Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Gerrit fan Belcum.


Op 12 febrewaris 1480 makke de yn Ljouwert wenjende "earbere boarger" Gerrit fan Belcum yn oanwêzigens fan trije tsjerklike hege funksjonarissen syn testamint op. Dit testamint is de grûnslach wurden fan it saneamde "Sint Christophori lien ta de âldehou". Yn syn lêste wil beskikte Gerrit fan Belcum, dat 600 Luicker gûnen, in part fan syn fermogen, rentejouwend belein wurde moast troch syn soan Pieter en swager Symen, ta "God's Eare".

Earst waarden de baten brûkt foar it misse lêzen troch in preester út de van Belcum sibbe en foar preester opliedingen binnen de sibbe. Ek moast in pear kear yn it jier in útdieling plak fine fan fiedsel en drank oan de earmen. In preester út eigen sibbe moast dizze hanneling ferjochtsje tsjin in fergoeding út de opbringsten fan it lien.

Letter is it doel feroare en is it lien omset yn in stúdzje lien. Yn 1580 kaam de Herfoarme eare tsjinst yn it plak fan de Roomske en dus waard de bestimming fan it lien ek feroare. De ynkomsten moasten tenei brûkt wurde foar it ûnderhâld fan û.o. dûmny's en skoalmasters. Letter krigen hja de bestimming fan stúdzje lienen, sa as wy dy hjir no kenne. Kening Willem I brocht de lienen ûnder tapassing fan de keninklike beslúten fan 1818 en 1823 ûnder by it Provinsjaal bestjoer. Deputearre Steaten krigen it ta sicht ûnder opper tasicht fan de Minister. No noch bestiet it Sint Kristophori Lien, opdroegen oan Sint Krystoffel, de skutspatroan fan de eardere tsjerke de âldehou te Ljouwert.

Inkelde hûnderten neikommelingen fan Gerrit fan Belcum hawwe no rjocht op in pinsje út dit fûns. It kapitaal bestie yn 1980 út sa'n 7 ton oan effekten en 50 hektare oan lân wêr ûnder in 20 hektare yn de omkriten fan Slappeterp. Gerrit fan Belcum wie berne om 1440 hinne. Men wol wol ha, dat hy besibbe is oan de Berltsumer Hemmema's. Syn dochter Lieuwkje wie boaske mei Jacob Canter dy't yn 1501 en 1529 boargemaster fan Ljouwert west hat.

No binne dêr noch yn de omkritende fan Ljouwert de saneamde Canter lânnen. Syn pakesizzer Rinske Canter wie troud mei Claes Thymons. Hja is stoarn nei 1543 en foar 1534. Yn 1511 wennen hja yn Dokkum. Hja binne besibbe oan de Auckama's fan Ljouwert en it Simon Hendrik's folk fan Harns. (sjoch hjirfoar de Runia (Rinia) stambeam). Omdat Pieter Hacquebart (bord) boaske wie mei in neikommeling fan Gerrit fan Belcum, kinne no û.o. de Berltsumer ôfstammelingen ek in pinsje oanfreegje út dit fûns.

Ôfstammelingen fan him binne om sa mar in pear nammen te neamen: it Simon Sikkes Lautenbach folk, de Lolkema's, de van Dijken (Jan Joukes folk.), de bern fan Fokke en Geartsje Sijbrandy út de Lytsebuorren, dit fan Geartsje's kant, de Douma's út Menaam. (it Roel Willems folk) en gean sa mar troch. It útdielen oan de earmen yn Ljouwert fynt net mear plak. Sa is it Berltsumer "Brouwersfûns", fan de keapman yn flaaks en lynsied Lammert Brouwers, krekt as yn Minnertgea, no ek noch altyd dwaande om op âldjiersdei útdieling te hâlden fan in wite bôle en bûter. De útfiering hjirfan moat dien wurde troch de Herfoarme diakonije en is bestimd foar alle behoeftige widdowen út it doarp. De útfiering hjirfan hie no wol ophâlde kinnen omdat "behoeftige" widdowen hjir net mear foarkomme. It is mear in tradysje wurden. De wite bôle is no sels in steur wurden !


L.C.  15-11-1996.

Van Belcum dankte geld aan Christophorusleen.