Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

 foarop wurd, oh, dy berltsumers

 

It hat nea net myn bedoeling west om djipgravende skiednis fan BERLTSUM te beskriuwen. It  binne 86 koarte stikjes en it moast in bytsje boartlik wêze. Dêrom is it net yn tiid folchoarder skreaun. It is fan dit en dat en fan alles wat oer BERLTSUM en syn ynwenners. Oeral is wat wei helle. Út de âlde tsjerkeboeken fan de Herfoarme tsjerke fan BERLTSUM, fan Tresoar (Ryks-argyf), út de kranten, tydskriften en oare lektuer. It measte fan it hjir beskreaune hat wol mear as 30 jier by my op souder lein.

Master Arend Laases Douma, it eardere haad fan de iepenbiere skoalle hjir, hat my oantrúnt om it te publisearjen, want hy fûn it sûnde, dat dizze stikjes Berltsumer histoarje de Berltsumers ûntholden wurde soenen. In protte minsken binne net yn skiednis ynteressearre, mar as it oer eigen doarp of oer de gemeente MENAMERADIEL giet wol de belangstelling foar dy âlde skiednis fakentiden noch wolris oanwakkere wurde. Ik hoopje dat   dit no mei dy koarte ferhaaltsjes ek sa wêze sil.  

 

Sjoch ek interview yn "Op 'e Roaster 04-2012.pdf"