Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

G. F. van Schwartzenberg thoe Hohenlandsberg.


Georg Wolfgang Carel Duco, Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1766-1808)Georg Wolfgang Carel Duco wie it ienigst oerbleaune bern fan syn âlders George Frederik en Sophie Elisabeth gravin d’ Aumale, dy ‘t ferstoarn binne yn 1783 en 1807. Hy wenne mei syn frou Juliana Agatha op ”Great Terhorne” ûnder BITGUM en wie syn heit al as 17 jierrige opfolge as Grytman fan MENAMERADIEL. Op syn 20e kaam hy yn de Fryske Steaten. Yn 1790 is hy mei syn efternicht boaske en hja krigen 11 bern. Yn 1808 is George ferstoarn. Harren âldste soan George Frederik is letter yn 1814 Maire, dêrnei yn 1816 Grytman en sûnt 1851 oant 1858 Boargemaster fan MENAMERADIEL wurden ; meiien wie hy Steaten lid en ôffurdige fan it Ridderskip en Keamerhear fan de Kening yn bûtengewoane tsjinst. Hy wie yn 1812 boaske mei Henriëtta Wilhelmina Barones Rengers en krige “Great Terhorne” yn besit. Út dit houlik waarden 8 bern berne. Ien fan dizze bern, Ernest Louis thoe Schwartzenberg (en Hohenlansberg,) berne te Ljouwert op 13- 1-1827 en ferstoarn te Arnhem op 12-10-1888, is op 26-8-1863 yn MENAMERADIEL troud mei Salomea Klazina Busscher, berne op 6- 1-1844 en stoarn op 25- 1-1920. Hichtepunten wienen de ûntfangsten op “Great Terhorne” fan Kening Wilhelm I. (1837) en Kening Willem III. yn (1852). De lêste bewenner fan it Slot wie Georg Wolfgang Carel Duco. .

Hy wie hjir yn BERLTSUM yn 1844 as plakferfangend Kantonrjochter oansteld en is letter beneamd as Grytman fan Haskerlân. Yn tsjinstelling ta oare rieds-leden waard hy dêr net wer keazen en tsjinne hy syn ûntslach yn. Sûnt dy tiid wie hy amtleas boarger. Hy troude yn 1848 mei Juliana Agatha barones Rengers, in dochter fan de Gûverneur fan Grins. Syn frou en de 3 bern binne allegearre jong ferstoarn. Hy is 10 jier letter op ‘en nij boaske mei Friederike Schöle, de gûvernante fan syn ferstoarne dochterke Henriëtte. Hja krigen 3 bern. Yn 1877 is it gesin nei VELP ferhûze en wennen dêr op filla “Urbana”. 

Fila Urbana te VelpNy Terhorne

In soan fan de lêste bewenner t. w. Frederik AEmilius (1874-1945) is stoarn yn Lunteren en nei de oarloch bijset yn de grêfkelder te Bitgum wêr ’t al safolle fan syn foarâlden begroeven binne.

Great TerhorneTwa jier letter, yn 1879, is “Great Terhorne” ôfbrutsen. Syn broer Ernest hat yn Velp in nije filla bouwe litten dy ’t de namme krige fan “De Nieuwe Terhorne”. No is it in fersoargingshûs mei de namme “Regina” en is net mear yn it besit fan de sibbe thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. 

De neoklassistyske Filla “Urbana” oan de Zutphenseweg wie boud yn 1837 yn opdracht fan Alexander Jacob Baron van Spaan. De ferkeaper oan G. W. C. D. van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg wie letter in Jan Warnerus Elsen. De keapsom waard betelle út de opbringst fan it yn 1879 ôfbrutsene slot “Grut Terhorne” te Bitgum. Ek dizze filla is net mear yn it besit fan de sibbe thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

Baron Ernest Louis van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg, in soan fan de lêste bewenner fan de state “Great Terhorne” wenne dêrnei op filla “De Kleine Terhorne” oan de Jonkersleane húsnûmer 6 te Bitgum. It is no net sa kenber mear as filla en der is in protte oan ferboud. It hûs hat no de namme “De tyd scil it leare.”

Klein Terhorne

Ernest Louis wie, sa as út supra neamd, yn 1863 boaske mei Salomea Klazina Busscher, berne yn 1844 te Siddeburen as dochter fan Remmo Busscher, berne te Winschoten om 1800 hinne, en te Frjentsjer op 1-2-1838 boaske mei Klazina Johanna Braak, berne om 1814 hinne te Vollenhove. Remmo Busscher wie húsdokter te Bitgum en Bitgumermole. Ernest Louis en Salomea Klazina krigen 8 bern t. w. Georg Frederik, berne op yn 1864 en ek ferstoarn yn 1864, Georg Frederik, berne yn 1865, Klasina Johanna, berne yn 1867, Remmo, berne op 15-2-1869, Ernestine Louise, berne op 13-11-1870, Henriëtte Wilhelmina, berne op 9-11-1874, Willem Herman, berne op 27-2-1879 en Hermina Jeanette Alberta, berne op 20-4-1880, de lêste 5 neamde bern allegearre berne te Bitgum.

De timmerman-oannimmer Jan Gerrit's Hacquebart fan BERLTSUM hat it Slot ôfbrutsen en in protte ôfbraakmateriaal ferkocht. De stien is foar in grut part yn BERLTSUM brûkt by de bou fan de huzen op de doedestiids en de letter saneamde Hacquebart (Hakkebak)streek (pl. bek. as Buorren 13 -27), lizzende sawat neist de earder boude Sybe (Osinga) streek. Tusken de huzen Buorren de húsnûmers 4 en 6 is ek noch in húske boud, (hjir wenne yn it lêstoan de âlde “Gep(ke) flie”), allegearre boud foar de ferhier. Alle huzen binne no al wer ôfbrutsen. Allinne de wizerplaat (sûnder de wizers) yn de gevel fan it hûs Buorren nûmer 4, ek ôfkomstich út dit slot, dogge ús noch weromtinken oan dy tiid fan de eallju dy ’t hjir de tsjinst útmakke hawwe. It wie dien mei harren machtspolityk.

Hacquebart streek BerltsumHacquebart streek BerltsumHacquebart streek Berltsum

J. G. Hacquebart hie it slot op ôfbraak kocht yn 1879 foar fl. 2520, -, Willem Alexander de Rapper út Arum idem it koetshûs foar fl. 740, -, Pieter Sikke ’s Reisma út Menaam (earder wenjende te BERLTSUM en troud mei Janna, de dochter van Gerrit Piers de Jong) it toer-oerwurk mei wizerplaat foar fl. 45,- en Cornelis Sikke ’s Reisma fan Bitgum it bregje oer de grêft foar fl. 11, -

(Ynljochtte troch Ronald van Schepen oarspronklik ôfkomstich fan Bitgum mar mei Berltsumer “roots”)

It perseel “Sybestreek” wie earder (1832) yn eigendom fan Bauke Arend Roorda en waard brûkt as hôf. It perseel “Hacquebartstreek” wie earder (1832) yn eigendom fan Baron van Schwartzen- berg thoe Hohenlansberg en waard brûkt as tún.

 

GREAT TERHERNE.

Der is in beskriuwing út 1630 fan “Great Terhorne”, it slot fan de Schwartzenbergs te Bitgum, dat der oan it midden fan de 19e ieu (1879) stien hat. Wy hearre, dat de húzing mei laeijen dutsen wie. Der wie ûnder in foarhús, in ytseal, noch in seal, in greate keamer, in pear kabinetsjes, in leskeamer (“skoaltsje”) in kantoar (“boerokeamer”), in wapenkeamer (“rustkeamer”) en in kleansouder. Dan wienen der noch trije toerkeamerkes, wylst der om it hûs, alteast om in diel dêrfan, in gallerij hinne roun. By de brêge wie in poartegebou. Dan wienen der in koetshûs, in brouhûs, in waskhûs. Ek wurde noch apart neamd in fleis- en molkenkelder en in moalsouder.

En fierders :

Oan túnoanliz waerd al hiel hwat oandacht jown. Om 1729 hinne ûntwerpe (* Daniël Marot, mei detailynfollings troch Jacob Marot, foar Georg Wolfgang (II.) baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg in tún. Om it slot hinne wie in greate tún mei dêromhinne in brede grêft, dêr‘t de swannen yn swommen en dêr ‘t yn fiske waerd. Boppe de poarte wie it wapen fan de bewenner oanbrocht en boppe de yngongsdoar jitris. Georg Frederik (III.) liet de State yngripend feroarje. Yn 1805 liet hy û. o. de bastions ôfbrekke, de trepgevels flak meitsje en de muorren bepleisterje. Dêrneist lei hy nochal wat bosk oan. De túnen om de State hinne wienen mei harren grutte ferskaat oan blommen yn it hiele lân bekend. Yn it foarhús, de seal of greate keamer hongen de famyljeportretten. As in aadlike famylje lang op sa ‘n Slot of State wenne hie wienen op it lêst dy portretten oeral to finen. De neiste famylje hong tichteby, de fierdere famylje ek wol boppe.

Wy witte ek, hwa ‘t der yn de 17e ieu op “Great Terherne” wenne hawwe. Om 1650 hinne wie dat Georg Frederik thoe Schwartzenberg (1605 - 1679) en syn wiif Agatha Tjaerda fan Starckenborgh (1620 - 1670) en har trije bern Johan Georg (1637 - 1674) Georg Wolfgang (1638 - 1674) en Isabella Suzanne (1639 - 1723). De Schwartzenbergs wienen yn de 16de ieu út Dútslân weikommen en behearren ta it hjir yn Fryslân moai machtich tal aadliken fan frjemde komôf.

Yn 1868 ferstoar Georg Frederik (III.). Fan syn fjouwer soannen erfde de âldste, Georg Wolfgang Carel Duco, de State. De weromrinnende ynkomsten út oerheids- en oare bestjoersfunksjes, de ekonomyske efterútgong en it partsjen fan it grûnbesit ûnder de fjouwer soannen makken it ynstân hâlden fan de State úteinliks net mear mooglik. Wie om oan jild te kommen de bibleteek yn 1864 al ûnder de hammer kommen, yn 1872 waarden in protte beammen ferkocht en yn 1879 nochris, mar de State wie net mear te rêden. Op 6 maaije 1879 waard de State op ôfbraak ferkocht en dêrnei mei de grûn gelyk makke. It restant fan de beammen waard kappe en it park ta bou- en greide makke. Allinne de beammen fan de singels bliuwen stean. It om 1850 hinne plantte Bitgumer bosk is ek as restant oerbleaun.

(* Fuotnoat :

De túnarsjetekt Daniël Marot (1661-1752) moast út Frankryk flechtsje doe ’t “It Edikt fan Nantes” it Protestantisme ferbeaën. Yn Nederlân oankommen waard hy, omdat hy fertroud wie mei de Franske hôfstyl fan Loadewyk XIV., troch steedhâlder Willem III. as syn eigen dekorateur beneamd.

 

L. C. 9-2-1904.

VERKOOP van huizen en erven.

Door notaris Alma bij D. G. Visser.

A. een nette burgerwoning in de Kruisstraat, laatst bewoond door de weduwe J. G. Hacquebart.

B. 15 woningen met erven op de HAQUEBARTSTREEK samen groot 10 Are 14 Centiare. etc. etc.

(De “Hakkebakstreek” waard yn de folksmûle ek wol “de mûzestêd” neamd fanwegen it tige ticht op inoar wenjen fan de 14 gesinnen dêr. Op de “Sybestreek” wie itselde it gefal mei de yn 1872 neist syn wenhûs boude 14 wenten, yn 1919 as ferhierd ferkochte en no alwer ôfbrutsen wenten efter it wenhûs Buorren húsnûmer 19.)

Sjoch it boek : BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op de siden 142 en 143 .


 **************************************.

MISSKIEN NOCH AARDICH OM TE WITTEN.

Aardich om te witten is dat yn 1681 de manlike line fan de (Roomske) Cammingha ’s (tink oan > Cambuur, en it yn 1691 oankochte “Amelân–hûs” etc. yn Ljouwert) útstoar en sa kaam it Amelân yn hannen fan de sibbe Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Troch houlik ferbûn mei de Cammingha ’s erfden hja de “Frije Hearlikheid” nei it ferstjerren fan de lêste manlike Cammingha. Oant 1704 wienen hja “Hearen fan it Amelân”. Yn 1704 wurdt it Amelân ferkocht oan de erfsteedhâlder fan Fryslân t. w. Johan Willem Friso van Oranje. Yn 1798 ferlear it Amelân har selstannigens en waard ûnderdiel fan de Bataafske Republyk. De Heerlikheidsrjochten waarden ôfskaft. Nei de Frânske tiid waard it eilân in part fan de Provinsje Fryslân. It Amelân waard in Grietenij, de Fryske foarrinner fan de Gemeente.

De Camminga’s wienen sûnt Karel de Grote oant 1681 Frij – en Erfhear fan it Amelân. Ûnder de Roomske Cammingha ’s wennen in protte minsken op it eilân dy ta in godstjinstige minderheid behearden lykas bgl. de Minnisten, mar ek minsken mei in ôfwikende miening wienen wolkom op it eilân. De Cammingha ’s behearden sels ommers ek ta in (Roomske) minderheid ! Sa is ek de stamheit fan de BERLTSUMER Lautenbach‘s t. w. JACOBUS LAUTENBACH (* (hy wie Kalvinist en is ek ien fan myn foarpakes) ris op in nacht yn 1605 om de 20e maart hinne nei it AMELÂN flechte, wer’t hy oant desimber 1610 ta syn ferbliuw hân hat. Hy wie de Sosiniaanske tinkbylden (oer de Godlike natuer fan Kristus, Hy soe allinne mar minske west hawwe) tadien en woe dy net herroppe en ferlear dêrtroch ek syn baan. Dit hat hy letter (blykber) wol dien want hy is dêrnei wer op de fêstewâl kommen te wenjen.

Fuotnoaten :

(* JACOBUS LAUTENBACH wie Gerjochtsholt (Presidint fan it Militêr Gerjochtshôf wurden – nei wat strideraasje - op foardracht fan “Ús Heit” ofwol Willem Loadewyk, dy ’t letter sa ’t blyken dien hat, ek syn beskermhear west hat.) te Ljouwert yn opdracht fan de Steaten fan Fryslân. Hy hie om syn Sosiniaanske tinkbylden (Faustus Socinus) op 1 maart 1605 besite hân fan de Fryske Deputearren Wiarda en Oenema, fan ds. Johannes Bogerman, *) dûmny yn Ljouwert en Greve Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg (Ús Heit) om him te freegjen oft hy “by syne dwalinge” bliuwt, mar hy woe syn tinkbylden net werroppe. Dit waard oan Deputearre Steaten fan Fryslân meidield en hy ferlear dêrtroch syn baan as Gerjochtshold en fierdere maatregels koenen natuerlik net útbliuwe sa wie de ferwachting. Oars tinke waard yn dy tiid net tolerearre. Doe ’t Greve Willem Loadewyk (syn beskermhear) foar ûnderhannelings nei Hollân moast is hy om deselde tiid hinne nei it (feilige) Amelân yn ballingskip gien. (flechtte) It eilân wer ’t in neikommeling fan boppeneamde “Ús Heit” t. w. Johan Willem Friso (fia syn mem Henriëtte Amalia, foarstin-widdo van Nasau) yn 1704 ek de eigner fan wurde soe foar de keapsom fan 170.000 Carolus gûnen. It wie in “Frije Hearlikheid” wer ’t de Steaten fan Fryslân neat te sykjen hienen. De ferkeaper, de lettere erfgenamt fan de Cammingha’s, t. w. Thoe Schwartzenberg, hie net folle belang by it eilân.

*) De heit fan boppeneamde dûmny fan Ljouwert Johannes Bogerman, ek in Johannes Boger-man, wie ek flechtling west om it leauwen. Hy wie wierskynlik berne yn de omkriten fan Kollum of Dokkum. Yn 1564 waard hy pastoar te Kollum, mar hy moast yn 1567 flechtsje fanwegen it omearmkjen fan de lear fan de Reformaasje, wêr ’t ek liif- en deastraf op stie. Hy flechtte nei Embden wer ’t in protte útwikene Grifformearden yn dy tiid harren taflecht sochten. Yn syn nije heitelân waard hy yn 1574 dûmny te Jennelt en yn 1576 te Uplewert, beide yn East-Fryslân. Yn Uplewert waard út syn houlik dêr de ús wolbekende yn 1576 Johannes Bogerman berne. Dizze soe de foarsitter wurde fan de ús sa bekende Nasjonale Synoade fan Doardrecht. (1618 - 1619) Bogerman sr. kearde yn 1580 yn Kollum werom, doe ’t de Steaten fan Fryslân yn 1580 it beslút nommen hienen dat alle pastoars ús gewest ferlitte moasten en sûnt 15 novimber 1580 net mear de Roomske mar de Reformearre tsjerke de offisjele tsjerke wêze soe, en waard dêr as earste dûmny befêstige. Nei it ferrie fan Rennenberg en it weromkommen fan de Spanjoalen (yn it Grinzerlân) moast hy op ‘en nij flechtsje mei it ferlies fan al syn besittings. Hy bejoech him nei Boalsert. Op 6-11-1580 die hy dêr yn yntrede. Hy besocht in protte Synoade gearkomsten en hat dêr in protte wurk foar dien. Syn soan en genamt hie it dus net fan in frjemde, ek hy hat in protte yn it Noarden fan ús lân dien op it tsjerklik mêd. No moast yn harren eagen eltsenien de lear fan de Reformaasje tadien wêze, en wa ’t oars tocht. ........ etc. ......... etc. ..........

Yn it doarpsblêd ”De Mienskip” fan Kimswerd nûmer 6 fan it jier 2006 lies ik by “Priesters en Dûmnys yn Kimswert”, dat de pastoar fan Kimswerd Sibrandus Jacobi (Sybren Jabikssoan) yn 1567 twongen waard om Kimswert te ferlitten en dat in pastoar fan Kimswert, in Doede Sikkes, te BERLTSUM deaslein wêze soe. Oh, dy Berltsumers fan doe ? Of is it yn ‘e omkriten fan BERLTSUM west en troch oaren ? Ik kin der net efter komme. It is net mear nei te gean tink ik dan mar.

 

FRIJE HEARLIKHEDEN

Skylge, it Amelân en Skiermuontseach wienen ieuwenlang saneamde frije hearlikheden, wêr ’t de Steaten fan Hollân of Fryslân neat te fertellen hienen. Dy situaasje wie foar eltsenien befredigjend : foar de Hollanners en de Friezen fan it fêstelân omdat dy sa min mooglik te meitsjen hawwe woenen mei de rauwens fan ‘e eilânbewenners en foar de eilânbewenners omdat hja harren frijheid koesteren. Mar doe’t greve van Aremberg, eigner fan Skylge, ûnder de Opstân de side keaz fan ‘e Spanjoalen, feroaren de Hollanners fan miening. Hommels wie Skylge, lizzende oan de mûning fan de wichtigste farrûtes fan ‘e Hollânske hannelers, fijannich gebiet wurden. Yn 1583 liven dêrom de Steaten fan Hollân it gebiet yn. Dêrmei kreëarden hja tagelyk in goede beskerming tsjin in ynvaasje fanút see. (Yn 1615 waard Skylge offisjeel oan ‘e Steaten fan Noard-Hollân ferkocht. Op 1-9-1942 waard Skylge troch de Dútsers by Fryslân ynlive.) De Amelanner frijheid – waans eilân altyd in folle mindere promininte rol yn de skiednis spile – duorre dan ek langer, hoewol dy ek djoer betelle waard. Op dit eilân wienen sûnt de njoggende ieu de Cammingha’s de algemien erkende hearskers, dy ’t nei eigen ynsjoch en goedtinken de oarder op it eilân hânhâlden. It wie in frijplak foar oarstinkenden of foar oanhingers fan in op it fêste lân beknotte religy. Dy fûnen op it eilân de frijheid wêr ‘t hja op it fêste lân amper fan dreame koenen. In protte werdopers fûnen dêrtroch harren wei nei it Amelân en sels feroardiele misdiedigers koenen hjir in nij libben begjinne. De status fan frije hearlikheid duorre foar it Amelân oant it ein fan ‘e 18de ieu, doe ’t de Frânsken Hollân besetten en úteinliks ek it Amelân yn 1798 definityf anneksearren. Inkelde jierren dêrfoar wie de lêste hear van Cammingha al flechte. Skiermuontseach waard langer fergetten. Pas oan it ein fan ‘e Twadde Wrâldoarloch – dy ’t op ‘e Waadeilannen oer it algemien opmerklik rêstich ferrûn – anneksearre Den Haach dit Waadeilân, dat op dat momint noch yn it besit wie fan ‘e Dútske greve Bechtold von Bernstorff. Ik wit noch, troch myn wurk, dat notaris B. Bolwijn fan Eanjum, syn bewâldfierder, him út syn namme him hjir tidenlang noch tsjin it ûnteinigjen fan dit eilân fersetten hat. Yn 1869 waard troch de eigener John Eric Banck, hear fan Skiermuontseach tusken 1858 en 1893, fan it eilân in modern badplak makke, wêr ’t in elts dy it mar woe, rêst en romte fine koe. De sûne seelucht wie ek goed foar de bern, sa waard doe tocht. Dit barde ek yn ‘e jierren tritich fan ‘e foarige ieu op ‘e oare eilannen. Sa wienen de oan inoar besibbe famyljes Fahner en Winters út Ljouwert (broer en suster) de earsten dy ’t op Flielân twa fekânsjehúzen delsette lieten, ek foaral om de sûnens foar harren bern. It wienen de simmerhúzen mei de nammen “De Instuif” en “De Golfzang.” Se steane der no noch op it grutte hege dún oan it begjin fan ‘e Badwei. Wy binne der gauris west.

 

SAMAR IN PEAR NAMMEN FAN SOLDATEN, dy ’t yn Dokkum foar it Dokkumer gerjocht yn ûndertrou gien binne en dy ‘t dêr ûnder (kaptein) Lautenbach tsjinne hawwe.

It wienen : In soldaat Borchart, troud mei in Geertien Dircks, ôfkomstich fan Selderwijck, (1606), in Adam Cock, troud mei Griet Pytersdr., soldaat, ôfkomstich fan Lochum (1607), in Albert Oelmans, troud mei Dieu Jansdr., soldaat, ôfkomstich fan Dorstet (1607), in Anthony Jorck, troud mei Griet Jurgens, tamboer (1607), in Beernt Muller, soldaat, troud mei Tiesck Olferts, (1607) en in soldaat Borchart, troud mei Beauck Sydsdr., ôfkomstich fan Kene. (1609), in soldaat Dirck Lange fan Reborch ôfkomstich troud mei Margriete Griemmersmer (1607), in Dirck Hessen, troud mei Rycxt Hendricx dr. , soldaat ûnder Lautenbach van Wolffenbetel (1606), in Balthus Wagholt fan Olde Brandenburch ôfkomstich, troud mei Bets Jelmers dr. fan Kollum ôfkomstich, (1607), in Albert Coninck, ôfkomstich fan Lochum, troud mei Anne Pieters dr. (1607), De soldaten kamen dus net allinne út Fryslân mar oeral wei. It wienen allegearre hiersoldaten yn Dokkum legere.

 

LISKIËN LAUTENBACH.

Christiaan Heidelman waard yn 1646 lidmaat fan de Grifformearde tsjerke fan BITGUM, wêr ’t hy opfieder (pedagooch) wie oan it hûs fan Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Op 21 septimber 1657 is hy as dûmny approbearre te HIMPENS en is dêr ferstoarn yn febrewaris 1672. Op 5-10-1657 wie hy lid fan de Klassis. Hy wie yn juli 1652 troud mei Liskiën Lautenbach dy’ t yn 1629 berne wie as dochter fan Willem Lautenbach.

(Sjoch ek by : Eetse Tigchelaar te Himpens)


GEERTRUYD (GEARTSJE) LAUTENBACH.

Geartsje Lautenbach wie troud mei Duco Sabinus van Jongestall, de soan fan Gellius Wibrandus van Jongestall. Dizze Gellius wie berne yn 1658 en triek al betiid op mei syn omke Willem van Haren nei de stêd Aken en waard yn 1678 Grytman fan Hemelumer Oldephaert. Hy wie troud mei Ida Lezaen van Wissema en sette 5 bern by him oan wêrûnder boppeneamde Duco Sabinus. Dizze wie kornet fan in kompanjy rúters yn Steatse tsjinst en gie letter nei East-Ynje, wêr ’t hy him in grut fertún oanwinne liet. Hy is stoarn op 28-3-1688 te Hallum. (Ik tink fan op “Ondersma State” ûnder Hallum.) Geertje Lautenbach wie doopt te Wargea op 2 novimber 1688 as dochter fan Willem (Wilhelmus) Lautenbach en Sara Couperus. Willem wie dêr yn Wargea skoalmaster, sirurgyn en doarpsrjochter en in pake en beppesizzer fan de Goutumer dûmny Wilhelmus Lautenbach en Theuntje Pieters. Yn de Martinustsjerke te Warns fynt men no noch boppe yn de monumentale sânstjinnen yngongspartij mei doaryske pilasters , in fries en in yn it segmint-foarmich fronton opnommen namme mei it wapen fan Gellius Wibrandus van Jongestal. Dit wienen sa mar twa oan in protte Berltsumers besibbe froulju út de Lautenbach sibbe.

(Foar fierdere famylje skiednis, sjoch it Lautenbachboek.)

 

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

 

L. C. 2-7-1913.

Advertinsje :

1888 1913

EBEN HAËZER

Den 5 Juli hopen D. V. onze

geliefde ouders

SIMON S. LAUTENBACH

en

JOHANNA J. HACQUEBART

hunne 25 – jarige echt

te gedenken

BERLIKUM,

Uit naam hunner dankbare kinderen


 **************************************.


Op 27-3-1784.

VERSCHENEN bij H. Post te Leeuwarden.

Een Latijnsch vers op het afsterven van Grytman (Georg Frederik) van Schwartzenberg en Professor Schrader door ds. P.(etrus) (Douwes) Nota te BERLIKUM.


L.C. 20-2-1951.

Groot Terhorne natuurgetrouw nagebootst.

(De skiednis fan de State, dy ’t eartiids ûnder Bitgum stie.)


L.C. 28-9-1984.

Groot Terhorne, centrum Friese adel..

(Oer kastiel “MARTENA” / “Groot Terhorne” ûnder Bitgum.)


Herfoarme koepel tsjerke te BerltsumBESCHRIJVING (yn de tsjintwurdige stavering) van de nieuw gebouwde kerk te Berlikum door PETRUS NOTA, bedienaar des Goddelijken Woords te BERLIKUM. Uitgegeven by Dionisius Romar, boekverkoper te Franeker, in 1781. Het nieuwe en schone Godshuis, hier ter plaatse, is een achtkantig gebouw, zijnde 4 muren circelrond en 4 lijnrecht, breed in zijn diameter 66 voet *) en hoog van muurwerk 37 voet. Het is geheel, ten opzichte van kolommen en lijsten, naar Dorische orde, en heeft 3 ingangen van welke de ene, die naar de voornaamste straat van het dorp gekeerd is, een hardstenen poort is, waarboven in het frontspies het wapen van de Hoogwelgeboren Heer Grytman van Schwartzenberg is uitgehouwen, en is daarvoor een groot bordes van blauwe steen, 3 treden hoog. In ieder der 7 kanten van het van gebakken steen gemetselde- en boven onder het dak met een zeer fraai betimmerde lijst onringde muurwerk is een lichtvak. Konstruktie KoepeltsjerkeDe kap is van eiken bintwerk, op de wijze van achtkantige molens, en verder met delen en leiwerk cirkelrond gekoepeld en met nissen voorzien, zowel in de kap als in het muurwerk; op de koepel is een achtkantig met lood bedekt blasson **) en daarboven een achtkantig bintwerk, 24 voet hoog; daaronder een getimmerde balustrade en boven een lijst, zoals om het muurwerk; daarop een met leien gedekte koepel, die van buiten onder de lijst aan twee kanten met versierde wijzerplaten en van binnen met een grote klok ten dienste van de inwoners voorzien is. Binnen in de kerk zijn 4 gestucadoorde kolommen met fundering, voetstukken en kapitelen, waarop de kruisbalken rusten. Rechtstandig op deze kruisbalken rusten ook 4 zuilen voor het bintwerk van de klok. (letterlijk: "Op deze kruisbalken zijn mede 4 kolommen, perpendiculair boven de eerste tot rust gebracht, voor het klokkebintwerk") Van de muurplaten tot over de laatstgenoemde 4 zuilen is een hemel, lichtblauw geverfd, in het midden waarvan een achtkantig plafond geplaatst is met een sierlijk gestucadoorde roset; de muren zijn van binnen ook rondom met een zeer fraaie gestucadoorde lijst voorzien. Achter de ingang van de grote poort is een zeer fraai portaal met pilaren, lijst- en paneelwerk; daarboven een frontspies en voor het overige is al het binnenwerk van massief eikenhout gemaakt. Interieur Herfoarme Tsjerke BerltsumTegenover de ingang is het orgel geplaatst, dat op 2 zuilen rust en dat met een zeer fraaie lijn met de balustrade en versierde lijsten tot aan de gestucadoorde zuilen loopt, terwijl zich aan weerszijden van het orgel een dichte balustrade bevindt. Boven het orgel is een zoldertje, waarop een uurwerk, waarvoor op een der kruisbalken een frontspies met wijzerplaat getimmerd is. Voor een van de rechtlijnige kanten is in de zuidzijde van de kerk een doophek gemaakt met uitgesneden balusters (afgeleid van het Latijnse balaustion, de bloesem van de wilde granaatboom) in antieke stijl. Daarin (in het doophek) een preekstoel, rustend op een voetstuk, opgaande met 3 rechte en 2 ronde zijden, zeer sierlijk gesneden. De oostkant of de ingang beeldt de Waarheid uit; de noordoostkant de Lente; de voorkant de Zomer, de noordwest kant de Herfst en de westzijde de Winter, alles met zeer natuurlijke figuren. Het rugschot is betimmerd tussen twee opgaande gestucadoorde pilaren waar de kap op rust; naar de preekstoel is een steektrap met een sierlijk gesneden doorvlochten leuning en boven een kap, gevormd naar het model van de stoel, met zijn paneel en lijsten en zes gesneden "schinkels" erop, van een versierde vaas voorzien. Tegenover de preekstoel, aan de noorzijde, zijn 3 besloten gestoelten, waarvan er twee met een verhemelte bedekt zijn, ieder rustend op twee kolommen. Rondom aan het muurwerk is een nette lambrizering met pilaren en lijstwerk en daarvoor drie rijen lessenaars met plinten, staande panelen en zitbanken voor de mannen. Verder zijn in de zuidwester en noordwester hoeken der kerk nog twee portalen ter hoogte van de lambrizering, voor de twee gemetselde ingangen vervaardigd. De opstappen in deze herenbanken zijn zoveel mogelijk zo geschikt dat zij ten opzichte van de predikant of van de voorzijde der preekstoel, loodrecht achter de kolommen opgaan. Tussen de vier grote kolommen, aan weerszijde oost en west, zijn 12 vrouwenbanken geplaatst waarvan er twee besloten zijn en verder is de overige middenruimte in het vierkant bezet met vrouwen-zitstoelen. Ziedaar, geërde lezer, een kort bericht van onze nieuw gebouwde kerk, zoals het mij door haar bouwmeester, de koopman WILLEM DOUWES van Harlingen, is meegedeeld.

Fuotnoaten :

*) Een voet is ong. 30 cm. De kerk is dus ruim 11 meter hoog van muurwerk. Het klokkentorentje is ruim 7 meter hoog.

**) Een blasson is ons blazoen, dus eigenlijk schild. Hier is bedoeld de vlakke afsluiting van de koepel. 

PreekstoelOargelHeerenbanken

Sjoch op side Kerken in beeld foar mear foto's.


AANHANGSEL betreffende de oudheden en voornaamste gebeurtenissen van Berlikum. Dat het opdelven der aloude gebeurtenissen van steden en dorpen, bij gebrek aan nauwkeurige berichten en gedenkschriften, doorgaans zeer moeilijk valt, is een bekende waarheid; een moeilijkheid, die nog grotelijks vermeerderd wordt als de plaatsen, welker oudheden men wil opsporen, niet zo aanzienlijk zijn en weinig vermaardheid of deel gehad hebben in ‘s lands geschiedenissen. Niemand derhalve, zal met billijkheid van mij (dûmny Nota) kunnen verwachten dat ik in staat zou zijn veel bijzonderheden van ons Berlikum op te geven. Ik zal uit dien hoofde alleen maar mededelen wat ik hier en daar bij onze Friese geschiedschrijvers of in andere gedenkstukken verspreid en aangetekend gevonden heb; of ‘t geen mij door deze en gene liefhebbers van dit soort wetenschappen op een vriendelijke wijze is meegedeeld; waarvoor ik die heren dan ook, bij deze gelegenheid, openlijk mijn dankbare erkentelijkheid betuig.

BERLIKUM of, zoals het gewoonlijk genoemd en geschreven wordt, BELKUM, of BELKOM, een groot en voornaam dorp van de Gritenij Menaldumadeel, gelegen in WESTERGO, ofschoon door de aanwas der Bildtlanden nu meer dan twee uur gaans van de zee gescheiden, is volgens het eenparig getuigenis van al onze Friese geschiedschrijvers eertijds een stadje geweest, gelegen aan de zee; of tenminste waar nu Berlikum ligt, heeft eertijds een stadje gestaan, TUITGUM of UITGONG geheten; in het Latijn TERMINUS MARIS MEDITERRANEI, dat is: het einde van de Middelzee; en ook wel CIVITAS EXIENSIS, of de stad UITGONG genoemd, omdat de rivier de BORNE of BOORNE, in het Latijn BURDO of BURDINES (BORDINE) geheten, hier haar uitloop of uitgang in de wateren van de zee of Wadden had. Deze rivier namelijk, die ontspringt op de grenzen van de Gritenij Opsterland (Borneroord), vloeide door het Koningsdiep voorbij OldeBOORN en Akkrum in de zoogenaamde MIDDELZEE, die in het jaar 1200 OOSTERGO en WESTERGO afscheidde. Dus met een brede stroom, die de lage landen ter weerszijde dikwijls onder water zette, stroomde zij langs Leeuwarden en dus verder voorbij Berlikum of Uitgong, om tenslotte haar water te doen stromen in de Noordzee, tussen Ameland en Terschelling. De diepte tussen die eilanden en tussen het vaste land wordt het BOORNDIEP of BOERDIEP genoemd en de zandplaat daarbij het BORNRIF. En sa giet dûmny Nota fierder mei syn ferhaal. It is aardich om te lêzen.


Dûmny Petrus Nota stie der nochal om bekend, dat hy breed fan stof wie. By de yngebrûkname fan de koepeltsjerke hat hy in preek halden dy’t 35 siden lang is. In jier letter by it yngebrûknimmen fan it nije oargel wie it al net oars.

Herfoarmd oargel Berltsum


(Roomske tsjerken wurde ynwijd. Protestânske tsjerken wurde yn gebrûk nommen.)

Ds. Petrus Nota joech, sa hat bliken dien, ek wol privee les. De letter doe bekende Frjentsjerter patriot mr. Jacobus Scheltema hat, foar ’t hy syn studzje oan de Akademy begûn, noch in jier lang (1781 -1782) les hân fan de Berltsumer dûmny Nota. In protte dûmnys joegen destiids privee- lessen.

 

**************************************.

Yn de achtste ieu wie WESTERGO in foar dy tiden ticht bewenne eilân.“Westereach,” Westeroog- eilân mei de twa âldste stedsjes Frjentsjer en Boalsert en de jongere stedsjes Harns en Snits mei in protte lytse en gruttere doarpen dêromhinne, wêrûnder BERLTSUM.


BOLSWARDER NIEUWSBLAD 17-2-2010.

Bolsward : Meer dan 555

Oer...stadsboeken.....stadsrecht.....muntslag.....oorsprong Bolsward en Dokkum.....etc.


L.C. 20-10-1860.

Vergadering der Provinciale Staten van Friesland.

Van Beetgum wordt d.d. 14 november 1860 aan de Franeker Courant gemeld, dat dien voormiddag ruim 11 uur de heer E.L. baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg zich met een polsdrager in het veld bevond en s’avonds ruim vier uur van daar terugkeerde met de aanzienlijke vangst van tien hazen, na op dien dag veertien gezien te hebben. Het getal patrijzen is, meldt men, ons onbekend en kunnen wij dus niet mededeelen.


L. C. 1-12-1887.

MENALDUMADEEL, 23 November. 

Dat er in onze gemeente nog wel hazen te vinden zijn, kan blijken uit het feit, dat een jager uit Achlum verleden Zaterdag te BERLIKUM 17 langoren gezien, 13 geschoten en 10 als buit mede naar huis genomen heeft.

 

L. C. 10-5-1878.

De Floreenplichtingen der Hervormde Godsdienst te BERLIKUM worden opgeroepen tot eene Vergadering op Woensdag den 15 Mei e. k. ‘s morgens 11 uur by K. B. Osinga, aldaar, ten einde : 1. op te nemen de Rekening van 1877;

2. te besluiten over een Voorstel van de Kerkvoogden om de Kerk van binnen te laten verwen en bij aanneming daarvan de begrooting van het loopende jaar te wijzigen.

3. te beslissen over een voorstel van E. S. Lautenbach c. s. over de inkomsten van den Koster en Organist.

Namens de Kerkvoogden E. P. Pieterzen, Voorzitter.


L.C. 4-7-1873.

De "Kiesvereniging Menaldumadeel" (de Liberale partij) beveelt bij de a.s. Verkiezing aan tot leden van de gemeenteraad: a. F.H. Damsma te Beetgum. 2. E.(gge) P.(ieters) Pieterzen te Berlikum, beiden aftredende leden. 3. E.L. baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg te Beetgum en 4. J.(acob) L.(ammerts) Dijkstra te Wier, beide laatsten ter vervanging van de aftredende leden, de Heeren Mr. A. Quaestius, die bedankt heeft en K.S. Osinga, die niet weder wenscht in aanmerking te komen.

b. Voor de buitengewone vacature, ontstaan door bedanken van Jhr. Mr. C.L. van Beijma (groene briefjes) de Heer L.(aurens) A.(ukes) van der Meij te Berlikum. De Vereeniging wekt de Kiezers op om van hun Stemregt, reeds bij de eerste stemming, een getrouw gebruik te maken, opdat daardoor de Verkiezing de Kandidaten van eene tegenovergestelde rigting zoowel als eene herstemming word voorkomen.


******************************************

L.C. 10-7-1899.

GEMEENTERAADSVERKIEZING - MENALDUMADEEL.

Voor de verkiezing van vijf raadsleden op Dinsdag 11 Juli a.s. worden ten dringenste aanbevolen de navolgende Heeren:


H.(endrik) Algra te Berlikum. (hjir ûnderwizer oan de C.N.S.)

Jhr. Mr. C.G.A. van Asch van Wijk te Berlikum. (hjir kanton rjochter)

J. Kalma te Boxum.

A. van der Schaaf te Beetgum.

T. van de Wint te Deinum.


Het Bestuur

Der Anti-Revolutionaire Kiesvereeniging. De Christelijk-Historische Kiesvereeniging.

"Nederland en Oranje"

K. Kremer, Voorz. Ds. H. van Eijck van Heslinga, Voorz.

J. v.d. Berg, Secr. S. Heinsma, Secr.


******************************************


L. C. 17-2-1928.

BERLIKUM -16 februari. 

De Christelijk Historische Kiesvereeniging alhier hield haar jaarvergadering in de (grutte) consistorie. In zijn openingswoord wees de voorzitter, de heer O. Hoekstra er op, dat het afgeloopen jaar voor de vereeniging een goed jaar is geweest. Bij de verkiezingen van de Gemeenteraad wist de Christelijk Historische Partij van alle andere partijen de meeste stemmen op zich te vereenigen, iets wat in jaren niet was geschied. De vereeniging telt ruim 60 leden, terwijl de rekening van den penningmeester met een voordelig saldo sloot van fl. 11,52 Tot bestuursleden werden herkozen de beide heren O.(enze) Hoekstra en G.(errit) (Hettes) Jellema. De heer Jellema hield een referaat over : De Christelijk Historische Unie en de Hervormd Gereformeerde Staatspartij, terwijl de heer (Jacob Wytzes) Tuininga (Tuinenga) sprak over : “Ons eigen blad” ( De Banier).

 

L. C. 27-12-1947.

HEDEN nam de Almachtige God tot zich, na een geduldig gedragen lijden, ons zeer geachte en steeds gewaardeerd ere-kerkeraadslid, de heer GERRIT HETTES JELLEMA. Zijn nagedachtenis blijft steeds bij ons in dankbare herinnering. Trooste de Heere allen, die om hem rouwdragen. Openb. 14 : 13 b.

Namens de Kerkeraad der Ned. Herv. Gemeente te BERLIKUM. Ouderlingen : J.(an) J.(oukes) van Dijk, H.(arm Douwes) Siegersma, H.(endrik) A.(ndries) de Haan. Diakenen : E.(eltje) K.(lazes) Osinga, D.(irk) J.(oh.) Steenstra, S.(ijtze) Braaksma.

BERLIKUM, 25 December 1947.

 

In kado fan de Kening : DE PRINSENTÚN.

Steedhâlder Willem Frederik wie as steedhâlder de rykste man fan Fryslân. Wat it húsfestjen oangiet kaam hy der lykwols bekaaid út. Hiel oars as de Fryske ealju dy ’t residearren yn harren prachtige op it Fryske plattelân lizzende states, mocht Willem Frederik fan syn wurkjouwer - de Steaten fan Fryslân – alinne in tsjinstwente besitte. Dat wie it Steedhâlderlik Hôf, dat mar in lyts túnstje hie. Willem Fredrik fûn it mar neat. Yn 1648 lykwols hie hy gelok. Troch de Frede fan Münster binne de ferdigeningswurken om Ljouwert hinne ynienen minder wichtich. De Steaten fan Fryslân beslúte om Willem Frederik in part fan de stêdswâl te skinken. Hy kin syn lok net op : einliks in grutte eftertún ! Lykas ferwachte, pakte Willem Frederik de oanliz grut oan. Yn syn deiboeken is te lêzen dat hy de ferneamde túnen fan de Ljouwerter abbekaat Theodorus Saeckma besiket en dêrnei yn hasten soldaat Dirk Juriëns mei syn Steatenjacht net Frankryk stjoert. Juriëns komt werom mei oan board ûnder oare tolve eksoatyske sinasappelbeamen en jasmynbeammen. DE PRINSENTÚN is snel in feit. Yn de jierren dêrnei giet de tún mei syn tiid mei. De strakke, Frânske renêssânsetún wurdt in hieltyd gruttere Ingelske tún mei in oranjerie en in simmerhûs. Boppedat wurdt it hieltyd mear in iepenbier plak fan gearkomste foar de Ljouwerter befolking. Yn 1819 beslút Kening Willem I. om de Prinsentún oan de stêd Ljouwert te skinken. Hjirby liet hy ien betinkst optekenje : “Gevende Zijne Majesteit daarbij te kennen, dat het hoogst dezelve aangenaam zal zijn, dat de gezegde tuin bij voortduring in stand gehouden worde en ook op den bestaanden voet tot wandelplaats voor de ingezetenen bestemd blijve”. No hast 200 jier letter, is de Prinsentún nog altiten it plak wer ’t troch eltsenien kuiere wurde kin en om dêrfan te genietsjen. 


HÔFKERSKEUNST

Yn it boek Dendrologie fan Johann Herman KNOOP, de hôfker en matematikus út KASSEL, dy ’t om 1731 hinne troch Maria Louise van Hessen - Kassel (Marijke Meu) nei Ljouwert ûntbiede waard, (om de (Prinse)tún út te wreidzjen) is te lêzen : Geen volmaakter peeren, van de fijnste Fransche zoorten ......... , hebbe in deze Provincie ontmoet als in de tuin van Zijne Doorluchtige Hoogheid de Heere Prince van Oranje : Erfstadhouder, .............. binnen deze stad Leeuwarden. MARIJKE - MEU hie in grutte belangstelling foar de hôfkerskeunst en úttere dizze ynteresse û. o. yn de oanliz fan de bûtenpleats “Mariënburg” (doe) krekt bûten Ljouwert lizzend. Hja hat boppedat in wichtich oandiel levere yn it “opleuken” fan de Prinsentún, it “lusthôf” fan doe- destiids. As ûntwerper fan de earste oanliz fan de tún wie Jonker DUCO van HEMMEMA (fan BERLTSUM) oansteld. Neffens syn plan moast de Prinsetún de oanblik fan in Renêssânsetún hawwe, toand mei moai gewaaks, lange galerijen ferheege linebeammen yn in perspektyf plantte, en ek in fiver mei fonteinen, byldwurk en prieëlen. etc. ...... etc. ....... 


L. C. 19-4-1755.

Te Leeuwarden by ABR. FERWERDA is gedrukt en te bekomen : Beschouwende en Werkdadige Hovenierskonst of Inleiding tot de waare Oefening der Planten. Waarin aangewezen word al ‘t gene een Hovenier en aan andere Tuin-oefenaars dienstig en nodig zyn te weeten, om niet alleen met gewenscht voordeel, maar ook met vermaak allerley Boom- Heester-, en Bloem-gewassen te cultiveeren. Insgelyks om allerley en buitenlandse Bloemen, Vrugten en andere Gewassen te vervroegen, en buiten de gewone Saisoenen te hebben; of by ons byna even als in haare geboorte plaats, te doen groeyen, bloeyen, en hunne Vrugten ryp en smakelyk voortbrengen. Alles afgeleid uit een waare Natuurkundige grond, als waarin de Cultuure der gewassen alleen gegrondvest is; en door dien aanmerkingen en ondervindingen van meer als 30 jaaren bevestigt : ook met de noodige PLAATEN, tot meerdere verstaanbaarheid en opheldering voorzien. Dienende verders zowel voor Veldt- als Tuin-oefenaars. Door JOHANN HERMANN KNOOP. In groot 410. kost ing. 6 Gulden 10 Stuivers.

 

MARTENA STATE.

Johan Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Johan Onuphrius, baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, berne yn 1513, en stoarn op 27- 3-1584, soan fan Wolfgang Michaëlssoan en Osanna Philips dochter von Gutenberg, boaske op 13- 3-1545 Maria von Grombach, de dochter fan Frits (Frederik) Carlssoan en Luts (Lucia) Hesselsdochter Martena. De âlders fan Luts van Martena, Hessel Sytthiessoan en Both Haring ‘s dochter Hottinga bewennen “MARTENA STATE” op (Great) Ter Horne by Bitgum. Nei it ferstjer-ren fan Luts kaam it slot yn it besit fan it skaai thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dat it slot oant 1879 bewenne hat.

Myn pake Jan (Arie soan) Guldemond, berne op 19- 9-1867, troud mei Antje Abraham ‘s Ber-kenpas, destiids wenjende op it eardere wenhûs Lytsebuorren (no húsnûmer 7) foaroer it gemeentehûs te Menaam, hat de lêste bewenner Frederik Aemilius Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg noch wol kennen. De Menamer toer wie krekt in jier foar syn berte yn 1866 boud. Hy hat as achtjierrich jonkje de bou fan de Menamer tsjerke yn 1874 ek noch meimakke. Foardat hy op de Lytsebuorren 7 kaam te wenjen, wenne hy op de Earnseker. Hy koe net fytse want dat hat hy nea leard want fytsen wienen der doe hast noch net te sjen yn Menaam. De wegen wienen hast allegear noch modder- of grintwegen. Hy rûn in protte. Hy moat noch op in foto te sjen wêze wer ‘t hy rint mei in kroade efter him oan, streekrjocht op it gemeentehûs ta, oer de fêste brêge fan de no dimpte sleat dy ’t foar de eardere VéGé-winkel no de “Black Horse” lâns rûn. In protte wask lofts fan him lei yn de bleek te bleekjen.

(Myn pake is stoarn doe ’t ik 12 jier âld wie. Hy wie earst Lid en letter Ridder yn ‘e Oarder fan Oranje–Nassau.)


L. C. 1- 8-1828.

Wie twee DRENTSCHE SCHAPEN vermist, kan deze tegen bewijs van eigendom en betaling en kosten, terug bekomen by D. T.(yles) Bercompas (Berkenpas).


BITGUM.

Op in sânstiennen epitaaf yn de Noard binnenmuorre yn de tsjerke fan BITGUM kinne wy it folgjende lêze :

Janus ego illustris Schwartzenbergius heros - ante fui ex Francis natus in imperio - mortuus hic recubo, et mecum mea blandula coniux - ex Grombachiae nobilitate iacet - cum vixi arma tuli et cum caesare castra secutus – Carolo in Italia digna tropheae tuli – nunc me huc fata vocant ac commoda funera condunt – in Betegum cum spe, cumque quiete, fide.

Wat yn it Frysk oerset sa wat giet as :

Ik, Johan thoe Schwartzenberg, eartiids (alearen) in held út (it ryk fan) de Franken Súd Dútslân) berne yn it Roomske Ryk, leit ûntsiele (dea) del en neist my leit (rêst) myn ynnimlike frou (oare helte), fuortkommen (skaaid út) it aadlike skaai Von Grombach. Doe ik hjir tahâlde droech ik de wapens en mei keizer (Karel) te fjilde lútsen fierde ik wraachtige oerwinnings. No ropt it needlot my nei hjir en leit myn stoflik oerskot yn Bitgum, wêr it behaachlik (noflik) leit troch de hoop, de rêst en it leauwen.

 

Sjoch foar de skiednis / foto ’s fan “Grut Terhorne” tusken BITGUM en Bitgummole mei de haad-yngong oan it Bitgumerbosk. Âldfaers Erf, Beetgum e. o. op ynternet. http://www.âldfaerserfbitgum.nl Klik op it fototastel of op de foto om it album te besjen w. û. de sibbeportretten en in pear foto’s en plattegrûnen fan “Great Terhorne.”