Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Flaaksbewurking.


Rjochte de Diakonije har yn earste ynstânsje op de eigen tsjerkeleden, de algemiene earmfâdij gie meast oer de minsken dy't net by in tsjerke hearden (mar dy wienen op ien hân te tellen) en de leden fan oare (faak lytsere) tsjerken en fremdlingen.

Yn 1580 hienen de Steaten fan Fryslân de earmesoarg ta wezen oan it doarp sels. Hja krigen "fan it doarp" waard der dan sein. Foar de Reformaasje wie dat ek al sa. Der wienen meastentiids lân of fûnsen foar beskikber steld en de tsjerkfâden moasten ek yn dit gefal de earmesoarg útfiere. It wienen einliks tsjerkfâden mei in bysûndere opdracht.

Yn BERLTSUM sil hjir dan ek wol (of net) in aparte administraasje west ha, want it wie net altyd like dúdlik hoe de soarch útfierd waard, en soms rûn de soarch fan de beide ynstansjes ek wol troch inoar. Mar soe it al sa west ha, de boeken binne der net mear.

Yn minne jierren, de krisis jierren, gie it fakentiids min mei de lânbou en dus ek by alles wat dêr tabehearde. Foaral yn de hjerst en yn de winter hienen foaral de arbeiders dan gjin ynkomsten. Om foar wurk en ynkommen te soargjen binne hjir yn Berltsum, krekt as yn in protte oare doarpen, braakhokken del set. Op 9-4-1903 wie yn Berltsum (neist it mear A.R. gesinde "Patrimonium") ek al in ôfdieling fan it Kristlik Nasjonaal Wurkmansferbûn oprjochte mei as foarsitter dûmny Hendricus van Eyck van Heslinga. Oan de Mulseleane waarden yn 1904 10 braakhokken delset, op it plak wêr't no muzykkorps "Klimop" har gebou hat, yn de eardere beukerskoalle "Lyts Libben". De grûn *) wie fan de Pastorie fan de Herfoarme tsjerke. Hjir waard it flaaks bewurke.

Meastentiids waard it te bewurkjen materiaal oankocht troch de wurkbesoargjende ynstansjes. It wie net sûn wurk fanwege it stof. Letter wenne yn ien (en de lêste) fan de houten hokken de petroalje ferkeaper Anne (Oane) Weiland. It wie in âld feint en hy wie gek mei ús as bern en wy dagen him faak út. Hy hat it hûs Buorren nû.5 bouwe litten en dat hûs moast al gau wer ferkocht wurde omdat hy in heal jier yn de finzenis bedarre. Lytse jonges wienen mei it ferhaal thús kommen dat Oane "molke joech".

Dan wie hjir noch de "Moderne lânarbeidersbûn" wêrfan Wytse Joh. De Haan e.o. grutte foarfjochters wienen. Hjir yn Berltsum hat ek in flaaksfabryk west op de Pôlle mar dy is letter wer troch de Braaksma's (P. en M. Braaksma) ferkocht. Wy hellen letter it flaaks by it flaaksfabryk (** (no fabryk De Meubelhal) oan de Langhústerwei 13 ûnder Sint Anne wei, om der op te kôgjen, sa dat it in propke waard om dêr mei sjitte te kinnen. Wy brûkten as ark in sa neamde bos, in propkesjitter, in út it hout fan in fleerbeam makke holle houten buis. In dikke beam tûke waard útsnien en de pit dêr úthelle. In stamper dêr yn en klear wie Kees. Yn it Hollânsk waard dit in klapbus neamd. Dy dingen woenen goed knalle en de prop koe hurd oankomme as immen rekke waard. Sa belibben jong en âld it bewurkjen fan it flaaks hjir tige ferskillend en op har eigen manier.

Neist it eardere hjir stien hawwende Earmhûs yn Berltsum (fan foar 1904), hat yn it ferline ek al in braakhok stien. Op 21-1-1892 is it alhiel ôfbaarnd. De brânspuit wie it fjûr lokkich wol master wurden mar der wie neat meer fan it wurkplak oer. De oarsaak wie it omfallen fan in oaljelamp.

*) Troch de fúzje fan it Kristlik Nasjonaal Wurkmansfebûn en de federaasje fan Herfoarme Mannen Ferienings wie yn 1947 in nije organisaasje ûntstien ûnder de namme "In dienst der Kerk". Sa waard de Herfoarme Mannenferiening "Obadja" hjir eigner fan de braakhokken. (op A 3059) De opstallen binne yn 1961 ôfbrutsen en de Herfoarme Mannenferiening hat by akte d.d. 28-8-1961, f.f. notaris Dirk (Bernards) Posthumus, ôfstân dien fan de opstal rjochten sunt 12-11-1903.

**) Om 1935 hinne waard foar de wurkfersjenning in (waarmwette)flaaksrotterij (in flaaksfabryk) boud yn de Súdhoeke ûnder Sint Anne. De hearen J.L. Hoogland, bouboer op buorkerij "De Vogel" ûnder Sint Anne en L. Poppinga, boargemaster fan It Bilt, kamen yn 1935 ta de konklúzje dat modernisearing fan de Fryske flaaksyndustry mooglikheid iepenje soe om in protte mannen yn de gelegebheid te stellen om op in earlike en earfolle wize harren kost te fertsjinjen’.


Op 3 Jannewaris 1917 stie yn it Frysk Deiblêd:

Dat op de jaarvergadering van "Patrimonium" te BERLIKUM acht referaten werden gehouden: A.(le) Strooisma: standen in ons verenigingsleven; P.(ieter) L.(eenderts) Runia: Ik de HEERE; C.(ornelis) K.(lazes) Runia: Oorlog; G.(errit) Reitsma: Tweeërlei stroming in de tijd; B. v.d. Kooi: Het openbaar gebed in gemengde vergaderingen; G(erben) Siegersma: Volkenrecht; L. Th.(eunis) Runia: ‘s Mensen leven vergeleken bij een zeereis; D(irk) Renzema: Coöperatie. De referaten werden afgewisseld door voordrachten. Mevrouw W. Ingwersen (de frou fan de Grifformearde dûmny) vergastte op haar solozang en meester (Jenne) de Haan (it haad fan'e C.N.S. skoalle, yn de folkmûle de Grifformearde skoalle.) sprak nog een treffend woord over Juliana van Stolberg. Het was een rijke agenda en allen keerden voldaan huiswaarts.


Op 2 Jannewaris 1918 stie yn deselde krante: dat de afdeling BERLIKUM van "Patrimonium" haar jaarvergadering heeft gehouden, waar de volgende referaten werd geleverd telkens met discussie: P. Runia: Sociale Noden; C.K. Runia: Vroeger en Nu; L.Th. Runia: De roeping eens Christens; G. Reitsma: Naast het Kruis de rode vaan; D. Renzema: Dienstweigering. Dit waren dus vijf referaten op één vergadering. Een feestelijke jaarvergadering nl.


Puike gezuiverde Peru Guano súperphosphaat en Chili Salpeter uit de gunstig bekende fabriek van kunstmeststoffen van den heer M.H. Salomonson te Rotterdam te bekomen bij Schilthuis, Tigler Wijbrandi & Co te Leeuwarden en bij hunne agenten, de Heeren......H.H. van der Meij te BERLIKUM......etc.


L.C. 10-9-1971.

Meer dan 20 Friezen wacht ontslag in Amsterdam.

...............w.o. mensen uit Minnertsga, Tzummarum, Sint Jacobiparochie, BERLIKUM e.a. plaatsen. De (van af de Kop van de Afsluitdijk vaak samen) pendelende havenarbeiders zijn daar werkkrachten voor de Stichting Samenwerkende Havenbedrijven (SHB). Twee/derde van de pendelende havenarbeiders is ongehuwd, maar de heer Harry (Horatius) (Jans) Postma uit Berlikum behoort sinds 2 maanden tot de gehuwden. Hij was maandagavond al weer thuis in Berlikum, want in de haven was toch "niks te beleven". Vroeger, tot voor een jaar of drie, heeft hij gevaren en zijn vrouw (Tjitske Lautenbach) hoopt, dat hij zijn heil niet weer op zee zal zoeken, als hij in Amsterdam wordt ontslagen.


Balkster Courant. 28-10-2010.

WOUDSEND. - De politie heeft vorige week woensdag middag, bij een bedrijf aan de Vosseleane in Woudsend, geassisteerd bij een bedrijfsongeval. Daarbij raakte een 27jarige inwoner van BERLIKUM gewond. De man raakte bekneld toen hij bezig was met werkzaamheden met een mal van een polyester boot.

(Is in soan fan Jan en Wietske van Assen fan de Twibak 19 út Berltsum.)