Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De tsjerke pleats "Longerhou" of ek wol

"La(e)tsma" neamd ûnder Berltsum. (1777)


De Herfoarme tsjerke wie fan âlds al eigner fan de pleats. Om 1760 hinne is it hûs en de skuorre alhiel opnij op boud. Johannes Dirks (De soan fan de ferstoarne hierder yn 1757 Dirk Johannes (Kuik?) wie de ôfgeande hierder fan de ferfallen (bou)pleats en Wytse Minnes wie him opfolge as hierder. Yn Harns waard it hout ta de opbou kocht by de Harnser houtkeaper Gerryt Sybrants. It jild wat dêr foar nedich wie is liend by de (ryke en begoedige) yn Ljouwert wenjende widdo Catz. De Berltsumers Taeke Clases, mr timmerman en Boate Bartels, mr. glêzemakker (en ferver), hienen it wurk oannommen en D. van Wi(g)cheren. mr. Smid levere it izerwurk en noch in pear oaren wer oar materiaal. De arbeiders waarden no en dan fan bier fersjoen, wat helle waard by Ysbrand Lammerts, mr. brouwer te BERLTSUM oan de Brouwerssteech (no " it Piipskoft"). It earme jild foar 1/4 ton bier wie 6 stoeren. Houke Feddes (Hager), de Ljouwerter skipper (en hy wie ek doarpstsjinner), hie de materialen, sa as semint en oare nedichheden ophelle.

Om fan út Berltsum by de pleats kommen te kinnen moast men oer in heechhout oer de Ljouwerter- of Menamer feart en dan de Tichelersdyk/ Anskereed lâns. De tsjerke hat dan ek altyd foar 1/5 de oan it ûnderhâld fan dit heechhout mei betelle. Dit is op it plak wêr’t no de brêge oer de Ljouwerter- of Menamerfeart leit. (Dit wie foarhinne "het VOETpad naar’t Clooster over de vaart") It heechhout is yn 1770 al hiel fernijd. De RIIDwei foar reau en wein gie oer de Ljouwerter- of Menamerfeart fia de stiennen tsjerke- of tichelers piip nei it kleaster.

Yn 1777 is de pleats ferkocht, by in feiling dy't holden waard by kastlein N. Sjoek, it "s'-Heeren Logemint " neamd, te Frjentsjer, foar de keapsom fan 12.144 car.gûnen en 4 stoeren. Cornelis Braak (* út Baard is doe de eigner wurden fan de pleats en Cornelis Ruurds wie op dat stuit de hierder. De keapsom is brûkt foar de bou fan de nije koepeltsjerke dy't 38.639 caroli gûnen koste hat. 

Yn 1786 biedt Cornelis Braak de boupleats, grut 72 p.m., op nij te hier oan. Brûker is dan in Pytter Johannes. Cornelis Braak hie de pleats kocht foar jildbelizzing. Yn 1791 stiet de pleats wer te keap mei dan as hierder in sekere Willem Willems. De pleats is ek al ris in kear ôfbaarnd doe’t Jan Bauke’s Lammerts Lettinga op de pleats siet en is doe wer alhiel opnij opboud en is letter ek noch ris fergrutte.

Hjir hawwe û/o. op dizze pleats boer west: in Klaas.J. van den Akker, (K.J.van den Akker strjitte) in Jan Bauke’s Lettinga, in Jitze Tjepkes Smits (Jitse en Annie) no wenjend oan de Hemmemawei nû.3, in Sjoerd Reitsma (Sjoerd en Tineke no wenjend oan de Moddergatsreed 1a) en as lêste wennet hjir no op de pleats Anskereed nû.2, syn soan Dirk Sjoerds Reitsma. (Dick en Franciska.) Op de eardere boupleats wurdt no in feehâlderij útoefene.


Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, praesenteert publyk en voorts by Decreet van den Hove van Friesland te Verkoopen:

Imo. Zeekere heerlijke stemdragende Zathe en Landen behoorende aan de Kerk van BERLIKUM en aldaar gelegen, met dezefde geheel nieuwe gebouwde Huizinge, schuur, hovinge cum annexis groot 69 pondemate, belast met 15 Floreen, waar op per Pondemate geboden is 105 g.gls 7 strs..

IIdo. Een uitmuntend Terpland, zeer geschikt tot Hofkerije, gelegen aan voorschrevene Dorpe, bezwaard met 1 Floreen, waar op geboden is 450 g.gls 25 strs.

IIIio. Twee Pondemate Bouwland aan de Franeker Dyk belast met 1 Floreen 2 strs. 3 penningen, tot Guardeniersland gebruikt, waar op geboden is 211 g.gls 14 strs. Wie hier aan gadinge heeft, kome op Donderdag den 29sten April 1777 by de tweede Zitdag te één ure na Noen, ten huize van N. Sjoek, Castelein in ‘s-Heeren Logement te Franeker. (No is dêr yn Frjentsjer noch it sa neamde "Sjoek lân" dat wol sizze, it lân by de eardere kastlein Sjoek lizzende, wêr de P.C. it keatsen plak fine lit.) De Frjentsjerters neamden it ek wol (ferbastere) it "Sûkerlân, sa is my troch de âld skoalmaster en haad fan de C.N.S skoalle en âld Frjentsjerter, master Floris Visser, oerlevere. 

(* Cornelis Braak, boer te Baard is de soan fan Augustus Braak en Foekje van der Sluys fan Arum. Foekje is de dochter fan Feddeus van der Sluys en Beitske Pieters Metz. Feddeus van der Sluys wie fan 1709 oant 1736 siktaris fn Hinnaarderadiel en dêrneist wie hy notaris en heareboer. Hy wie ek de eigner fan Great- en Lyts Stapert yn de Súdhoeke ûnder Wommels. In dochter fan Cornelis Braak t.w. Foekje, wie op 10-4-1803 troud mei de sirurgyn fan Baard,  in sekere Addiko Johannes Blom.


Sjoch ek film: "1955 Helikopter bij landbouwbedrijf Lettinga op bezoek"

 (Is no de pleats fan boer Reitsma, earder Jitse Smits. In protte minsken hienen noch nea sa'n ding yn it echt sjoen)


L.C. 31-8-1985.

Sfeer en fleur bij afscheid meester Visser. (foto: master Floris Visser en frou Joukje Kuipers yn ‘e auto troch it doarp.)