Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De rol fan Berltsum.


Der is op 6-8-1966 in heal oere duorjende film makke mei de titel: "The scolls of Leeuwarden". ("De wetsrollen fan Ljouwert"). De film is opnommen yn Israël en yn Nederlân. Yn Amsterdam, Fryslân en dan mei name yn Ljouwert. Ek is yn BERLTSUM in stikje film opnommen. As it my goed heucht is Saakje Brouwer- van der Plaats, de frou fan Willem Feikes Brouwer dêr ek op te sjen, it hûs op de Lytse Buorren, steande yn de doar mei ien fan har bern op de earm. (Feike, Jan of Sierk?)

De striid om de rollen is begûn yn 1942. Ryksarchivaris Heerma van Voss krige opdracht in Jiddisch besnijenisboekje út Harns wei (dat yn it Ljouwerter archyf lei) yn te leverjen. De N.S.B. woe nei gean of der noch Joadske sibben yn stienen dy't har net as Joaden meld hienen. Heerma van Voss fersocht doe de hear H.(artog) Beem, de âld foarsitter fan de Joadske gemeente yn Ljouwert en learaar Dútsk oan de Gemeente H.B.S., it boekje te kopiëerjen. Hy krige mei ien te hearren dat der yn it archyf fan de Joadske gemeente ek noch 4 besnijenis boekjes leinen. Om earnstige swierrichheden te foarkommen wurdt de âlde katalogus ferfongen troch in nije. De nammen dy't yn it boekje stienen waarden wei litten en de besnijenis boekjes ferdwûnen.

Opperrabbyn Levison fan it ressort Fryslân frege doe of de wetsrollen fan de Joadske gemeente ek net ferburgen wurde koenen. Ek dat koe. De stokken waarden ferwidere, de wetsrollen liken dêrtroch krekt âlde hânskriften. Trije waarden yn it Ryksarchyf opburgen en de oaren gienen de provinsje yn.

Wat is no de rol fan Berltsum hjir yn west? Omdat in Jonas de Bruin yn de oarloch tsjin Beem sein hie: "ûnthâld de namme Berltsum", wist dizze man nei de oarloch wêr hy sykje moast. Fia de Grifformearde dûmny, ds J. Offers (1927-1946), kaam hy by de âld Berltsumer amateur histoarikus en sneuper Bindert Bosma terjochte, no 81 jier âld, dy't de rollen yn in jute sek naait hie en yn de bêdstee op souder bewarre hie yn syn hûs op de Kamp hûs nû. 23. Dútsers dy't yn de oarloch hússiiking dienen nei in flechtling fûnen noch de sochte noch de wetsrollen.

"De Ljouwerter synagoge is werberne yn Israël", ("The synagoge is reborn in Israël") dizze sin hearre wy yn de film "The scrolls of Leeuwarden" dy't op 10-1-1968 troch de hear Abraham Tof út it Hearrefean oerlange is oan de boargemaster fan Ljouwert de hear J.S. Brandsma. Op 6-12-1964 waard ôfskie nommen fan de Ljouwerter Joadske ynventaris en de wetsrollen. Dy binne oerbrocht nei it jongereindoarp Kfar Batya yn de gemeente Ra'anana yn Israël, in doarpke dat sawat 20 kilometer fan Tel Aviv ôf leit. De rest gie nei it Joadsk Histoarysk Museum. De film kin no noch opfreege of op fersyk ôfdraaid wurde.


L. C. 11-1-1968.

Burgemeester Brandsma kreeg boeiende film Scrolls of Leeuwarden.

Joodse wetsrollen in oorlog in bedstee te Berlikum verborgen.

(foto)


L.C. 17-4-1973.

Deel Joodse wetsrollen bleef in rijksarchief.


L.C. 15-4-1970.

Aangrijpende monografie over Leeuwarder Joden.

(Sal de Jong: "Voltooid verleden tijd".)


L.C. 2-6-2003.

Student Ureterp vindt film over redden wetsrollen.


L.C. 4-6-2003.

Film over verstopte wetsrollen boven water. (foto)

De boppeneamde 27 minuten duorjende film wie om net bekende oarsaken wei wurden. In studint oan de N.H.L. (Noordelijke Hogeschool Leeuwarden) t.w. Peter Postma út Oerterp woe de film brûke by syn wurkstik oer de skiednis fan de Ljouwerter synagoge, mar de film wie net mear te finen. Hy hat der foar soarge dat der no fia it Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam in kopy makke is foar it H.C.L. (Historisch Centrum Leeuwarden) en Het Verzetsmuseum, beide yn Ljouwert. De film wie bestimd om útliend te wurden oan skoallen en ferienings.