Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De trije pipen yn it eardere Berltsum.


BERLTSUM hat trije pipen hawn t.w. de Hemmema piip, de piip yn de Buorren en de sa neamde Tichelers- of Tsjerke piip.

De HEMMEMA PIIP wie de oergong tusken de Krússtjritte (yn de 18e ieu de Nije strjitte neamd) en de Wiersterdyk (destiids de Grienedyk, de Hegedyk of ek wol de Rydwei nei Wier neamd). By dizze oergong stiet no it pleatske Wiersterdyk nû. 3 wêr't it gesin fan Alje Mulder yn wennet. Earder stie hjir ek in wynmoune, in nôtmoune dy't bekend wie as: "de moune op it Noard". Dat hjir al jierren lang in moune stien hat blykt út it Backersboek (1542-1799).

Dêr wurdt in op 26-4-1687 ynskreaune Johannes Hayes Sinnema yn neamd as "molenaar op het Noord te Berlicum". In dei dêrfoar wie Johannes yn Ljouwert kommen te wenjen. (Boargerboek d.d. 25-4-1687). Hy wie de soan fan Haijo Suffridus Sinnema dy’t hjir fan 1651-1666 bakker wie. Haijo is fanôf 1670 vroedsman yn Woarkum. (ôfstammelingen binne û.o. de Berltsumer Bontekoe’s en Douwe Sinnema de man fan Froukje fan Jan Lolkes Lolkema).

Bakkers dy ta in bakkersgilde yn trêden binne út Berltsum, wienen û.o. ek in Meinte Tinnardts (23-2-1627), in Pieter Frerks (Freerks) (29-4-1630), in Wilbrand Cornelis (24-5-1633), en in Marten Martens (5-8-1633) west, d.w.s. hja wienen yn Berltsum berne. Yn de 16e ieu waarden boppedat in hiele tiid ek neist de bakkers de mounders registreare. Op 28-5-1709 wie dat û.o in Jacob Ottes van der Meulen en op 29-6-1730 in Nollius Hajonides (Nolke Haaijes) van der Meulen. Hja wennen dus by de mole (meule) en namen dit oan as skaainamme. De lêst neamde is in neikommeling fan de âld Berlsumer dûmny Nollius Hajonides. As yn 1672 in Haye Sinnema út Woarkum ferstjert, as eigner fan niisneamde "wynmoune op it Noard yn Berltsum", wurdt dizze moune ferkocht troch de meiregearjende boarger fan Woarkum, Sybrand Bauckes Osinga (notaris) mei de omskriuwing: de windmolen, huis en schuur op het Noord te Belcum. De soan fan dizze notaris t.w. Livius Osinga wie letter notaris op ‘e Ryp en boaske mei Suzanna Schik, de suster fan Johan Caspar Schik, siktaris fan Menameradiel. (Sjoch it boek: MENALDUMADEEL, 2000 jaar leven in een Friese gritenij fan David Hartsema, side 57 en f.f.). Yn 1630 is in Joannes Haies Sinnema, fan berop bakker en berne yn Berltsum, boarger fan Ljouwert wurden. Dit soe in soan fan him wêze kinne. Hjir wenne om 1681 hinne ek in Symen Douwes as mounder. Hy ferkocht op 1-1-1681 in hûs mei oanboud grôthûs oan de w.s. Bredeplaats (no Kl. Bredeplaats hûsnûmer 16) te Harns. Midden yn de Buorren fan Berltsum wie in piip, de piip yn de sa neamde Grúsert, ek wol neamd it Grúske (het Gruisje) of de Griet(man)sleat (de Griet(man)sloot)

Yn 1894/95 is de GRÜZE PIIP noch fernijd wurden. Dizze rûn fanôf de Krússtrjitte efter de Buorren lâns ûnder de Kampsterbrêge troch rjochting Buorren, ûnder de piip yn de Buorren troch, rjochting Hôfsleane oan it hok fan Oene Onijdus Born ta. Dit hok stiet tsjinoer it hûs fan Arie Hendrik´s Posthumus, Hôfsleane nû. 61. Oan de Grúsert stie ek it koartlyn ôfbrutsene feerhûs, wêr't letter de yn Berltsum wrâld ferneamde "Yep fan de Piip" (YepTjittes de Jong) yn wenne hat. Hjir stiet no in yn 2009 nij boude dûbele garaazje. De Kool sibbe hie oan de Grúsert Piip nû 9, wêr't Otto Rintjes Rekker no wennet, in timmerwinkel. De Koalen (Andele, Engele Kool) en de Nijenhúzen (Ulbe, Tjeerd) fan Berltsum binne oarspronklik ôfkomstich fan Makkum, hja wienen skipstimmerlju en koenen yn Berltsum wurk fine (en hjir mear fertjinje?) op ien fan de trije skiphellings dy’t Berltsum doedestiids ryk wie. Hja binne hjir begjin de 19e ieu kommen te wenjen.. Letter binne hja foar har sels in timmerbedriuw begûn yn it doarp. Oan de Grúsert stie ek de eardere brouwerij (tusken de no dimpte Grúsert en de Brouwerssteech), no bekend as "It Piipskoft". Letter hat dêr û.o. de sûkereifabryk ynsitten fan Klaas van Gelder en letter van L. IJ. Brouwers.

Ek stie hjir by dizze piip yn de Buorren (no Buorren hûs nû 60, it winkeltsje fan de famylje Doldersum mei in protte guod "út de âlde tiid"), foarhinne de herberch (kafee logement) mei de namme "Het Metalen Kruis". Dêr foar oan’t 1874 ta mei de namme "De Beurs" by Sjouke van der Leij yn eigen gebrûk. De muorren fan dit pân sitte dêr noch meters djip yn de grûn. De Berltsumers koenen sa fan út de pream wei de herberch ynstappe om in slokje te nimmen.

Hjir wenne oan it ein fan de 19e ieu it gesin Durk Gerryts Visser yn. Hy wie ôfkomstich fan Irnsum, logeminthâlder en boaske mei in âld muoike fan myn beppe Alida Johs. Fokma.Beppe is dêr letter as jongfaam by de dochter Klaske fan dizze âld omke en muoike kommen te wurkjen. En troch har wer har susters Janke en Jeltsje Johs. Fokma dy't letter wer boaske wienen mei Sybren Martens Kuperus en Wybe Jans van Dokkumburg.

De saneamde Vissersteech docht jin noch oan him werom tinken. Dizze steech is tusken de hûzen yn de Buorren no de hûsnûmmers 52 en 66. Boppe op it hûs nû. 60 wie doedestiids in grutte boppeseal mei toaniel. Gerrit, de soan fan Durk Visser hat ûnder yn de kelder letter ek noch in skildersbedriuw hawn. Begjin 1900 is it pân ferkocht. Folle letter hat hjir Sytse Jan´s Bosma (Sytse en Hinke) wenne dy't dêr in tsiiswinkel yn hawn hat.

De Grúsert yn de Buorren wie fan âlds de skieding tusken de beide doarpkes Tuytgum, (Tutgum, Útgong) en Belcum, (Belkom, Belcom, Berlicum, Berlikum) De âlde (hege) strjitte dy’t troch Berltsum rint wie bekend as de Buorren (de Buurt, het Gebuurte, de Straat, mar waard somtiden ek wol it Tsjerkepaad neamd.). Dizze rûn fanôf de Bitgumerdyk (ek wol de Hege of de Grienedijk of de Rijdwei naar Bitgum neamd) oan de Grúsert ta. Fanôf de Grúsert nei it tsjerkehôf ta wie de (hege) strjitte bekend as de Foarstrjitte (de Voorstraat). No is de eardere Hoofdstraat (Buorren) opdielt yn de nammen Hemmemaplein, It Skil en de Buorren. De Foarstrjitte of Voorstraat wie yn tsjinstelling ta de Buorren of Buurt folle breder en rommer bewenne. Allinne de Buorren wie befluorre. Alle oare paden *) en wegen net. Dit wienen modderwegen en pas nei 1888 grintwegen wurden.

De 3e piip wie oer de Menamer- of ek wol Ljouwerter feart neamd. (De Ballens rint fan Menaam nei Ritsumasyl ta.). Dizze stiennen piip, ek wol de TICHELERS- of de TSJERKE PIIP neamd, wie eigendom fan de Herfoarme tsjerke. De fiskerij yn dizze piip waard troch de tsjerkfâdij ferhierd. Jo koenen fan ôf de Buorren oer it tsjerkehôf en dan oer de tsjerkehôfstille en dernei nochris oer de stiennen tichelerspiip of tsjerkepiip oer in paad, de sa neamde "blauwe hikke" om, om nei de Frjentsjerterdyk, no de Kleasterdyk neamd, te kommen en dan fia de saneamde Munneketille yn it Kleaster Anjum rjochting Rie / Frjentsjer. It paad kaam út by no it hûs Kleasterdyk nû. 22 wêr´t Jan Joostema mei syn gesin yn wennet.

De dyk fan Berltsum nei Frjentsjer is letter yn 1857 ferhurde. (yn in doe saneamde "keunstwei"). By it ferbreedzjen fan de Ljouwerter- of Menamer feart yn 1841 (t..b.f. de ferbettering fan de skipfeart en útwettering) is de stiennen Tsjerke - of Tichelerspiip ôfbrutsen en ferfongen troch in houten brêge. Letter is dizze brêge oernommen troch de Gemeente Menameradiel omdat de houten brêge in protte ûnderhâld ferge en it ek net allerearst in tsjerke mar in doarps belang wie om it doarp út komme te kinnen rjochting Frjentsjer. Âlde brêge by de feilingDe brêge is letter opskowd rjochting it feilingsterrein tusken no de Hôfsleane en de Kleasterdyk, wêr’t earder in heechhout wie. Om 1950 hinne is de brêge boud dy’t hjir no noch is as ferbining tusken de Hôfsleane en de Kleasterdyk. Noch efkes fierder werom yn de tiid. Op 12-4-1758 liet de tsjerkfâdij bekend meitsje, dat de stjinnen tsjerkepiip fernijd wurde soe en dat der dêrom gjin hynder noch in reau passearje koe. Yn 1785 waard oanbestege, it wer fernijen fan it tsjerkepaad `in den dorpe Berlicum` en no komt it: beginnende bij de kerk aldaar en eindigende aan de Kruisstraat, en sulcks in perceelen. De Buorren waard doe yn 1785 as gehiel dus wierskynlik ek wol it "tsjerkepaad" neamd!

Fierders waard op 19 juni 1841 troch de tsjerkfâden en kommiteerden fan de sa neamde tichelerspiip te Berltsum onder nadere approbatie, publiek bij den minstaannemenden aanbesteed, het maken van een nieuwe brug, ter lengte van 12 en breedte van 5 el, met steenen walhoofden en vleugels, over de Leeuwarder vaart. Bestek, tekening en benoodigde aanwijzingen zijn te bekomen en te zien bij A.(uke) L.(ourens) van der Mei, mr. timmerman (en castelein) te Berlikum". De Ballens **) of Menamerfeart, rinnende fan út de Harnser trekfeart by Ritsumasyl, troch Menaam oan it Krúswetter by Berltsum, hat in lingte fan 10.235 ellen.

Ritsumasyl wie fan âlds de eardere útwettering fan Westergoa yn de Middelsee. Om 1840 hinne en letter noch (1840-1843) binne in protte fearten yn N.W. Fryslân leike en ferbreede om de skipfeart te befoarderjen en om de útwettering te ferbetterjen oan’t Ritsumasyl, Roptasyl, Harns en Getswertersyl ta. Ek hast alle brêgen en doarpswallen binne doe fernijd en ferheege. De Wiersterfeart wurdt ek wol de Moddergatssleat neamd.. De Wierster âlde-mar, rint fan ôf de Bolkesyl, yn de âlde seedyk of binnendyk fan it Bilt, oan it Wiid of ek wol de Ried neamd, nei Berltsum ta. Tusken 1888-89 is de Koudefeart ferbreede.Om 1895 hinne is noch besocht om in lûkwei tusken Frjentsjer en Berltsum te realisearjen, mar dit is op neat út rûn.

*) (Publike) fuotpaden, tsjerkepaden, skoalpaden, lykwegen, jeipaden, poepediken of hoe’t se ek mar neamd waarden, wienen foar de measte minsken út dy tiid fan folle grutter belang as de kleiwegen. Omdat de kleiwegen meastentiids in grut part fan it jier net begeanber wienen foar de fuotgongers. 

**) de Ballens is de feart tusken Menaam en Ritsumasyl.

De "bepúning" fan de haadwegen (ta sa neamde keunstwegen) yn Fryslân is sawat om 1830 hinne begûn. Yn 1830 de wei fan Ljouwert nei Stienwyk, 1831-1840 nei Grins, 1842 nei Harns, 1843 nei Snits en de Lemmer. Dêrnei ek tusken de plakken ûnderinnoar, sa as bgl. Boalsert-Harns en Boalsert-Makkum. Yn 1850 rjochting Dokkum etc. 


L.C. 27-4-1841.

PROVINCIE FRIESLAND. Aanbesteding.

Het afdammen, droogmaken en slatten van de Vaart en Waterlossing genaamd de BALLENS of Menaldumervaart, loopende van uit de Harlinger Trekvaart bij Ritzumazijl, door Menaldum tot aan het Kruiswater nabij BERLIKUM, hebbende de lengte van 10230 ellen. Enz. enz...........


Franeker Courant, 11 mei 2011 pag. 9

Dorpskuier.

BERLTSUM - Beleef de verhalen en de geschiedenis van Berltsum en kom zo meer te weten over het dorp. Stichting Welzijn Middelsee in samenwerking met Palet en de Grúsert organiseren een dorpswandeling door Berltsum. De kuier vindt plaats op Donderdag 19 mei van 14.30 - 16.30 uur (o.l.v Watse Hendriks Posthumus) Men kan zich tot 17 mei aanmelden bij Sieta Kuipers, ouderenwerker Stichting Welzijn Middelsee (058-460805 of s.kuipers@welzijnmiddelsee.nl


L.C. 9-11-1909.

De klock van Froonacker.

Door . van Stralen Sz. Te Leeuwarden. "Ald is de groun fen Berltsum en yn it roun".


L.C. 12-4-1758.

De Kerkvoogden van BERLIKUM doen een yder by dezen kennisse geven, dat de Pyp by het Tiggel-Werk word vernieuwd, zo dat daar geen Paard nog Rijtuig kan passeeren.


L.C. 8-6-1785.

Vernieuwing KERKEPAD te Berlicum te beginnen by de kerk en eindigende by de Kruisstraat.

Buorren, ek wol ris tsjerkepaad neamt


L.C. 14-11-1789.

Verhuur v.e. Zathe en Landen in’t Clooster Anjum, thans door Arjen Abrahams Heijdanus bewoond, groot 112 pm.


L.C. 18-4-1789.

Besteding: het slatten van de vaart tussen Franeker en het Berlicummer Wijd.


L.C. 25-12-1902.

Dankbetuiging.

De ondergeteekende betuigt zijn dank aan de Eerste Onderlinge Veeverzekering Maatschappij te ‘s Gravenhage voor de VLUGGE UITBETALING van zijn verdronken Paard, voor welke Maatschappij de Heer K.(laas) C.(ornelis) Runia, agent is. (hy wie better bekend as "Klaas Keeses de vrachtrider") A. de Groot o/d Sint Annaparochie.


L.C. 13-5-1873.

DANK BETUIGING en Aanbeveling.

Ondergeteekende zegt door dezen aan de ingezetenen van Irnsum en omligging voor de veelvuldige bewijzen van vriendschap en gunstbetoon, in zijne betrekking aldaar sedert jaren terug genoten, hartelijk dank en beveelt zich in zijne nieuwe standplaats als logements houder en mr. schilder minzaam aan, belovende eene zoo spoedig mogelijke en accurate bediening.

D.(irk) G.(errits) Visser. Berlikum, den 13-5-1873.


L.C. 21-8-1840.

Besteeding van de uitwerking en opruiming en het in de plaats stellen van 6 nieuwe bruggen op korte afdstand van elkander in het vaarwater van Berlikum naar Roptazijl etc. De omschrijving en voorwaarden liggen bij A.(uke) L.(ourens) van der Meij te Berlicum ter inzage. (oa, bij Ried, Boer en Dongjum.)


L.C. 1-10-1841.

Familieberichten

Heden overleed mijn teeder geliefde Echtgenoot K. SIJBESMA aan de gevolgen van hevige zenuw-zinking-koortsen, in den ouderdom van ruim 31 jaren. Slechts 23 weken mogt ik met hem de genoegens van eene allergelukkigsten Echt smaken,

Berlikum, den 22 September 1841.

J. Bruining

Wed. K. Sijbesma.


L.C. 16-10-1840.

Isaäk Telting, Notaris te Franeker, zal op Donderdag den 22 Oct. 1840, des v.m. om 9 uren, bij de Roode Tille o/d Wijnaldum bij boelgoed praesenteeren te verkoopen: Eene groote partij Houten Gereedschappen, gebruikt bij de vaart slatting van Berlicum tot Roptazijl en Harlingen, bestaande in ruim 400 kruiwagens, Posten, Planken, Latten, Juffers en hetgeen meer te voorschijn zal worden gebracht.


L.C. 1-3-1917.

Raadsverslagen

DE RAAD der Gem. Menaldumadeel benoemde heden tot vader en moeder in het armhuis te Berlikum, J. Hoekstra en echtgenoote te Makkum met algemeene stemmen. Besloten is aan de ver. "De Afslag" te Berlikum t.b.v. den aanleg van een nieuw Afslagterrein te Berlikum en een daarop aansluitende trambaan een subsidie uit de gemeentekas te verleenen van fl.6000,- om op voorwaarde, dat tegen eene vergoeding van fl.500,- WORDE GEDEMPT tot aan te wijzen hoogte de z.g.n. "GRUZE" te Berlikum, alsmede een vuile sloot en greppel.

(Dit wie de Grúsert foar safier dy efter de Lytse Buorren lei. Dit is tusken de Hôfsleane en de Buorren. De Piip is pas yn it midden fan de 60er jierren dimpt).


L.C. 11-5-1926.

Aanbesteding

Het bouwen van een overkapping op het veilingsterrein van ongeveer 1100 m2 is gegund aan de laagste inschrijver P.(opke) Schram te Berlikum voor fl.16.338,-


L.C. 5-10-1957.

Vrijdag middag raakte de timmerman D.(ooitje) (Popkes) Schram, werkzaam bij de heer P.(ieter) (Lolkes) Lolkema te Berlikum, met zijn linkerhand in een schaafmachine. Twee van zijn vingers waren dermate verwond, dat hij voor behandeling naar een ziekenhuis in Leeuwarden werd gebracht.


L.C. 4-11-1778.

De notaris Petrus Wierdsma te Leeuwarden zal op zaterdag den 28 november 1778 ‘s namiddags ten een uur praecys in de Hopzak binnen Leeuwarden by strykgeld verkoopen: de helft in een Zathe en Landen in het Klooster Anjum onder Berlikum, by Jacob Jetzes cum uxore gebruikt. Breder volgens de Billetten.


L.C. 22-1-1983.

Zuivelfabriek Ried nu militaire opslag.

Duidelijk was de controverse tussen Jouke Swart enerzijds en Wiebe Jans Anema en Arjen Boukes Roorda anderzijds. Het boterde niet meer tussen deze 3 boeren, die in 1886 nog besloten hadden tot de oprichting van een zuivelfabriekje in het KLOOSTER ANJUM. Drie jaar lang verwerkten ze in hun bedrijfje de melk van ongeveer 100 koeien. Meer kon men niet hebben al was het aanbod wel veel groter. Men dacht aan uitbreiding. Swart wilde zich als zuivelfabrikant richten op een speculatieve fabriek. Anema en Roorda zagen meer in een coöperatie. Jouke Swart bouwde in Berlikum samen met zijn broer Haring een vrij grote zuivelfabriek. Op 25-1-1889 zou daar het eerste rookpluimpje uit de schoorsteen kringelen. In hetzelfde jaar besloten enkele boeren in Ried onder leiding van Wiebe Anema tot de bouw van een cooperatieve zuivelfabriek in hun eigen woonplaats. Niet alleen zakelijke motieven maar ook een zekere vorm van dorpisme speelde bij deze beslissing een rol. Uiteindelijk leefde bij het merendeel van de Friese boeren de coöperatie. Het ging goed met de fabriek in Ried. Het ging trouwens ook erg goed met de fabriek van Jouke Swart in Berlikum aan de Beetgumerweg.In een modern bedrijf verwerkte hij binnen 10 jaar de melk van 2000 koeien. Toch zou zijn fabriek het niet zo lang volhouden als de coöp. in Ried. Swart werd in 1915 gedwongen zijn fabriek over te doen (*. De fabriek in Ried ging uiteindelijk in 1983 ook dicht. De boeren sloten zich aan bij de coöp. in Dronrijp. Helaas dreigt de fabriek in Dronrijp ook met definitieve sluiting in 2010.)


L.C. 24-11-1937.

Het 25-jarig bestaan van de L.IJ.E.M.P.F.

(* De L.IJ.E.M.P.F. (Leeuwarder ijs en melkpoeder fabriek) kocht yn 1915 N.V. Swart’s Zuivelfabieken te Berltsum. Hja wienen earder fan plan in gehiel nije fabryk te bouwen op in troch har oankocht terrein by Moaie Peal. Mar troch dizze oankeap wie dat no net mear nedich. Berltsum ûntfong no de molke fan dat part fan Fryslân, dat lei boppe de line ôfslútdyk - Ljouwert, en boppedat ek noch de leveransjes fan de Wieringermar polder. De groei fan Berltsum hie hielendal beantwurde oan de ferwachtings. Berltsum wie in fabryk wurden mei wierskynlik it grutste molke ressort yn ús lân.

Ynterieur Lijempf fabryk te BerltsumLoft foto Lijempf fabryk te Berltsum


L.C. 31-8-1998.

Sjoch ek:

Kleaster Anjum 2 dagen airport.


19-8-1974 - F 104 G Starfighter  - ‘s avonds tijden bomb run op de Vliehorst -  water van de Waddenzee geraakt  -  Piloot kon nog klimmen tot 18000 voet waarna toestel onbestuurbaar werd. -  F 104 crashte bij BERLIKUM  -   piloot landde bij Minnertsga   -  Vlieger E.S.

(Dit wie yn it begjin fan de jûn yn it Berltsumer kleaster.)


L.C. 7-8-1937.

De bereiding van textiel Caseïne.

Dinsdag l.l. heeft de heer Antonio Ferretti, uitvinder van het lanital (melkwol) met enkele heeren van de directie der Snia Viscosa en der N.V. HIMCA (Hollandsche Industrieele Maatschappij voor Caseïne-bereiding een bezoek gebracht aan de fabriek van de N.V. Lijempf te BERLIKUM, de eerste in Nederland werkende fabriek tot bereiding van textiel-caseïne volgens het patent-Ferretti, welke caseïne de grondstof is voor de melkwol-fabricage.


L.C. 19-9-1940.

BERLIKUM 18 september. Aan de zuivelfabriek van de "Lijempf" herdachten niet minder dan 12 arbeiders den dag, waarop zij 25 jaar geleden bij de N.V. Lijempf in dienst traden. Vanmorgen werden de jubilarissen, t.w. Jan Kuperus, H.(ein) van Vliet, H. Meijer, Hor.(atius) Postma, W. Adema, IJ.(me) Lautenbach, P.(ieter) Faber, G.G. Brouwer, G.A. Brouwer, Th.(ijs) v.d. Leij allen te Berlikum en Tj. Smits en J. Sijtsma te Beetgum, op het fabriekskantoor door den directeur (Werumeus Buning sr.) ontvangen die hen namens de hoofddirectie toesprak en hen ieder een enveloppe met inhoud overhandigde. Bovendien kregen ze allen een vrije dag. De assistent-directeur bood hun namens het personeel ieder een barometer aan. Als bijzonderheid kan nog worden gemeld, dat het heden eveneens 25 jaar geleden is, dat de fabriek, welke in 1898 door den heer J.(ouke) Swart werd opgericht, door de N.V. Lijempf is overgenomen.


L.C. 25-2-1959.

Zuivelfabriek BERLIKUM blijft draaien.

Ir. J.B. Ritzema van Ikema, direkteur van de Coöp. Condensfabriek "Friesland" (C.C.F.), heeft gister op de leveranciersvergadering van de zuivelfabriek te Berlikum meegedeeld, dat er op het ogenblik van sluiting van de fabriek in Berlikum geen sprake is. Wel zal de afdeling melkinrichting in het midden van het jaar stopgezet worden, omdat de nieuwe melkinrichting in Leeuwarden en die van de Frico in Warga dan de produktie van consumptie melk overnemen. Hierdoor komen in Berlikum wel een aantal personeelsleden vrij, doch deze zullen in Berlikum blijven werken omdat de Condens verschillende werkzaamheden van Leeuwarden overbrengt naar Berlikum.

(Fanôf 1955 oant 1986 wie de C.C.F. eigner fan de fabryk.)


L.C. 29-5-1959.

Condens regelt positie van zuivelfabriek Berlikum.

(De fabriek telt by in normale besetting sa’n 120 man persoaniel.)


L .C. 24-9-1976.

Dertig jaar in de zuivel.

Receptie A. Werumeus Buning druk bezocht. 

(foto:  ôfskiedsresepsje.)


L.C. 25-2-2009.

50 jaar geleden.

Zuivelfabriek Berlikum  (L. C. van woensdag 25-2-1959.)


L.C. 11-2-1898.

Uit de Provincie.

BERLIKUM. In de vorige week had er t.h.v. de Wed. Osinga een opmerkelijke bijeenkomst plaats van landbouwers uit de omstreken van Berlikum, allen melkleveranciers van de boter en kaas makerij van den heer J.J. Swart. Men zag er boeren uit Marssum en Zweins, uit Tjummarum en Oosterbierum, uit Oude(Bildt)zijl en Oudeleije, om van de overige naderbij gelegen plaatsen maar niet te spreken. Het geheele getal beliep over de honderd. De heer Swart had het vorige jaar gezegd: als de zaak goed gaat zullen de leveranciers deelen in de overwinst; welnu, de zaak was goed gegaan en de boeren kregen een flinke extra uitkeering. Het is wel te begrijpen, dat het dorp Berlikum levendig belang stelt in de onderneming van den heer Swart., waar een 30 tal werklieden ruim hun brood verdienen, aan wie in het afgeloopen jaar de belangrijke som van fl. 36.000,- gulden als loon is uitgekeerd. Het vorige jaar was men niet zonder bezorgdheid dat door de oprichting der coöp zuivelfabriek te Marssum de zaak een gevoelige knak zou krijgen: het tegendeel is echter gebleken. Volgens geloofwaardige mededeling is in 1897 7 millioen liters verwerkt tegen 6 millioen in 1896. Het getal boeren-leveranciers is van 240 tot 340 geklommen met ruim 2000 koeien.


L.C. 3-4-1986.

Trotse fabriekspijp BERLIKUM legt het af tegen de slopershamer. (foto omfallende pyp)

Met een doffe dreun is op 2 april 1986 ‘s middags om 03.07 uur, definitief een einde gekomen aan de geschiedenis van de in 1889 gestichte melkfabriek "de Volharding" (de "fabryk fan Jouke Swart", letter de "Leijempf" (Leeuwarder IJs en Melkproducten Fabriek, oprjochte yn 1913), wer letter de "C.C.F." (Coöp. Condens fabrieken) noch wer letter soft ice masinefabryk "Sweden Freezer", en noch wer letter Yswafel- en koekjes bakkerij "Biscuiterie Maastrichtoise" en Pasta Choca. Allegear ûnderdielen fan de C.C.F.) Iets later dan was gepland, maar onafwendbaar stortte de 400 m2 steen van de 35 meter hoge hoge pijp van de v.m. melkfabriek ter aarde. Precies op de plaats die de werknemers van het sloopbedrijf van der Wal uit Joure hadden berekend. Enige honderden mensen, onder wie oud werknemers van de melkfabriek, sloegen het tafereeltje gade. "Daar verdwijnt weer een stukje historie", klonk het hier en daar. Het neerhalen gebeurde zonder gebruik te maken van explosieven. In de loop der jaren heeft de fabriek verschillende functies gehad. Nadat de melkfabriek in 1955 werd gesloten, werden er gedurende enige tijd ijsmachines gemaakt. Tot voor kort werden er biscuitjes voor ijsjes geproduceerd en ook Pasta Choca. Over twee weken moet het terrein schoon zijn. De aannemer moet dan met de bouw beginnen van een bedrijfspand voor het Carrosserie en Wagenbouw bedrijf Rondaan uit Beetgum.

(Op de Berltsumer molke fabryk hawwe destiids soms wol tusken de 200 en 250 wurknimmers wurke!)


Sjoch ek film: Sloop súvelfabryk Berltsum (troch Watse Posthumus)


L.C. 29-6-1959.

Condens werpt zich op markt voor zacht-ijsmachines

Friesland heeft er een nieuwe industrie (voor Berlikum?) bij.


NIEUWSBLAD van het Noorden. 7-8-1973.

Samenwerking van C.C.F. en Biscuiterie Maestrichtoise.

De Coöperatieve Condensfabriek "Friesland" (C.C.F.) te Leeuwarden en de Biscuiterie Maestrichtoise zijn besprekingen begonnen om te komen tot samenwerking in de ijsbeschuit sector. De belangrijkste reden van deze samenwerking is het verloren gaan van het hele prodktiebedrijf van Maestrichtoise door een brand op tweede Paaszondag. De samenwerking zal tot stand worden gebracht door inbreng van de produktie afdeling van ijswafels van de C.C.F. in de Biscuiterie Maestrichtoise, gevestgd zal worden in het Friese BERLIKUM. De aandelen van het Maastrichtse bedrijf worden overgedragen aan de C.C.F.


L.C. 31-3-1984.

IJswafels en Pasta Choca komen uit fabriek Berlikum. (2 foto.s)

Eardere molkfabryk oan de BitgummerdykRond de honderd miljoen ijswafels en ijshorens verdwijnen jaarlijks uit de voormalige zuivelfabriek te Berlikum. De fabricage van de wafels betekent nu een flink stuk werkgelegenheid voor dit dorp, waar in vroeger jaren de schoorsteen nog rookte voor de verwerking van melk. Maar behalve de wafelbakkerij is in het Berlikumer complex ook de fabricage van Pasta Choca "Beregoed" ondergebracht. Jaarlijks worden hiervandaan zo’n honderdveertig duizend bekers "Beregoed" op de markt gebracht. Ruim 30 mensen hebben nu werk in deze vestiging van de C.C.F. "Friesland". (De Berlikumer zuivelfabriek maakte sedert 1912 deel uit van de L.e.ij.m.p.f. - keten. (Leeuwarder ijs en melkpoeder fabriek, festige oan de Potmarge, wêr’t no de Ljouwerter Krante festige is.) Als zodanig werd hier de melk verwerkt van talloze boeren, die zich niet hadden aangesloten bij één van de coöperaties. Altijd ging er een grote vloed melk naar dit bolwerk. (Berlikum had de grootste fabriek van de Leijempf-keten, ek yn it fabriseren fan kondensearde molke.) In de laatste jaren van vóór de tweede wereld oorlog zat men bijvoorbeeld op een aanvoer van 18 miljoen kilogram. Het duurde echter tot 1966. Toen stopte in Berlikum de ontvangst van de melk van de vele boeren. Rond die tijd waren er in de Berlikumer fabriek rond de 250 mensen aan het werk. Dat kwam echter ook voor een groot deel door de activiteiten van de C.C.F.

(Coöperatieve Condens Fabrieken.) Immers, in 1955 verwierf de C.C.F. het eigendom van de fabriek, samen met andere Leijempf-bolwerken. Vanaf dat moment begon de fabricage van speciale producten. In Berlikum heeft men zodoende bijvoorbeeld de productie van koffiemelk gekend, maar vanaf het begin ook het maken van Pasta Choca. Bovendien werden hier ijsmachines geassembleerd (Sweden Freezer). Uiteindelijk richtten de actieviteiten van de C.C.F. vestiging in Berlikum zich alleen nog maar op "Beregoed" en op het wafel bakken. Het begin van de Berlikumer zuivelfabriek begon in 1889. Het was Jouke Swart, die besloot om in Berlikum een nieuwe grote zuivelfabriek te bouwen. De zuivelpionier Jouke Swart ontplooide hier nieuwe activiteiten op weg naar een fabrieksmatige zuivelbereiding. De fabriek begon op 25 October 1889 te draaien. De toen groeiend Leijempf- keten werd in 1912 eigenaar, toen de zaken een wat slechter aanzien kregen. Jouke Swart had evenwel al eerder van zich laten horen als "boerennifelder" toonde hij meer dan gewone belangstelling voor verbetering van de zuivelbereiding. Het was dezelfde Jouke Swart, toen nog woonachtig in het Klooster Anjum, die in 1885 naar Denemarken toog om te kijken hoe men daar betere resultaten verkreeg bij de boter bereiding. Toen hij met zijn wijsheid terug kwam, kreeg hij meer boeren warm voor een andere zuivelbereiding. Samen met Wiebe Jans Anema en Arjen Baukes Roorda besloot hij in 1886 tot de inrichting van een klein zuivelbedrijfje in Klooster Anjum. Het was toendertijd een van de eerste initiatieven om enige verbetering aan te brengen in het zuivelproces.

(De trije eigners krigen út 31 liter molke goede bûter. Boppedat krigen hja fl. 3,- oan’t fl. 4,- boppe de heegste notearring op de Ljouwerter merk.)


Drie jaren later zou het fabriekje (fan 60 m2) te koop worden aangeboden en besloot Jouke Swart in Berlikum een grotere fabriek te stichten.)


Lijempf-Knipselmap_19-12-2008.pdf

Skiednis fan de Leijempf weryn ek Berltsum memoreare wurdt mei foto’s wêrûnder dy fan de Berltsumer súvelfabryk. ..... ....De groei van Berlikum heeft helemaal beantwoord aan onze verwachtingen. Berlikum is geworden tot de fabriek met waarschijnlijk HET GROOTSTE melkresort in ons land. Het ontvangt melk van dat deel van Friesland dat ligt boven de lijn Afsluitdijk-Leeuwarden en telt bovendien ook nog leveranciers in de Wieringermeerpolder  .....    .......


L.C. 19-8-1971.

J. de Groot, Berlikum, 25 jaar in de zuivel.

(Jan Wops de Groot út de Nije Buorren. Hy wie letter foarman yn de Pasta Choca fabrikaazje fan de C.C.F. yn Berltsum.)

(Heit en soan, t.w.  Werumeus Arnoldus en Arnoldus Werumeus Buning binne hjir beide direkteur fan it molkefabryk west. De heit fan Buning sr. wie earder eigner west fan de súvelfabryk "Welgelegen" te Eastermar.)