Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Swiere stoarm oer Berltsum. (1953)


Klaas Rienks PostmaIn grut meteorolooch, in fakman op it mêd fan waarkaart analyses, wie Klaas Rienks Postma. Al 16 jier âld wie hy ynteresseare yn it waar. Yn 1922 gie syn heit der akkoard mei dat hy in abonnemint krige op it waarkaartsje fan it K.N.M.I. yn de Bilt. Hy is in fier oan my besibbe famyljelid. Syn en myn oerpakes wienen bruorren en kamen út Ternaard. De oarspronklike namme Posthumus is yn syn takke yn de rin fan de jierren feroare fan Posthumus fia Postmus nei Postma. Hy yntrodusearre yn 1951 de earste Nederlânske waarkaart op de T.V. yn it doe destiids sa neamde N.T.S.-journaal. Hy is letter plf. haaddirekteur wurden fan it K.N.M.I. mar bliuw de waarkaarten trou. 

It meast dramatyske barren yn de 20e ieu, en yn syn libben, wie wol de wettersneedramp fan 1953. Hy siet yn dy tyd, as jonge waartsjinst lieder, der mei in kollega .(Herman Bijvoet, de lettere haaddirekteur fan it K.N.M.I., ferstoarn op 29-3-2000) midden yn. Al op sneontejûn 31 jannewaris 1953 betiid seagen hja beide, dat it seewetter tige heech wurde soe. Boppedat wie yn Skotlân al wynkrêft 12 waarnommen en tûzenen beammen ûntwoartele. De stoarm kaam rjocht op de Nederlânske kust ôf. Hja warskôgen alle Nederlânske autoriteiten mar net ien lústere. Hja woenen ha, dat ien fan de doe twa besteande radio útsjoerders t.w. Hilversum 1 en 2 dy nacht yn de loft bliuwe soenen, mar de iene nei de oare joech net thús. Boppedat, stie it wykein foar de doar en wie net ien te berikken. Alles wat mar ferkeard gean koe gie dan ek ferkeard. De beide mannen wienen yn grutte fertwiveling. Wie der dan net ien dy't nei har lústerje woe?

Der wie noch gjin T.V. en pas de oare moarns en foar guon minsken noch folle letter dy deis drong troch wat der yn it S.W. fan ús lân bard wie. De gefolgen binne bekend: 1836 minsken ferlearen it libben en 72 000 minsken moasten foar it wetter flechtsje. In protte bisten ferdronken. Dizze stoarm is yn de skiednis no bekend as de “DE RAMP fan 1953”. 

Klaas Rienks Postma hie krekt nei de oarloch in fekânsjehûs bouwe litten op Flylân, wer’t hy graach komme mocht. It hie de namme “Scholekster”. De jiske is op syn fersyk (nei syn ferstjerren op 22-6-2005) op de meast westelijke punt fan it strân fan Flylân útstrooid. 

Sjoch it boek: Van Posthumus naar Postma van Ternaard naar Kimswerd.  Side 23 ( 1.7.4.9.1. )

Sjoch ek op internet: Weer: De doctrine van Postma nader bekeken.


Pyt Paulusma,

de waarman fan Omrop Fryslân (It waar), fan S.B.S.-6 (Piets weerbericht), fan it Frysk Deiblêd esfh.

Net allinne waarman Klaas Rienks Postma mar ek waarman Piet Paulusma is fan fierrens oan my besibbe. Syn bet-oerbeppe Antje Dirks STIENSTRA, berne op 28-12-1836 en stoarn op 4-1-1921 te Berltsum, op 10-5-1865 troud mei Sybren Harmens Herrema, berne op 28-10-1839 te Tsjummearum en ferstoarn te Berltsum op 10-4-1908 (de stien leit noch op it Berltsummer tsjerkehôf) is in suster fan myn bet-oerbeppe Sibbeltje Dirks STIENSTRA, berne op 28-12-1830 te Berltsum en stoarn te Berltsum op 18-1-1906, op 29-5-1855 troud mei Arjen Klazes Santhuizen, berne op 10-4-1830 te Rottevalle (Sm.) en stoarn te Berltsum op 10-2-1889. (Sibbeltsje Dirks Stienstra is letter nei syn ferstjerren yn twadde boask troud mei Folkert Gabes Werkhoven.) In protte ôfstammelingen fan harren broer Theunis Dirks Stienstra wenje no ek noch yn Berltsum. Tink mar oan bouwûndernimmer / nammegenoat Theunis van der Graaf, Fedde en Johan van der Graaf. Hja binne dus ek oan Piet besibbe, krekt as de Berltsumer Herrema’s.


Sjoch ek filmke: Waarberjocht Pyt Paulusma.


De nacht fan 31 Jannewaris op 1 Februaris 1953.

Yn BERLTSUM gie it der ek mal om en ta. Hûnderten dakpannen fleagen fan it dak. Hiele dakken wienen keal reage. Yn de Buorren wie it libbensgefaarlik en gean nei bûten ta. Ik moast yn é hûs bliuwe fan myn âlders en mocht net nei bûten ta en dat kaam op my oer as in straf fansels.. Want wat wie der no net moaier as om yn dy hurde stoarm bûten te wêzen.

Alles wat los stie gie de dyk oer. Beammen knapten as lúsjefershoutsjes. De skoarstien piip fan ús hûs op Buorren nû. 3 kaam nei ûnderen yn de foar tún del. By de C.V.O. skoalle oan de Hôfsleane leinen de beide skoarstienpipen op it skoalleplein. In soad bedriuwen hienen stoarm skea. Op de trije legere skoallen hjir waarden de bern frege om boartersguod mei te nimmen foar de bern dy't dêr alles ferlern hienen. Op de radio wie in aksje start mei de slagsin: "Beurzen open, dijken dicht". In protte minsken sieten by de radio te harkjen en wienen nijskjirrich nei wat de aksje opbringe soe.

De regearing is letter mei it saneamde "Delta plan" kommen. De seedyken moasten fersterke en ferhege wurde. Hjir yn Fryslân hat noch al wat striideraasje west oer in plan A en B wat de yndiking betrof fan noard west Fryslân. Ek de ynpoldering fan de Lauwersee hat in protte foar en tsjinstanners oplevere. Lokkich hawwe by dizze swiere stoarm de Fryske diken it seewetter keare kinnen en dêr wienen in protte Berltsumers tankber foar, want it hie hjir ek oars útpakke kinnen.

Der waard in Nasjonaal Rampenfûns oprjochte. Yn FRYSLÂN is sa’n 2 ½ miljoen gûne opbrocht. Yn Berltsum brocht de doar oan doar kollekte fl. 3600,- op. De kollekte yn de Herfoarme gemeente rom fl.4000,- en de tasizzing fan in skiep. Yn de Grifformearde tsjerke fl. 3300,- en yn de Minniste gemeente fl. 1400,- It doarp Wier fl. 714,-

It jier dêrop krekt foar de kryst yn de nacht fan 22 op 23 desimber gie it der wer raar op en ta troch in swiere stoarm. It wetter stie noch heger as yn 1953 by de Ramp fan Seelân. De diken hawwe it hâlden. Wer wie der in protte skea yn Berltsum troch ôfwaaide dakpannen, skoarstien buorden waarden ôfskuord en kajúten skansearre. Ek waarden in stikmannich rúten yndrukt. Ek yn swiere buien kin it somtiden mâl gean. 

Op 28-2-1920 briek yn Berltsum in swier ûnwaar los mei in fûle snie en hagelbui. De hast 25 meter hege skoarstien fan de grientedroegerij fan firma de hearen Bontekoe en Tulner waard troffen en as in kaartenhûs útinoer slein. De stiennen leinen in 100 meter fier yn it rûn. Ek it kafee ("De Aardappelbeurs", letter de túnbouskoalle) fan de hear Westerbaan (by feiling "De Afslag") rûn skea op troch it yndrukken fan glêsrúten. (L.C. 28-2-1920). Op de Pôlle waard op itselde plak troch Anne Leenderts Runia en Pieter Ruurds Braaksma cs. in flaaksfabryk eksploiteard mei de namme "Cultura".


Yn Berltsum binne yn it ferline ek dyk trochbraken west. Û.o. yn de Griene dyk (Wiersterdyk) by "It Leechje"en yn de Griene dyk (Bitgumerdyk) by de "Meseame" (Mar-seame.) Op beide plakken wienen sa stikken útslibt leech lân ûntstien. It wienen eartiids stikjes peazich lân mei soms wat puollen (lytse markes) dêryn. It wienen fanâlds (net djippe) slinken wêr’t de seedyk (dus ek wol de griene of hege dyk neamd) troch hinne lein wie.


L.C. 21-11-1945.

St. Anna Parochie.

Een voldoend aantal leerlingen (cursisten) heeft zich opgegeven voor een alhier op te richten vak-fruit-school, zoodat deze binnenkort wel zal worden geopend. De lessen zullen voorlopig in een der lokalen der O.L.S. worden gegeven door de heeren A. v.d. Heide, Berlikum en Smeding, Leeuwarden.


L.C. 29-6-1922.

Provinciale Staten van Friesland.

B.& W. van Menaldumadeel vragen een subsidie uit de Provinciale fondsen t.b.v. de oprichting eener Lagere Tuinbouw School te Berlikum. De kosten van aankoop van het voor de school bestemde gebouw (dit wie in kafee) hebben bedragen f. 16.000,- terwijl de kosten van verbouw en inrichting zijn geraamd op f. 5500,- , tezamen f. 21.500,-


L.C. 23-3-1928.

Lagere tuinbouwschool Berlikum.

Uitslagen van de gehouden toelatings-, overgangs en eindexamens aan deze school.

(In protte nammen (wêrûnder in protte Berltsumers) folgje.)


L.C. 14-6-1971.

Tuinbouwschool in Berlikum loopt leeg. (foto.)


L.C. 27-5-1907.

De bliksum.

BERLIKUM - De bliksem sloeg waarschijnlijk door een openstaand raam in de bijzondere school (de C.N.S. skoalle) van den heer K. Kremer (it haad fan‘e skoalle) en verliet het gebouw weer, na hier en daar enige schade te hebben aangebracht, doch zonder brand te veroorzaken. Wegens den schoonmaak was er vacantie en waren dus geen kinderen aanwezig.


***************************


FRIESCH DAGBLAD 13-7-1992.

Riskante luchtreis door een windhoos te BERLIKUM. Mevr. Runia stond in de tuin toen de windhoos om elf uur ‘s morgens de kop op stak. Het onweerde en regende op dat moment. "Toen ik omhoog keek, werd ik door de windhoos opgetild en een meter verder tegen de grond gegooid. Een container werd gelift en ging vlak langs mijn hoofd door de schutting heen. De gietijzeren tuinbank sloeg tegen de muur. Ik zag de windhoos verder gaan richting buren", aldus mevr. Runia die op dat moment als enige buiten was.


L.C. 13-7-1992.

WINDHOOS treft Groenewoldwei in BERLIKUM.

"Súver net normaal mear, sa’n sûging" Op no 5 by Gabe van den Bosch rukte de hoos heel wat pannen van het dak. De hoos ging zigzag over straat. Nadat de struiken tegen de grond gedrukt waren, trokken ze als een kurketrekker weer omhoog. De hobby groentekas van de familie Giesing op no 8 is finaal plat gewaaid. De tuinstoelen op no. 6 lagen aan de andere kant van de tuin. De Fabers op no 4 zagen hun garage en de voliëre gedeeltelijk de lucht in gaan. De overbuurman Gabe van den Bosch merkte op met welk een ongekende kracht een boom tegen de grond gezwiept werd. De Fabers wonen nog maar net op no 4 en hadden de boel nog niet verzekerd.

(Yn de nacht fan moandei 28-2 op tiisdei 1 -3- 1948 triek in djippe depresje fan Yslân nei de Dútske Bocht. Al yn de nachtlike oeren nimt de weste wyn ta oan’t swiere stoarm wynkrêft 10 en it wetter stowt al oer de seediken. As moarns om in oere as njoggen in troch passeart en de wyn nei it noard westen rommet, giet dat mei swiere wyn stjitten. Den Helder notearret wynkrêft 11. It wie in stoarm dy’t it noarden fan ús lân yn gjin jierren mei makke hat. Foaral de Waadkant bylâns wie de ravaazje tige grut. Buorkerijen moasten it ûntjilde. Gjin pleats bliuw skea besparre. De túnkers yn en om BERLTSUM hinne hienen grutte glês skea.)


L.C. 27-2-1990.

Friese Tuinders Opnieuw Getroffen Door Strorm.

DE STORM heeft opnieuw grote schade aangericht aan de kassen van de tuinbouwbedrijven in Friesland. In de kassen van de komkommer kweker Aad Hartman uit Sexbierum zijn gisteren opnieuw 300 ramen gesneuveld. De vorige maand waren dat er 1000. "De krêft fan de stoarm wie dizze kear in bytsje minder" ferklearre Tom de Beer, dy yn BERLTSUM tomaten kweekt. De skea yn syn bedriuw foel ta, omdat der troch de foarige stoarm gjin gewaaks yn de kassen stie. Dochs binne der justerjûn neffens de Beer sa’n 200 rúten sneuvele en binne de doarren út de loads waaid. "Ik hie de kas ôfrûne freed net wer opboud. Dit wykein wie ik mei fekânsje, mar doe ik fan de stoarm hearde bin moandei ik hals oer kop wer werom kommen". De Beer rûze de skea foar syn bedriuw dizze kear leger dan by de foarige stoarm. Doe sneuvelden der foar fl. 700.000,- oan rúten.

(De WAADSEE yn syn hjoeddeiske foarm ûntstie by de Alderheljendefloed yn 1170. Doe bryk it Marsdjip troch en by opfolgjende stoarmfloeden yn 1196, 1219 en letter yn de trettsjinde ieu waard it waadgebied hieltyd grutter. De Waadsee is dus sa wat like âld as de Dom fan Útert dy’t fanôf 1254 boud waard. BERLTSUM kaam oan ien fan de yn en út streamen te lizzen. De Boarnstream dy’t útmûne yn de Noardsee tusken Skylge en it Amelân. It Bo(a)rnrif leit tusken dizze twa eilannen.)