Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Skiednis fan Fryslân.

(yn grutte linen en yn it koart)


SKIEDNIS FAN IT HEITE LÂN

As men praat oer de NEDERLÂNSKE skiednis (Faderlânkse Skiednis) wol men it meast hawwe oer de Hollânske skiednis. Dit is yn myn eagen te beheind. It is folle mear as de skiednis fan it eardere Greefskip Hollân. De skiednis fan de eale stêd Grins mei har Ommelannen, fan it Hartochdom Gelre (Gelderlân), Brabân of Limburch, fan it Stift Útert, de ryksfrije Fryslânnen etc. is like wichtich, ja noch earder waard it gebiet oandúde as it lân fan de Friezen, (werûnder de beide Hollannen en it Grinzerlân) de Franken en de Saksen.

SKIEDNIS FAN FRYSLÂN yn grutte linen en yn it koart.

FRISO de stifter fan it FRYSKE FOLK.

Hy hie 7 soannen. MANNES, taneamd Hermannus, sette him nei wenjen te Minnertsgea, dat doe oan de earm fan de Noardsee lei en stifte dêr de haven Heer Manne Porte yn om en de by 250 foar Kristus. Hy joech de namme HARMANA oan syn neiteam.

Yn 11 foar Kristus komt Drusus nei Fryslân. De Friezen slúte in ferbûn mei de Romeinen.

Yn 59 nei Kristus geane VERRITUS (Wyerdt, Wierd Herma(n)na) en MALORIX (Malorit Camminga) as ôfgesanten (seinboaden) fan de FRIEZEN nei ROME ta, om mei Keizer NERO te sprekken oer harren te bestriden, troch de Romeinen besette en net brûkte grûnen oan en oer de Ryn dy ’t hja beset hienen.

Yn 240 n. Kristus, stap foar stapse útwreiding fan it lân fan de Friezen it Súden yn oer de SKELDE (it Zwin) en it Easten yn oer de WESER. (Grut Fryslân)

Yn 449. In protte FRIEZEN stekke mei de oan harren besibbe folken as de ANGELEN en de SAKSEN e. o. oer nei BRITTANJE. (It Frysk is ek tige oan it Ingelsk besibbe.)

(Dêr no noch : ESSEX - East-Saksen, WESSEX - West-Saksen, SUSSEX - Súd-Saksen, it Angelenlân etc.)

Yn 463. Begjin fan de oerfallen fan de Franken op it FRYSKE RYK.

Yn 520. Ynfallen fan de Denen en de Noarmannen yn FRYSLÂN, wêrûnder ek de BERLTSUMERS te lijen hân hawwe.

Yn 630. De Franken festigje harren yn Wiltenburg (Útert) op Frysk grûngebiet, wêr ’t Dagobert I. in tsjerke stift (hja woenen Fryslân kristianisearje) dy ’t yn 680 troch kening RADBOUD, (Radbo- dus, destiids wenjende op syn kastiel yn Medemblik) ferwoastige wurdt.

Standbeeld Bonifatius voor de kapel te Dokkum

Yn 755 wurdt Bonifatius op syn tochten, om it Kristlik leauwen te ferkundigjen, te Dokkum (yn de bosken by Moarnewâld (it fermoard, it moardwâld) fermoarde.

(Dantumawâld en Moarnewâld hjitte no gearlutsen Damwâld.).

Yn 775. KAREL de GRUTTE wurdt troch de Friezen as beskermhear oannommen. Ynfiering fan it Kristendom.

Yn 1004. De Hollânske greven besykje harren gebiet út te wreidzjen troch West-Fryslân (Noard-Hollân) te feroverjen.

Yn 1169. Greve Floris de III. delft it ûnderspit by in nije oanfal op WEST-FRYSLÂN.

Yn 1255 sneuvelt Greve Willem II. op in tocht om West-Fryslân te feroverjen.

Yn 1260 wurde East- en WESTERGOA yn Gritenijen ferdield.

Yn. 1288. Greve FLORES V. bringt de West-Friezen ûnder syn gesach. (*

Yn 1292 wit Greve Floris him yn Starum (Stavoren, Staveren) te festigjen, hokker stêd hy mei in protte foarrjochten begeunsticht. (De âlste stêd fan Fryslân.)

Yn 1300. Begjin fan de partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers, dy ’t ûngefear twa ieuwen duorre ha.

Yn 1345 falt Greve Willem IV. by Staveren Fryslan oan mei in grutte float en leger, dochs wurdt mei in protte eallju ferslein. (SLACH BY WARNS) 

Yn 1435 wurdt Ljouwert fergrutte troch it ferienigjen mei de inoar buorjende doarpen Oldehove en Hoek.

Yn 1498. Keizer Frederik III. draacht Fryslân oer oan Hartoch ALBERT fan SAKSEN. (It is ÚT mei de saneamde ‘FRYSKE FRIJHEID’. De lêste ynlânske potentaat hjir wie Juw (Julius) Dekama.)

Yn 1505. IT BILT wurdt ferpachte en bedike.

Yn 1522 nimt Fryslân, op fersyk fan de Skieringers, Keizer KAREL V. oan as Hear, neidat de Geldersken Fryslân ferlitten hienen. (Hartoch Karel van Gelre easke tusken 1515 en 1523 ek de hearskippij fan Fryslân op.) Yn 1555 draacht Karel V. de regearing oer oan syn soan Philips II.

Yn 1600 wurdt it Nije-Bilt bedike. Yn 1648. De frede mei Spanje wurdt yn Munster slúten.

(út de “Beknopte Skiednis fan Fryslân”. W. Eekhoff. Ljouwert 1851. Earste bylage.)


(* Fuotnoat :

Yn de nacht fan 13 op 14 desimber 1287 is der in tige swiere stoarm mei springfloed : De “St. Lucia floed”, mar ek wol de “Grutte floed” neamd. It geweld fan ‘e see sloech in bresse yn de Fryske kust; de Súdersee skiedde sûnt dy tiid West–Fryslân fan ús Fryslân en de Waadeilannen ûntstienen. It jier dêrop (1288) ferovere Graaf Floris V. fan Hollân West–Fryslân, dat as gefolch fan dizze oerstreaming net mear as Friezen meiinoar ferdigene wurde koe.

 

BEHEINDE SKIEDNIS FAN FRYSLÂN.

Fan de hûnderten ynskriuwers (nammelist yntekeners) destiids op de “Beknopte Geschiedenis van Friesland” door W. Eekhoff (1851) sa mar een pear nammen : K. S. Albada, landbouwer te Menaldum, M. D. Anema te Ried, lid van de Raad van Franekeradeel, P. S. Anema, te Dongjum, lid van de Raad van Franekeradeel, A. M. van Belkum, directeur Stadsweeshuis te Leeuwarden, J. C. van Belkum, broodbakker te Leeuwarden, Jkhr. U. H. Haersma van Beijma thoe Kingma, Grietman van Franekeradeel te Zweins, T. Alma, notaris te Menaldum, M.(artinus) L. de Boer, (dûmny) te BERLIKUM, S.(eine) H. van der Goot, (dûmny) te BERLIKUM, A. Gratema, kassier te Leeuwarden, mr. J. Mulier, burgemeester van Wonseradeel te Witmarsum, K. J. Crap, molenaar te Sint Jacobiparochie, Waling Dijkstra te Spannum, S. Kiestra, onderwijzer te Sexbierum, U. Koopmans te Holwerd, P.(im) Mulier te Bolsward, H.(endrik) Pasma F.(rans)zn. veehouder te Haskerdijken, K.(laas) Sipkes Heep, notaris te Holwerd. F. Draisma de Vries, lid van de Raad van Franekeradeel, N.(eno) Burhoven Viëtor, oud artill. officier, maire, schout, lid van de Provinciale Staten van Friesland, assessor van MENALDUMADEEL, gepensioneerd ontvanger de Directe Belastingen op huize “de Oorbijt” te Dronrijp, Karst J. (Karsjen Jitses) Kalma, lid van de Prov. Staten van Friesland, etc. allegearre minsken dy ’t, nei ik oannim, op de ien of oare reden wol wat mei de skiednis fan FRYSLÂN hienen.

 

DE HARTOGEN FAN SAKSEN

30-4-1498 - 12-9-1500

Albrecht, Hartoch fan Saksen (31-7-1443 - 12-9-1500) wurdt op 30-4-1498 as lânhear fan FRYSLÂN oannommen. Dit oannimmen waard op 20-7-1498 befêstige troch Roomsk-Kening Maximiliaan I. en de keurfoarsten fan it Dútske Ryk, lykwols mei it rjocht fan weromkeap foar in bedrach fan 100.000 gûne. Fanôf oktober 1499 oefene syn soan Hendrik it lânshearlik bestjoer foar him út. De (saneamde) Fryske frijheid (sirka 1350-1498) gie ferlern en ek de Fryske taal ferdwûn út it offisjele ferkear.

12-9-1500 - 1505

Hendrik, Hartoch fan Saksen (18-3-1473 - 18-8-1541) de soan fan Albrecht. Sûnt 27-4-1501 partte hy de lânshearlikheid FRYSLÂN mei syn broer George. Yn 1505 die hy ôfstân fan syn rjochten, hoewol ’t George al sûnt de simmer fan 1504 feitlik allinne regearde.

27-4-1501 - 1515

George, Hartoch fan Saksen (27-8-1471 - 17-4-1539). Syn regearing einige doe ’t hy syn gûverneurskip fan de lânshearlikheid FRYSLÂN en de eigendom fan IT BILT oan Karel fan Habsburg, de lettere Karel V., te Middelburg op 19 maaie 1515 ferkocht hie.

(it gûverneurskip en potestaat gie oer de grêven, prelaten, (geastliken dy ’t yn in gebiet mei tsjerklik gesach beklaaid binne) eallju, stêden, gemeenten en ynwenners fan Eastergea, (goo) Westergea (goo), Sânwâlden, de Grinzer gebieten (de Ommelannen), Dithmarschen, “Strannfriesen”, “Wurstfriesen” en Stellingwerf (East- en West Stellingwerf) mei harren eilan- nen cum annexis.)

De eallju, wêrûnder de HEMMEMA’s út BERLTSUM, hienen it dus wer mei in oare Lânshear te krijen. Oare Hearen, oare wetten. 


 **************************************.


Groot PLACAAT en CHARTERBOEK van VRIESLAND.


Dit is it IENIGE algemiene Oarkonde boek de Provinsje Fryslân oangeande. It bestiet út 5 dielen.

Placaat en Charterboek fan FryslânREGISTER van Verbonden, Zoenen, Accoorden, Privilegiën, Handvesten, Ordonantiën, Edicten, Placaten, Publicatiën, Notificatiën, Resolutiën, Instructiën, Octroyen en Missiven. Zullende dienen, volgens de Resolutie der Ed. Mog. Heeren Staaten van Vriesland. d.d. den 31 Augustus 1764 tot d’Uitgave van een Groot Placaat - en Charterboek. Aanvang nemende met de oudste Gedenkstukken, en eyndigende met het jaar 1748. VERZAMELT en in order gebragt door G.F. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg. Gedeputeerde Staat, Raad ter Admiraliteit en Lid van de Houtvesterije in Vriesland. Te Leeuwarden gedrukt by Willem Coulon, Landschaps- en Academie drukker der Ed. Mog. Heeren Staten van Vriesland. (1765) Wêr yn û.o. te lêzen is: De eerste Vriesene Wetten vóór de tyden van Keyzer Karel den Grooten (640). Akte waarby de H. Willibrordus aangesteld word tot Aarts Bisschop over Vriesland door Paus Sergius (696). Brief van Keyzer Hendrik, omvattende de redenen waarom Oostergoo en WESTERGOO Egbert ontnomen en aan de Utrechtse kerk gegeven waren. (1 Febr. 1089.) Hendrik V. bevestigt aan Bisschop Godebaldus de giften van Vriesland, door zijn Vader in vroegere tyden aan de Kerk van Utrecht gedaan. (1112). Bulle van Willem, Roomsch Koning, bevestigende de Rechten, Privilegiën en VRIJHEDEN der Vriesen. (1148). Brief van Verdrag wegens bezittingen van Vriesland, tusschen de Graven van Holland en de Bisschoppen van Utrecht door Keyzer Fredericus. (1166) (De Greven fan Hollân en de Biskoppen fan Útert libben mar al te faak yn ûnmin. Earst neamden wienen hieltiid mar wer op útwreiding fan harren macht (en lân) út. Verdrag gemaakt tusschen den Bisschop Dirk van Ave en de Graaf van Holland, Willem, bezitter van Vriesland. (1204.) Brief van Keyzer Frederik aan de Bisschop van Utrecht, om de Grave van Holland te weerhouden OM DE VRIESEN TE KWELLEN. (1288). Giftbrief of Verschenking van Vriesland aan Reinard Grave van GELDER, door Rudophus Roomsch Koning. (1290) Brief des Konings van Engeland over de MOORD OP FLORIS de V., en verzoekt ook enige Vriesen om by hem te komen. (14-Sept. 1296.) In een brief van den Koning van Engeland word de GRAAF van Holland mede HEER van VRIESLAND genoemd.(26-4-1297.) Aanstelling van Hesselius tot Schout van Harlingen, in stede (i.p.v.) den overledene, door den Graaf van Holland. (28-2-1328.) Een acte, waar by Keyzer Lodewyk de IV., afstand doet van al het regt, dat zyne Voorzaten ook op Vriesland gehad hadden, aan den Grave van Holland. (d.d. 14 Juny 1330.) Bevel van de Keyzer Lodewyk de IV. aan de Vriesen van Oostergoo en Westergoo, om den Grave van Holland voor hun WETTIGEN HEER te ERKENNEN. (eod. dito. 1330.) De Graaf van HOLLAND bevestigt die van Stavoren hunne regten. (October 1337.) De inwoners van (* STAVOREN huldigen de Graaf van Holland als hunne wettigen Heer. (Den 16 Maart 1338.) Verzoening tusschen de Vriesen en Groningers (op Paulsdag 1338.) Een stuk waar by Keyzer Lodewyk Vriesland verpand, voor zover het den Grave van Holland NIET toebehoorde, aan Reynald Grave van GELDER. (d.d. 21 Maart 1339.) (Keizer Loadewyk siet nl. djip yn de skulden.) De Privilegiën en Handvesten aan Stavoren verleend, hernieuwt door den Hertog Willem van Beyeren, GRAVE van HOLLAND, Zeeland en HEERE van VRIESLAND. (d.d. 4 Maart 1353.) Belofte, op welke Hertog Albert van Beyeren belooft de landen van Henegouwen, van Holland, van Zeeland en van Vriesland voor zynen zieken Broeder, Graaf Willem, te regeeren, gedaan te Dordrecht den 23 Febr.1358. Verdrag van Hertog Albert, gemaakt met de Vrouw Magteldt van Lancaster, echtgenoot van Hertog Willem, Graaf van Holland enz. om de Landen van Henegouwen, van Holland, van Zeeland en van Vriesland te beschermen en te regeeren. (6-3-1358). Verzoening tusschen Hertog Philips van Bourgonjen en Jacoba van Beyeren, GRAVINNE van Holland, Zeeland, Henegouwen en VROUWE van Vriesland. (Den 3 Juni 1428.) Vrijgeleyde brief aan Wybe Sjuds (Sjoerds) Grouwstins (Grovestins) anders genaampt Schenne (skearne) Wybe. (1463) (Yn Ingelum is it doarpshûs "Skearne Wybe" nei him ferneamd.) Verbond tusschen de Praelaten, Hovelingen en Gemeenten van Vriesland en de Stad Groningen. (1491.) Brief van Doeke Hemmema (in de Vriesche taal) Olderman der STEDE BERLIKUM, waaruit geblijkt dat die Stad omtrent deze tijden Stads Privilegiën gehad heeft. (1491.) Eene copie copië Acte van Volmacht door Georg van Saxen verleent aan (de destiids stêdhâlder fan Fryslân) Rudolph Schenk om de Landen van Vriesland over te dragen aan den Prince Karel (V) van Spanjen; met approbatie van het verdrag daarop gemaakt. (den 22 April 1515.) Afkondiging van een Bestand. Overdracht der Landen van Vriesland aan Karel Prince van Spanje. Aanneming van Karel de V., toen Prince van Spanjen, IN PLAATS VAN den Hertog van Saxen. (d.d. 11 Juli 1515.) (Fryslân wie syn sa neamde Fryske "frijheid" kwyt rekke by de komst fan de Hartoch fan Saksen.) Placaat, dat men de Boeken van Maarten Luther en andere Ketters niet zal leezen of koopen. (Den 10 en 22 December 1526.) Placaat, dat men ter Kerke gaan en de misse hooren zal. (Den 3 Februari 1535.) Placaat, dat men den Heere Menno Symons NIET zal logeeren, ofte syne Boeken leezen. (Den 7 December 1542). Waarby de GELDERSEN tot Vijanden verklaart worden. (Den 27 December 1542.) (De GELDERSEN bliuwen oanspraak hâlden op harren rjochten op (in part) fan Fryslân.) Copie van het Principale accoord tusschen de Stad Franeker met de Uitburen, en de dorpen Doignum, Buyr, Ried, het KLOOSTER AENGUM, BELKUM, WIER, Minnertsga, Tzummarum en Firdgum, aangaande de Vaart ten Noorden van de Stad na de voorzeide dorpen lopende. (19 July 1553). Gebod aan de ingesetenen van Menaldumadeel en Franekeradeel om binnen BERLIKUM te komen OM TE GRAVEN en te ARBEIDEN en ALDAAR allerleije eetwaren te koop te brengen. (Den 18 September 1572.) Omslag van twee stuivers op de Florenen tot onderhoud der Soldaten te BERLIKUM, en DAAR omtrent leggende. (Den 2 October 1572.) Copie van een quitantie van 200 Caroli glds by Epo Lyauckama ontvangen ter cause van sekere gravinge en slootinge van de Zijll toe Ropperda (Ropta syl) binnen en buiten dyks. (den 28 november 1528.) Annulatie van’t Octroy door’t Collegie aan de schippers van BERLIKUM gegeven, alzo zulks aan de Staten competeert. (24 november 1673.) etc. etc.

Fuotnoat :

(* SLACH BY WARNS.

Monumint Slag by Warns (Leaver dea as slaef)

Op 26 sept. 1345 kaam in grutte float ûnder lieding fan Greve Willem fan Henegouwen en Hartoch Jan fan Beaumont út Hollân nei STARUM ta om Fryslân te feroverjen. De ridders yn harren swiere harnassen (de hynders wienen thús litten) wienen net tsjin de oanstoarmjende Warnsers opwoeksen. De weromwei late net wer nei Starum ta, mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In protte soldaten kamen om, ek Willem. Doe ’t de manlju fan Beaumont it hearden, rekken hja yn panyk en besochten mei de boaten wer werom nei de oare kant fan de Súdersee te flechtsjen. Dat slagge úteinliks mar in lyts ploegje. De FRYSKE FRIJHEID wie rêden. De betin-king fynt elts jier noch plak te Warns op de lêste Sneon fan Septimber. (Slach by Warns) Op in grutte tinkstien dêr stiet de rigel : “Leaver dea as slaef”.


WESTERGO / EASTERGO / SÚDERGO

Om 800 hinne bestie Fryslân út trije dielen. Westergo en Oostergo, repektivelik westlik en eastlik fan de Middelsee en it lytsere Súdergo yn it súden. Westergo bestie al om 700 hinne as V(W)uistrachia. De útgong go (gea) ferwiist nei go (goo), in âlde bestjoersienheid ûnder lieding fan in greve (greef). Oan it ein fan ‘e iere midsieuwen wie Westergo al in “ûntwikkele” en “ryk” lân en it meast ticht befolke part fan Nederlân. Yn 1086 wurdt Súdergo, of in part dêrfan, it greefskip STARUM neamd. De nammewiziging fan it gebiet is te ferklearjen trochdat Súdergo tusken 845 en 1086 foar in grut part ferswolgen waard troch de almar útwreidzjende Súdersee. Healwei de 13de ieu hawwe de Friezen de greef fan harren ôfskodde en binne hja harrensels bestjoeren gien. (Karel de Grutte soe de Friezen al dy frijheid jûn hawwe omdat hja him holpen hienen om Rome te befrijen) Ek Westergo waard in frij en soeverein lân en koe sjoen wurde as ien fan de âldste republiken fan Jeropa. Om 1300 hinne bestie Fryslân út de dielen Westergo en Oostergo. Dy foelen letter útien yn distrikten as Froneackere (of Fiifdielen) en Wildinghe en Wagenbrugge yn it súdwesten fan Westergo. Dêrút ûntstienen letter de gritenijen Wymbrits- eradiel, Himmelumer Olderferd en Noardwâlde. Neist Westergo en Eastergo kaam nei 1450 in nije go yn byld : Sânwâlden. (Silwolde) *) Krekt om 1500 hinne is de provinsje Fryslân ûntstien. De goën (gouwen) waarde lânkwartieren. Letter dammen ek dy oan krêft en betsjutting yn, en tsjintwurdich wurde se as lânkontrei somtide noch neamd. Nei ieuwenlange opsplitsingen fan de goën yn distrikten, gritenijen en (fia mairiën) gemeenten ûntsteane der tsjintwurdich wer gruttere bestjoersgebieten.

MENAMERADIEL sil mei koarten ek wer fusearje mei ien as mear oanswettende gemeenten ta in grutte gehiel, sa is de bedoeling. De namme WESTERGO (of Noardlik Westergo) soe in moaie namme wêze om ús yn ús tinzen werom te bringen nei eardere tiden. FRONECKERE of wol Frjentsjer, it eardere distrikt, kin dan moai wer, no ek wer as stêd, it haadplak wurde fan dit gruttere bestjoersgebiet.

 MENAMERADIEL is nei alle gedachten yn ‘e twadde helte fan ‘e 14de ieu ûntstien. Yn 1401 wurdt foar it earst earne yn ‘e argiven gewach makke fan MENALDUMADEEL. Yn 1354 wurdt noch sprutsen fan it distrikt FRANEKERE wêr ’t it gebiet MENAMERADIEL ûnder foel. Hjir kin men út konkludearje dat MENAMERADIEL tusken 1354 en 1401 ûntstien weze moat.

 

*) Fuotnoat :

Noch fierder werom yn de tiid fan ’e Karolingers hjitten de trije Gooën (Geaën) : Pagus Westrachus, Pagus Ostrachus en Pagus Suthtragus


DE SLACH by FRONEN.

Yn 1297 fynt in bluodderige striid (slach) by Vronen (no St. Pancras) plak. De WEST-FRIEZEN probearren harren selsstannigens werom te bemasterjen op de Greven fan Hollân. Dit wie it lêste besykjen dy ’t hja dêrta ûndernommen hienen. It betsjutte ek it ein fan it doarp, dat alhiel yn flammen opgie. Yn 1288 of 1289 wienen de WEST-FRIEZEN harren autonomy (FRIJHEID) kwytrekke. Yn 1991 ûntdutsen argeologen by in opgraving by it Midsieuske tsjerkhôf fan it eardere Vronen 132 skansearre skeletten fan persoanen dy ’t dêr begroeven leinen.

In om 1230 hinne berne ridder Jacob Bartholomeus van Wassenaar is yn 1272 by in eardere slach te Vronen sneuvele tsjin de West-Friezen. Lettere sibbeleden fan him binne folle letter om 1500 hinne op it Bilt kommen te wenjen. Sa wenne de om 1474 hinne te Sassenheim berne Steven Willem Wassenaar, troud mei Hadeweij Cornelisdr. Keth (Ket) letter as boer op de pleats “Molenschot” ûnder Sint Jabik by BERLTSUM. De Wassenaars, de Keth’s, de Kuyckens, de Poelgeesten etc. etc. binne hjir sa ek kommen te wenjen nei it ynpolderjen fan it Bilt.

1298 - Yn Haarlem stjert Jan I., Greve fan Hollân, de soan fan Floris de V. Mei him stjert it Hollânske Hûs út. Dan begjint it Henegouwske Hûs. WEST-FRYSLÂN wurdt foargoed fan it oare (d. i. ús) Fryslân skieden.


WEST - FRYSK FOLKSLIET.


VRIJE Friezen, laat ons zingen

Ongedwongen, vrij en blij,

Laten we ons in’t koorlied mengen

Van west frieslands burgerij.

VRIJHEID bruist in onze harten,

Vrijheid kenmerkt onze zang

Vrijheid is ons aangeboren-

Fries en vrij, ons leven lang !


Land omringd door zware dijken,

Land ontwoekerd aan de zee,

Met Uw groene klaverweiden

En het nuttig zwartbont vee.

Met Uw bloeiende landouwen,

Kostbare akkers, golvend graan,

Vruchtbare tuinen, groentebouwers-

Bronnen van ons volksbestaan.


Land van Radbou(d), Coen en Schouten,

Willem IJsbrantsz. Bontekoe,

Land van onze Paulus Potter,

Nooit ben ik u prijzens moe.

Plekje grond, rijk aan historie,

Waar de zee ruischt langs het strand,

'k zing Uw roem, Uw glans en glorie-

'k heb U lief, mijn Vaderland.


**************************************.

DE FRYSKE FRIJHEIDSSIN.

Doe ‘t Willem II., Greve fan Hollân (1228 – 1256) by eallju en geastlikheid besykjen die om him as Hear fan Fryslan te erkennen, die hy oan de potintaat Sicco Sjaerdema it oanbod him te belienen mei it Greefskip West–Fryslân, mar de ûnbaatsuchtige ealman skriuw de Greve : “Grootmachtige Coninck en wilt U te vergeefsch niet nodigen. Meent ghy dat ick om my en om myn geslachten te verheffen een VERRADER wil syn ende de nakomelingen van die VRYHEID beroven, die onze voorvaders boven alle goedt geacht hebben. Laat verre een goedtgierigen en oneerlyck harte van my syn. VAERT WEL ende wilt my NIET uw brieven meer begroeten, want ick na dese GEEN wil ontvangen.

Wt onse huyse Sjaerdema, den 9 augusty duysent twee hondert negen en veertich. (9- 8-1249)

Hy lit dan sels in gouden munt slaan mei de opskriften : Sicco Sjaerdema, potintaat fan Fryslân. (Sixtus Sjaerdema, potestas Frisiae) Fryheid is mear wurdich as goud (Libertas praevalet aura).

Sicke Sjaarda wie in figuer út in sêge de skiednis fan Fryslân oangeande. Oer de wrachtige histoaryskjeteit besteane gjin boarnen, noch bewizen. Sjaardema soe de 8ste potintaat fan Fryslân west hawwe. De sêge giet, dat Sicco, Sikke of Sicka út Drylst kaam, hy soe yn it Latynsk Elostoe neamd wurde en yn 1237 ta potintaat fan Fryslân keazen wêze. Hy wie meiien legeroanfierder.

 

GODEFRIDUS (GOFFE) ROORDA.

(De swarte Keizerlike HEALE EARN yn it sibbe wapen.)

Goffe (1085-1141) de soan fan Ruurt Haringhs Roorda en (1030 - -) en Ansck Joannama Syts Camstra (1042 - -) wie boaske mei Claer Fredericksdr. Van Adelen (1090-1180) ......... Goffe zou samen met Magnus Forteman van Almenum (by Harns) naar Rome getogen zijn en nevens hem en andere Friezen (700), in het jaar 809, die stad, welke tegen Karel (de Grutte) oproerig geworden was en hem hare poorten niet wilde openen, hebben ingenomen ter beloning daarvan veroorloofde de Keizer alle Friezen, die mede te Rome geweest waren, zijne Keizerlijke adelaar ten HALVE IN HUN WAPEN te voeren, zooals Goffe dan ook gedaan heeft, deelende hij zijn Schild in de lengte en plaatsende den HALVE ADELAAR van fabel op een veld van goud ter iedere zijde, welk voorbeeld altijd door alle Roorda’s, van Tjummarum en door andere Friezen in het algemeen is gevolgd worden. De onderhaalde woorden verdienen opmerkzaamheid : niet alle Friezen, maar ALLEEN DIE, welke toen te Rome geweest waren en dus ook maar de nakomelingen van die alleen zouden voortaan den Adelaar ten halve in hun Wapen voeren mogen en ziedaar gewis de reden waarom Jancke Douma, van Oldeboorn zich in zijn B. de P., blz 52 beklaagt, dat zoo vele, om wie het nog zou te bezien staan, of zij daartoe het recht hebben, dien Adelaar evenwel in hun Wapen plaatsen. Goffe Roorda trouwde IJdt Forteman en verwekte by haar Johan Roorda die, by Syts Hermana, vader werd van Ruurd Roorda. Ferskate Roorda ’s út dizze sibbe hawwe hjir letter ek yn BERLTSUM wenne. (û. o. in Cristoffel van Roorda (1561) in Schelte Roorda (1569) in Swob Roorda troud mei Otte Hanya (1589) Yn ús hûs Mulseleane 27 hat ek in Ruurd Roorda (ôfkomstich fan Baaium) út dizze sibbe ôfkomstich, wenne. Fan him en syn frou Betsy hawwe wy dit hûs oan ‘e Mulseleane yn 1971 oankocht.

Bron : Stamboek van den Friesche Adel.


MARIJE

Yn 1510 waard de "Ljouwerter omgong" wer talitten. Yn 1500 hie de Hartoch fan Saksen dizze fer-bean. Maria wie it symboal fan de Fryske frijheid: "Regina Fresoarum, Koningin der Friezen". Doe’t yn 1509 in wettersneed Fryslân rekke op Fryske Leaffroudei - 28 septimber - waard dizze gewisse oan it prosesje ferbûn. Yn 1500 stie de Hartoch de omgong wer ta.


DE FRIEZEN

Kaart fan grut FryslânDe FRIEZEN, een volk van GERMAANSE oorsprong, werden in de achtste eeuw overwonnen door de Franken. HUN TAAL, die aanmerkelijk verschilt van het Hollands, wordt nog door een aanzienlijk aantal van de bevolking gesproken. In de vroege Middeleeuwen strekte Friesland zich uit van de rivier de Schelde in het zuiden tot aan de Weser in het noorden. Later werd een deel van Friesland veroverd door de GRAVEN VAN HOLLAND. Toen Holland in 1433 overging naar het Huis Bourgondië, werd de autoriteit van de Bourgondiërs door de Friezen, die streefden naar onafhankelijkheid, niet erkend. In 1498 droeg (Rooms Kening) Maximiliaan I de zeggenschap van geheel Friesland over aan Hertog ALBERT (Albrecht) van SAKSEN (as erflik gubernator). Albert kon het niet voor elkaar krijgen dat de Friezen hem als hun gebieder gingen erkennen en in 1515 zorgde zijn zoon ervoor, tegen betaling, dat Friesland weer onder het bewind van Maximiliaan kwam. De kleinzoon van Maximiliaan, KEIZER KAREL V veroverde in 1523 met geweld een gedeelte van Friesland. (Oost-Friesland, dat in 1454 een zelfstandig gebied was geworden, was niet betrokken geweest bij de verkoop, zodat de geschiedenis van Oost-Friesland een eigen loop had.) Friesland sloot zich in 1579 aan bij de UNIE VAN UTRECHT tegen de Spaanse overheersing, maar het bleef zijn eigen stadhouders aanstellen tot 1748, toen de STADHOUDER VAN FRIESLAND, Willem IV van Oranje (Nassau), benoemd werd tot ALGEMEEN stadhouder van alle Verenigde Provincies van Nederland in opvolgende lijn.

In protte minsken dy ’t de Reformaasje tadien wienen en ferfolge waarden, flechtten dan ek flak oer de grins nei East-Fryslân ta, nei de stêd Embden (en omkriten). Sa ek, de op iennei lêste Abt fan it Kleaster Lidlum, Ysbrand fan Hurderwyk. Dêr wienen hja feilich.

(sjoch ek haadstik "Berltsum nei de reformaasje".)


IT FRYSKE FOLKSLIET.

1:

Frysk bloed tsjoch op !

Wol no ris brûze en siede,

en bounzje troch ús ieren om !

Flean op !

Wy sjonge it bêste lân fan

d‘ ierde, it Fryske lân fol ear

en rom.


Klink dan en daverje fier yn ’t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske

groun !

Klink dan en daverje fier yn ‘t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske

groun.


2:

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,

Oerâlde, leave Fryske grûn,

Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen, 

Dy ‘t Friezen oan har lân ferbûn.

Klink dan .............. twaris.


3:

Fan bûgjen frjemd, bleau by ‘t âld folk yn ear

Syn namme en taal, syn frije sin;

 Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn

 leare

 En twang, fan wa ek, stie it tsjin.

 Klink dan ............... twaris.


L. C. 28-9-1957.

In Fryske flagge fan 1558 untdutsen.

Wichtige fynst foar de banistyk.

(foto.)


L.C. 28-1-1815.

By Zn. Ms. besluit van den 15 January, no 57, is aan mr G.W.C.D. baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg, op verzoek eervol ontslag verleend als plv. Kantonrechter te Berlikum. Prov. Friesland. 


DE OPSTÂN TSJIN SPANJE

De opstân tsjin Spanje wie yn it foarste plak gjin leauwestriid mar in frijheidsstriid al begûn dit letter ek mei te spyljen. De saneamde ‘Tsiende Pinning’ wie úteinliks de lont yn it krûdfet. It gie hjir om it ynfieren fan in heffing fan tsien prosint op al it los guod. (dus in soarte fan BTW sa ’t wy dat no kenne) De kening fan Spanje, Philips II. hie dêrfoar net it goedkarren frege oan de Steaten. Boppedat liedde dizze belêsting ta it oantasten fan de konkurinsjeposysje fan Hollân as hannelsnaasje. En foar in protte minsken betsjutte it simpelwei dat hja net mear yn harren earste libbensbehoefte foarsjen koenen. It folk koe dit ûnrjocht net ferdrage.

 

DE IENHEIDS STEAT.

De Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen (ek wol de Sân Provinsjes neamd) is yn de tachtich jierrige oarloch ûntstien, sawat it hjoeddeiske Nederlân kin men wol sizze. Fan dizze sân gewes-ten wienen der trije see gewesten t. w. Seelân, Hollân en Fryslân elts mei in eigen admiraliteit d. w. s. mei in eigen oarlochsfloat. Eltse Provinsje hie in eigen souvereine Steatengearkomste. It mienskiplike leger, it saneamde Steatkse leger waar meastal oanfierd troch de Oranje Nassau sibbe. Hja wienen formeel inkeld yn tsjinst fan de Republyk mar hienen wol in grutte ynfloed en in grutte stim yn it kapittel as it om de gong fan saken gie. Tsjin de Spanjoalen (Spanjerts) waard fakentiden mienskiplik, ik moat earder sizze altyd mienskiplik, oarloch fierd. De soldaten waarden doedestiids ynhierd. Wa it measte jild hie koe ek de measte soldaten betelje. Folksle-gers binne folle letter ûntstien. Omdat yn Hollân it measte jild siet, hie dizze provinsje ek it measte yn te bringen. (Wie betaalt, die bepaalt) De fertsjintwurdigers fan de souvereine steaten holden harren gearkomsten yn de Steaten Generaal yn Den Haach. Hjir waarden de mienskip-like belangen besprutsen en ek bestjoerden se de Roomske gebieten dy ‘t op de Spanjoalen bemastere wienen. Fryslân hat altyd mar swak meispile yn die tiid omdat hja net it measte bydroegen yn de mienskiplike kosten fan it oarlochfieren. Pas nei de komst fan de Frânsen yn 1794 / 1795 kaam oan dit oparbeidzjen in ein en krigen wy de ienheidssteat. De Bataafske Revolúsje dy ‘t mei Frânske stipe trochfierd waard makke dat ús lân in sintraal liedend Keninkryk mei Provinsjes waard mei in lânsbestjoer yn Den Haach. De Republyk fan de Feriene Nederlannen hie sa ‘n 225 jier bestien.

(Sjoch by Yde Hylckes Colaerdt, begroeven yn BERLTSUM en by Tjerk Hiddes de Vries.)

 

DE HOLLÂNSKE OERHEARSKING.

De Hollânske oerhearsking is hjir altyd tige grut west. Foar eigen taal en kultuer moast altyd fochten wurde en net allinne hjir mar ek yn in protte oare parten fan Nederlân, al wie dat wol yn mindere mate. Op in protte plakken yn ‘e wrâld en Jeropa is it al net oars. Tink mar oan België wer ‘t de Frânskpraters it altyd oer it, yn harre eagen, “boerske Flaamsk” hienen. Doe’ t Freark Oanes Dykstra en ik ris op de brommer op fakânsje wienen op wei nei Parys dienen wy ek Brussel oan op de hinnereis. Dêr waard foarhinne oar it algemien in protte Flaamsk praten en no is it yn haadsaak Frânsk. Doe ‘t wy Frânsk sprekkende Belzen, dy ‘t wegeren ús yn it Flaamsk te wurd te stean, hieltyd yn it Frânsk oanjoegen dat wy út Fryslân kamen en wy yn haadsaak Frysk praten, gie de stemming fakentiden sa om en koenen se ek samar ynienen ús yn it Flaamsk (Hollânsk) te wurd stean. Wy seinen dan tsjin inoar, se sjogge ús grif ek oan as fjochters foar de eigen taal. Yn Parys troffen wy yn it Jeugdhotel in pear jongfammen oan út Kateloanje yn Spanje. Dêr wurdt troch sa ‘n 6 á 7 miljoen ynwenners it Katelaansk sprutsen. Doe ‘t ik oan Freark fertelde (hy ferstie gjin Frânsk), dat it Spanjoalen wienen, krige ik al gau fan harren te hearren dat hja GJIN Spanjoalen wienen mar KATELANEN ! Hja hawwe harren eigen kultuer en sjogge Spanje mear as harren buorlân. It wie wol te begripen. Wy seinen tsjin inoar, wy binne ek gjin Hollanners mar Friezen en hawwe ek ús eigen kultuer.

Yn it Bûtenlân leit dat wat oars. Dêr wurde wy ek wol Hollanners neamd yn stee fan Neder-lanners. Yn Grut Brittanje wurde alle ynwenners (Ieren, Skotten en Ingelsken troch de bûtenlanners ek allegear as Ingelsken oantsjutten. Fan alle stammen yn Israël wurde hjoed de dei no ek noch de eardere bewenners fan de stam Juda, de Joaden (Juden), fakentiden troch de bûtenlanners oantsjutten as de bewenners fan Israël en gean sa mar troch. De measte ynwenners of op tichtbewenne plakken wenjenden hawwe meastentiids ek de measte ynfloed en it jild. Yn Spanje is krekt oarsom. Kateloanje is in autonoom gebiet yn Spanje en dizze Noardlike regio fertsjintwurdicht MAR 6 prosint fan it oerflak fan Spanje en MAR 16 prosint fan de Spanjoalen, mar stiet wol foar 1/5 fan it bruto ynlânske produkt, in kwart fan de yndustriële produksje en hast 1/3 fan de eksport fan Spanje, in lân dat al ekonomyske swierrichheden genôch hat.

Noch in foarbyld :

Frankryk is in tige sintralistysk lân, krekt as Nederlân. Parys hie en hat de leie yn hannen. It freget moed om yn sa ‘n lân mei ûnderwiis yn de streektaal te begjinnen. Dat it regear oangeande de taal de baas spylje woe, die al bliken yn 1870 doe ‘t de Tredde Republyk in programma ûntwikkele om fan de “paysans” (boeren) dy ‘t in boeredialekt sprieken, Frânsen te meitsjen. Doe ‘t de foarstanners fan it twatalich ûnderwiis yn Bretagne (Breitz yn it Bretonsk) in “petite place” fregen, hearden se in dúdlik NON. Bretagne waard, lykas de oare taalminderheden yn Frankryk , it slachtoffer fan it ymperialisme fan Parys. Yn elts skoallokaal kaam in kaart fan Frankryk te hingjen en yn alle skoallen moast deselde lesstof yn it hiele lân op deselde tiid jûn wurde. De praters fan it Bretonsk sprekke, lykas it Iersk en it Welsk, in Keltyske taal. It Bretonsk is no neffens de noarmen fan UNESCO in tige bedrige taal. Hawwe de Bretonsken de oanfal op har taal samar oer harren hinne komme litten ? Lykas yn Fryslân fûnen de measten it wol goed dat de eigen taal ynruile waard foar in taal mei mear macht en status. Mei it Frânsk (en it Hollânsk) komt men ommers folle fierder, wie de simpele redenearring. In ploechje idealisten hat as libbene fisken tsjin de stream ynswommen en it is harren slagge om it Bretonsk in plak yn it ûnderwiis te jaan. Sa is it ek yn Fryslân gien. It giet der om wat foar taal it meast brûkt wurdt yn it deistich minskelibben en net fan hoe fier kom ik der mei. Lit ús dan allegear mar de Ingelske taal leare. Dy kant giet it yn de hieltyd mar lytser wurdende wrâld dochs op. Sjochris op de grutte winkels yn de stêden. Alle opskriften binne hast yn it Ingelsk. Young men shop. Eat Counter. Mazzel Shop, First Lady, Tire Center etc. De kompjûtertaal is haadsaaklik Ingelsk. It heger ûnderwiis is foar in grut plak ek al oergien op it Ingelsk en gean sa mar troch. As men nei de Nederlânske en kommersjele tillevyzjestjoerders sjocht is de sprutsen taal wol foar 80 % yn it Ingelsk. (mei in protte ûndertiteling) Doe ‘t ik 40 jier lyn yn Amsterdam wenne waard ik ek troch betsjinjend personiel (troch gewoante) faak ek yn it Ingelsk oansprutsen. Wat ús opfallen is by ús reizgjen, nei û. o. België, (it Belzenlân) Ierlân, Skotlân, Spanje en Israël, is, dat dêr ek, lykas yn Fryslân, in protte twa- en trijetalige buorden oan de kant fan ‘e dyk steane. Witte jimme wol dat it grutste part fan de minsken op de wrâld meartalich ûnderwiis hân hat ? Sa frjemd lykjend is it dus net !

Yn it eardere ‘East-blok’ (efter it doe saneamde “Izeren Gerdyn”) waard oeral it Russysk as twadde taal ûnderwezen. Doe ‘t wy yn Tsjecho–Slowakije mei fekânsje wienen rekke ik yn petear mei in pastoar. Hy spriek allinne mar Tsjechysk. Ik sei tsjin de man lit ús it ris yn it Latyn besykje. It gie fan beide kanten net allike flot mar it slagge ús tige. Sa waard op dat stuit dy âlde taal wer ris de wrâldtaal wat it alearen tidenlang west hat en dy ‘t no ferdrongen is troch it Ingelsk as wrâldtaal.

 

IT LATYN.

It Latyn wie tradisjoneel de taal fan de liturgy yn de Roomske tsjerke. Ek no noch is it Latynsk de amtlike taal fan it Fatikaan. De lytste Steat fan ‘e wrâld is de ienige mei in deade taal as offisjele taal. De Roomske tsjerke is troch it gebrûk fan dizze wrâldtaal, oant hjoed de dei ta, beskermer en promotor fan it Latynsk. Geandewei is it Latyn as folktaal ferdwûn en waard it in taal foar belêzenen. De kennis fan it Latynsk bliuwt fan fundaminteel belang foar de kennis fan de boarnen fan it Kristendom en oangeande de kennis fan de tsjerkfaars en harren skriften. It Latyn hat in protte Jeropeeske talen beynfloede. Dat jild by namme foar it Nederlânsk. Fan alle lienwurden dy ‘t wy hawwe, komt 68.6 prosint út de Romaanske talen (it Latynsk, it Frânsk, it Italiaansk ensafuorthinne. Alle Romaanske talen hawwe it Latyn as oarsprong. Fan de Romaanske lienwurden komt plm. ien tredde streekrjocht út it Latyn. Hjirby binne net allinne “drege” medyske of wittenskiplike wurden, mar ek deanormale wurden as muorre/muur, tegel, beker, bier, biet, duig, fakkel, fabel, fuif, gips, griffel, keamer, kalk, kakke, kamiel, kap, keizer, tjettel /ketel, most, moerbei, muts, mantel, peal, pear, pan/panne, pagina, pacht, paard, pot, pop, schouw, schotel, pus, schrijven/skriuwe, roas, tekst, tol, vork/foarke, wal, watten, wike wyn, wyk, sek, segel, seine/zegen, souder en suver. Ien fan de problemen fan it Latyn as deade taal is, dat der gjin sprekkers binne dy ‘t nije wurden fersinne foar nije saken en ferskynsels yn it moderne libben.

De preester Carlo Egger probearre yn 1992 dat gat te foljen mei syn Lexion Recentis Latinas. Foar syn wurdeboek fan eigentiidske termen binne nije wurden makke as : machina linteorum lavatoria (waskmasine), fluxus interclusio (file). Oare nije Latynske wurden binne foar tillevyzje : imaginum transmissio per electricas undas (letterlik : it byld oerbringen fia elektryske golven), foar radar : radio-electricum instrumentum monitorium, foar sintrale ferwaarming : calefa-cientis acqua ductus, foar atoombom : pyrobolus atomicus en foar bandrecorder : magneto-phonicum, foar smaarjild : largitio quastuose (ofwol ‘te tinken mâle skinking’) etc. Ik fûn ûnregelmjittige tiidwurden net altyd maklik te learen lykas waskje: lavare, lavisse, lautum, lêze : legere legisse lectum en gean sa mar troch. Mar ja, sa hat eltse taal syn swierrichheden.