Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Sportende Berltsumers.


Fryslân is in keatsprovinsje. Foaral om Frjentsjer hinne is der altyd in protte keatst en dus ek yn Berltsum. It keatsen fûn dan plak op in stikje greidlân mar ek wol op strjitte. Der waard foaral op moaie simmerjûnen en sneins keatst ûnder faak grutte belangstelling fan de doarpsgenoaten. It wie in echte manne sport. It froulju's en pearke keatsen is folle letter ûntstien.

Gerrit Piers de JongOmdat it greidlân net altyd moai flak en net altyd sa mar brûkt wurde koe foar it keatsen is yn it jier 1888 yn Berltsum in keatsferiening mei de namme "Gerrit Piers" oprjochte en mei in fêst dêrfoar ynrjochte ("V.V.V.") keatsfjild oan de Biltdyk. Wa’t Gerrit Piers wie is no net rjocht bekend. (* Gerrit Piers de Jong (?) 1825-1869, dy’t hjir tsjerkfâd west hat en letter rintenier, boaske mei Livia Aukes v.d. Meij)  It keatsfjild waard hieltied foar fiif jier hierd. De fúzje tusken "Gerrit Piers" en de "V.V.V." fûn plak yn 1919. It fêste sportfjild koe no moai ûnderholden en skjin hâlden wurde. De earste keats partij fûn plak op 28 septimber 1888. Der wienen mar leafst 84 dielnimmers en de belangstelling wie tige grut. Der wienen wol 1000 minsken nei it fjild ta kommen. It feest waard opfleure mei muzyk fan de skutterij fan Frjentsjer. Muzykkorpsen "Bazuin" en "Klimop" moasten yn Berltsum noch oprjochte wurde. De priis gie nei Daam Bakker fan Bitgum, Boate Bruinsma fan Sint Anne en Thyle van Dokkumburg fan Berltsum. De 1e preemje nei Siebren Kooistra fan Harns, Jan Groeneveld fan Bitgum en Jan de Groot fan Sint Anne. De 2e preemje nei Uile Kooistra fan Harns, Foppe de Vries fan Rie en Durk Strooisma fan Berltsum. De útrikking fan de priis en preemje fûn de jûns plak op de boppeseal fan de herberch ("Hof van Holland") fan Jelle IJ. Terpstra. De hear Mr. J.C. Schonegevel hâlde in tapaslike taspraak. De keatsferiening hie de namme "Gerrit Piers", mar hjir wie ek noch ien mei de namme "Berlikum". (Al oprjochte yn 1881?) "Gerrit Piers" wie de opfolgjende namme. Grutte Berltsumer keatsers wienen letter bgl. in Jan van der Lei, Anne van der Meulen, Bouke Wiersma, Sape Andries de Haan, Sake Frânse's Faber, Klaas van Wieren, de van der Mey's, de de Graaf''s, de Brouwer's, de Sjoerdsma’s etc. Letter is der op 13-4-1934 yn it Evangelisaasjegebou “Bethel” te Frjentsjer, op oantrún troch Johannes de Boer fan Frjentsjer en Sierk Feikes Brouwer fan Berltsum, ek noch in Kristlike keatsbûn oprjochte. De C.F.K. De Berltsumer keatsferiening "Wardy" wie oansletten by de C.F.K. (Christelijke Bond van Friese Kaatssport) Dizze feriening hierde in stik greidlân oan de Biltdyk fan de Herfoarme tsjerke. Sa wie der dus neist it "V.V.V." terrein (oansletten by de K.N.K.B.: Koninklijke Nederlandse Kaatsbond) ek noch in "Wardy" terrein by kommen. De keatsfjilden binne ek in protte brûkt foar iepenloft gearkomsten, taptoe's, gymnastyk úfierings, berne boarterijen en doarps feesten. No steane hjir oan de Biltdyk en dêr efter de hûzen op oan de strjitten mei keatsnammen sa as De Keats, De Opslach en De Boppe. En mei nammen as de Appelhôf, Parrehôf, Kersehôf, Beiehôf en Prommehôf. Letter yn de tachtiger jierren fan de tweintigste ieu is it nije sportkompleks mei de namme "De Koekoek" oanlein, krekt as de namme Koekoeksleane, in neitins oan it eardere gebiet dêr mei dy namme. De iepening wie op 8 maart 1974. Gerben van der Berg en boargemaster Dirk Reitsma fierden it wurd. No is hjir wer ien keatsferiening yn ús doarp. In hichtepunt is noch altyd it keatsen op de jierlikse Berltsumer merke. It fynt no allegaerre plak op sportkompleks de "Koekoek" en der komme altyd in soad minsken op ôf. De strjitten dêr omhinne steane dan fol mei fietsen en auto’s. Dit wie eartiids net sa. De kermis (merke) fûn altyd plak op It Skil en it Hemmema plein tichte by de hoareka bedriuwen en it keatsen yn de Bildtdyk. Yn Berltsum is no neist it keatsen foaral it fuotbaljen mar ek it tennissen in tiid ferdriuw wurden. Hjir is fan 1865 ôf ek al in iisclub "Berlikum". Der is in volleybal club. In gymnastiekferiening . De Berltsumer gvmnastiekferiening oefene earder altyd yn ien fan de efterste lokalen fan de eardere no ôfbrutsen iepenbiere skoalle oan de Skoallestrjitte. No bart dit yn it gymnastieklokaal oan de Sportleane neist doarpshûs "It Heechhout". It ferwûndert my, dat hjir yn Berltsum noch gjin Jeu de Boules baan is. Wa wit, miskien komt dy der ek nochris.

Oh ja,: Berltsum hat ek in kuier feriening hân mei de namme "Blier Fuort". Oane Ânskes Boomsma, de Berltsumer drogist, wie hjirfan de foarsitter.

(* Gerrit Piers de Jong, is berne op 14-2-1869 te Easterlittens as soan fan Pier Gerrits de Jong en Helena Olpherts Kiestra. Hy wie op 14-6-1848 troud mei Livia Aukes van der Meij ôfk. fan Wier en is hjir ferstoarn op 14-2-1869. De grêfstiennen fan dit echtpear lizze noch op it tsjerkehôf mei it grêf nûmmer 686. Hy soe it keatsen hjir yn Berltsum befoardere en mei jild stype hawwe en syn frou moat jierren beskermfrou west hawwe fan de keatsferiening sa is my ris oerlevere. Auke van der Meij wie in broer fan Gerhard van der Meij en dy hie ek in dochter mei de namme Livia.

Yn it ferline waard yn Fryslân meastentiids op de pleinen of yn de Buorrens keatst fan de stêden en de doarpen. Yn de lytse Bouhoeke is dy tradysje by myn witten it langste folhâlden. (de keatsebuorrens) Yn de tachtiger jierren fan de 19e ieu komt men yn de Ljouwerter Krante hieltyd mear tsjin dat oanjûn wurdt, dat keatst wurde sil op “het greidland”, op “het kaatsveld”, op het “kaatsland”, in het “weiland” of “in de weide”. De strjitbewenners sille fêst wolris in baltsje troch de rúten hân hawwe, tink ik. Hja sille hjir fêst net rouwich om west hawwe.


Kaatshistorie Berlikum (Âlde films)

Opnames uit 1948 van een wedstrijd voor "oud-kaatsers" in Berlikum.

Reportage over de wedstrijd van oud-kaatsers in Berlikum uit 1953. Er zijn beelden te zien van de optocht door het dorp, fragmenten van wedstrijden en opnames van publiek en oud-kaatsers langs de zijlijn.

Reportage over de wedstrijd van oud-kaatsers in Berlikum. Er zijn beelden te zien van de optocht door het dorp, fragmenten van wedstrijden en opnames van publiek en oud-kaatsers langs de zijlijn.


L.C. 23-6-2001.

Veiligheid rond kermis wekt onrust Berlikum.


L. C. 22-12-1971.

“Blier fuort” laat het niet bij wandelen alleen.


L.C. 7-4-1952.

Het begin is er.

Warga won touwtrek wedstrijd in Berlikum.

De touwtrek enthousiasten zijn uit hun (korte) winterslaap ontwaakt en het was in BERLIKUM dat zij elkaar Zaterdagmiddag voor het eerst ontmoetten. Het zal waarschijnlijk niet het laatste treffen zijn........... Van heinde en verre waren ze komen opdagen........... Tien ploegen dongen naar de prijzen, er waren zeer interessante wedstrijden en ook zeer spannende, zoals Berlikum (Wassenaar) tegen Vrouwenparochie (Heslinga) en Minnertsga (Kramer) tegen Idskenhuizen (Hoekstra). Winnaars werden............


L.C. 25-5-2009.

Kleedboxen Berlikum krijgen opknapbeurt.


L.C. 22-6-1991.

Ik sil nea op snein keatse.

(Theunis van der Graaf.)


L.C. 28-5-1996.

Auke van der Graaf ontplooit zich snel. (foto Auke van der Graaf.)

Door Gerrit Kloosterman.


L.C. 23-3-1974.

Kaatsarbiter Sape de Haan nam afscheid. (fan de K.N.K.B.)

(sjoch ek de ôfleveringen yn de L.C.: It keatsen yn Fryslan.)

Sape is troud mei Lokke Sijes Beetstra.


L. C. 22-4-1975.

Oud kaatskoning Jan van der Leij overleden.


L.C. 12-3-1983.

Hylke Speerstra oer it keatsen as it libben sels.

Âld kommissaris fan de Keninginne Van Harixma thoe Slooten moat ris tsjin in man fan ‘t Keatsbûn sein hawwe: "Die geblokte kerel, die Andries de Haan is een mysterie. Hij schijnt niet tot de verbeelding van het volk te spreken en toch is het een indrukwekkende kaatser". "No dêr moat ik it mar mei dwaan", sei De Haan tsjin Hylke Speerstra, dy ‘t him yn it fersoaringshûs te Berltsum opsocht foar "Kening op sokken", in boek grôtfol "sterke stikken" fan âld-keatsers dat - it seit himsels- op de dei fan de P.C. ferskynd is. De typearring fan de âld- kommissaris soe ek foar De Haan as ferteller brûkt wurde kinne. Syn stikken binne net "sterk" yn de betsjutting dy ‘t men der yn dit ferbân oan jaan soe en hy hat ek fuort tsjin Speerstra sein, dat er mei syn ferhalen noait opbiede kin tsjin de echte fertellers, want seit er, "Ik bin mar in bal kearder yn it petear". Dochs is dat koarte haadstik fan him ien fan de "indrukwekkendste" yn dit boek. Hy relativearret dêr yn op ôfstânlik-nochteren wize de sterke stikken fan guon fan syn maten, dy ‘t yn dit boek net te min oan ‘t wurd komme. Syn wat swiersettich aard bringt him wolris ta bespegelingen, dy ‘t him net fleurich stimme, mar it keatsen wol yn it fergonklike perspektyf sette, dat no ienkear by earje en gloarje heart. "Ik sit", set De Haan, "no allinne foar ‘t finster fan it fersoargingshûs en sjoch it hear oer. De oantinkens om my hinne ha ‘k fuort dien. Yn ‘t Frjentserter keatsmuseum binne myn 45 medaljes. Dat is it plak dêr ‘t alle gloarje yn goud en sulver mar útstald lizze moat. 


L.C. 30-7-1960.

Spilers waarden op ‘e stiennen tige handich; ruten moasten it bilije.


L.C. 25-7-1953.

It keatsen yn de earste helte fan de foarge ieu.

Jildprizen binne stadich opkommen.


L.C. 12-5-1948.

It keatsen yn Fryslân.

(foto : Sjoerd Osinga, oarspronklik ôfkomstich fan Berltsum.)


L.C. 18-9-1963.

Judo vereniging in BERLIKUM opgericht.

In verband met de oprichting van een judo vereniging in Berlikum zijn maandagavond in "Hof van Holland" judo en jiu-jitsu demonstraties gehouden waarvoor buitengewone grote belangstelling bestond. Een groot aantal gaf zich op als lid. De lessen worden gegeven in het gymnastiek lokaal van de Openbare lagere school op dinsdagmiddag voor de jeugd en ‘s avonds voor de senioren.


L. C. 15-6-2009.

Hengelen langs de elfstedenroute.

Twintig nieuwe vissteigers aan het Berltsumer Wiid.   

(foto)


L.C. 21-5-1986.

Gymnastiek in Berlikum teert vooral op de jeugd.

(50 jarig jubileum.  Lammert Schiphof is voorzitter.)


L.C. 20-2-1919.

BERLIKUM. In de vergadering van de Kaatsvereniging "Gerrit Piers" is rekening gedaan over het afgeloopen jaar. Ontvangsten f.886,63, uitgaven f. 831,16. Besloten, om het gehele ledental, ten bedrage van 125, over te gaan naar de opgerichte vereniging voor volksvermaken. ("V.V.V.") in welk bestuur gekozen zijn de heeren M.R. Schiphof, A. Turkstra, S.J. Tuinstra, G. Heeringa, J. Winselaar, J. Veninga en D. Westerlaan. De festiviteiten zullen plaats hebben op de laatste Zondag in Juli en op den daaraanvolgenden Maandag.


L.C. 26-8-1893.

Wieler wedstrijden - BERLIKUM.

Op Zondag 27 Augustus 1893 door liefhebbers welke niet meer dan één 1e prijs hebben gewonnen.

PRIJS: Gouden Medaille.

PREMIE: Zilveren Medaille.

Aangifte tot 2 uur bij J.(elle) Terpstra.

Opgeluisterd door Muziek in de tuin.


Geschiedenis24 (tillevyzje)

ANDERE TIJDEN (afleveringen:200)

9 oktober 2001. (V.P.R.O. programma) onder de titel De zaak Sieta Posthumus.


De zaak Sita Posthumus.

Yn 1960 kaam de earste Nederlânske dopingkwestje yn it nijs. Swimster Sieta Posthumus beskuldige tsjinstanners fan dopinggebrûk.


Strielend middelpunt.

Sieta PosthumusOp filmbylden dy’t yn 1960 by it ôfreizgen nei de ‘SPELEN fan ROME’ makke binne is Sieta Posthumus (24 jier) it strieljende mulpunt. Sjongend en laitsjend poseart hja réwillich foar de kamera fan it Polygoon journaal. Foardat se it fleantuch yngiet .........Om in lang ferhaal koart te meitsjen, hja komt net lang dêrnei iensum, syk en desillúzjeneard op Nederlânske boaiem werom. Fjouwer jonge frouen hienen op ferskate ôfstannen wrâldrekords swommen en ek op de 4 x 100 meter estafette moast it fjouwertal Cocky Gastelaars, Erica Terpstra, (letter nei in suksesfolle karriêre as topsporter, keamerlid (V.V.D.) steatssekretaris en bestjoerder by N.O.C.- N.S.F.) Jopie Troost en Sieta (Sietske) Posthumus út de van Asbeckstritte te Ljouwert (dochter fan Andries Posthumus en oan my besibbe) seker in medalje binnenhelje kinne. Mar it rûn oars.............Yn in ynterview mei de Ljouwerter Krante leit Sieta mei harren útspraken de BASIS foar wat de earste DOPING affêre fan Nederlân wurde soe. ...........Der komt in medyske kommisje fan de N.S.F. mei in net befredigjen rapport. Net ien is echt tefreden oer de útkomsten.....etc.....etc..... Yn in útstjoering fan ‘Achter het Nieuws’ mei Sita har ferhaal dwaen by Arie Kleijwegt.......etc.......etc.........Foar Sita is it einrapport teloarstellend. Krantekop nei de oankundiging fan Sita’s ôfskie fan de swimsport: Verlies voor Nederlandse zwemsport. Sieta Posthumus stopt ermee na teleurstelling te Rome. (L.C. Foto)

Sita fertelt yn de L.C. dat hja ûnder de seleksjewedstriden, 6 moanne foar de Spelen yn Rome, by tafâl in petear opfongen hie tusken in trainer en in pupil. Sieta: "Ik hoorde de een tegen de ander zeggen: "Morgen krijg je nog een spuit in je bil en dan wordt je weer kampioen. Ik wist gelijk dat het hier over doping ging en ben direct naar Wim Mosterd gelopen. Hij was onze zwem arts en hij heeft mijn klacht doorgegeven aan de zwembond die er vervolgens niets mee heeft gedaan".

Zomerspelen. - Sita Posthumus. - In het Olypisch jaar 1960 speelde de eerste dopingzaak van Nederland. De zwemster Sita Posthumus speelde hierin de hoofdrol.


N. R. C. Handelsblad 9-10-2001.

Slikken voor het vaderland

In dit artikel stelt de schrijver dat doping waarschijnlijk echt een “staatszaak” is geweest. 


Op de website van Zwemkroniek is de tekst fan it programma oernommen.


Sita (Sietske) is berne te Ljouwert op 22-4-1936 as dochter fan Andries Klazes Posthumus, hja is troud mei Ferry Kaihatu (ôfkomstich fan de Mulukken) dy’t mei syn broer Victor it bekende duo "The Emeralds" foarme. Krekt as The Blue Diamonds (ôfk út Indonesië) stienen hja destiids heech yn de Nederlânske top 10. De meast my bekend bleauwne topper fan harren doe wie: Brigitte Bardot / Nee, Nee, Nee. (Brigitte Bardot, Bardot, die heeft ze niet zo maar ZO. (1961) Mar ek Memories / A long time / To Forget (1960) die it goed. Nei in earnstich auto ûngelok is Sita no beheind wurden yn har dwaen en litten. Hja wenje no yn Ede. De freonskip mei de lettere V.V.D. politica Erica Terpstra e.o. is altyd bleaun. (Sita is oan my besibbe)


www.kaatshistorie.nl

Sieta_van_der_graaf_het_kanon_van_berlikum


L.C. 5-6-1961.

Familieberichten

Sneintomoarn is yn it rêsthûs to Wommels fan ús weinommen,

De hear EELTSJE SIMONS van der MEIJ

Yn é âldens fan 81 jier, sûnt 1946 beskermhear fan ú foriening

Bistjûr en commissarissen fan V.V.V. Berlikum

3 juni 1961.


FRISIA. 30-1-1897.

BERLIKUM. Januari 1897.

Had het bestuur der ijsclub de vogels over’t net laten vliegen, des te meer steun vond een commissie van drie personen, die zich voor het houden van een hardrijderij had gevormd. De welwillende steun werd van alle kanten aangeboden, zelfs de werkende leden van ‘t fanfare-corps "Klimop" boden aan, om gratis dit feest met volle sterkte (zijnde 22 man) op te luisteren. Een korte poos later marcheerde men in optocht door de straten. Er waren 40 mannen opgekomen om den prijs en 2 premie’s te bekampen. Had men in de vergadering der club besloten, in geen geval de baan weer af te staan, voor den billijken aandrang der commissie bezweek men. Toen de commissie, welke alle financieele bezwaren op zich nam, de directie meedeelde dat zij aan hare leden overal vrije toegang zou verleenen, kreeg men vergunning alle aan de club behoorende goederen in gebruik te mogen nemen. De dag is dan ook uit financieel oogpunt uitnemend geslaagd, zoodat ieder gratis aangeboden dienst der arbeiders flink is betaald geworden, en het corps met een cadeau is vereerd groot f.25,- Het feit werd door niet minder dan 500 bijgewoond. Het avondfeest werd ingeleid met een woord van dank aan de eensgezindheid en de voorzitter deed daar ook weder een beroep op, met den wensch dat de toaster tot verhoging der vreugde zou bijdragen, en dat men de bestuurders der club te zijner tijd en plaats kan interpelleeren, en verder dat de orde strikt zou worden gehandhaafd. De orde is dan ook geen ogeblik verstoord geworden. De zaal was overvol.


L. C. 16-10-1971.

De Klimop Berlikum vierde 75 – jarig bestaan.

BERLIKUM -  Vijf leden van het fanfarecorps “De Klimop” (moat wêze “Klimop”) uit BERLIKUM kregen vrijdagavond een zilveren herinnerings medaille, omdat zij 25 jaar of langer lid waren geweest van het corps. Dirigent Dijkstra uit Leeuwarden kreeg een tinnen bord en een bloem -stukje voor zijn echtgenote. Het corps zelf kreeg 5 gratis muziekstukken, veel enveloppen met inhoud en als klap op de vuurpijl een bedrag van fl. 2780,05 van de Berlikumer bevolking aan -geboden. Dat alles vond plaats in Hotel “Hof van Holland” waar een paar honderd genodigden waren gekomen om het 75 jarig jubileum van het corps te vieren. Vijf trouwe leden van het corps waren de heren Sybren Durks Kuperus, Sietze (Jans) Bosma, Sije (Jans) Beetstra, Durk Jans Kuperus en Pieter (Dirks) Terpstra. Zij werden toegesproken door notaris Dirk Posthumus in wiens handen de leiding van de avond was. .......... etc. .....  ..... etc. ....   .....


De alve stêdentocht. (It Fryske karnaval.)


Auke Adema winnaar âlve stêdetochten 1940/1941Nei in barre tocht mei fiif winners yn 1940 wûn Auke Adema (berne te Frjentsjer op 4-10-1907 en ferstoarn te Berltsum op 31-3-1976) it jier dêr op foar de twadde kear efter inoar de âlve stêde tocht. Yn 1941 op 6 febrewaris wie hy mei in tiid fan 9 oeren en 19 minuten de fluchste. It waar wie dat jier noflik en ek it iis wie hiel behoarlik. De tocht kende safolle ynskriuwings, dat de organisaasje de tel kwytrekke. Auke wenne doe yn Frjentsjer. Letter yn 1947 wenne hy yn, de "tolfde" stêd fan Fryslân, Berltsum op de Hakkebak streek. (Auke en Gryt wienen ús buorlju, want my âlden hawwe ek op de Hakkebak streek wenne en ik bin dêr op 8-6-1945 berne.) Auke en Gryt binne dêrnei ferhúze nei de Tichelersdyk. Syn widdo wenne noch wer letter yn de L.M. Kuperusstrjitte. Hy wie sa sterk as in dyk en as it begûn te friezen wie hy net te hâlden en kaam hy wer foar de radio en op de t.v. Hy hat yn de eardere Berltsumer jirpelloadsen hiel wat balen jirpels op ‘e skouder hâwn.

Sjoch ek it filmke oer de âlve stêde tochten 1940-1942



L.C. 17-3-1966.

Elfsteden winnaar Auke Adema (58) in een nieuwe creatie als uitvinder.

De 58 jarige Auke Adema uit Berlikum, je ziet hem de jaren niet aan, is al bijzonder vaak in het sport nieuws geweest. In 1940 finishte hij - althans volgens eigen zeggen - als eerste in een onbeschrijfelijke chaos, waarom besloten werd de vijf van "het pact van Dokkum", Adema, Jongert, Westra, van der Duim en Keizer, allemaal maar een gouden medaille te geven. In 1941 was er echter geen twijfel mogelijk, want toen had Adema vrijwel van start tot finish, de leiding en finishte in een nieuwe recordtijd van 9 uur en 19 minuten met drie minuten voorsprong op Joop Bosma uit Breukelen. En dat voor iemand, die 33 jaar was. Adema was, als transport arbeider toen woonachtig in Franeker, gewend aan zwaar werk en hield zichzelf altijd in goede conditie.....etc.......etc. Auke Adema heeft nl. op het gebied van de lichamelijke ontwikkeling iets nieuws ontwikkeld en daar na enige tijd octrooi op gekregen. Het zijn de z.g. K.M.A. - balansen, zandzakken van 10, 20 en 50 kg., met aan beide zijden een greep, die zowel met de voeten als de handen kan worden vastgehouden, die bijzonder soepel zijn en bestaan uit een hoeveelheid zeer droog zand in een zak van dubbel canvas, een touw rondom en een omhulsel van best leer. etc... etc.....sjoch fierder de L.C.


L.C. 11-4-1976.

Oud -Elfsteden winnaar Auke Adema (68) overleden.

BERLIKUM. - Op 68 jarige leeftijd is woensdag na een ernstige ziekte overleden de oud Elfsteden winnaar Auke Adema. In 1941 schreef hij de Elfstedentocht op zijn naam. In 1940 maakte hij deel uit van vijf rijders, aan wie toen door het Elfsteden bestuur de 1e prijs werd toegekend. Auke Adema was afkomstig uit Franeker, maar woonde daarna vele jaren tot zijn dood in Berlikum.


L. C. 8-2-1971.

Hoe Auke Adema de wedstrijd won.

(foto : Auke Adema.  Alve stêdentocht 6 februaris 1941.)


L.C. 22-6-1963.

Jubileumfeest (75) van VvV in Berlikum.

Ondanks sombere geluiden, dat op dit moment te weinig jongeren kaatsen.


L. C. 28-3-1970.

Se ha my net dien jown.

Scheidende kaatsscheidsrechter Sape de Haan.

(foto : Sape de Haan.)


L.C. 4-9-2009.

BERGING KAATSCLUB.

Berlikum. De kaatsvereniging in Berlikum mag een nieuwe berging bouwen aan het huidige clubgebouw. De nieuwe berging vereist een inventaris van ongeveer 30.000 euro. Hiervan betaalt de Gemeente Menameradiel 1/3. Nog 1/3 wordt betaalt door de voetbal vereniging voor het overnemen van de oude berging als kleedruimte. Voor de overige 10.000 euro draait de vereniging zelf op.


L.C. 13-9-1794.

Met consent van de Hoogwelgeboren Heer G. W. C. D. Baron thoe Schwartsenberg en Hohenlandsberg, gedenkt de Castelein Evert Willems (Dijkstra) in het "Wapen van Vriesland" (kwoteard mei nûmmer 79) te Berlikum, op Dingsdag den 26 September 1794 ‘s namiddags om twee uur, wederom te laaten verkaatsen; een uitmuntende zilveren bal en lepel; de liefhebbers worden verzogt als dan te compareren.

(Dat wederom soe wolris betsjutte kinne dat de sulveren bal al ris earder ferkeatst is. Fakentiden waard de bal troch de kastlein werom kocht omdat de winner leaver jild hie dan sa’n sulveren keatsbal.)


217 jier letter:


Omrop Fryslân TV 23-2-2011 Yn "Hjoed" (It Fryske Nijs) en ek yn ferskate kranten:

200 jier âlde sulveren keatsbalBij veilinghuis Âld Fryslân in IJlst is dinsdag 22 febr. 2011 een zeldzame zilveren kaatsbal onder de hamer geweest. De koper heeft er 7000 euro voor betaald. Het startbod was 3250 euro. In de laatste ronden waren er nog 4 kandidaat kopers. Ook werd er telefonisch op de zilveren kaatsbal geboden.(It keats museum yn Frjentsjer hie de bal ek wol graach hawwe wollen, mar hie dêr it jild net foar). De bal is van 1794 en aangeboden door de castelein van "Het Wapen van Vriesland", castelein Ewert Willems (Dijkstra). De kaatspartij werd in 1794 verkaatst te Berltsum. De kaatsbal is eerder aangeboden aan het kaatsmuseum voor de prijs van ca 2000 euro. Er staan twee kaatsende mannen op afgebeeld wier kaatsbal door de lucht vliegt. De bal is verder gedecoreerd met een huisje dat in het landschap staat. Het object, van goede kwaliteit, heeft een doorsnee van ca 6 centimeter en is voorzien van het meestersteken van de Leeuwarder zilversmid Johannes Feddema (yn 1774 boaske mei Dieuwke Conradi). De eigenaar van de kaatsbal heeft zijn zilveren collectie verkocht omdat hij al op hoge leeftijd was en er van af wilde.


L.C. 29-8-1893.

BERLIKUM, 27 Augustus. 

Uitslag van den wielerwedstrijd onder amateurs. Prijs, gouden medaille, de heer Js. Thedinga, Veendam. Premie, zilveren medaille, de heer G. van den Bosch.


L.C. 19-2-1898.

BERLIKUM - Aan de heden gehouden biljart partij bij den heer D.(irk) G.(errits) Visser (herbergier in het logement genaamd "Het Metalen Kruis" in de Buorren ten westen van de "Visser" steech) namen 20 flinke spelers deel. De prijs van f 20,- werd gewonnen door S.(ije) S.(apes) de Haan te Berlikum, terwijl de premie van f 5,- aan A. van Kammen van Sint Annaparochie ten deel viel.


L.C. 18-1-1888.

In de zitting der Rechtbank, kamer strafzaken, alhier (Leeuwarden), zijn o.a. de volgende zaken behandeld:

1. In den nacht van 4 op 5 november zag de politie-agent W. Jaarsma, terwijl hij op surveillance was, dat een persoon een raam in een koffiehuis aan de Oosterkade opschoof en naar binnen klom. Er heen gaande zag hij dat de bewoonster, die licht ontstoken had, zenuwachtig schreide en haar dochtertje eveneens. Hij vroeg om hem de deur te openen, waarop zij antwoordde, dat er alleen twee grendels op waren. Nu schuift de bezoeker de grendels er af en tracht te ontvluchten, maar Jaarsma hield hem tegen en vroeg, waarom hij naar binnen gegaan was. Hij antwoordde, dat zij dit wel wist, wat zij echter ontkende. Toen de agent hem naar het bureau wilde brengen, verzocht hij de arrestatie na te laten en hem te laten loopen, dan gaf hij een rijksdaalder, en toen de agent dit weigerde verzette hij zich door de agent bij de keel te grijpen, op den grond te werpen enz. Deze persoon G.(errit) (Dirks) V.(isser), 23 jaren, geboren te Irnsum, huisschilder te Berlikum, hiervoor terecht staande, bekende op deze wijze in het koffiehuis te zijn binnengegaan, maar beweerde, dat hij met haar afspraak gemaakt had om te komen, in verkeerd gezelschap was geraakt en daardoor te veel wijn gedronken had, toen hem plotseling die afspraak te binnen kwam, waarop hij naar haar huis ging, herhaaldelijk klopte en riep, dat hij het was. Geen gehoor krijgende, heeft hij het raam opgeschoven en is daardoor naar binnen gegaan, doch toen de politie kwam was hij verlegen en zich schamende voor het opbrengen, bood hij een rijksdaalder. Beklaagde ontkent evenwel, den agent bij de keel gegrepen en op den grond geworpen te hebben; hij heeft wel pogingen gedaan om los te komen en daarbij zijn beiden gevallen. De subst. offic. van justitie, mr. J.P. van Outeren, heeft door de houding van beklaagde wel den indruk gekregen, dat deze te goeder trouw is, en gelooft wel dat beklaagde er niet op uit gegaan is om den ambtenaar om te koopen, maar om aan een afspraak te voldoen. Spreker zal dit in aanmerking nemen en geen zware straf eischen, maar ook geen al te ligte, want het zijn twee ernstige misdrijven. Hij vordert van beklaagde 6 weken gevangenisstraf. De rechtbank heeft hem, met gedeeltelijke vrijspraak, veroordeeld tot f.25,- boete.

2. etc......

Gerrit wie de âldste soan fan Dirk Gerrits Visser, de kastlein yn de Buorren (hoeke Visserssteech) fan herberch mei de namme "It Metalen Krús". Gerrit hie ûnder yn de herberch syn ferversôfdieling. Kastlein Durk Visser wie in omke fan myn oerbeppe Boatsje (Bootje) Fokma-Koopmans en de "beklaagde" dus in neef fan har.


L.C. 2-7-1946.

BERLIKUM.

Chr. gymnastiek vereniging opgericht.

Na een gehouden toelichting van den heer Heidinga van Leeuwarden is alhier een chr. gymnastiek vereniging opgericht. Een voorlopig bestuur werd gevormd door de heeren K.(laas) Looijenga, F.(okke) Walda, W.(ijbe) van Dokkumburg en de dames Groen en D. Sipma.


L.C. 24-9-2009.

Gymnastiek vereniging "Berlikum".

Ter gelegenheid van het 75 jarig bestaan van de gymnastiek vereniging "Berlikum" wordt er op 10 oktober een jubileumreceptie georganiseerd door alle (-oud) bestuurders, leiding, leden en overige belangstellenden. De receptie wordt gehouden in ‘t Centrum Bûterhoeke 1 in Berlikum van 15-17 uur. Aanmelding by D.(ouwstje) C. de Boer-Clowting tel 0518-461463.


L.C. 7-4-1975.

Roelof Hofstede wint laatste trainingsrit (te Berltsum) (mei foto)


L. C.  8-4-1974.

Roelof Hofstede “Lente” kampioen.

(foto : Roelof Hofstede.)



L. C. 8-7-1974.

Piet Hoekstra winnaar Berlikumer wielerronde.

(foto : nommen by it âlde rêsthûs “Berlingahiem” oan de Hôfsleane, hurdfytsers w.û. Roelof Hofstede.)


L. C.  19-6-1978.

Dominicus Lolkema rijdt in Berlikum eerste winst.

(foto : hurdfytsers.)


L.C. 30-6-1975.

De ronde van Berlikum.

BERLIKUM - De tweede Friesland Bank- amateursronde van Berlikum had zaterdag avond geen aardiger winnaar kunnen krijgen dan de plaatselijke favoriet Roelof Hofstede. Niet dat de 27 jarige administrateur een sappelaar genoemd kan worden, meestal rijdt hij wel prijs, mits de pechvogel hem niet te grazen neemt, wat nogal eens voor komt. Een kampioen is Roelof Hofstede ook allerminst. Daarom durfde hij deze triomf voor eigen publiek de eerste echte uit zijn hele wieler carrierére te noemen.

(Syn broer Thys Hofstede út Wagenborgen waard 14e. Roelof Hofstede, boaske mei Doutzen Atsma wenne oan de Kleasterdyk yn it wenpleatske hûs nû. 7. Hy is mei syn gesin fia Dokkum, letter emigreare nei Kanada en wie dêr hanneler yn griente- en fruit op de merk. Hy is net âld wurden.)


L.C. 26-3-2006.

Paping sterkste in zware Elfstedentocht

Reinier Paping reed in de witte eenzaamheid tussen Franeker en BERLIKUM met een groep BERLIKUMER jongens op, van wie er één de wind voor hem brak. "Nou een ander?" riep Paping op vragende toon naar de achterliggers. Bij BERLIKUM kwam een einde aan deze wijze van "trekken", toen het publiek er zich mee begon te bemoeien. "Moat dat sa?"werd er van de wal geroepen. Bij zijn aankomst in Dokkum maakte Jeen van den Berg gisteren bij de contrôlepost de opmerking ‘"Weten jullie dat Paping een voorrijder heeft gehad?" etc. etc.

(Der gienen geroften, dat Jeen van den Berg protestearre hawwe soe tsjin syn oerwinning. Dit blyk net wier te wêzen.)


L.C. 17-1-1987.

De ijsmeester van 1963.

De "Papingtocht" op 18-1-1963.

.....zo herinner ik mij rayonhoofd Gosse (Hylke's) Miedema van Berlikum. Een aardappel koopman, fors van postuur. Hij had post gevat op de plaats waar het traject de weg tussen Stiens en Sint Annaparochie kruiste. Van daaruit kon je namelijk nog goed met het openbaar vervoer in Leeuwarden komen. Wie daar na acht uur zou arriveren, moest van het ijs worden gehaald. Er waren natuurlijk altijd lieden die vonden dat ze Leeuwarden nog gemakkelijk konden halen. Maar daar stond Gosse, midden op het ijs en hij zei: "Hjir stiet Goasse en jimme komme der net troch". "De hearen yn Ljouwert hawwe sein: "It is út". "Jimme moatte der ôf". Zo was Gosse.......aldus Volbeda.

HENDRIK (HENK) MINNE GEMSER

Henk Gemser(Sa wist de op 6-4-1940 te BERLTSUM op de Biltdyk berne Hendrik Minne Gemser mei syn maat en âldklasgenoat Henk Buma te foarkommen, (better sein: te omsilen) dat hja ek op 18-1-1963 fan it iis ôfhelle waarden. Hy wie de moarns om 6.50 oere starte en hja kamen de jûns let, nei dizze helske tocht, as ien fan de seldsumen om 23.15 oere noch yn Ljouwert oan. Hy wenne doe, 288 mei syn âlders Minne Gemser en Aaltje Jarigs Tolsma, yn Frjentsjer, en wie krekt as syn heit, gymnastieklearaar en die oan langebaanreedriden. Hy wie letter trainer fan de kearnploech en de Nederlânske chief de mission foar de Olympyske spullen 2010 yn Vancouver. Nei syn ôftrêdzjen as bûnscoach wurke Gemser as kommentator by reedriderswedstriden foar de N.O.S. Fan de 10.000 toerriders binne doe yn 1963, de oant no ta swierste âlvestêdetocht, mar in 69 by de finish oankommen, dat is minder dan ien prosint fan de riders. Steven de Jong hat hjir in spylfilm oer makke, titele: “De hel van ’63”, wêrfan Gemser syn ûnderfinings de basis binne.)

WIEBE WIELING

De tsjintwurdige foarsitter fan de feriening “De Fryske Alve Stêden” drs. Wiebe Wieling ôfkomstich fan Menaam, is berne op 15-12-1955 en troud mei Tjetje Dieuwke (Jessy) Stapensea. Hy is yn 2005 Henk Kroes, no wenjende yn Boazum, opfolge. Wyp, in suster fan Henk Kroes, is troud mei de BERLTSUMER Wymer Sjoerds Peterzon en dy hawwe noch in tiid lang de winkel (electro en sanitair) fan syn âlden yn de Buorren nû. 71 fuortset. Harren wurknimmer Hendrik Plekkringa hat dêrnei de winkel oernommen. Wiebe syn pake Wouter Wiebes Wieling is op 5-11-1861 berne te BERLTSUM. Hy wie troud mei Dieuwke Popkes Hager fan WIER. Hja wennen letter yn Menaam. De foargonger fan Henk Kroes, Jan Sipkema kundige de “Tocht der Tochten” oan mei de útrop: “It sil heve !” Henk Kroes die itselde mei de útrop: “It giet oan!” Wat sil Wiebe syn folgjende útrop wêze?


NIEUWSBLAD van het Noorden. 27-2-1986.

Sfeer in Berlikum.

Âlvestêdetocht op it BerltsummerwiidBERLIKUM, eergisteren onbekend, gisteren onbekend en vandaag ongetwijfeld onbekend. Een dorp in het erg vlakke Noordfriese land. Verlaten en stil, op één plek na gisteren: het Berlikumer Wijd. Een lang stuk water met een scherpe "knie-bocht" erin, naar links, zodat de schaatsers er nog een pootje-over kunnen doen. Het anders ongetwijfeld zeer rustige dorpje heeft ook deze gisteren meegedaan in één van de "trends" van de elfstedentocht: het engagement van een blaas kapel. In Berlikum is het een heus orkest uit het Brabantse Schijndel geworden. Het publiek zingt en juicht, heft spreekkoren aan als schaatsers alleen of in grote groepen langs rijden. "Zing ook eens mee " maant een vader zijn kind. Het kind had zich blijkbaar die typische Friese elfsteden mentaliteit nog niet eigen gemaakt - het had enkel oog voor de koek- en zoopie kraam. De vele honderden mensen deerde het niet wie toegejuicht moesten worden. Hans van Helden, die soepel voobij soefde kreeg echt niet meer applaus dan die vrouw op heuse kunstschaatsen. Geen camera’s in Berlikum, geen burgemeester die trotse mededelingen mag doen over het toegenomen toerisme sinds de vorige elfstedentocht. Berlikum gewoon het bewijs dat Frysland zijn 11 stedentocht niet kan missen.

(Foto: Berltsumer Wiid. Veel publiek had zich in de scherpe bocht in het Berlikumerwijd verzameld. De schaatser rechts is Hans van Helden. Foto:  Wolter Kobus.)

Winners fan de P.C. wêr ûnder (âld) Berltsumers. Yn 1867: Rein Schiphof en Auke Miedema, Yn 1868: Rein Schiphof en Auke Miedema, Yn 1869: Auke Miedema, dan wenjend te Frjentsjer. Yn 1870: Auke Miedema, dan wenjend te Zweins. Yn 1871: idem. Yn 1872: idem. Yn 1874: Jacob T. Runia en Sjouke Anema. Yn 1883: Auke Miedema te Zweins. (kening). Yn 1885 Auke Miedema te Zweins. Yn 1894: Arjen de Vries. Yn 1914: Germ Hoitsma. (kening) Yn 1932: Sape de Haan en Jan van der Lei. Yn 1957: Sake F.(ranzes) Faber. Yn 1977 ; Klaas van Wieren. Yn 1978: Klaas van Wieren. Yn 1998: Auke v.d. Graaf. Yn 1999 (kening): idem. Yn 2007: idem. Yn 2008: idem.

Sjoch ek film: Huldiging PC Kening, Auke van der Graaf

Rein Schiphof syn keatsmaat, Auke Miedema, wie berne op 25 juni 1845 yn it arbeidersgesin fan Johannes Aukes Miedema en Tietje Pieters Donia yn it gehucht Kie ûnder Frjentsjer. Hy hat de P.C. mar leafst acht kear wûn, wêrfan seis ris tusken 1867 en 1872. Hy wie ek de earste Fryske keatser dy't op de P.C. yn Frjentsjer as kening kroand waard. Op in protte oare doarpen wûn hy earste prizen. Hy wurke op Kingmatille (Keimpetille) ûnder Zweins op it tichelwurk, wer’t dakpannen en bakstien makke waard. Syn swager Durk Ynzes de Boer fan Tsjummearum hat de P.C. 5 kear wûn.


L.C. 9-2-1935.

Christelijke kaatsvereniging.

BERLIKUM. 8 Februari. Gisteravond hield de Christelijke kaatsvereniging ("Wardy"), afdeeling Berlikum, haar jaarvergadering onder voorzitterschap van den heer G.(errit) (Sjoerds) Runia. Uit het verslag van de secretaris bleek, dat de afdeeling, die in Mei 1934 is opgericht met 20 leden, thans 46 leden telt. Uit het verslag van den penningmeester bleek dat de inkomsten f.93,49 hadden bedragen, de uitgaven f.32,40, aldus een batig saldo van f. 16,09. Na de behandeling van den beschrijvingsbrief werden als afgevaardigden naar de bondsvergadering benoemd, de heeren I. Brouwer en J. de Haan etc. Het bestuur werd als volgt samengesteld: G.Runia, voorzitter. M(einte), secretaris. S.(ierk) (Feikes) Brouwer, penningmeester. K.(laas) (Joukes) Wijkstra en J.(an) van der Meij, leden. Tenslotte werd nog de contributieregeling besproken.


Sûnt 1987 kent de P.C. in stimulearingspriis foar it bêst prestearjende partoer. Yn 1995: wêr ûnder Fokke C.(ornelis) Dijkstra te Wier. Yn 1998: Jasper H.(eerkes) Boomsma. Yn 2001: Bauke Th.(eunis) v.d. Graaf.


NIEUWSBLAD van het Noorden. 19-7-1971.

Twee jongens op brommer verongelukt. Twee jongelui, de 17 jarige Hendrik Rijpstra uit Sint Jacobiparochie en de 19 jarige Hidde Sijpersma uit Berlikum zijn in de nacht van zaterdag op zondag bij Leeuwarden met hun bromfiets verongelukt. De landbouwer Cuperus vond gistermorgen om 6 uur tussen Marssum en Beetgumermolen hun stoffelijke overschotten langs de weg liggen. Hij waarschuwde onmiddelijk de rijkspolitie. Bij reconstructie van het ongeval is gebleken dat de brommer tegen een rechts van de weg staande lichtmast van de vliegbasis Leeuwarden is gereden. De jongelui waren ‘s nachts, samen op één brommer uit Leeuwarden op weg gegaan naar huis. (Hidde Sybes Sijpersma waard betocht yn in routsjinst yn de Fermanje fan Berltsum dy’t ûnder lieding stie fan de menniste dûmny Tine Gertrude Siccama. Hy is dêrnei yn Grins kremeare. Yn Berltsum kenne wy no noch de "Hidde Sypersma keatspartij".

(Sjoch ek de Ljouwerter Krante fan 19-7-1971. Kaatser Hidde Sijpersma één van de slachtoffers.)


WIJD EN ZIJD.   4-8-2010.

Harren ferhaal bliuwt.

Siebren en Aaltsje Sijpersma oer harren soan Hidde Sijpersma, de jong op ‘e bromfiets ûnder Marsum mei syn freon Hendrik Rijpstra, ferûnlokke keatser út BERLTSUM.


NIEUWSBLAD van het Noorden. 18-10-1971.

De 66 jarige W. Grijpma uit het Friesche BERLIKUM is zaterdagavond verongelukt op de weg BERLIKUM - Ried. De man botste met zijn brommer achterop een goed verlichte aanhanger. De heer Grijpma bezweek in een Leeuwarder ziekenhuis aan zijn verwondingen.


Op 20-11-1987 binne te Koedijk / Middemeer heit en soan Anne Jacob en Anton Berga by in earnstich auto ûngelok om it libben kaam. Oane wie troud mei Matty Roelofs Zijlstra. Hy hie mei Struiving in timmerbedriuw. Hja wurken ûnder de namme Fa. Struiving en Berga Montagebouw en de firma wie festige oan de Industrieweg-Oost te Frjentsjer. Matty wennet no noch oan de Kleasterdyk nû. 24.

Sjoch ek de L. C. fan 22-6-1984.

Twee verzoekschriften voor bouwplannen met grote spijt afgewezen.

Jan Joukes van Dijk wenne op Kleasterdyk nû. 22 en  hat him letter mei syn leanbedriuw festige oan de Jetskereed nû. 5.


NIEUWSBLAD van het Noorden. 5-6-1975.

Alcomobilist aan de haal na dodelijk ongeval.

De 37 jarige landbouwdeskundige P.G. Prins uit Berlikum is gistermiddag op de Rijksweg tussen Marssum en Beetgumermolen, toen hij naar huis fietste, bij een aanrijding zo zwaar gewond geraakt, dat hij een uur later overleed. De man die hem aanreed, de 21 jarige opperman R(oelof).S. uit Sint Jacobiparochie ging er na de aanrijding vandoor. Andere automobilisten die het ongeluk zagen gebeuren achtervolgden de man en reden hem klem. S. die onder invloed van alcohol was, verklaarde niets van de aanrijding met de fietser te hebben gemerkt. Wel had hij een korte tik gehoord.


L.C. 5-6-1975.

Auto na dodelijk ongeval klem gereden.

Chauffeur was onder invloed.


NIEUWSBLAD van het Noorden. 4-1-1976.

Twee lange TV/dagen; minder verkeersdoden

In het Friesche Sint Annaparochie verongelukte zaterdag de 44 jarige H.(ielke) (Gosses) Miedema (hy wie troud met Tjettje van der Zee) uit BERLIKUM. Hij kwam met zijn auto bij een inhaalpoging frontaal in botsing met een maaimachine.


NIEUWSBLAD van het Noorden. 10-10-1995.

Taxichauffeur verongelukt.

Wijnjewoude. De 24 jarige Epko Jensma uit het Friesche BERLIKUM (hy wie troud mei Rosalinda Sapes Schoorstra) is vanochtend omstreeks 5 uur om het leven gekomen, toen hij op de A 31 bij Wijnjewoude (Wijnjeterp-Duurswoude) met zijn taxibusje in de sloot raakte. Het ongeluk is volgens de politie vermoedelijk ontstaan doordat de man met het rechterwiel in de berm terecht kwam; een stuurcorrectie maakte, over de weg schoot en zo in de sloot bij de linker berm belandde. Toen de politie ter plaatse kwam bleek de man al te zijn overleden.


L.C. 11-9-2008.

HARDLOPEN RONDOM DE KASSEN.

De Glazen Stad LoopHet is nog maar de vierde editie, maar de "De Glazen Stad Loop" in Berlikum is al uitgegroeid tot een populair onderdeel van de Friese loopkalender. Organisator sv Friesland verwacht zaterdag zo’n vier honderd lopers aan de start. Het idee voor de loop rond de kassen van Berlikum komt uit de koker van Jan Kooistra van sv Friesland en enkele tuinders (wer ûnder de warbere túnker Jan van den Beukel) die geregeld zelf de loopschoenen aantrekken. De bekendste is Albert van der Ziel (bedriuwslieder by paprika kweker Vink-Sion, wenjend oan de Sportleane nû. 26), vorige week nog winnaar van de Ee-loop in Britsum. Sv Friesland heeft een mooi parcours uitgestippeld langs de tuinders complexen bij Berlikum. Gekozen is voor een blokje van 4 km, zodat ook jeugdigen en beginnende lopers aan de start kunnen verschijnen. Doorbijters en echte toppers kunnen kiezen voor 8 of 16.1 km. Dank zij gulle sponsors zijn er in Berlikum geldprijzen en levensmiddelen pakketten te winnen. En voor alle deelnemers is er een tas met produkten uit de kassen.


L.C. 5-4-2003.

Altijd zomer onder de Berlikumer zee van glas.

(foto : kas Simon van den Beukel).

 

L.C. 8-11-2002.

Tuinders Berlikum willen uitbreiding op afstand.

 

L.C. 4-4-2002.

Beetgum vreest glazen lichtstad door kassen.


L.C. 27-1-2010.

Schoolkinderen schaatsen Twaalfsteden tocht.

BERLTSUM - Zo’n tweehonderd leerlingen van de beide basis scholen in Berltsum, O.B.S. "Lyts Libben" en C.B.S. "De Fûgelsang", deden gistermorgen op de ijsbaan aan de Bûterhoeke mee aan de zogenaamde "Twaalfstedentocht". De kinderen uit de groepen 3 tot en met 8 moesten voor elke stad een rondje schaatsen. Dit waren er twaalf, omdat Berltsum vroeger ook een stad werd genoemd. Het sportieve evenement van de twee scholen tezamen was stevens "een knipoog naar de brede school", zegt Binnie Pompstra, lerares van groep 7 van "De Fûgelsang". Over die beide scholen praat de gemeente Menaldumadeel deze week. Pompstra, en naar eigen zeggen velen met haar, is voorstander van zo’n bundeling van scholen.


FRANEKER COURANT.   13-6-2002.

Roel Sijbesma 25 jaar werkzaam bij Empatec.

(foto : Roelof (Karel ’s) Sijbesma & Gerritje Sijbesma - Peterzon.)


L. C.  10-6-1994.

Menaldumadeel lonkt naar de waterrecreant.

(foto : oanlissteger by de iisbaan fan Berltsum.)


L.C. 22-3-1980.

Bijzondere school in Berlikum krijgt naam "De Fûgelsang".


Franeker Courant. 17-11-2010.

Brede school BERLIKUM. De gemeente Menaldumadeel heeft een bedrag beschikbaar gesteld voor de bouw van een brede school in Berlikum. Hierin zullen o.a. O.B.S. "Lyts Libben", C.B.S. "De Fûgelsang", een peuterspeelzaal en een Lytse Bieb komen en wellicht ook een gymlokaal of sportzaal. Het college heeft er voor gekozen de brede school te bouwen op de plek waar nu C.B.S. "De Fûgelsang" staat.


L.C. 26-11-2010.

BERLIKUM pakt door met plan Dorpsplein. 

Oanliz fan doarpsplein te Berltsum

Berlikum. - De aanleg van een dorpsplein met sportveld bij sportcomplex De Koekoek in Berlikum kan beter worden afgestemd op de brede school. Dit vindt de Stichting Berltsumer Belangen. Voorzitter Matthé van Hout waarschuwde gisteren in de raadscommissie voor "tunnelvisie" bij de gemeente en werkgroep Dorpsplein. "Wacht met de uitvoering tot duidelijk is hoe de plannen het best op elkaar kunnen worden afgestemd". Voor de brede school is de locatie van de chr. basis school De Fûgelsang gekozen, eveneens bij de sportvelden. Het plein en de school kunnen elkaar daardoor versterken zoals naschoolse kinderopvang en het project "kinderen in beweging". Veel gehoor vond zijn oproep niet. Haye Hoekstra van de werkgroep Dorpsplein is blij dat er wordt doorgepakt. Het plein en het multifunctioneel sportveld biedt de jeugd eindelijk een eigen plek. De kermis en het dorpsfeest worden er gehouden. De jeugd kan er basketballen en straatvoetballen. De commissie steunde het dorpsplein, dat 150.000 euro kost.

(Mei de oanliz fan it doarpsplein sil yn it foarjier 2011 begûn wurde. De bou fan de brede skoalle sil yn de simmer fan 2012 in oanfang nimme, sa binne de plannen.)


L.C. 16-4-2004.

Dingen komen in Letland echt van de grond. (foto)

Al meer dan tien jaar woont de uit Berlikum afkomstige Ebbing Osinga in de Letse hoofdstad Riga. Hijvertegenwoordigt Nederlandse bedrijven in de nieuwe E.U.- lidstaat, en doet veel projecten, vooral in de agrarische sector. "Soms denk ik wel dat ik de allereerste ...etc......etc............

Hij vertegenwoordigt ook vele Friese bedrijven. Hij noemt er een hele boel op....................


L.C. 23-6-2004.

In Letland vieren ze feest.

Leeuwarden. - De Fries Ebbing (Eeltjes) Osinga (35) viert vanavond feest in Letland. Een midzomernachtfeest met een onmiskenbaar voetbal tintje. Ebbing komt uit BERLIKUM en woont bijna 12 jaar in Letland, vlakbij de hoofdstad Riga. Hij heeft een Letse vriendin (Diana) en 2 zoontjes. (Gerlof en Hendrik) Vanavond kijken ze voetbal. Nederland - Letland. "Ik haw gjin keuze. It is oeral". De Letten vieren midzomernachtfeest. Ze trekken de stad uit. "Allegearre it fjild yn en dêr ite, drinke en dûnsje."En dit jaar staan overal grote televisie schermen. "Sliepe mei bij dit feest net, dan bliuwst it hiele jier slieperich". Voetbal dus. Voor het E.K. kon de sport maar weinig Letten boeien. Maar nu hebben ze er volgens Ebbing naast basketbal en ijshocky een nationale sport bij. "Elkenien is entûsjast." Ook Ebbings vriendin kijkt naar de wedstrijden. "Se seach der earst noait nei." Ebbing is plots gebombardeerd tot voetbal expert. "Ik moat oeral kommentaar op jaan. Ek op de wiksels. Ja, Maris Verpakovskis, dat is hjir in hiele goeie. En Van Nistelrooij, dat fine sy hjir de bêste Nederlanner". Niet eerder hoorde hij zo vaak over zijn vaderland op de radio. "Eltse twa minuten is it wol rekke". Aan voorspellingen wagen de Letten zich niet. "Sy hoopje fansels op winst, mar prate net oer de wedstriid sels. Se hawwe respekt foar Nederlân". En Ebbing?" "It makket my neat út, as Dútslân mar net troch giet". Wint Duitsland het van Tsjechië en komt Nederland niet in de kwart finale, dan zou een doelpunt voor Letland leuk zijn. "Dêr kin Nederlân dan wol by helpe".


L. C. 24-11-1998.

Litouws zootje onder loep van Berlikumer.

(foto :  Gerlof (Jennes) Born in de studeerkamer waar hij zijn scriptie over Litouwen schrijft.)


L. C. 22-1-1983.

Promotie van oud – Berlikumer Fedde (Joh.) de Graaf  tot doctor in de geneeskunde.


L. C.  17-6-1998.

Oud Berlikumer softwareprof.

De Technische Universiteit Eindhoven heeft sinds 1 jaar een softwareprofessor van Friese afkomst. Dr. ir. Jan Friso Groote uit Utrecht, oud inwoner van Berlikum en van Oosterwolde, is benoemd tot hoogleraar in de softwareverificatie technologie aan de faculteit der wiskunde en informatica.


IT KEATSEN TUSKEN 1800 – 1850.

Nijs út advertinsjes.

Der waard net allinne yn Fryslân keatst mar ek derbûten. Fan prizen en sa is mar in bytsje bekend. Út advertinsjes kinne wy in protte gewaar wurde, al wol dat net alles sizze. Keatsfer -ienings wienen der noch net. De kastlein fan it doarp wie de sintrale man. Hy hie fansels syn helpers en hy sil ek wolris stipe wêze mei wat jild troch inkelde keatsleafhawwers dy ‘t somtiden ris yn in advertinsje foarkomme. Mar yn de herberch hong de priis út en de kastlein regele alles. De jierlikse wedstriid hat jierrenlang “balferkeatsersdei” hiten. It gie om de eare fan de sulveren soms bywurke bal. Soe dy yn it eigen doarp bliuwe of earne oars belânje ? De skiednis fan de “Ouwe Griep” te Froubuorren (sjoch de Friese Volksalmanak 1863) is ek foar oare doarpen typysk, sa skriuwt dûmny J. J. Kalma fierder oer it keatsen. Der wie yn dy dagen “frije gearstal -ling” en net lyk as wy dat hjoed de dei wend binne, altiten mei trije yn it partoer. Út de útlove prizen is faak te sjen, dat der yn partoeren fan twa keatst waard. Beswieren tsjin de frije gear -stalling wienen der doe ek al. Sa adverteare Minnertsgea yn 1851 : “Broeders mogen niet in een partuur samenkaatsen”. Der sille yn dy dagen faaks in pear bruorren west hawwe dy ‘t tige op inoar ynspile wienen.

De keatshoeke wie folle grutter as tsjintwurdich. De 81 plakken dy ‘t yn ‘e advertinsjes foar -komme lizze noard fan de line Gaast – Burchwert – Nijlân – Boazum - Jirnsum – Akkrum – Bûtenpost – Dokkumer Nijesilen. It sintrum lei doe ek al wêr it no leit. De plakken dy ‘t it faakst foarkamen wienen Wytmarsum (53 kear), Frjentsjer (49) en Dronryp (48) .

De advertinsjes litte dúdlik sjen, dat de sport foaral op it plattelân beoefene waard. Frjentsjer is in útsûndering. Boalsert, Snits en Harns komme net foar, wylst Ljouwert mar 4 kear en Dokkum 2 kear ferskynt. Ek doarpen as Marsum (2) en BERLTSUM (5), dy ‘t no tige meidogge, komme yn de earste helte fan de 19e ieu noch net sterk nei foaren. Tige libbe de keatssport yn Baarderadiel.

Earst nei 1853 as der te Frjentsjer in keatskommisje komt, der ‘t de lettere P. C. útgroeit, wurdt alles dúdliker. Dan komme organisaajes. De keatsferienings komme, fansels mei oanteken boe -ken en dy litte de ûndersiker net mear yn de kjeld stean. Fan de lêste 100 jier witte wy sadwaan -de genôch. De hear K. Oostwold út Ljouwert hat in protte advertinsjes út de âld kranten samle. Ferslaggen fan wedstriden sa as no komme yn de kranten net foar en skôgingen alhiel net.

De prizen. Út advertinsjes komme wy mear oan ‘e weet oer de prizen dy ‘t útloofd waarden. Want alear gie it ek om it winnen fan de prizen. Medaljes en wikselprizen kamen net foar, mar ek jildprizen wist men earst noch net fan. Letter sjogge wy dat it giet om 3 gouden dukaten en gouden riders, in gouden Willem of dukaet, dus in bepaald moai muntstik, De earste jierren is de sulveren bal noch algemien. Faak wienen de ballen dy ‘t men om ‘e hals droeg moai bewurke. Dit duorre oan likernôch 1820 ta. Dan wurdt it mear gewoante om trije sulveren leppels út te loven. Dit duorret fierders it hiele tiidrek. Mar sûnt 1835 wurdt der like faak in sulveren tabaksdoaze as priis neamd. It is dúdlik dat it sulver tige oarhearsket. De fariaasje is letter frij grut, want ûnder it oare sulverwurk fine wy : “hegten” (meshêften) horloazjekettings, cachetten of signet -ten (segelstimpels dy ‘t oan horloazjekettings hingje koenen), horloazjes en mear fan dy dingen. Letter komme mear de jildprizen op. Hjir siet in gefaarlike kant oan. De priiswinner waard wol troch de kastlein frijhâlden, mar hja moasten wol in rûntsje jaan. Sport en sûpen hearden lang byinoar en foaral as der neipraat waard en der wie al net al te earlik spile, koe it barre dat der fan de eare net folle oer bleau. Mar dochs .....  ...... wa ‘t de fitrines boppe yn it Frysk Museum besjocht, kin dat alle dagen noch sjen.