Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Stim hawwende hûzen en pleatsen

yn Berltsum.


Alle doarpen hienen stim hawwende pleatsen. "BERLTSUM is Seldsum", wurdt der dan wol ris sein. Yn dit gefal is Berltsum wer seldsum. Ús doarp hie neist stimhawwende pleatsen ek in grut tal fan stim hawwend hûzen. It stimmen wie in yngewikkele saak. Om koart te gean: De doarpen keazen by meardeheid fan stimmen, de Gritenijen by mearderheit fan doarpen. In mearderheit fan lytse doarpen koe dus altemets de grutte doarpen oerstimme. De persoan mei de measte stimmen krige sa de measte macht.

It wie dan ek saak om safolle as mooglik wie, stimhawwende pleatsen en hûzen yn besit te krijen. Hiel wat pleatsen en hûzen wienen dan ek yn it besit fan de ealju kommen. Hja hienen ommers it measte jild. Dit stimrjocht wie dus net persoanlik mar de ponge spriek. Hjir yn Menameradiel wienen dat destiids, krekt as yn hast al dy de oare gritenijen, dan ek de ealju dy't it foar it sizzen hienen. De lêste Grytman út dat fermidden wie hjir Baron Schwartzenberg thoe Hohenlandsberg.

De measte grut grûn besittende boeren koenen it noch ta assessor (bijsitter) bringe. Yn doarps- en tsjerke oangelegenheden hienen dizze minsken in grutte finger "in de pap", of oars sein op syn Frysk; "hiel wat (in soard) yn de molke te brokkeljen." As de boargemaster bgl. troude, jierdei hâlde, of ferstoar, as der bern yn syn gesin berne waarden of trouden, dan kaam hjir yn Berltsum en yn alle oare doarpen fan Menameradiel de flagge op de toer. De flagge waard fakentiids hierd. Der wie earbied foar dy lju en hja stienen yn heech oansjen. By it útdielen fan banen (amten) wie fakentiid de meast beteljende man keapman. De lytse man hie net folle te sizzen.

As der stimd wurde moast sawol yn sivyle as yn tsjerklike saken dan wienen de stimmen fan de lytse lju tige wichtich foar de "grutte man" yn doarp of tsjerke. Dit is hjir yn Berltsum ek bard. Men woe dan graach by it gewoane folk yn de geunst komme troch it allerhanne net altyd troch de bûgel kinnende "saken dwaan" It fryske wurd hjirfoar is it saneamde "kûpjen". Der binne hjir sa ek dûmny's keazen en H.H. tsjerkfâden. Tink mar oan it ein fan de 19e ieu, wat in protte reboelje jûn hat.