Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Minne jierren. (1711)


Watse Jouckes Heringa hie in buorkerij, 71 pm grut, yn pacht fan de Herfoarme tsjerkfâdij fan Minnertsgea, wêrop in ridlik bestean te fertsjinjen wie. Hy wie boaske mei Rinske Jacobs, ôfkomstich fan De Ryp. Yn Minnertsgea wenne ek de jonge kaptein Jonker E. van Dambitz. Der soe in stikume ferhâlding bestien hawwe tusken dy twa, te witten Rinske en dy Jonker. Dit ferhaal gie as diggelfjoer troch it doarp. It libben yn Minnertsgea wie foar Watse ûndraaglik wurden. Hy naam it beslút om in herberch yn Berltsum de keapjen. Hy en syn wiif binne tegearre mei de bern yn 1711 nei Berltsum ferhúze. Hja binne dus byinoar bleaun net tsjinsteande it praet (rabjen) fan de Minnertsgeasters.

Yn Berltsum, in woltierich doarp mei syn bekende hynstemerke en regelmjittich hâlden feemerke, dy't altyd in grut oantal besykers luts, tocht Watse in goede brea winning te finen. (Sels yn 1889 bgl. noch waarden der wol 520 stiks kij op de foarjiers merke oanfierd.) Hy kocht op 8-6-1711 de herberch "het Wapen van Friesland" yn de Buorren op it East einde, (no It Skil / Hemmemaplein) destiids in drokke ferkearswei (rydwei) tusken Ljouwert en Harns en Frjentsjer, fan Jacob Gerbens Quader en syn wiif Hyke Hotses. By de herberch hearde in grutte skourre, in hôf, beammen en plantage c.a. mei in tapperij. By de herberch hearde ek in simmerhûs en in stalling foar 80 hynders. De keapsom bedroech 3200 goud gûnen en in gouden dukaton foar syn frou Hyke Hotses en foar elts fan syn bern in sulveren dukaton.

Mar Watse en syn gesin hienen de tiid net mei. It lân ferearme troch alle kriich dy't Fryslân teistere. De boeren waarden troffen troch de feepest en dus wie der wer gjin dong mear foar op it lân, sa dat de opbringsten ferminderden. De hôfkers en túnkers ferearmen. It ferfier fan fee waard ferbean en der waarden gjin fee merken mear hâlden. De brulloften waarden hast net mear hâlden en gean sa mar troch. Yn 1715 al sieten hy en syn frou yn de skulden. Hy hie hjir en dêr noch wat lân lizzen dat troch him ferhierd waard. Hy moast dus wol wat fan syn besittings ferkeapje om der wer wat boppe op te kommen.

Doe trof noard west Jeropa en dêrmei dus ek Fryslân noch in grutte ramp. Yn de nacht fan 26 op 27 desimber 1717 briek in tige grutte stoarm en stoarmfloed los dy't op ferskate plakken de diken troch brekken die. Sa slim hienen hja it hjir yn ieuwen net mear mei makke. Dizze ramp is de skiednis yn gien as "de Krystfloed fan 1717". Ien fan myn oerpakes t.w Cornelis Cornelissen Posthumus wenne doe yn 1717 noch as jonge by syn mem yn op de pleats "Jeltema Sathe" ûnder Ternaard en hy wist nochal wat jierren letter te fertellen, hy wie yn dy tiid sels ek wer boer wurden op "Ekema Sate" op de Fiskbuorren ûnder Ternaard, dat hiel wat hûzen efter de seedyk doe fuort spield en in hiele protte fan syn doarpsgenoaten ferdonken binne. It lân wie earst net mear te brûken fanwege al it sâlte see wetter dat de lannen oerspield hie. In part fan it Bilt stie ûnder wetter. It wie in tige grutte ramp.

Yn 1718 stienen de Heringa's dus al wer yn it read. Hy moast jitris jild liene want de skuld easkers woenen jild sjen. Pytter Bockes, keapman te Berltsum, krige fan him de folle lêst en prokuraesje om syn saken te regeljen. Mei ferskate krediteuren waarden regelings troffen ta it ôfbeteljen fan de skulden út de opbringsten fan de ferkochte herberch, dy't yn terminen ôfbetelle waard. Op 12-6-1719 kaam in ôfrekkening ta stân mei Jacob Gerbens Quader, dy't noch 970 Karoli gûnen en 12 stoeren fan him te foarderjen hie.

Watse Jouckes is letter op d 'ien of d'oare manier skipper wurden. Fierders hearre wy neat meer fan dizze famylje. Wol is bekend dat hy yn 1725 noch yn Berltsum wenne. Yn 1732 op 31 jannewaris is hy, neidat hy widner wurden wie, yn Grins wertroud mei in Roelfje Scholten de widdo fan Jacobus Landa. By de ûndertrou wie notearre " mei belêsting ta BELCUM ".


L.C. 28-1-1899.

Fen alles hwet

Yn it jier 630 hat kening Adgillus de earste terpen opsmite litten om by heech wetter dêr op wenje te kinnen. Dit hat de earste bediking west, want earder lêst men der neat fan; de kronyken neame dit "Dijekaedsjes langs des heelen zees oever.". Yn it 793 is der in oerstreaming, der’t ferskate minsken by omkamen. De terpen dy’t ferneatige wienen waarden letter tige ferswiere en wol te: Koudum, Almenum, Midlum, Hitsum, Winsum, Tsjum, De Rijp en ÚTGONG. (Berltsum)


L. C.  18-10- 2002.

Smit Vlees Berlikum verkocht.

(Is no it yn 2011 tige útwreide pân “Bakker Prefessionals” oan de Bitgumerdyk. pl. bek. as Bûtenpole nû. 1)