Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Fan Roomsk nei Grifformeard. (Herfoarmd).


Op 31-3-1580 waard troch de STEATEN fan FRYSLÂN in resolúsje útfeardige wêrby de Roomske godstsjinst offisjeel ferbean waard. De geastlikheid ferlear dêrtroch harren baantsjes. De eigen-dommen waarden op grûn fan dizze resolúsje konfiskearre. De Grytmannen krigen opdracht om foar eltse tsjerklike mienskip in administrateur oan te stellen.

Dat is hjir yn BERLTSUM doe ek bard. De bedoeling fan dy maatregel wie ûndermear, dat de frijkommende jilden bestege wurde soenen foar de opbou fan de nije doe saneamde Griffor-mearde tsjerke en foar it ûnderhâld fan harren dûmnys. Dêr is altyd net allikefolle fan terjochte kaam. De minsken wienen der oan wend, dat foar de Reformaasje, doe ‘t de pastoars op de dei wêrop ‘t hja de pachten en hieren fan de pastorijelannen ynbarden, foar de ynwenners fan de Parochy in drink- en it gelegenheid organisearren. De doarpsbewenners woenen dy tradysje it leafst behâlde fansels. In protte doarpen stelden it beroppen fan in dûmny dan ek sa lang as mooglik wie út. As der gjin dûmny wie, hoegde der ek gjin traktemint útkeard te wurden en kaam der mear jild foar festiviteiten beskikber. It gefolch wie, dat in protte doarpen net hast makken om in dûmny te beroppen. Foar safier ’t ik neigean koe wie hjir yn BERLTSUM al gau in dûmny oan it wurk. It wie yn 1583 in Hermannus Luïnga. Wannear ‘t hy hjir kommen is, is my net bekend. Der wie in grutte krapte oan dûmnys yn dy tiid.

BERLTSUM hie doedestiids in rom tsjerkebesit. Der wienen fûnsen, de pastorijelannen, de tsjerkelannen, in tsjerkepleats en it skoalmasters- of ek wol it kosterijelân neamd. De koster wie ek skoalmaster yn dy tiid. Dit lêstneamde lân lei oan de Ljouwerterfeart. De oare lannen leinen by en om BERLTSUM hinne. De tsjerkepleats hie de namme "Longerhou" of waard ek wol “La(e)tsma” neamd en lei oan de Anskereed húsnûmer 2. Yn de rin fan de jierren is in protte fêstguod, al as net twongen, ferkocht wurden. By it ynstellen fan de nije pachtwet (de wet Ebels oangeande de regeling fan de pacht *) yn de fjirtiger jierren fan de 20e ieu, om de pachters te beskermjen, binne de ynkomsten der net grutter op wurden foar de tsjerken. Foarhinne gie de ferhier by opbod. Om de ynkomsten te fergrutsjen waarden letter de stuollen ferhierd en in (al as net ferplichte) tsjerklike (belesting) bydrage frege fan de belidende leden. Dit is letter in frijwillige bydrage wurden.

Yn de Roomske tiid wie de iene tsjerke troch ferskate skinkings folle riker wurden as de oare. BERLTSUM hie bgl. neist it losse lân mar ien pleats. In doarp as Easterein (by Wommels) bgl. besiet wol seis pleatsen, in pear huzen en û. o. in herberch. Dat bliuw nei de Reformaasje ek sa. As immen ferhúze fan in rike doarpstsjerke nei in earme koe it foarkomme, dat de minsken, dy ’t net wend wienen om in grutte bydrage te jaan, troch de tsjerkfâden besocht wurde moasten om oan te jaan dat it no oars moast yn it nije wenplak om de tsjerke yn stân hâlde te kinnen. It jaan oan de tsjerke wie eartiids meastal in frijwillige en it dwaan fan in “dút yn it sekje” wie meastal foar de diakonije. Letter waarden in protte sitplakken ferhierd. De lêste grutte skinking hjir oan de Herfoarme tsjerke nei de Reformaasje hat west fan de destiids oan de Hôfsleane húsnûmer 6 wenjend hawwende en ferstoarne frijfaam Annigje Klazes Hager. It bestiet no ûnder de namme “It Annigje Hager fûns” **). Sa sil har namme hjir no ek foar altyd yn BERLTSUM neamd wurde as oantins. Annigje is berne op 10- 3-1896 te BERLTSUM as dochter fan Klaas Hager en Antje Ydema en is net troud (as âldfaam) ferstoarn op 5- 3-1977.

Antje Ydema wie in dochter fan Willem Yde ‘s Ydema en Annigje Gerrit ’s Hacquebart. Lêstneam-de is in suster fan Jan Gerrits Hacquebart.

Fuotnoaten :

*) Yn 1968 wie noch gjin 28 % fan it lân yn besit fan de Berltsumer túnkers.

Annechie Hager**) Út it testamint d. d. 29- 4-1976, opmakke troch notaris Dirk (Bernard ’s) Posthumus te BERLTSUM, fan mej A . HAGER destiids wenjende oan de Hôfsleane húsnûmer 6 en ferstoarn op 5- 3-1977, blyk : “dat zij onder bepaalde voorwaarden, de Hervormde Gemeente van BERLIKUM heeft benoemd tot enige erfgenaam. De nalatenschap moet worden samengebracht in een “Annigje Hager-Fonds”. De rente opbrengst daarvan, naar een voorlopige schatting ongeveer fl.7000,- per jaar, moet worden aangewend voor het onderhoud van de (Hervormde) Koepel- kerk, de (Hervormde-) pastorie en het verenigingsgebouw" (It Herf. Sintrum.) oan de Bûterhoeke nûmer 1. 

Har grêfstien moat 40 jier ûnderhâlden wurde en elts jier moat op 10 maart fl. 100,- oermakke wurde nei de Feriening “Het Zendingsbureau der Nederlandse Hervormde Kerk” fêstige te Oegstgeest.

Annigje is ferneamd nei de beppe fan memme ’s kant t. w. Annigje Gerrit ‘s Hacquebart dy ’t op 16- 5-1855 troud wie mei Willem Yede’s Yedema en dy wie wer de suster fan Jan Gerrits Hacquebart, wer’t de Hacquebart (Hakkebak) streek nei neamd is.

(Sjoch ek it boek: Tussen Gideons bende en publieke kerk. (Wiebe Bergsma)


Advertinsje :

L. C. 21-4-1876.

BERLIKUM, 10 en 12 Maart 1876. Eene diepe wonde werd ons geslagen. Twee van onze Zoons, DURK, oud 25 ½ jaar en HENDRIK, oud 22 jaren en 11 maanden, gingen heen om niet weer te keeren. Eene uitterende ziekte maakte en einde aan hun jeugdig leven. De hoop, dat zij zijn daar, waar’t kruis verwisseld wordt voor een kroon, lenigt onze smart.

Klaas Hager.

Rinske Hager- Zijlstra.

 

HABSUCHT.

In OMMELANNER boer klage oan it ein fan de 16e ieu oer de habsucht fan de pastoars. Mei namme Biskop Johannes KNIJFF (de earste Biskop fan Grins, beneamd yn 1561, ynstallearre yn 1568 en stoarn yn 1576) moast it by dizze balling ûntjilde.

De yn Útert berne Johannes KNIJFF, (neffens it biographisch woordenboek der Nederlanden van A. J. van der Aa : geboren uit een aanzienlijk burgemeestersgeslacht) studeert in Leuven en wordt benoemd tot Bisschop in Groningen, hij is dat van 1561 tot zijn dood in 1576. Hij overlijdt op 6 november 1576 te Groningen aan de pest.


DE DELGONG.

De gâns noch besteande 12e en 13e –ieuwske tsjerken tsjûge derfan hoe djip it Kristendom úteinliks yn Fryslân en yn de Fryske folkssiel woartel sketten hat. Wol is wie ieuwen lang ûnder de mantel fan Rome. De frije Friezen wiene in apart slach folk. Hja lieten it harren net sûnder mear sizze troch it gesach fan de Roomsk Katolike Tsjerke. Lang foar de offisjele reformaasje waard op tal fan plakken troch ienfâldige doarpspastoars feitlikens al yn Reformearre sin it Evangeelje ferkundige. Tal fan doarpspastoars wienen troud, hienen wettige froulju en bern, nettsjinsteande de selibaatsfoarskriften. Yn it doarp Jelsum by Ljouwert preke pastoar Gellius (Jelle) Faber al yn 1515 - dus al fier foar de Reformator Luther – it suvere Wurd fan God yn reformearre sin. Hy wurdt dan ek wol de “foarrinner fan de Herfoarming yn Fryslân” neamd.

Hjir yn Jelsum is ek de fiere foarpake fan in protte BERLTSUMERS (Jacobus) dûmny west. It wie Jacobus Lautenbach, troud mei syn nicht Aurelia Lautenbach, en wol fan 1666 oant 1704. Syn grêfsark is noch yn de tsjerke fan Jelsum oanwêzich.

Mear en mear fûnen de Protestânske ideeën yn de fêstige tsjerke harren wjerklank. Der gie in krêftige ympuls út fan de Frjensjerter teologyske fakulteit. Yn de bloeitiid stie de “Academia van Vrieslant”, stichtte op 14 april 1584, bekend as it “Kalvinistyske Sion”. Mar wer ‘t Frjentsjer earst priizge waard om har ortodoksy waard fanôf de 18e ieu dizze ynstelling der ien dy ‘t soarge foar in liberalistyske, frijsinnige ynfloed op de Fryske tsjerke. Dêrnei begûn de delgong ûnder de sa- neamde “Ferljochting” en is net wer ta stilstân kommen. Der kaam in Réveil, der kamen ôfskie -dings en wat hat it saneamde “Wonder fan de njoggentjende ieu” (Hendrik Algra) oplevere ? Yndie, in repetearjende breuk en trochgeand ferfal, wilens de Grifformearde streaming (de Grif-formearde Bûn) yn de ferfallen Herfoarme tsjerke bleaun is, sij it tige lyts yn Fryslân. (Driesum en Wâlterswâld en de wykgemeenten fan bysûndere aard te Kollum, Lemmer en Drachten.) De Grifformearde tsjerken (wilens opgien yn de P. K. N.) rekken lanlik tusken 1986 en 2000 rom 150.000 leden kwyt. De Grifformearde tsjerke fan BERLTSUM hat allinne al op syn meast hast wol 950 leden hân. No komt de Berltsumer P. K. N. nei de fúzje net iens mear boppe de 1000 leden. (Op 01-01-2011 op 1009 leden en op 31-12-2011 noch om ende by 984 leden, dus wer in ferminderjen, no fan 25 leden.) De lanlike P. K. N. hat no noch sa om en de by 2 miljoen leden.

No is der nei de tsjerkefúzje fan herfoarmen, grifformearden en lútheranen is der amper noch eat sichtber fan ‘e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (GKN) yn de PKN, klonkludearret dr. Gerard Dekker, de emearitusheechlearaar godtsjinstsosjology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam, yn it Historisch Tijdschrift GKN. In protte “grifformearde kroanjuwielen” binne ferlern gien. “Mei nammen de selsstannichheid fan de pleatslike tsjerke en de mûnigens fan de gemeente”, sa sommet hy op. As men betinkt dat de Herfoarme modaliteiten yn de PKN harren plak behâlden hawwe en dat de Lúthersken harren synoade noch hawwe, mar de Grifformearde Tsjerken alles opjaan moasten, dan kin de konklúzje muoilik oars wêze dan dat de Grifformearde Tsjerken net allinne opgien, mar ek ûndergien binne yn de PKN.

 

LIEFHEBBERS der WETENSCHAPPEN.

L. C. 1-4-1769.

(Dr. J. Mebius Secretaris van Menaldumadeel.)

Te Leeuwarden by Abraham Ferwerda en Gerrit Tresling is voor de TWEEDE MAAL gedrukt en te bekomen : Het begin en einde van de Stoel van Romen, aangemerkt als de STOEL van de ANTICHRIST. Waar KLAAR getoond wordt, WIEN dat onder de Bischoppen de eerste geweest is, in welke den Antichrist openbaar is geworden, benevens het bepaalde jaar wanneer, als ook wanneer het Jaar zijner Val zyn zal, waar uit klaar blykt DAT HET EINDE REEDS NABY IS. Klaar en duidelijk met al zyne KENTEKENEN uit de Prophetische Schriften getoond, en uit de Historische Schryvers bevestigd. Briefswyze opgesteld door DE LIEFHEBBERS DER WETEN–SCHAPPEN, en in de tegenwoordige omstandigheden des tyds, wegens het verdrijven der Jesuieten, ten dienste van alle liefhebbers en onderzoekers in het ligt gegeven. In 8vo, kost 8 stuivers.

 

FRYSK DEIBLÊD.

16 novimber 2009.

Op de bezinningsdag van de Protestantse Kerk in Doorn is “het gat van de kerk” niet uitgenodigd. Je redt het niet meer met bruine gordijnen in de kerk.

DOORN – Is er een conferentie over het probleem dat er zo weinig dertigers en veertigers in de kerk zijn, en dan nodigt de kerk uit die groep niemand uit. Typerend voor de blinde vlek van de kerk. Volwassenen van nu willen geen kerkbanken, maar twitteren, weblogs en netwerken. Er is behoefte aan een meer vloeibare vorm van kerk zijn. Er waren 140 deelnemers in Doorn........ en de organisatie had zelfs nog zo ‘n 50 mensen moeten teleurstellen voor de bezinningsdag over de ontbrekende tussengeneratie in de P. K. N. Steeds meer gemeenten constateren dat de groep 25 tot 50 jongeren vrijwel afwezig is in de kerkbanken. Ze zijn – zo wordt gezegd ‘druk met de studie, baan, carriëre en gezin. De kerk wordt niet belangrijk gevonden’ – in elk geval niet in de huidige vormen die ze aanbiedt.

Niet interessant.

Ook ds. Jeannette van den Boogaard–Bongers (40) en ds. Arjan Bouwknegt (45) missen de 30- tigers en 40-tigers voor een groot deel in hun Protestantse Gemeente (in wording) te BERLIKUM. “Veel van hen kijken niet negatief en niet positief naar de kerk, van hen hoeft het gewoon niet”, zegt Bouwknegt. “Je merkt sterk dat vooral de kerkgang helemaal niet interessant voor hen is”, valt Van den Boogaard–Bongers aan. “Op andere momenten dan de zondagochtend is er soms wel belangstelling”. “Maar vaak denk je nog vanuit de kaders die je gewend bent in de kerk. In BERLIKUM is voor deze leeftijdscategorie doordeweeks al wel een gespreksgroep, die elk jaar zo ‘n 15 mensen trekt”. “Een groep mensen die samen zoekt, en die herkening vinden bij elkaar, zo beleven mensen dat”, vertelt Van den Boogaard–Bongers. “Je leert zo op deze manier mensen kennen en hoort wat hen bezig houdt”. 

De lezing van Wim Dekker heeft Van den Boogaard–Bongers er weer bij bepaald hoe belangrijk het is om in de kerkdienst aan te sluiten bij de mensen die er vaak niet zijn. “Als ze dan toch een keer komen, moeten ze taal horen die ze begrijpen. Voor je het weet gebruik je toch vooral de taal van mensen in de kerk.

(Sjoch ek : L. C. 11-11-1995. Veel tamtam rond discodiensten, L. C. 13-11-1995 Topdrukte na tumult discodienst en de L. C. 19-1-1996. Na discodienst nu church party in (Gereformeerde) kerk BERLIKUM)

 

SPRAKELEAZENS.

Men hat hjir dus earder ek al yn BERLTSUM probearre om de jongerein mear by de tsjerke te belûken. Mar it hat net folle opsmiten. As men de bern thús net mear (op in ynterssante wize) mei it Evangeelje opfierd, de Bibelske útliz der op skoalle en de kategisaasje net mear is, hoe sil de jongerein dan begripe kinne wêr ’t it yn de de sneinske tsjerketsjinsten om giet ! Úterlikheden, lykas disco-tsjinsten, tsjerke-party’s e. d. om de minsken mar nei tsjerke te lûken sille dan net folle helpe tink ik. (as men de rigels fan it keatsen, fuotbal, tennis e. d. net kin, wat is der dan oan om op it sportfjild te wêzen en dêr ek nei te sjen ?) Der is in protte “Bibelsk anafabetisme”. In protte tsjerkelju fan no binne mear “ietsist” dan Bibelsk leauwige. Der hearsket in grutte “sprakeleazens” : de measten kinne amper ûnder wurden bringe, WAT of WÊROM ‘t hja leauwe, lit stean it oerdrage (* oan harren bern of it útdrage yn de neiste omkriten. Boppedat binne de âlders hjoed de dei ek mear mei oare dingen dwaande as mei de tsjerke en wat der mear tabeheard. Lykwols in protte fan it jong ûnderwizend personiel oan de Kristlike skoallen giet no ek fakentiden net mear sa trou nei tsjerke ta of hielendal net mear. Wat kin men dan fan de bern ferwachtsje ?

(* fuotnoat :

Oerdrage is yn it Latyn tradere, wêr ‘t ús wurd tradysje fan ôflaat is. In protte tradysjes binne ferdwûn. Tink mar oan it namme ferneamen fan ‘e bern, it oaninoar fersein wêzen (it “verloovjen”) it trouwen (of it trouwe “moatten”), it regelmjittich trou besykjen fan de (tsjerklike) gearkomsten, it út de Bibel lêzen, it nijsomroppen yn it doarp, it leedbidden troch de begraffenisboade, it trijeris om it tsjerkhôf gean ûnder it kloklieden, etc. ......... etc. ..........

 

-------------------------------------------------------

DE VARA of de AVRO

Diderika fan de famylje Smits fan ‘e Hôfsleane kaam optein thús. Sa moai hie juffer fan ‘e bernenjonkentsjinst fertelt. It gie oer Mozes dy ’t troch in moaie prinses rêden wie. “En wer waard se doe hinne brocht”, frege mem. “No,” sei it famke, “dat wit ik net krekt mear, mar se brochten har nei de VARA (farao) of de AVRO, ien fan beiden”.

-------------------------------------------------------

 

L. C. 11-4-1964.

BERAAD HERVORMDE KERKERADEN over de toekomst van de Kleibouwstreek.

Streekoverleg in Ternaard en BERLIKUM.

(Oer eventuele gruttere ferbannen, it meiinoar gearwurkjen ets.)

 

L. C. 8-7-1941.

Advertinsje.

Gevraagd 1e kappersbediende,

S.(ipke) A.(rjens Miersma, Dames-

en Herenkapper te BERLIKUM. 


L.C. 19-1-1934.

Verkoop van Vastigheden.

Wijlen mej. Trijntje Jelluma, laatstelijk gewoond hebbende te Berlikum (oan de Buorren op nûmmer 24. Pieter Burrie hat hjir letter jierren lang syn kappers saak yn hân.), heeft aan de Gereformeerde kerk te Berlikum een making van tenminste f. 3000,- gedaan.

(Hja wie berne op 23-1-1855 as dochter fan Rouke Justus Jelluma en Hendrikje Sybrens Runia en is ferstoarn op 22-11-1933)


L. C. 30-5-1859.

Heden overleed tot onze droefheid, mijn geliefde Echtgenoot TJEERD SIJBRENS RUNIA, in leven Cichoreifabrikant alhier, in den ouderdom van 33 jaren en bijna 7 maanden. Ruim 8 jaar was ik gelukkig met hem door den huwelijksband vereenigd, uit welke hij mij vier hulpbehoevende Kinderen nalaat. De Heer ondersteune mij in deze zware beproeving.

BERLIKUM, den 26 Augustus 1859.

T. D. de Jong

Wed. T. S. Runia.

Kennisgeving aan Vrienden, Bekenden en Begunstigers.

 

L. C. 9-1-1863.

VERKOOP van eene HUIZINGE met CICHOREIFABRIEK en van een HUIZINGE met BAKKERIJ.

Mr. C. Wiersma, notaris te Leeuwarden, zal op Maandag den 19 Januarij 1863, des namiddags ten 3 uur ten huize van S. E. Schiphof te BERLIKUM, provisioneel verkoopen : I. Eene hechte HUIZINGE, gekw. B no. 56 en CICHOREIFABRIEK met 3 Eesten, verder TURFSCHUUR, BERGPLAATS, ZOLDERS c. a. staande en gelegen aan de Vaart in de BUUREN te BERLIKUM, Kad. bekend gemeente BERLIKUM Sectie A. 627 groot 5 roeden 70 ellen en A. no. 627a groot 70 ellen; gedeeltelijk verhuurd aan de Wed. T.(jeerd) S.(ijbrens) Runia en overigens bij de Wed. Jelluma in eigen gebruik. II. Een nette HUIZINGE en florisante BAKKERIJ, waarin dat bedrijf sints overlange jaren met succes is uitgeoefend, voorts BLEEKVELD, BERGSCHUUR aan het water en verder toe en aanbehoren, staande en gelegen in de BUURT te BERLIKUM, thans gekwoteerd no. 82. Kadastraal BERLIKUM Sectie A 1220 groot 2 roeden 47 ellen; (* bij A.(nske) A.(nskes) Postma in eigen gebruik. Vrij te aanvaarden op 12 Mei 1863 ...... ...... .......

 

(* Fuotnoat :

DE KENINGSROEDE

Berltsumer hienen it hieltyd en hawwe it no ek altyd noch, as it oer oerflaktemjitten giet, oer bunders en pûnsmjitten, en as it oer ynhâldsmaten giet, oer by ’t sekfol of by ’t kuorfol. De grûnslach fan de oerflaktemjitte is de keningsroede. De keningsroede wie ferdield yn 240 pounsmiet. In pûnsmiet yn 12 einsen elts fan 20 fjouwerkante roeden. In fjouwerkante roede waard ek wol ‘penning’ of ‘keningsweide’ neamd. In heal-pûnsmiet waar in ‘haid’ neamd. De pûnsmiet hat it as oerflaktemaat begjin de 20ste ieu ôflizze moatten tsjin de are en de bunder.

By de hannel yn ierappels wurdt noch altyd rekkene by ’t kuorfol, in âlde ynhâldsmjitte fan in út wilgeteannen flochten ierappelkoer, dy ’t oerien komt mei 35 kg ierappels.


L. C. 24-8-2009.

TIJD.

Plaats : BERLIKUM achter de Kruiskerk. Gebeurtenis : Openluchtdienst Protestantse Gemeente Medewerkers : Predikant Arjan Bouwknegt en de korpsen de Bazuin en Klimop. Belangstelling : Enige honderden mensen. (Normaal bezoeken zo’n 200 mensen de kerkdienst, nu velen meer.)


L. C. 13-6-1998.

AUTOPOETSER GENIET VAN RESULTAAT.

Willem Dikland (16) uit BERLIKUM deed kortgeleden eindexamen aan het Nijehove College in Leeuwarden. Binnenkort krijgt hij de uitslag. In september gaat hij weer naar school. Willem leert verder, bakker wil hij worden. De komende maanden is hij via een uitzendbureau nog aan de slag bij autopoetsbedrijf Admiraal Car Cleaning in Leeuwarden. Dat is heel wat anders dan werken in de bakkerij. Maar Willem heeft het best naar de zin. “Je ziet resultaat van je werk. En dan is het altijd leuk. De meeste auto’s die Willem onder handen krijgt, komen bij garagebe-drijven vandaan. Soms betreft het ......... ......... ........ 

Foto : Autopoetser Willem (Sietzes) Dikland oan it poetsen.

Willem zet de bakkers tradysje fan syn heit Sietze en pake fuort, want dy hienen in bakkerij yn Menaam.