Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Jo sille mar earm wêze.


Yn de kuorkesteech (korfjessteeg) hie de DIAKONIJE yn de 18e ieu 5 diakonije wenten, ek wol keamers neamd. Te berikken troch no "It Steegje" yn de Buorren tusken de hûsnûmmers 35 en 37. De steech rûn oan de feart ta. De hûzen hienen útsjoch op de Koerkaai(en) (Korfjeskade(n)) mei op it ein in mannichte eske beammen. (No it Dok neamd.) Dy waarden bewenne troch Berltsumers dy it net sa rom mear hienen yn de ponge. Yn 1774 wienen de hûzen tige ferfallen. Ien hûs waard yn 1783 sels al hiel wer nij opboud. Mr. (schips)timmerman Klaas Teakes moast de wenten wer wat op kallefaterje. Sikke Beerns (Faber), mr. smid, levere it izerwaar en Sybren van Gelder mr. tichelder de stien. Dizze tige âlde hûzen binne oan it ein fan de 19e begjin 20e ieu (1905) oer nommen troch de wenning feriening f.d. gemeente Menameradiel. Dy hat de ferâlderde wenten (keamers) ôfbrútsen en der (om 1907 hinne) wêr in streek nije gemeente wenten bouwe litten. Op it ein fan de twadde helte fan de 20e ieu binne dizze 5 hûzen ek al wêr ôfbrutsen. Hjir wennen yn it lêst oan û./o. de húshâlding fan Lieuwe Koning, de widdo Hieke van der Leij - Tolsma, de húshâldings fan Jan Horatius Postma (Jan en Pleun), Pieter Boates Algra (Pieter en Feikje) en Gerben Faber. (Gerben en Tryn)

Ek hie de diakonije foarhinne û./o. hûzen op de Kamp stean wêr ûnder ien foar de bûten earmen, yn de Buorren, op de Terp, by de Piip, de Andringasteege, en yn de Lytsebuorren, mar ek lân en hôf op ferskate plakken yn en bûten it doarp. Dan wie der noch de diakonije helling mei de houten loads en hûs op de Kamp, dy't ferhierd west hat oan û./o. Wytse Johannesz. de Haan, Syds Johannesz. Bijlsma en as lêste oan de van Manens. Ate Teakes (Bijlsma) wenne oan de Foarstrjitte (de "brede" Buorren). Hy wie hellingbaas / fearskipper en hierde dêr ek twa diakonije wenten).

Yn 1796 moast de Diakonije 1/6 fan al har ûnreplik guod en effekten ferkeapje op lêst fan in beslút fan de Provinsje Fryslân d.d. 6-10-1796. Dit jild hie de provinsje nedich om de oarlochfiering betelje te kinnen. Winkellju sa as Jeremias Reins (Quarree) leveren it winkelguod oan de earmen. Mr. bakker Klaas Hemkes (wenjende oan de Foarstrjitte mei eigen hûs, skiphûs en eigen havensje efter hûs, no de ‘brede’ Buorren) bgl. it brea. Rein Willems en Klaas Klases (de) Geele de klean, Master kleanmakker (en burdskearder) Heerke Jans Wiglenhuizen makke de maat klean. Age Lammerts levere it skieppefleis, en sa binne der wol mear nammen te neamen. Ek it burdskearen fan bgl. Heere Jeremias Quarree waard betelle troch de diakonije. As syn pakesizzer Tryntje Quarree in nij himd foar him makket, wurdt dit ek wêr deklareare by de diakens. Mr. sirurgyn Johan Andreas Kissel (* en syn opfolger yn 1784 t.w. Barteld Klases Hoogterp koenen de rekkens foar masterslean en medisinen nei de diakonije stjoere as de doarpsearmen holpen wurde moasten. Jan Feyes, fan berop turfskipper, levere de turf om de kachel brânende te hâlden yn de wintertiid. De rendant Pytter Douwes gie gauris by de doarren lâns om jild en ielmissen op te heljen foar de earmen.

Jacob Deddes (Appelhof) wie yn 1778 diaken, en Dooitse Deddes (Appelhof), syn broer, siet tagelyk mei syn mem Teatske Dooitses yn in diakonije keamer. Ryk en earm moetsje hjir inoar. De ferskillen wienen grut. Douwe Eeltjes Schiphof wie earmfâd en Hans (Sybrens) Faber, mr. bakker yn de Buorren (tsjin oer no stienhouwerij DUVA no hûsnû. 72a) bgl. wie diaken, om sa mar in pear nammen te neamen. It wienen meastal selstannigen dy't diaken wienen of earmfâd. Hjir is de (boarger) stân út ôf te lêzen.

Ek oan de pastorije waard soms oankloppe. Sa hat dûmny Petrus Nota goedkard dat de rendant bgl. in jelmis of reispinning jaan mocht oan in earme frou út de Paltz, mar hja moast earst wol har attestaasje bewiis sjen litte, dat hja lidmaat wie fan de Grifformearde tsjerke dêr. Itselde barren fûn plak mei in earme man dy 't mei syn attestaasje bewiis oantoane koe, dat hy "út it Joadendom oergien wie nei it Kristendom". Yn 1898 waard de 36 jierrige Bauke D. troch de ryks fjildwachter Teade Laagland oppakt omdat hy sjoen hie dat Bauke D. om jild skoaide en ek daadwerklik krigen hie fan herberchhâldster de widdo Berend Klazes Osinga wenjende op no It Skil en fan Bouke Wiersma dêr. It biddeljen wie ferbean en biddelers waarden strang straft as hja op é died betrape waarden. It wienen geunsten oan de earmen, hja hienen noch gjin rjochten. Jo sille mar earm wêze!

(* Mr. Sirurgyn J.A. Kissel wenne destiids op it plak no Buorren hûsnû. 84. (seksje A 789 en 790) Syn dochter Catharina wie earder op 1-5-1791 boaske mei Gustaaf Frederik Karl Kissel, sirurgyn by it 2e Bataljon fan it Rezjimint fan de Heere Baron van Brakel fan Harns. (in neef fan har ?) en yn 1817 foar de tredde kear boaske mei Dirk van der Veen, keapman, en wenne letter yn Deinum oan de doedestiids, al yn 1507 groeven, sa neamde Hârnser feart tusken Ljouwert en Harns en is ferstoarn op 30-6-1837.Hja hie ien soan t.w. Carl Paul Kissel, sirurgyn by in hospitaal, ferstoarn op 2-3-1816, 20 jier âld. Dirk v.d. Veen is ferstoarn op 6-12-1817. Hja ferhierde yn 1837, it doe sa neamde keapmans hûs, oan trije gesinnen (!) t.w. oan H.J. Faber, C. Grovestins en H.D. Tilstra foar fl.114,- yn it jier. Hjir wenje no Sjoerd Hobbes Terpstra en Jeanet Martens Hylkema mei de bern. Yn Ljouwert besiet hja ek noch 19 hûzen, yn Húzum 2 hûzen en yn Marsum noch in houten hûs dy’t allegearre ferhierd waarden.

(Sjoch ek haadstik "Heere Jeremias Carree")

Yn it hûs Buorren 83 hat destiids de Berltsumer mr. sirurgyn Klaas Barteles Hoogterp wenne. (A 604 en 605)


L.C. 23-10-1802.

De Secretaris J. Mebius zal op donderdag den 28 October 1802 ‘s morgens om 11 uur, ten huize van de Juffrouw Catharina Kissel te Marssum, by boelgoed en gereede Gelden Verkopen: een Cabinet, een Laadtafel, een Boekkast, Stoelen, Tafels Spiegels, Schilderijen, Gladmangel, 2 á 3 Bedden met hun toebehoren, en eenige Chirurgicale instrumenten, en verdere meubilaire goederen, die tevoorschijn zullen worden gebragt.