Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Marsma sathe.


"Marsma sathe" hearde eartiids ta de saneamde KLEASTER PLEATSEN. (lizzende yn de doe sa neamde Mearsmen, > Marseame, > Meseame) Nei de Reformaasje is hiel wat kleasterbesit yn hannen kommen fan de Fryske Steaten wêr ûnder dizze pleats. Letter hawwe de Fryske Steaten om 't hja jild nedich hienen, de pleats yn 1775 wer ferkocht en wol oan de yn Bitgum wenjende Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlandsberg. De pleats stie op de (hûs)terp tsjinoer wêr't no de WETTERTÚN is en is yn de twadde helte fan de 19e ieu ôfbrútsen.

It wie in saneamde "stim" hawwende pleats (mei 2 stimmen). Dizze baron hat hiel wat pleatsen opkocht en ek hiel wat stimhawwende hûzen yn Berltsum binne yn syn besit kommen. Wat mear stimmen wat mear macht, en wa't de measte stimmen hie, dy koe ek noch Grytman wurde.

De pleats wie 57 pm. grut en de hierder wie in Heere Wybes (1640). (It wie yn elts gefal net in foarheit fan Heere Sjoerds van Dokkumburg, op 4-12-1785 boaske mei Grietje Durks, dizze wenne letter oan't 1798 ta tsjinoer herberg (* "het Wapen van Gelderland", hy is de soan fan Sjoerd Pieters van Dokkenburg (Dokkumburg) dy't hjir yn Berltsum as Minniste dûmny stien hat fan 1728 oan't 1731 ta. De Berltsumer van Dokkumburgs (Heere, Herre, Wiebe) stamme fan dizze Minniste dûmny ôf.) It kin de pakesizzer west hawwe fan Wybe Heeres dy't yn de Buorren wenne hat op hûsnû. 29 wêr't Beert Gerke’s Hoogstra no wennet. De neikommelingen fan dizze Heere Wybes hjitte letter Fennema omdat in neikommeling fan him hjir boer west hat op de "Nije Finne". Sjoukje, de frou fan de eardere koster fan de Herfoarme tsjerke t.w. Sape Boates Schoorstra, stamt út dit skaai. Tsjin oer de herberch hat ek noch wenne Arjen Cornelis (van Dussen) dy’t op 23-4-1786 yn Bitgum boaske wie mei Rinske Rinses, beide ôfkomstich fan St. Anne.

Op 30-4-1842 ferkeapet van Schwartsenberg de pleats wer en is dan omskreaun as: hûs, hoarnleger, hiem en singel, beplante mei beamen, "de âlde pôlle" neamd. Hierder is dan Harmen Rienks Osinga en oaren. Op ien fan myn deistige kuierkes rûn ik wer ris by dit terpke lâns en liet it sa yn my omgean, soe it net moai wêze as op dit hiel âlde (hûs) terpke wer ris in (wen)pleatske komt te stean mei dy hiel âlde namme? Klaas Joh. Zijlstra hat dit in pear jier ferlyn ek dien op it plak wêr't de pleats stien hat mei de hiel âlde namme "Schellingwou". ("Skilwolde")

It âlde Skilwolde oan de Jetske reed

Ien fan syn foarâlden mei de namme Klaas, t.w. Klaas Klases (Osinga) hat hjir ek noch op "Skilwolde" wenne. Sa kinne dy âlde (hûs) terpkes wer ris bewenne wurde, hichten dy't krekt hjirfoar destiids opsmiten binne.

De foarkar giet no út  nei  "dorpsynwreiding " yn pleats fan  nei dorpsútwreiding. It liket my sa ta, dat dit terpke dêr no krekt binnen  falle  kin. Âlde pleats- en hûs nammen as “Heerma”, ”it Heechhiem”, “Biltsicht”, “de Fontein”, “It âld Tichelwurk”,  “It Heech hûs”, "de Ramshoarn", "It Blaauw(e)hûs", "It  Metalen Krús”, “It  Zwart Kruis"  ensfh. soenen wer op de no noch besteande hûzen of op de no wer te stiftsjen hûzen of wenpleatskes op dy hichten  oanjûn wurde kinne. Sa bliuwe  dy  âlde  hûs- en pleatsnammen  bewarre. It buordsje mei de namme “Rounom Sinne” wat earder op de muorre siet fan it hûs Hôfsleane nû. 64 is no te finen yn Dokkum yn de Woudhorne nû. 33 op it hûs fan dûmny Pieter Beintema, troud mei Jetske (Pieters) Quarré, in dochter fan de eardere bewenner fan it hûs Hôfsleane nû. 64. (Pieter en Jetske hawwe ek yn Yndoneesje wenne wer ’t Pieter doe as sindingsdûmny wurksum wie.)

Yn it hûs mei de namme "It Zwart Kruis" hat Horatius Lautenbach wenne, de Berltsumer beurtskipper. Hy wie boaske mei Maartje Klases. Hja binne de heit en mem fan Tryntje Lautenbach dy't letter boaske wie mei Jan Theunissen Runia. It pear wie troud op 16-5-1779 yn de houten need tsjerke dy't op it tsjerkehôf stien hat omdat de Koepel tsjerke noch yn oanbouw wie.

(* De namme is wierskynlik ûntliend oan de spreuk: "Het glas in de hand, was het Wapen van Gelderland".)


L.C. 7-7-2001.

Zijlstra Metaal neemt failliet Langhout over.


L.C. 19-8-1775.

Lands Advocaat Dr. P. Talma, als expres geautoriseerde van Hun Ed. Mog. de Heeren Gedeputeerde Staten van Friesland, zal op Saturdag den 19 en 26 Augustus 1775 telkens te één uur na Noen, ten huize van Gerben Sickes in’t Wagentje te Leeuwarden bij Verhoging en Finale Palmslag in 10 percelen verkopen: Zekere heerlijke Zathe en Landen onder Berlikum, begerechtigd met TWEE STEMMEN, "Marsma Zathe" genaamd, groot 57 pondematen, by Heere Sjoerds (van Dokkumburg) gebruikt, als mede 4 pondematen onder Engelum etc. etc. alles Petry en May 1776 vrij van Huuringe, breder by Billetten.

(De pleats bestiet net mear, de hûsterp - as beskerme monumint - is noch te sjen tsjinoer de Wettertún. Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlandsberg. hat de stimhawwende pleats kocht, sa ek in protte stimhawwende hûzen û.o. yn de Berltsumer Buorren om oan safolle mooglik stimmen te kommen. Wat mear stimmen, wat mear macht en sizzenskip.)


L.C. 20-11-1846.

Op 30-11-1846. Publieke Verkoop van de Sathe en Landen "MEERSWAL" onder Menaldum. Kad. Beetgum D. 125 etc etc. gr. 19 bunder 38 roeden en 72 el. Verkoop in 14 percelen. In huur bij de mede eigenaar Dirk Harings MEERSTRA. Haring Gosses Meerstra (soan fan Gosse Harings, troud mei Antje Klaases de Jong) wie ek al bouboer te Menaam. Kad. Berlikum A 49 etc. etc.


L. C.   18-9-2009.

Geld speelt een te grote rol in notariaat.

Notaris Mr. Tjeerd Koelmans fan BERLTSUM oan it wurd. Kwaliteit moat foarop stean.

(foto : Lofts foaroan notaris Mr. Tjeerd Koelmans yn aksje.)