Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Heere Jeremias Carree.


Heere (Herre) Jeremias Carree (Carré, Koree, Quarré(e), Quaeré) de soan fan Jeremias Caree en Teatske Heeres, troud te St Jabik mei Tryntsje Harmens yn 1730 op 26 novimber, wie al in âld man wurden sa dat hy net mear yn steat wie om te wurkjen en bystân nedich hie fan de Diakonije. Hy wie hjir yn BERLTSUM selstannich mr.smid west en koe sa de kost fertsjinje. Hy hierde oan't 1760 ta in hûs mei smidderij en it dêr by hearrend hôf. It pân c.a is dêrnei wer te hier oanbean troch de skriuwer Hulshuys. De smiddery ynventaris is ferkocht. A.O.W. en pensjoen wie der noch net.

Hja wurken oan't hja net mear koenen. Gjin wurk, gjin ynkommen, sa wie it doedestiids. Men wist ek net better. Hienen jo bern, dan wienen de heukereftiche âldelju op de bern oanwezen. Mar dy hienen it ek net altyd rom, dus dan mar nei de tsjerke ta, nei de Diakonije om help. Wienen it âlde minsken sûnder bern, dan wienen de bruorren of susters en oars wol de omke en muoikesizzers de oanwezen helpers. It beheinde wenjen yn de lytse wentsjes liet ek altyd net ta dat de âldsjes dêr by yn koenen. Dêr wienen de Diakonije wenten (keamers) dan wer foar ornearre.

Ek hie de Diakonije in diakonije hûs (op'e Terp) oan de Grytmanstrjitte. (no bekend as de Vermaningstrjitte} tsjinoer foarhinne de Minniste pastorije en no yn gebrûk as de wenhûzen hûsnûmmers 8 en 10. Hjir waarden de minsken holpen dy't it siikbêd hâlde moasten en bysûndere help nedich hienen. Mar ek dakleazen wienen bytiden wolkom. In troch de Diakonije oanstelde "heit" en "mem" bestjoerden it hûs. Dit hat sa duorre oan it begjin fan de 20e ieu ta. Doe hat de gemeente Menameradiel de soarch oernommen en op deselde Terp, mar dan oan de oare kant oan de Lytse Buorren (yn 1897 al) it gemeentlik earm (en fersoargings) hûs mei in hege stiennen trep del sette litten as ferfanging fan it âlde earmhûs. Ûnder de stiennen trep wie in kassjot (hunegat), wêr’t de troch de fjildwachter oppakte dronken lju of arrestearden earst tydlik yn opburgen waarden.

It tehûs krige no ek wêr in "heit" en in "mem" Hja moasten lidmaat fan de Herfoarme tsjerke wêze, sa wie ôfsprútsen. It wienen B. Goodijk en syn frou. Hja kamen fan Seisbierum en hienen al earder sollisiteard nei in soksoarte funksje yn Ljouwert. Hy wie klompmakker west yn dit doarp. Yn 1906 kamen S.K. de Jong en syn frou fan Âldeboarn hjir as heit en mem en sa binne der mear west yn dy funksje.

Om op niisneamde Herre Quarré wêrom te kommen, hy mocht û.o. it burd elts jier 52 wiken lang skeare litte op kosten fan de Diakonije. (foar 3 stoeren yn de wike), en as syn pakesizzer Tryntsje in nij himd foar him makke hie, waarden de kosten hjirfan ek wêr betelle. De brânstof (winterbaggelaar) krige hy oanlevere fan Jan Feyes, de Berltsumer turfskipper. Pytter Keimpes Reidsma (Reitsma) wie hjir turfmjitter en (út) drager. Deselde Pieter Keimpes Reitsma wie hjir ek de doarps tromslagger en omropper. Syn soan Tjeerd Pytters Reidsma wie hjir letter keapman/winkelman yn Zuyen, Bayen, Chitzen, Bonten en Streepen, Kouzen, Doeken en Linnen, wenjende op de Nije Buorren (dit is de lettere Krússtrjitte! L.C. 28-7-1809)

De Berltsumer húsdokter (sirurgijn/burdskearder) wie yn dy tiid Johan Andreas Kissel. Hy wie boaske mei Catharina Steinstrass dy’t berne wie yn Vissen oan de Sieg yn it keninkryk Pruisen en sels wie hy ôfkomstich út it stêdsje Wetzlar yn it Hartochdom Nassau yn Dútslân en medicinae doctor. Hy wenne midden yn de buorren (A 789 en 790 no hûsnû. 84), hy hie ien dochter ek mei de namme Catharina. De diakonije wie somtiden in protte jild kwyt oan syn masterslean, want in sikefûns wie der net.

Herre is stoarn yn 1784. Nei ôfrin fan de begraffenis is noch tee en brandewyn dronken dat levere is troch Wytse Joh. (de Haan) en by Lammert Ysbrands (Brouwer) mr. brouwer (yn de Brouwerij) te Sint Jabik wie it bier besteld. Herre syn suster Ankie hie it deadskleed, foar oer de kiste, hierd fan Symen Jans Kramer. Syn freonen yn Ljouwert hawwe bericht krigen fan syn ferstjerren troch brievebesoarger Jan Volkerts. (Dizze wie ek leedbidder/oansizzer). De nije sirurgyn (genees-, heel- en vroedmeester) Bartele Klazes Hoogterp, boaske mei Jeltje Warners Emmen, hat Herre yn it lêst oan noch bystien want Johan Andreas Kissel wie wilens ek ferstoarn. It buolguod hat noch 12-18-14 opsmiten en dat kaam de Diakonij ta. De soan fan Bartele Klases Hoogterp dy’t him nei syn ferstjerren yn 1827 opfolge t.w. Klaas Barteles Hoogterp wurdt hjir letter yn Berltsum yn 1834 omskreaun as "Genees- Heelmeester en Artzenmenger". Hy wenne midden yn de Buorren op Kad. Berltsum Seksje A 604 en 605 (folle letter, om 1950 hinne, wie it de grientewinkel fan Aeltse Groeneveld en no is it in parkearterrein tsjin oer Buorren nû. 86). As syn widdo ferstjert yn 1863 wurdt de dokterswente in manufacturenwinkel. De opfolgjende dokter H.Beintema woe net yn dit pân wenjen bliuwe. Yn 1848 wie hjir yn Berltsum ek noch in dokter Johannes de Boer as hiel-en froedmaster.


L.C. 9-1-1760.

Schrijver Hulshuys te Berlikum, praesenteert uit de hand te verhuuren, om op den 12 May 1760 aan te vaarden, eene Huizinge, Hovinge, Smitterije en Gereedschappen tot een Smitterije behoorende, tegenwoordig door Heere Care wordende bewoond en gebruikt, staande en gelegen te Berlikum.


L.C. 1-5-1863.

Smids-gereedschappen.

Mr. Schonegevel, griffier te Berlikum, zal op Dingsdag den 5 Mei e.k., des v.m. 11 uur, ten verzoeke van en ten huize van G.(erke) K.(lazes) de Jong aldaar, tegen gereed geld ten verkoop aanbieden: Een volledig stel Smids- gereedschappen, waaronder een bijzonder uitmuntend Aanbeeld. Een Poester en Schroefbank enz. enz.