Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer snikken en preamen.


Snikken en PreamenSnikken en Preamen

Yn BERLTSUM waarden fan âlds al houten boaten boud en restaurearre. Berltsum hat hiel wat hellinkjes hawn yn it ferline. Ien dêrfan wie de Diakonije helling fan de Herfoarme tsjerke op de Kamp, by hûsnû. 23 wêr't no A. Struiksma wennet, en dêrfoar wenne hjir de Berltsumer "sneuper" Bindert Bosma. Hoe de Diakonije oan de helling kommen is, koe ik net neigean. Fan de hier waarden de Berltsumer earmen by stien of gehiel ûnderhâlden. Oan it ein fan de 18e ieu wie in Johannes Wytzes de Haan hierder fan dizze Diakonije helling mei de houten timmer loads en it hûs dy't dêr by hearden. Letter siet hjir op dizze helling oan’t 1850 in Sijds Johannes Bijlsma.(boaske mei Tryntje Ruurds Bergsma en ôfkomstich fan Warten. Sijds hie yn Warten ek noch in skiptimmerwerf mei trije wenten dy’t hy yn 1825 ferkocht hat.) Syn soan Johannes Sijdses Bijlsma wie hjir ek noch hellingbaas op in helling yn de Bûterhoeke oan’t syn ferstjerren yn 1872 ta. In soan is letter (wer) nei Warten ferhúze. Op de werf yn Warten fan Bijlsma binne in hiele protte (nochal) grutte skippen boud, oan't doe de werf in pear jier ferlyn fallyt gien is. No is der noch in grutte werf op 'e Lemmer mei dy selde namme. (Sijds (Sieds) Johannes Bijlsma hie op 5-7-1825 f.f. nots. H. Cannegieter te Grou syn skipstimmerwerf mei trije wenten te Wartena ferkocht.)

Jacob Bernardus van ManenNoch wer letter om 1850 hinne is Jacob Bernardus sr. van Manen hjir yn Berltsum op de Diakonije werf kommen te wenjen fan út Boalsert wei. Hy wie berne op 6-5-1817 as de soPosan fan Bernardus Teades van Manen en Antje Bernardus Hesselius. Om 1872 hinne is troch de bruorren Jan en Bernardus van Manen in besteande werf yn de Bûterhoeke oankocht fan de erven Johannes Sydzes Bijlsma (Op it plak neist en ten easten fan wêr't no de winkel op hûs nû. 62 fan " Agra Totaal " festige is.) De werf waard op 17-11-1876 te keap oanbean mei of sûnder de dêrby hearrende 4 wenten. De kondysjes leinen (by de ferkeaper) A.J. van der Meij om yn te sjen. De werf fan van Manen stie yn de N.W. hoeke fan Fryslân as tige bêst bekend, foarâl op it Bilt. Âlde gerniers en fiskers wisten de werf wol te finen want de rom fan de werf gie as diggelfjoer yn dizze hoeke fan Fryslân. Hjir binne in soad snikken en preamen boud. De boaten waarden mei mallen, mar foarâl "op it each " boud en yn inoar set.

PreamDer leinen om 1900 hinne dan ek hiel wat preamen en snikken yn al dy haventsjes dy't it doarp destiids ryk wie: de Mounehaven, de Iebeltsjehaven, de Brouwershaven en de Skoallemasters-haven, de Koerkaai(en), letter it Dok neamd, de Algemiene opslach (by de Piip), ensafuorthinne. Der wienen seker hûndert preamen en snikken yn Berltsum. Letter om 1893 hinne, binne op de werf ek izeren boaten boud. Ien fan dizze earste izeren snikken, sa net de earste, is kocht troch de skipper J.J.Kuipers út Hasselt. Hy is letter, op oantrún, mei syn soan ek skipsbouwer wurden û.d. n. "Jacht en Scheepswerf Kuipers" te Giethoorn. Yn sept. 1910 is Jan der út stapt en hat Bernardus de saak allinne fuortset. (Sjoch L.C. 13-5-1966. "Frisia" nieuwe boeier op de Friese wateren.) Yn 1914 waard by van Manen de earste izeren pream ôflevere.

Ierpel-snikDer waard hjir yn ús omkriten in soad farre mei ierpels, grienten etc. De âldste snikfaarder te Berltsum (Kleaster Anjum) dy ik tsjin kommen bin wie in Dirk Louwes yn 17-8-1692. Hy is doe boarger wurden fan Dokkum. De snikken en klei preamen waarden ek in soad brûkt foar grûnferfier (terpgrûn en grûn foar de tichel- en stienfabrieken dy't û.o. ek yn Berltsum stien hawwe t.w. it "âlde" by de brêge en it yn 1936 op ôfbraak as lêste ferkochte sa neamde "nije" tichelwurk oan de Tichelersdyk) en foar de fiskerij op de Waadsee. De snikke is de foarrinner fan it skûtsje en koe befarre wurde op ûndjippe wetters sa as de Waadsee en op net sa brede sleaten en marren. Der wienen dekte en net dekte snikken. Snikken dy't bewenne wienen joechen net folle romte foar bewenning. De namme "snikke" is nei alle gedachten ôflaat fan it Latynske "snacca". Ek de Berltsumer beurtskippers dy't farren op Ljouwert, Harns en Frjentsjer makken gebrûk fan in snikke. In protte Berltsumer de Haanen wienen skipper. Sape Andries de Haan bgl. hie in steamboat by it (âld) tichelwurk lizzen mei in tsjinst op Ljouwert v.v.(1882). Sa fear bgl. Klaas H. de Haan mei syn snikke "de jonge Andries "oan’t 1894 ta op Snits v.v. Dizze snikke wie yn 1890 yn Frjentsjer boud. Nei de oanliz fan de ôfslútdyk wie it dien mei de hearring fiskerij op de Waadsee en mei de komst fan de frachtweinen en it spoar en de grutte konkurrinsje, is Jacob B. van Manen jr. letter oergien op de bou fan lânbou masines foar de buorkerij en oare agraryske bedriuwen. Om 1938 hinne is de lêste iken houten snikke yn Berltsum boud.

Friese snik 'Grietje'Yn it Súdersee museum yn Inkhúzen leit no noch, yn it oerdútsene part fan dit skipfaertmuseum, de sa neamde Schepenhal, de snikke mei de namme "Grietje". Dizze om 1865 hinne yn Berltsum (?) boude (jirpel)snikke is û.o fan Lolke Tjipkes Lolkema west dy't yn grienten hannele. Syn soan Pieter Lolkema hat letter in timmerbedriuw hawn op de terp yn it pân no bekend as Vermaningstrjitte nû. 20 wêr't no âld timmerman Lourens van Dokkumburg wennet. Lolke’s pakesizzer Hendrikje (Henny) Lolkema, de dochter fan niisneamde Pieter Lolkema en Aafke Hendrik’s Posthumus, dy’t letter troud wie mei Douwe Jacob’s van Dijk, jirpelhanneler hjir, mocht as lyts famke wol ris mei har pake en beppe mei farre nei Ljouwert ta nei de Berltsumermerke dêr. Pake Lolke oan it roer en beppe Grietje somtiden yn de beage. De oare soannen fan Lolke Lolkema en Grietje Pieters Hacquebart wienen Tjipke (Tsjip en Jannigje) en Jan Lolkema (Jan en Anna). De opfolgjende eigners wienen soan Tjipke Lolke’s Lolkema (foar in koarte tiid), en letter Wytse Jacob’s Tuinenga tegearre mei syn swager Albert Sake’s Dusselaar. Wytse is letter emigrearre nei Nij Seelân en Albert hie hjir letter in frachtwein.(Boade tsjinst) De houten garage stiet no noch yn de Jacob van Tuinenstrjitte tusken de hûsnûmmers 5 en 7. De snikke hie earst de namme "Repos d’Ailleurs" en wie earder yn eigendom west fan Tjerk Gerrits Elsinga, (Gerrit en Dieuwke) dy’t ôfkomstich wie fan Minnertsgea en yn jirpels hannele.Hja wienen troud yn 1906 en hienen it skip kocht. Letter hat hy it skip wer ferkocht en is hy boer wurden yn it Berltsumer Kleaster Anjum.

Op oare plakken yn Fryslân waard mei de snikke û.o fisk, bûter en tsiis mar ek wol dong ferfierd. Om 1795 hinne wie Pieter Sjoerds (Peterzon) hjir û.o. skipper. M. Steensma hie hjir in steamskip mei de namme de "Koopmans welvaren". Yn de haven fan Súdlaren lei altyd, en miskien ek no noch, by de âlde moune "de Wachter", De "Jansje Geertruda", dy't om 1925 hinne boud is yn Fryslân. (Berltsum). Jacob H. Ruiter (* wie, oan syn dea yn 1882 ta, hjir turfskipper te Berltsum. Yn Fryslân farre no noch mar in pear snikken. Yn Frjentsjer wie ek in werf, dy fan skipsbouwer Draaisma. Wouter de Roos út Berltsum liet dêr yn 1905 in skip bouwe mei de namme "de twee gezusters". De hearen H.Born en A.Bosma út Berltsum lieten dêr yn Frjentsjer destiids tusken 1920-1925 in snikke bouwe fan 16 ton. (mei de namme "Anne") Hjir is no noch in tekening fan oanwêzich yn it Frysk skipsbou museum te Snits. Jan Postmus fan Berltsum liet dêr in iel (fiskers) aak bouwe. De tekening idem dito. Yn dit museum stiet noch in spantenbûger, in ponsmasine (1900-1925) en in plaatknipper (1900) dy’t brûkt waarden yn de skipsbou en ôfkomstich binne fan de werf fan van Manen. Ek binne dêr noch twa werfplaatsjes te sjen fan van Manen.

spantenbûgerponsmasine en plaatknipper (1900-1925)

Yn 1817 wienen bgl. Wytze Joh. de Haan, en yn 1820 Yme Daniël's van Schepen, beide ek al eigner fan in snikke.Yme Teakes Appelhof hie yn 1828 in kofskip. Klaas Johannes Werkhoven ferkeapet yn 1815 in snikskip oan Tjeerd Pieters Peterzon. Yn 1827 ferkeapet Tjeerd Pieters de snik wer oan Arjen Jelles de Vries te Berltsum. Yn 1832 ferkeapet Horatius Jelles Lautenbach in noch gehiel nij en sterk timmere snikskip mei de namme "De Hoop". Yn 1874 is Auke Aukes Tolsma hjir turfskipper. Jacob Hendriks Ruiter hat oan’t syn ferstjerren yn 1882 ta it doe noch sa goed as nije tsjalkskip "de jonge Hendrik" befearn. Yn 1882 wurdt 1/3 oandiel yn 3 snikskippen ferkocht mei de nammen "De vijf Gebroeders", "Jonge Trijntje" en "Vader Durk" farrende 2 x yn de wike fan Berltsum op Ljouwert v.v.

Yn 1896 hat skipstimmeman Tjisse van der Wal hjir yn Berltsum ek noch (oan’t maaie 1901) in skoftsje in hellinkje hawn en dan net te ferjitten it hellinkje fan Jelke Jasper yn it midden fan de 20e ieu as lêste,ek yn de Bûterhoeke. Andele Thomas Boomsma, earst timmerman yn Berltsum en letter yn Easterlittens, hat ek noch mei Roelf Harm Berg út Berltsum yn Grins by de Fa. Botje Ensing yn 1881 in steamskip bouwe litten mei de namme "Berlikum". Hja begûnen per 1-3-1882 in passagiers- guod- en fee transport op Ljouwert. fKoart dêrnei dy Roelf Harm Berg it allinne en wie de firma wer ûntbûn. De snikjes binne no farrende monuminten wurden, wêr't wy goed oppasse moatte, omdat dy foaral net ferlern geane meie foar ús neiteam.Dat soe jammer wêze. De hjerringboat is in houten punter eftich boatsje fan 6 foet lingte mei rjochte, fallende stûne en platte boaiem. De measte hjerringboaten binne yn Berltsum bouwd, en troch twa fiskers bemanne waard foarútskood mei in boom. De hjerringboat is besibbe oan de punter.

Mêsten waarden û.o. makke yn de mêst, blok- (blokken: dit binne katrollen yn allerhanne grutte en soarten, brûkt yn de skipfeart) en pompmakkerij fan Thomas Rinks Groenveld (berne op 22-3-1841 te Drylst en op 26-11-1863 as soan fan Rink Pieters Groenveld, hjir ferstoarn op 17-1-1890.) en troud mei Trijntje Everts van Aisma oan no de Tichelersdyk nû. 22. By de ûnôfhinklikheidsfeesten en oranjefeesten waarden yn Berltsum oan it ein fan de 20e ieu ek wol "gondeloptochten" hâlden mei preamen en snikken en mei alles wat mar farre koe. Men ûntstiek dan bengaals fjûr en de oaljelampen en fakkels moasten, mei de fersiering, in feestlik oansjen jaan. Miskien is sa 'n "happening " ek wer ris te organisearjen yn Berltsum, wa wit.!

(* Jacob Hendrik ‘s Ruiter, wie earst arbeider, turfmakker, feanbaas en letter skipper. Hy wie berne te Spanga (Muggebeet), doopt te Bloksyl op 29-7-1804 en stoarn te BERLTSUM op 20-1-1882.

 

L.C. 4-2-1882

OPROEPING.

Die iets verschuldigd is of te vorderen heeft van den boedel Jacob Hendrik ’s Ruiter, turfschipper, gewoond hebbende en overleden te BERLIKUM, wordt verzocht daarvan betaling en opgave te doen vóór den 15-2-1882, ten huize van den ondergeteekenden notaris te BERLIKUM.

Van Geijtenbeek.

 

L.C. 27-5-1897

HEDEN overleed zacht en kalm, na een langdurig doch geduldig lijden, in den ouderdom van 64 jaren en 11 maanden, mijne geliefde echtgenoote en der Kinderen zorgdragende Moeder, EVERTJE Jacob ’s RUITER, met wie ik ruim 41 jaren door de band des huwelijks mocht vereenigd zijn. Zij ontsliep in haar Heer en Heiland, door Wiens genade wij gesterkt hopen te worden om ook onder deze slag in Zijn heiligen wil te berusten.

BERLIKUM, 23 Mei 1897.

Mede namens Kinderen en Behuwd - kinderen,

Th.(ijs) J.(an ’s) van der Leij.


ALGEMEENE KENNISGEVING.

Snik op de helling bij Van Manen te Berlikum


**************************************


L.C. 15-11-1958.

In Berlikum werden pramen, snikken en zeeboten gebouwd.

Helling van Van Manen stond in de Bouwhoek best bekend........etc.........etc.........

Werfplaatsje fan Van Manen


L. C.  16-11-2011.

Laatste Berlikumer praam gered.

Een hoop schroot, meer was het niet. Maar Simon van der Meulen zag er iets aparts in en maakt er weer een Berlikumer praam van. (in klonken izeren jirpelpream  fan 6.80  x 1.90 x 4 m.m. sa goed as seker boud op de helling fan van Manen) Simon van der Meulen gaat in Warten de laatst geklonken Berlikumer praam in ere herstellen.

( 2 foto’s )


L.C. 3-1-1942.

De geschiedenis van de Friesche Scheepstimmerwerven.

Nanne Ottema.


L. C. 15-12-1876.

Scheepstimmerwerf te BERLIKUM.

Bij gesloten briefjes TE HUUR, voor de tijd van 5 of 7 jaar : Eene Scheepstimmerwerf, gelegen op de Kamp te BERLIKUM waarvan sedert onheugelijke jaren een uitmuntend bestaan is gevonden. Te aanvaarden met 12 Mei e. k.  Conditiën liggen ter inzage bij den Herbergier K. B. Osinga, ter -wijl de briefjes vóór of op Vrijdag den 22 December e.k. Moeten worden ingeleverd bij J. Hacque- bart, Administrerend Diaken der Hervormde gemeente te BERLIKUM.


L.C. 2-12-1952.

Scheepsbouwer gooide roer om.. (Foto Bernardus Renzema.)

Het zal menigeen overkomen zijn, dat alles in zijn leven anders werd, naar korte puur toevallige ontmoeting. Zo is het in ieder geval de heer J. B. van Manen in Berlikum gegaan, die eens scheepsbouwer was en nu samen met zijn familielid (syn omkesizzer Bernardus Dirks Renzema) een bedrijf bezit waarin louter landbouwmachines vervaardigd worden..............etc............etc


L.C. 16-4-1985.

Al ieten je tsien fan dy hjerrings, it briek jo net op. (foto: hjerringboaten op it Waad.)

etc.......etc.......etc..............................................................

(it Berltsumer Wiid wie it bêste fiskwetter.)


L.C. 12-3-1874.

KOEHOOL – gemeente Barradeel.

In de week van 3 – 10 Maart werden aan de afslag verkocht 14000 stuks haringen meest aan opkoopers te Harlingen. De vangst was in deze week iets gunstiger, de prijzen waren dalende. In het begin der week deden de 200 stuks fl. 7,- later fl. 6,50 terwijl heden morgen fl. 5,10 werd besteed.

(Nei de oanliz fan de Ôfslútdyk wie it dien mei de hjerringfangst de Fryske kust bylâns. In protte fiskers dy ‘t efter de seedyk wennen libben fan de fiskfangst. BERLTSUM levere in protte hjer -ringboaten oan dizze fiskers.)


L.C. 21- 5- 1808.

Daar Age Sakes Wijma, Mr. Scheeps -Timmernan te Harlingen, metterwoon na BERLICUM is vertrokken en aldaar EEN NIEUWE Scheeps - Helling heeft aangelegd, zoo verzoekt hij een ieder zijn gunst in’t maken van Schepen en Pramen, en het Repareeren van dien, derhalve Verkoopt hij in soorten Vuuren planken, oude Eiken planken, ook goed oud Afbraak; belooft civile en prompte behandeling.


Om 1811 /1812 hinne wenne hjir yn Berltsum ek in Ewalt Oebeles Frank, berne op 20-7-1777. Hy wie "Scheepmakersbaas te Berlikum" en troud mei Tjitske Oeges. Him waard op 13-9-1813 in soan berne dy ’t de namme Pieter krige. Syn heit wie Oebele Ewald ‘s Frank en dy wie skips -timmerknecht en wenne op DE KAMP (destiids) op hûsnûmer 152 te BELKUM.

(út it Registres civiques fan it Kanton Dronrijp.)


Yn 1685 troud in Minne Lourens ôfkomstich fan BERLTSUM mei Inske Alles út Beetstersweach. Yn 1699 trout hy nochris, no mei Fettje Fokkes, de widdo fan Auke Johannes. Hy wurdt master mêstmakker neamd. Hy hie in pomp- en mêst makkerij tichte by de skipswerven en lynbaen fan Dokkum.

(Hy sil syn fak wol yn Berltsum leard hawwe, tink ik.)


L.C. 28 -7- 1809.

Marten Douwes Kuip (Kuperus) (boaske mei Saske Gerbens, soan fan Douwe Martens, gernier, boaske mei Doutje Dirks) ferkeapet as eigner / feerskipper op it oktroaieerde feerskip, farrende fan BERLTSUM op Harns, yn 1810 syn feerskip cum omnibus annexis.


L.C. 1-6-1810.

De Secr. Mebius zal op Maandag den 28e van de Bloeimaand 1810 ‘s middags 4 uur ten huize van Everts Willems Dijkstra Wed. te Berlicum publiek bij strijkgeld verkoopen: Een geoctrooyeerd Veerschip cum omnibus annexis, varende van Berlicum op Harlingen et vice versa, in dier voegen als thans bij Marten Douwes Kuip, als eigenaar wordt bevaren.


L.C. 21 -8- 1846.

De griffier P.(ieter) Plantinga, te BERLIKUM, zal, op Zaterdag den 29 Augustus 1848, des n.m. ten 6 ure, t.h.v. Dirk Klazes de Jong, kastelein te Berlikum, preseanteeren te verkoopen: Een overdekt Snikschip, metende 8 tonnen, met zeil en treil, kloeten en verdere aanbehoren, s’wekelijks geregeld varende van Berlikum op Sneek en terug, in eigendom behoorende aan Andries Gerrits de Haan, schipper te Berlikum, thans ter bezichtiging liggende in gemeld dorp.


L.C. 23-10-1802.

De Raad der Gemeente Menaldumadeel praesenteerdt op Vrijdag den 1 Oct. 1802 s’namiddags om 2 uur in de Herberg bij de Castlein Evert Willems (Dijkstra) te BERLICUM publicq aan te besteeden; Het uitwerken van een praam met wrak geladen, gezonken in de vaart Het Moddergat (Wierster feart) genaamd, onder Berlicum nabij Wier.


L.C. 14-11-1801.

Uit de hand te huur, een welbeklante Scheeps- Timmer - helling, voorzien van een ruim woonhuis en timmerschuur, waarin lange jaaren die affaires met goed succes in is geëxcerceerd, op St. Petry a.s. te aanvaarden, te bevragen by A.(te) T.(eakes) Bylsma, Mr. Scheeps Timmerman te BERLICUrM, die in alle billykheid wil handelen.

(Hy wie troud mei Trijntje Hanses Faber (in bakkersdochter) en is in soan fan Taeke Klases en Ate syn soan wer, t.w. Klaas wie de Frjentsjerter skipper.)


L.C. 13-6-1801.

Een á twee wagenmakersknegten, haar werk geheel of ten deele verstaande, kunnen aanstonds werk bekomen by T.W. de Vries, Mr. Wagenmaker te BERLICUM.


L.C. 5-10-1827.

De Secr. en Nots. Mr. P.J.Mebius, zal op Dingsdag den 9 Oct. 1827, des n.m. ten 3 ure t.h.v. K.(laas) W.(illems) Wassenaar, kastelein te Berlikum, bij de finale palmslag verkoopen: Het geregte een/derde gedeelte in het BERLIKUMER Veer, varende van daar op Leeuwarden en v.v. met het Quoteel aandeel in drie snikschepen met toe- en aan behoren, zoodanig als bij Klaas Eeltjes Schiphof wordt bevaren. Waarop geboden is f. 777: 00.


L.C. 15-3-1867.

Eenige kennisgeving. Heden avond overleed, in den ouderdom van 50 jaar, mijn geliefde echtgenoot en der kinderen zorgdragende vader Jacob van Maanen, (Manen) in leven Scheepstimmerman alhier.

BERLIKUM. 9 Maart 1867. A. Zeil, wed. J.van Maanen. N.B. De Affaire zal op dezelfde voet worden voortgezet.


L.C. 25-1-1874.

Te koop. Een wel onderhouden potschip c.a. en een wel onderhouden snik gr. 8 ton, met treil en zeil. Te bevragen by A. J. v.d. Meij te BERLIKUM. Tevens kunnen 3 á 4 scheepsimmerknechten, dadelijk of op den 1 Maart a.s. vast werk begeerende, geplaatst worden.


Overleden in 1862 Pieter de Geele, geboren te Berlikum op 9-8-1841 als zoon van een onbekende vader en Engeltje Pieters de Geele, matroos 1e klasse aan boord van Zijne Majesteit Stoomschip "Celebes" ter reede te Bandjermasin, Ned. Indië, 21 jaar oud.


L.C. 24-8-1832.

De notaris P. Tadema, te Dronrijp, zal publiek, by strijk- en verhooggeld op zes maanden crediet, presenteeren te verkoopen: Een blijkens geheel nieuw en sterk getimmerd overdekt Snikschip "De Hoop" genaamd, gelijk op zeven tonnen, lang over steven 10 el, 7 palm en 8 duim wijd en hol naar navenant, met zeil en treil en verdere annexen, laatst bevaren bij Horatius Jelles Lautenbach, thans liggende achter de hovinge van Gerlof Klazes Osinga te Berlikum, en terstond na de palmslag vrij te aanvaarden. Wie gading maken komen op Zaturdag den 25 ugustus 1832 des voormiddags precies ten 10 ure ten huize van Marten Ruurds Oosterhof, kastelein te Berlikum.


L.C. 25-7-1919.

De schippersactie.

Een onrustige dag, gisteren, voor Harlingen. Het begon des morgens met een "werkwilligen" schip-per, die door zijn collega’s belet werd te laden. De schipper en zijn zoon liepen eenige klappen op........

De schippers vergaderden intusschen in de Beurs...............Alle havens liggen vol met schepen, meest allen geladen met karton. De te Harlingen liggende schippers maken tochten per rijwiel door de dorpen om te zien of er ook verscheping van aardappelen plaats heeft. Te BERLIKUM trof men een 8-tal schepen aan. De schippers werden overgehaald niet te laden.


L.C. 3-10-1995.

Vracht met luchtje in skûtsje Gudsekop. (foto)

................centraal staat in deze historische trip door Friesland de in 1908 gebouwde Gudsekop, die tot 1934 turf, modder, stront en , in het najaar, de aardappeloogst van BERLIKUM, het tuinderscentrum van N.W. Friesland, naar andere plaatsen in de Provincie vervoerde. Na overslagplaats Sneek was de zogeheten kleiroute gewild.................


L. C. 29-4-1972.

Friesland in Enkhuizen.

(de snikke “Grietje etc.)


L. C. 11-2-1975.

“As jo it net yn de fingers ha, leare jo it net”.

(Marchinus de Jonge út Nijlân snikke restaurateur te Enkhuizen.)