Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Deastraf, needlot en foarútgong. (L.C.)


Troch it Provinsjaal Gerjochtshôf te Ljouwert is in Gerryt Jaspers Keizer ta de dea feroardiele, op grûn fan, dat hy in olve jirrich famke, t.w. Pytsje Pieterzen, yn BERLTSUM op strjitte op 12 maaie 1845, de jûns omtrint in oere as olve, it breed gouden earizer ôfskuord en ta eigene hie en mei behelp fan geweld en spoaren fan ferwûnings efterlitten hie en soks no al earder fanwege in misdied feroardield west is. (Rjochtbanktaal) De ûngelokkige Keizer wie krekt 34 jier wurden en hie dêrfan al 12 jier yn de tsjerker trochbrocht. Al yn syn jonge jierren ferstjitten, en sûnt syn 14e âlderleas, hat hy him, doe al 18 jier âld, oan de eigendom fan syn omke fergripen, en dêrfoar boete.

Pytsje, berne op 8-6-1834, wie de dochter fan Pieter Jans Pieterzen en Alida Hogenbrug en de suster fan Egge Pieters Pieterzen, destiids boer op de pleats dy't stien hat op de hoeke fan de Tsjerkestrjitte/Hôfsleane (yn de folksmûle letter de" Skoanegevelshoeke" neamd) en hy wie de lettere tsjerkfâd mei Dirk Mulder van Leens (Dijkstra) en Gatze Lolkes Boomsma fan de Herfoarme tsjerke. It efter ein fan de pleats is letter ôfbrutsen, it (deftich en grutte) wenhûs is dernei û.o. bewenne west troch de kantonrjochter Klasing Schonegevel en letter noch troch syn beide dochters. It gesin fan Pieter Rintsje’s Rekker (Pieter en Marijke) hat hjir yn it lêst oan ek noch wenne en de Berltsumer keunstskilder Simon Kamminga mei syn soan Jopie. Wy as jonges boarten faak yn de grutte eftertún. It hûs is ôfbrutsen en Pieter Rekker wenne dêrnei yn de Bûterhoeke. De Kamminga’s kamen yn de Buorren te wenjen.


******************************

L.C. 24-3-1982.

Op 1 April 1933 wie ik trettjin jier en as jo sa...............

Oer Bauke Rekker de Marsumer grienteman ôfkomstich fan Berltsum. 

By in needlottich ûngelok is dhr. Geijtenbeek, notaris te BERLTSUM, om it libben kommen. It hat in soad dielname oproppen yn it doarp. Op tongersdei 15-5-1891 is syn lyk út it wetter helle deunby de brêge oer de Ljouwerter feart. De woansdeitejûn hie hy oan't rom 10 oere by de logemint hâlder B. ta hâlden. Oer it algemien wie de ferstoarne, teffens plakferfangend kantonrjochter, bemind fanwege syn nederige en solide libbenswize. Men gist dêr nei, hoe it ûngemak plak fine koe. (L.C. 18-5-1891). Yn juny 1891 is hjir te Berltsum Mr. J.H. Dull doe beëdige as kantonrjochter. (Jacoba van der Schaaf, skûlnamme: Jacoba "Dull", hat as faam tsjinne by dizze kantonrjochter.

Kafee 'De Brug'Âlde brêge by kafee  'De Brug'

Sjoch it boek "Berlikum beeld van een dorp", side 63. Âld kantonrjochter Dull is op 16-12-1922 te Apeldoorn ferstoarn.).


L.C. 19-9-1882.

Door de heeren A.S. Schaafsma, Joh. Schaafsma, aannemers van publieke werken en J.D. van Este Tjallingii, fabrikant, is vergunning gevraagd tot het leggen en exploiteren van; 1. Eene stoomtramweg van Harlingen langs de rijks- en kunstweg van Pietersbierum, Sexbierum, Oosterbierum, Tjummarum, Minnertsga, BERLIKUM, Beetgum, Beetgumermolen, Marssum naar Leeuwarden. 2. Eene zijlijn van St. Jacobiparochie over St. Annaparochie op Beetgum, corresponderende op eerstgenoemde lijn en 3. Eene zijlijn van Franeker langs den rijks- en kunstweg over Schalsum, Peins, Ried, BERLIKUM aan de eerstgenoemde lijn.


Concessie-aanvraag stoomtram. Bij betrokken gemeentebesturen is ingekomen een aanvraag van de heeren J.Holland en Co te Rotterdam, om concessie voor den aanleg van een stoomtram Leeuwarden-Stiens-de Bildt dorpen - Wier - BERLIKUM - Beetgum - Marssum - Leeuwarden.


L.C. 14-9-1896.

In nije tramline.

Men skriuwt ús út it Hearrenfean: It tramwei net yn Fryslân hat wer kâns op in wichtige útwreiding. Troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (N.T.M.) is oan de hege regering fergunning frege foar it lizzen fan rails yn de bermen fan de Ryksstrjitwei Ljouwert - Bitgum. Teffens hat dizze Mij. har rjochte foar itselde doel by de Rie fan Menameradiel, om gebrûk meitsje te meien fan de bermen fan de keunstwei Bitgum-Wier. De steamtram sil dan rinne fan Ljouwert nei Sint Jabik, by Marssum, Bitgum, BERLTSUM, Wier en Minnertsgea lâns.Tagelyks bestiet it plan ta it lizzen fan in line fan Ljouwert nei Stiens ta etc. etc.


FRISIA.  30-4-1898

Berlikum.  28-4-1898. De Nederlandse Tramweg Maatschapij heeft besloten in de volgende maand met de lijn Leeuwarden – Berlikum te beginnen, en zal de tram nog voor de kroningsfeesten in dienst worden genomen.


Yn 1899 is konsesje oan de N.T.M te it Hearrefean ferliend ta it lizzen fan spoarstaven yn de bermen fan de Súderwei fan BERLTSUM nei Sint Anne.

(Dit wie t.b.f. de hynste tram).


Op 20-10-1900 kinne wy lêze dat it meitsjen fan in reau-remise en wachtkeamer te BERLTSUM foar de N.T.M, gunt is oan dhr. Saakstra te Sweins foar de som fan fl. 4200,- (Dit is it tram stasjon op It Skil op it plak wêr't foarhinne de herberch fan de widdo B.(eernt) (Klazes) Osinga stien hat mei de namme "Het Wapen van Friesland" mei de stalling fan soms wol 150 hynders. It hynstewaad lei efter en tichteby dizze herberch. It heucht my noch, dat foar de d´Aumale poarte in wetterlieding piip stie wêrmei de stampende en dampjende steam lokomotief foarsjoen waard mei nij wetter.


Yn 1899 is der ek sprake west, om de hynstetram trochrinne te litten fanôf Sint Anne nei Swarte Hoanne ta. Fan dêr gie foarhinne de boat nei it Amelân ta. De Amelânners woenen graach in steamboat ha nei it eilân mei in oanliz steger by Swarte Hoanne (* en in hynste tramferbining mei it steam trajekt BERLTSUM - Ljouwert. Sa soenen hja minder lang ûnderweis wêze om yn Ljouwert komme te kinnen. De hynstetram Berltsum- St. Anne is yn 1917 al wer opheven.

(*Swarte Hoanne , Swarte Haan  < Horne, Hoorn, Herne : Swarte hoeke fanwege de eardere slûkerij dêr yn it ferline.  Dat wol sizze de bilêsting ûntdûking en it swarte jild.)


L.C. 22-3-1844.

Berlikum, den 9 Maart.

Heden morgen ten 5 ½ ure overleed na een kortstondige ziekte van slechts eenige dagen, mijne waarde Echtgenoot IJTJE HENDRIKS van der MEER, in den ouderdom van bijna 65 jaren, na eene echtvereeniging van ruim 43 ½ jaar.

Berlikum, 9 Maart 1844.

H.(eerke) W.(illems) Dijkstra.


In protte froulju stoaren yn it kreambêd, mei as sûnder it bern. Hjirûnder samar wer twa gefallen op ien en de deselde dei.


L.C. 22-3-1844.

Heden namiddag omstreeks twee ure overleed mijne geliefde Echtgenoot SJIEUKE van DIJK , in den bloeijenden leeftijd van bijkans 24 jaren. Na eene allergenoeglichsten Echt van ruim 11 maanden, laat zij mij een kindje van slechts 14 dagen na. Diep bedroefd staar ik en allen die haar zoo lief hadden, haar na, maar niet als degenen die geen hope hebben, hoe diep wij ook geschokt zijn; wij hopen eerbiedig in Gods wijzen wil te berusten.

Leeuwarden, den 10 Maart 1844 Jan T.Born.

Loodgieter en leidekker.


L.C. 22-3-1844.

Heden avond ten 7 ¼ ure, overleed mijn innig beminde Echtgenoote SIETSKE SIJTSEMA, oud ruim 22 jaren, na eene echtvereeniging van slechts 9 maanden.

Berlikum, den 10 Maart 1844. J.E. Fokkens.


Út de krante FRISIA. 1-5-1897.

Zaterdag j.l. (24-4-1897) geraakte de arbeider J.(ohannes) W.(ytses) de H.(aan) (44 jier) in beschonken toestand in de Grúsevaart en verdronk. De ongelukkige laat een vrouw (Jacobje Bolding) met 5 onverzorgde kinderen achter.


FRISIA. 1-5-1897.

Zaterdag j.l. (24-4-1897)  Op de heden gehouden veemarkt (te BERLTSUM) werd een betrekkelijk klein getal koeien aangevoerd, was men anders een aantal van 6 á 700 gewoon, thans waren er nog geen 500. De handel was traag. De prachtige stamboekbeesten van de Heer A.B. Roorda hadden (jaarlijks op deze markt te bezichtigen) zeer veel bekijk.


FRISIA 23-4-1898.

BERLIKUM 20-4-1898.

Sedert eenige dagen heerscht hier de besmettelijke ziekte Mazelen. Verbazend snel breidt de ziekte zich uit, in niet minder dan 30 huisgezinnen zijn een of meer lijders. Gelukkig heeft de ziekte een goedaardig karakter.


FRISIA 23-4-1898.

BERLIKUM 20-4-1898.

Voor de vele kermis reizigers is BERLIKUMER kermis de eerste. Dat er wel graagte is om iets te verdienen, blijkt uit het feit, dat er lang niet genoeg plaatsruimte beschikbaar is voor alle aanvragen van kramen etc. etc. Voor deze eene dag is bovendien staanplaats aangevraagd door zeven houders van draaimolens, en drie lucht schommels. Respectievelijk zijn 5 en 2 afgewezen. Dat hier geen staangeld wordt geïnd, zal niet zonder invloed daarop zijn. 


L.C. 31-1-1958.

It deiboek fan Dirck Jansz. Cuijck is unyk en moast útjouwn wurde.

In Bilker út de 17de ieu.

It deiboek fan Dirck Jansz. Cuijck, de Bilker út it begjin fan de 17de ieu, is foar de lânbouskiednis fan minder bilang as it rekkenboek fan Rienck Hemmema út de 16de ieu. Mar as Biltsk dokumint is it unyk ... etc. .... etc. Sa hat hy yn 1606 op BERLTSUMER merk in lilliputter sjoen, krige âld Syl yn 1607 foar it earst syn "merck" etc........etc........

(Prof. dr. P. Gerbenzon.)


L.C. 3-5-1955.

Gasloos Berlikum heeft voor de winter nog zijn aardgas.

(Berltsum giet oer op it ierdgas.)