Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

It oargel fan Johannes Mittenreyter. (1780)


It oargel, boud troch de destiids út Dútslân ôfkomstige dochs yn Leien wenjende oargelbouwer Johannes Mittenreyter, is op 16 juli 1780 "ynwijd". In jier nei de tsjerkebou. It oargel yn de Koepeltsjerke hie mar ien manuaal.

Oargel mei it twadde manuaal

Yn 1854 is it oargel nochal útwreide mei in twadde manuaal. De Berltsumer tsjerkfâden wienen der tige mei ynnommen. Sa dat hja har der ta drongen fielden om yn alle iepenheid har tefredenens te betsjûgjen oer de treflike wize wêr op de oargelbouwer, de hear Hardorff út Ljouwert, it tsjerke oargel fan de Herfoarme gemeente yn dit doarp hersteld en ferbettere (útwreide) hie. It troch syn eabele oplevere wurk is by de eksaminaasje net allinne folslein goedkard, mar sels hiel wol pryslik as treflik befûn troch doelmjittigens fan pleatsing, troch kreasens en solidens fan bewurking en troch swietlûdigens fan toan. De niisneamde tsjerkfâden mienden dêrom dan ek de bekwamens fan de oargelmakker oeral oan rekommandearjen te moatten wilens hja mei ien fan dizze gelegenheid gebrûk meitsje woenen om hulde te bringen oan it bewûnderensweardige keunst talint fan de hear J. Kamminga, oargelist te Frjentsjer, dy it oargel by de ynwijinge bespile hat. Sa waard der troch de administrearjende tsjerkfâd t.w. Klaas Rinzes de Groot in advertinsje set yn de Ljouwerter krante fan 25-8-1854, dit mei út namme fan it kolleezje fan tsjerkfâden.

Willem Hardorff wie oargelmakker te Ljouwert. Hy hat it fak leard by oargelmakker van Dam en wie dêrnei mastersfeint by oargel makker A. van Gruissen. Nei it ferstjerren fan van Gruissen yn 1843 naam Hardorff syn oargel makkerij foar in grut part oer.

Oargel mei it inkele manuaalYn 1980, by de grutte restauraasje fan de Koepeltsjerke, binne dizze útwreidings fan 1854 wer ûntdien makke. It oargel is no wer yn syn oarspronklike steat werom brocht. It âlde oargel út de âlde krústsjerke is yn 1779 ferkocht foar fl. 75.- oan in timmerman út Stiens. It nije Mittenreiter oargel oargel hat fl. 2925-15-00 koste.

By de lêste restauraasje is it sinken tek fan de koepel tsjerke, yn 1894 troch it leadjittersbedriuw de Bruorren Bekker oanbrocht, ek wer yn de oarspronklike steat werom brocht mei de sa neamde skob laaien. Yn it jier 2000 is de lantearne nochris goed ûnder hannen nommen, de lantearne is sels fan de romp fan it tsjerkegebou ôf west en wat wie Berltsum doe "keal op ‘e holle" ! Berltsum kin no wer besjen lije mei syn tsjerke toer.


BESCHRIJVING van het "nieuwe"orgel in de Kerk te Berlikum. Dit orgel bestaat uit een manueel (klavier), waarvan de clavieren (toetsen), die aan de ene kant van het werk geplaatst zijn, beginnen met groot C’ en eindigen met drie gestreken F, dus 54 toetsen. De ondertoetsen zijn van wit ivoor, en de boventoetsen van zwart ebbenhout gemaakt. Her orgel is voorzien van de volgende stemmen (registers). Sjoch hjir ûnder fierder op. Het werk is gestemd in kamertoon (* en heeft een voldoende temperatuur (** om alle grondtonen te kunnen gebruiken; het heeft verder drie blaasbalgen, en tremulant en een windlossing (*** en is in het geheel vervat in een kast, gemaakt van best eikenhout, aan de beide zijden en beneden aan het voetstuk met sierlijk snijwerk voorzien, terwijl het van boven, of op het capiteel, met drie fraai gewerkte vazen, of stenen potten, pronkt. De maker van dit sierlijk en ten hoogsten goedgekeurd orgelwerk is Joh. Mittenrreyter, beroemd orgelmaker te Leiden.

Oargel Herfoarmde tsjerke

De voet is de lengte van de pijp en bepaalt de hoogte van de toon. Hoe langer de pijpen, hoe lager de toon. (* kamertoon. Een halve toon lager dan de orkesttoon. (** de temperatuur van een orgel bepaalt de toonsoort, waarbij het nog redelijk klinkt. Dit orgel is het meest geschikt voor kerkmuziek. Muziek zonder voortekens (kruisen en mollen) of met maar weinig voortekens klinkt er het beste op. (*** winlossing. Als de orgeltrappers te enthousiast bezig waren en teveel wind produceerden kon de organist een ventiel opentrekken, waardoor het teveel aan wind kon ontsnappen en het orgel weer beter klonk. Ons orgel is weer helemaal teruggebracht in de staat als hierboven beschreven. Alleen zijn er geen drie blaasbalgen meer, maar een windmotor, die de windvoorziening verzorgt en een balg die het regelt. Een windlossing was nu niet meer nodig.


Oargelmakker Johannes Mittenreiter wie berne yn Eastenryk (Graz) en wenne fanôf 1780 op de Hoogewoerde yn Leien. Hy behearde ta te wichtigste oargelmakkers út de twadde helte fan de 18e ieu. Neist hûsoargels besteane der nog ferskate tsjerkeoargels fan syn hân. Dat binne de oargels fan de Minniste tsjerke fan Leien en de tsjerken fan Eaton (Ingelân) en Woubrugge. Syn grutste wurk, it oargel fan’e Grutte tsjerke te Hoorn, is by de brân fan 1838 ferlern gien.


ORGEL CONCERT. Op zondag den 30 Mei 1858 in de Hervormde Kerk te Berlicum, door W. Sartorius, muzijk meester te Leeuwarden. Programma’s en Toegangskaartjes zijn te bekomen by G(errit) J(ohannes) van Wigcheren te Berlikum en een half uur vóór den aanvang van het Concert aan den ingang van het Kerkgebouw aldaar. Aanvang des namiddags te 5 uur. Entrée 25 cent de persoon.

Leeuwarden, den 27 Mei 1858. W. Sartorius. Muzijkmeester.

(Stêdsmusyk master W. Sartorius wie ek de beierdier fan de letter ôfbrutsen "Nije toer" yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert. Mei de bou fan dizze nije - of Sint Jacobs toer waard yn 1540 begûn.)


Hepkema’s Courant  it lettere Nieuwblad van Friesland. wo. 20-1-1937.  no 8.

BERLIKUM.

Reeds vroeg had de Nederlandsch Hervormde kerk een orgel. In 1612 was hier organist-kerkvoogd Mr. Frans Jans. Op 18 Juli 1789 had de inwijding plaats van een door Joh. Mittenreyter te Leiden gebouwd éénklaviersorgel met 14 stemmen. Het werd geëxamineerd door den Harlinger organist Jan Feddema. In 1854 is het geheel vernieuwd en voorzien van twee klavieren en 18 stemmen door W. Hartdorf te Leeuwarden. Door de fa. Van Dam is het in 1929 geheel gerestaureerd en vergroot. Kosten plm. Fl. 5.100,- Organisten midden 18e – midden 19e eeuw -  Sytse Annes Ypey, Heerke Willems Dijkstra, daarna Romke van Reenen.

Heerenveen. J. L. de Jong L.zn.                            

Voor eventuele aanvullingen en verbeteringen houdt de schrijver zich aanbevolen waarvoor dan diens gedrukte lijst van Friesche Kerkorgels wordt toegezonden.


By de lêste restauraasje (1979) troch de firma Reil út Heerde is de wynlade wer yn de tastân fan 1780 werom brocht en de midden toer yn de oarspronklike foarm hersteld. It nije manuaal is op it oarspronklike werom brocht, lykas de pûster, ek wol balge neamd. (ien yn pleats fan trije). It mechanyk waard op nij makke lykas de register knoppen. It piip materieel fan Johannes Josephus Miitenreyter krige syn oarspronklike werom (ferskate registers wienen "ferskowd") en de kast krige syn echte (hout) kleur werom. Pas op 26-7-1989 is it nije troch Tico Top, houtsnijer en byldhouwer út Krúswei op it noard Grinzer plattelân deun by de Waadsee, makke lofwurk oan it oargel befestige wurden. It âlde troch Johannes Schadde en Soan makke lofwurk wie alhiel fergien. (fermôge). It sierwurk oan de doe yn 1989 nijmakke side kanten fan it oargel (it lofwurk) is yn 1991 ferve troch Evert Algra út Berltsum. De potten (fasen) op it oargel binne troch Izaäk van der Brand ferve en fergulde.

De disposysje is (no wer). Haadwurk: Prestant 8’; Prestant 16’; Holpiip 8’; Quintadena 8’; Octaaf 4’; Roerfluit 4’; Quint 3’; Super Octaaf 2’; Gemshoarn 2’; Flegolet 1’; Cornet 4 st.d.; Mixtuur4-6st; Trompet 8’b.en d.; Dulciaan 8’. It pedaal is oanhingjend en it klavier rint fan C oan’t f" As spielhelp: de tremulant. Stimming: Werckmeister III.

BERLIKUMER serie concerten succes. Het derde zomer avond concert seizoen in Berlikum is gisteravond besloten. In 1980 was de koepelkerk voor het eerst plaats van handeling: organist Wietse Adema was toen de initiatiefnemer voor een viertal muzikale activiteiten gedurende de zomermaanden.Deze zomer stonden er weer vier concerten op het programma: naast het laat achttiende eeuwse orgel van de Leidse orgelbouwer Mittenreyter, kortelings gerestaureerd zoals de gehele kerk, lieten dwarsfluit, hobo en harp hun stemmen klinken. Musici van het Frysk Orkest namen, samen met organist Adema, de eerste drie concerten voor hun rekening. De akoestiek in de achtzijdige centraalbouw met de vier dragende zuilen en de hoge koepel is voortrekkelijk, het interieur, preekstoel, banken, orgelbalustrade, zijn een lust voor het oog, het zicht op de uitvoerende musici is goed en de stoelen zitten uitstekend.

R.Benes-Pusching.

(Wietze Adema wie hjir oargelist yn de Grifformearde tsjerke en dirigint fan it Kristlik mingd koar "Cantate Deo".)


OVERZICHT van Stukken uit het orgelarchief van Klaas Bolt

door J. F. van Os.

Rijksuniversiteit Utrecht. Faculteit der Letteren Vakgroep Muziekwetenschap 1994.

BOLT ARCHIEF.

Û.o. yn it argyf : De geschiedenis van het Mittereither-orgel in de Hervormde kerk van BERLIKUM skreaun troch Ulbe (Willems) Pranger fan BERLTSUM.


L.C. 31-12-1951.

Zij die Friesland ontvielen.

Op 30-1-1951 is (98 jier âld) overleden Klaas Meinderts de Haan te Berlikum. Hij was 30 jaar orgel trapper (pûster traper) der Nederland Hervormde Gemeente aldaar.

(Hy hie de bij namme fan Klaas "Puster traper" en wie de âldste ynwenner fan Berltsum.)


Yn 1903 bouwde de fa. Van Dam in oargel foar de tsjerke op de Kamp, hokker oargel de folgjende disposysje hie: Prestant 8’, Holpiip 8’, Viola di Gamba 8’, Violoncel 8’, Octaaf 4’, Octaaf 2’, Mixtuur 3 sterk, wilens it pedaal ien stim krige t.w. in Subbas 16’.

Foar de nije "KRÚS" TSJERKE krige oargelbouwer Will Boegem, ôfkomstich fan Amstelveen, de opdracht in nij oargel te bouwen. Hy boude hjir in twa klaviers oargel mei frij pedaal en yn totaal 19 stimmen, in oanmerklike útwreiding yn ferliking mei it eardere oargel. Dit nije instrumint krige dizze posysje: HAADWURK: Prestant 8’, Holpiip 8’, Viola di Gamba 8’, Octaaf 4’, Speelfluit 4’, Nasard 2 2/3’, Nachthoarn 2’, Mixtuur 2’ 3-5 sterk, Trompet 8’. BOPPEWURK: Roerfluit 8’, Prestant 4’, Dekte fluit 4’, Sexquialter 2 sterk, Octaaf 2’, Scherp 2’ 3 sterk, Dulciaan 8’, Tremulant. PEDAAL: Subbas 16’, Prestant 8’, Octaaf 4’. Fierders trije koppels en in tremulant op it boppewurk. Foar it oerbringen (abstrakten is licht metaal brûkt, de nije slepen binne fan kunststof mei drukfearren.

Lyk as Will Boegem dien hat by de bou fan it nije oargel yn de Nederlând Herfoarme Tsjerke fan Wezep, makke hy ek by de bou fan dit oargel gebrûk fan materialen út it âlde instrumint. Sa is it âlde wynlaad út it eardere oargel yn it nije ferwurke, wilens krekt as de Prestant 8’, Holpiip 8’, Viola di Gamba 8’, Octaaf 4’, Dekte fluit 4’, Octaaf 2’en parten fan it piipwurk fan de Mixtuur brûkt waarden. Boppedat waard fan it piipwurk foar de Violoncel foar in part de Scherp 2’ 3 sterk fan it Boppewurk makke.De Subbas 16’fan it pedaal is ek út it Van Dam oargel ôfkomstich.

De kosten wiene f.35.000,- (1967).