Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De needslachting. (1950/1960)


It kaam yn BERLTSUM, krekt as yn alle oare doarpen, noch al ris foar dat de doarps omropper Hisse Feike's Brouwer, en noch wer earder wie it Rinse Douwe's van Wigcheren, mei de skille it doarp troch stjoerd waard om de doarpsgenoaten op te roppen om nei ien fan de fjouwer slachters te gean, dy't Berltsum ryk wie. De slachter dy't oan bar wie hâlde de needslachting nei it goedkarren fan de karmaster fan it fleisguod. Der wie wol ris in ko bist dat ûnferwacht dea gie of in poat briek en dêrom ôfmakke waard. It is ek al ris foar kaam, dat in hynder ûnder de trein rekke tusken Berltsum en Wier. Dan wie it wer ris foar in kear hynstefleis wat yn de oanbieding wie.

Omdat de heiten op it wurk wienen en de memmen it meastal nochal drok hienen mei de doe noch faak grutte húshâlding, waard meastal de âldste of yn elts gefal ien fan de âldere bern der op útstjoerd mei in amerke om in wat grutter poarsje fleis op te heljen as gewoanlik. Der waard dan fakentiids mear fleis ôf nommen omdat it fleis dan goedkeaper oanbean waard.

As it jongfolk hearde fan dit omroppen wienen hja, as it mar efkes koe, net thús of waarden stikem wei. In heal oere of langer yn de rige stean mei in amerke wie mar neat en duorre foar it bernegefoel soms wol oeren. Hieltyd mar wer in eintsje opskowe nei de doar fan it slachthûs ta. Boadskip rinne wie foar de measte bern in straf en men moast hast altyd wol lang wachtsje om oan bar te kommen, want alles gie noch oer de toanbank en mei rinnend jild. 

Mar op de dagen dat regulier slachte waard, wie it krekt oars om. Dan stienen de bern flak by de slachhús doar om it revolverskot hearre te kinnen en te sjen hoe de ko omfoel en slachte waard. Wienen it einen of hinnen dy't slachte waarden dan wie it fjochtsjen om de eine of hinne poatsjes. Dy koenen bewege wurde as jo oan de sinen lútsen.

Yn de húshâldings hienen hja doe noch gjin kuolkast, lit stean in friestkast of kiste. De froulju dienen dêrom dan ek daagliks har boadskippen, foaral as it om fleisguod, brea en bôle gie. De slachter hie net altyd de mooglikheid om de deade bisten yn de kuol romte op te bergjen en as der dan ûnferwachts ek noch in ekstra dead bist by kaam, dan wie it saak om dit deade bist, sa gau as mooglik wie, wer kwyt te reitsjen middels in needslachting.


 **********************************


L.C. 19-1-1891.

St. ANNA PAROCHIE. 

De honden, die in de vorige week hier zoo vreeselijk in eene kudde schapen huis hielden, zijn ter voorkoming van verdere ongelukken doodgeschoten. De schapen zijn geslacht, deels hier, deels te Berlikum. De schade, die vrij aanzienlijk is, komt, nu de eigenaar der honden niet in staat is de schade te vergoeden, voor de eigenaar der schapen op.

(Wêr binne de hûnen bedarre. Berltsumer hûnefretters? :-))


Út: VERZAMELING van spreekwoorden, gezegden en anekdoten ets. samle troch Paulus Cornelis Scheltema, útjûn te Frjentsjer by G.Ypma (1826).

Berltsumer hounefretters.—verklaring: Deze naam, blijkens 700 jaren oud, wordt de bewoners van het Vriesche dorp Berlikum nog nagehouden. Dezelve is afkomstig van het jaar 1182 toen Berlikum door een zwaar onweder voor een groot deel afbrandde, terwijl de overige huizen door de Noormannen vernield werden. De ellende en hongersnood steeg destijds zoo hoog, dat men genoodzaakt was de honden te slagten en op te eten.

(It meast foar de hân leit, dat de twa opsteande wynhûnen yn it wapen fan de sibbe Hemmema hjir oan ten grûnslach leit.) 


L.C. 2-2-1963.

Oare bynammen.

Hounen of hountsjes waerden alearen de lju fan Berltsum en Peazens neamd en by âlds wie it genôch om yn BERLTSUM in byljend (blaffend) lûd hearre te litten om fuort slaande deilis to wurden mei it jongfolk. Mar de Berltsumers hieten ek wol hounefretters, lyk as de Geastmers (mei dy fan guon oare doarpen) foar hounewippers wei set waerden. De houne wipperij wie alearen op‘e Geast in wreed folksfermeits dat neamd wurde kin neist it katte kneppeljen.