Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Eksportearde Berltsumers.


Skippen fan de Yn de rin fan de jierren binne der hiel wat Berltsumers ferhúze nei oare doarpen en stêden. In protte Berltsumers binne yn de foarige ieu ek al nei it bûtenlân ta gien. Yn 1869 wie Klaas Aarts Aartsma hjir al agent fan in emigraasje kantoar. Yn 1882 bgl. wie skuonmakker Sjoerd Wymerts Sjoerdsma, (boaske mei Elisabeth Jacoba Keuning en oarspronklik ôfkomstich fan Grou) hjir yn Berltsum agent fan de "Kon. Ned. Stoomboot Maatschappij, direkt lijn Amsterdam-New York". Letter de "Holland-Amerikalijn" (H.A.L.) neamd. Omdat it haadkantoar yn Rotterdam en de skippen op Amearika fearen. Mei dizze line binne hûderttûzenen emigreard. Yn 1900 is hjir in feriening oprjochte mei de namme "De Emigrant" mei it doel om minfermogende Berltsumers te helpen by it emigrearen. Dit gie by útlotsjen. Foaral yn it midden fan de 20e ieu, nei de twadde wrâldkriich, binne hiel wat húshâldings nei oare doarpen en stêden ferhúze. Ja sels in protte nei it bûtenlân. Nei Amearika, Kanada, Australië en Nij Seelân. Hja seagen it hjir net mear sitten. Hiele húsgesinnen gienen fuort.

It heucht my noch, dat op skoalle en yn tsjerke hiele rigen stuollen en banken leech kamen te stean. Boarters kammeraten gienen sa mar fuort, jo koene it jin net begripe as bern. Myn freon op de legere skoalle, Jouke Heerke's van Schepen, sei tsjin my, witst do wol hoe 't ik dêr yn Amearika kom te hjitten? Joe! En wy geane mei in hiele grutte boat. It duorret wol mear as in wike ear't wy dêr oan komme. It doarp hjit De Motte en it leit yn de steat Indiana. Yn myn tinzen seach ik it al, myn kammeraat kwyt en dy soe ik nea, mar dan ek nearne werom sjen.

Tusken 1946 en 1952 binne sa’n 143.000 Nederlanners emigreard. De measten gienen nei Kanada (62.000) en Australië (38.000). Hjoed de dei giet hast net ien mear mei de boat. Alles giet no mei de fleanmasine en jo binne sa mar oer. Wit hoe faak sjocht men hjir wer bekende gesichten en de Berltsumers geane no wit hoe faak op famylje besite of mei fekânsje oer de grutte plassen. De wrâld is lytser wurden.

Sa binne hjir, om mar in pear nammen te neamen, de famyljes Heerke van Schepen (Heerke en Klaasje en dêr foar wie syn broer Sjerp him al foar gien), Pieter Bangma, Wytse Jacob's Tuinenga, (Wytse en Hinke), Imre Medgyes (de Hongaar), Johannes van Dokkumburg, (Johonnes & Ymkje) en guon van de van Tuinen's, de Smitsen en de Nieuwhof’s nei it bûtenlân ta gien. De famylje Gysbert Willem's Boomsma, (Gys en Boukje) nei de Hoogovens yn IJmuiden/Velsen. Lolke- en Jan Jans Lolkema nei Ljouwert, broer Tsjip nei Minnertsgea, Jouke Jans Lolkema en syn broer Marten Jans Lolkema (Marten en Flora) nei de Hoogovens. Net ien mear út dit grutte gesin mei de namme Lolkema is hjir wenjen bleaun. De famyljes Gerlof Jacobs Tuinenga (Gelf en Feikje) út de Buorren nei de N.E. Polder en Hielke Jans Gerkema (Hielke en Murkje) út de Nije buorren nei de Wieringermar polder. Marten Jan's van Dijk (Marten en Mintsje) nei Philips yn Drachten, Thys Jouke’s van Schepen (Thys en Bonnie) nei Dokkum en gean sa mar troch. Te folle nammen om op te neamen.

Sa binne bgl. al hiel âlde Berltsumers sa as bgl. de Spoelhof 's (Willem, Jan) en de Appelhof 's (Dedde, Jacob, Dooitze, Ouwe, Piebe.) hjir al earder fuort gien, Dedde Jacobs (Appelhof) berne yn 1696 wie hjir yn 1722 steenmaecker en former op het (Oud) tichelwerk te Belcum, no Hôfsleane nû. 76) en guon fan de Lolkema’s al earder út Berltsum wei gien nei omlizzende doarpen en it bûtenlân. Efter nammen as Spoelhof en Appelhof komme hjir yn Berltsum dan no ek net mear foar.

Hjir moast de man it allinne fertsjinje. Mar hja, dy't emigrearren, wienen noch mar krekt yn it nije lân fan bestimming of it hiele gesin, man, frou en bern gienen meiinoar oan it wurk. Myn heit sei wolris, as hja it yn ús lân ek sa dien hienen, hienen hja hjir ek wol in goed bestean opbouwe kinnen. Om dêr in eigen bedriuw te begjinnen wie wol makliker as hjir yn ús lân.

In tiidzje letter kamen hjir de sa neamde gast arbeiders (Spanjaarden, Italianen, Marokkanen en Turken) om 't hjir yn ús lân in grut ferlet fan wurknimmers wie. Rûn it jier 2000 hawwe wy hjir yn Berltsum wer in protte (gast) arbeiders krigen, nee ik moat no sizze: wurknimmers (Poalen, Hongaren, Bulgaren etc.) dy it wurk yn de kassen en op oare plakken dogge. Wy binne wiis mei dy (jonge) minsken, sa't yn dy oare lannen en yn dy oare stêden en doarpen, de minsken fêst ek wol wiis west ha mei al dy eksportearde Berltsumers.


L.C. 12-12-1968.

Gehoord en Gezien

Moarntojoun komt yn de Fryske R.O.N.O. (Radio Omroep Noord en Oost) -útstjûring it twadde program dêr’t Roel de Haan praet mei Fryske emigranten yn Kanada en de Foriene Steaten. Dit kear sil men dêryn oan it wurd hearre, de famylje Miersma, ôfkomstich út Berltsum en de famyljes Straatsma en Talsma, dy’t foarhinne op ‘e Geast wennen.


Google : Emigranten út Berltsum, gemeente Men.diel, prov. Fryslân. (Friesland Wonderland).

Foto’s fan Berltsum.

Foto’s fan histoarysk Berltsum.

List fan Emigranten út Berltsum.


Sjoch op internet: Fan Wommels nei Batavia.


in Runia om útens. (1813-1841)  Klaaikluten 2010  fan Jelle Miedema út Leien, oarspronklik fan Wommels, in neikommeling fan Leendert Pieters Runia fan Berltsum.


BOARGERBOEKEN

De BOARGERBOEKEN fan de Fryske stêden hjitte yn de oare provinsjes meastal poarterboeken. Oan de manlike ynwenners fan de stêd koe it saneamde boargerskip of it poarterskip takend wurde. Dat wie wichtich foar eltsenien dy ’t yn de stêd in ambacht útoefene, yn’e hannel siet of syn besittingen dêr hie. Om as selsstannige in berop út te oefenjen moast men einliks altyd lid wêze fan in gilde en dêrfoar waard dan wer it boargerskip easke. Om in funksje yn it stêdsbestjoer te krijen moast men meastal in oantal jierren boarger fan de stêd west hawwe. Boarger waard men troch berte of troch oankeap. Boargers hienen ferskate foarrjochten sa as frijstelling fan bepaalde toljilden. Neidat de kosten en de eed ôflein wienen (minnisten dienen de belofte) waard men ynskreaun as boarger fan de stêd. As men jierren lang earne oars tahâlde koe it boargerskip ferlern gean (it saneamde “ferwenjen”). Net eltsenien hie dus belang by it boargerskip fan in stêd. It ferbaasde my, by it ynsjen fan in boargerboek, dat by in man dy ’t boarger fan Ljouwert wurde woe en ek krige, as berop oanjûn waard fan bidler.

Samar twa boargerboeken wêryn BERLTSUMERS neamd wurde.

 

Út it BOARGERBOEK fan DOKKUM. (1574 - 1798)

Op 21-12-1613 wurdt Pier Johannes TANIA , ôfkomstich fan BERLTSUM,  ynskreaun. Hy is Wynhear fan berop, d. w. s. in troch de stêd út de schepenen keazen tafersjochhâlder fan de stedswynkelder. In Wynhear hâlde tafersjoch op it behear fan de kelder troch de steds wyntaaper en dy ’t de boekhâlding fierde van keap en ferkeap fan de wyn. (Hy hat yn 1604 ek as Wynhear yn Ljouwert wenne.) Op 1618 Oene Hilles, smid, fan BERLTSUM. Op 23-12-1629 Thomas Dirks, brouwer, fan BERLTSUM. Op 9-6-1649 Tziaard Pyters fan BERLTSUM. Op 10- 8-1657 Marten Martens fan BERLTSUM. Op 12-12-1660 Sybrant Jacobi fan BERLTSUM. Op 12-12-1672 Wybren Ballings fan BERLTSUM. Op 17-8-1692 Dirck Louwes, snikfarder út it ANJUMER KLEASTER by BERLTSUM.

 

ÚT de BOARGERBOEKEN fan LJOUWERT (ca. 1530 - 1800)

Fanút BERLTSUM binnenkommen :

Rinthie Rinthies, houtsnijder, berne te BERLTSUM. (foar 10- 6-1544) Pier Tania, (wynhear) berne te Berltsum. (1604) Hette Tijercks, vleeshouwer, berne te Berltsum. (1613) Claes Simon, berne te Berltsum. (1613) Sijbbe Jacobs, schoenlapper, berne te Berltsum. (1620) Meinte Tijaerds, bakkersgezel, berne te Berltsum. (1627) Pytter Freerx, bakker, berne te Berltsum. (1630) Wibrant Cornelis, bakker, berne te Berltsum. (1630) Eme Emes wagenmaker, berne te Berltsum. (1631) Alger Claesz, berne te Berltsum, (1632) Marten Martens, berne te Berltsum. (1633) Aede Jans, koopman, berne te Berltsum. (1637) Ruird Martens, brouwer, berne te Berltsum. (1645) Claes Ruirdts, koopman, berne te Berltsum. (1651) Dr. Wibrandus Schierhuys. berne te Berltsum. (1659) Pieter Cornelis, berne te Berltsum. (1663) Dirck Beern ‘s Frijenburgh, berne te Berltsum. (1675) Pyter Jansen fan Berltsum. (1677) Otto Jacobs, minnist, berne te Berltsum. (1686) Albert Meinerts fan Berltsum. (1713) Pijtter Jansen. berne te Berltsum. (1713) (Salvis Floris, berne te Berltsum. (1722) Nollius (Nolke) Hajonides, berne te BERLTSUM, (1729) Hy is in pakesizzer en nammegenoat fan de Berltsumer dûmny Nollius Hajonides. It tusken (----) neamde jiertal is it jier fan it ferkrigen boargerskip fan de stêd Ljouwert.

Samar in pear oare nammen :

Yn 1608 wurdt Willem Clotz (of Clots), (koken)skriuwer fan steedhâlder (Willem Lodewyk, ús Heit) boarger fan de stêd Ljouwert. Hy is ôfkomstich út de omkriten fan Aken (Düren,) Yn 1786 wurdt dr. Petrus Adrianus Schik, berne te Menaam,  boarger fan de stêd Ljouwert. Beide binne, krekt as de yn dit E - book neamde (van) Knijff ’s, besibbe oan de BERLTSUMER Lautenbach ’s. De frou fan Jacobus Lautenbach wie Engeltje Willem ‘s Klotz. Beide binne ek myn foarâlden. Boppeneamde Pier Tania (wynhear) is nammers ek oan my besibbe. In Foppe Pier ‘s Tania, de soan fan Pier Siercks, berne om 1480 hinne, en syn frou Catrijn Doeckis wienen boer en boerinne op “Berckwert” ûnder Kubaard. Yn 1696 wurdt de ûnder de Siktarissen fan Menameradiel neamde Christiaan de Hertoghe, klerk fan de Deputearre Steaten (“ de gewesene secretaris van MENALDUMADEEL” berne te Den Haach en doe wenjende op it no saneamde “Schatsen -burg” by Dronryp.), boarger fan Ljouwert. Hy wie dus promovearre. Yn 1699 wurdt Livius Osinga (foar hinne notaris te Dronryp en boaske mei Suzanna Schik, de suster fan Johan Caspar Schik) boarger fan de stêd Ljouwert.

 

Siktaris Christiaan de Hertoghe fan MENAMERADIEL hat yn 1698 bûtenpleats Brantsma State bouwe litten, wat yn 1749 pas de namme SCHATZENBURG krige. Letter wenne hjir Johannes Lambertus Huber ien fan de patriottenlieders dy ’t yn 1787 flechtse moast nei Frankryk ta. Schatzenburg is doe Steatsbesit wurden. Yn 1790 wie hjir Cornelis Martinus Haersema kommen te wenjen. Yn 1837 waard, oant syn dea ta, dr. Questius de bewenner. Hjirnei kaam it hûs yn besit fan de Stifting Gasthûs Vredenhôf. Wa ’t de tún ûntworpen hat is net rjocht bekend. (Roodbaard of Vlaskamp ?)


L. C. 4-3-1995.

Sikke Lautenbach in Stiens honderd jaar. 

(foto : Sikke Ynzes Lautenbach.)


L. C.   9-6-2012.

Zweedse liedjes op de Slachte.

Van Zweeds bos naar Fries vergezicht. De van oorsprong Friese familie Berger woont sinds 7½  jaar in het kleine dorpje Nyskogen, ruim 330 km ten noorden van Götenborg. De 44 jarige in BERLIKUM geboren en afkomstige Tiny runt daar een kapsalon. Haar man Jo is geboren in Leeuwarden. Ze komen voor de Slachtemarathon.

(foto :  “We komen eraan !” De familie Berger : Jo, Tiny, en kinderen Esmee (13) en Cédrik (10))

 

L. C.   9-6-2012.

Slachte op slippers.

Adam Joostema uit BERLIKUM loopt zijn 4e Slachtemarathon op slippers.

(foto : Adam (Hein ’s) Joostema fan de Nijebuorren 12, hjir ek wol neamd “Adamsky” )