Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Hemmema / Quader. 

d'Aumale / Hemmema PoarteYn 1753 is op ôfbraak ferkocht it hearen hûs, doe destiids yn besit fan wijlen de Graaf d'Aumale, en bewenne troch de Majoor Baron Du Tour. De siswize:" In hûs as in kastiel" gie foar dit hûs al lang net mear op. "Hemmema" state wie al jierren yn ferfâl rekke. No stiet dêr allinne noch de poarte as oantins oan dit ferline. De ferkeaper wie in sekere Quader. De namme "Hemmema"- of ek wol "d'Aumale poarte" neamd, docht ús noch tinken oan de foarige bewenners dy't hjir mear as 300 jier wenne ha.

Doeke Hemmema wie foar syn trou en behelpsumens oan de hartoch fan Saksen ek noch beleane mei it lien de "Nije Finne" yn de doedestiids nije polder It Bilt. It wie wol in koekje fan eigen daai, want neffens it âlde Fryske rjocht kaam it nije oanwûne lân rjochtens him, as oanlizzend eigner, ek al ta. De heerlikheid "Nije Finne" is yn 1801 op ôfbraak ferkocht.

Dêrfoar wie yn de L.C. fan 13-4-1765 noch te lêzen:

Men praesenteert uit de hand te verkopen: Een extra deftig Zomerhuis, hetwelk van voren is versierd met fraay lijst- en paneelwerk, staande daar in drie Engelsche kamers met fijn Glas, en ter syden aan elkaar een Raamt, proper behangen, en met Wagenschors Lambrisering: groot eenen 13 Voeten 4 kant: welk Zomerhuis op een gemakkelijken wyze uitmalkander kan genomen worden, zynde alles met Schroef en Ploegwerk in malkander gevoegd, en kunnende te Water (der wie in opfeart nei de Blikfeart ta) overal getransporteerd worden, staande op de Nie-venne (de Nije Fenne) by Berlikum. Nader onderrigting te bekoomen by den Ontvanger H(otze) Quader aldaar, en te Leeuwarden by de Stads Timmerman Noteboom.

Hjir leit in stikje histoarje en it is der fakentiids wyld om en ta gien. Tink mar oan de tiid fan it skeel tusken de Skieringers en de Fetkeapers en oan de Fryske (Berltsumer) kenau Bauck fan Hemmema (1492). Bysûnderheden oangeande de Hemmema's binne beskreaun troch Halbertsma yn syn: "Fragmenten omtrent de van Harens". Yn 1792 hierde in Haye Minnes noch in grut rom hûs "Hemmema", dit sil, tink ik, de "Hemmema" poarte west hawwe. Yn 1832 wie de âld Berltsumer skoalmaster Heerke Willem's Dykstra eigner fan de poarte mei de boppewente. De poarte moat yn it ferline yn de Grienedyks feart of grêft stien ha. It kastiel, yn de 15e ieu of al (folle) earder, is boud, wierskynlik as fort om de haven fan Útgong te beskermjen, wat ferklearje soe wêrom dizze state as ienichst yn Fryslân bûten de âlde seedyk boud is.

Haven sjoen fanôf de Hemmema piipÂlde haven yn Berltsum

By de bou fan dancing "Sans Souci" en by graafwursumheden dêr koe ik de blauwe sleatsklaai noch dúdlik gewaar wurde. De hûzen oan it Hemmemaplein steane ek op dizze âlde dyksleat. De dyk dêr en by de Singel is destiids ferbreedde om mear romte te krijen foar de dêr altyd holden biste merk. De namme, fan de doe yn de folksmûle sa neamde "de Wylde cingel" (nei de Berltsumer hôfker Jacob Jacobs de Wilde (1772) ferneamd?) komt ek yn Berltsum foar. Jacob Jacobs (de) Wilde hie in hûs mei dêr efter in hôfke en in hôf. It hûs waard ferhierd oan in Klaas Douwes. It is bêst mooglik, dat dit hûs hjir by de Singel stien hat.

In part fan Hemmema wurdt letter de "Bornsbuorren" (Bonnebuorren) neamd omdat de leadjitter / laaidekker Hoito Godert's Born, ôfkomstich fan Ljouwert, hjir letter in streekje fan njoggen wenhûzen op sette litten hat. De hûzen binne al wer ôfbrutsen. It plak wurdt no brûkt as fytse stalling foar de hoareka. De Berltsumer Born's stamme fan him ôf. Hy kaam út in Minniste sibbe. Sa binne der ek Minniste dûmny's west as in Hiddo en Feico Born. De namme Born mei foar nammen as Hidde, Feico, Oneidus etc. komme yn Berltsum no noch foar. (Der is trouwens ek in sibbe dy't Oneidus (soan fan Oene) as efternamme hat). De Born's stienen yn de Fânske tiid bekend as patriotten. Doe 't de Frânsken hjir kamen, stienen hja yn Snits mei de (ek Minniste) Ament's te jûchjen fan bliidskip en hellen de Frânsken yn as "befrijers". No noch stiet yn Ljouwert in Menniste dûmny mei dy namme. t.w. Harmen Th. Ament. Op Skylge wie koartlyn ek noch in notaris Mr. Herman Jan Ament en út dizze sibbe ôfkomstich. It wie de tiid fan "Gelikens, (doe ek foar de Minnisten) Frijheid en Bruorskip."

No wer efkes werom nei Hemmema. De grûn, tún en hôf fan "Hemmema" binne yn parten ferkocht, sa as it Griene Hôf, it Berghôf, it hôf oan it sa neamde Molkepaed (no de Biltdyk) ets.ets. Op it Berghôf hat de Berltsumer hûsdokter Theodorus Risselada letter in filla del sette litten mei deselde namme. It soantsje fan him hat de earste stien lein. Dokter Risselada hat hjir ek yn de Minniste tsjerkerie sitten. Hotze Quader, de soan fan Jacob Gerbens Quader troud yn maaie 1687 te Marsum mei Hyke Hotzes, wie yn 1753 ûntfanger yn Berltsum. Hotze is ferstoarn om 1769 hinne. Syn pake wie Gerben Theunisz (Quader) dy’t foar 1643 al troud wie mei Saepke van Unia, de widdo fan Jacob Pietersz., en de dochter fan Sybren Fransz. Unia en Antie Jacobsdr. út it Kleaster Anjum. De pake fan memmes kant wie Hotse Jans, brouwer te Marsum. (Om 1691 hinne bierbrouwer te Berltsum?) Hy liet yn 1753 alle hagen en beammen op " Hemmema " út de hân ferkeapje mar ek de âlde State mei foljêre, fuotstikken (pedestallen) mei faasen, potten, bylden, boarstbylden, izeren stekken, houten bôgen en túnkers ark. Hotse Quader sels wenne yn in hûs yn de Buorren mei in Ingelske skoarstien en de keamers wienen mei goudleerbehang behongen, de grutte koken wie mei lytse stien opset en de lytse koken mei wetterstien. De kranen wienen fan koper etc. De grûn rûn oan de Hôfsleane ta. It wie in grut hûs mei in rom hiem (hôf). Hy siet goed by kas. Hy hie ek in hôf oan it saneamde " Jachtpaed" by "Hemmema" lizzend. Hotze Quader is tusken en om 1770 en 1771 hinne stoarn. Yn 1772 waard de gerjochte helte fan in dûbbele of besletten bank yn de âlde krústsjerke ferkocht. Dit wie nei alle gedachten de bank fan de âld ûntfanger Hotze Quader. De oare helte kin dizze sibbe ek wolris ta beheard hawwe. Der wie neist Hotze ek noch in (hûsman) Gerben Quader as soan fan Jacob Gerbens Quader. Hy besiet in protte hûzen en lân yn Berltsum, û/o oan de Buorren, de Grytmanssteech en de Griet(mans)sleat. (de Grúsert). De luitenants camp (de Kamp) wie ek yn eigendom fan dizze sibbe. Syn dochter Hycke wie op 27-3-1757 troud mei in Anne Huidekoper. Hja wennen letter yn Hoogeveen, wêr’t Anne ferfeanter wie. Hycke is dêr stoarn en begroeven yn 1773. Jan, de soan fan Anne Huidekoper en Hycke, berne te Berltsum op 3-3-1766 siet letter yn it stêdsbestjoer fan Amsterdam. Hjir hat ek in Huidecoper,ôfkomstich fan Menaam, yn Berltsum boer west. De (Minniste) famylje Huidekoper komt oarspronklik fan Harns wêr’t in Anne Jans Huidekoper. Hja krigen 3 bern, Harm Jan, Jan en Saapke. Harren soan Harm Jan wenne letter yn Hoogeveen, wêr ’t hy, krekt as syn (letter wertroude) heit Anne, ferfeanter wie. Hycke is hjir stoarn en begroeven yn januaris 1773. Hjir hat ek in Jan Anne ’s Huidecoper, ôfkomstich fan Menaam, yn BERLTSUM boer west. Hy wie berne te Harns as soan fan Anne Jan ‘s Fontein en Mincke Dreyer en troud mei Fokje Oldaens. Hy is yn BERLTSUM stoarn. De (Minniste) famylje Huidekoper komt oarspronklik fan Harns wêr ’t in Anne Jan ‘s Huidecooper, troud mei Mincke Dreyer, om 1670 hinne in begoedigd keapman yn hûden wie. De Quader ‘s wennen  hjir al yn 1640. Wêr ’t de Quaders oarspronklik wei komme koe ik net gewaar wurde. Op 5-4-1716 is Saapke Quader, de dochter fan Jacob Gerben ’s Quader, boaske mei de Berltsumer dûmny Ds. Johannes PlantinusJohannes Plantinus. Hja wie hjir yn BERLTSUM doopt op 30- 4-1699 en is stoarn op 13-12-1717 yn it kreambêd. It famke krige har memme ’s namme : Saapke. Dizze  Saapke is net troud ferstoarn op 10-1-1745. Der waard dêrom eartiids faak sein as froulju trouden : “de froulju steane no al mei ien foet yn it grêf.” Ds. Plantinus is letter jitris foar de twadde kear troud en hat doe wer in dochterke krigen, dy ’t him net oerlibbe hat. Yn of om BERLTSUM hinne hat ek noch in “Hammersma State” stien. Fan dizze State is hast neat bekend. Noch wêr ‘t de State stien hat noch wa ’t de bewenners west  hawwe. Ek fan “Herema” of “Heerma State” is net folle bekend. De state stie ten súdwesten fan Hemmema op it plak wêr ’t no de hûzen Bitgumerdyk nû. 4 oant en mei 10 steane tusken de eardere muzyktinte en hotel “Hof van Holland”. It hûs Bitgumerdyk 10 wurdt dêrom ek wol Heremastate neamd. Earder stie hjir yn BERLTSUM om 1100 / 1200  hinne in “Bongahûs.”  (bewenner : Popck Bonga thoe Bongahûs thoe BERLICUM.) 

 **********************************


L.C. 29-12-1770.

Wort gepraesenteert uit de hand te verhuren en op May 1770 in te varen: Een zindelyk en gerieffelyk huis, staande in den Dorpe Belkum, voor aan de Straat (no It Hemmemaplein, it Skil en de Buorren) en agter aan de Rijdweg (no de Hôfsleane), bestaande in een Voorkamer met Engelsche schoorstenen en met goudleer behangen, een Agterkamer mede behangen, een keuken met steentjes opgezet, nog een klein Keukentje met Watersteen en twee koperen kranen enz. zynde nu door Old Ontvanger Hotze Quader met der dood ontruimt. Wie gading maakt, addresseere zig aan de Heeren P.Lyklama á Nijeholt te Workum, A. Lyklama á Nijeholt te Jorwert of aan de Dorpsregter S(ietze) A(nnes) Ypey te Belkum.


Op 3 Juli 1736 legde Jacob Paulus, grave van Aumale, 3 jaar en 3 maanden oud, op 3 Juli 1736 de eerste steen aan het huis van Gerben Quader, "oud ontvanger tot Belkum" (Jacob Paulus greve d‘ Aumale wie it tredde bern fan Carel Duco D’Aumale en Anna van Assendelft en de pake en beppesizzer fan Jacques D’Aumale en Civile Susanna Baronesse Du Tour. Hy is letter troud mei Jacqueline Cornelia de Geer (tot Rijnhuysen.)

Jhr. J.C. Baron du Tour hat yn 1817 in beskreauwing ferskine litten fan in werktúch om stêden, doarpen en grutte gebouwen te ferljochtsjen troch flamber gas út stienkoal.


L.C. 22-8-1953.

200 jaar geleden.

Dewijl het boelgoed tot Berlikum op den 6 Augusty geen voortgang heeft gehad; zo praesenteert H.(otze) Quader uit den hand te verkopen alle de Heggens en Boomen staande te Berlikum op de Plaats van wijlen de Graaf D’Aumale: Wie daaraan gadinge maakt om te kopen, kan zig vervoegen by bovengenoemde.

(Leeuwarder Saturdagse Courant, den 18 Augustus 1753.)


L.C. 7-11-1904.

Het verward Friesland. (It sa neamde pachters oproer, de Doelisten)

Yn it jier 1748, it jier fan de reboelje en it ûnstjûr, waarden yn’e jûn fan 5 Juny........... op reces gescheiden tot Maandag 10 Juny, om te compareren ‘s morgens te 9 ure in de Stads Schutter Doele te Leeuwarden. Op genoemd tijdstip vinden we daar bijeen uit Oostergo: Jan Doekeles RUNIA, Wirdum, Lieuwe Hessels Hommema, Stiens, Jan Jansen van der Meij, Hallum, Lolke Hulshuis (HULSHUYS), Holwerd, etc etc. Uit Westergo: HOTSE QUADER, Belkum, Claes Fontein, Ried, etc. etc. Uit Zevenwouden: Melle Claasen, Oudeboorn etc. etc. Uit de Steden: Jonas Fransen Oldersma, A. Basseleur, etc etc. Lolke Hulshuis, de soan fan Claes Jilles Hulshuis de gritenijsiktaris út Holwert, waard mei 20 oaren feroardiele en moast útwike nei Dútslân (Hamburch). Hjiroer giet in nijsgjirrich reissjoernaal út 1749 dat bewarre wurdt by it argyf fan it Frysk Genoatskip.

De fjouwer kertieren:
Eastergo: it lân.
Westergo: it jild.
De Wâlden: it ferstân.
De stêden: it geweld.
RIENCK VAN HEMMEMA (1535-1583) yn 1567 boaske mei Ath van Roorda, dochter fan Riuerdt Riencksz. Roorda en Doutsen Hansdr. Sassinga, wenne earst op Hemmema State te Berltsum. Hy wie letter heare boer yn Hitsum. Hy is ien fan de meast ferneamde boeren út de Jeropeeske skiednis. Dat komt omdat hy in boekhâlding neilitten hat fan syn pleats om de jierren 1571-1573 hinne. Hans Mol en Paul Noomen binne der yn slagge om it lân en de pleats fan Hemmema yn kaart te bringen. Hy wie in pake sizzer fan Sicke Gratinga, en dy wie in pake sizzer fan Upke fan Hitsum. Syn mem Berber Gratinga wie boaske mei Hette Hemmema fan Berltsum. Rienk hie net allinne de aspiraasje fan lânjonker, hy wie it ek. Hy hat fan 1569 oan’t 1574 in "Rekenboeck off memoriaal" by hâlden. Dat wie yn in tige rûzige tiid. Der wie in oarloch tusken de Geuzen en Spanje, mar boppedat brutsen yn dy fiif jier de diken trije kear troch. En der kaam ek noch in lange en roet kâlde winter. Hy libbe as in ealman. Hy ûntliende syn status oan syn famylje en oan it hûs, dat er bewenne. Hy tanke ek in soad jild oan de houliks ynbring fan syn frou Ath Roorda. Rienck Hemmema is jong ferstoarn, hy waard mar 48 jier âld. Syn widdo wertroude yn 1583 mei Tading Seerps fan Adelen. (sjoch it skoalle stjintsje yn de muorre fan it Herfoarmd Sintrum.) Hja kamen te wenjen op Hemmemastate te Berltsum. Dit wie Rienck syn âlderlik hûs. De pleats dêr’t Rienck yn Hitsum wenne hie, krige letter de namme Roorda of Roordama. Tading van Adelen stoar op 14-2-1624.



Sjoch ek de L.C. fan 16-9-1991

Moderne boer Rienck Hemmema fan Hitsum libbe as in ealman.


Bewenners HEMMEMA STATE:

Tusken 1450-1500 Doecke Hemmema, troud mei Bauck fan Popma. (Poppema)

Om 1491 hinne Hette Doeckes Hemmema boaske 1.) mei Hil van Onsta 2.) Ebel Rienkdr.

1503 Doecke Hettes Hemmema / Bauck. van Juwsma.

1503-1572 Hette Doeckes van Hemmema boaske mei Barbara Sickesdr. van Gratinga.

1572-1584 Sicke Hettes van Hemmema.

1584-1603 Sierck Sickes van Hemmema.

1603-1646 Sicke Siercks van Hemmema.

1646-1698 Doecke Siercks van Hemmema. (de broer fan Sicke Siercks)

1698-1721 Doecke Doeckes van Hemmema.

1721-1729 Civile Susanna du Tour de widdo fan Doecke Doeckes.

1729-1746 Carel Duco graaf d’Aumale.

1747 De hear Quader wurdt eigner fan de state. Hy hat Hemmema State ôfbrekke litten.


Hette Hemmema

In portret fan HETTE VAN HEMMEMA, doe 65 jier âld (en de Grytman yn 1531 fan Menameradiel), skildere yn 1561, wurdt ta skreaun oan de 16e ieuske Fryske skilder Adriaan van Cronenburgh. It portret hinget yn it Frysk Museum te Ljouwert. Hette dy yn 1515 de eed fan huldiging oan Karel V. en 40 jier letter oan syn soan Philips II. Van Cronenburg wie de sweager fan de bekinde byldhouwer Vincent Lucas.


L.C. 23-12-1961.

Het Fries Museum verwierf een portretstuk van Cronenburg.  (foto Hette van Hemmema.)


Gevelstiensje fan ien fan de eardere skoallen fan Berltsum yn de muorre oan de tsjerkehôfside fan it Herfoarmd Sintrum.


A.o MDCXVII SCHOLA HAEC VETUSTA COLLAPSA EX AERARIO PATRONI BELCUMANI READIFICTUR TATINGO AB ADELEN (Tading Seerps van Adelen) ADMINISTRATORE.

(Oersetting: Yn 1617 is dizze troch âlderdom ferfallen skoalle wer opboud út it fûns fan de Patroan fan Berltsum ûnder it bestjoer fan Tading fan Adelen.)


BAUCK POPPEMA, ek bekend as Bauck Foppesdochter fan Popma en Bauck Hemmema. (Berne op Skylge - stoarn te Berltsum 1501.) Har heit Foppe Popma en mem Wilsch Aedesdochter Gerbranda wennen op Skylge, wer’t har heit Haadling wie.(De Frysk-Grinzer sibbe Poppema of Popma is al hiel âld. Sjoerd Popma bewenne de stins op Easterein op Skylge. Mei Jarich Popma eindige yn 1502 de hearskippij fan de Popma’s oer Skylge, neidat hja it mear as 200 jier bestjoerd hienen. Sjoerd Popma wie Hear fan (it) Grien en der Schelling.) Hja kaam út in gesin fan 11 bern. Bauck Poppema troude mei Doeke Hettes Hemmema (stoarn yn 1503) en út dit houlik waarden meardere bern berne, wêrfan 1 dochter en 2 soannen folwûksen wurden binne. It pear wenne op Hemmemastate, mei dêr omhinne in swiere ierden wal, bolwurken en in grêft (stiennen hûs of wentoer) te Berltsum. It wie de tiid fan de rúzjes tusken de partijen, bekend ûnder de nammen SKIERINGERS en FETKEAPERS. Bauck har man hearde by de Skieringer partij.Yn 1496 spile Bauck Poppema in rol yn dizze striid. In oantal Skieringer Haadlingen hie yn de simmer fan dat jier ferskate oanfallen dien op doelen fan de Fetkeapers en dêrfoar woenen de Fetkeapers revanche nimme. Doe’t Doeke Hemmema foar oerliz mei syn partijgenoaten yn Frjentsjer ferbleau, foelen de Grinzer bûngenoaten fan de Fetkeapers Hemmema state oan. Op dat momint wienen allinne Bauck, dy’t swier wie, har sweager Alef Hemmema en tweintich soldaten op de stins.(As wy Worp fan Thabor, 4e boek der Kronieken van Friesland, leauwe meie.) Earst bestoken de Grinzers de ierden wallen mei bussen (kanonnen), mar sûnder resultaat. De ferdigeners skeaten rjochte werom en wisten sa’n folle Grinzers te deadzjen, dat hja de oanfal opjaan moasten. By de twadde oanfal (23 augustus) probearen de oanfallers de stins tichterby te kommen troch de grêft mei hea te dimpen. De bewenners fan Hemmema skeaten dêrop it hea yn’e brân. Opnij foelen der ûnder de Grinzers in protte slachtoffers: njoggen weinen fol deaden en ferwûnen waarden nei Ljouwert ôffierd. De Grinzers bliuwen lykwols folhâlden en probearen no mei in belegerings wurktúch (in sa neamde "kat") de stins te bemasterjen. Alef Hemmema seach kâns mei trije soldaten by nacht troch de belegering hinne te brekken om syn broer Doeke te help te roppen, mar dy kaam te let; op 3 septimber waard Hemmema state stoarmjenderhân oerweldige troch de Fetkeapers út Eastergoa, dy’t harren bûngenoaten te help kommen wienen. Alle soldaten, ien útsûndere, waarden troch de oerweldigers deade. Bauck is yn maaie 1497 wer frij kommen troch it útwikseljen mei de Fetkeaper Tsjalling Lieuwes (Jellinga), dy’t troch de Skierings gesinde Frjentsjerters finzen holden waard. Bauck Poppema is yn de histoarjegrafy in eksimpel wurden fan de "moedige mannin", de eale, heldhaftige Fryske haadlingen frou. De FRYSKE (Berltsumer) KENAU.


L.C. 24-6-1886.

Mengelingen.

Bauck van Hemmema.


L. C. 19-4-1947.

Een Friezin als stammoeder der Graven van Oxford.

(De roman fan Bauck Hemmema út Berltsum.)


Tjedde Pekes, "de Fryske Jeanne d’Arc".

Yn de slach by Wremen , yn it lân Wursten binne hunderten Friezen en Friezinnen ombrocht yn de striid foar de frijheid troch it leger fan Biskop Christoph fan Bremen. It Fryske leger waard oanfierd troch in famke fan 17 jier: Tjedde Pekes. Op 26-1- 2007 is foar har yn Wremen in tinkstien pleatst.

Yn Berltsum noch ek ris foar de "Fryske Kenau" Bauck fan Hemmema? It doarp sil hjirfan opfleurje.


Alle goede dingen besteane út trije. Dus neist it "Berltsumer huntsje" , noch in oantinken foar "Pyt Poat" en foar "ús Bauck" !!! Pyt Poat yn de dûmny’s tún en ús Bauck foar it Poartegebou. De Berltsumer stienhouwer Peter Vastrick út de Buorren wol it meitsjen hjirfan fêst wol op him nimme.

Nammers de tinkstien dy ’t destiids makke is as neitinken oan it besyk fan nuntius Kardinaal Fabio Chigi fan Siena mei in 15 tal leden oan BERLTSUM yn 1646, de letter yn 1655 ûnder de namme Alexander VII. ta Paus keazen Kardinaal, heart einliks ek yn BERLTSUM thús. De tink -stien wurdt op it stuit bewarre yn it Frysk Museum yn Ljouwert. De stien heart yn de binnen -muorre fan de Berltsumer Koepeltsjerke mitsele te wurden, nei myn betinken. Sa bliuwt hjir     de Berltsumer skiednis libben. It leit wol in bytsje foar de hân dat dy stien ek yn de eardere ôfbrutsen âlde Krústsjerke sitten hat.


Hoeke Tsjerkestrjitte/Hôfsleane (Skoanegevelshoeke)Om Berltsum hinne wienen der de WETTERSKIPPEN û.o. mei de nammen "De Drie Dorpen", "de Berlikumer Polder", "Lauta", mar ek wie der de "Hemmema Polder". Letter binne de Wetterskippen allegearre opgien yn ien grut wetterskip mei de namme "Noardlik Westergoa" mei in nij wetterskipshûs oan de Kleasterdyk yn Berltsum. De op de skoanegevelshoeke wenjende Gerard ter Haar wie de siktaris direkteur fan it Wetterskip. Hy siet ek yn in protte oare bestjoeren fan ferienings yn Berltsum. It wetterskip is letter wer fergrutte, no mei de namme "De Waadkant".


L.C. 17-2-1878.

SICKE van Hemmema is in 1533 te BERLIKUM geboren, wijdde zich aan de studiën te Keulen, Leuven en Parijs, waarna hij Med. Doctor werd en zich welligt in zijn geboorteplaats Berlikum vestigde, terwijl hij in’t huwelijk trad met At Bootsma, by wie hy zes kinderen had verwekt, toen hy in 1586 overleed. Door de uitgave van een werk: "Astrologiae ratione et experientia refutataeliber" in 1583 by Plantijn te Antwerpen gedrukt, had hij den moed zich tegen de dwaalbegrippen zijner tydgenooten omtrent de sterrewigchelarij en den invloed daarvan op de richten (de gerichten, strafoordelen), te verzetten. Uit de lotgevallen van 30 personen toont hij de ydelheid aan van de kunst der horoscoop. Van verscheidene beroemde mannen vinde men in dit geschrift levens byzonderheden. Hy had een broeder Doeke Hemmema, van wien gezegd wordt, dat hij een bekwaam wiskundige was, die veel werk maakte van de meet- en doorzigtkunde.

(In man as dûmny Balthasar Bekker, ek in moedich man yn syn tiid (1634-1698) hat him ferset tsjin it folksleauwen, dat kometen rampen bringe soenen (Ondersoek der Cometen) en it folksleauwen yn heksen, duvels e.d. (De betoverde Wereld.)


L.C. 4-5-1792.

De Advocaat, Jacobus Tieboel te Workum, zal op Maandag den 13 Augustus 1792 by de Schryvinge ten huize van Hendrik Huiving, Castelein te Berlicum, den 20 en 27 dito by de Verhoging en Provisionele Palmslag, telkens om één uur namiddag, publicq by Strykgeld aan de meestbiedende Verkoopen: Een voortreffelijke huizinge en tuin c.a. staande en gelegen in den Dorpe Berlicum, by M.(ichaël) Hulshuis cum uxore als Huurders bewoont, voor 52 Car. gls Jaarlyks. etc. etc. Een groote ruime Huizinge c.a. aldaar (HEMMEMA STAATE genaamd) by Haye Minnes c.s. als Huurders bewoond, voor 126 Car. gls. Jaarlijks. etc. etc. Een kostelyke Hovinge (het BERGHOF genaamd) meede aldaar, gr. 4 pm 6 einsen, 10 penningen, by R.(ein) Willems (Spoelhof) en J.(an) Willems (Spoelhof) Wed. als huurders gebruikt voor 160 Car. gls. Jaarlijks. etc. etc. Een schoone Hovinge gelegen onder Sint Anna Parochie (het groene Hof genaamd,) (= eveneens aldaar) gr. 1 1/3 morgen, by Gatze - en Minne Minnes (Posthumus) als Huurders gebruikt voor 81 Car. gls. Jaarlyks. Een pondemaate bouwland mede aldaar (de Wilde Cingel genaamd) by Ype Sierds als Huurder gebruikt voor 20 Car. gls. Jaarlyks.