Harns komme te kinnen.)

Voormaals was Berlikum eene stad en zeehaven. Uitgong geheeten, die sedert het opslijken van de Middelzee, waaraan zij gelegen was, vervallen is. In 1183 werd deze stad grootendeels door brand vernield en eenige jaren later door de Noormannen uitgeplunderd. De beroemde Hemmema State werd hier vroeger gevonden. Thans bestaat het dorp uit een lange straat (vanwaar het spreekwoord: zoo lang als Belkum) Aan het einde daarvan staat een sierlijke koepelkerk met torentje en terzijden daarvan eene steenbakkerij en houtmolen. Bovendien verschaft dit dorp aangename wandelingen langs moestuinen, boomkweekerijen en zeer vruchtbare bouwlanden. Indien de geschiedsschrijvers ons waarheid melden ten opzichte van Uitgong, dan bestond deze plaats reeds ten tijde van de Romeinen, doch het is niet zeker dat de stad door dat volk is aangelegd. Zonder twijfel evenwel kan men aannemen, dat zij zeer oud in datum dagteekend. Zij was in die tijden om de veiligheid tegen de westelijke en noord westelijke winden en stormen zeer geschikt als haven of reede voor schepen die de Middelzee bevoeren. En deze gunstige gelegenheid dier plaats, waar de oude rivier de Ried zich in de zee stortte, was ook wel eene oorzaak, dat men hier begon te bouwen. Ook geeft de naam Uitgong duidelijk te kennen, dat men hier met schepen de rivier uitvoer. Nog in 768 wordt gemeld, dat de stad eene veilige haven en ligplaats aanbood en toen aanmerkelijk bloeide.

Van hier uit had de scheepvaart langs de Ried naar het binnenste gedeelte van Friesland plaats. Het jaar 793 was voor onze provincie zeer ongelukkig door de hevige watervloeden, een natuurlijk gevolg van het gemis van zeedijken. Men was er toen meer en meer op bedacht hoogten of terpen aan te leggen, om in tijd van nood tot toevluchtsoord te kunnen dienen. Zoo werden toen ook zoodanige gemaakt te Uitgong of Berlikum. De terpen ten zuiden van Uitgong werden met veel arbeid en moeite eerst in 796 voltooid. De geschiedschrijver voegt hierbij het volgende: "daar men dicht bij Berlikum geene zulke buitengewone hooge terpen aantreft zoo denken wij, dat men door deze terpen op het zuid van Uitgong, die met zoo grooten arbeid gemaakt zijn, de hooge terpen van Slappeterp moet verstaan, zuid of zuidelijk van Uitgong gelegen". Deze terpen werden wegens hunne verdere ligging van de zee, slapers of slapersterpen genoemd. Van deze slapersterpen is het daarna aldaar gebouwde dorp Slappeterp geheeten. Wij denken dat de kerk aldaar niet lang daarna gebouwd en aan St. Dionisius toegewijd is. In 992 kwam Uitgong in aanraking met de Noormannen. Deze kwamen toen de Middelzee binnen, verwoestten Uitgong en trokken toen naar de binnenste deelen des lands. Omstreeks het jaar 1064 genoot Friesland uitwendig eenige rust, doch de edelen werden steeds machtiger, en, door hunne groote macht, tegen elkander vaak hoogmoedig, eerzuchtig en ontoegeeflijk. Evenals in 992 kwamen de Noormannen ook in 1191 de Middelzee opvaren en landden te Uitgong, welke stad zij geheel uitplunderden en daarna te vuur en te zwaard verwoestten, zoodat naar men verhaalt, er niets overbleef dan puin en smeulende asch. Uitgong is wel weder gedeeltelijk opgebouwd, doch heeft zich naderhand niet weder kunnen herstellen en is allengs verdwenen. In het laatst der vijftiende eeuw bezat het echter nog stedelijke rechten, hoewel toen reeds of geheel of bijna in het dorp Berlikum ingelijfd of ingesmolten zijnde. Behalve deze ramp had Uitgong tien jaren vroeger er eene te verduren gehad, die niet minder erge gevolgen opleverde. Den 27 December van 1189 woedde er n.l. in de stad zulke zware brand, dat 19 der beste huizen der stad verloren gingen.

...etc.... etc............(Sjoch út supra.) 


L.C. 9-11-1907.

De Klock van Froonacker.

Door J. van Stralen Sz. te Leeuwarden.


Het dorp Berlikum is in de geschiedenis van de middeleeuwen bekend als het zeestadje aan de Friese Middelzee onder de naam van Út- of Uitgong. Het stedeke werd herhaaldelijk door Noorse zeerovers bezocht en zwaar geteisterd. Toen de plaats zich nauwelijks na een grote brand had hersteld, werd ze in ‘t jaar 1192 totaal leeg geplunderd en geheel verwoest door de Noormannen. Schreiende armoede trad in de plaats van gelukkige welvaart. De doodarme, hongerlijdende bevol-king zag zich ten einde raad, genoodzaakt het terrein van verwoesting te verlaten en vond een nieuwe heimat in de buurt van Froonacker,(Froone acker en Gods acker) een paar uur zuidelijk gelegen dan de verwoeste stad Uitgong. Volgens oude geschiedschrijvers gaf deze nederzetting zo ‘n grote uitbreiding aan die buurt, dat binnen korte tijd stedelijke rechten (troch Frjentsjer) werden verkregen. De buurt Froonacker (Fraanacker, Franeker) was stad geworden, breidde zich steeds uit en bloeide door handel en bedrijvigheid (Hamburgerrak, fan út Frjentsjer fergroeven nei de Riedsleat) eeuwen lang onder ‘t stadswapen: ‘n Klock. Was Útgong uitgegaan, op de puinhopen werd na verloop van tijd het fundament gelegd van het dorp Berlikum, dat in de 15 de eeuw, als elders, weder ‘t aanzien van onlusten was, doch toen door inlandsche twisten. In deze tijd van de z.g. Schieringers en Vetkopers gewaagt de geschiedenis van Bouck van Belsum. Bouck, de Friese Kenau Hasselaar; die bij afwezigheid van haar man hun kasteel zo dapper tegen de Vetkopers verdedigde! Berlikum was toen geen zeestad meer. In de loop van de eeuwen was de Middelzee verdwenen en waren door opslijking zware (Biltse) kleigronden tegen het dorp ontstaan. Door inpoldering werden deze gronden in greiden, bouwlanden, moestuinen en kwekerijen herschapen, waarop de eigenaardige koepeltoren als piéce de milieu van Leeuwardens groentetuin ten huidigen dage met welgevallen neder ziet. Het tegenwoordige Berlikum heeft, zooals bekend is, wel een lang, doch geen oud vookomen. Op een enkel huis na, dat door enig beeldhouwwerk nog spreekt van vervlogen tijden, draagt de plaats overigens geen opvallende tekenen van hoge ouderdom. In steegjes en gloppen, uitkomende aan de Voorstraat (is de brede Buorren, mar hjir wurdt de smalle Buorren bedoeld), herinneren hier en daar nog alleen de grote metselstenen van de zijgevels, aan "den ouden tijd" Van jaren en eeuwen vóór deze "oude tijd" spreekt een z.g. "gelofte steen", gevonden in de nabijheid van Berlikum (en Bitgum). De steen getuigt van de schuldplichtigheid van de Friezen aan de Romeinen en wordt in het Friesch Museum te Leeuwarden bewaard.


Âld is de groun

Fen Belsum en yn it roun.