Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Min foarbyld docht net folgjen.


Feike van der Ploeg (1736-1790) wie foargonger yn de Minniste tsjerke fan de âlde Vlamingen en Wetterlânners fan DOKKUM. Dêr foar wie hy wierskynlik boekbiner yn de boekewinkel fan syn stypheit. In "ploeg" is in stik ark wat brûkt waard om boeken mei te snijen. Fan dêr wierskynlik syn efternamme Van der Ploeg. 

Feike wie op 28-1-1736 berne te FRJENTSJER as soan fan in keapman t.w. Hidde Feickes. Hy wie boaske mei Antje Pieters Hoekstra. Hja krigen 5 bern w.û in Hidde Wibius, de lettere Minniste dûmny fan Krefeld en Goch, berne te Hylpen op 12-8-1768 en in Margaretha Albertina, berne te Hylpen op 28-8-1770 en letter boaske mei Godert Hoites Born.

Yn Dokkum kaam yn 1780 in tuchtkwestje oan de oarder wêr yn Feike (dan Feico neamd) ta de oarder roppen waard, omdat syn hannel en wannel net yn oerienstimming wie mei de Minniste leare. Hy wie regelmjittich dronken, hie in protte rûzje en makke in soad skulden. Syn húshâlding moast it belije en sa koe it net fierder. De tsjerkeried die der fan alles oan om him wer op it goede spoar te krijen en holp him fan alle kanten, sa folle as it mar koe, mar it holp net. De tsjerkeried sette him úteinliks op 23-10-1780 ôf as dûmny en fuort wienen de ynkomsten om it gesin te ûnderhâlden. De stêds earmfâden fan Dokkum moasten it gesin no ûnderhâlde.

Feike stoar te Dokkum op 29-6-1790. It gesin ferhúze dêr nei yn 1795 nei SNITS. De bern en bernsbern ha it lokkich better dien as har heit en pake, want hja hawwe letter goede posysjes krigen yn it libben. It moat mei help gien wêze fansels, oars koe it net. Minnisten stienen der om bekend, dat hja inoar sa folle as mooglik wie, holpen en bystienen as it mar efkes koe. 

H.F. Born wie in bekende Ljouwerter houtsnijer. Hy hat it snijwurk oan it oargel yn Zuid-Scharwoude makke en nei alle gedachten ek dy oan it oargel fan Mantgum. Tusken 1825 - 1832 wenne in Hiddo Wibius van der Ploeg Born yn EASTEREIN. yn in eigen wente oan de Tsjerkebuorren nû. 13 (no nû. 23.) Hy wie sirurgyn en froedmaster. Hy is de soan fan Godert Hoites Born en Grietje van der Ploeg en de pake- en beppesizzer fan Hoite Born en Dieuwke Hendriks Sauerland. Syn frou Grietje Wytzes Hoekstra, doopt te Dronryp op 23-8-1801 as dochter fan Wytze Keimpes Hoekstra en Hiltje Sytzes, wie dêr ferstoarn op 5-9-1832 oan sok koarts en liet him  4 bern nei. Der is u.o. ek in Minniste dûmny Feico Born west, dy’t stien hat yn Ljouwert, Drachten / Oerterp en De Jouwer. Dizze hat in soad dien om ta de stifting fan in Minniste tsjerke yn WOLVEGEA te kommen. (Sjoch ek: Geneesheren_en_heelmeesters_in_Easterein_1824-1919) 

Hoite Goderts Born hie in leadjittersbedriuw yn Ljouwert en hat it dêr tige goed dien. Hjir yn BERLTSUM kaam hy fakentiids om (skub) laaijen te lizzen op de Koepel tsjerke. Letter hat hy hjir sels in stikje grûn op it Berchhôf kocht om dêr in rigel hûskes op sette litte te kinnen foar jildbelizzing. Yn de folksmûle de Borns (Borne) buorren neamd en letter ferbastere ta Bonnebuorren. De 8 wenten waarden op 9-12-1843 te hier oanbean mei in perseel hôf. It hjit no (wer) de Singel. De hûzen binne al wer ôfbrútsen en de grûn wurdt no brûkt foar in grutte fytsestalling by de útgean sintra. De namme Born is in echte Berltsumer namme wurden. De foarnammen Hidde, Feike, Hoite Godert klinke ús ek no noch bekend yn de earen. Soms mei oare skaainammen sa as Feico Jeep’s Heida en Feico Hein’s Tempel. 


Nochris wiidweidich werom nei Feike fan der Ploeg.

Ds Feike Hiddes van der Ploeg, Doopsgezind, geboren in 1736 te Franeker als zoon van Hidde Feikes, koopman en Grietje Beerts Wassenaar. Hij trouwde op 24 mei 1767 met Antje Pieters Hoekstra, van Franeker, welk huwelijk bevestigd werd in de Hervormde Kerk te Gaast, waar zijn stiefvader, Wybe Bosma, toen predikant was. Hij overleed op 29-6-1790 te Dokkum. Hij werd op 25 oktober 1759 als student aan de Hoogeschool te Franeker ingeschreven, vervolgens werd hij 8 november 1766 Doopsgezind proponent te Amsterdam en nog geen jaar later werd hij als Doopsgezind leraar beroepen te Hindeloopen, waar hij "zeer in de gelegenheid was, zich van den tongval aldaar op de hoogte te stellen". Sedert 10 september 1772 was hij leraar bij de Doopsgezinde gemeente te Dokkum, op een jaarlijks tractement van 600 Car. guldens, benevens genot van vrije woning, doch al spoedig viel hier een en ander op zijn gedrag aan te merken: ‘maar Dns. Van der Ploeg zijnen wandel bij vervolg van tijd zoodanig aangelegd hebbende, dat niet met zijn Eerw. Leer overeenquam. Deswege was hij tot twee malen toe gestraft en uitgesloten van de bijwoning van het Avondmaal. Doch "Dns. van der Ploeg, volhardende in sijn ergelijk gedrag", werd zelfs voor de derde maal gestraft met tijdelijke schorsing in zijn bediening en de voordelen, daaraan verbonden. En tenslotte verzocht men hun Ed.Mog. de Staten om hem geheel in zijner bediening te ontheffen, waarop Hun Ed. Mog. echter niet ingingen, daar door hen "de zaak als puur kerkelijk beschouwd werd". Zij stellen voor het nog éénmaal te proberen op straffe van "absolut deportement". Tot ontheffing zijner bediening kwam het echter niet door tussenkomst van eenige broeders, wien hij beterschap beloofd had, en die de moeilijke omstandigheden in zijn gezin, nl. een vrouw en vijf jonge kinderen, in het midden brachten. In het vervolg zou hij "zig onthouden van het misbruycken van stercken drank, waaruit voortvloeyen alle zodanig bij elk in het oog loopende buytenspoorighheeden en huyskrakelen als uitgemaakt hebben de reedenen van zijn drie bijzondere ondergegaane straffen", en tevens beloofde hij aan zijne gemeente, welk hij "seven honderd Car. guld. perobligatiën" schuldig was, jaarlijks een zeker bedrag aan rente en aflossing te voldoen. Blijkbaar drukten de zorgen hem op den duur zoo zeer, dat hij in 1787 plotseling Dokkum verliet, met achterlating van vrouw en kinderen, die hij aan de zorg van de gemeente overliet; in verband daarmee verzocht in genoemd jaar de Dokkumse kerkeraad aan de gemeente Amsterdam om een nieuwe predikant. In het jaar, daarop volgend, keerde hij weer binnen Dokkums wallen terug, doch niet als voorganger der gemeente; den 29 juni 1790 verwisselde hij het tijdelijke met het eeuwige. Behalve theoloog was hij een vruchtbaar schrijver. Zijn grootste verdienste ligt wel in zijn Fries litterair werk; in het tijdperk van het Middel-Fries neemt hij met zijn bevallige geschriften een eereplaats in de Fries-nationale letterkunde in.

(Syn pseudonym wie: F.V.D.P.V.D.M.T.D. - F.eike V.an D.er P.loeg V.erbi D.ivini M.inister T.e D.okkum - V.D.M. betsjut: betsjinner fan it Godlik wurd. Sjoch ek de stambeam v.d.Ploeg Born / Born, Feico, Hiddo Wibius, Hoite Godert etc. Yn Berltsum wenje in protte neikommelingen fan him.)

(Dr. Ph. H. Breuker is de biograaf fan Feike van der Ploeg, foargonger, boekferkeaper te Dokkum en literator.)  In grut part fan syn stikken binne fersyld rekke yn ferskate almanakken. Yn 1830 wurde syn stikken pas werprinte. Troch de opkomst fan de (Minniste) brourren Halbertsma, dy’t yn itselde sjenre skreauwen, rekke Feike op de eftergrûn. Alhoewol ‘t hja mei it wurk fan Van der Ploeg bekend wienen hawwe de Halbertsma’s neilitten him bekend te meitsjen. Miskien út eigen wittenskip oer de persoan fan Feike fan der Ploeg en út respekt foar syn soan Johannes Aeschines van der Ploeg, harren Minniste foargonger te Grou. Om 1829 hinne stie in ds. Feike van der Ploeg te Ouddorp op Goedereede yn Seelân. Yn 1789 stie in Hidde Wijbes van der Ploeg te Goch / Kleef / Emmerich.


Feike Born Minniste dûmny (te Ljouwert 1825- de Jouwer 14-4-1886) stie te Drachten-Oerterp 1850-1854 en de Jouwer 1854-1886. Hy die in protte foar it stiftsjen fan in Minniste gemeente  te Wolvegea en hold dêr syn earste preek op 17-10-1861 : De gemeente van Christus Gods gebouw (1862) Fierder publisearre hy kategisaasjeboekjes en in opmerklike preek by de útbarsting fan de Frânsk-Dútske oarloch yn 1870 : Krijgsgeroep tegen den Krijg. (1870).


L.C. 13-12-1954.

Net op it meast gaedlikse momint...............

De hear Born fan Berltsum, útstjûrd fan it Boun fan Grifformearde Jongefeinteforienings (G.J.V.’s) stjûrde syn jeep nei Britsum om dêr de wyklikse gearkomste fan de club by to wenjen en ris poalshichte to nimmen fan de foardering yn kristlike en maetskiplike deugden, dy’t de feinten by brocht wurde en teffens de wize fan byelkoar wêzen ris to besjen, om dêr dan letter rapport fan útbringe to kinnen.

Born kaem op in ûnsillige ûre. Nei ‘t earst in pear feinten in duëltsje "op de vuist" levere hiene en twa eksploasjes de ruten rattelje diene, moast hy nei it skoft konstatearje, dat inkelden net langer oan de konferinsje dielnamen. Nei ôfrin wie de jeep fan Born nearne to finen. De foarsitter dy’t al dit gedoch de galle oerroun, skille de plysje.

It slagge dizze man, de jeep maniakken by gloarieuzeyntree yn ‘t doarp oan te hâlden. De eigner krige it stjûr hwer en in tsientsje fan de heit fan de rydbewiisleaze sjauffeur.

..........Born kin syn rapport nou mar meitsje, plysje Postma hat sines al ré.

Dit docht my tinken oan de âld Berltsumer pastoar Liauckema, op syn reis nei it Boksumer kleaster "Ter Poorte" om de kleasterlingen dêr ta de oarder te roppen. Allinne.............hy waard dêr dea slein.


In fierôf oan de Berltsumer Rondaan’s besibbe famyljelid t.w. dûmny Franciscus Rondaan wie op 24-11-1771 te Bûtenpost troud mei Grytje Paauw. Hy hat dêr yn Bûtenpost ris de preekstoel “ynwijd” mei in preek oer Jesaja 40 fers 9 :  “Klim op een hoge berg vreugdebode Sion.......” Fan him wurdt letter neamd dat hy fanwege dronkenskip om februaris 1775 hinne út syn amt set is. Hy is yn Makkum ferstoarn op 9 maart 1779 likernoch 34 jier âld. In tragysk stjergefal dus.