Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Froulju en arbeiders yn it bestjoer.


Yn de Ljouwerter krante fan 25-10-1975 stiet in âlde foto fan it bestjoer fan in feest kommisje út BERLTSUM, út it jier 1913, dy't aktief wie by de betinking dat ús lân doe in ieu ûnôfhinklik wie. Dat dit feest doe ek yn Berltsum fierd is, is op himsels dus net sa 'n bysûnderheid. En dat men earne oars ek sa'n feest komitee hie ek net. Bysûnder wie wol, dat hjir in frou yn it komitee siet. De oare komitee's bestienen allinne út mannen.

Feestcomité 1913

It bestjoeren wie foar froulju noch net wei lein. Mar de Berltsumers hienen in frou yn har fermidden opnaam. It wie juffer Griet van Dijk (*, ûnderwizeres oan de iepenbiere skoalle hjir. Dit komitee bestie al foar 1913 en wie foar dit ûnôfhinkliksfeest net apart oprjochte. It wie in al besteand komitee, dat optochten en foaral berne feesten organisearre en dat letter troch de V.V.V. oernommen is. (V.V.V. Feriening fan folksfermaaklikens)

Yn dit komitee sieten hjir yn Berltsum de folgjende persoanen: it wienen Sybren S. de Haan (gernier), Dirk J. Kuperus (gernier), Andries Sapes de Haan (jirpelhanneler), master J. Veninga (haad fan de iepenbiere skoalle), Sierd Jans Tuinstra (gernier), Sieger Stap (skearbaas, konferentsjee en foardrager), Pieter Ruurds Braaksma (jirpel grossier), Jan Feddes Winselaar (gernier), J.Haringsma (ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle, letter wenjend yn Capelle a.d. IJssel), Minne Ruurds Braaksma (jirpelgrossier), Johannes Swart (direkteur en eigner fan de Berltsumer súvelfabryk), Gosse Heeringa (doarwarder midden yn de Buorren wenjend op nû. 46), Wiebo Lublink (timmerman), G. Boomsma (jirpelhanneler), Rients AnnesTurkstra (mr. bakker op de Krússtrjitte hoeke / It Skil yn it pân wat yn 1948 letter ôfbrutsen is). en Minne Reins Schiphof (gernier). It wienen allegearre selstannigen. Arbeiders koenen doe noch net yn bestjoeren sitte.

De earste arbeider yn de Grifformearde tsjerkerie wie Jan de Haan (Jan en Romkje) en yn de Herfoarme tsjerke wie dat Jitze Zwaagstra (Jitze en Tine) sa is my ferteld. It hat noch langer duorre foar't de froulju yn tsjerke bestjoeren sitting krigen. (Yn de Grifformearde tsjerke bgl. kaam yn begjin 1970 pas de earste froulike dûmny op de stoel te stean.) Fakentiids woenen hja sels ek net yn in bestjoer.

Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu hie it bestjoer fan de feriening "Oranje Nasjonaal Berltsum - Wier", om mar wer in foarbyld te nimmen, it beslút nommen om einliks ek ris wat froufolk yn it bestjoer op te nimmen. Der waard sein: nim op syn minst twa froulju op yn it bestjoer want ien sil fêst net slagje. Leendert Bakker (Leendert en Eke) en ik hawwe doe û.o.Willy fan Tsjalling Sjoerds Runia en Pytsje fan Pyt Jan Siderius besocht en ree fûn om as earste froulju yn it bestjoer sitting te nimmen. It wie in begjin.

Yn tsjerkerieden is it krekt sa gien. Yn de Berltsumer Herfoarme tsjerke wie bgl. Lobke Plantenga, de frou fan Adam Meerstra en hjir letter skoaljuffer oan de Iepenbiere skoalle, it earste froulike tsjerkerieds lid. Yn 2006 waard Simona Joostema hjir de earste froulike tsjerkfâd (no tsjerke rintmaster neamd) yn Berltsum. It is der tige op foarút gien en de bestjoeren binne dêr no dan ek tige wiis mei.

Oer (be)stjoeren sprutsen. It hat trouwens ek tige lang duorre foar't de froulju efter it stjoer fan in auto kamen te sitten. Dêr hienen de manlju somtiden wol ris kommentaar op. "Al wer in frou efter it stjoer", waard der dan sein. Mar hja ride betiden folle better en dogge foar de manlju net ûnder. In frou hjir yn Berltsum, dy't al hiel lang in rydbewiis hie, wie de frou fan bakker Hette Gerrits Jellema, út de Buorren t.w. Gepke Althuisius, in suster fan de mannen fan it ferneamde en grutte transportbedriuw de " Gebrs. Althuisius " út Tsjummearum. Hja wie har tiid al fier foarút.

(* Hja hat hjir mear as 33 jier oan skoalle stien. Gryt fan Dijk wie ek tige aktyf yn de froulju’s beweging fan de S.D.A.P.en yn de drankbestriding. Hja siet ek yn de Provinsjale Steaten.)