Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De âlde hûzen yn de Buorren.


De 17e dûmny nei de Reformaasje hjir yn BERLTSUM wie dûmny Gerhard van der Tuuk (hy wie fan de doe sa neamde: "liberale rjochting"). Hy wie de opfolger fan de dûmny en doarpshistoarikus Petrus Nota, dy't hjir stoarn is. Hy wie beroppen fan Goutum en kaam út in echte Grinzer dûmny's sibbe. Syn frou wie in Liefke Klaasses van Leijen. Hy hat in protte foar de (lânlike) tsjerke en it doarp dien. Hy wie 51 jier dûmny west, wêr fan sûnt 1809 mar leafst 36 jier yn Berltsum. Wol it lêste, noch troch de Herfoarme tsjerke beroppen, en hjoeddeistich dûmny's pear Jan en Jeannette van den Boogaard-Bongers dit rekord ferbrekke, dan hawwe hja no noch wol efkes te gean yn Berltsum.

Ds. Gerhard van der Tuuk wie net foar neat Ridder yn de Oarde fan de Nederlânske Liuw wurden. Hy hat rcgyn de Generale Synoade sitten as fice foarsitter. In healjier foar syn ferstjerren woenen hja him noch(ris) yn de Herfoarme Synoade hawwe. Hy dochs miende betankje te moatten fanwege de ta nimmende swakkens. Hy is dan ek al koart dêrnei ferstoarn op 29-11-1845 yn de âlderdom fan 72 jier.

Dûmny Wytze Winsemius, (Ja wol, hy is besibbe oan de lettere V.V.D. minister Pieter Winsemius) dûmny te Tsjerkwerd en praesens fan it klassikaal bestjoer fan Snits, is doe beneamd as lid yn syn plak. Gerhard van der Tuuk wie in goed sprekker en in foarstanner fan it Departemint "It Nut ta it Algemien". Dit Departemint probeare troch folksûntwikkeling ( (* it folksûnderwiis, in folksbibleteek etc.) it draachflak foar de sa neamde "Ferljochting" te ferbreedzjen. Hy gie faak fuort te sprekken. Hy hat him ek grutte soargen makke oer de útwreiding fan de ôfskieding yn syn gewest. Hy warskôge foar de úterste neidielige ynfloed fan inkele "driuwers" op "gemoedlike" minsken, wêrby de godtsjinst mear saak is fan it hert dan fan it opklearre ferstân. Hy stie yn preekjen en pastoaraat yn de "âld liberale" tradysje, dy’t har letter bewust iepenstelden foar de "nije Grinzer rjochting". Hy wie it net iens mei de Bilt rinten op it lân en tekene dêr protest tsjin oan. Yn in ekstrakt út it Privilege Hôf fan Fryslân fan 1814 wurdt hy "trouwelijk en ongefaarlijk "neamd.

Ds. van der Tuuk hie trije bern, twa dochters en in soan. De iene dochter t.w. Johanna wie troud mei Aart Klaases Aartsma en de oare dochter Reina Ebelina mei Jan Sybes Sevenster, boer te Menaam, (Harren soan Gerhard van der Tuuk Sevenster wie letter dûmny yn Skingen en troud mei Aafke Sijnes van der Goot, de dochter fan de minniste dûmny fan Berltsum. It neiteam gie fierder mei de efternamme Van der Tuuk Sevenster.) 

(*  Sa waard yn 1801 ris fanwege it Nut yn de Marsumer tsjerke in eksamen hâlden fan skoalbern yn it staverjen, skriuwen, lêzen, godtsjinst en sedekunde.

De soan, mr. Harmannus van der Tuuk, dy't abbekaet wie by de rjochtbank fan earste oanliz te Ljouwert, wie boaske mei in dochter fan Poope Franzen Wynia, boer yn it Kleaster Anjum op de pleats (wenhûs) dy't no noch op de hoeke fan de Kleasterdyk en de âlde Menamerdyk stiet. De pleats is yn 1840 boud. Dizze pleats is yn 1842 yn 25 perselen ferkocht. Poope (Poppe, Popke) hat wierskynlik yn 1811 de efternamme fan syn (* frou Hiske Melis Wynia oannommen. (De Wynia’s komme oarspronklik fan "Winia-State" of "Great Winia" ûnder Nes (W.D.) Nijkerksterweg 14). It houlik tusken Harmannus en syn frou hat net lang duorre, want nei twa jier al is Harmannes nei in koarte sykte stoarn. Syn widdo hie 9 moanne dêr foar him noch in soantsje mei de namme Gerhard skonken, dy't letter wol troud west hat mar gjin bern neilitten hat. Gerhard wie letter boer te Hegebeintum. Syn widdo lit op 7-4-1892 buolguod hâlde fan libbene have en boere ark.

Harmannus wenne yn de Buorren op no hûsnûmmer 29 wêr't de famyljes Jan Wytse (Sije’s) Beetstra (Jan en Hiskje), letter op Buorren nû. 1) en Gerke Hoogstra wenne hawwe en wêr't no de soan Beert Gerkes Hoogstra wennet. De widdo fan Hermannus is letter op 23-9-1847 wer troud mei in Willem Tjerks Koning te Koarnjum. It hûs yn de Buorren is earst ferhierd oan Jan Martens Klaver en doe ferkocht wurden en is al hiel âld. 

It is jammer, dat in protte âlde hûzen yn de Buorren al ôfbrutsen binne. It hat wat en jouwt útstrieling oan in âld doarp as Berltsum. It hûs moat, as it kin, bewarre wurde foar it doarp en it neislachte. It binne hûzen mei in ferhaal. In oar âld hûs oan de Buorren (no It Skil nû. 12) is it pleatske wêr’t Boubedriuw van Dokkumburg no yn sit. It waard ein 18e ieu bewenne troch boer Arjen Corneliz. van Dussen. (Syn widdo hie letter in winkeltsje) Nei 1800 wenne hjir de bouboerRinse Anskes de Groot. Hy seach út op it âlde poartegebou en herberch "It Wapen fan Fryslân". Letter hat hjir in weinmakkerij yn sitten. Op ‘e skuorre naald stiet in heawein as wynwizer.

(* Hiske Melis Wynia, berne op 19-11-1768 te Nes (W.D.) en ferstoarn op 23-2-1842 te Berltsum troude op 29-8-1790 te Blije mei Pope Fransen, berne te Blije yn 1765 en ferstoarn op 5-3-1808 te Berltsum. Hy wie de soan fan Frans Popes en Trijntje Hanses, boer op Kad. Berlikum A 26 etc. Hiske har heit Melis Klases Wynia wie troud mei Ytje Hartmans, de dochter fan Hartman Annes en Hiske Jorrits Wijmstra. (lêstneamde is in fier sibbelid fan my) Yn 1795 wie Hiske har heit Melis Klases Wynia folkrepresentant yn it Comité Revolutionaire (it Frânske substitút foar it Gritenijbestjoer):

...............nadat de leden van het grietenijgericht te Ternaard door een comité uit het Comité Revolutionair van hun posten zijn ontslagen en als volksrepresentanten zijn beëdigd: P.(ieter) A.(bes)

Hiddema / Holwerd, Pieter Heringa / Nes, MELIS WIJNIA / Nes, JAN CORNELIS POSTHUMUS (in soan fan ien fan myn foarpakes, boer op "Ekema") / Ternaard, Pieter Klaases / Waaksens,  ijlen de burgers van Holwerd naar hun woonplaats terug, hijschen de nationale vlag, verzamelen zich in de kerk, lezen en zingen met de levendigsten aandoeningen in maatzang Ps. 66:15 en Ps. 37:18 en 15 en richten dan vrijheidsboomen op".


NOCH EAT OER DE SANEAMDE “FOLKSÛNTWIKKELING”. (OPFIEDING.)

Yn de begjintiid (sûnt 1809) dat dûmny van der Tuuk yn BERLTSUM stie makke de oerheid fan it Keninkryk fan de Feriene Nederlannen yn it jier 1815 in programma foar de universitêre oplieding foar dûmnys. Ynteressant dêryn wie de regeling dat oansteande foargongers in oantal jierren yngeand ûnderwiis krigen yn alderlei fakken dy ‘t wichtich wienen foar de boargelike maatskippij sa as ekonomy, rjochten, medisinen en lânboukunde. Yn de twadde fase pas fan harren stúdzje krigen hja te meitsjen mei typyske teologyske fakken. Kleardernôch ferwachtte de oerheid fan de dûmnys dat hja neist harren eigenlike wurk in bydrage leverje soenen oan de maatskiplike opbou. (It “NUT” wie dêryn dus al in foarrinner fan west) Dat wie foar de maat -skippij gjin oerstallige lúkse. Want de minsken krigen yn de 19e ieu yn tanimmende mjitte te krijen mei feroarings op alderlei terreinen. In protte dûmnys waarden neist harren prekersamt yndie maatskiplik aktyf . Tink mar ris oan de bekende Ottho Gerhard Heldring (1804 - 1876).   Yn de twadde helte fan de 19e ieu gie it foaral om konkrete foarsjennings foar de soarch en it wurk en spilen dûmnys ek in rol by it ûntstean fan polityke partijen en maatskiplike organisaaz- jes. Dan tink ik oan Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846 - 1919). Hy briek mei de Lútherske tsjerke en wije syn libben oan de sosjalistyske arbeidersbeweging. Yn die tiid libbe ek Johannes Cornelis Sikkel (1855 - 1920) dy ‘t yn Hilaard (EN EK YN BERLTSUM) in grutte rol spile by de doleânsje, mar ek syn stipe ferliende oan de iere kristlike fakbeweging en it ynisjatyf naam ta de oprjochting fan in sanatoarium foar T.B.C. pasjinten. (Sonnevanck.) En wat te tinken fan BERLTSUMER dûmny Van Eyck van Heslinga (C.H.U.), de Haulerwykse dûmny Jan Rudolph Slotemaker de Bruine (C.H.U.) en de ek tige bekende (Herfoarme) dûmnys Aritius Sybrandus Talma (A.R.) en de yn Makkum berne Willem Banning (S.D.A.P. / P.v.d.A.). Dûmnys wurken oan  it ein fan de 19 ieu yn in alhiel oare maatskippij dan harren kollega ‘s yn it begjin fan de 19e ieu. Nederlân wie in lân wurden mei maatskiplike spanningen mar ek mei grutte groepen maat -skiplik belútsen boargers dy ‘t harren eigen ûnderwiis begûn wienen te oarganisearjen, harren eigen polityke partijen, fakbeweging en sels wenningbouferienings. It bysûndere oan dizze ûntwikkelings wie it ûntstean fan de ferpyldering wêrby eltse libbensskôgings groep harren eigen maatskiplike organisaasjes kenden. Ek de oerheid begûn harren aktiever op te stellen. Nei de twadde wrâldoarloch bemuoide de oerheid harren hieltyd aktiever en mear mei de maatskip- pij. Sosjale wetjouwing behoeve net mear ôftwongen te wurden mar kaam tenein al polderjend ta stân. It wie net sa nedich mear dat partikulieren as bgl dûmny’s foarsjennings ta stân brochten sa as in Heldring en in protte oaren. Harren belútsenheid jilde no lykwols ek oare téma ’s dan dy fan de Nederlânske maatskippij. In foarbyld fan harren is dûmny Krijn Strijd (1909 - 1983) dy ‘t yn syn earste Herfoarme gemeente, yn Blije, keas foar prinsipieel pacifisme. (P.S.P.) Dûmny Leendert Baan fan Oentsjerk, frijsinnich, hoewol berne út ortodokse âlders, Herfoarme dumny west yn ûndermear Bitgum en Boksum – Blessum, keas foar it anti – militarisme. Hy beloane yn de finzenis. De BERLTSUMER Minniste dûmny dr. Hendrik Bernardus Kossen wie tsjin it pleat -sen fan Amearikaanske krús - raketten yn Nederlân en West – Jeropa. Hy wegere in part fan syn belesting te beteljen en in part fan syn ynboel waard dêrop ûnder syn fuotten wei ferkocht. Boeiend is ek de biografy fan Koos Koster (1936 -1982). Koster waakse as ien fan tolve bern op yn Sint Anne, wêr ‘t syn heit Grifformeard dûmny wie. Koos Koster studearre yn Kampen teolo -gy, mar stapte oer nei de media. Hy prebearre de wrâld te ferbetterjen troch syn sjoernalistyke wurk. Hy en syn filmploeg waarden fermoarde yn El Salvador by it meitsjen fan in reportaazje foar de I.K.O.N.

 

L. C. 10-12-1847.

De Notaris T. Alma, te Menaldum, zal op Maandag den 13 December 1847 ten 5 ure na den middag, in de Herberg bij Jan M. Anema, te Berlikum, provisioneel en op dan te bepalen tijd en plaats, finaal, presenteren te verkoopen :

1.  Eene nette en in de laatste jaren veel verbeterde Huizinge no 49 , met erf, staande en gelegen in de Buren te BERLIKUM, door Mej. Wed. den Heer Mr. Van der Tuuk bewoond geweest, bekend bij het Kadaster Gemeente BERLIKUM, Sectie A no ’s 612 en 613, te zamen ter grootte van 2 roeden 10 el.

2.  Eene Huizinge met stalling, bleek en erf, staande en gelegen achter het vorige perceel, bekend bij het Kadaster Kad. Gem. BERLIKUM sectie A nummer 614, ter grootte van 2 roede 20 el.

Beide deze percelen te aanvaarden dadelijk na de toewijzing.


L.C. 17-10-1986.

Berltsumer Buorren kin wer besjen lije. (foto)


L. C. 18-10-1996.

Kijken, kopen en knutselen in droomwinkeltje “De âlde tiid”

(foto : Wietske Doldersum (-Tempel ) in de deuropening van haar ‘wurkwinkel’ aan de Buorren (no. 60) in Berlikum.)


L.C. 4-5-2010

Vernieuwde traditie (foto).

(Fjouwer (nije) hûzen oan de âlde Buorren fan Berltsum, tegelyk boud mei "Berlinga State".)


 *************************************


L.C. 21-10-1836.

De notaris T. Alma te Menaldum, en de Griffier J. Stinstra, te Franeker, zullen op Zaturdag den 29 October 1836 by Finale toewijzing in de Herberg van M.(arten) R.(uurds) Oosterhof te Berlikum des n.m. ten een ure in 27 percelen veilen: Een heerlijke en allergunstigst gelegen Zathe en Landen met huis en schuur, no. 6, groot nagenoeg 32 ½ bunder, voor de helft bouwland en voor de wederhelft weiland, en nog 3 stukken bouwland en weiland tezamen groot ruim 3 bunder, en eene nieuwe gebouwde huizinge en stalling, aan de Schapedijk, alles bij elkander gelegen in het KLOOSTER ANJUM, by BERLIKUM aan de rijdweg naar Franeker, by de erven Jan Rientses Terpstra in gebruik. St Petri en Mei 1837 te aanvaarden; breeder in het Biljet omschreven. Zijnde op deze Zathe in perceelen geboden f. 25.904;75. En op het Dijkhuis f. 651,-


L.C. 27-9-1822.

MARSSUM, den 12 September 1822.

Heden werd door het Departement Marssum der Maatschappij: Tot Nut van’t Algemeen, in de Kerk te deze plaatse, deszelfs vijf en twintig jarig bestaan gevierd. Des morgens 11 ure nam de plechtigheid eenen aanvang etc. etc. Een grote schare genoodigden traden in trein de kerk binnen, etc.. etc. Middelwijl betrad de Wel Eerw. Zeer Geleerde Heer ds. G. van der Tuuk, predikant te Berlikum, den predikstoel, en sprak ene doeltreffende rede uit over de volksverlichting, in welke hij zich met der beantwoording de 3 volgende belangrijke vragen bezig hield: 1. Wat is ware volksverlichting? 2. Is zoodanige verlichting heilzaam? 3. Is zij het doel en de vrucht der Maatschappij tot Nut van ‘t Algemeen?

(Dûmny van der Tuuk wie lid fan dit Departement Marssum. In orkest fierde dêr yn Marsum in symfony út en ek dûmny W. van der Leij fan Skingen hâlde dêr in rede.)


L.C. 18-11-1836.

Verkooping Van Boeken.

COMPENDIUM of kort begrip van het Handboek voor Hervormde Predikanten en Kerkeraadsleden houdende zakelijk al de Wetten en Verordeningen op de inrigting en het bestuur der Ned. Herv. Kerk sedert 1813 tot 1834; verzameld en geordend door Gerh. v.d. Tuuk, Pred. te Berlikum. In katoen karton. Prijs fl. 4.75


L.C. 2- 12-1845.

Familieberichten

HEDEN overleed alhier, in den ouderdom van 72 jaren, na een langzaam verval van krachten, onze geliefde Vader en Behuwdvader, de Hoog Eerwaarde Zeer Geleerde Heer Gerhard van der Tuuk, in leven Ridder van de Orde van den Nederlanschen Leeuw en Predikant bij de Hervormde Gemeente te Berlikum. Het Evangelie der zaligheid, hetwelk de overledene gedurende eene reeks van 51 jaren, van

36 in deze gemeente, verkondigde als de beste bron van troost in elke droefheid, troost ook ons allen, die hem in zijn werkzaam en nuttig leven gekend hebben, in eere zal worden gehouden. Berlikum, den 29 November 1845. A.K. Aartsma,

J. Aartsma- geb. van der Tuuk,

J.S. Sevenster,

R.E. Sevenster- geb. Van der Tuuk,

A. P. Wijnia, wed. H. Van der Tuuk.


L.C. 24-3-1876.

Familieberichten

Na een langdurige ongesteldheid overleed heden ten onzen huize, Klaas Kornelis van Dussen, in den ouderdom van 30 jaren. Vijftien jaren lang was hij bij ons inwonende, en met zijn enige zuster betreuren wij zijn afsterven.

Berlikum, den 13 Maart 1876. S.(joerd) T.(jeerds) Peterzon.


L.C. 28-5-1914.

Kerk en School, benoemingen enz.

Benoemd tot opzichter bij de Maatschappij tot Exploitatie van de Limburgse steenkolenmijnen de heer L.A. van der Meij te Berlikum.