Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De Bazún, hoe it "rûn" eartiids.


It inisjatyf ta it oprjochtsjen fan de Kristlike muzyk feriening "de Bazuin" is nommen samar op in reguliere gearkomste fan de (Herfoarme) jongefeinten feriening. Ien fan de leden fan de C.J.M.V. "Het Mosterdzaadje" (oprjochte yn 1864) brocht it sa mar te berde nei ien fan dy reguliere gearkomsten. Om BERLTSUM hinne waarden yn ferskate doarpen en stêden muzykkorpsen oprjochte. "Soe dat hjir ek net kinne" waard der sein. Doe is it haad fan de Herfoarme skoalle "Eben Haëzer" (C.V.O.) om rie frege en oft hy ek ree wêze soe, om as mûglik is, dêr by te helpen. Master Siebe Heinsma woe it wol ris yn him omgean litte. Minnertsgea en oare doarpen krigen besite om ris te sjen hoe it dêr om en ta gien wie. Dêr yn Minnertsgea hie de C.J.M.V. ek it inisjetyf nommen ta de oprjochting fan it korps. It stie der û.l.f. meester de Besten.

Úteinlik is it korps der kommen mei (úteinlik dochs noch) oan de dirigearstôk..... master Siebe Heinsma. (hy wie troud mei Petra Cornelia van Haalen) Hy is yn 1907 hjirwei nei Oldemark ta gien.

Hy wie de pake fan ien fan de eardere Berltsumer slachters t.w. Douwe Hettes Hettema, dy't yn de Buorren wenne, en wêr't noch wer letter Hisse Feikes Brouwer syn fiskwinkel yn hie. Douwe Hettes Hettema is letter mei syn gesin yn Akkrum kommen te wenjen omdat hy dêr wurk krigen hie yn in grutte slachterij. It wie in muzikale famylje en hja koenen tige goed sjonge.

De spilers fan de earste oere wienen: Sietze van der Zwaag, Arjen G. Bosma, Jan (Dirks) Stienstra, Cornelis Kl. Runia, Nanne H. Osinga, Willem D. Lautenbach, Hette Hettema, Dirk B. Liemburg, Jan Koning, Gerben H. Peterzon, Sjouke A. Zondervan, Feico H. Born, H.B. Boersma, J.A. de Boer, Enne S. de Haan, J.A. Faber, J.A. Westra, J.J. van Manen. P.P. Weg, Jan Runia en in protte oaren folgen. Master S. Heinsma komponearde 2 potpoerries foar fanfarekorpsen, destiids wol bysûnder want muzyk útjouwers wienen der hast net.   Yn de Ljouwerter krante fan 14-2-1898  kinne wy lêze, dat de kristlike muzykferiening "de Bazuin" te Berltsum op in bûtengewoane muzyk útfiering op woansdei 14 febrewaris 1898, yn de Kristlike Herfoarme skoalle dêr, by gelegenheid ta de ynwijinge   fan it findel, in gearkomste hâlde soe mei foardrachten en gearsprekken. (Toaniel  wie  doe noch  in stapke te fier !)  De yntree wie fl.O,25 en it begûn om 7 oere jûns. Juffer G. Pel út Wurdum  is op dy jûn betanke foar de levering en de krease bewurking fan har findel.

De earste grutte (fiere) reis waard yn 1898 nei Abcoude makke (Master Heinsma wie hjir foarhinne ek skoalmaster west) Yn dit doarp soenen de Berltsumers twa dagen de Kroaningsfeesten (Wilhelmina) mei muzyk opfleurje. De weromreis gie fia Amsterdan mei de Stânfries -nachtboat nei Harns, dan mei de trein nei Frjentsjer en fandêr mei de weinen fan Durk Gysbert ‘s (Wassenaar) wêr op nei BERLTSUM ta. In hiele ûndernimming dus want de Ôfslútdyk wie der noch net. Master Siebe Heinsma wie yn 1899 ek direkteur wurden fan it yn Toppenhuzen oprjochte Kristlike fanfarekorps "Euphonia".

Op 1-1-1995 telde de Bazuin 32 korpsleden, 19 drumbandleden, 27 majorettes, yn totaal 78 leden. Hûndert jier ferline wienen dat der sa ’n 15 á 16. It bestjoer bestie yn 1995 út Yge Ynze ’s Tigchelaar, foarsitter. Siebe Durk ‘s Westra, twadde foarsitter. Germonde Sybren ‘s de Boer, siktaresse. Hielke Ynze ’s Visser, skathâlder. Auke Akkerman, algemien -  adjunkt. Jan J. Faber jr. aktiviteiten - koördinator. Nellie tr./m. Meindert Ynze ’s Westra  twadde -  siktaresse. Henny tr./m. Fedde Joh. van der Graaf, as ôffurdiger fan de drumband. Jannie Grovestins - Tuinenga as ôffurdiger fan de majorettes. Douwe D. Wassenaar bibliotekaris / gjin bestjoerslid.

De eardere Herfoarme skoalle stie yn de Buorren efter it hûs nûmmere mei hûsnû. 51, wêr 't no Jan en Sipkje Brouwer-Dam wenje. It wie it âlde Evangelisaasje lokaal fan de Herfoarme tsjerke wêr't letter û.o. ek in naai- en breid skoalle en in kristlike beukerskoalle yn sitten hat. It waard ek brûkt foar de gearkomsten fan ferienings sa as de C.J.M.V.(Herfoarme Jongfeinten feriening) en foar oare saken.

It evangelisaasje lokaal *) wie boud yn 1878 neidat in âlde skuorre op datselde plak ôfbrutsen wie en de wente oan de Buorren, bestimd foar de evangelist, is doe ek ferboud ta skoallemasters wente. It pân is letter ferkocht nei dat it Nije Konsistoarje gebou (no it Herfoarmd Sintrum.) yn 1908 en de nije Herfoarme skoalle (no de Bibleteek) yn 1909 oan de Hôfsleane boud binne. Klaas Looyenga hat it hûs noch wer letter kocht en brûkt by syn lapke/tekstyl winkel as opslach. **) Yn 1925 telde it korps 23 wurkjende leden. Yn 1950 wienen der 37 en yn 1967 spilen in 30 man yn it haad korps en 18 jonge leafhawwers yn it jeugd korps. It findel (de findels) wurde spitigernôch no net mear brûkt. It is in ferearming, tinkt my.

*) Foar 1878 waarden de rjochtsinnige godtsjinstoefeningen hâlden yn de Kristlike skoalle efter it hûs Buorren nû. 79. (no wenje hjir Gerrit en Bettie de Boer-Terpstra, winkel yn flierbedekking, bedderie / gerdinen ets.) Foarhinne wie it in hûs mei timmerskuorre, bewenne troch de timmerman Albert Bokma en omboud ta skoalle. Dizze skoalle is mei de skoalmasterswente op 13 oktober 1909 finaal feild troch notaris Hermanus Alma fan Berltsum. De heechste bieder wie Tjeerd Ulbes Nieuwenhuis, timmerman te Berltsum. Letter wenne hjir timmeman / oannimmer Pieter Douwes van der Zee. Sa waard de âlde skoalle dus úteinliks dochs wer in timmerskuorre.

**) Klaas Looijenga (Klaas en Aukje Looijenga-Wassenaar) hie it fêstguod oankocht op 19-09 -1941 by akte opmakke troch notaris J. de Boer fan Berltsum. Yn de titel fan oankomst stiet: In de processen-verbaal van veiling, op 13 en 27 januari 1908 staan de volgende bepalingen omtrent het daarbij geveilde eerste onderdeel, waarmede bedoeld werd de hiervoor gemelde onderwijzerswoning met schoolgebouw: ”De kooper zal dat onderdeel NIET MOGEN BENUTTEN, inrichten of doen gebruiken tot het houden van godsdienstprediking, godsdienstonderwijs, godsdienstige bijeenkomsten of voor schoolonderwijs. Bij gebreke van voldoening van een of meer dezer verplichtingen, alzoo bij iedere overtreding van dit verbod, verbeurt de kooper t.b.v. de Kerkvoogdij der Nederduitsh Hervormde Gemeente te Berlikum eene boete van vijf duizend gulden, te betalen binnen 14 dagen na daartoe strekkende aanmaning. Bij verkoop moet in elke akte van overdracht de hiervoor omschreven bepalingen worden opgenomen op straffe eener boete van fl. 5000,- etc. etc. Dit wie om te foarkommen dat (âlde) skoalgebouwen brûkt wurde soenen foar byienkomsten tsjin de Herfoarme tsjerke, sa as yn it ferline hjir bard is yn Berltsum.


Bazuin Berltsum


 *******************************


Video: Donateursconcert Bazuin 1989 (Troch Watse Posthumus)

Video: Streetparade en show Bazuin 1985 (Troch Watse Posthumus)


L.C. 7-12-1935.

Het Christelijk fanfarecorps De Bazuin te Berlikum bestond 1 december 40 jaar. (foto "De Bazuin.")


L.C. 6-2-1997.

Trombonist moet veel doen aan onderhoud.

(foto: Durk Freerks Lautenbach.)


L.C. 16-11-2000.

Lautenbach viert jubileum bij fanfare Berlikum.

Durk Freerks Lautenbach stiet 25 jier foar de Kristlike muzyk Feriening "De Bazuin". (foto)

(Eardere diriginten fan "De Bazuin"wienen master Siebe Heinsma, dhr W.H. Koet, S. de Boer, en K..D. Anema fan Harns.) 


L.C. 22-8-1970.

Oude Bond viert 75 jarig jubileum in alle glorie.

Het eerste bestuur bestond uit de schoolmeesters J. v.d. Vlugt, Ferwerd. J.B. Schurink, Bakhuizen. S. HEINSMA, Oldemarkt (dêrfoar te Berltsum) en E.J. Robijn, Welsrijp.


L. C. 25-11-1995.

Berlikumer eeuwfeest met opera en muziek

(foto. :   Eeuwfeest “De Bazuin”.))


L.C. 30-1-1954.

Dubbel jubileum in Berlikum.

In het najaar van 1878 werd op initiatief van meester G.Broekstra de Hervormde meisjervereniging "Hebt elkander lief"opgericht met 16 leden. De Christelijke Jongelings Vereniging (C.J.M.V.) "Het Mosterdzaadje" (Hervormd) bestond 90 jaar en begon met 13 leden. Oud leden zoals Theunis Tjeerds Runia uit Wolvega en Gerrit Sjoerds Runia uit Sondel voerden het woord. 

(Master Geert Broekstra, berne op 3-12-1845 te Burum, troud mei Antje Ubbens, berne op 7-7-1851 te Uithuizermeeden, wie it haad fan de Kristlike skoalle hjir en behearre ta de doe saneamde Ôfskieden tsjerke fan Bitgum e. o. Hja binne letter beide yn harren lêste wenplak Delfsyl ferstoarn.) 


L.C. 14-2-1898

Buitengewone Muziekuitvoering

inwijding  van  het  Vaandel 


FRISIA. 19-2-1898.

BERLIKUM.16 Februari. Het Christelijke muziekcorps "De Bazuin" alhier is gisteravond officieel in het bezit gekomen van een vaandel. Tegen den gewonen regel in hebben de jongelingen en de corps-kas het zelf bekostigd. De reden daarvan was, dat de burgerij binnen korte tijd al twee lijsten ter inteekening waren aangeboden, om voor twee krankzinningen de plaatsing in een christelijk gesticht te bevorderen.


L.C. 30-12-1903.

BERLIKUM. - Muzikale uitvoering afgewisseld met het houden van Samenspraken en Voordrachten van het Christelijke Fanfarecorps "De Bazuin" te Berlikum, op nieuwjaarsdag a.s. in de Chr. School "Eben Haëzer" aldaar. Aanvang ‘s avonds 7 uur. Entree 25 cent.

(Dit wie de C.V.O. skoalle yn de Buorren, foarhinne it Evangelisaasje lokaal fan de rjochtsinnige Herfoarmden.)


L.C. 28-12-1907.

In het begin der maand Januari a.s. zal worden geveild de onderwijzerswoning met school, aan de Hoofdstraat (Buorren 51) laatst bewoond door S. Heinsma.

H. Alma,

Notaris.


L.C. 4-4-1938.

Tot directeur der Chr. Zangvereniging "Hallelujah" te Arum is benoemd de heer J. Blanksma te Witmarsum. De vorige directeur de heer S. Heinsma te Schettens had voor de functie bedankt.


L.C. 23-1-1950.

EEN CONCOURS en meer concerten. In de jaarvergadering van de Christelijke muziekvereniging "De Bazuin" te Berlikum is besloten om ter gelegenheid van het 55 jarig bestaan deze zomer een concours te houden. Tevens werd besloten om in het zomerseizoen meer concerten op de muziektent te geven. De vereniging telt thans 35 werkende leden.


L.C. 27-6-1927.

BERLIKUM, 25 Juni. Hedenavond is de nieuwe muziektent alhier ingewijd.


L. C. 28-2-1996.

Huldiging trouwe korpsleden te Berlikum.

(foto:  “De Bazuin.”)


L.C. 16-11-2000.

Lautenbach viert jubileum bij fanfare Berlikum.

Eerst korpslid en nu al weer 25 jaar dirigent van hetzelfde orkest. En dat zonder ooit één directie les te hebben gehad. Slechts weinig dirigenten kunnen dit zeggen. Durk Lautenbach kan dat wel. De geboren en getogen Berlikumer is het boegbeeld van fanfare "De Bazuin" uit Berlikum. Dit jaar viert hij zijn zilveren jubileum. De vereniging zet hem daarom de komende zaterdag tijdens een speciaal concert in het zonnerje. (foto)


L. C.   24-3-2001.

Goud en zilver voor musici BERLIKUM.

BERLIKUM – Vijf leden van de Chr. Muziek vereniging De Bazuin uit BERLIKUM kregen gister -avond tijdens een voorjaarsconcert een landelijke onderscheiding. Goud met safier was er voor Jitse (Tjepke’ s) Smits en Jan (Douwe’ s) Wassenaar, die beiden 50 jaar muzikant zijn. Yge (Ynze ’s) Tichelaar en Siebe (Dirk ’s) Westra kregen voor 40 jaar goud. Erik (Sybren ’s) de Boer ten -slotte die 25 jaar in de muziek zit, kreeg zilver. De Friese bondsvoorzitter Durk Dam kwam de onderscheidingen opspelden. 


 PIET VISSER.

 Sinds 12-3-2009 staat Halleluja van Anjum o. l. v. dirigent Piet Visser. Piet Visser kwam op 5 oktober 1964 ter wereld in BERLIKUM, waar hij op 7 jarige leeftijd begon met bugel spelen. In 1986 begon hij aan de Muziek Pedagogische Academie in Leeuwarden. Hij studeerde af aan het Conservatorium van Amsterdam met als hoofdvak Hoorn. Vandaag de dag is Piet Visser dirigent van een aantal brassbands en geeft les aan leerlingen van Excelsior Ferwerd, de Bazuin in BERLIKUM en aan leerlingen van muziekschool Het Bildt. Naast zijn actieve muzikale leven in Nederland zet hij zich sinds 1995 actief in voor de blaasmuziek in LITOUWEN. Door hem is de Stichting Jeugdorkesten Litouwen opgericht met als doel het stimuleren en ontwikkelen van de blaasmuziek in Litouwen. 

(Fyftjin jier ferlyn kaam Piet Visser yn kontakt mei leden fan de eardere Litouwske militêre kapel, dy ’t op syk wienen nei âlde ynstruminten om spylje bliuwe te kinnen. Visser mobilisearre de korpsen yn Fryslân en luts mei in buske fol trompetten, bassen, baritons en oare blaas -ynstruminten nei Panevezys.)


FRIESCHE KOERIER. Onafhankelijk Dagblad van Friesland en aangrenzende gebieden.

d.d. Dinsdag 24 Juli 1953.

Beroemd Engels muziekcorps komt naar Berlikum.

Het beroemde Engelse muziekcorps “The Markham Main Collier Band”, dat een toernee maakt door verschillende landen van Europa en ook op een tiental plaatsen in Nederland zal concerteren, komt ook naar Berlikum. Op Woensdag 5 Augustus a.s. zal een concert worden gegeven op het Sportterrein. Het is voor Berlikum en voor het Christelijk muziekcorps “De Bazuin”, dat de avond organiseert, een grote eer, dat Berlikum als enige plaats in het Noorden is uitgekozen voor een dergelijk concert.