Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De nammen op de âlde grutte tsjerkeklok.


Op de âlde grutte tsjerkeklok fan Berltsum dy't no yn de Konkordiën Kirche te Mannheim hinget, stiet oan de bopperrâne in lytse liuw (it wapen fan Ljouwert) Hjir op steane allegearre mannewapens mei ûnderskriften.


Grutte klok út de Krústsjerke (Lofts it wapen fan Claes Ruirds en rjochts it wapen fan Pieter Eelckes)


It binne:

(1) Jr. Edzart van Grovestins, erf-geseten opt huis toe Grovestins in den dorpe Engelum en Grytman over Menaldumadeel, (wapen Grovestins).

(2) Doeke van Hemmema cap. van de guardes van sijn forstlicke genade prins Wllem van Nassaw stathowder etc. (wapen Hemmema.) Doeke is berne yn 1603 en ferstoarn op 15-7-1698 as soan fan Sierck Sickesz. en Lysbeth Lucasdr. Jarges te Berltsum. Hy wie de 6e besitter fan it Nije finne -lien. en yn 1637 oansteld as kaptein yn de kompanjy fan Ludolf Potter.

(3) Willem Allart Clant, joncker en hoveling tot Eendrum, Pietersbuiren, Cloosterbuiren en Westernyelant. (wapen Clant) Hy wie boaske mei Tiemck (Tamarinda) van Heerma, de dochter fan Tierck Goslicksz, en Luts Douwesdr. Walta te Berltsum.

(4) Marten van Baardt, leutenant van een compagnie te voet. (wapen Baert)

(5) Nollius Hajonides, predikant tot Belkom. (wapen Hajonides) Hy is berne yn Boalsert yn 1634 en ferstoarn yn Embden op 19-2-1671 en dêr begroeven yn it koar fan de Grutte tsjerke.

(6) Ruyerd Meyntes, (1616-5-5-1683) kerckvoogd. (wapen Meyntesz) Hy wie hjir mr. bakker yn de Buorren yn earste boask troud mei Grietje Oepkes en yn 2e boask mei in dochter fan de Berltsumer dûmny Jonas Olaus, t.w. Lysbeth J. Olaus troud.

(7) Claes Ruirds van Schellingwou, (1625-n.b) Kerck en Armevoogd. (wapen Schellingwou) troud mei Liesbeth Johannesdr. Hy wie de soan fan Riuerdt Martensz. en Wytske Yntesdr. En wie in pakesizzer fan Marten Claesz. en Wopck Jansdr. Schellingwou. (foarâlders dêr wer fan wienen Dirk Dirxs "de Olde" en "de Jonge" û.o. op Monnickshuis te Wier. (sjoch ek haadstik "Werom yn de tiid")

(8) Pieter Eelckes, gecommiteerde. (wapen Pieter Eelkes) Hy wie eigner/bewenner fan in pleats te Berltsum.

(9) Cornelis Thys, mede rechter van Menaldumadeel (wapen Cornelis Thijsz. (van Gelder) en boaske mei Lolck.... Hja wie de widdo fan in Claes Janssen "by de mole"). Hy wie skuonmakker te Berltsum en nei alle gedachten in soan fan Tys Cornelisz. skuonmakker te Sint Jabik. Hy wie bysitter van Menameradiel en wurdt yn de genealogy Andringa oantsjutte as Van Gelder. In dochter, Aeltie Cornelisdr.(van Gelder) is yn 1694 boaske mei Folckert Eernstz. en harren bern (Saepke en Cornelis) neamden harren (nei memme’s efternamme) Van Gelder. (De niisneamde Folckert Ernstes hie in protte stimmen yn Berltsum. Hy Hy hie in protte lân om BERLTSUM hinne en wie yn 1698 û.o. as erfgenamt foar de helte eigner yn de pleats “Skilwolde”, de oare helte behearde ta oan in Dirk Hansen. De hierder wie in Bocke Eelses.) Saepke Folkerts van Gelder wie troud mei Tjepke Seerps Gratama (berne om 1664 hinne) keapman en mr. tichelder te Grettingabuorren ûnder Harns en boarger faandrich te Harns.

City Kirche Konkordien Mannheim

Op fekânsje kin dus in besyk oan de Konkordiën tsjerke yn Mannheim ús wer efkes yn (it âlde) Berltsum werom bringe. Jo moatte soks dan ek mar witte!

Nij in restauraasje fan dizze tsjerke binne de klokken wer werom hongen. Foto's en in ferslag hjir fan binne hjir te fynen. 

De grutte klok hjir is dy fan Berltsum mei foaroan it wapen fan Ruyerd Meyntes.