Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Reboelje yn Berltsum.


Op freed 19-7-1622 krige de Reformearre tsjerke fan BERLTSUM harren nije dûmny.

Nei in protte toulûkerij wie it BERLTSUM slagge om dûmny Balthasar Joannis Stuyvesant hjir te krijen. Hy hie al in pear kear west te proefpreekjen (tsjin alle rigels yn !) Syn kommen hjir stie de Berltsumers wol oan. Hy kaam as dûmny fan Skerpenseel (Weststellingwerf). Balthasar wie yn 1587 berne te Dokkum as soan fan in kastlein, gie dêr oant 1604 nei de Latynske skoalle en hie sûnt 1605 teology studearre yn Frjentsjer. Hy gie der wol op foarút, want hy kaam fan in lyts (earm) doarpke nei it gruttere BERLTSUM. Hy wie in man fan ear, net maklik yn de omgong mei de hegerein en tige foarútstribjend. Hy woe sels ek graach nei ús doarp komme fanwegen de goede lizzing tusken de hôfstêd Ljouwert en de universiteitstêd Frjentsjer. Dit joech him mear mooglikheden om foarút te kommen yn it libben. Hy hat hjir 12 jier dûmny west en wie yn april 1607 yn Swol boaske mei Margaretha van Hardenstein, hja wie de widdo (sûnt 1602) fan Petrus Monches (Monchovius) de dûmny fan Parregea, en is hjir ferstoarn op 2- 5 -1623. Peter (Petrus) Stuyvesant is út dit houlik berne. Har grêfstien leit no oan de lofterside fan it doophek. Peter wie likernôch 11 jier doe ’t hy yn BERLTSUM kaam te wenjen. Op 22 - 7 -1627 is Balthasar op ’en nij boaske yn Haarlim en wol mei in Stijntje Pieters út dy stêd ôfkomstich. Hja wie ek widdo wurden fan in Adriaen Gerrits. Dûmny Balthasar Stuyvesant skynt ek hjir net in maklik man west te hawwen, want hy siet fakentiids yn swier waar mei in protte minsken. Ek oer it behear en de opbringsten fan it tsjerkeguod wie it faak te dwaan. Hy wie belútsen yn meardere sivile saken. It gie somtiden safier, sels oant yn heger berop oan it Hôf fan Fryslân ta. Hy koe ek mar min oerwei mei Tsjerck van Heerma, (* de Grytman fan MENAMERADIEL .

Fuotnoat: 

Wapen Menameradiel

(* Dizze Tsjerck van Heerma is nei alle gedachten de ûntwerper fan it Wapen fan MENAME-RADIEL tusken 1613 - 1622. Wêrom it fabeleftige bist, de ienhoarn ôfbylde is, is net bekend. De ikel, rút en skulp binne ûntliend oan de yn dy tiid oansjenlike sibben út ús gemeente. De ikel komt út syn eigen famyljewapen. De skulp út it wapen fan de sibbe Juwinga en de rút út it wapen fan de Walta sibbe. Syn earste frou wie Luts Douwesdochter van Walta dy ’t ferstoarn wie op 10 -10-1619. In dochter út dit earste houlik, ek mei de namme Luts, (Lucia), doopt te BERLTSUM op 17-10-1619) wie boaske mei de bekende Jr. Orck van Doyem. L. C. 14- 5-1937. Over het Wapen van MENALDUMADEEL. L. C. 26- 6-1937. Raadsvergadering MENALDUMADEEL en L. C. 19 - 8 -1938. Het Wapen van MENALDUMADEEL.)

 

Sels yn in tsjerke middeisdooptsjinst op 17- 5-1632 waard de Grytman, en dêrmei ek fansels de famylje ear, ris te skande set. Der waard sein, dat de dûmny in grut tsjinstanner wie fan al dat kûpjen (d. w. s. al dat stikeme gedoch en de omkeaperij fan de eallju yn dy tiid). Hja wienen altyd mar wer op mear macht út en lieten dat hieltyd wer blike yn in protte saken. Ek dielden de eallju de baantsjes út en krigen dêr dik foar betelle. Dêr waard net sjoen nei de kwaliteit en talinten fan de minsken mar de ponge spriek. Syn posysje waard der dan ek net better op yn BERLTSUM. Yn 1633 (** is hy troch Deputearre Steaten fan Fryslân beneamd ta geastlik fersoarger fan it Fryske garnizoen dat yn in fortifikaasje te Delfsyl lei. Hy woe dêrnei it leafst werom nei de Stellingwer-ven. Sa is der doe in ruil foarsteld tusken him en de dûmny fan Oldeholtpade. Balthasar Stuyve-sant is yn 1637 stoarn. 

Peter Stuyvesant, soan fan Balthazar Johannes StuyvesantPETER STUYVESANT, syn soan, wie earst studint op de Latynske skoalle yn Ljouwert en liet him letter yn 1630 as om en by 18 jierrige ynskriuwe as studint yn de talen en filosofy oan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat syn stúdzje net ôfmakke. Wêrom is my net bekend. (*** Fan syn hân is noch in Latynsk fers printe en bewarre bleaun wat hy makke hie op de promoasje fan syn bêste freon Cornelis Valckenburg. Mear bysûndere berjochten omtrint Pieter Stuyvesant komme foar yn de ferneamde Skiednis fan Nij-Nederlân of New-York ûnder de Hollanners fan O’ Callaghan. Dêryn stiet ek in prachtich gravearre portret fan Pieter Stuyvesant. Pieter is letter yn 1635 by de West Yndyske Kompanjy (W. I. C.) terjochte kommen as commies op Fernando Noronha. Waard yn 1643 direkteur op Curaçao yn 1646 ek fan Nij Nederlân en soarge derfoar dat Nij-Amsterdam stedsrjochten en in brânspuit krige. Hy wie in rjochtlinich gûverneur fan de stêd. Quakers en Joaden woe hy net talitte yn Nij - Amsterdam. Hy die dit pas nei presje fan de W. I. C. omdat dy hannelsbelangen mei Joaden en Quakers foarop stelde. Op 13 augustus 1645 is hy yn de Waalske tsjerke fan Breda boaske mei Judith Bayard (de ferpleechster fan syn ofskettene skonk). Hja kaam út in (Waalske) dûmnys sibbe fan Breda. Har broer Samuel Bayard wie op 7 - 11-1638 mei Peter syn suster Anna troud en wenne yn Alphen oan de Rijn. Peter en Judith krigen in soan Balthasar dy ’t ferneamd wie nei syn pake en in Nicolaas Willem (1648 - 1698) dy ’t letter troud wie mei Maria Beeckman, dochter fan in Willem Beeckman.

Yn de gemeente Weststellingwerf steane mar leafst 3 monuminten fan him as stifter en gûver-neur fan New-York (Nij-Amsterdam) en fan de A. B. C.-eilannen. Ien yn Wolvegea as haadplak, ien yn Skerpenseel en ien yn Pepergea. Omdat syn bertedatum net rjocht bekend is, is dêr striid om west yn lêstneamde doarpen wêr ’t hy berne is. It leit it meast foar de hân dat hy yn PEPER -GEA berne is omdat syn (famylje) skiednis hjir it meast nei tawiist. Hy is berne yn 1611 of 1612 yn Pepergea. Yn 1619 ferhúze de famylje nei SKERPENSEEL (Weststellingwerf).

Op in bertestien yn de St. Mark ‘s Church yn NEW-YORK stiet dat hy berne is yn 1592 (****mar dit kloppet pertinint net. Hy besiet in buorkerij (bouwerij) wêr ’t sa ’n 40 slaven it wurk dienen. By de Kapel op dit terrein waard hy yn febrewaris 1672 begroeven. No stiet dêr (de herbouwde) “St. Mark ’s –in–the-Bowery”, mei oan de sydkant in tinkstien en binnen in boarstbyld en in brânskildere rút. Hy waard dêr wol neamd “Peter the headstrong” ofwol “koppige Pieter” omdat hy wegere Nij-Amsterdam oer te jaan oan de Ingelske Hartoch fan York. Ek wol “Stubborn Peter” fanwegen syn stive Fryske ynboarst of omdat hy út Fryslân kaam ? Of wie hy, krekt as syn heit, ek net sa maklik yn de omgong mei de minsken ? Ik wit it net. Peter Stuyvesant hie letter in rjochter houten mei sulveren sieraden bespikere (ûnder)poat. (“Pieter Poat”, “Peter Silverleg”) Syn rjochter ûnderskonk wie hy yn 1644 kwytrekke yn de striid tsjin de Portugezen troch in kanonskûgel by in besykjen om Sint Maarten te bemasterjen. Sil hjir yn BERLTSUM, as oantins oan him, ek nochris in monumintsje of in lyts stânbyld oprjochte wurde ? (Hy hat hjir ommers ek in part fan syn jeugd trochbrocht yn BERLTSUM !) Dêr soe syn heit fêst gjin beswier tsjin hân hawwe, dizze striidbere man.

Monument Peter Stuyvesant PepergaMonument Peter Stuyvesant ScherpenzeelMonument Peter Stuyvesant Wolvega

Yn New York, no in stêd mei sa ’n 22 miljoen ynwenners, is no noch in nei him neamde wyk mei de namme Stuyvesant Town, in Stuyvesant street, in Stuyvesant Square (plein) en in Stuyvesant High School. De Eastvillage fan Manhattan is yn feite Stuyvesant’s farm (bouwery) As yn 1950 de lêste Stuyvesant t. w. Philip Hoorn Stuyvesant komt te ferstjerren, wol hy hawwe dat it 17e ieuske famyljegrêf ôfslúten wurdt mei semint, dat it no net mear tagonklik is. Der wurdt ek wol fan Pieter sein, dat hy Curaçao útboude ta in slavendepôt. Mar dat is net wier, want yn syn Curaçaose tiid wie Nederlân yn oarloch mei Spanje, Portugal en mei Ingelân. Ek letter, as Pieter yn Nij Nederlân sit, is dêr op Curaçao gjin slavehannel. Slavehannel wie al lang yn gong set troch de Portugezen.

Fuotnoaten :

Luts van Walta(* Fan sarkhouwer (stienkeunstner) VINCENT LUCAS (sûnt 1556 ynskreaun as boarger fan Frjentsjer) binne allinne wurken yn de Flaamske styl bekend, of leaver sein ........ wienen, want yn begjin 1937 is yn de tsjerke fan BERLTSUM fan dizze Fryske byldhouwer in hast geve sark út 1547 bleat lein, dy ’t it ierste produkt fan syn hjoed oan de dei bekende oeuvre (1547 - 1563) blykt te wêzen. Dizze moaie grêfstien fan Tierck Gosling ‘s van Heerma, (berne yn 1575 en stoarn op 6- 6-1655, yn 1600 troud mei Luts(ke) Douwe ‘s van Walta, de dochter fan Douwe van Walta en Lutske van Botnia berne yn 1577 en stoarn op 10-10-1629 ) no is, as ienichst bekende fan de master, yn âlde Italiaanske (renêssânse) B. G. styl bewurke. B. G. stiet foar in út de jierren 1539 -1565 as âldst bekende Fryske sarkhouwer Buwe Gerrits of Binnert Gerbens mar ek wol skreaun as Benedictus Gerbranda, en fan him is sa goed as neat bekend. De measte sarken binne te finen yn Frjentsjer en neiste omkriten. It kin wêze, dat hy syn wurkplak yn dizze omkriten hân hat.

Vincent Lucas wie de sweager fan de 16e ieuske Fryske skilder Adriaan van Cronenburgh, dy it portret fan Hette van Hemmema yn 1561 skildere hat. Adriaan van Cronenburgh wenne yn Ljouwert yn in hûs oan it Hofplein en wie troud mei Anna Lucas.

(** Om 1633 hinne kreake it oan alle kanten yn Fryslân. De befolking wie ûntefreden. It gie û. o. oer de te hege opleine belêstings en in protte oare saken. Fan tsjerklike kant wienen de be-swieren, dat de Magistraten (de ealju) harren oeral mei bemuoiden, ek yn tsjerklike saken.

(*** Yn it Album fan it Ljouwerter studintegenoatskip oan de Frjentsjerter universiteit, it Album collegis studeosorum ex gymnasio Leovardiensie, stiet by de ynskriuwing fan Pieter Stuyvesant yn 1629 it folgjende gedichtsje :

 


Petrus Stuyfsandt anno 1629 mense decembris

Chrysostomus: (Guldemond)


Fide Deo, diffide tibi, diffide patronis,

Diffide patrie et regibus.

Soli fide Deo, qui cum spes defiest omnis

Hominesque jam te deserunt,

Tunc tibi fides est Domini, tunc incipit ille

Lactosque donat exitus.


Oerset:


Vertrouw op God, wantrouw jezelf, wantrouw beschermers,

Wantrouw je vader en koningen.

Vertrouw alleen op God, want als alle hoop ontbreekt

En de mensen je tenslotte verlaten,

Dan is je vertrouwen op de Heer er nog, dan begint Hij

En geeft een blijde uitkomst.


(**** Op de stien stiet te lêzen :

In this vault lies buried PETRUS STUYVESANT

late Captain General and Governor in Chief of

Amsterdam in New Netherland now called New

York and the Dutch West India Islands died Febr.

A D 1672 aged 80 jiers . (moat dus 60 jier wêze)

 

Pieter waard fanwegen “contemptus legum” (it wet ferachtsjen, wangedrach, it jin net oan de fêststelde rigels hâlden fan ...... ) royearre as lid. By it gedicht stiet in pintekening fan in put, galgen en in finzenis. Ik wit net wat ik hjir fan tinke moat.

 

Der is ek in samling saneamde “trantferskes” bewarre bleaun, in soarte fan briefwiksel yn dichtfoarm tusken Pieter Stuyvesant en syn freon Johan Farret (1611-1650) dy ’t fan 1635 oant 1639 fiskaal wie op Curaçao en folle letter yn 1694 noch as dûmny te Tiel en dêr stoarn op 24 febr. 1714.

It earste gedicht dêryn fan Pieter giet as folget :

“Farret, myn waerde vriendt, Ghy weet dat ick myn hand, Niet wen, om ’t ryck Latyn of deftich Frans te schryven, Maar dat ick die bedwingh, by ons slecht Duits te blyven, Uyt enckle liefde, tot myn eygen tael en lant”.

 

L. C. 18-4-2011.

GROTE PLANNEN voor viering Stuyvesant 400.

Er moet een symposium komen om de rol en betekenis van de bekendste Stellingwerver Pieter Stuyvesant, geboren in Peperga, maar opgegroeid in BERLIKUM. Ook heeft hij les gevolgd in zowel Leeuwarden als Franeker, aldus Pieter de Haan. De Haan was twee jaar geleden namens de provincie betrokken bij de Amerikaanse herdenking van Stuyvesant. “Weg met die valse bescheidenheid”. Mata Hari, Escher en ook Pieter Stuyvesant draagt hij aan als voorbeelden. Hier in Friesland lijkt er nauwelijks aandacht voor te zijn, terwijl deze personen in Amerika heel erg verbonden zijn met Friesland. Dat moet je gebruiken om toeristen hier heen te halen. Deze zomer ......... .........

 

OMROP FRYSLÂN.

“Yn it spoar fan Stuyvesant”.

Op 15 jannewaris 2013 wurdt op tillevyzje in ‘Fryslân DOK’ útstjoerd : “Yn it spoar fan Pieter Stuyvesant” omdat hy 400 jier ferlyn berne is yn it Fryske Pepergea yn de gemeente Weststellingwerf. In dokumintêre oer syn libben; in yntrigearjend ferhaal oer in yntigearjend man. Johannes Houtsma, gemeente argivaris fan Weststellingwerf, folget yn dizze dokumintêre Pieter Stuyvesant’s spoar en docht ûnder op syn reis oare ek BERLTSUM oan. Hjir wurdt hy troch my, Watse Hendriks Posthumus, ûntfongen yn de Koepeltsjerke. Guon minsken, lykas amateur histoarikus Jan de Vries fan âldheidkeamer Weststellingwerf, Russell Shorto, de skriuwer fan it boek ‘Nieuw Amsterdam’, Jaap Jacobs, histoarikus spesialisearre yn de ‘Skiednis fan de Nederlanners yn Amearika yn de 17de en 18de ieu’, Haye Bylstra fan “Tresoar”, Klaas Zandberg fan “It Histoarysk Sintrum Ljouwert”, Joost Schokkenbroek fan “It Skipfeart Museum” te Amsterdam en Henk den Heyer, heechlearaar skipfeartskiednis, jouwe kommentaar.

Sjoch ek reportaazje DOK 15 jannewaris 2013 fan Omrop Fryslân oer Pieter Stuyvesant:

Sjoch GOOGLE : Rufus (Loudon son) Wainwright (in bekend artyst as singer, songwriter and composer) by it stânbyld fan syn foarheit (âlve generaasjes tebek) Peter Stuyvesant. (N. O. S.)

 

DE PIETER STUYVESANT MUSICAL.

Het Stellingwerfkoor o. l. v. dirigent Jan Brens en met muzikale begeleiding door Willem Binnema, is druk aan het repeteren voor de optredens van de Pieter Stuyvesant musical. Deze musical is ter gelenheid van het feit dat het 400 jaar geleden is dat Pieter Stuyvesant in Peperga werd geboren. Het gaat over zijn leven waarbij gestart wordt bij zijn jeugd in Peperga en via de verhuizing naan BERLIKUM, zijn studentetijd in Franeker en tenslotte terecht komt bij zijn periode als gouverneur in Nieuw Amsterdam. De musical wordt opgevoerd op 24 mei 2012 in de P. K. N. kerk in Scherpenzeel, 14 juni 2012 in ‘t Vlechtwerk te Noordwolde en op 3 juli 2012 in Dans Domein Drenth te Wolvega. De aanvang is om 20.00 uur en de toegang is gratis. Verder is er nog een avond voor sponsors, vrijwilligers en vrienden. De regie is in handen van Dini Post en de verteller is Johan van der Zee. De musical is geschreven door Marjon Vaandering.


L.C. 14-2-1951.

Fries werd een legendarisch figuur in Amerika.

Foto : Standbeeld Pieter Stuyvesant voor de naar hem genoemde Algemene Middelbare School op Curaçao, waar hij het gouverneuschap bekleedde. Prinses Juliana heeft het standbeeld op 28 februari 1944 onthuld.

(Peter Stuyvesant oer û. o. syn 20 jierrich gûverneurskip fan Nij-Amsterdam, no New-York.)

 

L. C. 11-12-1989.

NU OOK IN PEPERGA : PETER STUYVESANT.

Peperga – Hoezeer de wetenschap de mensheid telkens weer in beroering brengt, bleek de laatste maanden uit de strijd over het geboortedorp van Peter Stuyvesant. Sinds Groninger drs. Goffe Jensma betoogde, dat de man in Peperga en niet in Scherpenzeel het levenslicht aanschouwde, stelde Plaatselijk Belang Peperga-De Blesse alles op alles om de gedenknaald uit Scherpenzeel te verkrijgen of een eigen monument. Het werd het laatste. Zaterdag onthulde burgemeester drs. Remco Heite een flinke kei met een gestileerde driemaster er op. Onder de vele belangstellenden waren ook verre nazaten van Stuyvesant uit Maarn. Het draait allemaal om het geboortejaar van de man, die in 1664 de capitulatie van Nieuw Amsterdam tekende, waarna het New York werd. Zijn vader Balthazar was in 1613 Hervormd predikant in Peperga en verhuisde toen naar Scherpenzeel. Jensma toonde aan, dat Stuyvesant al voor de verhuizing geboren is. Een goede aanleiding voor Plaatselijk Belang Peperga - De Blesse om het 125 jarig bestaan extra luister bij te zetten. Het nieuwe beeld is gemaakt door Jan de Vries, Eugéne Rosheuvel en Broeder Aquino, alle drie uit Wolvega. Ook in Wolvega staat een monument voor de beroemde inwoner. “Een stukje gezond chauvinisme”, meende Heite. Hij vroeg zich evenwel af, of het gezin Stuyvesant het in Weststellingwerf naar de zin had. Een bewijs daarvoor lijkt, dat de predikant in 1633, toen hij in BERLIKUM stond, poogde overplaatsing naar Oldeholtpade te krijgen. Maar, tekende Heite aan, daarvoor kan het wangedrag van zoon Pieter ook aanleiding zijn geweest. Die moest de universiteit van Franeker dat jaar verlaten, omdat hij iets onwelge- voeglijks had uitgehaald met de dochter van zijn hospita.

Foto : Burgemeester drs. Remco Heite spreekt de belangstellende toe.


Op de sark fan Heerma is it folgjende te lêzen:

(R) Ao 1655 DEN 6 IUNY STERF DEN / EDELEN HEER TJERCK VAN HEERMA GRIETMAN OWER MENALDUMADEEL / Ao 1619 DE 10 OCTOBr STERF / D EEDELE IVFFROV LVCIA VA WALTA / HVISFROWE VAN D EEDELEN Ir GRIETMAN TYERCK v HEERMA /

EN HOMO FACT HUMO IACEO NUNC PULVIS HUMUSQUE AST HUMUS HAEC ITERUM PUTRIDA FIET HOMO hwat yn in Fryske oersetting sa hwat giet as: Sjoch, hjir liz ik, in minske út ierde makke; no stof en ierde, mar dit ta ierde (stof fergiene (lichem) sil op ‘en nij in minske wurde.

Yn de bopperâne: 15 V /I’+L47; fjouwerpassen, wêryn kertierwapens I. Heerma-Heringa (44 en 45); Walta-Botnia (46 en 47); 3. Heerma-Juwinga (44 en 48); beide sterk ôfsliten en foar in part oanfold.); 4. Walta-Donia (46 en 49).

All. -wapens Heerma-Walta (44 en 46) onder een gekr. Helm; helmt.: uitk. Eenhoorn. 

 

WALTA JUWINGA HEREMA HERINGA

(Tsjerck en syn frou Lucia wienen net safierôf oan inoar besibbe)

Douwe van Walta, stoarn te Grins > 1582 (yn 1580 yn ballingskip, hy wie it roomske leauwen trou blean, en hy spanne gear mei de Spaanske fijân, op syn los en ûnreplik guod waard yn 1590 beslach lein) Hy is begroeven yn ‘e tsjerke te Wiuwert op 24-10-1549. Hear fan it doarp Wiuwert op Walta State. Hy wie boaske mei Luts Jaricksdr. van Botnia, stoarn te Emden yn 1582 (yn ballingskip), dochter fan Jarich van Botnia en Luts Jeppesdr van Stania. Bern : Lucia (Luts) Douwes van Walta, stoarn op 10-10-1619, begroeven te BERLICUM op 18-10-1629. ( Op de grêfsark steane de kertierwapens fan Walta – Botnia). Luts (Lucia) Douwes van Walta boaske yn 1600 mei Tjerck Goslicks van Herema, berne om 1575 hinne en stoarn te BERLTSUM op 6 -6-1655. Hy wenne te Boalsert en BERLTSUM. Hy wie grytman fan MENAMERADIEL (1613-1639), houtfester fan Fryslân (1639-1644) en begroeven te BERLTSUM. Hy wie de soan fan Goslick van Herema en Tryn Heringa. Wapen : in leelje (Ryksargyf Ljouwert : brief d.d. 23-6-1975) Hy is foar de twadde kear boaske mei Rixt van Scheltema, stoarn > 1630, dochter fan Syds en Tjemck van Aylva.

In Tjerck Walta libbe om 1400 hinne. Hy spanne gear mei de Hollânske Greve Albrecht tsjin de Fryske frijheid en waard bejeftige mei “die ambocht heerscap ende daghelix gherecht van Kercweer.” Letter waard syn macht útwreide oer ferskate oare doarpen, mar folle plezier hat hy net fan syn ferrie hân. De Hollanners moasten Fryslân mei gauwens ûntromje (tegearre mei de kollaberateurs). Nei dy tiid boaske in Ebel van Walta mei Tjerck Juwinga. Harren bern Tjerck Tjercks neamde him Walta nei syn mem. Yn 1492 belegere Tjerck Walta mei Igo Galama, de beruchte rôfridder, de stêd Woarkum, wêrby Igo nei in tsjinoanfal sneuvele. Tjerck ûntkaam troch him te ferklaaien as preester. Tsjerck, ferstoarn yn 1522, hy wie boaske mei Tieth van Herema, stoarn om 1542 hinne. Harren soan Johan Walta neamde him bytiden Herema, krekt as syn heit wie hy grytman fan Wûnseradiel. Syn soan Goslick neamde him Herema en wie ek grytman, hy wie troud mei Wyts, de dochter fan Watze van Cammingha, Heer fan it Amelân. Harren soan Johan Goslick folge syn heit op as grytman op Walta State. (Tsjerkwert)


Om noch efkes op it doarpke Skerpenseel werom te kommen:

Yn de jierren koart nei de oergong fan Fryslân nei de Reformaasje (1580), hienen de doarpen yn de Westhoeke wer slim te lijen fan it oarlochsgeweld. Neffens guon boarnen soe in grut part fan de befolking flechte wêze. De Spaanske soldaten leinen jierrenlang noch yn Stienwyk, en dienen geregeldwei ynfallen yn it Fryske gebiet. Pas doe ’t it Willem Loadewyk (“Ús Heit”) yn 1592 slagge Stienwyk yn te nimmen, wie de ellinde foar Skerpenseel en de oare doarpen dêromhinne oer, en koenen de minsken nei harren doarpen werom. Doe kamen lykwols ek de pastoars, dy ’t yn 1580 flechte wienen werom. It hat gâns swierrichheden jûn om yn de doarpen fan de Westhoeke in dûmny beneamd te krijen. Dat slagge pas yn 1602. Doe makken de Steaten fan Fryslân by dekreet út, dat de fjouwer (tsjerklike) gemeenten yn de Westhoeke binnen seis wiken in dûmny beroppe moasten. Dat skynt bard te wêzen, en sa kaam ds. Balthazar Stuijvesant nei Skerpenseel, Muontsebuorren, Nijetrine en Spangea. In ryk doarp hat Skerpenseel noait west. De pastorije fan Scherpenseel moat yn earder tiden in earmoedich ûnderkommen west hawwe. Oan de ein fan de16e ieu bruts dêr ris immen yn. Yn de gerjochtlike stikken stiet te lêzen, dat de yn-brekker troch de doar fan it bargehok de pastorije binnenkommen wie. De opfolger fan ds. Stuy-vesant yn Skerpenseel waard ds. Obertus Foppius Miederhuys.


Sjoch de L.C. fan 18-2-1978.

Eigenzinnige predikanten trokken aan het kortste eind.

Vele jonge predikanten klagen dat er iets benauwends in het kerkelijk leven zit. Zij beginnen vaak heel moedig, maar lopen al gauw met het hoofd tegen de muur. Classicale vergaderingen, waar je zo graag troost en bemoediging zou willen vinden, stellen gewoonlijk teleur. Er zijn er, die telkens de neiging moeten overwinnen om het af te laten weten. Of het een troost is weten we niet, maar men moet toch wel steeds nagaan, of het vroeger zo veel anders en beter was. In elk geval waren er eenmaal tegenkrachten, die er nu tenminste niet meer zijn.

Op de SYNODE te Leeuwarden kwam 19-6-1633 een bezwaarschrift van de classis Zevenwouden (de classis Silvana of Sevenwolden) aan de orde, dat de meeste synodeleden als een “cri de coeur” hebben ervaren. Het bezwaarschrift luidde aldus :

Naedemael de Saecken der Kercken binnen Bolswart, Doccum ende BELCUM tot groote droe-fenisse van verscheidene goede herten lange worden in balance gehouden, (niet tot een oplos-sing komen) streckende sulcx mede tot merckelijcke lasteringhe over den H. kerckendienst ende seer perculeuse (gevaarlijke) conseguenties off het niet nodich ware dat het eerwaerdige Syno- dus haer op goede ende prompte middelen bedachte, waardoor dese saecken eens gesleeten ende andere diergelijcke verhoedet mogen worden ende off daer toe niet dienstich soude wesen bij de E. M. H. (de Gedeputeerde Staten) te bemiddelen. ...... ......... ....... .........

Uit het Zevenwoudster bezwaarschrift blijkt, dat de “particuliere magistraten” de kwade pier waren. Zij veroorloofden zich “datelijckheden”, d. w. z. bemoeiden zich met het recht van de kerk. Dat was in 1633 te Bolsward, Dokkum en BERLIKUM het geval. Het gevolg was dat niet enkel de kerkvoogden in deze gemeenten, maar ook de classicale besturen de Synodus en de Deputaten van de Synode meer dan hun lief was zich met deze particularia moesten bemoeien. We moeten telkens weer constateren dat als een geval aan de orde kwam, waarbij het ging om de macht van twee partijen die elkaar beschuldigden, men nog niet gelukkig was. Je kon dan steevast rekenen op vele lange vergaderingen en het resultaat bleef lang onzeker, dat geen particuliere magistraten werd geindulgeerd (toegestaan)te treden tot datelijckheden tegens de praedicanten in hunne bedrijven, sonder voorgaende wettelijcke proceduringhe, soo bij de kercke als hooge overicheyt ? etc. .......... etc ........... .............

Dûmny J. J. Kalma.

Sa stie hjir destiids yn BERLTSUM dus de Grytman Tsjerck van Heerma tsjinoer dûmny Balthasar Stuyvesant. Dûmny Stuyvesant moast úteinliks it fjild romje. Hy waard oerpleatse as legerdûmny nei Delfsyl.

 

DE SARK fan MARGARETHA van HARDENSTEIN.

Op de sark fan Margaretha van Hardenstein, de frou fan ds. Stuyvesant, oan de lofterside fan it doopstek, steane trije symboalen op de stien. Rjochtsboppe : it symboal fan de apostel Mattéus, loftsûnder fan de apostel Lukas en rjochtsûnder fan de apostel Markus.

De tekst (ek wol neamd : epitaaf of grêfskrift) : A.o. 1625 den 2 May sterf d eerbare Margareta Hardenstein out 50 iaren en was d echte huisvrouwe va(n) Balthasar Stuyfsant I Chr dienaar in sijn gemeinte toe BELCUM.

NASCENTES MORIMUR MORIENTES (oerset : Fanôf it momint dat wy berne wurde begjinne wy al te stjerren .... etc. etc.) VIVIMUS ILLUD INTULIT ALTER ADAM HOC CONTULIT ALTER ADAM CHRISTE VENI VIDI VINCI TUIS TIBI VINCERE MORTI MORTUUS AT POTERAS MORTEM AB OLENDUS ADES SIC RUBRA TERRA SIAM MACULA SIRE (IDAYYALOS yn Gryske letters) ET FIR MORS IURROSA MIHI VITAQUE CHRISTE SIES.

 

IT EIGEN BELANG.

Dat de ealju op eigen belangen út wienen wie wol bekend. Tsjinjend liederskip lykas yn de begjintiid fan ‘e tsjerke gie oan dizze lju foarby. Dizze lieders fan it folk brûkten gewoanlik harren macht om minsken “nei ûnderen” te regearjen lykas it sa moai yn it Gryks stiet, dat wol sizze, troch harren ûnderdanen lyts te hâlden en sa (yn it foarste plak) harren eigenbelang te sykjen.

 

“De geschiedenis herhaalt zich, de geschiedkundigen herhalen elkaar”, ik wit it, mar foar de aardichheid nochris eat oer de Stuyvesants :


 ***************************


Abe Westra, ôfkomstich fan Bûtenpost, hat hjir yn BERLTSUM yn 1959 in goed jier learfikaris (en waarmimmer) west, doe ’t dûmny Cornelis Fortgens, de Herfoarme dûmny fan BERLTSUM legerdûmny wie. Abe is fan hjirwei feroppen nei Skearnegoutum.

Fan him is it folgjende te lêzen oer ds. STUYVESANT.

Afgelopen zaterdag presenteerden zich een aantal Berlikumer bedrijven tijdens een open dag. Al eeuwen eerder leefde er een zeer ondernemende man in BERLIKUM, namelijk Piter Stuyvesant. Hij was de grondlegger van New-York. Misschien dat BERLIKUM met zoveel ondernemende zakenmensen binnenkort kan omgedoopt worden in NIEUW STUYVESANT.

Door Abe Westra.

In Berltsumer dy ’t in sigaret mei as merk Stuyvesant op it pakje, opstekt, tinkt der faaks net oer nei dat dêr de namme fan in âld doarpsgenoat op stiet. Piter Stuyvesant hat inkele jierren yn BERLTSUM wenne. Syn heit Baltasar Ioanis Stuyvesant hat fan 1622 oant 1634 yn BERLTSUM stien. Ds. Stuyvesant wie in man dy ’t yn elk plak wêr ’t hy stie wol foar opskuor soarge. Baltasar Stuyvesant is omtrint 1587 yn Dokkum berne as soan fan Johannis Baltasari. Baltasari wie kast-lein yn Dokkum. Syn soan Baltasar hie in goed ferstân. Doe ’t er de Latynske skoalle yn Dokkum ôfmakke hie, krige er de kâns om teology yn Frjentsjer te studearjen. Hy hie lok. Der wie in tekoart oan dûmnys yn Fryslân. (* De Steaten stelden stúdzebeurzen yn om dêr wat oan te dwaan. Stuyvesant wie ien fan de lokkigen. Stuyvesant hie ambysjes. Dûmny wie in amt fan oansjen. De Steaten hienen hjir ek noch wat foar eagen. Se hienen grutte plannen mei Fryslân. De dûmnys koenen harren dêr by helpe. Sy koenen de suvere Kalvinistyske lear oan de minsken nei foaren bringe. Boppedat koenen se sa de dûmnys ek ûnder kontrôle hâlde. Ien dy ’t in beurs hân hie, wist ek dat er ferplichtings hie oan syn woldoggers. In protte dûmnys fan legere ôfkomst seagen dit as in middel om karriêre te meitsjen. Der waard yn in lyts doarp begûn en sa stadichoan gie men, as it slagge, nei gruttere doarpen en hold yn in stêd op. Boppedat wie men yn dy tiid dan ek noch faak de stamheit fan in dûmnysdynasty. Stuyvesant soarge der dan ek foar dat er kontakten hie by de Dokkumer en Dongeradielster hegerein. Hy koe wol wat stipe brûke om syn doel te berikken. Hy soarge der dan ek foar om op te fallen. Doe’t Stuyvesant klear wie, skynt it dûmnys tekoart net sa grut west te hawwen. Stuyvesant gie werom nei Dokkum. It wie ek tiid om te trouwen. Yn april 1606 troude Stuyvesant mei Margareta Hardenstein yn Swol. De breid wie dan wol tsien jier âlder as Stuyvesant. Om foarút te kommen wie it in goede kar. De famylje Hardenstein stiet der goed by en Margareta wie de widdo fan in dûmny Petrus Monches, dy ’t yn Parregea stien hie. Stuyvesant stie sa in trepke heger op ‘e maatskiplike ledder.

PEPERGEA.

It Súdeasten fan Fryslân hie in protte it lijen hân fan de Spaanske besetting yn Stienwyk. Sa wie it ek net hielendal slagge om de tsjerklike organisaasje dêr goed op te bouwen. De plakken dêr wienen lyts en Pepergea foel ûnder Noardwâlde. Dêr moast dus feroaring komme. Der kaam in nije gemeente Pepergea en Blesdyke. De Steaten koenen twang op Stuyvesant lizze. Bûten Frys-lân mocht er gjin berop oannimme. Sa kaam Stuyvesant yn 1609 yn Pepergea telâne. In fetpot wie it net. Bekend is dat de Steaten him sa no en dan in talage joegen. Stuyvesant moast ek wolris in nij boek keapje. Hjir is it ek dat de namme Stuyvesant foar de earste kear yn ’e rjoch- terlike argyven te finen is. In part fan Stuyvesant syn traktemint wie de opbringst fan de eardere kleasters. Dit waarden rinten neamd. Pepergea hie rjocht op in rinte. Dize rinten waarden yn ‘t begjin betelle yn natuera. Letter, doe ’t der mear jild rekkene waard, koe men it ek mei jild betelje. In boer, Hermens, út Oosterboer by Stienwyk moast elts jier in mudde rogge betelje. Dit wie omrekkene yn 35 stoeren. Yn 1611 wie de rogge djoer, Stuyvesant fielde him as behearder fan it tsjerklik besit tekoart kommen. Hy koe it net mei Hermens iens wurde. Doe gie er nei de rjochter om syn gelyk te heljen. Soks is net slagge. Hermans koe oantoane dat de rinte al jierren yn jild betelle waard. Stuyvesant moast belies jaan. In ôflear hat it net west. Yn Pepergea binne ek de bern út syn earste houlik mei Margareta Hardenstein yn Pepergea berne. Piter omtrint 1611 en Anna omtrint 1613.

 SKERPENSEEL.

Yn 1620 slagge it Stuyvesant om in berop nei Skerpenseel en omlizzende doarpen te krijen. Hjir rûn it ek wer mis. Stuyvesant bemuoide him mei de polityk. Der moast in nije Gritenysiktaris komme. De Grytman, dy ’t in rjocht fan beneaming hie, wie mei syn foargonger oerien kommen, dat er as der in nije siktaris komme moast, dit syn soan waard. Net eltsenien wie it dêr mei iens. Der waard in tsjinkandidaat nei foaren helle foar Homme fan Idzerda. Dizze Matthias Franckena hie de stipe fan 4 dûmnys, 80 âlderlingen, diakens en lidmaten út de doarpen om Skerpenseel hinne. Stuyvesant kaam yn aksje. Hy helle stipe foar fan Idzerda op. Dy waarden nei de Steed- hâlder tastjoerd om yn te gripen. De steedhâlder Ernst Casimir skynt hjir gjin drokte oer te meitsjen hawwe te wollen. De posysje fan Stuyvesant stie doe faai. Hy wie ek ôfhinklik fan de Grytman. Op grûn fan proteksje fan Deputearre Steaten waard hy yn 1622 yn BERLTSUM beneamd.

BERLTSUM.

Stuyvesant begûn ris om him hinne te sjen. BERLTSUM kaam frij. Dat wie in gaadlik plak foar him. It wie in grut doarp. It lei ticht by Ljouwert en Frjentsjer. As de plakken aansten wer ris in nije dûmny hawwe moasten, dan hie er in kâns om stedsdûmny te wurden. Om yn ‘e kunde mei BERLTSUM te kommen gie Stuyvesant der mar ris hinne te beroppreekjen. Soks mocht net. Hy krige it berop. Dochs in berop moast goedkart wurde troch de Klassis Ljouwert. De Klassis wiisde it berop ôf. Der wie op berop preke. Of it de wiere reden wie, falt te besjen. Syn kollega ’s dy ’t de Klassis foarmen, sille ek betocht hawwe wa ’t se der ynhellen. BERLTSUM en de Klassis koenen it net iens wurde. De saak kaam op ‘e Lândei, de sitting fan de Steaten, oan de oarder. De Klassis die in berop op Deputearre Steaten. Doe beslúten Deputearre Steaten dat in berop op Stuyvesant útbrocht wurde mocht. Hjir spile ek noch wat mei. De Synoade fan Doardt hie fêst -steld dat in beroppen fan in dûmny barre moast troch DE LIDMATEN. Yn Fryslân dienen de STIMGERJOCHTIGEN dat. Dat wie DE HEGEREIN dy ’t belesting betellen. De tsjerkerie wie net mear as in trochjoulûk foar de Klassis. Yn 1622 die Stuyvesant syn yntree yn BERLTSUM. It binne RÛZIGE JIERREN west. Stuyvesant wie behearder fan it pastorijebesit. As der wat tusken de hierders en him wie, duorre it net sa lang oft Stuyvesant dage de hierder foar de rjochter. It falt op dat Stuyvesant de measte saken foar it gerjocht fan MENAMERADIEL faak ferlear. Kaam der in heger berop foar it Hôf fan Fryslân dan wûn Stuyvesant faak. De foarsitter fan ‘t Hôf en Stuyvesant koenen goed meiinoar opsjitte. De Grytman fan MENAMERADIEL, Tseard of, lykas hy him ek neamde Sierck fan Heerma skynt der sa stadichoan syn bekomst fan krige te hawwen. It begûn minder goed te bûterjen tusken de grytman en de dûmny. It hichtepunt kaam op de mid-dei fan snein 16 maaie 1632.

GRYTMAN fan HEERMA liet dope. Soks wie in hiel barren. De âlde tsjerke fan BERLTSUM sil net faak sa fol mei hegerein sitten hawwe. Stuyvesant holde in preek wêryn hy Tseard fan Heerma oanfoel. Hy sei dat fan Heerma mei Pinkster smoardronken yn tsjerke sitten hie te sliepen. Nei ôfrin hie er der by froulju op oanstien om him thús te bringen. Op strjitte hie er doe syn hannen net thúshalde kinnen. Fan Heerma wist wat him te dwaan stie. Stuyvesant moast by him foar it gerjocht komme. Fan Heerma syn famylje ear wie oantaast. Stuyvesant ûntkende it net. Dochs oer it skeinen fan ‘e famylje ear wie er net mei fan Heerma iens. Hy hie him allinne mar fer-moanje wollen. As fan Heerma it dêr net mei iens wie, dan moasten se it mar foar de Klassis útfjochtsje. Fan Heerma wie net ûnder de yndruk. It rûn dêrop út dat Stuyvesant in fikse boete fan hûndert gûne krige en hy moast de proseskosten betelje. Hjir spile ek wer in kwestje mei. Hoe frij wienen de dûmnys ? Moasten se de hegerein sparje ? De hegerein hie hjir wol in andert op. Se moasten bûten skot bliuwe. As it iene oan ’e oarder kaam, waarden der ek oare dingen opikkere. De ferhâlding tusken BERLTSUM en Stuyvesant wie stikken. Stuyvesant die syn bêst om fuort te kommen. Hy seach dêr kâns ta. It jier dêrop kaam der en mooglikheid. De heit fan in stúdzjefreon Fransiscus Haverkamp stie yn Âldeholtpea. Dy woe wolris fuort. Stuyvesant stelde him foar om mei him te ruiljen. Haverkamp hie der wol earen nei. Allinne de Klassis Sânwâlden, dy ’t goedkarre moast, jage de boel yn ’e bulten. De Klassis wie net foar dizze ruil. Dit is in hiele proseduere wurden. Úteinlik kaam it by de Provinsjale Synoade yn 1634. De Klassis Sânwâlden sei dat se de poat stiif holden. Yn ‘e húshâlding fan Stuyvesant is der yn syn Berltsumer tiid ek it nedige bard. Op 2 maaie 1625 ferstoar syn frou Margareta Hardenstein. Op 22 july 1627 troude Stuyvesant op ‘en nij yn Haarlim mei Stijntjen Peters van Haarlim, in widdo. Se hawwe hjir yn BERLTSUM jier op jier noch fjouwer bern krigen, t. w. trije famkes en ien jonge. (**

DELFSYL

De oplossing fan it probleem kaam fan Deputearre Steaten. Deputearre Steaten hienen it rjocht om bûten de Klassis om dûmnys te beneamen yn plakken wêr ’t in Frysk garnisoen lei. Depu-tearre Steaten stelden de Provinsjale Synoade foar om it fakante dûmnysplak yn Delfsyl oan Stuyvesant te ‘offereeren’. Stuyvesant hie net folle kar en naam it berop oan. Yn 1634 waard Stuyvesant oerpleatse nei Delfsyl. Op 26 maaie 1637 is er dêr ferstoarn. Yn ’e neilittenskip fine wy dat Stuyvesant noch in skuld hie fan 102 gûne oan Geart Douwes út BERLTSUM. Hjirmei kaam der in ein oan in tragysk libben. Stuyvesant spile by de rol net dy ’t fan him ferwachte waard. Hy gokte faak ferkeard. Hy seach kâns om de hegerein yn ’t harnas te jeien. Der sil him foarholden wêze dat er der om tinke moast dat hy in soan fan in kroegbaas wie en dat hy fan de hegerein de kâns krigen hie om te wurden wat hy wie. Stuyvesant hat fûleindich besocht om karriêre te meitsjen. Hy hat him ek sels faak yn ’e wei stien.

Hoe fergie it PITER ?

Frij wis hat Stuyvesant syn soan Piter nei de Latynske skoalle yn Ljouwert tastjoerd. Ein 1629 / begjin 1630 waard Piter as studint yn ‘e talen en filosofy ynskreaun by de universiteit te Frjentsjer. It falt op dat hy net mei teology begûn is. Dochs de oerstap fan de iene nei de oare fakulteit wie net sa grut. Piter skynt in gewoane studint west te hawwen. Dan komme de swierrichheden fan syn heit yn BERLTSUM. Piter skynt betocht te hawwen dat in karriêre yn dûmnyslân foar him ferbruid wie. Boppedat hoe oanloklik wie dy ? By de measte begjinnende dûmnys wie it skraabjen om ‘e kant. Frij wis is dat Baltasar Stuyvesant hjir mear fan ôfwitten hat. Letter hat hy de gong fan saken ek yn ‘t each holden. Dan is yn 1631 Piter yniens samar út Frjentsjer ferdwûn. Letter kamen de ferhalen oer dat hy it tige yn ‘e bulten set hie. Bewizen hjirfoar binne der net. Ik tink dat Goffe Jensma wolris gelyk hawwe koe. Piter syn twadde mem kaam út in famylje fan seelju. De famylje yn Haarlim koe him wolris holpen hawwe om in nije karriêre op te bouwen. Hy giet yn tsjinst fan de West-Ynjyske Kompanjy. In pear jier letter hat er al in funksje as kommiis. Dan wurdt er direkteur fan Curaçao. Yn 1647 krijt hy er Nij–Am-sterdam noch by. De Kompanjy koe in man as Piter wol brûke. Hy hie studearre, wat je fan de measten dy ’t dêr yn tsjinst wienen, net sizze koenen. Hy koe Latyn, de taal fan ‘e learden. De taak fan Stuyvesant wie foaral om wer oarder yn Nij-Nederlân te meitsjen. Hy hat dit stiif oanpakt. Sa ’t sels de befolking blike liet dat hy te fier gie. Mar nimmen en jaan stie net yn Stuyvesant syn wurdboek. De koloanje waard grutter. Yn 1645 wie Piter Stuyvesant troud. Mei him binne ek syn suster Anneke en syn healsuster Margareta (* de oseaan oerstutsen. Yn 1664 kaam der in Ingelske oanfal op Nij-Amsterdam. Stuyvesant koe it net rêde en moast him oerjaan. De befolking stie net mear efter him. Hy waard werom roppen en koe de hearen oertsjûgje dat it net oan him lein hie. Piter Stuyvesant is doe wer as gewoan boarger nei Nij-Amsterdam werom gien. Der wurdt sein dat er doe bierbrouwer of keapman wurden is yn wat doe New-York neamd waard. Yn 1675 is Piter Stuyvesant dêr ferstoarn. Syn neiteam hat noch in wichtige rol yn New-York spile. Se hearden by it neiteam fan de earste emigranten. Yn de Amerikaanske skiednis wurdt Piter Stuyvesant beskôge as in grut man. Syn striid foar in kalvinistysk begjinsel en syn kwaliteiten as bestjoerder wurde faak oanhelle. Boppedat wurdt der op wiist dat, nettsjinsteande dat Stuyvesant ynvalide (beheind) wie, der wie him in skonk ôfsketten, hy trochsetten hat. It sil dan ek gjin tafal west hawwe dat in sigarettenfabrikant de namme Piter Stuyvesant as merknamme hat. Dêr stiet by “Stifter fan New-York”. Ek yn Fryslân libbet de namme Stuyvesant noch. Der binne oantinkens foar him oprjochte. Doe ’t de tsjerke fan Pepergea opknapt wurde moast, hawwe de tsjerkfâden fan Pepergea ek in berop op New-York dien om har te helpen. Dat is lykwols mislearre.


Fuotnoaten :

(* Net allinne yn Fryslân wie in grut tekoart oan dûmnys mar ek op oare plakken yn Nederlân. Nei 1600 waard it tekoart oan dûmnys stadichoan minder en koe de tsjerke hegere easken stellen gean, mar de gefolgen fan de lege kekenens yn de foarôfgeande jierren bliuw noch twa desennia merkber. By tsjerkefisitaasjes yn dy jierren waard fêststeld dat bibleteken fan man- niche dûmny úterst minym wie. Fergees sochten de fisitatoaren yn 1612 by bgl. in dûmny in Johannes yn it Drintske Odoorn nei in eksimplaar fan it âlde- en nije testamint. Syn hiele boekerij waard op in wearde fan noch gjin 6 gûne skatten. Dat wie altyd noch mear as it boekebesit fan syn kollega Meyerus fan it doarp Vries. Dêr slaggen de fisitatoaren der net yn ek mar ien boek te ûntdekken.

(** Pieter krige nei it twadde houlik fan syn heit te Haarlim op 22-7-1627 mei Stijntje Pieters, de widdo fan Adrian Gerrits, noch trije healsusters en in healbroer, allegearre berne te BERLTSUM, t. w. Margaretha (1628), Catharina (1629) Trijncke (1630) en Balthasar (1631) Allinne fan Margaretha is ús wat bekend. Hja is ek de “grutte plasse” oergien en te New York op 30-10-1654 troud mei in Jacobus de Backer en letter op 5-1-1703 yn Elizabeth Town (New Jersey), nochris yn twadde boask mei in Balthazar Dehart, dy ’t berne wie te Haart (Aalten Gld.) Har lêstneamde man is stoarn yn 1671.

 

IT TEKOART OAN DÛMNYS om 1600 hinne.

Nei 1600, lykas ut súpra neamd by de earste fuotnoat, waard it tekoart oan dûmnys stadichoan minder en koe de tsjerke hegere easken stelle. Net studearre hawwende dûmnys gienen yn de 17e ieu al tige hurd ta de útsûnderings te behearren. De teologyske opliedings oan de akademys oefenen presje op de tsjerkegearkomsten út om gjin ‘idioaten’ mear oan te nimmen en út de Synoadale en Klassikale akta blykt, dat dizze presje sukses hie. Yn FRYSLÂN waard it talitten fan net-studearden (idioaten) formeel ferbean. De FRYSKE Synoade ferklearret yn 1657, dat men “in deesen tegenwoordigen tyden, daer men heeft vele geleerde jonge candidaten, die zich van kindsbeen af tot de study geimployeert en benaarstige hebben“, geen ongestudeerden meer zal examineren. Sa makken de net studearre hawwende dûmnys plak foar goed ûnderleine teologen, dy ’t harren oplieding ûntfongen hienen oan illustre skoallen en de universiteiten. It ferskil tusken dizze beide ynstellings kaam hjir op del, dat de universiteiten it jus promovendi (it rjocht om te promovearjen) krigen, wilens de illustre skoallen dit rjocht misten. De foarneamste ”queeckerijen” fan dûmnys wienen de universiteiten. Der kamen 5 : Leien, yn 1575 stifte, wie de âldste, dêrop folge yn 1585 FRJENTSJER, yn 1614 Grins, yn 1636 Útert, wêrnei yn 1648 Hurderwyk de rige sleat. It ferlet oan goed oplieden evangeeljetsjinners spile by it oprjochtsjen fan al dy universiteiten in rol. Yn it earstoan woe it nammers mei de godgelearde fakulteiten net sa flodderje. Yn de earste 10 jier bgl. nei it stiftsjen fan de Leienske universiteit wienen der net mear as 130 studinten en dêrfan kamen noch gjin 80 út de Republyk. It studintebestean luts ek mar in bytsje jongelju oan. Alles wie yn Leien sober en dat sil hjir yn FRJENTSJER ek wol sa west hawwe. Gjin wûnder, dat de studinten fertier sochten en wêr koe dat better as yn de herberch. Hjir sil Pieter Stuyvesant ek syn fertier socht hawwe en studintegrappen úthelle hawwe. Woe men fan stúdzje feroarje, dan gie dat altyd net sa maklik as men in studintebeurs hie. Woe Pieter faaks fan stúdzje (teology) feroarje omdat hy seach, dat syn heit it as dûmny net altyd maklik hie, foaral as it tsjin de hegerein gie, of binne der oare oarsaken west, wy witte it net. Op kosten fan de Steaten, fan somlike stêden, fan partikulieren en ynsidinteel ek mei stipe fan Klassis en Synoade koenen jongelju teology studearje en waarden op kosten fan de Steaten ûnderdak brocht. Beursstudinten waarden in nije ferskining en oertroffen hja, alteast yn de teologyske fakulteit, de net-beursstudinten. It blyk ek altyd net mooglik de beurstudinten yn de teologyske fakulteit te hâlden. Sa blyk nei oanlieding fan werhelle klachten, dat de bgl. de Gelderske Synoade der nochris mei klam op wiisde, dat de alumni ferplichtte wienen teology te studearjen. Nochal wat teologystudinten studearren in twadde fak neist de godgeleardens, wêrby ’t hja in foarkar hienen foar de medisinen. De stúdzje yn de teology naam gemiddeld sa’ n 5 á 6 jier yn beslach. In protte fan harren besochten nei ôfrin of ûnder dizze learjierren ek ien of mear útlânske hegeskoallen lykas Heidelberch, Genéve, Zürich, Lausanne, Sedan, Herborn, Marburch, Bern, Montauban, Nîmes, Saumur, Oxford en Cambridge, te foet ôflein mei in album amicorum by harren wêryn ’t hja spreuken en hântekenings samlen fan ferneamde learden en professoaren en d’ ien of d’ oare auteur. Wie hy noch net promovearre, dan probearre hy syn doktorsgraad oan in ferneamde Frânske of Dútske hegeskoalle te ferkrijen. Akademyske titels wienen foar it dûmnysskip trouwens net fereaske. Hoewol ’t der per Gewest (Provinsje) en yn ferrin fan de 17e ieu op ferskate wizen fêststeld waard of ‘t in dûmny foar syn taak berekkene wie, jilde oeral dat akademyske eksamens gjin betingst foar it talitten ta it amt wienen. It wie it tsjerklik eksamen, troch de Klassis ôfnommen, dat oer de bekwamens fan de dûmny besliste. Dit gie meastentiden yn it Latynsk. Op de measte plakken kende men twa eksamens : it saneamde peremtoir en it praeparatoir. Allinne yn FRYSLÂN foelen beide eksamens gear en wie de tsjinner fan’e tsjerke yn spé nei ien eksamen beropber.

Der wurdt wolris ferskillend oer dûmnys skreaun, mar wêr ’t alle skriuwers it wol oer iens binne, is de geringe ôfkomst destiids fan de measte dûmnys. Der wienen ek oaren lykas de yn BERLTSUM stien hawwende dûmny Gregorius Mees (1631 – 1694) dy ’t tige begoedige wie en in protte dûmnys fan herbergiers dy ’t destiids heech yn oansjen stienen en út de begoedige boerenstân. Mar de begoedige stannen toanden eartiids mar in bytsje foarleafde foar it mar min betelle dûmnysamt stelde Presser yn de Algemiene Skiednis fan Nederlân fêst. Jongere soannen fan reginten foar wa ’t gjin plak yn it regearingsskaai fan it plak fan ynwenning fûn wurde koe, waarden hjir of dêr oars ynskood. Slagge dat net, dan giene dizzen by foarkar medisinen studearjen. “Yn it allerslimste gefal waarden hja dûmny”.

 

DOARPSPOLITYK is WRÂLDPOLITYK op LYTSE SKAAL en oarsom ek.


DE VRIJE FRIES. 74 (1994) 21-41

Goffe Jensma : Over de jeugd van Peter Stuyvesant.


Uit: HET VADERLAND, 31 juli 1937.

(Een liberaal dagblad voor Den Haag.)

Tijdens werkzaamheden, welke momenteel ten behoeve van den aanleg van centrale verwarming in de Nederlandsch Hervormde Kerk te Berlikum nabij Leeuwarden verricht worden, heeft men gisteren een oudheidkundige vondst gedaan. Onder de manszitplaatsen onder het orgel is n.l. een steen ontdekt welke dient als afsluiting van een grafkelder. De steen dateert van 1574 en is door een Friesche steenhouwer vervaardigd. Op den steen staan o.a. het origineele Wapen van Menaldumadeel en verscheidene prachtige figuren welke alle nog in tact zijn. De steen heeft een afmeting van 2.88 bij 1.60 en is 22 cm dik. In den grafkelder zijn omstreeks 1610 bijgezet een vroegere Grietman van Menaldumadeel, Heerma en zijn echtgenote.


L.C. 20-2-1870.

Historische mengelingen.

Peter Stuijfsant.


L. C. 23-7-1879.

Historische mengelingen.

Iets over Berlikum en Uitgong


L.C. 14-2-1951.

Fries Werd Een Legendarische Figuur In Amerika

Op Curaçao, waar hij het gouverneurschap bekleedde, staat voor de naar hem genoemde Alg. Middelbare school, ook een standbeeld van Pieter Stuyvesant. Prinses Juliana heeft het beeld op 28-2-1944 onthuld.

(Yn 1664 wie Nieuw Amsterdam yn Ingelske hannen kommen en moast hy it fjild romje.)


L.C. 8-10-1954.

Als Rente Op Rente Komt.

Kortgeleden is midden in New York op het schiereiland Manhattan 4 ha grond verkocht voor ongeveer 2 millioen dollar. Dit was het laatste overblijfsel van de grond, die omstreeks 1650 door Peter Stuyvesant voor enkele honderden dollars van de Indianen werd aangekocht en het merkwaardige is dat deze 4 hectare, een gering deel van de oorspronkelijke bezitting, nog steeds eigendom waren van de laatste nakomelingen van Stuyvesant.


L. C. 27-5-1911.

DE VRIJE FRIES.

It ûntstean fan de betinkingspinning op de frijheidsferklearring fan Amearika yn 1782.

Wat wie it gefal ? De Fryske lândei fan 1782 hie AS EARSTE fan al de uniearre provinsjes oan de Kommitearren fan ’e Steaten Generaal opdroegen it dêrhinne te lieden, dat John Adams, as gesant fan de Fryske Steaten erkend wurde soe. Dit beslút stie lyk oan de ERKENNING fan Amearika as frije steat (ûnôfhinklik fan Ingelân) en mei grutte besieling wie it doe troch de Patriottysk gesinde Friezen begroette. Ien fan de Patriottyske ferienings te Ljouwert, de feriening “Door Vrijheid en IJver” winske, nei oanlieding fan it Steatebeslút, om oan harren gefoelen úting te jaan troch it skinken fan in betinkingspinning oan de Fryske Steaten “ten eeuwige memorie” oan de kordate, folwize en “den Vaderlandse zoo heilzame besluiten”. Oan it ûntstean fan dizze betinkingspinning hannelt in opstel fan de hear S. Wigersma H.zn te Ljouwert. Wy folgje syn amusante ferhaal :

Wy rjochtsje ús stappen, it is de 16e maaie 1782, op de komparysjekeamer op de Nijestêd te Ljouwert. De sit fan de sosiëteit “Door Vrijheid en IJver” is yn de herberch “t’ Zwart Kruis”, fan A. de Rijk, tsjinoer de Langepiip dêr. Om de langwerpige tafel, op de boppeseal sitte 27 fan de 36 leden. Hja binne by in foarôfgeand oansizzen ta dizze gearkomst oproppen. Wy moatte einliks sprekke fan 35 yn stee fan 36 leden, want de hear Roelof Storm, meilid fan ‘e Froedskip fan dizze stêd, is fanwegen it medaljebeslút út de feriening trêde, betsjûgende, dat him de frijheid fan Amearika “gjin oartsje skele kin”. Der wurdt dapper praat en smoke, de gouwenaar is oanhâldend yn wurking en hûlt dizze brave heitelanners yn in wolk fan tabaksreek. De wyn wurdt op tafel set. Sadree’t ús eagen wat oan de atmosfear wend binne, kinne wy it selskip oersjen. De measten yn blauwe of swarte rok, bûnt siden kamisoal en kûtbroek. Somliken hâlde harren trijekante steek op ‘e holle., oaren tusken harren sturtprûkje mei twa rollen. Allegearre drage hja in halsdoek fan hagelwyt netteldoek, en swarte siden hoasen. ‘t Is in deftige earnstige klub. Midden foar de tafel sit de krigele ambisjeuze Wopke Wopkens, âld kaptein, as direkteur of presidint; oan syn rjochterside de siktaris Marten van der Veen, lofts fan de foarsitter bemerke wy de twadde direkteur Tjeerd van der Walle, en sa folgje de oaren nei de foarste rigel : Albert Wartna (Wartena), Klaas Gorter, Jentje Cats, Christoffel Bisschop, Hein van Wicheren (Wigcheren), Jacob de Haan ensafuorthinne, allegearre dragers fan de no noch te Ljouwert (en somliken ek te BERLTSUM) tige bekende efternammen. Út de oantekens fan de siktaris fernimme wy oer it troch de hearen ferhannele, it folgjende :

Op den 16den Mey 1782 de Sociëteit vergaderd zijnde naar voorafgaande aanzegginge; is geproponeert geworden op welke manier, na het consent daartoe door de Ed. Mog. Heeren Staaten der Provincie is ingekomen, de voorgenomene Medaille op den spoedigsten en bestvoeglijke wijze zal worden in gereedheid gebragt. En is daarop gesolveert geworden met eenparigen stemmen, dat er vier Heeren Leden zouden worden gecommiteerd om provisioneel te bevorderen, dat er eene nette, weigeninventeerde tekeninge van gemaakt werde, en zulks in maniere deese gecommitteerden bestvoeglijkst zullen vinden, ‘t welk gedaan zijnde, alsdan dientevens verder kon worden overdacht, zooals de Sociëteit alsdan meenen te behoren, dog zal bij deese te makene teekeningen moeten worden in acht genomen, dat de daarna te maken medaille niet valle buijten te Termen, in welke men daarvan een denkbeeld ten requeste aan de Ed. Mog. Heeren Staaten heeft opgegeven, waarop in de rondvraginge gebragt zijn, wier men tot gecommitteerden stelle : zijn daartoe genomineert de nagemelde leeden als : W. Wopkens, T. van der Walle, dr. Ulrich Cats.

Aldus gedaan in dato voorts, ten presentie van 27 presente leeden, in kennis van mij als secretaris, M. van der Veen.

It wurdingsproses fan dizze histoarjepinning hat in fol jier duorre en de totale kosten hawwe fl. 2064,50 bedragen; elts lid fan de Patriottyske Sosiëteit moast fl. 42,- foar it huldeblyk offerje. Yn de kolleksje fan it Frysk Genoatskip wurde in fjouwertal fan dizze pinnings bewarre. De Sosiëteit “Door Vrijheid en IJver” is yn 1787 ûndergien. Inkelde fûleindige leden binne doe flechte, oaren wêrûnder Wopkens, wurde tydlik fan harren frijheid berôve, fanwegen harren patriottyske gefoelens. De efterlizzende gedachte fan de sa bewiereeke steatkunde fan dy dagen wie de hoop op IN FOARDIELICH HANNELSFERDRACH mei Amearika. Op de achtste oktober 1782 waard dit “commercie tractaat” slúten.