Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Oer it kloklieden.


Eartiids regelen de klokken it libben yn de doarpen en stêden. Eltse boarger wer kende de sinjalen, dy’t troch allerhânne klokken útstjûrd waarden. Guon klokken wienen getten foar in spesiaal doel en ûntlienden dêr dan ek har namme oan sa as de bânklok. Dizze klok wie meastal eigendom fan it stêdsbestjoer en waard brûkt om beslúten fan it bestjoer rjochtskrêft te jaan. Ek as akten opmakke en ûndertekene waarden troch partijen. (Dalik ek by de fúzje fan de beide tsjerken ta P.K.N. gemeente yn it jier 2010?) De poarteklok waard meastentiids brûkt om oan te jaan dat oer in kwartier de poarte iepene of sletten wurde soe. Op dizze wize waard faak ek it begjin of ein fan de wurkdei oanjûn. Dan wie der de Tsiend(e) klok. Dizze waard led om oan te jaan dat it moment oanbrutsen wie om in bepaalde belêsting (1/10 part fan de opbringst fan de risping) te beteljen. De hongerklok waard led as yn de kleasters, dy 't ta hearden ta de bedel oarde, it iten op wie. As der itenskrapte wie waarden de omwenjenden oproppen om de foarrie wer oan te foljen. Yn de Jouwer hie men noch de sânklok. Dizze waard led as der sân struid wurde moast tsjin de glêdens. Der wie in Manlju’s klok, in frjoulu’s klok en in berneklok. BERLTSUM sil fan âlds ek wol sa in kloktradysje hawn hawwe mei de twa liedklokken yn de âlde krús tsjerke dy't wijd wie oan Sinte Michaël. Elts plak hie sa syn eigen klok tradysjes.

Oarspronklik (Yn foar Kristlike tiiden en yn net Europeeske kulturen) waarden klokken yn haad saken brûkt as ôfwar middel tsjin kweade geasten. Sina hat ek bygelyks sa syn kloktradysjes. It lûd soe in beswarrende krêft ha. Sels oan’t yn de lette midsieuwen droegen klokken magyske teksten sa as: fulgare frango (ik brek it wjerljocht). De meast algemiene tekst op âlde klokken is: vivos voco (de libbene rop ik) en mortuos plango (de deaden beskriem ik.) Tsjintwurdich wurdt it lieden beheind ta haadsaken sa as: It oproppen ta de tsjerketsjinsten, it begelieden fan begraffenissen, it oproppen ta betinking bgl. 4 maaie yn de jûntiid. It ynlieden fan bgl. doarpsfeesten ensafuorthinne. De West Europeeske lied tradysje is al hiel âld. It stamt út de iere midsieuwen en is troch in pauslik dekreet (om 1100 hinne) befestige foar alle tsjerken en kapellen. Dêr neist waard oan de klokken in wiidwreidich wrâldlike sinjaal funksje ta kend.

Lyste klok (Mei tekst: Berlikum om't er werom kommen is út Dútslân nei de 2e wrâld oarlog)Klokken waarden faak ferneamd nei hilligen. (beskermhilligen) Yn Nederlân binne dizze tradysjes ek hieltiid folge. Nei de Reformaasje is de betsjutting fan de ynwijinge ferdwûn, mar de gewoante om by it begjin fan in tsjerke tsjinst (en by oare gelegenheden sa as begraffenissen, nasjonale en regionale feestdagen) de klok te lieden bliuw bestean. Fan út opskriften fan liedklokken besjoen, hat de lytse klok as opropper ta bea en hillich nachtmiel (en hillige missen) de meast útsprutsen tsjerklike liturgyske taak.(Per vocem meam Deus vos vocat: Door mijn stem roept God u.) Algemien wie it brûklik it folle lieden te beheinen ta de tsjerklike heechtiidsdagen sa as de grutte feesten fan Peaske, Pinkster en Kryst. Derneist is dit lieden geskikt om brûkt te wurden by bysûnder (al of net tsjerklik) barren sa as nijiersdei, keninginnedei, befrijingsdei ensafuorthinne. It kloklieden koe, sa as al sein is, pleatslik nochal ferskille en hong ôf fan it oantal liedklokken yn de toer. It oarspronklik brûkme fan kloklieden is dus al tige âld.

In sitaat út it Roomske tsjerkerjocht skriuw foar, dat eltse tsjerke of iepenbiere kapel in klok besitte moast om de leauwigen oproppe te kinnen ta bea of tsjerke tsjinst. Letter kamen hjir ferskate oare (iepenbiere) funksjes by foar de bewenners en omkriten. De bestjoerde omkriten om doarp en stêd foelen ûnder "de klockslag van...." Skoft tiiden foar arbeiders yn it fjild (hja hienen meastal gjin horloazje) waarden troch de klok oanjûn. In stjergefâl waard oankundige troch it lieden fan de swiere of minder swiere klok(ken). Sa koe immen fernimme as der in manspersoan, in frouspersoan of in bern ferstoarn wie. By brân, wettersneed en fijânlike oanfal liet de klok har alarmearjende lûd hearre. (no hawwe wy de sirenes.) Sa waard der ek seind fan it iene nei it oare doarp of stêd om berjochten troch te jaan.

Om te foarkommen dat berjochten dy't net winsklik wienen foar in besetter sa as de Frânsken, waardende tsjerketuorren nasjonalisjearre. Kosters waarden ferantwurdlik steld foar it net tastiene brûken troch ûnbefoege persoanen. (De Dútske besetting foarderden ommers ek de radio's om de net winske berjochten út Ingelân te kearen) It ûnheil waard achtte fan út it Westen te kommen. Der fandinne dat de measte tsjerke tuorren nei it westen rjochte binne. It alter stie op it Easten. It heil komt ommers út it Easten.

Minsken fan oansjen woenen dan ek sa ticht as moochlik wie by (noch leafst ûnder) it alter begroeven wurde. Dat wienen dan meastentiids de ealju, sa as yn BERLTSUM bgl. de Hemmema's en oaren. De minsken fan minder oansjen waarden op oare plakken yn de tsjerke begroeven. It begraven yn de tsjerke moast betelle wurde. Op it tsjerkehôf waarden de gewoane man, wiif en bern begroeven, dit wie fergees. It tsjerkehôf wie meastal mei in inkelde stien of houten krús fersjoen foar dy it betelje koenen. Yn Berltsum waard it hea op it tsjerkehôf ferkocht oan de meast biedende persoan. De bern boarten op it tsjerkehôf, want de algemiene skoalle, mei de koster/skoalmaster as haad stie tichte by de tsjerke op it tsjerkehôf. Ek kermissen (kerkemissen) mei hannel en alles wat der letter by kommen is, waard meastal op it tsjerkehôf hâlden. De kroeg stie net al te fier fan de tsjerke ôf, want nei de tsjerke tsjinst in bierke pakke, wie hiel gewoan.

Om op it begraven werom te kommen:

Fan ôf de Midsieuwen waarden de deaden op alle dagen fan de wike begroeven, dus ek op snein, mar dan wol nei de tsjerke tsjinst(en). Wat grutter de begaffenis staasje, wat mear oansjen en respekt foar de ferstoane waard ferûnderstelle. Nei de Reformaasje waarden der gjin routsjinsten mear hâlden en by de begraffenissen wie it de dûmnys ferbean om meiwurking te ferlienen oan begraffenis plechtichheden. Wie dit dochs it gefal, dan gie dit sûnder seremonieel. Yn Berltsum gie men foarhinne trije ris om it tsjerkehôf hinne en dêrnei nei it grêf ûnder it lieden fan de klok. Dit trije ris om it tsjerkehôf hinne rinnen is oan it ein fan de tweintichste ieu ophâlden. It wie in âld (heidensk) brûkme mei in heidensk lawaai! It is miskien wol aerdich om te witten, dat oerwurkmakker Enne S. De Haan (De foargonger fan Klaas Holste’s Meijer), as earste yn Nederlân, it elektrysk kloklieden útfûn hat. BERLTSUM krige de primeur!

Hjir binne in protte minsken west om te sjen hoe dat liedsysteem wurke. Faak is yn Berltsum tocht dat it kloklieden, om skoft te hâlden, net mear nedich wie. Mar o wee, de memmen dy't de bern twa ris deis fan de skoallen ophelje moasten waarden der troch it kloklieden op attendearre dat hja wer op wei moasten nei skoalle ta. Hja wienen it dêr dan ek lang net mei iens. De tsjerkfâden hawwe dy tradysje hjir yn Berltsum dan ek mar sa litten. It (lêste) meganysk toer oerewurk is makke troch de Bruorren van Bergen, Midwolda (1924). It lieden fan de klok giet no automatysk. Earder moast de kloklieder der altyd om thús bliuwe of der foar thús komme of in ferfanger freegje, want, al hoegde hy net mear yn de touwen te hingjen, it knopke moast noch wol om.


Noch eat oer it kloklieden.

Op somlike plakken liede(n) de klokken nei it dwaan fan de oanjefte fan in stjergefal by de Boarglike gemeente en hie earder de betsjutting dat de dúvel hjirtroch ferjage wurde soe en gjin fet krige op de siele fan de ferstoarne. De tsjerkeklokken wienen ommers yn it ferline troch de geastlikheid seinige. It lieden fan de klokken wie de taak fan de buorlju. Kaam ien nei 12 oere te ferstjerren dan fûn it ritueel de oare moarns plak. Men neamde dit “immen beliede”. De mienskip waard ynljochte dat immen stoarn wie. Giene de klokken mei twa kear in ûnderbrekking, dan wie it in man oangeande. Fûn der ien kear in tuskenskoft plak dan wie it in frou dy ‘t stoarn wie. Gie allinne de grutte klok, dan wie in bern stoarn. (ek mei ien kear ûnderbrekking) Earder wie der ek ferskil tusken immen út it tsjerkedoarp of immen út ien fan de bûtendoarpen. BERLTSUM hat no, nei de bou fan de Koepeltsjerke, jammergenôch, noch mar ien klok oerholden, t. w. de lytse liedklok.

Op sneontejûn wurdt hjir no de snein “ynlieden”. Der wurdt fakentiden sein: “Dûmny krijt in skjin himd oan” of “De wike wurdt ferlieden”. Op Stille Sneon wurdt net lieden. Op âldjiersjûn om tolve oere wurdt de klok ek lieden. Oardel oere foardat de tsjerketsjinst begjint wurdt de klok 5 minuten lang lieden. In kwartier flak foar de tsjinst in 2 ½ minuut. Ek by de deadebe -tinking op 4 maaie wurdt de klok lieden. Op somlike plakken wurdt de klok ek lieden by it sjon -gen fan “Stille nacht”.

De liedklok : it âldste massamedium fan Jeropa.  

Kommunikaasje : reeksinjalen, fjoeren, blaasynstruminten (bazún, klaroen, kowehoarne), klokken. (yn ferskate âlde kultueren kamen klokken foar. (yn it fiere easten bgl yn Sina etc. etc.)