Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Eat oer de grutte tsjerkeklok fan de âlde Berltsumer krústsjerke "Sinte Michaël".


Âlde krústsjerkeYn de yn 1777 ôfbrutsene krústsjerke hongen twa klokken yn de swiere sealtektoer. In grutte en in lytse klok. De lytse klok hinget no yn de lantearne fan de koepeltsjerke. De grutte klok hat eartiids noch jierren op it tsjerkehôf stien. Dizze is yn 1663 getten troch de Fryske klokkejitter Jurjen Balthasar út Ljouwert (berne te Zwickau) en hinget no yn de Konkordiën kirche te Mannheim. Dêr op steane hiel wat wapens wêr ûnder oare it wapen fan de âld Berltsumer dûmny Nolle Haijes (Nollius Hajonides) dy,t hjir stien hat fan 1658 oan’t 1666 ta. Ek komt hjir op foar de namme fan Claes Ruirds van Schellingwou, eartiids húsman (boer) te Berltsum op de pleats "Schellingwou", en doedestiids tsjerke-en earmfâd. Op dit plak wennet no Klaas Zijlstra op de nij boude pleats "Skilwolde" Jetskereed 3. Út in ferhanneling fan master J.Groenewold, eartiids haad fan'e iepenbiere skoalle hjir yn Berltsum en û.o. ek koster, oargelist ets. fan de Herfoarme tsjerke, fertelt hy, dat de grutte klok ferhúze is fan Berltsum nei Mannheim oan de Ryn en dat de klok ferkocht wurden is foar it doedestiids grutte bedrag fan fl.1200,- en dat út oerlevering troch him bekend wurden is, dat de grutte klok ophelle is troch in man út Frjentsjer mei in wein, wêrfoar sân hynders spant wienen. Âlde minsken yn Berltsum fertelden dat hja de klok oarspronklik net misse woenen. Tweintich jier lang hat de klok dan ek op it tsjerkehôf stien as in stil ferwyt oan it foarskaai, dat hja de oer âlde Krústsjerke mei de swiere sealtektoer fan tufstien ôfbrutsen hienen en dêr net wer in lykweardige en behoarlike klokketoer foar yn it plak komme lieten. Doe kamen de minne jierren 1796 en 1797, 1/6 fan de eigendommen fan de tsjerke en dernei jitris 1/5 fan de rest fan de besittingen, dus 1/3 fan it gehiel, waard troch it Provinsjaal Bestjûr opfoardere om de oarloch betelje te kinnen. Hja gienen yn dy meagere jierren beseffen wat in wearde dêr mei dizze klok rinteleas op it tsjerkehôf stie, en dat al tweintich jier lang.!

City Kirche Konkordien

En sa kaam einliks út need it beslút, dit prachtige Berltsumer erfstik te ferkeapjen. Mannheim hie mei it bombardemint fan 1795 syn toer en syn klokken ferlern en koe by de weropbou fan de toer noch poerbêst de ôfdanke grutte tsjerkeklok fan Berltsum brûke. En sa bingelt no oer de Ryn it lûd wêr 't dy Berltsumers fan doe sa ûnwennich fan wienen. Noch eat oer de klokken- en de kanonnenjitter Jurïen Balthazar. Hy hie syn jitterij op it plak wêr't in yn 1660 in bûten gebrûk stelde Roomske tsjerke stien hat, dizze tsjerke wie syn wurkplak. De tsjerke stie even ten S.W. fan de grutte tsjerke yn Ljouwert. De lytse no brûkte tsjerkeklok is getten wurden yn it jier 1593 troch Wilhelm Wegewart, klokkejitter sûnt 1542 te Dimter, berne yn 1520 en stoarn yn 1602. Hy geat tusken 1561-1603) sân Fryske klokken. Syn soan (?) Henrich (ferstoarn te Kampen yn 1622) geat tusken 1597-1619 achttjin Fryske klokken. It râneskrift op de grutte klok: "De wonder groote naeme myn - is de musyck der engelyn - en de als my raekt de bengel myn - soo geve ick myn geluijt daeryn". (diameter 144, gewicht 1900 kg.) It râneskrift op de lytse (diam. 113 cm) no oer Berltsum bingeljende klok: " Mensche-als-gi- hoert -des- klockx- geslach- Denckt -op -stervens-dach-: Wilhelm -Wege-wart -goet -mi -int -iaer -1593.

BOEK : Een torenklok van Jurjen Balthasar, vroeger te BERLIKUM (Fr.) thans te Mannheim. Auteur : P.C.J.A. Boëles. Gepubliceerd in 1911.


FOARSLACH FOAR OERESLACH.

Mei klokken yn elts hûs en in horloazje om eltse pols is in slaande tsjerkerklok net mear need -saaklik. Mar foartiids wie dat oars. Foar de midsieuwske boere arbeiders, dy ’t fanút de stêd of doarp it lân optrieken, wie de klok fier bûten de stedsmuorren of it doarp te hearen. Foar harren wie it krúsjaal te witten HOE FAAK de klok sloech. Dêrom klonk foar de oereslach ek in foarslach : in warskôgingssinjaal dat oankundige dat de klok slaan sil. Earst bestie de foarslach út in pear toanen mei in oare bel, mar by in protte tsjerken yn de lege lânnen waarden dy letter ferfongen troch in deuntsje op in kariljon. It kariljon is typysk eat fan de lege lânnen. It komt foar yn Nederlân, België en Noard - Frankryk. As ik Joast Eysbouts fan de klokkejitterij “Royal Eysbouts” út Asten leauwe mei, komt dat troch de Frânske bruorren Peter en François Hemony. Hja wisten yn de 17e ieu de klokken sa te stimmen dat it bespyljen fan meardere klokken tagelyk net mear as wat gerommel klonk, mar dat der echt in melody mei te spyljen wie. Hja fêstigen harren yn Nederlân en stêden begûnen kariljons te keapjen. Der ûntstie sels in wiere wedrin tusken de oanbuorjende stêden, sa wit Eysbouts te fertellen. “Hawwe jimme 15 klokken yn it kariljon ?” “Dan meitsje wy der ien mei 20 klokken.” Foar lytse en gruttere doarpen sa as BERLTSUM wie dat natuerlik net wei lein. In protte doarpen moasten in mei in grutte en lytse klok dwaan. BERLTSUM hie destiids ek in grutte en lytse klok. No moatte wy it mei de oerbliuwne lytse klok dwaan en dy is safier net yn de omkriten te hearren.


(R) Ao 1618 DE 15 FEBRVARY STERF / DE EERSAMEN MAN MARTEN CLAES Zo OVT 48 IAER /

Ao 1621 DE 18 MARTY STERF DIE / EERBARE WOPK IANS D HVISVROU VA MARTEN CLAES EN LEIT HIER BEGRAVEN /

Binnen de râne:

ANNO 1665, DEN 17 MAERT IS IN DEN HEERE GERUST / DEN EERSAMEN DIRCK DIRCKSX EN WAS OUDT / INT 74 IAER EN LEIT ALHIER BEGRAVEN / 

ANNO 1669 DEN 7 NOVEMBER IS IN DEN HEERE GERUST / DEN EERBARN GRIETIE MARTENS EN OUT GEWEEST ONTRENT / 76 IAREN EN HEEFT MET DIRCK DIRCKSEN HAREN MAN / IN LEEVEN DIE TER EEREN GODES EERBAREN GELEEFT / ONTRENT 53 IAREN (EN LIET EERMEN DOOTSENDIE?) / ENDE LEIDT AL HIER BEGRVEN /


Marten Claesz.soan fan Claes Martensz en Aeff Foppesdr. te Berltsum, troude Wopck Jansdr. Schellingwou, dochter fan Jan Jansz. Schellingwou en Grietie Ryuerdtsdr. Bans te Frjentsjer. Dirck Dircksz. soan fan Dirck Lourensz. te Sint Jabik, troude foar it gerjocht fan Menameradiel mei Grietie Martensz., dochter fan niisneamde troude lju. Hy wie earmfâd fan Berltsum. Marten neamde him: Monnickhuys. De op dizze sark neamde persoanen wienen allegearre Minnist.


Claes Ruirdtsz. Schellingwou de soan fan Riuerdt Martens Schellingwou, de soan fan boppeneamde Marten Claesz. en Wopck Schellingwou en dus syn pakesizzer, stiet op de grutte klok neamd dy’t nei Mannheim ferkocht is.


Piter Idserdts (Portier fan Frjentsjer) hat yn 1747 in tekening makke fan de yn 1777 ôfbrutsene âlde St. Michiels tsjerke (krústsjerke) fan Berltsum mei as ûnderskrift: "Het dorp Belkum soo als ‘t hem sien liet van de Noord-West si in’t jaar 1747". Dus fanôf it Berltsumer Wiid. Der stiet in waaijer op de toer en op it daks úteinde. It âlde yn 1785 op ôfbraak ferkochte tichelwurk by de brêge oer de Ljouwerterfeart is ek noch te sjen.

Âlde Berltsumer krústsjerke

Piter Idserdts wie poartewachter (Portier) yn Frjentsjer, stêds-doarps en lânskips tekener en letter ek noch as tekener ferbûn oan de Frjentsjerter Hegeskoalle.

(Sjoch de tekening yn de L.C. fan 13-4-1994. "Belkum soo als 't hem sien liet in 1747".)


Jacobus Janz. Stellingwerf hie yn 1723 ek al in tekening makke fan de âlde krústsjerke, sjoen fan út it súden.


Symboalen fan in tsjerkegebou.


Fundaminten: it leauwen dat rotsfêst is en oannimt sûnder te sjen.

It tek. (dak): de leafde dy’t de sûnde bedekt.

De flier: nederigens, nederichheid want se lit har mei de fuotten traapje

De stiennen: de leauwigen dy’t de tsjerke foarmje.

De mortel: dy’t de stiennen gearbynt is it Wurdt fan God en de ienigens. (ienichheid)

De pylders: binne de hilligen dy’t de tsjerke skuorje. (stypje)

De klokken: binne de stim fan God dy’t Syn Wurdt ferkundigje en de leauwigen nei de tsjerke roppe.

De tuorren: opperste gesach. (bewâld) God dy’t boppe de minsken stiet.

De toartse: fakkel of kears, it besieljen, de Hillige Geast, ek de reinigjende flam en de drager fan it geaslik ljocht. De ferdriuwer fan de kweade geasten. Brânende fakkels  wize nei de weropstanning.

De Goatyske tsjerke: is yn in krúsfoarm boud, it koar symboalisearret de himel, it skip de wrâld. It koar nei it Easten rjochte wêr de úterst eastelike kapel in knik jout. Dit brûkme symboalisearret de op de skouder lizzende holle fan Jezus nei syn krúsdea. De âlde  Berltsum Krústsjerke wie ek in Goatyske tsjerke mei mitsele ferwulven. 


L.C. 2-11-1796.

Kerkvoogden en Diaconen der Gereformeerde Gemeente, beide van het Dorp BELKUM praesenteeren UIT KRACHT VAN HET PLACAAT van den 6e October 1795 publyk te Verkopen, navolgende Vastigheden:

Voor de KERK:

Scharren over hoog en laag in de Belkumer Bureweide (de buorfinne) onder Sint Annaparochie gelegen. Diverse stukken bouwland o.a. in huur by Jan Jacobs Ruinia (it lettere Jan Jacobslân) en de stukken land er naast gelegen in huur by (onleesbaar). Bouwland by Eeltje - en Rein Cornelis (Schiphof) gebruikt leggende in één stuk mandeelig met de weduwe M.(ichaël) Hulshuis. (oer it Berltsumer Wiid).

Voor de DIACONIJE:

Een huizinge aan de Voorstraat (de brede Buorren) by Ate Takes (Ate Teakes, skipstimmerman, ôfkomstich fan Frjentsjer, troud mei bakkersdochter Trijntje Hanses Faber) in huur tot May 1798. De huizinge ernaast by dezelve in huur mede tot May 1798. Een kamer in de Korfke Steeg (no it Dok / en no it Steegje) by Wybe Pytters in Huur tot May 1797. Een huizinge op de Kamp (neist de eardere diakony helling) by Wytze Joh. de Haan en anderen bewoond. In May 1797 vry van Huur. Een schoone hovinge aan de Middelstelaan (Mulseleane) by Yme Daniëls (van Schepen) in Huur tot Petri 1803. Een dito hovinge aan de Voorste Laan (Hôfsleane) by Klaas Johannes (Werkhoven) gebruikt tot May 1803. De eeuwige rente groot 2 car. glds en 10 strs gaande uit Eeltje Sikkes (Schiphof) huis op de Terp. Wie gadinge maakt kome op Donderdag den 3 Nov. 1796 by de 1e zitting by Ewert Willems etc. etc. Beide laatste zittingen ten huize van Hendrik van den Berg, beide Castelein te Belkum etc. etc.


L.C. 18-2-1797.

Dr. J. Mebius Secr. van Menaldumadeel praesenteert by de Fin. Palmslag te Verkoopen de navolgende vastigheden te Belkum. Voor de KERK: 11 pondematen land, 4 eeuwige renten en 13 grondpachten. Voor de DIAKONIJE: Een hovinge, en een eeuwige rente. Voor de PASTORYE: 15 pondematen land. Etc. etc.


L.C. 14-4-1798.

De Secr. J.Mebius, zal op Woensdag den 18 April 1798 n.m. 2 uur, in de nieuwe herberg te Berlicum, na becomen consent van het Hof van Justitie van het voormalig gewest Friesland, by de verhoopinge en provisioneele palmslag, publicq by strijkgeld verkoopen: Voor de Kerk- en Armevoogden van Berlicum. Een extra groote metaalen KERKKLOK, met een zwaar geluid, zwaar ongeveer 4000 f f of daaromtrent, wijd beneeden in de buitenomtrek 16 voeten, en hoog tot aan zijn armen 4 voeten tusschen beide met een fraai gereguleerde proportie oploopende, zijnde van een zwaar sterk en helder geluid, gegoten door Jurjen Balthasar in Leeuwarden in het jaar 1663, staande op het kerkhof te Berlicum. Waar op geboden is 925 Car. gls.


L.C. 31-10-1817.

Verkooping op gerechterlijk gezag.

Op Zondag den tweeden November 1817 des voomiddags ten elf uren, ten huize van Wytze Johannes de Haan, Guardenier te Berlikum, gedenkt de Deurwaarder by het Vredegeregt van het Kanton Dronrijp publiek te verkoopen: Meubelen, Huisgeraden, ongeveer 250 korven groote Aardappelen en een Snik of aardappelschip, met halve Luiken, Zeil en Treil, Kloeten, Touwen en verder toebehoren leggende te Berlikum, op conditiën van gerede betaling.  ZEGT HET VOORT.


L.C. 26-11-1945.

FRIESCHE KERKKLOKKEN teruggekeerd.

Dr. A.L. Heerma van Voss schrijft ons: Eind mei kon ik het een en ander mededeelen over de Friesche klokken in oorlogstijd en tevens aankondigen, dat alle M. klokken behouden waren. Sindsdien zijn er allerlei vage berichten gekomen over het terugvinden van Nederlansche klokken in Duitschland, totdat nu eindelijk bekend werd, dat te Harlingen een (eerste?) scheepslading Friesche klokken was aangekomen en feestelijk ingehaald. Ten gerieve van talloos velen, die blijkens voortdurende binnenkomende verzoeken om inlichtingen verlangend uitzien naar nadere berichten (speciaal op de dorpen vertegenwoordigt de klok een zeer belangrijke factor in het leven van elke dag!) heb ik mij ter plaatse op de hoogte gesteld en ben zoodoende in staat hieronder een volledig lijstje te geven van de teruggekeerde exemplaren. Zij behooren alle tot de bijna 300 P. klokken uit de opslagplaats te Meppel, die na de bevrijding leeg geroofd werd aangetroffen: vele er van doen uit kunst historisch oogpunt en ouderdom maar weinig onder voor de M. klokken, die inmiddels door de goede zorgen van de Rijksinspectie Kunstbescherming weer alle naar hun steden en dorpen zijn teruggekeerd. Over het algemeen hebben zij hun oorlogs lotgevallen goed doorstaan; slechts van enkele zijn de bengels geheel of ten deele gesneuveld: het kleine klokje van het Gabbema Gasthuis te Leeuwarden is gebroken. Ik vond te Harlingen de volgende Friesche klokken terug: A..etc....B......Berlikum, etc. etc. Ek Wier hat de klok werom krigen.

(Berltsum koe lokkich no wer bingelje mei de oerbleaune lytse klok dy’t op 30-3-1943 út de toer helle wie. Op in foto út 1946 stiet de klok foar it bordes fan de Koepeltsjerke mei lofts foaroan Klaas Holstes Meijer Meijer, Fokke Kuperus, Jappie van Dijk, Sije Beetstra, (?) Pieter (Feico’s) Born en oan de rjochter side foaroan Sjoerd Rinses Peterzon, de beide útersten winkellju yn de Buorren yn wytguod , sanitêr etc.)


L.C. 4-1-1946.

Klok terug.

Fan lofts nei rjochts: Klaas Holstes. Meijer, Fokke Kuperus, Jappie van Dijk, Sije Beetstra,  ( ?? ), Pieter (Feico's) Born en Sjoerd Rinzes PeterzonBERLIKUM. - Vrijdag 27 december j.l. is onze kerkklok, welke op 30 maart 1943 uit den toren is gehaald, weer teruggekomen. Ter gelegenheid van dit feest maakten de beide muziekvereenigingen hier ter plaatse een muzikale rondgang door het dorp. Nadat bij de kerk eenige vaderlandse liederen gespeeld waren, begon de klok te beieren. Ook heeft hij zijn stem oudejaarsnacht laten hooren en het nieuwe jaar ingeluid.


L.C. 9-2-1946.

Oan de BERLTSUMER TOERKLOK.


Op syn reis nei ‘t himelryk.
Wol foar elk ‘t farwol neigalmje,
Ier of let, foar earm en ryk,
Ien kear komt ús aller tiid,


‘t wreed-forsteurd birop wer op.
En nou nimst wer as foarhinne
De flage efkes op de top,
Stiest nou wer yn d’âlde gloarje,


Is’t it oft ik dûbeld fiel.
Nou’st op nij dyn liet wer galmste,
‘t stiet as beitle yn myn siel,
Né, dat is my nea forgetten,


Tink dan oan jim libbensein....."
"Dreunt myn stim oer doarp-hôf-lannen,
Hast it ús mei wurden sein,
Och as jonges, by dy boppe,


‘t lêste ierdsk farwol meijown.
Hast dyn weidich-sjongend "bom bam"!
En nou rêste, om dy yn’t roun,
Withoefolle dy’t ús nei wienen,


En nei ‘t âlde tsjerhôf brocht.
As ien ús wer wie ûntfallen,
Faek ha wy wol oan dy tocht,
Mar al moastou ús forlitte,


Sikerwier, wy ha dy mist!
Hwat in langst wy nei dy hiene.......
Astou ek mar heal ris wist,
Âlde, grize Berltsumer toerklok,


 B. P.K.