Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De Hemmema poarte of d' Aumale poarte.


Hemmema PoarteDe lêste Hemmema, t.w. Doeke van Hemmema, ferstoarn yn 1727, wie boaske mei Civile Susanne Du Tour, de widdo fan Jacques de greve fan Aumale. Út dit houlik binne gjin bern fuort kommen. De widdo wie erfgenamt fan al it ûnreplik guod en ynboel wurden en dus ek fan it Hemmema slot. De earste Du Tour dy't ús lân ynkommen is, wie in David du Tour, heer fan Pomerode, kaptein yn tsjinst fan de Republiek en letter kommandant fan Rhenen. De beppe fan syn mem wie in Margarita Venier, út de ferneamde adlike Venétsjiaanse sibbe Venier, dy’t neffens oerlevering fan Romeinske oarsprong wêze soe, en dy soe sels wêr sprute wêze út de eardere Romeinske keizer Aurelius. Syn soan Marc du Tour wie ealman fan Frederik Hendrik, keamerhear fan Willem II en dêrnei riedshear fan de sûvereine hôvingen fan Brabân. Hy troude mei Sara l 'Empereur d 'Oppijk, de ienichts berne dochter fan l 'Empereur d 'Oppijk, hear fan Havines en Malarets. Syn soan David Constantijn du Tour wie rieds- en rekkenmaster fan de Domeinen yn Fryslân en waard ferskate jierren nei de Steaten Generaal kommiteard. Hy wie yn Sint Anne boaske mei Albertina van Tamminga. Hy is ferstoarn yn 1727 en syn wiif yn 1731. Beide binne yn BERLTSUM begroeven.

De âldste fan de 14 bern út dit houlik wie de mem fan de ús bekende Onno Zwier van Haren. (1713-1779). De ienichtstberne soan út it earste houlik fan Civile mei Carel Duco, greve fan Aumale, wie no wer fan syn mem erfgenamt wurden. As wy dûmny Nota leauwe meie, hat hy in protte dien om it âlde Hemmema slot wer yn âlde gloarje op te meitsjen. Hy moat ek tige bemind west ha by de ynwenners fan Berltsum. Dit troch syn útstykjend karakter en útblinkende deugden. De dûmny moat it wer fan hiel âlde Berltsumers heard ha en by oerlevering. Carel Duco is yn 1746 ferstoarn oan de gefolgen fan in ferwûning yn in kriich.

Omdat syn bern doedestiids noch lyts wienen, is Hemmema in jier letter ferkocht. De nije eigner liet it hûs ôfbrekke en de túnen en grûnen ynrjochtsje as griente, koal en kokentún en as boulânnen. Syn bern binne letter oeral hinne gien, mar ien bliuw hjir yn de omkriten wenjen. It wie Sophia Elisabeth, grevinne fan d 'Aumale dy't letter op 19-3-1758 boaske wie mei Georg Frederik baron Thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg, dy't wenne hat op "Great Terhorne" tusken Bitgum en Bitgumole en dy't letter grytman fan Menameradiel wurden is. Fan dêr dat de iene Berltsumer it no noch hat oer de "Hemmema poarte "en de oare Berltsumer wer sprekt fan de "d’ Aumale poarte". Yn en om Berltsum hinne hawwe mear ferneamde adlike famyljes op stinsen wenne, sa as de Grovestinsen, de Heerma's en de Burmania's.


Op it N.W. fan Berltsum hat flak foar Wiersyl oan de Berltsumer kant yn it Moddergat yn it ferline de Staate (Aesterfal), Easterwâl stien. Wannear en wa’t de Staate boud hat is net bekend. Neidat de Staate ôfbrutsen wie is oan de oare kant fan Wiersyl (en no dus yn it doarp Wier lizzend) de pleats Easterwâl boud, no bewenne as wenbuorkerij troch Thom en Annie Dijkstra-Zijlstra. (Wie it foarhinne in fersterke stins (krekt as Hemmema yn Berltsum) om de yngong fan Wiersyl behearskje te kinnen ?) Yn 1640 wie Grytman Jhr. Tjalling van Eysinga fan Menameradiel de eigner en no en dan hjirfan de bewenner. It waard dan wolris Eysinga Staate neamd. Dizze Eysinga wie ek de eigner fan it Popta Slot yn Marsum, earder Heringa State neamd. Om 1700 hinne is in widdo Bruinsveld eigneres fan de pleats dy’t dan 47 pm. grut is. De pleats waard letter ek wol de “Evertspleats” neamd omdat in Evert Siderius hjir de hierder fan west hat.


Wapen HemmemaWapen beschrijving graaf Jacob Paulus van Aumale: In zilver een schuinbalk van keel, beladen met 3 bezanten van goud; dekkleden: zilver en keel; een helmkroon van vijf bladeren; helmteken: een adelaar van sabel, uitkomend.


Georg Frederik Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg boaske op 19-3-1758 mei Jkvr. Sophia Elisabeth gravinne van Aumale, wêrby brulloftsfersen ferskynd binne fan H.J. Arntzen, J. Pierson en E.S. van Burmania, alles by Coulon.


L.C. 29-5-1923.

De Aumale poort.

De wereld in rep en roer........In de grote bladen zelfs maakt men zich druk over de verdwijnende Aumale poort. Het lijkt wel of men den voorstelling heeft van een poort. Dit is niet het geval. De Aumale poort is de naam van een oudachtig gebouw, dat in de loop der jaren is veranderd en verbouwd. Het cijfer in de muur geeft 1734 aan. Er zal wel iets van het gebouw uit dien tijd afkom-stig zijn. Ongeveer drie jaar geleden stelde Heemschut al geen belang in het gebouw en dezer dagen heeft een deskundige van het museum te Leeuwarden alleen enige waarde toegekend aan het gedenk-steentje in den muur. Overigens is het gebouw geschikt voor afbraak. Het zou echter zeker wel op prijs gesteld worden als de eigenaar den voorgevel liet restaureren. Berlikum hield dan een aandenken aan zijn vroegere grootheid en de familie Hemmema.

Berlikum, 28 Mei 1923. T. Westra, brievenbesteller.


Sjoch ek:  De Hemmema State bij Beetgum (op de terp Bessum).

De state stie flak ûnder Bitgum, mar behearde ûnder it doarp Menaam in pear kilometer fierder op.