Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Klimop (excelsior).


Op 10 desimber 1896 hâlde it fanfarekorps "Klimop" fan BERLTSUM har earste repetysje by kastlein Louw Bakker thús. (dit wie har earste muzyk útfiering foar it publyk.) Dat dit yn July l.l. (foaral troch tadwaan fan skoalmaster Gerhardus Wijngaarden út de Westhoek) krekt oprjochte korps noch net sa 'n folle fan har hearre litte koe, wie nei de betinking fan in elts wol begryplik. Yn hoe fier dizze beskieden ferwachting oertroffen waard, bewize de stilte en it daverjend applaus nei elts fan de stikken dy't spile waarden. It wie boppe ferwachting!

In oermjittich lof krige ek de kapelmaster J.G. Groenewold tawiuwe. (Hy wie it haad fan de Iepenbiere skoalle hjir en koster/oargelist mei tal fan oare tsjerklike funksjes yn de Herfoarme tsjerke fan Berltsum en de oprjochter fan dit korps). Fakentiids kaam der gjin ein oan it applaus. Der waard meiwurking ferliend troch it sjongselskip "Harmonie", ek wer ûnder lieding fan deselde master Groenewold. Dit droech in protte mei oan it slagjen fan de feestjûn.

It korps hie 22 wurkjende leden. It bestjoer bestie út de hearen A.R. Turkstra as foarsitter, S.S. de Haan as siktaris, A.S. de Haan as ponghâlder, H. Winselaar en S.IJ. Greben. Nei in animeard bal gienen de minsken tige foldien wer op nei hûs ta.

In pear moanne letter waarden de leden fan it korps ûnder de repetysje, tige oerfallen troch de komst fan in fiiftal jong fammen, dy't meidielden dat it ûnthjitte findel ree wie en yn oanwêzigens fan de kontribuanten oerrikke wurde soe. Sa teach it folk dan de jûns op tongerdei de 18e en op snein de 21e maart 1897 nei de seal fan kastlein Durk G. Visser. (De eardere herberch mei boppeseal," It Metalen Krús" neamd, yn it pân, no Buorren hûsnûmmer 60 en dêrfoar mei de namme "De Beurs" en mei as eardere eigners Job Andries de Jong en Lourens Klazes Schuurmans.)

Der wie in jûn foar trouden en net trouden. De gearkomsten waarden mei in wurdsje iepene troch juffer Joukje Boomsma en juffer Janke (Pieter Theunissen) Runia (troud mei de slachter/gernier Jan Dirk ’s Kuperus, de ûnderwizeres yn de nuttige hânwurken oan de Iepenbiere skoalle hjir) lange it findel (makke troch de dames Stoett en Westra út Ljouwert) oer oan de foarsitter fan it korps, dhr. A.(nne) R.(ients) Turkstra, (Hy hie syn bakkerij yn it no ôfbrutsene hûs op de hoeke fan de Kússtrjitte / It Skil) mei it fersyk om it yn bewar te jaan oan de faandrich. De jûn waard fierder feestlik trochbrocht ûnder it oanhearren fan toaniel stikjes en foardrachten fan de froulju's leden fan de findelkommisje, stipe troch in tal wurkjende leden fan it korps en begeliede troch de hearen Anema en van der Mey mei fioele en piano. It korps liet ek wer fansels, sa no en dan, fan har heare. De froulju froulju (Janke Runia, Geertje Lublink, Joukje Boomsma, Janke Braaksma en Trijntje de Vries) wienen wol sa goedwillich om it eare lidmaatskip fan "Klimop" oan te nimmen en nei de foarstelling fan in prachtich tablo vivant (in libjend skilderij fan feestlik klaaide persoanen) mei bengaalse ferljochting (spektakel stikje mei sabeare of tûle fjoerwurk) sleat juffer Boomsma de gearkomste, dy't beide jûnen troch fierhinne sa'n 400 minsken bywenne binne.

Findel fan korps Op 5 april rûn it fanfare korps "Klimop" foar it earst troch it doarp mei de findeldrager en findel foarop, opstreweare troch hûnderten doarpsgenoaten. Jammer dat de findels no net mear brûkt wurde. Wer in âlde tradysje is fuort. Master Groenewold hat in protte Berltsumers de leafde foar de muzyk trochjûn. Sa is de soan Paulus fan de hotel hâlder fan "Hof van Holland" J.E. Folkertsma, dy’t ek les fan him hâwn hat, letter in tige bekend Frysk komponist wurden.

Hy wie as Mennist ek aktyf yn de fredesbeweging en tsjin misbrûk fan sterke drank. Yn 1927 is in ynsamling hâlden foar in muziektinte. Timmerman Ulbe Tjeerds Nieuwenhuis hie it ûntwerp makke en soan Tjeerd hat de tinte boud op de hoeke no Hôfsleane / Bitgumerdyk nû 10 op in stikje grûn wat skonken wie troch K.J. van den Akker. Foarôf geande oan de iepening op 25-6-1927 gie it fanfarekorps "Klimop" troch it doarp en waard optreden troch it strykorkest "Groenewold", de sangferiening "Nut en Genoegen"en it Unthâlderskoar. It luts in protte minsken. Jammer dat it reinde. De tinte (1927-1964) is no al wer ôfbrutsen mar in replica fan de Berltsumer muziektinte is noch te sjen yn it Súderseemuseum fan Inkhúzen. K.J. van den AkkerDe skinker fan de grûn Klaas Jan van den Akker is yn Wier berne op 1-3-1864 en ferstoarn te Berltsum op 22-10-1943. Hy hie himsels opwurke fan túnker nei bou boer en hierde yn 1892 in boupleats ûnder Berltsum. (de eardere tsjerkepleats) It wie in man fan kwizekwânsje. Hy is fan grutte maatskiplike betsjuttenis west foar Berltsum en omkriten. Hy hie yn 1926 ek in streekje grûn ôfstien foar it ferbreedsjen fan de Hôfsleane. De sleat dy’t foar syn hûs lâns rûn is doe ek dimpt. Hy hie in protte mei de skiednis fan ús omkriten en hat in prachtich boek skreaun mei de titel: "Van de Mond der oude Middelzee." Hjir yn stiet ek in foto fan him.

It Berltsummerhûntsje (Yn 1977 skonken oan it doarp)

Op it plak fan de eardere muzyk tinte stiet no it Berltsumer wetterhountsje, wat yn 1977 oan it doarp skonken is t.g.f. it 75 jierrich bestean fan de "Coöp Spaarbank Berlikum" (1902-1977) (no de Friesland Bank). It Berltsumer hûntsje is makke troch byldhouwster Suzanna (Suze) Boschma-Berkhout (1922-1997). (Sjoch ek de L.C. fan 28-2-1964. Klaas Jan van den Akker werd 100 jaar geleden geboren.) De (Fryske) wetterhûn wurdt ek wol otterhûn neamd omdat de hûn ynset waard foar de otterjacht. De hûn waard ek wol brûkt troch de fiskers om û.m. weidreaune netten nei de boat werom te bringen. It (brûnzen) bist (op stiennen sokkel) hat krulhier en in krulsturt en wurdt fakentiden ynset by de jacht op grut wyld en as waakhûn op de buorkerij. De (Fryske) wetterhûn wurdt, krekt as Berltsum, seldsum. Yn Nederlân binne der noch mar sa’n 800, fertelt Paul Bouman fan de Nederlânske Feriening foar stabij- en wetterhûnen. 

Hûnen yn it Rengerspark te Ljouwert (Rjochts de Staby en Lofts de Wetterhoun)

"En yn 2009 binne der 50 by kommen en gienen der 100 dea". Mei de stabij leit it oars. Dêr binne der wol sa’n 4000 fan, neffens Frida Knol fan deselde feriening. It foarstel om de hûn yn te krusen mei seis oare rassen wurdt troch de leafhawwers fan dizze hûn sjoen as in bedriging foar de rassúverens. De wetterhûn moat autentyk bliuwe. Der stiet ek in byld (fan it swart/bûnt tekene) wetterhûntsje yn it Rengerspark fan Ljouwert.

Anne Rients Turkstra wie troud mei Antje Annes Fokkema en in warber man. Hy siet yn it bestjoer fan in protte Berltsumer ferienings, sa as de iisbaan feriening, de keats feriening" Berlikum", letter "Gerrit Piers", muzyk feriening "Klimop", de V.V.V. en neam mar op. Ek op polityk mêd wie hy aktyf by (de liberale) kiesferiening "Menaldumadeel". Syn soan Anne wurke by syn heit yn de bakkerij. Hy hie him sûnt 1882 op grutte skaal útlein op it twibak bakken. Hy hat it bedriuw letter nei de Jouwer oerbrocht. Hy fûn yn Hollân in grut ôfset gebiet foar syn twibak. Letter is de fabryk yn maaie 1954 nei Ljouwert nei de Troelstrawei gien. "Turkstra beschuit" is in ferneamd produkt wurden.

Muzykkorps en Berltsummer befolking yn optochtMuzykkorps en Berltsummer befolking yn optocht


De FINDELS en it (doarps)WAPEN.

De muzykkorpsen “De Bazuin” en “Klimop” hienen elts harren eigen findel. Findels brûkte men as teken en kleur om harren fan oare groepen of persoanen te ûnderskieden. Der wienen folken dy ‘t op d ’iene of oare manier in teken of totem kenden. De Romeinen bgl. fierden op al harren fjildtochten in ryksstander mei earn mei. De ûntwikkeling fan it begrip dat wy no heraldyk neame is ûntstien yn de rin fan de 12e ieu en hat in militêre eftergrûn. In man dy ’t dêr in protte fan ôfwit is de broer fan in âld kollega (Ankie Broersma) fan my, t. w. Rudolf J. Broersma. Hy is ek tekenaar Fryske Rie foar de Heraldyk. It wurd heraldyk is heechstwierskynlik ûntliend oan it âld- Heechdútske wurd Hariwalt (heraut). Yn feite wie dizze persoan in boade en ôfropper fan boadskippen. It wie syn taak om “des Heeres u walten” (oer it leger te weitsjen). Fia de âld -Frânske wurden herault en letter it Dútske herold en it Ingelske herald is it wurd heraldyk ûntstien. It wurd “wapen” komt fan it wurd wapenrêsting fan de midsieuwske striders, sa as it harnas, de helm en it skild. Hjir waarden figueren op oanbrocht. Yn in folslein famyljewapen sjocht men altyd dit skild mei in helm mei helmteken en helmkleed ôfbylde. It famyljewapen waard erflik en gie oer fan heit op soan. Steds – en doarpsomroppers hienen in steds - en doarpswapen op de boadebus stean. Dit moat yn BERLTSUM ek sa west ha, ha ik earne wolris lêzen. It Berltsumer doarpswapen (tsjerkewapen), it wapen fan de Hemmema ‘s en fan de Schwartsenbergen thoe Hohenlansberg binne no ek noch yn BERLTSUM te sjen. Wapens ferskinden letter ek op grêfstiennen, papier en yn segels. Sa hat de Berltsumer Koepeltsjerke  twa tsjerke - stimpels, ien mei it Berltsumer wapen dêryn en ien mei dêryn ôfbylde de ingel Michaël. Findelswaaiende famkes rinne no mei kleurige flaggen foar it Berltsumer korps út.      De Switserske foarpake fan myn frou (Dirkje) wie ek findeldrager yn it Switserske leger en neamde him Fahner. (Faandrager, Faandrich, Vaandrig, Vaandeldrager)

 

L. C.   25-9-1999.

Paulus Folkertsma geëerd met tentoonstelling.

Paulus Folkertsma is op 15-1-1901 te Wommels geboren, als jongste van de vier kinderen van Johannes Folkertsma en Antje Ennema. Het gezin verhuisde in 1906 naar BERLIKUM. Toen hij 14 werd, ging hij uit huis : naar de Rijkskweek - school in Maastricht. Op die opleiding kreeg zijn rode, blauwe en anti militaristische levens - overtuiging gestalte. In Maastricht schreef hij ook zijn eerste composities. In 1956 huwde hij Helga Khek uit Wenen. Zij kregen 4 kinderen.  ....  ..... Folkertsma is op 4 mei 1972 te Oldeboorn overleden.   ......  .........

(foto : Paulus Folkertsma dwaande mei it skriuwen fan in muzykstik.)

 

L. C.   18-4-2002.

Stichting presenteert c. d. met liederen Folkertsma.

(foto : Paulus Folkertsma. )

Paulus Folkertsma. Ongetwijfeld was Paulus Folkertsma één van de begaafste componisten die Friesland in de 20e eeuw heeft voortgebracht. Hij werd geboren in 1901 te Wommels. In 1906 verhuisde het gezin naar BERLIKUM waar hij zijn eerste vioollessen kreeg van een plaatselijke onderwijzer (master Groenewold) etc. .........  ...........


L.C. 14-5-1954.

Leeuwarden heeft aan de Troelstraweg de meest moderne beschuitfabriek. (foto)


As foarsitters fan Klimop hawwe yn it begjin û.o tsjinne: A.R. Turkstra, H. Hoitsma, H. Halbesma, A.S. de Haan, S. Stap, D. de Jager, S. Halbesma, J.O. van Dijk etc. etc en as diriginten û.o.: J. Groenewold, de skoalmaster op it Bilt, Gerhardus Wijngaarden, postkantoarhâlder Joh. Anema, notarisklerk Franciscus Sperling, T. Postma, W.H. Koet, etc. etc.


L. C.  31-3-1977.

“Wetterhoun” voor de Berlikumers.

(foto : Boargemaster mr. Dirk Reitsma, notaris Dirk B. Posthumus en de byldhouster Suze Boschma by it hûntsje.)


L.C. 4-10-1952.

Werkzaam man in IJlst gaat met pensioen.

W. Rensema (Renzema) die meer dan 30 jaar kantoorhouder van de P.T.T. was. Hij is geboren te Berlikum als zoon van een bakker.

Etc....etc......(foto W. Renzema).


De Feanster.

5-8-1955.

Meester S. Renzema overleden.

Hij was in leven hoofd van de Christelijke school te Drachtster Compagnie. De overledene was afkomstig van Berlikum.....etc.......etc......


L.C. 29-1-1937.

Veertig jarig bestaan fanfarecorps "Klimop".


L.C. 7-7-1956.

Corps "Klimop" te Berlikum viert 60 jarig bestaan.


L.C. 29-9-1965.

Sechtich jier yn "Klimop" mei blaze. (foto)

P.(ieter) Faber fan Berltsum hie by de breikarre wolris piston mei ..................as de hoarn it net die.


L.C. 2-12-1856.

Kastlein Louw R. Bakker wie de opfolger fan kastlein en keapman/winkelman Sape de Haan. De herberch is boud yn 1856 troch M.R. Braaksma. Sjoch de advertinsje:

Herberg "de Koophandel". De ondergeteekende berigt het geëerde Publiek, dat hij den 5 dezer zijne nieuw gebouwde herberg staande aan de Leeuwarder Vaart alhier, zal openen. Hij vleit zich, dat zijne localen allezins geschikt zijn tot het houden van Verkoopingen etc. en comparitiën, waartoe hij zich minzaam zoo bij H.H. Notarissen als Kooplieden, Schippers e.a. aanbeveelt, belovende eene spoedige en civiele bediening. BERLIKUM, 1 Dec. 1856. M.(inne) R.(uurds) Braaksma.


L.C. 26-12-1856.

Daar ondergeteekende bij zijne Herberg "de Koophandel", een vak als Winkelier in zout, zeep en kruidenierswaren heeft opgerigt verzoekt hij vriendelijk een ieders gunst, bolovende door eene soliede en civiele bediening zich het vertrouwen waardig te maken.

Berlikum. M.R. Braaksma.


Yn 1901 is Jelte Hornstra, as opfolger fan Louw Bakker, hjir 5 jier lang de kastlein en winkelman yn dizze herberg oan de Tichelersdyk west. De no ôfbrutsene herberch stie yn BERLTSUM oan de Tichelersdyk tusken no de hûsnûmmers 10 en 16. Jelte Hornstra is de pake fan Jelte en Simon Sikke (Sijmen’s) Lautenbach.

Jelte Lautenbach wennet oan de Kleasterdyk yn Berltsum en Simon Lautenbach wennet yn Heiloo.

Jierpel feiling oan de Tichelersdyk. (Lofts, de Herberch fan Jelte Hornstra)