Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Jan Gerrits Hacquebart. (1832-1890)


De Hacquebord ’s komme oarspronklik fan Frankryk út de stêd ROUEN .

Dizze stêd leit ten N. W. fan Parys yn Normandië. Om in lang ferhaal koart te meitsjen, hja binne (û. o. mei de Rosier ’s, ek út Rouen) nei ús lân flechte en úteinliks fia - fia yn Ljouwert teloane kommen. In Pierre Hacquebord is ek ris in kear yn BERLTSUM west. Hy wie soldaat en kaam foar op de “liste fan de garde te foet”. Op dyselde liste stie ek de namme fan Duco Hemmema as kommandant. Duco wie yn 1710 troud mei Sivielle Susanne DU TOUR, de widdo fan Greve Jakob (Jacques) d’ AUMALE, dy ‘t as Hugenoaten om 1700 hinne nei Fryslân kommen binne. Dit kin de reden fan syn komst nei BERLTSUM (op de doe saneamde Lieutenants- of Kompanjy ’s Kamp ?) west ha. Ik wit it net. Letter wennet hy wer yn Ljouwert en is op 16- 1-1698 boaske mei Geer-truyd Swalue. Gerrit Willem’s Hacquebart (bord) is berne yn Ljouwert op 5- 2-1795, en is út dizze sibbe. Hy komt letter yn BERLTSUM, as hierder fan in wente, te wenjen op de hoeke Buor-ren nû. 97 / Krússtrjitte (A 594) as skuonmakker. Yn de Ljouwerter krante frege hy gauris ien of mear skuonmakkersfeinten. Hy wie troud mei Grietje Jan ’s Westerbeek dy ’t ôfkomstich wie fan Noardwâlde. Syn soan, t. w. Jan Gerrit ’s Hacquebart, is letter troud mei Martentje Andele ’s Boomsma, de dochter fan Andele Lolke ’s Boomsma. Jan hie in drokke en grutte timmerwinkel en weinmakkerij yn de Krússtrjitte op no húsnûmer 10. Hy wie in rasechte bestjoerder. Hy siet û. o. yn it bestjoer fan de Kristlike Bewaarskoalle, wie diaken en tsjerkfâd fan de Herfoarme tsjerke mei û. o. de ek yn BERLTSUM bekende en de doe faak op de foargrûn trêdzjende Leendert Pieter ’s Runia, (troud mei Yfke Anne’s Wassenaar) lêstneamde ien fan de manlju fan de lettere saneamde doleânsje. Op (gemeentlik) polityk mêd wist hy in soad en hy stie faak op de ferkiezingslist fan de A. R., no ek wer mei deselde Leendert Pieter ’s. Hy hie in grutte kennis fan saken op it mêd fan de tsjerke en oare ferienings en wist krekt wat tastien wie of net, ek op it mêd fan regeljouwing.

Hacquebart streek Berltsum

Hy wie yn 1879 belútsen by de ôfbraak fan it alhiel âlde mei as âldst yn 1496 al earder saneam-de slot “Martena State” of “Thoe Horne” en letter “Great Terherne” yn Bitgum en bea it ôfbraak-materiaal te keap oan, lykas doar- en ljochtkezinen mei tabehearren, swiere izeren balken, stek- en hikkepeallen, grenen balken, souders, flierren etc. ... etc. .... De stien hat hy û. o. brûkt foar de bou fan de 15 huzen op de saneamde “Hakkebak”- streek, (letter oernommen troch mr. timmerman Folkert Jacob ’s Rolsma en doe, yn de folksmûle, de “Rolsma”- streek neamd en no ek al wer ôfbrútsen. Syn mei-tsjerkfâd Sybe Sybe ’s Osinga hat hy wierskynlik earder ek al ris oerhelje kinnen om in streekje fan 14 huzen sette te litten op it stripe grûn oan de westside fan syn hûs (no Buorren húsnûmer 21), of it moat oarsom west hawwe. (De huzen binnen letter yn desimber 1919 ferkocht oan ferskate eigners.) Yn elts gefal is sa ek de “Sybe”-streek ûntstien. Sybe liet de wenten oanbesteegje yn febrewaris 1871. Jan hie wierskynlik noch hiel wat stien fan it âlde slot oerholden want hy hat tusken it hûs Buorren de húsnûmers 4 en 6 ek noch in lyts húske boud foar de ferhier. No hearrend by húsnûmer 4 as oanboud wenhûs mei in ôfrinnend dak. It oerwurk en de wizer plaat fan it slot binne teloane kommen yn it hûs wêryn foarhinne in horloazjerie en klokmakkerij útoefene waard, it niisneamd húsnûmer 4. It wie in nij boud hûs wer yn oant syn ferstjerren yn 1876 ta in Sjoerd Vis syn bûtengewoane en drokke horloazjerie/ klokmakkerij en grutte hannel yn allerhanne soarten fan oerwurken yn útoefene hat. Jan Hacquebart hie it hûs (út de hân) yn de ferkeap. Letter wenne hjir de heit fan Enne de Haan, de úfiner fan it elektrysk kloklieden, t. w. Sijmon Enne ’s de Haan, dy ’t krekt as Enne ek oerwurk- en ynstrumintmakker wie en ferstoarn is op 16- 1-1896. Klaas Holste ’s Meijer, earst hjir as feint, hat nei it ferstjerren fan Enne de Haan yn 1936, de saak wer fuortset, no mei elektra en fytsen ca. De klokplaat sûnder de wizers sit no noch boppe yn de foargevel fan it hûs. It oerwurk fan ‘e klok is der yn de Twadde Wrâldoarloch troch Klaas Meijer úthelle en hat in skoft op ’e souder stien. Nei de oarloch is by de ferhúzing fan ‘e winkel nei de Buorren húsnûmer 1 hoeke/Tsjerke- strjitte it oerwurk meinommen, mei as doel om it restaurearje te litten en it dan in plak te jaan yn it Frysk Museum. It is oan in sekere Blaauw út Snits mei jûn, mar Meijer hat it nea werom krigen. De restaurateur moat tige hommels ferstoarn wêze en de erfgenanten sille wierskynlik net witten ha wêr ’t it oerwurk weikommen is. It is fuortrekke en Klaas Meijer koe net mear efterhelje wêrhinne. It oerwurk is makke yn de 18e ieu. It stiet my sa by fan om 1724 hinne. It jiertal moat op it oerwurk stien hawwe.

It tusken 1819 en 1823 (op ‘en nij) oanleine park mei fiverpartijen om “Grut-Terhorne” hinne, ûtworpen troch de bekende túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) it wurk waard destiids útfierd troch Wybren Krijn ‘s *) kaam nei de ôfbraak yn it besit fan de Gemeente MENAMERADIEL en is no in sportkompleks yn de Bitgumerbosk tusken de doarpen Bitgum en Bitgumermole.

Jan wie in earlik en ynteger man. Hy fûn ris in beurs mei jild en sette in advertinsje yn de Ljou-werter krante om sa de eigner te finen en hy is ek ris yn it iepenbier belastere troch Sjoerd Tjeerds Peterzon, dy ‘t letter mei in grutte advertinsje yn de krante, syn wurden weromlûke moast. Jan hat fan grutte betsjutting west foar ús doarp en foar de Herfoarme tsjerke. De Lolkema ’s en guon Tuinenga ’s en noch mear Berltsumers stamme fan de destiids út Rouen flechtte Pierre Hacquebord ôf. “Pierre” is no in “Pieter” wurden. In Pieter Lolkema, in Pieter Tuinenga.

Willem Wilhelmus Guillaume Hacquebart, is berne yn 1650 en ferstoarn yn 1684. Syn berop tusken 28- 2-1683 en 22- 1-1685 wie militêr sjirurch. Hy tsjinne yn de Nassauske troepen yn de Kompanjy Colonelle ûnder Hendrik Casimier II., dy ’t yn 1672 steedhâlder fan Fryslân en Grins wie. Hy wie troud mei Marguerite (1650-1686). Syn soan Pierre Hacquebart (1677 - 1766) wie troud mei Geertruyd Swalue (1670 - 1756) Dit binne de (fiere) foarâlden fan Jan Gerrit ‘s Hacquebart. (4- 8-1832 - 6 -11-1890.)

 

Fuotnoat :

*) Wa ‘t Wybren Krijn ‘s is wit ik net. Wol wit ik dat letter in Lambertus Vlaskamp, berne yn 1807, de útfierder wie fan de túnen dy ‘t Lucas Roodbaard ûntwurpen hat. Doe ‘t Roodbaard âlder waard, naam Lambertus ek de ûntwerpen fan him oer. Sa waarden de Vlaskampen, dy ‘t earder hôfkers wienen, ûntwerpers fan túnen. Roodbaard makke de earste tekeningen foar it park Fogelsanghstate yn Feankleaster, Lambertus makke de lettere. Spitigernôch rekke Lam-bertus oan leger wâl, hy waard fallyt ferklearre. It gesin ferhúze nei Helpman yn it Grinzerlân. Doe ‘t Roodbaard yn 1851 stoar, ferskinden de folgjende advertinsjes yn de Noardlike kranten.

Door het overlijden van den Heer Roodbaard, neemt L. Vlaskamp, Architect, thans woonachtig te Helpman, bij Groningen, de vrijheid zich te recommanderen tot het AANLEGGEN van BUITEN-PLAATSEN en TUINEN, alsmede tot het maken van PLANNEN of TEEKENINGEN. Kan bewijzen van bekwaamheid leveren en belooft een goede bediening. Hy hat wol 350 túnen en parken yn 90 doarpen en stêden oanlein yn Fryslân en it Grinzerlân. Hy wie ek beamkweker. Yn Ljouwert waard yn 1882 it Westerpark, ek wol it “Vossenparkje” neamd, troch de túnarsjetekt Gerrit Vlaskamp ûntwurpen as in drinkwetterfiver foar it westlike part fan de stêd. Foto’s binne foar in part yn dizze tún makke by ús trouwen op 13-8-1971. It is mei de tún by it “Nij Sint Anthoon” noch ien fan ‘e twa oerbleaune túnen fan Vlaskamp yn ‘e stêd.

De konneksjes mei Roodbaard wienen kleardernôch goed bleaun doe ‘t it minder gie mei Lambertus, sjoen de folgjende advertinsje :

L. C. 1-8-1851

KRUIWAGENS.

Dezelfde, zal tevens verkoopen : ongeveer 50 KRUIWAGENS (pijpegaaltjes) met ijperen en eschen armen soo mede swaar beslag, behoord hebbende aan nu wijlen den heer L. P. Rood-baard.

It joech allegearre neat, it gie hieltyd efterút mei Lambertus. De famylje ferhúze nei it Kattendiep en yn 1854 gie it alhielendal mis, hy kaam as swalker yn Feanhuzen telâne en is dêr nei trije moanne yn ‘e âlderdom fan 46 jier oan goalera ferstoarn. Syn soan Gerrit (1834 - 1906) wie ek wer túnarsjitekt.

De Vlaskampen wienen al generaasjes lang hôfkers, hja kamen oarspronklik fan de pleats Migchelbrink by Varsseveld yn de Efterhoeke. Fan de 19 bern sochten twa bruorren, Lambertus, berne yn 1746, en Arent, berne yn 1751, harren lok yn it Westlân. Doe ‘t Lambertus 26 jier âld wie, gie hy fan Rijswijk nei Waaxens yn Noard Fryslân. Dêr stie de state Tjessens, wêr ’t de sibbe Van Harinxma thoe Slooten wenne. Yn Rijswijk wennen ek Van Harixma thoe Slootens, wy meie oannimme dat Lambertus troch famyljebannen yn Waaxens telâne kommen is. Arent wurke yn Delft, mar 5 jier letter gie hy syn broer êfternei. Arent wie in ambisjeus man. Hy hat mar twa jier op Tjessens wurke, yn 1779 gie hy nei KINGMASTATE yn SWEINS by Frjentsjer en trije jier letter waard hy beneamd ta hortulanus fan de Frjensjerter Universiteit. Dat is hy bleaun oant de universiteit yn 1811 ûnder it bewâld fan Napoleon opheven waard. Yn BERLTSUM hawwe ek Vlaskampen wenne. Etje Vlaskamp, bgl., de widdo fan de op 25- 8-1944 jong ferstoarne Meindert Reitsma, wie hjir jierrenlang kreamfersoarchster. Harren soan Meindert is nei syn heit ferneamd. Hy is berne “nei de dea fan syn heit “natus post patris obitum” (in Meindert Meinderts) en is dus in “posthumus”. Meindert en Doet (Kleiterp) wennen earst op Buorren 11 (neist myn âlders op Buorren 3.) en wenje no oan de Twibak op húsnûmer 3 yn BERLTSUM. In Sjoerd Vlaskamp wenne oan de Hôfsleane húsnûmer 99, hy wie troud mei de út Ruslân ôfkomstige Catharina Sachno en wie in broer fan niisneamde Etje Vlaskamp.

(Sjoch de foto yn it boek : BERLIKUM Beeld van een dorp, side 93 Etje Reitsma – Vlaskamp.)

 

Akte van PROVISIONELE en FINALE TOEWIJZING

Repertoire nummers 147 en 162 verleden voor notaris P. J. Mebius te Marssum. Betreffende 2 huizen, een hovinge en land te BERLIKUM en Sint Annaparochie. Koopsom fl. 2133,- Verkoper in kwaliteit Anske Anske’s Posthumus (yn in protte oare akten ek wol Anske Anske’s Postma neamd) en Willem Gerrit’s Hacquebord te BERLIKUM. (Hjir yn Berltsum yn akten ek in protte skreaun as Haquebart.)

 

L. C. 3-7-1885.

Na eene ongesteldheid van ruim 6 weken overleed heden morgen, in den ouderdom van 73½ jaar, mijn geliefde Echtgenoot en mijner Kinderen onvergetelijke Vader GAATSE (GAADSE) LOLKES BOOMSMA, met wien ik 49 jaren in een gelukkigen echt mocht vereenigd zijn.

BERLIKUM, den 20 Juni 1885.

Rinske A.(nske’s) Posthumus.

Eenigste kennisgeving.

Wed. G. L. Boomsma.

 


 **************************************.


L.C. 21-2-1938.

Huizen - Bouwland - Winkelhuizinge - Berlikum

Verkoop van 15 woningen aan de (zogenaamde) Rolsma streek, door notaris J. de Boer te Berlikum. t. v.v. de erven mej. de weduwe Folkert Jacobs Rolsma (is Janke Gerbens Peterzon) verhuurd aan Heerke Osinga e.a.

Haquebartstreek oan de BuorrenHaquebartstreek oan de BuorrenHaquebartstreek oan de BuorrenHaquebartstreek oan de Buorren


(Folkert Jacob ’s Rolsma wie syn skoanheit Gerben Joh. Peterzon opfolge as timmerman. De 15 huzen binne ôfbrutsen en it plak is no it parkearterrein tusken de húsnûmers Buorren 11 en 17. Yn 1953 is de streek noch troch de doetiidske bewenners (eigners) op ‘en nij befluorje litten troch timmerbedriuw Schram mei tegels as ferfanging fan de alhiel âlde en stikkene giele strjit-stiennen.)


L. C. 4-8-1865.

LEEUWARDEN – Het door de Burgemeester en Wethouders op den 29 Julij jl. ten Raadhuize aanbesteeden werk ter verbetering van de in en uitvaart van het vaarwater aan het Hoeksterend (by de earder Hoekster Poarte) en daarmede in verband werken is gegund aan den aannemers W. A. Bloemen te Marssum en G.(erben) J.(oh.) Peterzon te BERLIKUM, voor de som van fl. 18.580,-

 

L. C. 1-12-1865.

LEEUWARDEN - Gisteren heeft alhier ten Gemeentehuize plaats gehad de aanbesteeding van : a. het bouwen der Rijks Hogere Burgerschool (de earder Ryks H. B. S. oan it Saailân) en b. het leveren van 50 stuks nieuwe koperen gaslantaarns t. b. v. de straatverlichting. Van het eerstgenoemde werk zijn aannemers geworden G. J. Peterzon te BERLIKUM en W. A. Bloemen te Marssum voor de som van fl. 62.747,- ; terwijl de levering der gemelde lantaarns is gegund aan P. J. Nieuwhof te Sneek voor fl. 442,50

(De te lette oplevering fan de te bouwen Ryks H. B. S. hat de beide oannimmers in boete oplevere. It fersyk om kwytskelding fan dizze boete by de Gemeente Ljouwert te ferkrijen waard troch de gemeente ôfwezen.)

 

OSINGA STATE te Dronryp

OSINGA STATE waard bouwe litten troch notaris Johannes Scrinerius Potter van Loon. De bou fan it hûs mei it weinhûs c.a. waard op 26-12-1866 oanbesteege by de hear Johannes Douwes Peterzon, timmerman te BERLTSUM foar de som fan 12.336,-. ( hy wenne op de Buorren húsnûmer 78 en wie troud mei G. T. Tilstra) Foar it gefal Peterzon syn plichten net neikomme soe, stienen de hearen Lourens en Ger(h)ard van der Meij boarch, beide fabrikanten te BERLTSUM. Osinga State is no noch hieltiten ien fan ‘e moaiste gebouwen fan Dronryp, der wurdt gjin dokters- of notarispraktyk mear yn útoefene sa as yn it ferline.

(De beide hjirboppe neamde Berltsumer fabrikanten sille de stien en dakpannen wol levere ha, mei ik oannimme.)


L. C. 28-7-1884.

GELD GEVONDEN!

Die een BEURS met Geld op den weg van BERLIKUM naar Minnertsga VERLOREN heeft, kan dezelve tegen bewijs van eigendom en betaling der kosten terug bekomen bij J. H. Hacquebart.

 

L. C. 6-4-1885.

GEVONDEN

Onder Menaldum een vrouwenzak met ruim 6 gulden. Terug te bekomen bij Auke Miedema te BERLIKUM.


L. C. 11-9-1840.

Mijne geliefde Huisvrouw, Sjoukje Brouwer, verloste heden voorspoedig van eene welgeschapen Dochter.

BERLIKUM. Den 4 September 1840.

P. Plantenga.

(griffier)

 

L. C. 21-5-1844.

Heden verloste zeer voorspoedig van eene welgeschapen dochter Titia Dijkstra, geliefde Echtgenoot van S.(joerd) W.(illem’s) Osinga.

BERLIKUM, den 18 Mei 1844.

S. W. Osinga.

 

L. C. 21-11-1845.

HEDEN overleed tot onze bittere droefheid, na eene kortstondige doch hevige ziekte, ons oudste Zoon KORNELIS, in den ouderdom van ruim 25 jaren.

BERLIKUM, den 7 November 1845.

R.(einder) J.(ans) Hoekstra.

R.(ixtje) K.(ornelis) van Postma.

 

L. C. 2-7-1847.

Ik vervul in dezen den treurigen pligt, door aan mijne Vrienden en Bekenden te berigten, dat mijne dierbare Echtgenoot TIETJE TJEERDS PETERZON, in den ouderdom van 37 jaren, heden nacht ten 11 ½ ure is ontslapen, mij 4 kinderen nalatende, allen te jong om het gemis eener teederlievende Moeder te kunnen beseffen.

BERLIKUM, den 25 Junij 1847.

Kl. Quarrree.


L.C. 9-6-1941.

De gerestaureerde toren van Minnertsga.

Restauratie kerk van Minnertsga...........volgens den schilder L.(ieme) Glazema te Minnertsga, (stamt út in âlde Minnertgeaster fervers- en glêzemakkers sibbe, fandêr ek de efternamme Glazema) die de verfwerken aan den toren uitvoerde, is het wapen boven het raamwerk het wapen van de familie Camstra. Ook komt het wapen op een der kerkbanken voor. Misschien houdt ‘t wapen aan het uurwerk verband met een schenking. De klokkenmaker K.(laas) H.(olstes) Meijer te BERLIKUM heeft ‘t oude uurwerk weer goed gangbaar opgesteld...........etc. etc.


L. C. 17-1-1879.

P. Damstra, Rijtuigmaker te BERLIKUM vraagt op 12 Mei een Knecht, bekend met Rijtuigwerk of genegen daarin te worden opgeleid.

(Pieter Djoerds Damstra, troud mei de bakkersdochter Sijke Halbes Algra, wie hjir smit- en weinmakker. De efternamme Damstra is ôflaat fan de foarnamme Daam < Adam.)


L.C. 5-7-1867.

BERLICUM, den 24 Junij 1867.

De ondergetekende maakt aan een ieder bekend, dat hij bij zijn vak ook het vak van Wagen- maken mede thans uitoefent, ‘t welk hij heeft overgenomen van P.(ieter) (Jentje ’s) Larooi (troud mei Pietje Sybe ’s Osinga) alhier, wien ook tevens bij hem voor dat vak als Meestersknecht zal werkzaam zijn ; belovende geene moeite te zullen sparen, om door soliede en accurate behan-deling dit vak zich ook de gunst waardig te maken ; verzocht daartoe vriendelijk ieders gunst en recommandatie.

J. Hacquebart, timmerman,

bij wien ook is te koop eene nette en zoo goed als nieuwe KAPCHAIS.


L.C. 2-3-1936.

TE KOOP.

Verschillende Rijtuigen, nog in goede staat. S.(ipke) Zagema - BERLIKUM.


L. C. 31-3-1770.

De Secretaris Joh. Mebius praesenteert by Boelgoed te verkoopen : Een deftige INBOEDEL, bestaande in kostelyke Vrouwe Kleederen, voorname stukken Linnen en Wollen, Zilver en Goud, alderhande Meubel en Huisgeraden, Bedden, Bedskleeden, Porcelein, Koper, Tin en Yzerwerk en wyders Stoelen, Banken enz. Wie hier gadinge heeft, kome op Dingsdag den 17 April 1770 praecys 8 uur voor Noen, ten huize van Bauke Simons, Mr. Schoenmaker te BERLICUM. 


L.C. 22-3-1833.

Twee gehuwde schoenmakersknechten,

op Mei werk begeerende, en een ongehuwde, van stonden aan, kunnen hetzelve bekomen bij G.(errit) W.(illems) Hacquebart, te Berlikum. Brieven franco.

(G. W. Hacquebart wenne op de hoeke fan de Buorren 97 en de Krússtrjitte. Yn 1834 wie Pieter J. Peterzon eigner fan dit hûs. Letter siet hjir oant 1985 in winkel yn fan û. o. itenswaar, kofje, thee, tabak, smokerij e. d. en noch wer letter in postkantoar. Yn1856 wienen hjir mar leafst trije skuonmakkers yn BERLTSUM t. w. : niisneamde Gerrit Willems Hacquebart, troud mei Grietje Jans Westerbeek, Jouw Arjens Keuning, troud mei Antje Martens Kuip, en in sekere Pieter Pieters Weg, troud mei Sybrigje Piers Rosendal.)


L.C. 8-7-1887.

Kiezers in MENALDUMADEEL!

De Kiesvereniging "Nederland en Oranje" in Menaldumadeel nodigt u dringend uit den 19 Julij a.s. uwe stemmen uit te brengen op de navolgende kandidaten: Voor het witte briefje; Herre S. Bartlema te Beetgum, Jan G. Hacquebart te Berlikum, IJ.L. Tamminga te Boxum (aftr. Lid), Neno Viëtor te Menaldum. Voor het groene briefje; Jitze P. Jansma te Marssum.

Het (A.R.) Bestuur;

Ds. Gerh. Nijhuis, Pres.

F. Zijlstra, Secr.

J. Grijpma, Penningm.


L. C. 14-11-1890

Heden overleed zacht en kalm, na een geduldig lijden van bijna een jaar, mijn geliefde Echtgenoot, Vader en Behuwdvader, JAN GERRITS HACQUEBART, in leven Timmerman en Kerkvoogd te Berlikum, in den ouderdom van ruim 58 jaren. Berlikum, 6-12-1890. M(artentje) A. Boomsma, Wed J.G. Hacquebart, M. Lautenbach-Hacquebart, M.(arten) K.(lazes) Lautenbach, G. Schat-Hacquebart, P.J. Schat, Joh. Lautenbach-Hacquebart, S.(imon) S.(ikkes) Lautenbach.


L.C. 5-2-1871.

Op verzoek van K.(laas) J.(arichs) v.d. Schaaf, A.(nne) H.(eerkes) Hoekstra en W.(ybe) S.(ijes) de Jong te BERLIKUM verklaart ds. J.(an) I.(mbertus) Swijghuizen Reigersberg te WIER, dat de uitgestrooide geruchten als zouden genoemde personen hem hebben beledigd in de waarneming zijner ambtsbezigheden als consulent van Berlikum, lasterlijk zijn geweest.

Alle leden fan de TSJERKERIED fan de Herfoarme tsjerke te BERLTSUM, t. w. Aart Klases Aartsma, Nanne Sybe ’s Osinga, Sybe Sybe ’s Osinga, Willem Jan ’s Spoelhof en Jan Gerrit ’s Hacqubart ferklearre yn de tsjerkeriedsgearkomste fan 25 nov. 1872, dat hja de út WIER berop-pen dûmny Jan Imbertus Swijghuisen Reigersberg NET erkenne as WETTICH beroppen dûmny fan dizze gemeente.

(Sjoch ek Berltsumer tsjerke belangen)


L.C. 4-2-1876.

HERROEPING VAN LASTER.

Eerherstelling als diaken.

De Ondergeteekende, Sjoerd Tjeerds Peterzon, verklaart bij deze:

I. Dat de beschuldiging, door hem in het openbaar uitgesproken op den 16 Januarij 1876 ten laste van Jan Gerrits Hacquebart, Diaken der Hervormde Gemeente te Berlikum, n.l., dat deze in zijne qualiteit voornoemd, door middel van een borgbriefje, dwang had uitgeoefend op de persoon der Wed. Haring (Oeges) Adema, ten einde haar (Janke Hoites Zijlstra) daardoor het Kerken in de Hervormde Kerk te beletten en te verpligten om de godsdienst oefeningen in de Christelijke School (yn de Buorren efter hûs nû. 79.) te bezoeken, een grove LASTER is;

II. dat de Diaken voornoemd bij hem niet anders bekend is dan als iemand, die in zijne Betrekking als zoodanig steeds eene goede orde voorstaat en stipt de Kerkelijke Reglementen naleeft, zoo dat hij HERROEPT alles waarvan hij genoemden Diaken heeft beschuldigd.

Berlikum, den 27 Januarij 1876.

S.(joerd) T.(jeerd’s) Peterzon.


---------------

Spreuk : De sneeuwbal en ‘t lasterwoord groeien onder het rollen voort.

---------------


L. C. 26-7-1806.

De Secretaris Mebius zal op Maandag den 4 Augustus 1806, ‘s nademiddags 4 uur, ten huize van Pieter van der Woude te BERLICUM, by Prov. en Finale Palmslag verkopen : I. Een ruime Huizinge, voorzien van Voorhuis, 2 Kamers en Loots, daarby een Varkenshok, en agter een Bleek en Put, benevens een schoon plak Grond ter zyde gelegen, waarop geboden is 950 Car. gls en 5 strs. II. Een uitmundend plak Grond daar agter, hetgeen van en by het eerste perscheel kan worden gebruikt. Waar op geboden is 370 Car. gls. De beide perscheelen staande en gelegen mede op het best van het Dorpe BERLICUM, thans by Frederik Simons Cramer cum uxore als huurders wordende bewoont en gebruikt tot den 12 May 1807 en alsdan by de koper vry te aanvaarden.

 

PROVISIONELE- en FINALE VERHURING. 

Bij akte d. d. 30-1-1836 de repertoire nummers 2 en 4 verleden voor notaris Tj.(eerd) Alma te Menaldum betreffende de VERHUUR van landbouwgrond te BERLIKUM. Sjoukje Dirks Stienstra te Sint Anna Parochie (by BERLTSUM), weduwe van Anske Anske’s Posthumus, verhuurder, tevens als moeder van en voogd over Tjeerd, Anske, Dirkje en Rinske Anske’s Posthumus (ek wol skreaun as Postma) en Gabe Sikke’s Visser, Johannes Pieters Peterson (moat Peterzon wêze), Douwe Feddriks Kramer, Fedde Symens Kramer en Freerk Freerk’s van der Leij allen te BERLIKUM als huurders.


L.C. 11-1-2000.

Schram ‘Berltsumer fan it jier".

(doarpsgenoat Popke D. Schram troch doarpsgenoaten huldige)