Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Fan skoalle (1617) oan't lokalen sintrum. (1953).


Op 28-12-1772 waard troch de Herfoarme tsjerkfâden de opbou fan in nije kosterswente oanbesteege te Berltsum. Tsjerkfâden wienen op dat momint Evert Annes Nauta, kastlein yn it "Wapen van Vriesland" en Willem Meinderts (Boomsma), intenier, de soan fan wijlen Meindert Lolkes, ek intenier te Berltsum. Op deselde dei fan de oanbesteging wurdt de âlde "costerije' ferkocht. Yn de âlde kosterij wenne op dat momint de skoalmaster Sytse Annes Ypey. De betinking stien dy't doe yn dizze nijboude kosterije sitten hat, is no yn de binnenmuorre fan de Koepeltsjerke te finen flak efter de sit fan de koster(es). It soantsje fan Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg hat op 10-5-1773 de earste stien lein. Hy wie 7 jier, 3 moanne en 14 dagen âld. Krekter koe it net, tinkt my. It memory stiensje fan wer dy foar geande skoalle (costerije fan 1617 yn it eardere sa neamde skoallemastershôf, no it nije part fan it tsjerkehôf)) siet yn de muorre fan dy nije en doe letter wer âlde skoalle en sit no yn de bûten muorre fan it Herfoarmd Sintrum mitsele oan de tsjerkehôfs kant. Op it tsjerkehôf is doe ek in skoalle paad oan lein. De bern boarten op it tsjerkehôf, dêr wie ommers romte genôch om te boartsjen.

Iepening Herfoarmd sintrum op 21 maart 1953Yn 1908 is hjir neist dy wer âlde skoalle/wente, oan it tsjerkepaad, it doe nije konsistoarje gebou del set foar yn totaal fl.5385,- It gebou is no lyk as de tsjerke byldbepalend yn ús doarp en in monumint wurden. Op 21-3-1953 is de fernijde en fergrutte "konsistoarje" iepene. It duts de namme no net mear. It wie in lokalen (sealen) sintrum wurden. It krige de namme "Het Hervormd Centrum" Trije timmerlju hawwe dêr meiinoar oan boud. t.w. Pieter Lolke's Lolkema, Popke Dooitje's Schram sr. en Pieter Douwe's van der Zee. De pastor loci, dûmny Romke Byl, spriek it iepeningswurd en ferskate persoanen dêrnei krigen it wurd ûnder de gearkomste. It konsistoarjegebou fan de Minniste gemeente is doe sa lang troch de Herfoarme tsjerke brûkt. It stryk orkest u.l.f. Pieter Faber spile in pear moaie muzyk nûmmers en soarge foar de begelieding fan it sjongen fan de mear as 400 (!) oanwêzigen. (De brân fan Volendam moast noch út brekke.) De kristlike muziek feriening "De Bazuin" ferliende ek de meiwurking. Nei de pauze waard de film "Het is middernacht dr. Schweitzer" fertoand. It gebou is koartlyn alhiel wer op kreaze en der is ek in pear jier ferlyn (1999) noch in aula oan fêst boud. It fersyk destiids fan Grifformearde side om it gebou tegearre te brûken en te eksploitearjen waard doe fan Herfoarme side fan de hân wezen. No is it yn mienskiplik P.K.N. gebrûk. 56 jier letter. Hoe is it mooglik! De lytse tsjin de koepeltsjerke oanboude konsistoarje is yn 1924 boud troch oannimmer Pieter Lolkes Lolkema. It wie syn earste klus as selstannich ûndernimmer. Ûnder dit geboudsje is by de bou doe in djippe kelder makke foar de doedestiids moderne sintrale ferwaarming fan de tsjerke. No is it flier ferwaarming wurden.


 **************************


L.C. 3-6-1908.

AANBESTEDING

De Kerkvoogden der Nederlands Hervormde gemeente te Berlikum wenschen aan te besteden: Het afbreken van DE BESTAANDE en het bouwen van een CONSISTORIE GEBOUW met drie lokalen aldaar. (oan it tsjerkepaad)

F.J. Rolsma

Architect te Berlikum.


L.C.13-8-1953.

VRIJWILLIGERS bikken stenen voor vergroting Nederlands Hervormde Consistorie in Berlikum. 

Met de verbouwing van de consistorie der Nederlands Hervormde Gemeente te Berlikum is een aanvang gemaakt. De twee huizen, (foarhinne de âlde skoalle) die aan de Consistorie grensden, zijn afgebroken. Vrijwilligers zijn bezig de stenen hiervan die weer gebruikt kunnen worden, af te bikken. Iedere avond kan men een 25 personen aan het werk zien.

(Dit stien bikjen wie op it terrein fan de foarhinne de âlde moune "De Hoop" op it ein fan de Bûterhoeke. It gebou krige nei de ferbouwing (fergrutting) de namme: "Het Hervormd Centrum.")


L.C. 23-1-1914.

"Dorcas Berlikum zestig jaar.

De Hervormde vrouwen vereniging "Dorcas" te Berlikum vierde haar 60 jarig bestaan. Door de verbouwing van de Consistorie tot Hervormd Centrum, kon dit niet op de juiste datum (4-9-1953) plaats vinden. In een revue werd het verenigingsleven van de afgelopen 60 jaar weergegeven. Mw. Runia - Anema (de vrouw fan Tsjeerd Theunis Runia), ere-presidente, die dertig jaar lid is, kreeg bloemen.


L.C. 12-12-1772.

De Kerkvoogden van den Dorpe Berlicum, Evert Annes Nauta en Willem Meinderts gedenken met Voorkennis van den Heere Grietman van Menaldumadeel, publicq den meest aanneemende te besteeden, de opbouwing van een nieuwe Kosterije Huizinge aldaar (de doe nije skoalle fan 1773 op it plak wer’t no de aula stiet yn de Bûterhoeke), mitsgaders de leverancie der benoodigde Materiaalen. Die hier aan gadinge maakt, koome op Maandag den 28 December 1772 ‘s namiddags precys te één uur ten huize van den Castelein Hendrik Everts, en neeme dit Werk aan op Conditien als daar voor te lezen, kunnende het Bestek inmiddels gezien worden by de gemelde Kerkvoogden van voorschreven Dorpe.


De earste stienlizzing fan de âlde skoalle wie op 10-5-1773 troch Jkhr. Georg Wolfgang Carel Duco Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg. In neikommeling fan him mei deselde foarnammen, mar no mei de efternamme KAN, wie noch yn it besit fan in sulveren troffel dy’t foar dizze gelegenheid makke wie, mei deselde tekst dêrop as op de memoarje stien. Hy hat dizze troffel yn 1999 oan de tsjerke skonken. De memoarje stien lei as flier stien yn it no ôfbrutsene opbier hok, wat efter tsjin de tsjerke oan boud wie. Yn de oare helte fan dit hok stie de tsjerke brânspuit. De stien is nei de restauraasje fan 1970-1980 yn de muorre efter it sit plak fan de koster mitsele. De stien is yn de tiid fan de Patriotten nei alle gedachten út de muorre fan de skoalle helle. De âldste skoalle (hjir stiet no de aula en de nije opskowde garderôbe fan it Herfoarmd Sintrum) waard, foar de bou fan de konsistoarje op it doe troch de koster brûkte grientetúntsje oan it tsjerkepaad, yn 1908, foar de iene helte brûkt as konsistoarje, fergader romte, kategisear keamer, bewaarskoalle ets. De oare helte waard troch de

(help) koster / oppasser yn de buorfinne, bewenne. De skoalmaster / koster / oargelist ets., master J. Groenewold, wenne doe neist de (iepenbiere) skoalle oan de Hôfsleane. Dit wie al wer de tredde skoalle nei dy fan 1774. Nei syn pensjonearing wenne master Jan H. Groenewold yn in nij boud hûs oan de Tichelersdyk. De lêste bewenners fan de âlde skoalle, as skoalmaster, wienen master Heerke Willems Dijkstra en noch foar in part, master Romke Meinderts van Reenen dy’t hjir tige jong ferstoarn is. Master Heerke W. Dijkstra wenne hjir letter, as eigner oan syn dea ta, yn it poarte gebou d´Aumale.


L. C. 15-3-1844.

EENIGE KENNISGEVING.

BERLIKUM, den 9 maart 1844. Heden morgen te 5 ½ ure, overleed; na eene kortstondige ziekte van slechts eenige dagen, mijne waarde Echtgenoot IJTJE HENDRIKS van der MEER, in den ouderdom van bijna 65 jaren, na eene echtvereeniging van ruim 43 ½ jaar.

H. W. Dijkstra.

 

In protte froulju stoaren yn it kreambêd of koart nei de befalling oan kreamfrouwekoarts. Myn heit sei ris tsjin my “eartiids seinen se, as de froulju trouwe steane hja fakentiden al mei ien foet yn it grêf ”.

Samar wer twa gefallen :

 

L. C. 15 -3- 1844.

Heden middag omstreeks twee ure, overleed mijne geliefde Echtgenoot SJIEUKE van DIJK, in een bloeijende leeftijd van bijkans 24 jaar. Na eene allergenoegelijksten Echt van ruim elf maanden, laat zij mij een Kindje van slechts veertien dagen na.

Leeuwarden, den 10 Maart 1844.

Jan T. Born.

Loodgieter en leidekker.

 

L. C. 15-3-1844.

ALGEMEENE EN BIJZONDERE KENNISGEVING. (is Sytske Geerts Sytsema)

Heden avond ten 7 ¼ ure, overleed mijn innig beminde Echtgenoote SIETSKE SIJTSEMA, oud ruim 22 jaren, na eene echt van slechts 9 maanden.

BERLIKUM, den 20 Maart 1844.

J. E. Fokkens.