Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Komelkerijen, molkriders en útsutelders


Krekt as yn sa'n folle oare doarpen, wienen der yn BERLTSUM in oantal lytse ko melkerijen. It wienen lytse fee boeren mei wat eigen of hierde bou- en greidelân. It oantal kij wie faak net grutter as in seis as wat ko bisten mei in pear kealtsjes. In protte fan dizze minsken sieten yn de tsjerkefinne (de buorfinne) oan de Bildtdyk. Dit wie foarhinne it sa neamde Molkepaad.

Hierders û.o wienen de heit fan Fokke Zijlstra (skûlnamme; Fokke Patat), Jentsje Ale's Wierstra en Watse Hendrik's Posthumus beide út de Bûterhoeke de lêst neamde op nû. 49, Sietze Jan's Gerkema fan de Kleasterdyk op nû. 5 en Sybe Sybe’s Osinga út de Buorren nû. 21, Hielke Durk’s Herrema út de Dûmnysteech, (no Tsjerkestrjitte nû. 1) Durk Jacob Wytze’s Tuinenga fan it fytspaad (op "Skilwolde" oan de Jetske reed.), en Jitse Hyltje's Smits fierderop, op de Jetske reed nû. 5. wêr't no Jan Joukes van Dyk (Jan en Piety) wennet. (De namme it Menamer grintpaad of Jetskereed soe ôfkomstich wêze fan Jetske Nannes Kuperus, dy’t by har ferstjerren yn 1864 al 32 jier de widdo wie fan Sybe Klase’s Osinga en de namme Anskereed fan Anske Anske’s Posthumus de foarheit fan de frijfeint Anne Anske’s Boomsma dy’t in protte âlde films fan Berltsum makke hat, sa is wolris oan my ferteld, mar ik wit net of dit wier is.) De Nieuwhof 's en de Santhuizen’s op de Wiersterdyk en gean sa mar troch. Allegearre lytse ko melkers.

De molke fan dizze minsken waard ophelle mei in hynder en wein troch it molkfabryk hjir yn Berltsum mei as lêste, Bearn Dykstra fan Bitgum oan de leie. Alle hynders stienen yn in skuorre, flak by de grutte fabrykspiip, op stâl. Want de hynders fan de Berltsumer molke útsutelers, yn tsjinst fan de fabryk, stienen hjir ek. Dêr sieten bytiden bytgrage hynders ûnder wêr’t wy as boaikes foar warskôge waarden as wy de bisten aaie woenen. Dy hynders rûnen dan letter mei in bekbân om. No wurdt der net mear mei de hân molken, it moat tsjintwurdich masinaal.

De molke útsútelers wienen destiids Dooitze Hein’s Dykstra, Pieter Faber en Durk Gooitzen’s Sjoerdsma. Letter wienen it Hylke Luimstra, Durk Kuperus, Ritske Jacob's van der Wal en as lêste en doe noch (as selsstannich) S.R.V. man Arie Hendrik´s Posthumus. It súteljen is no alhiel ferdwûn. De measte jonge froulju binne oerdei net mear thús te berikken. In protte froulju hawwe tjintwurdich in folle baan of in bybaantsje.

It wie altyd gesellich yn it doarp mei al dy sútelers. Wopke Rinsma wie destiids ek al begûn mei it molkeriden foar de Berltsumer molkefabryk. Earst mei hynder en wein, letter mei de molk(bussen) auto. Hy ride foar de omkriten fan Berltsum. In protte oare saken foar de fabryk waarden (op oantrún fan Jouke W. Swart, de direkteur fan de molkefabryk) ek troch syn letter tsjinoer de molkfabryk oprjochte garaazjebedriuw Rinsma útfierd. It is no in grut bedriuw wurden mei in njonken festing yn Drachten. Der wurde no neist frachtweinen ek persoane auto’s (Alfa Romeo) ferkocht.

In selde soart garaazje hie ek Cor Rotgans oan de Hôfsleane op no hûs nû. 60. Rotgans wurke ek wol gear mei de snik- en preambouwer Van Manen dy’t letter oergien wie op it ûntwerpen en bouwen fan lânbou masines. Sa hawwe hja bgl. tegearre ris in autotrekkerfreesmasine ûntwikkele mei de namme "frimaro".(1939).

In protte minsken wienen altyd ûnderweis, sa as bgl. de meter opnimmer Johannes Wytse’s de Haan, de jildopheller (foar dr. J.J. Kwast sr.) Jasper, de leedbidder (omsizzer) Auke Wops Miedema, de keaplju mei lapkes, skearkwasten, skearsjippe, spjelden, bân en elasyk. De ijsco man (fan "de IJsbeer", de Friesche koe), de petroalje hânkarren fan Ealse Groeneveld (Hy hie dêrneist ek noch in grientewinkel), Jacob Looyenga, Anne Weiland en Jantsje "Petroalje" (Reitsma). Berltsum is yn 1956 op it gasnet oanslúten. (ierdgas út Slochteren) (Yn dat jier wie der ek in strange winter! Sjoch foar in ympresje de filmen "Ouderwetse winter" Diel 1 en Diel 2) Doe wie it dien mei de brânstof- en oaljehannel. It draaioargel, (earst mei it hynder dêrfoar en letter op de frachtwein.) de man mei fan "Wa wol myn marmotsje- of aapke sjen". etc. It kleppen fan de bakfytsdeksels fan de mei harren kuorren súteljenden bakkers, grientelju en slachters is ferline tiid wurden en no net mear te hearren. It sjongen en fluitsjen fan de altyd bliere en freonlike "sjongende banaan" (grienteman út de Buorren, Wieger Rintsjes Rekker) is ferstomme. It is no wol hiel stil stil wurden yn de Berltsumer Buorren.


L.C. 9-5-1973.

"Jo hawwe moaije froulju en jo ha malle froulju".

(foto : Willy, troud mei Tjalling Sjoerds Runia, mei dochterke efter op de fyts, Willemke Bakker- van Schepen en Durk Sjoerdsma dy’t ôfrekkend mei in klant.)

Hoe Durk Sjoerdsma zijn "sinnige" klanten behandelt. Jaren geleden, toen er nog losse melk verkocht werd, had hij er een paar vrouwen bij, die beslist geen flessenmelk wilden. Flessenmelk lusten ze niet, zeiden ze, losse melk was veel lekkerder. Als de losse melk uitverkocht raakte, goot Sjoerdsma in een onbewaakt ogenblik een paar flessen leeg in de bus en zo kregen de vrouwen hun losse melk. De flessenmelk was een cent duurder, die moest hij zelf bijbetalen, maar dat was hem een tevreden klant wel waard. Zaterdag maakt hij zijn laatste rit door het dorp. Hij gaat met pensioen. Er wordt een receptie belegd door de L.M.I. (de Ljouwerter Molke Ynrjochting) onder de Gereformeerde kerk. (Durk Sjoerdsma wie ien fan de trije molketaapers hjir yn BERLTSUM. Earst gienen hja mei hynder en wein it doarp troch, letter mei de S.R.V. wein. Arie Hendrik’s Posthumus wie de lêste S.R.V. man fan Berltsum. In protte (de measte) froulju binne oerdei net mear thús en hawwe in (by)baan en wienen derom net mear te berikken. Eardere molketaapers wienen û.o. in Dooitze Dijkstra, Pieter Faber, Hijlke Luimstra, Durk Kuperus, Ritske Jacobs van der Wal.)


Nieuwsblad van het Noorden. 25 maart 1974.

Kleuter gedood door melkwagen.

De 4 jarige Tjitske Zwart (it dochterke fan Rint Zwart en Hinke de Haan, destiids wenjende yn de Buorren) uit Berlikum (Menaldumadeel) viel zaterdagmiddag in haar woonplaats van een electrische melkwagen. Het kind kwam onder de achterwielen terecht en werd zwaar gewond overgebracht naar het ziekenhuis in Leeuwarden, waar het ‘s avonds overleed. De melkboer had niet gemerkt dat het meisje op de trekstang was gekropen.