Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsum, byld fan in doarp.


Byldbepaling, in foarstelling, in kenmerk fan it lân, stêd of doarp.

Dat jild ek foar BERLTSUM. Hollânske mûnen en klompen, Ljouwerter âldehou en ús mem. De Berltsumer (yn Loadewyk XVI. styl boude) Koepeltsjerke en it (wetter/otter) hûntsje. Hoe faak wurdt de Berltsumer toer net brûkt as ôfbylding troch in feriening, troch in winkelman of oare ynstânsjes.

 Earder wie it byld fan BERLTSUM hiel oars. It wienen de âlde krústsjerke (bou jier 1320 of 1345) en it tichelwurk (fan foar 1590) wêr't men it doarp oan wer kende. Mar ek de nôt moune op it Noard by de Hemmema piip wie dúdlik yn byld. Yn de 20e ieu wienen dat letter houtmoune "de Hoop" en de fabrykspiip fan de oaljeslaggerij beide yn de Bûterhoeke stien hawwende oan it Berltsumer Wiid en de grutte 35 meter heege fabrykspiip (is op 3-4-1986 delhelle) fan it súvelfabryk fan Jouke Swart oan de Bitgumerdyk en dan yn it midden fan it doarp fansels de Berltsumer toer. As immen op de Sânwei stie koe hy sizze: "Tusken de houtmoune yn de Bûterhoeke en de fabrykspiip oan de Bitgumerdyk leit it doarp Berltsum".

Fabrykspiip 3-4-1986Fabrykspiip 3-4-1986t


BERLTSUM is oarspronklik gjin kom-, mar in streekdoarp. (* It is dan ek in âld sizzen : “Sa lang as BERLT-SUM”. Twa terpen, ien op it East en ien op it West, ferbûn mei in (hege) dyk (de Buorren) fan likernôch in 600 meter. It wie, wat men eartiids wol neamde, in (lytse) “Flecke” krekt as bgl. De Jouwer, Balk, de Gordyk, Makkum en Kollum ek wol neamd waarden. (Flecke of  Vlecke d. w. s doarp noch stêd)

 It byld om it doarp wie foarhinne ek oars. It wienen allegearre hôfs- en dwers- leanen dy it byld bepaalden. No binne dat de kassen. Yn it doarp sels binne, op lytsere skaal, no op it Easten it "poartegebou" en op it Westen “It Herfoarme Konsistoarjegebou” (in mingstyl fan Neo–Klassistyske– en Renêssânse fernijingstyl en Jugendstil detaillearring en mei de op it dak lizzende reade (** Lucas Ysbrandspannen) dy ’t op dit stuit as út einen fan de Buorren byldbepa-lend binne. Yn de strjitte sels binne der huzen mei moaie (sierlike) gevels. Sjoch ris nei húsnûmer 61 mei de dékorearre foargevel yn neoklassistyske styl (plm. 1900) of it eklektysk húsnûmer 96 mei de giele stoepe of nei it wenhús/pakhús Buorren 55 dat stiet op de hoeke Buorren / De Piip en stifte is yn 1866 troch Dirk Keimpe‘s Reitsma. Syn soantsje Keimpe hat yn 1866 de earste stien lein. (sjoch it stientsje yn de gevel) It húsnûmer 45 mei dêr boppe oan de gevel it Berltsumer wapen mei it jiertal XIII-VII-MCMX (8- 7-1910). De steatlike  midden- gongshuzen as de troch Tjeerd Ulbe‘s Nieuwenhuis yn 1863 (foar plm. fl. 7500,-)  boude Herfoarme - en de troch Gerben Joh ’s Peterzon yn 1873 boude Minniste pastorije (beide Neo–Klassistyske–middengong- wenten), it grutte (idem) wenhús Bitgumerdyk húsnûmer 3 no bewenne troch Jetze Hoekstra (Jetze en Francina), foarhinne in doktershûs op “it Berghôf ”, wêrfan de earste stien lein is op 7-5-1873 troch it doe 8 jier âlde soantsje Martinus Lambertus fan dokter Risselada, it hûs (idem) Krússtrjitte húsnûmer 4, (boud yn 1829) idem húsnûmer 16 (boud plm. 1870) mei in sealtek tusken de topgevels, it hûs Wiersterdyk húsnûmer 9 en it hûs Hôfsleane húsnûmer 1 (de âld notariswente op Hôfsleane húsnûmer 1, boud plm. 1893), it eklektysk hearehûs Hôfsleane húsnûmer 76, “it âlde tichelwurk” neamd, út plm. 1870, mei heger oplútsen middenrisalyt en balkon op koppele jitizeren pylderkes kinne besjen lije. It hearehûs Tichelersdyk “Oer de brêge” húsnûmer 4 út plm 1870 mei de dekorative dakkapel en de oeul–de-boeuf finsters. It yn 1900 boude hûs Buorren húsnûmer 61 mei de ryk dekorearre foargevel yn Renessânse styl. It nôtpakhús op De Kamp húsnûmer 9 út plm. 1890 foarsjoen fan toochke- zinen mei lûken yn de sydgevel. It yn 1900 boude pakhús oan de Tichelersdyk húsnûmer 24 mei earder it opskrift “A.(nne) L.(eendert ‘s) Runia aardappelhandel” en no “Pakhuis – Berlikum”, opmitsele mei siermitselwurk en giele bakstien.Âlde notaris wente op de hoeke Hôfsleane/Bitgummerdyk

Hûs Hôfsleane 76 op it âlde Tichelwurk (út plm. 1870)


De Fermanje (in neo-klassistyske sealtsjerke) stiet no wer yn syn âlde gloarje, mei it sylskipke op it tsjerkedak. En no wer sûnt 2 septimber 2009 op de Terp it nije "Berlinga State" mei de 4 nije koppele huzen oan de Buorren en de fjouwer nije huzen op de Terp. It doarp is tige opkreaze mei de komst fan dit gebou en de huzen. Ek yn de Buorren steane de niisneamde nijboude huzen no wer moai op de roailine deun tsjininoar oan, krekt as de oare huzen dêromhinne. Foar de twadde wrâldoarloch en noch jierren dêrnei, stienen dêr ek hiel wat húskes op de Terp dy ’t letter ôfbrutsen binne. Hjir wennen û. o. H. Born, Jan Wijtze Beetstra, Hans Veldstra, Keimpe Bote’s Algra, Romke Bontekoe, Yge Pieter‘s Tigelaar en Boukje Hendrik ‘s Posthumus.

It ûntstean fan it âlde Ljouwert hat sa wat deselde histoarje as BERLTSUM. Twa terpen, op de iene terp, de grutte tsjerke en op de oare terp, de âldehou, ferbûn troch in hege dyk (de Grutte Tsjerkestrjitte). Letter ek nochris ferbûn mei in tredde terp “Hoek” neamd. De (trije) Leo/Liuwe terpen of warden (werden)  binne letter meiinoar ferbûn mei de namme Liuwe/Leo werd(en) / (ward(en) dat letter ferbastere is ta Liuwert/Ljouwert/Lewert/Leeuwarden. Yn dit wurd sit it “war dy” (verweer je.) De warring (wearing) tsjin de âlde (mul, middel) see. Ek wol de Boarnstream of de Burdine (Bordine) neamd. BERLTSUM lei  as hannelsplak, krekt as Ljouwert, ek oan dizze see(yn)stream. Ús wurdt (doarp) dorp(e) is (nei alle gedachten) ôflaet fan it âlde Germaanske wurd “thorpe” wat terp betsjutte. Doarp wêrfan it selstannich karakter yn útdrukt wurdt troch it besit fan in eigen Parochytsjerke op de kearn fan de terp. Dit yn tsjinstelling fan in hûsterp wêrop mar ien húshâlding wennet. It âld Fryske wurd ‘gea’ betsjut doarp. Tink mar oan Minnertsgea, Stynsgea, Follegea, Goaiingea, Loaiingea, Jobbegea, Idzegea, Wergea, Ypekolsgea mar ek Gea tsjerke > Gytsjerk is hjir fan ôflaat, d.w.s doarp mei in tsjerke. De oan de Hôfsleane steande wenten mei de húsnûmers 87 (famylje Jan Faas) en 93 (widdo Sietske Tuinenga - Burrie) binne fersierd mei houtwurk fan út de punt fan it dak rinnend, oan de siden foar de foargevel bylâns. Gean it doarp mar ris troch en jou jimme eagen de kost, want der is mear te sjen yn BERLTSUM as de minsken wolris tinke.

Fuotnoaten :

(* Jo hawwe Brink-doarpen, Kom-doarpen, Streek-doarpen, Archipel-doarpen, Iepen-doarpen en Koloanje-doarpen.

(** De Lucas Ysbrands (Britsel/Britzel) tegels (dakpannen) waarden tusken sirka 1880 – 1920 om Harns, Frjentsjer, Boalsert, Makkum en Dokkum hinne makke. De Lucas Ysbrands tegel joech de dakken in hiel typysk skildereftich skobbe-eftich oansjen. Der waard it meast yn swart glazuere mar ek wol yn oare kleuren, sa as de reade pannen op de hjir yn BERLTSUM yn 1908 oan it tsjerkepaed boude (Grutte) Herfoarme Konsistoarje. Lucas Ysbrands Britzel út Makkum wie dejinge dy ’t de tegel hjir as earste makke hat. Lolke en Jurjen Britzel begûnen mei de fabrikaazje fan de Lucas Ysbrands tegels op in hânpers. Op in reis troch de Elzas hie Jurjen Britzel de Schuppenfalzziegel fan de Bruorren Gilardoni kennen leard. De Lucas Ysbrands panne is in kopy fan dizze tegel, mar dizze is koarter en breder.

 

DOARPEN kinne ek oanjûn wurde as :

Destiids troch de Eallju behearske doarpen, Arbeidersdoarpen, Boeredoarpen, Middenstâns- doarpen, Industrydoarpen en Forinzedoarpen.

Wer moatte wy BERLTSUM hjir no ûnder bringe ?


Hôfsleane 87Hôfsleane 93


Dan sjogge wy ris om BERLTSUM hinne.

It binne no in protte kassen dy ’t it byld bepale. Eartiids wie dat oars. Doe wienen de lytse stikjes gernierslân en de hôfkes byldbepalend mei de leanen, dwersleanen, reeden, sleatten en opfear-ten. Wer ’t de fuorman al net hinne moast.  

Op it BILT :

Nei LANNEN as de klaeilannen, It Bilthôf, it ferdolde lân oan de (Luinsterweg < Luïngasterweg) Lúnsterwei / Koue- (Kowe of Koude)weg, (Kad. St. Jac. Par. C 764  en St. Anna Par. D 318, 319, 360) de Buor- of Tsjerkefinne (of Bureweide), de Nije Finne (ek wol it Hússteed neamd) en it hússteed (A 24), Hardenbroek (ûnder St. Anne by BERLTSUM neist D 369), It Jonghôf, Blomke–terp, de Piter Scaerts kavel op it Bilt by BERLTSUM etc.

Fierder yn en om BERLTSUM hinne en yn it KLEASTER - ANJUM :

Nei It Langperk (A 820), It Keningshôf (A 776), de Terp (A775), de Greide (A 545), it Eilân, it Sjorslân (A 1709), de Mascine (Meseame A 905), de Seisde Heale, it Griene hôf (op it East), de Bylle (oan de Frjentserterdyk, no de Kleasterdyk.) de saneamde Wiellânnen oan de Frjensjer-terdyk, de Stâl, de Koekoeks Fyve(n), it Eilânsje (oer it Berltsumer Wiid), It Bakkers moarn (oan de Anskereed), it Jonglân (oan de Anskereed) de Luitenantscamp, ek wol de Kompanjy’s kamp neamd (de Kamp), de Wilde cingel, It Frijperk fan it Berghof, it Berghôf,  it Griene hôf (op it East einde), it Koartmoarn, de Kromme Trije, de Draaide Trije, de Spijskeamer (A 832 hôf), it Earme Hôf, (oan de Mulseleane, letter de Ir. v. d Slikkeleane neamd/hoeke de Poepedyk, de Âlde Pôle, (tsjinoer de Wettertún (A 948, A 949) foarhinne Marsma (Maersma sathe), de Omloop (A.194),  it Lang String (A 89), de Âlde Interije, it Smidshôf, it Âldhôf, (A 819), de Pastorije Achte (koart sein : de Achte A 862, 863, 864, 865) by it Achtepaad en de Achte opfeart.) de Koarte Fjouwere (by it Achte Heechhout of koartsein It Heechhout.) It Freerk Ome lân (A 964 oan de Achte sleat (Achteopfeart.), de Vogelzang  (A 874), it Waar, de Fjirde Heale, de Kromme Trije en Schuinsche Fyve (beide oan de Griene- of Hegedyk, no Bitgumerdyk). De Seize, (by de Bûtenpleats.) de Sâwne (flak by de Ljouwerterfeart), de Wynlannen, (oan it Púndykje by de Frjentsjerterdyk.) It Heechhiem (foarhinne Asinga (Aesinga) A 272 ets.) de Lange Trije,  de Omloop (A 194), de Baascamp (Bassecamp, oan it Berltsumer wiid), de Âlde Interije, de Interije, (A 927 A 928 en A 929 great 2.87.50 ha), it Koartlân A 174), lyts East Ynjen oan de Kleasterdyk, it Weeslân (A 902), de Terpen (oan de Kleasterdyk), Gratama ’s Fyve (A 854, 855, 856, 857, 858), de Oarelhelte (Anderhalf), de Twa (oan de Jetskereed), It Boukje- en it Sjoukje Hôf, (A 168, 165 ets), It Kersehôf  (A 899), de Bûtenpôle, de Twibak A 888, de Barte Trije (by it Moddergat), It Terpke (oan de Anskereed), de Heale Moarn (of ek wol “Al te Vier” neamd, oan de Jetskereed), Frederiksoard  (oan de Prekers-(Prikke) reed, de Bargekop, (A 1703 letter ferûmere yn 2334 yn it wetterskip “De trije doarpen”), de Dûmny ‘s Trije (A 2452) by it Moddergat en de Dûmny ’s Fjouwere (by it Menamerpaad). De Jan Jacob ’s fjouwere. It Jonghôf  (A 1172 en 1173), it Pastorijehôf oan de Knikkersteech) en it Jonghôf (oan de Wiersterdyk.), it Frij Perk fan it Berghôf (A 572, 1088 en 1089) de Pôltjes (oan de feart), it Roelshôf (by de Achte opfeart/Koekoeksleane), de Jetske fjouwere (A 1275), it Jan Jacobslân (A 908, 1508, 1509), de Koarte fyven, de Achte heale, de Koekúts fyve,  (A 939), it Eilântsje (by it Wiid), de Jetske fjouwere (A 1273), it Kersehôf (by it hôf op de Bargekop A 899 ) yn it wetterskip “De trije doarpen”), it Weeslân (by de Bargekop), de âlde Mar, de Weeslannen (oan de Frjensjerterdyk), it Dwarsmoarn, de Baaskamp (Basse camp) (A 1169, 1170), it saneamde “Moarn op de Bûtenpôle” A 1163), de Sâwne (by de Ljouwerter feart), it Beppelân (by de Jetske reed ), it Pakelân, de Terp (A 868), de Fjouwere (A 68), it hôf Meetsma Agte, it Bakkerslân, de Ate seis, it Skoalmasters (of it kosterije)lân neamd oan de Ljouwerterfeart, (A 1122), It Leech. (A 345), it Hússteed (A 21 yn it KLEASTER - ANJUM. (It Hússteed (A 21) hie yn 1640 in Pieter Rienx c. s. as eigners en brûkers fan de hjir destiids stien hawwende pleats. Yn 1700 wie dit Rienk Pieters as eigner en brûker.) It lân yn de saneamde Wiellannen oan de Kleasterdyk. It lân oan de ferlingde Koekoeksleane. Yn in keapakte fan 1657 wurdt troch Harmen Claesses oan Suzanna Margaretha van Donia in stik lân ferkocht lizzende yn ‘e “Rieden”.

Sjoch ek it boek: BERLIKUM Beeld van een dorp. ets. ets.

Sjoch ek de diapresintaasje: Efkes werom yn de tiid fan Berltsum.


L.C. 30-1-2001.

Oud-Berlikum leeft voort in dorpsboek.

(2 foto’s) 


REEDEN:

(Faak net ferhurde) reeden wienen :

De Meije (Vollema) reed (yn it KLEASTER - ANJUM), de Vollema reed (idem), de Bonne reed, de Jetske reed (ek wol neamd : it Grintpaad nei Menaam), it Swarte reedsje (nei de Buorfinne), de Swarte reed (it swarte púndykje nei de eardere Nije Finne oan de Koudeweg), de Finne reed, de Moddergat ’s reed, de Meseamer reed, de Preekers reed, de Ferlinge Koekoeks reed, It Menamer paad, de Poepedyk, de Boskwei ets. ets.


OPFEARTEN:

De Sânweister opfeart, De Hiske-,  de Meije (Vollema)-,  de East Ynjen-,  de Achte-,  de Dykstra seize-,  de Tiedeboer-,  de Sâwne-  en de Bûtenpôle-opfeart, de opfeart nei de pleats “De Fon-tein” oan de Wiersterdyk (A  548 en 549), en de opfearten by it Heechhiem. ets. ... ets. ... Nei de Ruilferkaveling is hjir fan dy âlde yndieling hast neat mear oerbleaun.

 

L. C. 7-11-1823.

Mr. P. Andeae, notaris te Leeuwarden, zal op Zaterdag 24 November 1823 ten huize van de erven Sybren Luitjens van der Meer, in de nieuwe herberg te BERLIKUM, by den Prov. Palmslag etc. etc.  verkoopen : de navolgende vastigheden onder BERLIKUM (is yn feite ûnder WIER) I.  Een Huizinge, bestaande uit drie Kamers, eene Keuken, een Kelder en Vuurloots met Hornleger (dit is “it Heechhiem” ), bij Hendrik Thomas van der Meer en Heerke Gerbens Meersma in gebruik voor f. 114,50 jaarlijks.   II.   III.   etc.   etc 

(It Heechhiem is no te sjen fanôf de Gernierswei tusken BERLTSUM en WIER, oan de lofterkant,  as in net mear bewenne terpke yn it lânskip, want de pleats is ûnderwilens jierren ferlyn al ôfbrutsen. Yn 1832 wie Titia Osinga - Dijkstra eigneresse fan “It Heechhiem” )

 

Sa mar in pear nammen fan (ek eardere) pleatsen by en om Berltsum hinne:

“Molenschot” (neamd nei de offisiers-widdo fan kwizekwânsje Molenschot) oan de Koudeweg, de earste pleats lofts oer de Blikfeart, ”Sparrenheining” oan de Wiersterdyk húsnûmer 25), “de Fontein” (de winkelpleats oan de Wiersterdyk, tsjinoer de pleats húsnûmer 4 wer ’t Gerrit Douwes Runia wennet, is earder yn eigendom west fan in Dirk Fontein *), “Bildtzicht”, “de Nije Finne,” de Blik(ken) pleats, “Schellingwou” (“Skilwolde”) oan de Jetske reed húsnûmer 3,  “Longerhou”(of “La(e)tsma” de eardere tsjerkepleats oan de Anskereed húsnûmer 2. Yn 1564 wenne hjir yn of ûnder BERLTSUM in Bernardus Latzema. Miskien hat dy namme hjir eat mei te krijen.), ”Ma(e)rsma,” (no it hûsterpke “de Pôle” foar de Wettertún oer), it “Heechhiem” (of “Asinga” oer it Berltsumer wiid), de Hoarslânspleats, “de Magere Weide” (of “Zorgvliet”, KLEASTER - ANJUM), de “Hondert”, Kleasterdyk húsnûmer 7 (KLEASTER - ANJUM.), “Mearswâl” (KLEASTER - ANJUM û./d. Menaam.),” Kammingha”, (KLEASTER - ANJUM) de (Wynia) pleats, fan Melis, Poope, Wynia, (op 10-12- 1842 yn 25 perselen ferkocht) en de eardere Kleasterpleatsen lykas dy fan Arjen Boukes Bouma en Kornelis (Kees) Jans Hiemstra. ets.

Fuotnoat :

*) Yn 1832 wie de Marsumer notaris Paulus Johannes Mebius eigner fan pleats “De Fontein”   mei al it dêr efter lizzende lân wêrûnder de Berltsumer iisbaan. De lêste boer op “de Fontein” wie Lammert Alberts Faber, troud mei Aaltje Tjeerds Terpstra. Hja wennen letter oan de Bitgumerdyk yn it (letter útwreide) tramhúske no Bitgumerdyk húsnûmer 20. De tram rûn efter dit hûs Bitgumerdyk húsnûmer 20/hoeke de Mulseleane yn op nei de jirpelloadsen fan Douwe Jac. van Dijk, fan de bruorren Andele Andeles en Durk Andeles Boomsma en feiling “De Afslag” ta. Gosse Hijlkes Miedema brûkte de pleats wer letter as loads foar syn ierappelhannel.

De pleats “de Fontein” wurdt ek neamd yn it boek “Van de Mond der Oude Middelzee” fan K. J. van der Akker, mei in tekening de by. Hy beskriuwt hjiryn ek ferskate oare pleatsen, wêrûnder de pleats  “Douma” oan ‘e Hoarnestreek ûnder Seisbierrum. Hjirop  wenne sûnt 1803 in broer fan ien fan myn foarbeppes t. w. Pieter Watzes Douma. Hy hat as efternamme de namme fan ‘e pleats oannommen. Myn foarbeppe Brechtsje Watzes (Douma), berne te Holwert, wie op 29-6-1783 troud mei Cornelis Cornelissen Posthumus, berne te Ternaard, en hja wennen ûnder Marrum op ‘e pleats “Westerhús” oan ‘e Hege Hearewei, destiids nûmere 113. Troch ferneaming fia dizze foarbeppe bin ik oan myn namme kommen. Har efternamme wie letter ek Douma, mar ik ha der nea efter komme kinnen hoe ’t hja oan ‘e efternamme Douma kommen is. Harsels en harren foarâlden hawwe, by myn witten, nea op in pleats mei dy namme wenne.

Yn 1739 troude in fan BERLTSUM ôfkomstige Wybe Thomas mei in net bekende frou, hy is dan húsman op “Sparrenhoek” te BERLTSUM. Nei alle gedachten moat dit “Sparrenheining” oan de Wiersterdyk hjir yn BERLTSUM wêze tink ik. Dizze pleats fâlt ûnder it gebiet Sint Jabik. Dêrnei kom ik in Tomas Wybes tsjin ôfk. fan Sint Jabik dy’t dan yn 1766 ek op it Bilt boasket mei in Hiske Obbes, ôfkomstich fan Sint Jabik mei attestaasje nei BERLTSUM. It neiteam moat fêst de sibbe Westra wêze oan de foarnammen Thomas en Obbe sa te sjen. De stamâlden Wybe Thomas en Janke Lamberts, ôfkomstich fan Marsum, wennen sûnt 11-9-1733 yn BERLTSUM.

 

L. C. 13-12-1831.

BELANGRIJKE VERKOOPING.

(Finale Toewijzing op 10-1-1832 t. v. v. Jacob Sjoerds Wassenaar.)

De notaris mr. P. J. Mebius, resideerende te Marssum, daartoe benoemd bij Vonnis der Regtbank te Leeuwarden, zal publiek, ten verzoeke van notaris Oeberius, resideerende te Sint Anna-parochie, alslasthebber van deszelfs principalen, (ten overstaan van het Vredegeregt van het Kanton Dronrijp voor zooveel de Vastigheden sub. a. en b. vermeld betreft), den meest-biedenden, met uitloving van strijk– en verhooggeld, presenteeren te verkoopen :

a. Eene zeer vruchtbaar en uitmuntend gelegen ZATHE en LANDEN, met derzelven sterk en welgebouwde HUIZINGE, no. 166 (no Wiersterdyk húsnûmer 10 ) groote en in 1810 geheel nieuw gebouwde SCHUUR, HORNLEGER, met HOVINGE, BOOMEN, PLANTAGIE en aanbehooren groot in het geheel 44 bunder 55 v. roede waarvan 20 bunder en ruim 66 v. roede beste Greide, en al het overige uitmuntend Bouwland is. Alles staande en gelegen zeer aangenaam aan en bij elkander, aan den GROENEDIJK, op het einde van de KOUDEWEG nabij BERLIKUM, op het OUD BILDT, onder Sint Jacobi Parochie. (Kad. St. Jac. Par. C. 759, 760 etc. etc.) Hebbende voornamelijk tot naastlegers ten Oosten Mr. P. J. Mebius en P. J. Pietersen, ten Zuiden den Groenedijk, ten Westen den Koudeweg en ten Noorden Boyen en Klaas A. Wassenaar. Bij Sjoerd Jans Jongsma (troud mei Pietje Minnes Kuperus) als huurder bewoond en in gebruik, na aftrek van alle belastingen en reparatiën voor eene zuivere huur van fl. 1406, - En zulks in 30 perceelen met regt van zamen neming.

b. Eene sterke HUIZINGE, no 71 (no Wiersterdyk húsnûmer 35) bestaande in 2 Woonkamers, met Achterhuis, erf ca, staande en gelegen aan den Groenedijk onder BERLIKUM, bij Hans S.(ybrens) van der Scheer (Schaar) en Sikke W. Feenstra bewoond en in gebruik.

c. Een stuk Bouwland, groot 1 bunder 60 v. roede en ruim 76 v. el thans met Weit bezaaid, gelegen onmiddelijk aan en bij de Zathe hiervoren sub. A vermeld, zulks in 2 perceelen etc. etc.

Dinsdag den 20 December 1831, des n. m. 1 ure, in de nieuwe Herberg, by Dirk Kl. De Jong, te BERLIKUM etc.  etc. .......   .........

 

(Eardere) pleatsen yn en ûnder WIER û. o. :

“Easterwâl”  Hegedyk húsnûmer 1, ( by Wiersyl, letter ek wol de “Everts” pleats  neamd. (Evert Pieters Siderius.) it “Monnikshûs” flak by de tsjerke, de “Winkel” de eardere kleasterpleats (* fan it KLEASTER - ANJUM, en de “Lauta” pleats.

(* Ek hie it KLEASTER - ANJUM fierderop pleatsen lizzen lykas bgl. by Ingelum “Great Alsert”. De pleats lei op in terp. Nei 1580 is de pleats krekt as sa ‘n folle kleasterbesit oan de Fryske Steaten taeigene. Dizze pleats is no nûmere Ingelumerdyk húsnûmer 6 te Bitgum.)


De doarpsfearten.

De doarpsfeart efter de Bûterhoeke en de Buorren oan de Grúzert ta wurdt ek (wol) It Berlt-sumer Wiid neamd of de East-Ynje(op)feart. De no dimpte feart oan de Súdkant fan de Kamp efter de smelle Buorren hjitte destiids ek de Grúsert. Dizze rûn oan de Krússtrjitte ta.

******************************


L. C. 10-4-1913.

DORPSBELANGEN te BERLIKUM.

Gisteravond vergaderde de vereeniging “Dorpsbelangen” te BERLIKUM. Uit het verslag bleek, dat de zoogenaamde Weeslanden, groot 11 pondematen en behoorende aan het Old Burger Weeshuis te Leeuwarden, thans door 44 arbeiders in gebruik zijn genomen en voorlopig met succes. Verder was door het bestuur een adres aan de Nederlandsche Tramweg Maatschappij ingezonden met verzoek tot betere verlichting en verwarming der wagens en bij gebruik van meer dan een rijtuig afzonderlijke afdeelingen voor niet rookers. In het bestuur werd gekozen K.E. Lautenbach in plaats van den heer J.W. Swart, die voor zijne functie had bedankt. ....................................Breedvoerig werd gesproken over DEN SLECHTEN TOESTAND der “GRÜZE”. Besluiten dienaangaande werden evenwel niet genomen, omdat eerst besprekingen tusschen gemeente en eigenaars zullen worden afgewacht.

(Doarpsbelangen (“Pleatslik Belang”) wie oprjochte op 1-4-1895 en erkend by K. B. 22/23 -9-1895. Sûnt 22-11-1969 is it de “Stichting Berlikumer Belangen” (S.B.B.) wurden mei in bestjoer besteande út 15 leden. It dagelijks bestjoer bestiet dan út : Keimpe Boates Algra as foarsitter, Sjoerd Douwes Runia as skathâlder en notaris Dirk B. Posthumus as skriuwer.)

 

L. C. 25-2-1881.

Heden overleed zacht en kalm, aan eene uitterende ziekte, onze geliefde oudste dochter GRIETJE, in den leeftijd van bijna 18 jaren. Zwaar valt ons deze slag, doch wij hopen Gode te zwijgen, Wiens doen enkel wijsheid en majesteit is.

BERLIKUM, 22 Februarij 1881

S. S. Lautenbach.

B. IJ. De Jong.

 

L. C. 17-10-1828.

De Secretaris en Notaris Mr. P.J.  Mebius, zal op Woensdag den 5 November 1828 des middags ten 11 ure ten huize van L. E. Hofstra, Kastelein te BERLIKUM publiek verhuuren : 10 Huizen en eenige Tuinen en Hoven te BERLIKUM, by Theunis Jans Runia e. a. in gebruik, op 1 Januarij en 12 Mei 1829 te aanvaarden.

 

L. C.   10-3-1911.

MENALDUMADEEL, 8 Maart.

In de heden gehouden Raadsvergadering zijn de volgende zaken behandeld : o. a. Ingewilligd het verzoek van W.(ytse) J.(acob’s) Tuininga, (Tuinenga) om bij de bouw van een woonhuis in de Boterhoek aldaar van de rooilijn af te wijken.

(Is no Bûterhoeke húsnûmer 28 (earder nûmere 235) bewenne troch de famylje Klaas Corn. Tuinenga – de Koe.)

L.C. 30-1-2001.

Oud-Berlikum leeft voort in dorpsboek. 

(twa foto’s: iis op it Wiid en by de feilingklok.)

(Berlikum, beeld van een dorp.)


L.C. 9-5-1933.

Steenfabriek stopgezet.

Menaldumadeel. 8 Mei. Wegens onvoldoende afzet van Friesche steen staat de steenfabriek te Berlikum stil. Gedurende de laatste jaren werd er al niet meer op volle kracht gewerkt, daar de Friesche steen die daar wordt gemaakt, niet meer dien aftrek vond dan voorheen. Ook op de steenfabriek te Schenkenschans wordt niet op volle sterkte gewerkt. ‘t Zijn in hoofdzaak gezinnen uit Franeker, die hiervan de nadelige gevolgen ondervinden.


L.C. 30-5-1994.

BERLIKUM vroeger al een bedrijvig dorp. Door Sjoerd Kingma.

Berlikum - Een bedrijvig dorp, dat is Berlikum nog steed, maar "vroeger" leek het hier nog drukker te zijn.Het dorp is bekend van de zegswijze: "Sa lang as Berltsum", maar vooral van de groente - en fruitveiling. In 1898 begonnen de veilingsactiviteiten aan de Tigchelaarsdijk, maar omstreeks 1915 kocht "De Afslag" het terrein aan het tichelwurk, toen deze onderneming werd opgeheven en verplaatst. De Afslag werd stukje bij beetje overdekt en gemoderniseerd. (foto)

Jierpel feiling te Berltsum (1927 hinne)Jierpel feiling te Berltsum (1927 hinne)

Jierpel feiling te Berltsum (1927 hinne)Jierpel feiling te Berltsum (1927 hinne)


Maar er was méér in Berlikum, zoals de dorpskenners Evert Algera en Minne Braaksma, nu Leeuwarden, kunnen vertellen aan de hand van hun (foto) verzamelingen. Daar was bijvoorbeeld het Old Tichelwurk, naast de brug over de Menaldumervaart. Auke Gerhard van der Meij was in de vorige eeuw eigenaar van de onderneming, die haar grondstof uit de klaailânnen en de Bildtgrond tussen Berlikum en de Blikvaart haalde. Het was roodbakkende klei, die ook wel werd gebruikt door de steenfabriek Schenkenschans bij Leeuwarden. De gele steen kwam van de klei tussen Dronrijp en Spannum. Er kwam een nieuw tichelwerk in Berlikum, maar dit werd in de jaren 30 gesloten. Algera vertelde dat vroeger het kneden van de klei gebeurde door paarden met blindkappen op. Tot 1930 was er een houtzaagmolen, (yn de Bûterhoeke), die mede het silhouet van Berlikum bepaalde. De boomstammen lagen zeker een jaar in de Balkfeart voordat ze werden gezaagd en gedroogd, herinnert Algera zich. De molen werd in de jaren 20 overgenomen door de Harlinger houthandel Meinesz. Bijna alle vervoer werd aangevoerd in Harlingen en via de Riedstervaart naar Berlikum getransporteerd. De plaats van het houtstek (oan de Tichelersdyk) is nog steeds aan te wijzen in Berlikum, maar nu is het een opslagplaats van een bouwbedrijf. (Boubedriuw Harm Bijland.)

In 1881 werd in Berlikum een stoomcichorei fabriek gebouwd aan de Riedstroom. Daarna hield de bedrijvigheid in het dorp nog niet op: er was ook een bierbrouwerij en een olieslagerij. De zuivelfabriek van Berlikum aan de Beetgumerweg, kwam voort uit de fabriek van de bekende "súvelfoarman"Juke (* is Jouke) Johannes Swart in het Klooster Anjum. Er werd gaandeweg veel bijgebouwd aan de boerderij waarin een gedenksteen was aangebracht met de woorden "Stoomzuivelboerderij De Volharding", opgericht door J.J. Swart anno 1889. De Lijempf uit Leeuwarden nam de fabriek over, en daarna werd de C.C.F. eigenaar. "Sweden Freezer" van de C.C.F. is ook al niet meer en nu heeft een carosserie bedrijf (Rondaan) de gebouwen in gebruik genomen.


(* Jouke Swart seach destiids wol yn dat “op den duur” de súvelfabriken fusearje moasten en dat it sa net bliuwe koe mei al dy fabrykjes. Hy ferkocht syn meerderheids oandielen yn it fabryk en bliuw oan syn dea ta direkteur fan it BERLTSUMER súvelfabryk. Hy hie yn 1895 mei in Albert Buchli fan Súdhorn foar fl. 15.000,- ek noch in steamsúvelfabryk mei in hûs te Súdhorn kocht. Hja namen hjir beide in hypoteek op fan fl. 12000,-) Yn 1903 wie in sekere J. Kingma hjir de masinist op it súvelfabryk.

Súvelfabryk De Volharding Berltsum


L. C. 29-9-1932.

Het tienjarig bestaan van de I. W. G. L.

(Intercommunaal Waterleiding Gebied Leeuwarden.)

..........   ........... het contact met de eerste zuivelfabrieken kwam langzamerhand. Ik herinner mij de namen Marssum, Dronrijp, Roordahuizum, BERLIKUM. De laatste meende op het laatste ogenblik MEER VERTROUWEN te moeten stellen in de Friesland verder ook wel bekende ROEDELOPER, die verzekerde dat zij de waterleiding in het geheel NIET NODIG HADDEN. Inderdaad werd op de door hem aangegeven plaats ZOET WATER gevonden, maar ongelukkig voor de fabriek was het heel spoedig op; deze kwam TOT INKEER en werd spoedig EEN VAN ONZE BESTE KLANTEN !  etc.  etc. ............   .............

 

L. C. 29-8-1964.

SNEON en SNEIN.

Het Bildt is doorgespoeld en nu is ’t water in sloot en vaart zoet.

........    ......... het bleek de fabriek van de C. C. F. in BERLIKUM te zijn, waar met een nortonpomp koud grondwater naar boven werd gebracht voor het koelsysteem. Dat water werd echter in een zo grote diepte gehaald dat het zeewater was. Na gebruik werd het op de vaart geloosd, waardoor er per dag 35 ton zout op het openbare water in het Bildt werd gebracht. De oorzaak is weggenomen. De fabriek in BERLIKUM liet een koeltoren bij het bedrijf bouwen en heeft dus nu een heel ander systeem waarbij geen norton water gebruikt wordt. Het sterk verzilte Bildtse land is door doorstroming langzamerhand weer zoet geworden etc. etc.  ...........   ..........

Foto : Pomp installatie bij het strandhuis van Het Nieuw Bildt.  (sjoch ek by : norton)

 

STIENFABRIKEN, TICHELWURKEN, PANWURKEN.

Yn en om Harns hinne wienen yn Fryslân de measte stienfabriken fêstige. (Frjentsjer, Rie (tusken 1857-1916 en miskien noch wol earder want yn in tsjerkeboek fan WIER is te lêzen dat út it Kleaster Anjum by BERLTSUM rjochting RIE ‘Frijske steijn’ (gieltsjes) helle wurde om de tsjerke en toer dêr te restaurearjen), BERLTSUM, Stiens, Makkum, Boalsert, Woarkum, Snits, Ljouwert.) Mar ek û. o. yn Eastrum, Gerkeskleaster en Dokkum wiene fan dy fabriken fêstige. Betingst wie in goede lizzing oan it wetter, essinsjeel wienen ek goede ferbinings foar de oanfier fan de klaai en turf, gaadlike klaaigrûn en in goede ôffierferbining mei Harns as útfierhaven. Út de Sont-tolregisters docht bliken, dat bygelyks allinne al yn 1635 sirka 2 miljoen Nederlânske bakstien, pannen en estrikken ferfierd binne, wêrfan mear as 1 miljoen út HARNS en omkriten. In protte stiennen waarden ek eksportearre as ballastfracht yn de grutte seeskippen. It stienbakken is hjir, neist de ûntwikkeling fan it lân, yntrodusearre troch de kleasters. De stien waard yn earste ynstânsje brûkt foar de bou fan de dikke stiennen muorren fan de tsjerken en kleastergebouwen. Letter waarden de huzen ek mear en mear fan stien boud as ferfanging fan de tige brânbere houten huzen en gebouwen yn de doarpen en de útwreidsjende stêden. Sa hie bygelyks it Kleaster-LIDLUM hjir in stienbakkerij by Winsum (Monnikebaaium) en ek it Kleaster Mariëngaarde by HALLUM hie der ien. De measte tichelwurken hienen in hoekige (saneamde Hollânske) oen en wiene net folle standarisearre. It foarmjen, it te droegjen setten fan de stien en it tôgjen wie hânwurk. Oan wjersiden fan de oen stienen trochgeans de turfskuorren, fan wêrút troch stookiepenings turven yn de oen smiten waarden. Oan it ein fan de turfskuorre wie almeast in ûndertek foar it persoaniel (it saneamde feintehûs) of lykas hjir yn BERLTSUM de taskerswente. (Noch op âlde foto’s te sjen.) In tasker: in soarte fan bedriuwslieder hie fakentiden de lieding oer de produktsje. Somlike eigner lieten dit oer oan de tasker om harren dêrnei sels dwaande te hâlden mei de hannel of mei it beklaaien fan publike funksjes. In protte Berltsumer manlju, jongfammen, turfskippers en klaaipreamfarders fûnen hjir harren breawinning. Mar ek fan bûten BERLTSUM binne hjirtroch minsken hjir kommen te wenjen. Yn it Grinzerlân en Drinte kamen yn de simmertiid  altyd in protte arbeiders fanút it Dútske Foarstendom Lippe om  op de panwurken te wurkjen. Sels bin ik fan betinken (en in protte wizet der nei myn beskieden miening ek op) dat it âlde tichelwurk hjir yn BERLTSUM by de tsjerkepiip - deun by de tsjerke oan it tsjerkepaed en it wetter -  oarspronklik yn de 14e ieu ek wolris troch it Kleaster - Lidlum stifte wêze koe foar de bou fan de âlde tige stienrike krústsjerke en de stiennen tsjerkepiip oer de Ljouwerterfeart. It moat dan nei de definitieve sloop fan it kleaster (om 1580 hinne) letter yn partikuliere hannen kommen wêze. Yn 1675 wie dat hjir in Claes Poopes, boaske mei Grytie Fockes en noch wer letter yn 1758 in Sybren van Gelder. Oan de eastkant fan Ljouwert wienen yn de 16de ieu ferskate produktsjelokaasjes wêrûnder it Sint Vitus tichelwurk. Dizze lokaasje wie eigendom fan de parochytsjerke fan Oldehove. Hjir binne nei alle gedachten de stiennen bakt foar de Âldehou, de oerheljende Ljouwerter toer.

(Dêr hat ek in tiid west dat in protte Frjentsjerter sibben hjir op it Berltsumer tichelwurk wurke hawwe.   Franeker Nieuwsblad. (1968)

 

DE LÊSTE STIENFABRIKEN

Kleasters hawwe in grutte rol spile by de yntrodusaasje fan de stienbakkerijen. It begjin leit wierskynlik by it Cisterciënzer kleaster “Klaarkamp” by Rinsumageast. (om 1175 hinne)  Nei de Twadde Wrâldoarloch wienen der yn Fryslân noch mar trije stienfabriken oer, ien yn Eastrum, ien yn Gerkeskleaster en ien by Ljouwert. Ein 19de, begjin de 20ste ieu wreidden de eigners harren produktsje net út troch mechanisaasje, mar troch der in tichelwurk by te keapjen. Trochdat der mar in bytsje ynvestearre waard, koe ek makliker beslúten wurde om in tichelwurk te slúten. In feit is, dat de trije stienfabriken wêryn wol relatyf in protte ynvestearre wie oant nei de Twadde Wrâldoarloch noch bestien hawwe. Úteinliks binne dizze bedriuwen ûnder druk fan de omstannichheden ek slúten. Yn 1968 is it fabryk fan Helder yn Eastrum slúten. De gebouwen binne dêr no noch altyd te bewûnderjen, ynklusief de moaie skoarstien. Yn 1979/1980 kaam der in ein oan it stienfabryk “Skinkenskâns” by Ljouwert. De lokaasje is sûnt dy tiid brûkt as stoartplak, mar is no ôfwurke en tagonklik. Oan it swiid ferline heucht no noch inkeld in monumintsje. As lêste foel yn 1991 it doek foar it lêste stienfabryk yn Fryslân, dy fan Schuilinga by Gerkeskleaster.

 

Sjoch ek: Berlikum Knipsels 1 en Berlikum Knipsels 2

(Súvelhistoarje, wêrûnder dy fan BERLTSUM.   J. J. Swart,  Leijmpf,  C. C. F. etc.)


Op 19-11-1968 waard by in geheim stimmen yn de “Weme” te MENAAM beslúten in RUILFERKAVELING  “BERLIKUM” troch te fieren. Yn grutte mearderheid waard foar stimd. It gie om in gebiet fan 4300 ha. grut en der wienen rûchwei 1500 grûneigners by belutsen. Allinne 16.3 % stimde tsjin. Dit wie in fertsjintwurdiging fan 24,5 % fan de grûn yn dit blok. De kosten waarden rûze op 26 miljoen gûne. Alles om BERLTSUM hinne gie no op de skeppe. Yn 1979 hat notaris Dirk Posthumus de (Fryske) akte fan tawizings “Ruilferkaveling BERLTSUM” opmakke, wêrfan (nei nogal wat spul mei de Ljouwerter Hypoteekbewarder) úteinliks de Hollânske fersy op it Hypoteekkantoar dêr oerskreaun is en wêrfan de Fryske fersy yn in aparte doaze by de dêr oerskreaune Fryske akten bewarre wurdt. In tinkstien stiet as oantins oan dy ruilferkaveling yn it kassengebiet by de tafel en it bankje oan de Ljouwerterfeart.


NIEUWSBLAD VAN HET NOORDEN. 14-7-2004.

Komst van grote en oplichtende kassen drijft omwonenden tot wanhoop en actie.

Anneke Stam woont met haar man en twee kinderen in Menaldum. Niet midden in het dorp maar achteraf, richting BERLIKUM waar sinds enkele jaren 200 hectare grond vol staat met kassen. Dat is een gebied van een bij twee kilometer. Een zee van glas. Toen Stam 20 jaar geleden in Menaldum kwam wonen, keek ze uit over een oud terpenlandschap. Het was er ongerept en naar haar zin. Meteen toen ze hoorde van de plannen voor kassen, kwamen ze in actie voor behoud van haar woongenot. Eigenlijk was ze al te laat. "We lazen in het gemeentekrantje, dat er besloten was een glastuinbouwgebied te ontwikkelen. We zijn naar de informatieavond gegaan, waar ongeveer 50 mensen waren. Allemaal ontdaan", zegt Stam. In eerste instantie ging het om 75 hectare. Daar was al niets meer tegen te ondernemen. Stam stond echter raar te kijken toen allerlei afspraken niet werden nagekomen. Tuinders mochten beginnen waar ze maar wilden, milieu effect rapportages bleven achterwege en de informatie was tegenstrijdig. Stam bleef samen met 20 anderen knokken. Ze maakte bezwaar tegen elke nieuwe stap van de gemeente. Een kwestie van lange adem die veel geld kostte en een hoop energie. Achteraf weet Stam niet of ze opnieuw fanatiek in de aanval zou gaan. Ach vast wel. "We hebben het ze lastig gemaakt". Inmiddels staan er al lang en breed kassen voor hun huis. Ze zijn gedeeltelijk aan het zicht onttrokken door een bult zand en een dikke rij bomen. We denken erover om te verhuizen. Met de tuinders kan zij het goed vinden. Onze kinderen gaan naar dezelfde school. Persoonlijk heb ik niets tegen de tuinders.


L. C. 12-4-2007.

WATERBASSIN VOOR TUINDERS BERLIKUM.

Er komt een waterbassin voor 45.000 kub water bij de kassen in BERLIKUM om te voorzien in de grote behoefte aan schoon water bij de kastuinbedrijven in het gebied. De afgelopen jaren kwamen veel tuinders in de problemen door een gebrek aan schoon water voor hun gewassen. Door de aanhoudende droogte ging vorig jaar zomer een aantal bedrijven zelfs bijna failliet. De komende maandag wordt er begonnen met het uitgraven van het waterbassin, waarin regenwater wordt opgevangen etc. ....... etc.  .......    .........

 

L. C. 21-1-2004.

STORM VAN PROTEST tegen 450 hectare kassen.

Leeuwarden -  De voorgenomen aanleg van 450 hectare nieuw kassengebied in n. w. Friesland heeft geleid tot vele bezwaren. Dit blijkt uit de 178 gebundelde inspraak reacties. De Friese gedeputeerden hebben gisteren besloten een proefgebied van 50 hectare bij BERLIKUM af te blazen wegens onvoldoende steun van de bevolking. De provincie wil de bestaande glastuin- bouw uitbreiden van 250 naar 700 hectare. Dit is bruto oppervlakte, inclusief wegen, groen, water en ruimte voor woningbouw. De kassen beslaan ongeveer de helft van het uitbreidings-gebied. De gemeente Menaldumadeel wil alleen meewerken als er voldoende draagvlak is onder de bevolking en een goede landschappelijke inpassing. Bouw aan de Sânwei wordt uitgesloten. Leeuwarderadeel vindt de 450 hectare onvoldoende onderbouwd. Het Bildt is tegen concen-tratie in het open landschap en Wûnseradiel vreest extra drukte van vrachtwagens op de weg naar Harlingen en Zurich.

 

L.C. 3-4-1985.

Boer en tuinder maken van open dag geen klaagzang.

(foto Tom de Beer yn de kas oan de Bitgumerdyk tusken de tomatenplanten.)


L. C.   12-2-2005.

IN HET DONKER.

Duisternis is een voorwaarde, het hoort ‘s nachts gewoon donker te zijn.

Fokke Hoeksma ziet op tegen de nieuwe investeringen, zeker als de bescherming 100 % moet zijn.  .................  ...............

 

L. C.   30-3-2006.

Het is een flinke traditie geworden.

In het vroege voorjaar massal (200.000 gasten is geen uitzondering) kijken wat er in de kassen gebeurt. En dat is niet weinig. Dit jaar ligt de nadruk op de enorme technologische ontwikkeling in de branche. In Friesland stellen zaterdag 10 tuinders hun bedrijf open tussen 10 en 16 uur. Het gaat om het nieuwe tuinbouw gebied tussen BERLIKUM en Beetgum en in Oosterbierum, Sexbierum en Kimswerd. Naast het kassenbezoek is er voor de bezoekers een demonstratie bloemschikken, een kook demonstratie en kunnen kinderen zich laten schminken. Meer infor-matie staat op www komindekas.nl.

Deelnemers :

Fam. Fokke en Alet Hoeksma (Alstroemeria ’s) Bûtenpôle húsnûmer 9 BERLIKUM, Kwekerij “Noorderlicht” (Fam. Sjon en Lenie Egberts) (Alstroemeria ’s) Bûtenpôle húsnûmer 11 BERLIKUM, Gietwaterbedrijf “BERLIKUM” (zuivering van afvalwater voor gebruik in de kassen) Bûtenpôle (gelegen tussen Kwekerij “Noordelicht” en “De Groene Tuin”, C. W. van Overbeek (tomaten) De Bodde húsnûmer 2/a  Beetgum. (tussen Beetgum en BERLIKUM), Vink-Sion B. V. (rode paprika ’s) De Bodde húsnûmer 5 Beetgum. (tussen Beetgum en BERLIKUM)  etc.   etc.

Glêstúnker Aart Cornelissen fan “De Groene Tuin” naam de kassen letter yn 2008 oer fan Sjon en Lenie Egberts. Lêstneamden bliuwen aktyf yn de sektor, en yn de kas. Hja oerleinen mei Cornelissen oer in lukratiever teeljen mei reedlike ekonomyske foarútsichten. Úteinliks keazen hja foar ien hektare pepers én dat jier foar swiete paprika’s. Hja kamen mei in primeur : de swiete griene paprika. “Sweet green” is in echte primeur. 

 

L. C.  26-3-2010.

BLOEMEN EN MEER ONDER GLAS.

(foto : Bezoekers van “Kom in de kas”.)

 

L. C. 24-12-2011.

Barst in het wonder onder glas.

Kwekers fan paprika ‘s, tomaten en komkommers sitte yn in ferskuorrend finansjele dal.  Kweker Jaap Vink út Bitgum : Ik heb het momenteel even gehad met de schaalvergroting.

Foto : Jaap Vink.  (Jaap en Evelien Vink fan de Bodde húsnûmer 6.)

 

N. W. Fryslân telt op ‘t heden (yn 2012) neiernoch 125 hektare glêstúnbou, t. w. tusken BERLTSUM en Bitgum 80 ha, by Seisbierrum 35 ha, by Easterbierrum 6 ha en by Kimswert 4 ha. As it oan de Provinsje en de gemeente Frjentsjerteradiel leit komt der by Seisbierrum noch ris 115 ha by.  Samen met de Dienst Landelijk Gebied is het project “Waddenglas” opgezet.

 

De VOLKSKRANT. Dinsdag 11-7-2012.

De sluipwesp en roofwants jagen op de rups, het lieveheersbeestje helpt de tuinder bij de bestrijding van bladluis en in steeds meer kassen heeft de taxuskever niets te duchten van de spuitbus.

In de GROENE TUIN, een paprikabedrijf in het Friese BERLIKUM groeien elf voetbalvelden paprika’s op glaswol. Alleen daarom zijn dit geen biologische paprika’s, legt Annie Cornelissen uit. “Mensen denken dat je beter groenten uit Spanje kunt kopen, maar dat is onzin. Je zou moeten weten hoeveel bestrijdingsmiddelen men daar op voorhand op de tomaten spuit. Er heerst daar nog een totaal andere mentaliteit. Hier krijgt vooral de kleine roofmijt, de natuurlijke vijand van trips, spint en varenrouwmug veel bijval voor zijn millieuvriendelijk werk”. 


L. C.   20- 9- 2008.

GROEIENDE SECTOR.

In Friesland is de glastuinbouw geen grote, maar wel sterk groeiende sector. Het is sinds 15 jaar overloopgebied voor de tuinders uit het Westland en Brabant. Onze “glazen steden” zijn Sexbierum en BERLIKUM. De laatste is sinds kort de grootste. Al staat Sexbierum, waar plannen voor 145 nieuwe hectares zijn, weer op het punt van inhalen. In heel N. O. Friesland (dit moat neffens my N. W. Frieslân wêze) staat een kleine 200 hectare glas. Dit areaal mag van de provincie de komende jaren flink toenemen : het streekplan biedt ruimte aan nog eens 450 hectare. Als sterkste pluspunten van Friesland gelden de lage grondprijzen en een hoge lichtintensiteit. Over dat laatste : 1 % meer licht betekent 1% meer opbrengst. De omvang van de pakweg 25 zittende Friese bedrijven wisselt sterk, maar groeit de laatste jaren stormachtig. Grootste Friese tuinbouwbedrijf is Hartman in Sexbierum, bijna 30 jaar geleden vanuit Loosduinen naar Friesland gekomen, nu 20 hectare groot en 250 medewerkers sterk. Het familie bedrijf teelt exclusief voor Albert Heijn. Geïnnoveerd wordt ook hier volop. Aart Conelissen in BERLIKUM streeft naar productie zonder aardgas, en zelfs een energie producerende kas. Hij experimenteert met warmtewisselaars, apparaten die ‘s zomers vochtige, warme lucht uit de zon-verhitte kassen zuigen en deze warmte via ultradunne buisjes naar een opslaggebied diep in de grond brengen. ‘s Winters wordt ditzelfde water opgepompt en gebruikt voor verwarming van de kassen. Hartman boekt sinds vorig jaar goede resultaten met de teelt op een dunne laag water, waarbij de groenten 24 uur per dag zeer precies gedoceerde porties voedsel kunnen opzuigen. Beide telers doen mee aan het project Waddenkas, dat allerlei duurzame technieken stimuleert, zoals beperking van nachtelijk lichthinder met een nieuw type schermdoek, energie- zuinige led-verlichting en telen bij lagere temperaturen.

 

(Yn ús lân wurket hjoed de dei noch gjin 2 % fan de befolking yn de lânbou en nettsjinsteande dat hawwe wy netto in flink fiedseloerskot. Ea wurke men om te oerlibjen. Noch mar in ieu ferlyn fûn de mearderheid fan de ynwenners fan ús lân in bestean yn de lânbou. Ekonomen binne dat de primêre sektor neamen gien. De sekondêre sektor omfette de sûnttiid hieltyd mear mânsk wurdende yndustry. Yn de sântiger jierren fan de foarige ieu waard de tertiêre sektor, de tsjinstferliening, de grutste.)

 

L.C. 27-5-2006.

Vliegverkeer keert waterplas bij Berlikum.


L.C. 22-9-2006.

Afblazen waterplas strop voor tuinders.


L.C. 12-4-2007.

Waterberging slechts voorlopige oplossing.

In het kassengebied bij BERLIKUM komt een groot waterbassin. Dat biedt maar voor even soulaas vrezen de telers. Na jaren van watertekort wordt eindelijk een groot waterbassin aangelegd voor de glasuinbouwbedrijven in BERLIKUM.

(foto.)

It bassin komt op de hoeke fan de Bûtenpôle foar it hûs fan túnker Jan Zeinstra oer, de soan fan Dirk (Dicky) T. Zeinstra Bûtenpôle húsnûmer 14.


L. C. 4-8-2012.

VAN DE BANK NAAR DE KAS.

Tuinders hebben in de zomer behoefte aan extra handen. De politiek wil dat werklozen aan de slag gaan in de kassen. De Friese tuinders wisten het al lang : je kunt werklozen niet dwingen om aan het werk te gaan in de kassen ............   ...............        al in 2006 werd geexperimenteerd met het plaatsen van grotere groepen werklozen in de glastuinbouw. Zoals bij Aart Cornelissen in BERLIKUM.  .............   ..............

 

L.C. 23-1-1835.

Verkoop door notaris Mr. P.J.Mebius van een groot en sterk gebouwde huizinge Kad A 726, en hof Kad. A 727 en 728. Deze percelen hebben eene aangename ligging, als zich uitstrekkende van de VOORSTRAAT (is it pân de Buorren hûsnûmmer 26) tot aan de RIJDWEG (= de Hôfsleane) en de percelen A545, 776, 775, 905, 858 en 172. Alles staande en gelegen te Berlikum, behoorende tot de nalatenschap van wijlen A.(nske) A.(ndeles) Boomsma.

(Op de perselen A. 727 en 728 binne letter de huzen oan de Skoallestrjitte de húsnûmers 1 oant 9 en Hôfsleane de húsnûmers 42 en 44 boud.)


De Amsterdammer wynkeaper Willink, dy Berltsum yn 1720 besocht dichtte it folgjende oer Berltsum:

Het vruchtbaar Berlikum,

omheind met schoone wegen,

Een dorp, weleer een stad,

aan d’oever van de zee,

Getuigt op zijne beurt

van deze Landstreek mee,

Van vetten grond, van kley,

aan’t rijke Bildt gelegen.

(De Amsterdamse Willink (1676 - 1722) wie dus ek al bekend mei it stedsje ferline fan BERLTSUM. Hy besocht it doarp doe ‘t hy by syn freon Van Andringa, Ûntfanger-generaal fan Fryslân, útfanhúze op syn Steate “Grut Heerema” te Sweins.)


FRYSKE FOLKSALMANAK 1836

Yn de Friesche Volksalmanak fan 1836 (op side 20) lêze wy: Voor men het aanzienlijk en schoon gelegen dorp Berlikum van de oostzijde (fan ôf Bitgum) intreedt, ziet men ter westzijde van de opreed (de Biltdyk) naar het Bildt eenen vruchtbaren moestuin en boomgaard, NOG TEN DEELE met grachten doorsneden en DOOR SINGELS OMGEVEN. Daar lag eens het adelijk slot Hemmema ets. ets.


L. C. 3-12-1959.

WITLOFTEELT IN BERLIKUM centraal aangepakt op initiatief veiling “De Afslag”.

Op initiatief van veiling vereniging “De Afslag” te BERLIKUM hebben kwekers in deze plaats ook de mogelijkheid in de winter hun tijd productief te maken, namenlijk met de witlofteelt. Zoals wij maandag reeds berichten heeft de vereniging een kas gebouwd, waarin deze teelt kan worden uitgeoefend. De teelt van october tot maart/april – vraagt het hele winterhalfjaar en is zeer arbeidsintensief, maar staat tegenover, dat de tuinder anders misschien helemaal niets te doen had en dus ook geen inkomsten zou hebben ...........  ...........

Foto : De bruorren Tjisse en Cornelis Tuinenga yn de kas dwaande.

 

L. C. 24-2-1955.

PROEFTUINAVOND in BERLIKUM.

De veilingvereniging “De Afslag” te BERLIKUM hield een proeftuinavond welke druk bezocht was. De heer S. de Vries, chef van de Proeftuin, deed mededelingen over de proeven, die verleden jaar op de tuin gehouden waren en verstrekte allerlei gegevens, omtrent de bestrijding van insecten. De heer J.(an) F.(okkes) Kuperus, (wenjende op de  Hôfsleane húsnûmer 9) assistent bij de R. T. V. D. (Rykstúnboufoarljochtingstsjinst), deed interessante mededelingen over een rassenproef met verschillende spruitkool- en uienrassen. Ir. A. P. van der Hoek, rijkstuinbouw- consulent voor Friesland, deelde een en ander mee over proefnemingen voor het komende seizoen.

 

L.C. 21-3-1961.

(Van onze landbouw redakteur.)

Ir C.M. van der SlikkeIr. C.M. van der Slikke onthulde gedenksteen op de proeftuin te Berlikum. In de laatste 2 jaar is er op de proeftuin (oan foarhinne de Mulseleane, no de Ir. C.M. van der Slikkeleane) van de groenteveiling te Berlikum voor fl.150.000,- gebouwd. Met deze investeringen in kassen e.d. wil men in Berlikum een stoot geven tot de ontwikkeling van de fijnere tuinbouw, voornamelijk door tuinbouw onder glas. Dit deelde de voorzitter van de proeftuin commissie de heer M.(inne) R.(eins) Schiphof gisteren mee, toen hij een aantal genodigden om zich had verzameld in de witloftrekkerij, die ook tot stand is gekomen in het kader van de veranderingen in Berlikum. De verschillende investeringen vinden hun afsluiting in de bouw van een woning (no bewenne troch de fam. B. Krol-van der Meij, (Bart en Ida) Ir. C.M. v.d.Slikkeleane nû. 7) op de proeftuin voor de chef van de tuin en gister kwam de oud rijkstuinbouwkonsulent, Ir. C.M. van der Slikke nog eens naar Friesland om een steen te onthullen, waarop zijn naam de herinnering aan zijn lange werkzaamheden in Friesland in ere houdt. Ir. v.d. Slikke is als gevolg van een ziekte invalide geworden, doch op de proeftuin was hem gister geen moeite te veel om alles nog eens te zien. Met de ontwikkeling van de Berlikumer tuinbouw gaat het goed, zo meende de heer Schiphof. In 1960 is er 100 are bij gekomen Voor Berlikum noemde hij deze ontwikkeling naast de industrialisatie van groot belang. De proeftuin zelf doet vergelijkende rassen- en bemestingsproeven, kweekt planten op voor leden van de veiling en hij beschikt over een moderne gemeenschappelijke witloftrekkerij.

Legere túnbou skoalle oan de Hôfsleane(De âlde túnbou skoalle (1922) oan de Hôfsleane is yn 1964 oan de Berltsumer feiling ferkocht. Der wie te min kantoar romte op de feiling. De doe nij boude túnbou skoalle oan de Sportleane is no doarpshûs "It Heechhout". sjoch ek haadstik "Wenten mei in ferhaal")

 

IT HEECHHOUT.

1.

Wy sjogge “It Heechhout”net mear.

In daem leit yn ‘e “Acht”-opfeart

dit is nou ek in dea ein sleat

wer oars in boatsje noch wol fear.

 

2.

Oer ‘t Achtepaed, sa nei ‘t Heechhout,

Op dizze groun hja dit gebiet

der leit s’an mannich minneliet

sa folle binne hjir nei troud

 

3.

De Mulseleane, ek dat plak

Waerd troch it jongfolk faeks opsocht

oerstriele dan mei moanneljocht

ek dit gebiet joech syn gerak.

 

4.

En hjirre yn ús bernetiid

Fierljeppe, en dan mei in skoat

oer lyts en greate sulv ‘ren poart

of heger op nei Braaksma ’s wiid.

 

5.

Braekhokken sjoch ik ek noch stean.

De beage luts doe ek sa swier

it bihindich de dei hier

dat yn dy tiid dan waerd oanbean.

 

6.

Fan âlds leit hjir wol poësije.

En hwat ik nou sa graech wol woe

dat dit gebiet r ‘is prate koe

folle soe it ús binije.

 

7.

Nou stiet it hjirre gehiel fol.

Moaije húzen dan ek steane

skoallen, strjitten of sportleane

De tiid it nou sa hawwe wol.

 

8.

De namme is lokkich fêst lein.

y ‘t âlde plak is in hûs boud

wêrop de namme : “It Heechhout” -

Hiel goed bitocht dat moat hjir sein.

 

BERLTSUM.

TOM. 

 

Foaroer de eardere proeftún leit de POEPEDYK.

Proeftún oan de Ir. van der Slikkeleane

De Poepedyk rint fan de Ir. C. M. v.d. Slikkeleane (de earder neamde Mulseleane (Middelstelaan) nei de Eftersteleane (Achterstelaan), no de Kwekerijleane neamd. It paad wurdt yn 2010 wer safolle mooglik yn de oarspronlike steat werombrocht. It wite hûs op de hoeke fan de van der Slikkeleane (húsnûmer 6) en de Poepedyk is troch Minne Ruurd ’s Braaksma bouwe litten op in stik grûn wat syn pake him skonken hie. Hy wennet no al jierren yn Ljouwert. De Achte-opfeart rûn fanôf de Ljouwerterfeart nei de Poepedyk, de Eftersteleane bylâns. De Achte-opfeart is neamd nei it Pastorijelân “de Achte.” (4 x 2 deselde mjitte lân of wol 4 x 2 pm.) Efterste (Achter ste) opfeart as namme bestiet dus net en hat dus ek NEAT mei de Efterste (Achterste) leane út   te stean. De namme it Achtepaad is as namme, noch as oantins oan dit stik lân oerbleaun. Oer    de Achte–opfeart wie in heechhout, hjir is it no op dit plak steande doarpshûs “It HEECHHOUT” nei neamd.

Reconstructie Poepedyk Berltsum

De namme Poepe komt fan it Dútske “Bube” wat jongfeint betsjut. Dizze manlju kamen yn it foarjier yn groepen nei Fryslân ta om by de boeren te wurkjen (* de saneamde “hantsjemieren” of “gersmierpoepen”) of om hjir hannel yn lapen e. d. te driuwen. De saneamde “lapkepoepen”, wêrfan in protte út Mettingen en omkriten kamen. (yn it Greefskip Lingen lizzende.) De Poepe- dyk wie in rinpaad, krekt as it yn it ferlingde dêrfan lizzende Menamerpaad nei de Sânwei ta. Yn ‘e hjerst sammelen hja har wer op in ôfsprutsen sammelplak en gienen dan yn groepen werom nei de “Heimat”. It wie sa feiliger reizgjen mei al it jild yn ‘e bûse.

Fuotnoat :

(*miere = meane mei de hân.)

 

L. C.2-11-1956.

De proeftuin in Berlikum bestaat een halve eeuw.

Baanbrekend werk op terrein van ziektebestrijding  en teelt nieuwe gewassen.

(foto: perzikkas in de proeftuin.)


L.C. 20-1-1967.

Proeftuin Berlikum bestaat 60 jaar.


Bollenteelt.

Tussen 1902 en 1914 blijken in Berlikum op de proeftuin bollen te worden opgeplant.  In 1909 bieden de Berlikumer tuinders Braaksma en Runia tulpen te koop aan uit eigen kweek op de Weaze te Leeuwarden. Een aantal jaren blijkt het goed te gaan, totdat in 1914 de eerste wereldoorlog uitbreekt en de handel stagneert. Ir. C.M. v.d. Slikke, tuinbouwconsulent in Friesland, schrijft een aantal jaren later dat de bollen als veevoer hebben gediend. In latere jaren is de teelt van tulpen in de omgeving van Berlikum nooit echt tot bloei gekomen. Er was een groentenveiling in het eigen dorp en daarmee was de afzet van groenten en aardappels goed georganiseerd, in tegenstelling tot die van de tulpen die naar Bovenkarspel moesten worden gestuurd en waarvan de betaling dan nog op zich liet wachten. De teelt van vroege aardappels was aantrekkelijker, de betaling vlot na de veiling gedaan en dat was na een lange winter zeer gewenst. De rooitijd van tulpen was moeilijk te combineren met het rooien van de vroege aardappels.


L. C. 11-11-2009.

POEPEDYK.

Wat oars .

Mei Minne Ruurds Braaksma op ‘en paad.

 

L. C. 1-6-1995. 

Woningbouw oude proeftuin Berlikum.

Eigner fan de grûn is dan de slachter út de Buorren 28 t.w. Lolke Smit.

(Efter no de huzen Ir. C. M. v. d. Slikkeleane de húsnûmers 1 o./m. 11.)


L. C. 8-11-1962.

DE KLEIBOUWSTREEK.

De Friese Kleibouwstreek moet zijn middelen van bestaan in de agrarische sector blijven zoeken. De samenstellers van het rapport over dit noordelijke gebied van Friesland zien o. m. mogelijk- heden in de tuinbouw. In enkele streken van het gebied bestaat al een vrij aanzienlijk tuinbouw areaal.

(foto : De kassen oan de Mulseleane, no de Ir. C. M. v.d. Slikkeleane neamd. Lofts op de foto it hûs no C. M. v/d Slikkeleane húsnûmer 7 no bewenne troch de famylje Bart Krol en yn it midden fan de foto it no hûs Ir. C. M. v/d Slikkeleane húsnûmer 6 op de hoeke fan de Poepedyk no bewenne troch Johan Jacobs van Tuinen.)

 

L.C. 21-7-2010.

Op de veiling wist iedereen alles van elkaar. 

Interieur fan de feilinghal te Berltsum

MYN! Dit was de kreet die handelaren slaakten als ze iets wilden kopen op de veiling in Berlikum. Klaas (Eeltjes) Osinga (84) uit dit dorp weet het nog als de dag van gisteren. Vanaf 1937, hij was 12, behoorde de veiling tot zijn werk als tuinder in het bedrijf van zijn vader. Met een praam voer hij er onder meer sla, andijvie, spruitjes en wortels over de Berltsumerfeart naar toe. "It wie mar krekt wat jo hienen". Het waterwegenstelsel in Berlikum leek in die tijd op dat van Giethoorn, vertelt Osinga. De brede Berltsumer- feart had allemaal opvaarten. Langs deze opvaarten lagen de akkers waarop de tuinders hun groenten en fruit verbouwden. Per praam of schouw brachten ze op maandag, woensdag en vrijdag hun handel naar de Afslag. De veiling begon om twee uur s’middags. De in 1899 opgerichte veiling werd voor driekwart op het water uitgevoerd. De rest kwam over het land per handkar of kruiwagen. "It gong mar om lytse protsjes". Eenmaal aangekomen moesten de aanbieders hun waren uitladen, waarna de keurmeester zijn oordeel er over uitsprak. Als hij een luisje tegenkwam schreef hij dit geheid op de lijst. Alle groenten en fruit werden namelijk op een lijst gezet waarna de partijen een nummer kregen. "As der bygelyks 60 nûmmers wienen, dan waard der lotte wa syn nmmer as earste feild waard". In de jaren 30 ging het veilen nog zonder hulpmiddelen. "Afslager" Rinse (Douwes) van Wigcheren bepaalde aan de hand van de markt een beginprijs en begon dan snel af te tellen. Telkens een cent eraf. Wie als eerste "mijn" riep had de partij gekocht. Het veilen gebeurde veelal zonder dat de tuinders er zelf bij waren. Osinga voer, nadat hij de handelswaar had afgeleverd, met lege kisten weer naar huis. Er moest immers gewoon gewerkt worden. Een boekhouder hield alle patijen bij en de kopers betaalden op kantoor. Elke zaterdag kwam er een vrouw van het kantoor langs bij de tuinders. Onder haar rokken droeg zij fluwelen zakjes met de verdiensten, waar het percentage voor de veiling afgetrokken was. Dit percentage wilden de tuinders wel betalen. De veiling was in hun belang. Ze waren er zelfs lid van en hadden zich verplicht hun groenten en fruit er aan te leveren. Voordat de veiling er was, kwamen de handelaren afzonderlijk bij de tuinders op het erf. Die handelaar probeerde dan een zo laag mogelijke prijs te bedingen. Op de veiling werden de kopers tegen elkaar uitgespeeld. "As jo der tsien byinoar hawwe, dan komt dyjinge dy’t it meast jaan wol, wol foar it ljocht" legt Osinga uit. De tuinders waren er dan misschien zelf niet bij, de veiling trok wel veel belangstelling van oudere mannen in het dorp. Het was elke keer weer spannend om te zien wat de opbrengst zou zijn. "Der bleau neat geheim. Se wisten presys wat eltsenien foar syn guod krige.It waard wol dúdlik wa’t kwaliteit levere, mar de sfear wie altyd gemoedlik yn dy tiid ", zegt Osinga. "Eltsenien skarrele syn stikje brea by inoar!" De veiling veranderde echter. De veilingklok nam het werk van de afslager over en de partijen werden steeds groter. Uiteindelijk deed de schaalvergroting de veiling in Berltsum in de jaren 80 de das om.

(De Berltsumer feiling is ien fan de âldste feilings yn ús lân. Fanôf 1932 waard mei de klok feild, dêrfoar wienen der ôfslaggers / omroppers. In protte buordoarpen lykas Menaam gienen by de Berltsumers te rie om ek yn harren doarp ta it oprjochtsjen fan in feiling te kommen.)


L. C.  23-5-1962.

Advertinsje :

DRUIVENKRENTERS(STERS)

Gevraagd, voor hele en halve dagen.

Gebrs. M. en A. Schiphof.

BERLIKUM 522

 

L. C. 25-6-1980.

Streven naar een kleine veiling met brede aanvoer uit tuinbouw.

Nieuw bestuur veilingvereniging.

 

L.C. 4-12-1986.

Nieuwe veiling Friesland begin 1987 een feit.

Met ingang van 1-1-1987 worden de veilingverenigingen van Leeuwarden en Berlikum opgeheven en veranderd in AANVOERDERS VERENIGINGEN. Leeuwarden wordt het veiling punt. De nieuwe veiling Friesland is voor het overgrote deel in handen van de veilingen van Alsmeer, IJsselmuiden en Wervershoof. Men hoopt te Leeuwarden op een omzet te komen van 5 miljoen gulden aan groente en fruit. De bloemen gaan naar Aalsmeer.


 

SLIMME BERLTSUMER

Eltse nacht wurdt de famylje Th. Corn. Runia fan ‘e Bitgumerdyk út harren sliep holden troch it geblaf fan ‘e hûn dy ’t by de buorlju ‘s nachts yn ‘e garaazje tahâld. Op in stuit fynt de man dat it moai west hat en springt it bêd út. “Der moat no einliks wat barre !” As de man werom komt freget syn frou : “En wat hasto der no oan dien ?” De man wer : “Ik ha de hûn by ús yn ‘e garaazje set, dan kinne hja ek ris merke hoe slim dat is !”

 

L.C. 1-9-1995.

Leeuwarder karting naar Berlikum.


L. C. 27-1-1996.

Skelters racen op plaats van oudste Friese groenteveiling.

(foto : Terrein en gebouwen van “De Afslag” in BERLIKUM. De overkapping, gebouwd in de   jaren 20, was een hele verbetering voor de telers die over het water dan wel over de weg hun produkten aanvoerden.)


L.C. 7-2-1981.

Piter Smeding giet de skiednis fan de Fryske túnbou nei.

Hy wie gâns in rek jierren ferbûn oan de BERLTSUMER proeftún en ek noch fan 1938 oan ‘t en mei 1958 yn tsjinst by de Foarljochting. In man dy ‘t kursussen jûn hat en lêzingen hâlden hat by de rûs.

(foto feiling, destiids noch holden oan de Potmarge yn Ljouwert.)


L.C.  9-6-2000

Cor Runia verlaat aardappelbeurs.


(Cornelis Klazes Runia troud mei Fokje Greidanus út de Jac. v. Tuinenstrjitte húsnûmer 16.)



L. C. 5-8-2008.

Winkels bij varende veiling BERLIKUM.

Foto : Veilinggebouwen oan de Ljouwerterfeart.

Het voormalige veilingterrein De Afslag in BERLIKUM moet over vijf jaar het nieuwe hart van  het dorp zijn. Op dit terrein komen veertig appartementen met daarbij zo ’n vijftien winkels, een grote supermarkt, een tuinbouwinformatiecentrum, een kleine scheepswerf, veel extra aanleg-plaatsen en horeca gelegenheden aan het water. Eerder werd al bekend dat hier, als toeristische attractie de vroegere varende veiling terug komt. Op het twee hectare tellende veilingsterrein aan de Berlikumer vaart staan nu nog loodsen, die tot voor kort onder meer als kartbaan ge-bruikt werden. De meeste loodsen maken voor drie grote hoofdgebouwen plaats etc.  .........   .........

 

L.C. 24-8-2010.

Jierpelfeiling op de Tichelersdyk oan de LjouwerterfeartBERLTSUM.

Feilingdei pas volgend jaar.

Berlikum. Het terughalen van de varende veiling in Berlikum als evenement is een jaar uitgesteld. De dag, die op 25 september gehouden zou worden is verplaatst naar 24 september 2011. De organisatie wil vooral het historisch aspect beter vorm geven. Vanaf het moment dat het organisatie commité "De Afslag" dit voorjaar met de plannen begon, wordt het overspoeld met reacties, vertelt Sybren van Tuinen van de "Afslag". "Ús idee groeit dêrtroch hieltiten út. Mei it histoarysk aspekt kinne wy folle mear dwaan. En wy wolle dat de dei yn ien kear goed stiet". De organisatie heeft daarom besloten een jaar langer de tijd te nemen. September blijft wel staan omdat dit het beste moment is om vruchten en groenten te veilen. In juni werden in Berltsum al speciale groenten als het Berltsumer gieltsje en de Berltsumer woartel geplant. Die zouden in september van de hand gedaan kunnen worden. Op de oude plek van de veiling wil de Stichting Voortvarend Berltsum een woonwinkelplan realiseren. Ook bij dit initiatief wil de Afslag nauwer aansluiten.


FRANEKER COURANT.   25- 7-2010.

Mooiste presentatie Wâldgieltsjes Spar.

(Foto : Dirk en Hiske van Wigcheren yn ‘e Spar winkel oan ‘e Hôfsleane húsnûmer 65/a.)

 

L.C. 21-12-2009.

"Winkelhart in BERLIKUM is haalbaar".

Vanwege de sneeuwval ging de informatie bijeenkomst over een nieuw winkelhart voor Berlikum vorige week niet door. Onderzoek heeft uitgewezen dat er grote belangstelling bestaat voor het winkelplan op het voormalige veilingterrein De Afslag. De Stichting Voortvarend Berlikum had dit graag met ondernemers en politiek willen delen, maar dat moet nu nog even wachten. Vier "verontruste Berlikumers" van de Stichting presenteerden eerder de plannen om de bestaande loodsen te slopen en er in drie hoofdgebouwen een combinatie van wonen en werken te realiseren. Er is steeds vanuit gegaan dat daarbij - om publiek te trekken- activiteiten nodig zijn, zoals een toeristische attractie, een kleine scheepswerf, een varende veiling en andere voorzieningen voor de geplande elfsteden vaarroute. Maar die publiekstrekkers blijken helemaal niet nodig, zo wijst onderzoek door de Westego zone uit. "In principe kinne jo los, dêr is in keaper foar jo produkt", zegt projectleider Klaas Toering. Er is zoveel belangstelling voor het gecombineerde woon- winkel hart, dat het plan kan worden omgedraaid. Aanvullende activiteiten komen dan achter de winkelvestiging aan. Zijn boodschap aan de Berlikumers: "Ondernemers verenigt u". "En der binne al in soad winkelmannen dy’t leaver no dan moarn der hinne wolle", weet Toering. Het besef dringt door dat er in Berlikum nodig wat moet gebeuren om het dorp weer aantrekkelijk te maken. Op moment van de brand van 1992, toen de supermarkt afbrandde, waren er nog 38 winkels van allerlei slag en het hart van het dorp. Daar zijn nog maar 8 van over. Het dorp verpaupert. "De winkelmannen dy’t der noch binne, sjogge wol dat it oer fiif jier dien is as wy no neat dogge. De belangstelling van de Westergo zone, die projectleider Toering betaalt, heeft het plan goed gedaan. Zowel de gemeente als de provincie zien mogelijkheden en zijn bereid de sanering van het terrein bij voorrang aan te pakken. Uit het onderzoek blijkt ook belangstelling van meer dan een woningbouw corporatie. Voor het plan is de bouw combinatie De Pôle opgericht, bestaande uit Bouwbedrijf Friso uit Sneek, Lont uit Sint Annaparochie en de Verhoeve Groep uit Irnsum. Een nieuwe informatiebijeenkomst staat begin januari gepland.


L.C. 11-6-1917.

Kerk en School, Benoemingen enz.

Tot controleur, belast met het toezicht voor nakoming van de verbodsbepaling aangaande de oppervlakte der veldvruchten en den groentenverbouw, is voor de gemeente Menaldumadeel benoemd de heer R.(inze) D.(ouwes) van Wigcheren te Berlikum.


NIEUWSBLAD van het Noorden. 21-5-1971

Handels- en Marktberichten.

BERLIKUM. De eerste nieuwe aardappelen (doré, uit de kas) werden aangevoerd door de kweker de heer B.(ertus) C.(ornelis) Runia te Berlikum. Prijs f.3,70 per kg. Koper de heer E. Dijkstra te Zwaagwesteinde.


FRISIA, 10-10-1896.

Forkeaping to Berltsum woansdei 14 Oktober, 

de jouns 6 ûre by Visser to BERLTSUM. Biskriuwing fen in Keapmanshûs mei groatmakkerij, skûrre, greate Tún ensf. In stik gernierslân ef Tún alles yn ‘e Bûrren to BERLTSUM. Fjouwer pounsmjitte Greide op it âld Bilt, ûnder St. Japik en 1 pounsm. Greide to WIER.


FRISIA. 28-1-1899.

Fen alles hwet

Yn 793 in oerstreaming, dêr’t forskate minsken ek by omkamen, teffens ek in poasje fé. De terpen, dy’t fornietige wierne waerden letter tige forswierre en wol to: Koudum, Almenum, Midlum, Hitsum, Winsum, Tsjum, De Ryp en ÚTGONG (BERLTSUM).


MENAMERADIEL.

Yn de argiven wurdt MENAMERADIEL foar it earst neamd yn 1401 as ‘Menaldumadelis’, wilens der yn 1354 noch sprake wie fan it distrikt FRONEKERE (Frjentsjer) wer’t it gebiet Menameradiel earder ûnder foel. Hjir kin men út opmeitsje dat Menameradiel earne tusken 1354 en 1401 ûntstien wêze moat.

Op 1-1-1812 waard MENAMERADIEL opdield yn 4 saneamde MAIRIËN :  

T. w. BERLTSUM, Dronryp, Marsum en Menaam. Dit hat oant 1-10-1816 ta duorre. Doe waard MENAMERADIEL wer in Gritenij, mei as bestjoer in Grytman, Assessoren en in Gritenijried. Yn 1851, by de nije Gemeentewet, waarden de Grytman, Assessoren en Gritenijrie : Boargemaster, Wethâlders en Gemeenteried.

De hjoeddeiske Kadastrale kaarten hawwe dy âlde Mairie-nammen noch en dizze foelen dus eartiids altyd binnen in Boargerlike Gemeente.

 

Neffens Doeke Wijger ’s Hellema fan WURDUM wienen om 1823/1824 hinne de ferneamste  kowe- en hynstemerken : dy fan BERLTSUM, Stiens, Burgum, Eastermar, Rien en Easterwier-rum.

Feemerken waarden op de doarpen net alle wiken hâlden lykas no yn Ljouwert. Yn Ljouwert eartiids trouwens ek net. Út in feroardering fan 1564 bgl. blykt, dat de feemerke inkelde kearen yn ’t jier holden waard op de Nijestêd ten westen fan de Bûterwaach. Ek waard fee ferhannele by de Grutte tsjerke, by de Put en de Nijebuorren bylâns. Yn 1926 waard de lêste jiermerke yn BERLTSUM hâlden en is doe opheven.

 

-------------------------------------------

 

FROULJU ’s KWALEN.

In Hollânsktalige frou út de Mulseleane kaam by de dokter en sei :

“Dokter ik heb alsmaar het gevoel dat ik een paardenhoofd heb.”

Dokter  Comello : “Hoelang hawwe jo dat gefoel no al ?”

De frou út de Mulseleane wer : “Als u het mij vraagt, al sinds ik een veulen was”.

 

-------------------------------------------

 

De SKIERINGERS en de FETKEAPERS.

De Fryske lannen tusken Flie en Wezer wienen yn ‘e lette Midsieuwen frij fan lânshearlik gesach. Hja erkenden de Keizer allinne as harren lânshear mar kearren harren tsjin eltse Greve of Hartoch dy ’t hjir direkt macht útoefenje woe. Dit betsjutte dat der gjin sintraal bestjoer ûntstean koe mei in geweldsmonopoalje, dat de Friezen foar it hânhâlden fan harren wetten op harrensels oanwezen wienen. It tapassen fan beheind geweld om rjochts oanspraken krêft by te setten waard dêrby akseptearre. We hawwe it yn dit ferbân oer in skeel hawwende maatskippij, wêryn alle om de eare draaide. Oan it ein fan de 15de ieu ûntspoare dizze yn skeel libjende maatskippij, wat laat hat ta it foarmjen fan twa inoar útslútende partijskippen, de saneamde Skieringers en Fetkeapers. Ien dêrfan, rôp úteinliks de Dútske Hartoch Albrecht fan Saksen ta help dy ‘t as tsjinprestaasje it erflik erkennen as Hear fan Fryslân easke. Sa kaam der in ein oan ieuwen fan selsbestjoer troch de Friezen. BERLTSUM hat ek in protte te lijen hân fan de striid tusken dizze beide partijskippen. Tink mar oan de striid om Hemmema State en oan it krêftich ferset fan “ús Bauck” mei har meistriders tsjin de Grinzers. (de Fetkeapers) wilens har man op dat stuit yn it Skieringske Frjentsjer tahâlde.

 

(Sjoch ek : DE GRUTTE FRYSKE OARLOCH.  De grutte Fryske oarloch yn ‘e 15 ieu, tusken 1413  en 1422. Der wie doe sprake fan oarloch yn hiel Fryslân (d.w.s. yn de doe sân Fryske lannen,  tink oan de sân pompeblêden yn de Fryske flagge) tusken Flie en Wezer. De oarloch wie ûntstien yn East-Fryslân as gefolch fan in út de hân rûne skeel tusken twa destiids belangrike haadlingen t. w. Keno II tom Brok en Hisko Abdena. Ek de hjir yn ús omkriten wenjende haadlingen foarmen partijskippen en koenen it net rjoch meiinoar fine.)

 

L. C. 20-9-1975.

PAX GRONINGANA hoe ‘STAD’ in FRIESLAND infiltreerde. (tusken 1401-1497)

(Ek it skeel Fetkeapers (mei help Grinzers) en de Skieringers wurdt hjirby oanhelle.)

Bremen en Terschelling sluiten in 1443 een verdrag waarbij Reijner Poppensoen, hoofdeling   “op die Scelling(en) het eiland vertegenwoordigt. De Schellingers zullen zich “las, vry ende ledich houden met betrekking tot de vete die er was tussen Bremen eenerzijds en Holland, Zeeland en Friesland anderzijds. .........  .........

....... ...... ook is er sprake van door Bremen gevangen genomen Schellingers en van twee van hun afgenomen schepen. Thierck Enkama en HETTO HETTEMA van BERLIKUM beklagen zich bij de Groningers er over, dat zekere Reincka Meckenszoen hun een boeier met lading had “omzeild”. Hij had ermee naar Ameland moeten varen, maar zeilde er mee naar Bremen. De mannen waren de dief achterna gegaan tot in Bremen, maar daar bleek de Amelander schipper Buwa Tykama gevangen te zitten en werd hun zelf zeker voor 65 Rijnse guldens schade toegebracht. De klacht werd in 1455 gedaan, maar het feit had zich 15 jaar tevoren voorgedaan. De heren in Groningen werden verondersteld wel te weten “hoe dat in die tijt stond tusken Breemen ende Amlant”. .......etc. ........etc.  .......  

Dit moat neffens my Hette van Hemmema wêze, syn soan Doecke Hettes van Hemmema is troud mei Bauck Foppe’s van Popma fan Skylge. Is de boppeneamde Reijner Poppensoen in omke fan “ús Bauck“ ? It kin dus, sa ’t my taliket, wêze dat de Hemmema’s sa ek belútsen rekke binne by dit skeel en by it lettere ferdrach tusken de Skylgers en de stêd Bremen.


FAN DIT EN DAT, FAN ALLES WAT.

Nochris efkes WEROM YN DE TIID.

MiddelseeMare vadosum (trochwaadbere see) = de Waadsee. Burdo sive (of) Burdinus sive Bidurgus = de Bo(o)rne, de Middelsee. Eardere waadeilannen wienen neist Rottum etc. Koresân, Heffesân, Gryn en Bosk en binne allegearre yn de Waadsee ferdwûn. Yn 813 in grutte sprinkhoanne pleach yn Fryslân. Om 15 desimber 1180 hinne trof Fryslân in fûle stoarm út it noard-westen dy’t 3 dagen duorre hat. Gefolch wie in ynbraak yn de seedyk by de stêd ÚTGONG, en de omlizzende lannen waarden dêrtroch ûnder wetter set. Net ien is ferdronken. In pear dagen dêrnei, op 27 desimber, wie der in fûle brân yn de stêd ÚTGONG, wêrby 19 hûzen op it bêst fan de stêd, en ek de waach, wêryn 5 tonnen bûter en 2 skippûn tsiis oanwêzich wienen, ferlern gien. It STÊDHÛS hie wol flammen fet dochs bliuw, troch de wekkerheid fan de boargers, noch bewarre. Nei’t men sei, wie de brân troch ûnfoarsichtigens by in bakker ûntstien en dat hjir trije bern by omkommen binne. Yn 1191 plonderje de Noormannen it stêdsje ÚTGONG en stichtsje brân. ÚTGONG is wol foar in part opboud, dochs hat him neitiid net wer opmeitsje kinnen en is allinken ferdwûn. In protte ynwenners (keaplju e.d.) moatte harren nei de gehuchten of buorrens fan Fraan(Frone) ikker en Gods ikker (Froonakker, Frjentsjer) bejûn hawwe, sa wurdt der sein. Dat wienen doedesstiids mar lytse gehuchten en letter is it oaninnoar waakse ta stêd. Yn 1200 komt de namme Middelsee op. Yn 1270 stienen der stiennen tsjerken yn Bocsum, Deynum, Marsum, Englum, Slapsterp, Betingum, Menaldum, Skingen, Aningum en ÚTGUM. It Iselmar hie destiids de namme Flevo-mar (Flevo- lacus). It gebiet by Koehoal ûnder Lidlum hie de namme "it âlde dal". Yn 1287 hat in swiere stoarm (timpeast) in protte skea oanbrocht. It Gryn is fuortspield. It kleaster ANJUM ferlear by dizze stoarm 14 ynwenners. De doarpen Westerbierrum en Dykshorne gienen hjirby te sink. Harns (Almenum) kaam oan see te lizzen. Tusken 1350 en 1498 leinen 2 kleasteroarden oanhâldend meiinoar oer heap. (Skieringers en Fetkeapers).

1466. Akte wêrby HETTE van Hemmema te BERLTSUM syn skeel mei de eardere Olderman Doede Syckisma (Siercksma) en de stêd Ljouwert as eindige ferklearret en de stêd kwitearre fanwege ûntfongen soenjild, foar oan him en syn manlju tabrochte ferwûnings.

Yn 1491 is DOEKE HEMMEMA hjir Olderman en Jacob Aseges en Oentsje Neusma binne hjir as Skepenen en Meirjochters.

Yn 1500 opstân fan 4 eallju tsjin de HARTOCH ALBRECHT FAN SAKSEN  fanwegens de swiere skattingen, t. w. Sjoerd Aylva, Tsjerk Walta, Douwe Hiddema en Dooitze Banga. Hja brochten in leger fan 16000 Friezen op fuotten en trieken op nei de stêd Frjentsjer.

Belis fan Frjentsjer op 12-5-1500, wêr ’t Hendrik, de soan fan Hartoch Albrecht fan Saksen, tahâlde. Hendrik wie belêste mei it ynsammeljen fan ‘e pachten en de belêstigs. Albrecht sammele yn alle hast in machtich leger en de stêd waard op 16-7-1500 ûntset. De delslach fan Frjentsjer foel op 16 july 1500. It Fryske leger wie te min traind en net goed organisearre. It leger fan de Hartoch fan Saksen rôve en plondere dêrnei û. o. it KLEASTER – ANJUM, BERLTSUM, en Minnertsgea en sloegen sels yn Minnertsgea in preester dea omdat dizze wegere hie de hillige wije dingen te oerlangjen.

Yn BELKUM bedreaven hja alhiele hillichskeining, trêden it sakramint mei de fuotten, moard, plondering, brânstifting, frouljusskeining, gekoanstekken en mishanneljen fan wije saken en persoanen wie it bedriuwen fan dizze frjemde binden. Yn 1504 droech Hendrik fan Saksen, as opfolger fan syn heit Albert, Fryslân oer oan syn broer George fan Saksen dy ’t dêrop it Biltske kwelderlân  fan bediking foarseach. Frjentsjer bliuw de Hartoch trou  en krige op 26-3-1501 as tank dêrfoar fan Hendrik de saneamde “Frjentsjerter lannen”, doe noch kwelderlannen, op it Bilt oanbean. Dizze lannen binne hjoed de dei noch yn eigendom fan ‘e stêd. Fjouwer Hollânske eallju : Thomas Beukelaar, de bruorren Jacob Oem van Wijngaarden, Floris en Dirk van Wijngaarden pachtsje it Uytland foar 11 jier en bedykje it, de ynfrastruktuur wurdt ferbettere, lykas sleatten en slúzen e. d. Trije wurkkampen : Wijngaarden, Altoena en Kijfhoek wurde stifte. De bedykers mei harren gesinnen kamen út : de Alblasser-Waard mei it doarp Wijngaarden, ‘t land van Heusden en Altena mei it doarp Altoena, Zwijndrechtse-Waard mei it doarp Kijfhoek. Fan pacht wienen  útsûndere : de 200 moargen Frjentsjerterlân, bejeftige oan Frjentsjer, de 26 moargen oan Hessel van Martena op Ter Horne, en de 50 moargen oanDoeke HEMMEMA fan BERLTSUM. Yn 1509 wer dyktrochbrekken by de stoarm fan 26-9-1509.

Yn 1515 wurdt KAREL V. Hear fan FRYSLÂN. De Rintmaster fan IT BILT wurdt dan teffens  Grytman.

It besit fan Fryslân wurdt troch de HARTOCH FAN GELRE bestriden. Gelderske rôftochten, letter noch folge troch SAKSYSKE legerkes op rôftocht troch Fryslân. (* Sjoch hjirnei fierder op : De saneamde “Swarte Heap”)

De kleasters ANJUM, LIDLUM en BAAIUM hast yn pún efterlittend.

(Oproer fanwegens it  net útbeteljen fan de soldij.)

It doarp BERLTSUM wie it haadsaaklike LEGERPLAK fan dit ûnminslik ûntúch. De Hartoch fan Saksen woe syn rjochten op Fryslân dêrom ferkeapje oan de Greve fan Hollân, Karel fan Bour-gondië, en letter oan Keizer KAREL V. Neidat it ûntúch har efterstallige soldij ûntfongen hie ferdwûnen hja. (út BERLTSUM.)

Yn 1515 is Tjaerd fan Burmania Rintmaster fan it Bilt. (teffens Grytman en Dykgraaf)

Yn 1579 wurdt It Bilt de 30e gritenije ûnder it gesach fan de Fryske Provinsje.

Yn 1713 brekt in besmetlike sykte út.

Yn 1714 telt de Provinsje Fryslân 129.254 ynwenners.

De Kryststoarm fan 1717. It Nije Bilt komt ûnder wetter te stean. De dyk fan 1505 (de âlde Biltdyk) wie wer seedyk wurden. Op befel fan KRELIS ANNES wurdt it hûs neist de Syl yn de Âlde Biltsyl ôfbrutsen en it pún yn de slús (syl) foar de slúsdoar gooid om it seewetter te kearjen. Fan dêr de útdrukking : “Hy kin kommandearje as baas Krelis” (Krelis Anne ‘s Dijkstra.)

Yn Holwert komme 25 en yn Ternaard ek 25 minsken om it libben troch ferdrinking. Yn Fryslân yn it gehiel 100 minsken.

Yn de twadde helte fan de 18e ieu wurde de PATRIOTTEN útskolden foar “Blaauwkezen” en de Prins oertsjûgen (“Orangisten”) foar “Oranjeklanten”.

Yn 1785 waard fan Dykshoeke ôfreisge nei it Amelân, letter fanôf SWARTE HOANNE.

Earmenjild kaam út stoetjild, doarpsdaalder op bier, oortjesjild, earmenturfjild, belesting op deadskisten, op jenever, brandewyn, hûnebelesting etc.

Yn de BATAAFSKE REPUBLYK waard yn 1796 in folktelling holden. Yn de Republyk wennen doe 1.883.009 minsken. Yn Fryslân 161.513 minsken. De opbringst út belestingjild wie 60 miljoen. Fryslân moast de gebrûklike 9 % opbringe.

Yn 1796 moasten alle publike ynstellings lykas tsjerken en diakonijen, wees- en gasthuzen 1/6 part fan harren besit ferkeapje om dat jild oan de provinsje (Fryslân) te lienen. Letter moast nochris 1/5 fan de oerbleaune besittings ferkocht wurde om de opbringst dêrfan oan de oerheid te lienen. (** Fertochten mochten net mear op de pinebank lein wurde. Brânmerken waard ferbean. Gilden waarden opheven.

Yn 1801 wurdt NIJ FINNE ferkocht yn de Súdhoeke ûnder Sint Jabik. (by BERLTSUM).

De Ljouwerter krante yn de twatalige tiid earst mei de namme : Gazette de Leuwarde, letter de twatalige namme : Dagblad van het Departement Vriesland / Journal du Departement de la Frise.

Yn 1812 wurdt hjir de TSJINSTPLICHT ynfierd mei in útlotsjen. Ramplesanten (rempleçanten, plakferfangers) waarden betelle. In 15000 Nederlanners moasten nei Ruslân ta. Der komme mar in pear hûndert werom.

Yn 1812 wurdt bietenbou ferplichte. (sûker) Linnen : De bettere soart wurdt brûkt foar himden, de mindere soart foar bêdelekkens.

Op 18 novimber wienen de earste KOZAKKEN al yn Ljouwert.

Op 18 juny 1815 Waterloo-dei.

(By de slach te Waterloo, in doarpke even ten súden fan Brussel, tusken it leger fan Napoleon en de allieerde legers fan Ingelân, Prusen, de oaren Dútske steaten en Nederlân op 18-6-1815 is û. o. de op 11-3-1792 te BERLTSUM as soan fan Frans Aukes van der Wal en Eva Reins berne Frans Franses van der Wal ferwûne rekke. Hy skynt der goed foarwei kommen te wêzen want letter troud hy op 4-6-1817 mei Neeltje Sierk Tjallings van der Wal fan Minnertsgea en noch wer letter mei Japke Tjeerds Elsinga, dochter fan Tjeerd Gerrits Elzinga en Wypkje Ages, beide fan Minnertgea. Hy is, wenjenje te Minnertsgea, dan arbeider, koaltsjer, tsjinner fan plysje en boere-arbeider west.)

Yn 1850 telde ús lân rom 3 miljoen ynwenners. Yn 1870 3.5 miljoen. Yn 1890 4.5 miljoen. Yn 1910 5.8 miljoen ynwenners.

Yn 1838 komt it Kantongerjocht fan it Bilt en MENAMERADIEL yn BERLTSUM. 

Begjin de 19e ieu waarden dilisjanses en lûkskippen de foarneamste middelen fan ferfier.

Yn ‘e tsjerke begrave wurdt yn 1827 definityf ferbean yn plakken fan mear as 1000 ynwenners.

Fanôf 1869 mocht yn gjin inkelde tsjerke mear begroeven wurde.

Yn 1830 komt it earste steamskip en de earste steamkatoenspinnerij yn Almelo.

Yn Ingelân ryd yn 1830 de earste steamtrein.

Yn 1838 waard hjir noch tsjin de oanliz fan in spoarline stimd. Yn 1839 kaam dochs noch de earste steamtrein tusken Amsterdam en Haarlim te riden.

Yn 1852 it earste grutte warehûs ”de Winkel fan Sinkel”.

By it begjin fan de skoaltiid waard yn Âldebiltsyl troch ien fan de learlingen op in kowehoarn blazen.

Yn 1816 wurde de âlde Gritenijen wer yn eare wersteld. De Skout wurdt Grytman.

De MAIRIE BERLIKUM bestiet no net mear. (Maire wie Winandus van Assen, Siktaris Hendrikus Jans Deinema en boade fan de Maire wie Obbe Thomas soan Westra.) FRIESLÂN wie op 1-1-1812 yn 93 Mairiën ferdield wêrûnder de MAIRIE BERLIKUM. (1-1-1812 -1-10-1816)

REGISTRES CIVIQUES  BURGERLIJKE REGISTERS MAIRIE BERLIKUM

YNWENNERS  FAN BERLTSUM  BEROP  BERTEDATUM / JIER

Secretaire de la Mairie de BERLIKUM H. J. Deinema berne 9-12-1780, Jan Sints de Boer, scheepsmakersknecht 25-9-1786, Feije Klases Veldstra, gardeniersknecht 25-1-1793, Houke Pieters van Steinvoorn, verversknecht 14-12-1791, Jurjen Siebrens Hoetje, timmermansknecht 24-1-1790, Lambertus Dirks Tulleners (Tulner), schoenmakersknecht 11-7-1788, Wijbe Sias (Sijes) de Jong, schipper 12-11-1778, Auke Hendriks Oosterling, scheepsmakersknecht 9-3-1793, Waling Joh. de Valk, verversknecht 12-6-1784, Ewalt Oebeles Frank, scheepmakersbaas 20-7-1772, Evert Lukas Nauta, knecht 19-5-1788, Gjalt Lukas Nauta, heereknecht 24-4-1791, Pieter Jans Tuinstra, gardeniersknecht 23-8-1791, Ype Pieters Yskamp 11-2-1783, Jacob Jans Runia, gardeniersknecht 15-1-1791, Gysbert Jans Wassenaar, gardenier 10-9-1791, Tjepke Haayes Hoogedijk, gardeniersknecht 29-3-1787, Klaas Simons Faber, gardenier 6-10-1791, Marten Dirks Tilstra, arbeider 4-11-1790, Romke Roepsma, kasteleinsknecht 23-3-1793, Homme Everts Wagenaar, voerman 20-11-1790, Gerben Klaases van der Berg, wolkammers- knecht 21-3-1791, Gerrit Gerrits Boimer (Beimers), wever 20-10-1785, Simon Feddriks Kramer, arbeider 14-4-1790, Klaas Oenes Tolsma, arbeider 6-4-1793, Jacob Ottes Ottema, arbeider 3-4-1776, Petrus Joh de Valk, arbeider 20-1-1791, Pieter Jentjes Hoekstra, arbeider 22-3-1792, Pieter Frans de Lazu, arbeider 9-5-1790, Jacob Hillebrands Tanja (Tania), boerenknecht 2-1-1786, Ruurd Minnes Braaksma, arbeider 9-12-1790, Freerk Dirks Tilstra, arbeider 10-3-1792, Kornelis Sipkes de Groot 14-4-1790, Wopke Oenes Tolsma, boerenknecht 4-12-1784, Arend Lazes van der Wal, boerenknecht 30-11-1786, Sake Theunis Leistra, boerenknecht 21-11-1786, Simon Bouwes de Jong, boerenknecht 15-11-1792, Frans Rinderts Poelstra, boerenknecht 17-9-1792, Jisse Rinderts Poelstra, boerenknecht 6-9-1787, Kornelis Tjeerds Runia, arbeider 10-10-1790, Bauke Arjens Roorda, boerenknecht 9-5-1792, Wybe Heeres van Dokkumburg, boerenknecht 10-12-1787, Taeke Cornelis de Vries, boerenknecht 21-1-1786, Rients Jans Terpstra, boer 9-9-1791, Willem Joh. Swart, boer 6-9-1783, Melis Popes Wynia, boer 4-6-1792, Sipke Jacobs Bakker, bakkersknecht 29-7-1786, Tjipke Jacobs de Vries, bakker 16-3-1790, Tjipke Sybes Krol, arbeider 19-12-1792, Adam Romkes Roepsma, boerenknecht 13-7-1790, Merk Klazes van der Meij, boer 1-1-1751, Jacobus Cant, heerschap 1731, Georgius Duco Lemke, boer 26-4-1780, Ynte Ruurds Donia, boer 18-1-1780, Klaas Klaases Osinga, boer 21-3-1771, Jan Tjeerds Faber, steenbakkersknecht 20-4-1761, Edzer Sjoerds Visser, steenbakkersknecht 1780, Pieter Keimpes de Vries, steenbakkersknecht 21-7-1783, Beerend Klases Bruining, steenbakkersknecht 17-11-1783, Keimpe Klases de Vries, steenbakkersknecht 14-2-1750, Horatius Jacobus Lautenbach, gardenier 17-4-1774, Jan Pieters Pieterzen, koopman 1769, Gerhard van der Tuuk, predikant 31-10-1771, Heerke Willems Dijkstra schoolmeester/ont- vanger 13-1-1781, Klaas Teakes Lautenbach, timmerknecht 3-4-1753, Teake Klases Lautenbach, arbeider 17-2-1785, Andele Meinderts Hoekstra, arbeider 20-3-1775, Tjeerd Feers Faber, arbeider 1758, Feer Tjeerds Faber, arbeider 10-6-1787, Douwe Klases Hager, gardenier 7-7-1776, Willem Jans Spoelhof, gardenier 18-2-1757, Jan Hendriks Jonkman, arbeider 12-5-1784, Heerke Beernts Klaver, gardenier 1775, Reinder Minnes Hager, gardenier 1746, Klaas Reinders Hager, gardenier 30-8-1789, Tijs (Thijs) Pieters de Boer, boer 17-1-1757, Tijmen Tijsses de Boer, boerenknecht 13-2-1783, Jelle Gosses de Vries, arbeider 20-4-1775, Minne Klases Jongboom, gardenier 1758, Eeltje Douwes Schiphof, gardenier 1771, Wytze Joh. de Haan, gardenier 1763, Sybren Jac. Lautenbach, gardenier 1768, Sybren Roelofs van der Wal, arbeider 23-1-1768, Pieter Oenes de Geele, arbeider 1770, Sikke Uiltjes Visser, arbeider 1752, Gabe Sikkes Visser, 12-5-1786, Frans Sjoerds Dijkstra, arbeider 1752, Sybren Sjoerds van der Schaar, arbeider 1730, Marten Roelofs van der Wal, arbeider 1764, Jentje Joh. Hoekstra, arbeider 21-3-1763, Sybren Joukes Zijlstra, gardenier 1761, Klaas Joh. Werkhoven, gardenier 1759, Bauke Baukes Post, arbeider 28-3-1782, Pieter Siebach, tweede commies 2-2-1736, Yme Daniëls van Schepen, gardenier 1745, Feddrik Jac. Lautenbeach, gardenier 6-1-1778, Klaas Pieter de Boer, gardenier, 1-8-1773, Jan Sierds Tuinstra, gardenier, 1750, Sierd Jans Tuinstra, arbeider 5-10-1788, Eeltje Kornelis Schiphof, gardenier 1762, Klaas Piers Bijlsma, gardenier 29-9-1785, Jippe Tjepkes Binnema, bakker 3-8-1785, Kornelis Tjibbes Tiemersma, gardenier 1750, Hauke Haukes Hager, gardenier 4-2-1765, Douwe Pieters Stienstra, arbeider 1765, Marten Jans Klaver, gardenier 4-6-1779, Willem Jans Klaver, gardenier 1-7-1784, Tjeerd Pieters Peterzon, schipper 5-1-1779, Wiltje Dirks de Jong, arbeider 1779, Lieuwe Hanses Dijkstra, gardenier 12-11-1755, Andries Dirks de Jong, gardenier 10-7-1759, Folkert Andries de Jong, arbeider 21-5-1787, Jouke Ymes van Schepen, gardenier 19-10-1774, Sybren Hanses Faber, bakker 4-11-1768, Keimpe Reins Reinsma, gardenier 19-2-1758, Johannes Wytses de Haan, gardenier 9-5-1788, Lolke Andeles Boomsma, gardenier 1784, Gerben Dirks Pierson, gardenier 1754, Klaas Minnes Jongboom, gardenier 29-1-1784, Minne Jans Hoogendijk, gardenier 3-5-1786, Bartele Klases Hoogterp, chirurgyn 13-12-1762, Bartele Botes Klok, arbeider 1780, Melis Klases Reitsma, timmerman 1730, Klaas Reins Reitsma, arbeider 1761, Jan Feers Faber, arbeider 1761, Horatius Jelles Lautenbach, schipper 20-3-1784, Minne Ruurds Braaksma, arbeider 27-11-1764, Obbe Thomas Westra, dorpsrechter 1768, Anne Gerrits de Vries, timmerman 2-9-1763, Geert Douwes Wijma 1765, Horatius Jans Runia 15-2-1786, Theunis Jans Runia, gardenier 6-3-1780, Jan Symons Wassenaar, gardenier 27-2-1765, Pieter Kornelis Kramer, koopman 1760, Sytze Gjalts Visser, arbeider 1769, Rinse Rienks Reindersma, arbeider 1770, Sybren Sjerps Hoedtje, timmerman 11-1-1756, Arjen Jans, arbeider 1755, Klaas Daams van der Steeg, boer 12-5-1765, Theunis Sybrens Vellinga, arbeider 3-1-1782, Klaas Alberts Wagenaar, voerman 1763, Taeke Jans Kats, arbeider 1769, Sietse Dirks van Dijk, arbeider 1761, Bouwe Alberts Hoekstra, schipper 1760, Klaas Dirks de Jong, schipper 1761, Salvus Beernts Klaver, gardenier 1771, Hans Sybrens van der Schaar, arbeider 12-5-1788, Hendrik Sybes de Haan, arbeider 1773, Kornelis Jans van Postma, bakker 1765, Lolke Klases Boomsma, koopman/gardenier 30-8-1775, Lucas Everts Nauta 1763, Kornelis Horatius Lautenbach, arbeider 1759, Romke Pieters Roepsma, arbeider 1751, Jelle Lieuwes Faber, arbeider 24-3-1748, Pieter Klases Schiphof, arbeider 1768, Rienk Freerks Pronk, timmerknecht 1769, Sikke Harmens Brouwer, arbeider 1764, Freddrik Symons Kramer, arbeider 2-6-1769, Hessel Douwes Wijma, arbeider 1769, Sytse Sjoerds Hoogendijk, arbeider 1769, Gerrit Pieters van Dijk, voerman 9-11-1769, Homme Everts Wagenaar, arbeider 1778, Yme Gerbens Koopmans, boer 1758, Johannes Corn. van Gelder arbeider 24-6-1789, Willem Reins Spoelhof 24-2-1766, Lolke Klases van Gelder, gardenier 1772, Marten Dirks de Boer, voerman 10-3-1764, Arjen Kornelis van Dussen, melkboer 12-5-1762, Klaas Wops de Groot, rentenier 1-8-1740, Jacob Rinses Hager, arbeider 1765, Hessel Kornelis Visser, arbeider 1749, Gerben Jacobs Faber, grofsmid 8-11-1781, Rinse Harmens Hager, arbeider 1734, Daam Pieters Runia, gardenier 28-2-1781, Jelle Horatius Lautenbach, arbeider 1748, Bauke Klases de Jong, mr. schoenmaker 20-9-1775, Luitzen Thomas Westra, arbeider 1771, Wybe Thomas Westra, gardenier 13-4-1777, Fokke Willems Fokkens, wolkammer 16-1-1787, Minne Jans Klaver, arbeider, 30-6-1775, Kornelis Klases van Gelder, rentenier 16-9-1735, Dirk Heerkes Tilstra, gardenier 28-4-1759, Heerke Dirks Tilstra, schipper 31-10-1786, Pier Jarigs de Jong, gardenier 1768, Johannes Pieters Peterson (Peterzon), glazenmaker, 1770, Jan Jacobs Runia, gardenier 29-11-1752, Jan Gysberts Wassenaar, adsistent 17-4-1765, Salvus Klases de Jong, schoenmaker 14-8-1772, Pieter Hessels Steinvoorn, gardenier 8-12-1755, Houke Bouwes Hoeksma, schipper 3-12-1786, Gerrit Harmens Brouwer, arbeider 1762, Hyltje Hendriks van Gelder, arbeider 20-8-1775, Pieter Pieters de Vries, voerman 1764, Gauke Jacobs Kooistra, schoenmaker 1775, Hylke Martens Kuipers (Kuperus), gardenier 1778, Jan Ynses Kuipers, arbeider 1751, Sybe Beernts Faber, arbeider 6-1-1754, Dirk Sjoerds Bruinsma, rentenier 1733, Pieter Keimpes Reitsma, wever 20-7-1741, Klaas Salvus de Jong 1745, Sytse Gjalts Visser, arbeider 1778, Ludzert Pieters Peterzon, arbeider 1773, Popke Gerryts van Wigcheren, verver/glasenmaker 1-9-1766, Feye Sydzes Reitsma (Reisma), timmerman 28-11-1771, Gerrit Taekes Westerga, arbeider 1752, Gerryt Gerryts Westerga, arbeider 8-2-1787, Gerben Ruurds van Grouw, arbeider 6-9-1776, Fokke Dirks Kuipers (Kuperus), kuiper 8-12-1768, Fedde Haukes Hager, gardenier 7-9-1759, Lammert Jeremias Quarree, gardenier 1772, Rein Kornelis Schiphof, gardenier 1-4-1768, Ate Dirks Zijlstra, schipper 23-12-1775, Baltus Folkerts Haser (Hazer) arbeider 20-3-1770, Willem Jac. Lautenbach, kleermaker 19-5-1782, Oene Wopkes Tolsma, arbeider 1759, Bauke Baukes Postma, arbeider 1785, Outger Wopkes Ferwerda 1765, Wijnandus (Winandus) Andringa van Assen, steenbakker (steenfabrikant) 19-1-1768, Yme Teakes Appelhof, gardenier 1752, Thomas Kornelis Westerdijk, grofsmid 16-9-1750, Tjeerd Theunis Runia, gardenier 11-10-1754, Theunis Pieters, gardenier 1746. Jan Pieters Boonstra, doopsgezind leraar 1754, Sape Andeles van Hout, timmerman 1752, Andele Sapes van der Hout, timmerknecht 312-1778. Harmen Sapes van der Hout, schipper 27-11-1787, Klaas Klases van Gelder, boomkweker 6-8-1775, Andele Lolkes Boomsma, gardenier 9-5-1756, Andele Klases Boomsma, gardenier 20-5-1769, Douwe Jermiua Quarree, arbeider 8-4-1769, Sape Rinses Hager, gardenier 30-1-1775, Gerlof Klases Osinga, gardenier 1772, Harmen Dirks Hager, gardenier 27-12-1780, Pieter Jeremias Quarree, gardenier 1766, Selias Idserds Dijkstra, arbeider 6-5-1776, Douwe Martens Kuipers (Kuperus), gardenier 1744, Marten Douwes Kuperus, arbeider 10-12-1781, Jan Jansen van Gelder, arbeider 1770, Jan Minnes Klaver, arbeider 1740, Klaas Jans Klaver, gardenier 4-10-1786, Age Sakes Wijma, scheepstimmerman 1763, Jarich Kornelis Kampstra, arbeider 1749, Hans Klases Veldstra, arbeider 22-9-1786, Ebe Eedses Kampstra, gardenier 1765, Joost Tjerks Rijpma, arbeider, 1744, Jacob Sybes de Haan, gardenier 30-7-1775, Johannes Kornelis Vis, arbeider 26-4-1776, Jan Lieuwes Wiersma, boer 1764, Jacob Jetses (Roorda) boer, 1740, Sipke Haantjes Poelstra, 21-4-1772, Wybren Sybes Krol, gardenier 23-7-1785, Auke Gosses Julianus, boer 1754, Harmen Gosse Julianus, boer 1765, Pieter Pieters Postma, rentenier 1739, Arjen Freerks Roorda, boer 1763, Klaas Douwes Gerlofsma, arbeider 20-12-1778,Tiede Leenderts van den Akker, gardenier 24-2-1764, Arjen Hendriks Boersma, gardenier 18-9-1766, Ate Hendriks Boersma, gardenier 20-6-1769, Andries Jacobs de Jong, gardenier 2-9-1767, Gerben Jacobs de Jong, arbeider 26-11-1769, Iep Jakops de Jong, koopman en tapper 30-9-1771, Ale Jakobs de Jong arbeider 2-8-1778, Taeke Klases van der Hout, gardenier 26-5-1762, Sybe Ymes Sevenster, boer 25-9-1790

YNWENNERS  FAN  WIER   BEROP  BERTEDATUM / JIER

Willem Jans Kramer, boer 8-11-1783, Bouwe Kornelis van der Meulen, arbeider 20-2-1734, Pieter Jans van der Meer, arbeider 1-7-1741, Kornelis Jans Hoekstra, arbeider 4-12-1716, Hendrik Roelofs Zuidema, schipper 17-9-1756, Klaas Arjens van Sloten, arbeider 24-1-1738, Pieter Jans Andringa, gardenier 31-7-1780, Kornelis Dirks Groeneveld, winkelier 24-5-1774, Gerrit Dirks Groeneveld, gardenier 26-6-1769, Folkert Bouwes van der Meulen, arbeider 3-1-1774, Fedde Taekes Postma, gardenier 10-3-1757, Jelle Taekes Postma, gardenier 3-9-1767, Johannes Jarigs van Dijk, gardenier 13-2-1743, Klaas Ysbrands de Vries, gardenier 12-11-1763, Tetman Willems Dijkstra, schoolonderwijzer 25-2-1777, Jakob Arjens Kuiken, boer 5-8-1781, Waling Annes Faber, arbeider 22-1-1765, Gerke Gerrits Heslinga, arbeider 5-7-1785, Hake (Haring) Klazes Meerstra, arbeider 10-6-1776, Hibbe Jelles Bruinsma, arbeider, Wop Klases de Groot, boerenknecht 29-4-1778, Arjen Gerrits Wassenaar, bouwknecht 27-9-1786, Taeke Jelles Postma, gardenier 26-3-1792, Leendert Jaspers van den Akker, gardenier 9-12-1790, Joachim Frederik Beckhaus, predikant 22-6-1790, Steffen Ymes Bouma, boer 17-1-1788, Roelof Hendriks Zuidema, schippersknecht 10-12-1792. Leendert Laurens van den Akker gardeniersknecht 24-11-1787,

 

De Febrewaris-floed fan 1825   (3 en 4  febrewaris 1825).

It Nije-Bilt komt alhiel ûnder wetter te stean.

Yn 1856  hearste goalera.  Yn ús lân stoaren 19.494 minsken.  Yn Fryslân 461.

De Skot Mac. Adam komt mei “macade” wegen. (granietpún op ‘e wegen, hjir meastal út it Belzenlân weihelle.)

Hurdfytsen op 19-9-1869 te Âldebiltsyl op velocipédes. De 1e priis, in Frânske pendule, gie nei

in fier famyljelid fan my, Watse Hessels Bierma, boer oan it Roodpad nûmer 3 te Âldebiltsyl.

 

(De bruorren Watse en Kornelis Hessels Bierma, beide bouboeren, gienen yn 1876 in v. o. f. oan om in stienfabryk út te oefenjen en om hannel te driuwen yn boumaterialen. Yn 1915 wurdt de Stien- pan- en buizenfabryk fan W. & R. Bierma noch neamd. Begjin 1920 wurdt de eardere stienfabryk oan it Roodpad húsnûmer 3 te Âldebiltsyl op ôfbraak ferkocht. De Maatskip W. P en D. Bierma is hjoed de dei dêr noch fêstige.)

 

INKELDE BERLTSUMERS ÛNDER NAPOLEON

Rempleçanten : foar Anske Andeles (Boomsma) berne yn 1793, soan fan Andele Lolkes en Janke Anskes (Posthumus) te BERLTSUM, lotling Kanton Dronryp lichting 1813 fynt as plakferfanger foar him Jelle Floris Langedijk, deihierarbeider, wenjende yn it KLEASTER-ANJUM.

Leendert Arjens Buren, berne te Sint Jabik yn 1788, wenjende te BERLTSUM, soan fan Arjen Leenderts Buren en Harmke Klases Rauwerda, lotling Kanton Harns, lichting 1808, maritieme ynskripsje as ferfanger fan Sikke Jeltes, túnker, wenjende te Sint Jabik. Hy wie troud mei Jantje Willems Wassenaar en is ferstoarn yn de gemeente Menameradiel op 26-1-1864, 75 jiet âld.

Frans Laas van Burmania, berne te BERLTSUM op 28-8-1730, wenjende te Burdaard, soan fan Eduard Marius van Burmania fan BERLTSUM en Berber van Haersolte, Generaal majoar by it rezjemint De Schepper ûnder de Republyk fan ‘e sân Feriene Nederlannen 12-4-1749, yn tsjinst gien op oarder fan it kommitee ta de Algemiene Saken  fan it Bûngenoatskip te Lande, it kommando fan it rezjemint oan de âldste kaptein oerdroegen op 11-9-1795, is in pensjoen ferliend fan 2400 gûne yn’t jier. Hy is stoarn yn Dantumadiel (Mairie Rinsumageast) 31-1-1815, 84 jier âld en troud.

Bauke Ruurds Donia, berne te Menaam op 9-7-1793, wenjende te BERLTSUM, soan fan Ruurd Aukes Donia en Akke Yntes, lotling lichting 1813, Mairie Menaam, hy fûn as plakferfanger Jan Arjens Tuinstra, keapman te Frjentsjer.  (Syn Minniste oertsjûging sil hjir wol in rol yn spile ha, tink ik)

Gerrit Douwes te BERLTSUM, lotteling is tsjinstwegerer, 123 regt. Inf. Van Linie.

Cornelis Clases Veldstra, berne te BERLTSUM op 21-3-1791 en wenjende te BERLTSUM, soan fan Klaas Pieters (moat neffens it doopboek wêze Klaas Tietes) Veldstra en Jeltje Hanses Faber, lotling 1891, Mairie BERLTSUM 2-12-1812, is soldaat yn it 125e regt inf. Hy is stoarn yn it Hospitaal op 12-3-1813 etc. etc.

Harmannus Johannes sn. de Vries, deihierarbeider te BERLTSUM, berne op 7-2-1787, wenjende te BERLTSUM, soan fan Johannes Clases de Vries en Anna Harmanus van den Braak, lichting 1810, Mairie Hallum, is plakferfanger foar Jietze Klases de Jong (berne yn 1790) te Hallum. Hy is mooglik stoarn yn 1813.

Popke Siebrens de Groot, berne op 25-3-1791, bakker te BERLTSUM, soan fan Siebren Popkes de Groot en Janke Tomas, lotteling lichting 1811, Mairie BERLTSUM 7-11-1812, soldaat yn it 125e reg. inf. etc. Syn lêste berjocht wie fan 2-4-1813 út Saarbrueken. Wurdt sûnt ein 1814 fermist. Komt foar op de list fan fermisten.

Jelle Lammerts Hager, gernier, berne te BERLTSUM op 14-6-1789, no wenjende te Deinum, soan fan Lammert Jans Hager en Dirkje Rinzes. Lotling lichting 1809. Nei werom kommen te wêzen út Ruslân yn 1813 te ‘Zweed’ yn Pruzen ynliive yn it Russysk-Prusysk legioen, wennet yn 1836 te Deinum, en is dan 46 jier âld.

Gerke Heerkes Hofstra, as boeresoan berne te Húzum, no wenjende te BERLTSUM, in oannomme lotling, nei alle gedachten hat hy dielnommen oan de Russyske fjildtocht. Op 25-11-1828 wurdt hy noch as fermist oannommen, en is net weromkeard.

Minne Haayes Hogendijk, berne te BERLTSUM op 4-10-1790, soan fan Haye Minnes Hogedijk en Jeltje Tjepkes, lotling 1810, Mairie BERLTSUM, legerûnderdiel is net bekend, wurdt ein 1814 fermist; syn lêste bericht wie fan 7-10-1812 út Stettin.

Dirk Andries de Jong, berne te BERLTSUM op 1-7-1791, bouboer, soan fan Andries Dirks de Jong en Syke Klases van Gelder, lotling lichting 1811, Mairie BERLTSUM 7-12-1812, soldaat yn it 125e rezjemint etc.

Pieter Franzen de Lazen/Lazeur (komt yn de BERLTSUMER tsjerkboeken foar as de Lazu), berne te Kampen op 10-2-1790, wenjende te BERLTSUM, soan fan Johannes Lodewijks de Lazu en Tietje (Fetje?) Klazes Hager, lichting 1813 as plakferfanger foar Douwe Eeltjes Schiphof (1793) Kanton Dronryp, it kriigsmachtûnderdiel is net bekend.

Lieuwe Theodore, berne te BERLTSUM, tsjinnet by de 137e kompanjy Kustbewarrers 26-8-1811. Opnommen yn it Millitêr Hospitaal te Ljouwerten en is dêr stoarn op 13-10-1811 oan de gefolgen fan in stupeftige koarts.

Johannes Everts (Lucas sn) Nauta, berne te BERLTSUM op 1-5-1789, soan fan Lucas Everts Nauta en Grietje Gjalts, lotling lichting 1809, Mairie BERLTSUM, litteken oan de mûle, 9-11-1811 fuselier 124 yn it rezjemint ynfantery ûnder nûmer 3405 5e batteljon etc. Is yn 1813 desertearre en wurdt sûnt ein 1814 fermist, fan him gjin berjocht ûntfongen.

Arjen Pieters, berne yn 1789, lotling, Kanton Dronryp 1809, fynt as plakferfanger Lieuwe Tjeerds Runia út BERLTSUM.

Douwe Eeltjes Schiphof, berne te BERLTSUM yn 1793, soan fan Eeltje Douwes Schiphof en Ybeltje Klases fynt as plakferfanger Pieter Franses (de) Lazeu/Lazeur (moat neffens it doopboek wêze de Lazu), deihierarbeider te BERLTSUM, net troud en stoarn yn de gemeente Menameradiel op 27-7-1854, 61 jier âld.

Gerrit Hendriks Teltinga, berne te BERLTSUM op 30-4-1785, wenjende te BERLTSUM, soan fan (Hendrik) Marten(s) en Durcke Geerts, frijwilliger, behearde ta de kompanjy frijwilligers út Fryslân, wêrfan it 4e transport ûnder sergeant Lamberg op 9-9-1819 út Ljouwert opwei nei Útert fuortgie, hy wie doe 23 jier, 5 foet en 5 tomme en krige in premie fan 160 gûne, etc.

Evert Franses van der Wal, timmerfeint te BERLTSUM, berne op 22-10-1790, wenjende te Lekkum, soan fan Frans Aukes van der Wal en TRIJNTJE Nauta etc.

Frans Franses van der Wal, berne te BERLTSUM op 11-3-1793, wenjende te Minnertsgea, soan fan Frans Aukes van der Wal en EVA Reins. Hy wenne yn 1865 noch yn Minnertsgea, hy waard ferwûne yn de slach by Waterloo op 18-6-1815, troude yn de gemeente Barradiel op 4-6-1817 mei Neeltje Dirks,  etc.

Pierre van der Wal, berne en wenjende te BERLTSUM, lotteling, Mairie BERLTSUM, 72e rezjemint ynfantery fan Linie, 1e batt, 3e kompanjy 10-5-1813, opnommen yn it Militêre Garnizoens hospitaal te Brussel en dêr stoarn op 12-5-1813 oabn de gefolgen fan phisie pulmonaire, 21 jier âld.

Jacob Klases de Jong, berne te Dronryp op 4-1-1788, soan fan Klaas Dirks de Jong en Antje Gerkes, lotling lichting 1801, Maire BERLTSUM, 33e rezjemint, lichte ynfantery (jagers) 4e batt. 2e kompanjy, wurdt ein 1814 fermist, syn lêste berjocht wie fan 22-3-1811 út Stettin.

Pieter Romkes, berne te BERLTSUM, de soan fan Romke Pieters en Trijntje Jelles Kalf, frijwilliger, behearrende ta it 3e transport fan de Kompanjy frijwilligers fan Fryslân yn 1809, dat op 4-9-1809 ûnder de lieding fan de sergeants Gorter en Zuringa fanút Ljouwert wei op wei gie nei Útert. Hy krige in preemje fan 180 gûne fan de Grietenij Ljouwerteradiel.  

Hette Geerts Wierstra, berne te BERLTSUM op 4-5-1789, en wenjende te BERLTSUM, soan fan Geert Hettes Wierstra en Rinske Ypes, lotling lichting 1809, Mairie BERLTSUM, pokdalich, 9-11-1811, fuselier yn it 5e batteljon 4e kompanjy 124 rezjemint ynfantery ûnder de 3500 etc.

 

L. C.  29-8-1893.

BERLIKUM, 27 Augustus. Uitslag van den Wielerwedstrijd onder amateurs. Prijs : gouden medaille, den heer Js. Thedinga, Veendam. Premie, zilveren medaille, den heer G. van den Bosch,  Irnsum.

 

Op 27- 9 -1869 is it hûs fan de widdo J. S. van der Meer ôfbaarnd. De brânspuit fan BERLTSUM die it net mear. In nije wie te djoer. Omdat de wyn geunstich wie bliuw it doarp in ramp besparre.

......................................

(De widdo fan Jan Sjoerds van der Meer út BERLTSUM is Welmoed Fokkes Kuperus.)

 

Yn 1879 begûn de grutte lânboukrisis.

Yn maart 1879 begûn J.(an) A.(uke ‘s) Tolsma fan BERLTSUM in beurtfeart op Snits.

Op 27- 4-1881 is der in bollekeuring yn BERLTSUM.

Yn 1881 wurken der 23 manlju, 5 froulju en 13 bern fan 12 - 16 jier (9 jonges en 4 famkes) op it tichelwurk yn BERLTSUM, wat oant 1919 bestien hat.  (by de brêge)

Yn BERLTSUM wienen tsjerklike rûzjes geande tusken de beide rjochtings yn de Herfoarme tsjerke. Dûmny Hein Hoekstra (ortodoks) hie in pear lidmaten dielnimming oan it Hillich Nachtmiel ûntsein, op grûn dat hja op de Kristlike feestdei, Pinkstermoandei, nei in hurddraverij gien wienen te sjen. Ûnder har wie ek master Groenewold, it haad fan de iepenbiere skoalle. Hy soe letter tenei allinnich oargelist bliuwe. It haad fan de bysûndere (C. V. O.) skoalle (Sybe D. Heinsma 1891 - 1907) wurdt foarlêzer en foarsjonger.

Op 19-10-1884 is it ôfskie fan de Minniste dûmny (Rindert Kuperus) fan BERLTSUM/Sint Anne. Hy wie beroppen yn 1882 fan Baard. De yn 1884 nij beroppen dûmny (as it my goed heucht  dûmny S. J. de Vries) behearde ta de rjochterside. Sint Anne woe him net. It oparbeidzjen tusken de beide Minniste gemeenten waard ferbrútsen.

Joh. Brouwers fan BERLTSUM ferkeapet kofje yn 1887.

Healwei april rekken dûmny G.(erhard) Nijhuis fan BERLTSUM en in pear âlderlingen mei it reau fan ‘e dyk by “de lieuwen” ûnder Bitgum. It reau beloane yn de sleat. Hja kamen der goed foar wei. De oarsaak wie glêdens troch op de dyk lizzende snie.

Yn BERLTSUM brekt de freeze kielsykte út.

Sûnt 1889 ferstoaren 11 meastal bern. Begjin desimber nochris 5 persoanen.

Emigraasje agent nei foaral Amearika wurdt Sj.(oerd) A.(ukes) Tolsma te BERLTSUM.

Sjoerd Aukes Tolsma is horloazjemakker en A. Koolstra is goudsmit. Oant 1883 is hjir ek in H. Kiestra horloazjemakker en petteferkeaper.

Yn 1895 wurdt it leverjen fan 240 skyttonnen gunt oan J. H. Kuperus te Dronryp foar fl. 616, -

Yn 1894 is M.(eindert) van Reenen dirigint fan de sjongferiening  “Vooruit” fan Sint Anne.

Yn 1898 bout F.(olkert) J. Rolsma fan BERLTSUM in nije iepenbiere skoalle te Âldebiltsyl foar     fl. 19.493, - .

Hotel “Hof van Holland” yn BERLTSUM  brânt ôf op 15-8-1927. De eigner is D.(ouwe) Fokkinga. It neistlizzende pân fan Jacob van Tuinen is foar in grut part ek yn ‘e jiske lein. Oarsaak is nei alle gedachten heabroei.

Elektrysk kloklieden yn Sint Anne  op 15-4-1930 troch Enne de Haan fan BERLTSUM foar de som fan fl. 650, -.  Itselde bart yn Sint Jabik op 7- 3-1935.

Op sneon 24- 4-1939 tsjin 8 oere briek brân út yn it stjelphûs steande oan it BERLTSUMER WIID bewenne troch Th.(omas) Westra en syn soan S.(ybren) Westra. Troch de fûle N. W. stoarm is it hûs oan de grûn ta ôfbaarnd. De beide froulju wiene allinne mei de bern thús. Sa goed as neat koe mear rêden wurde. Sels de hûn en de kat kamen yn de flammen om. Nei alle gedachten soe de skoarstien de oarsaak wêze kinne.

(Is dit it hûs no Kleasterdyk húsnûmer 32 ?) Yn de krante stiet dat it hûs yn de Minnertsgeaster Mieden oan it Berltsumer Wiid stiet. De brânspuit koe net op it plek fan de brân komme. As Berltsumers  te swimmen gienen dan wie dit IT swimplak fan ‘e Berltsumers. Hja gienen dan nei “Thomas en Sijke” te swimmen. (Thomas Westra en syn frou Sijke Kuperus).

 

Fuotnoaten :

(* DE SWARTE HEAP en de ARUMER SWARTE HEAP.

Begjin 16e ieu stie Fryslân ûnder gesach fan George van Saksen. Hartoch Karel van Gelre liet ek syn each falle op de Fryske regio. Gefolch wie dat der striid útbriek tusken harren oanhingers. En doe ’t Van Saksen it gebiet dêrnei oan de Hollânske greef joech, rûn it út op in gefjocht tusken Hollanners en Friezen. Dizze striid foarme it dekor foar de hannelwize fan Pier Gerlofs Donia (om 1480-1520 hinne), better bekend as Grutte Pier, mei syn swurd. In ûnskiedber duo dat symboal stiet foar de Fryske frijheidsstriid. Pier wie in boer út Kimswerd dy ’t einliks neat mei de striid te meitsjen hie. Oant yn 1515 de Saksers syn pleats ôfbaarnden. Mei syn lotgenoaten naam Pier it beslút de striid tsjin de Saksyske oerhearskers en letter tsjin de Hollanners oan te gean. Hja rjochten de binde “Arumer Swarte Heap” op. Pier waard oanfierder fan de “seinskipslju” en gie as seerôver tergearre mei syn swurd de striid oan op de Súdersee. Foar de Friezen wie hy in frijheidsheld, foar de Hollanners in piraat. Dit swurd, dat al sûnt jier en dei bekend stiet as it swurd fan Grutte Pier, is in 15e-ieuske Biedenhänder. Oftewol, in swurd dat je mei twa hannen hantearje moatte. Wierskynlik komt dit swurd  mei merktekens en in geitenlearen hêft út Dútslân. Soe Pier it bútmakke hawwe op in Saksysk soldaat ? Der besteane in protte legindes oer Pier en oer syn dieden. Ien fan de bekendste is dat hy minsken de noch altyd populêre sin “Bûter, brea en griene tsiis, wa ’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries” sizze liet. Alinne echte Friezen kinne de sin útsprekke. Sa wist Piet meiien oft immen in fijân wie en dus oft hy ûnthalze wurde moast. Hy soe dêrby mei ien klap meardere tsjinstanners tagelyk ûnthalzje kinne. Grutte Pier, syn swurd en syn dieden waarden yn de folksferhalen al mar sterker en grutter. Pier soe wol 2,15 meter lang wêze en mei ien hân in ploech optille kinne. Mei 2,13 meter lingte en 6,6 kilo is it swurd yn it Frysk Museum ekstreem grut en swier, en hat grif as ynspiraasje foar dizze ferhalen tsjinne.

“De Swarte Heap” wienen de troch Georg van Saksen yn 1514 yn Fryslân efterlitten hiersolda- ten, doe ’t de Friezen yn opstân kommen wienen. Sûnder lieding swalken hja troch ús provinsje, besetten Ljouwert, Frjentsjer en Harns en leinen ferskate doarpen yn de jiske. Trieken troch Drinte, om de Súdersee hinne nei Hollân en werom. Trochdat harren foarrie skippen yn hannen foelen fan “Lange (Greate) Pier,” waard harren saak en dêrmei dy fan de Saksyske Hartoch hopeleas. Syn rjochten gienen oer op Karel fan Eastenryk. De “Swarte Heap” ûntromme sa njonkenlytsen Fryslân en gie foar in part yn Eastenrykske tsjinst.

Yn de striid tusken de Hartoch fan GELRE en de Hartoch fan SAKSEN, beide út op de hearskippij yn Fryslân, waarden ferskate doarpen plat brând. It wie mar krekt oan welke kant de (meiwurk-jende Fryske adelike) oanfierders fan de partijen stienen. Sa waard bgl. de op it ferkearde hyn-der gokte Syts Bottinga (ek wol Buwinga neamd, dy ’t oan de kant fan de Geldersken stie) kon-fiskearre en ek de mûne fan syn doarp plat brând. De oan de Saksyske kant steande ealju waarden fakentiden beleane mei ûnreplik guod (ôfnommen fan de Geldersk gesinden) en mei goede baantsjes.

Sa wie Douwe van Burmania hjir tusken 1514 – 1517 legere te BERLTSUM en KLEASTER ANJUM neidat hy de “Swarte Heap” (de Geldersken) ferdreaun hie. Fierders lies ik dat : op last van de Stedehouder Schenk kreeg Douwe van Burmania in 1521 (doe dus t. t. f. Keizer Karel V.) de opdracht om 400 soldaten op het Bildt aan te werven en zich met dezen te Harlingen in te schepen en naar de Kuinder te varen, ter hulpe van de Bisschop van Utrecht, die tegen de Gelderschen te velde trok en een inval te Lemmer wilde doen, met hen slaags geraakt werden de Geldersch gezinden geheel verslagen, velen gevangen genomen, en de Lemmer met een gedeelte van Oosterzee afgebrand.

 

(**  De tsjerken hawwe it jild nea werom krigen en binne sa in protte besittingen foar altyd  kwytrekke. Der stie wol tsjinoer dat de Steat de dûmnys beteljen gienen. Mar dat wie in grutte misser ! It salaris is doe foar ienkear fêstlein en nea wer ferhege. Sa krigen de tsjerklike gemeenten oan it jier 1985 ta noch mar in lyts bedrach foar it gehiele jier. It is doe troch de Nederlânske Steat ôfkocht. Mei de ynflaasje is nea rekken hâlden. It is dan ek in misferstân dat de Steat de salarissen fan de Herfoarme dûmnys betelle. Yn 1579 (Uny fan Útert) is fêststeld dat de Reformatoaryske tsjerke in publike tsjerke is. De Steat regele in protte saken en wie faak beliedsbepalend. Gemeenteleden betellen sels neat of hast neat as tsjerklike bydrage. Allinne de tsjerklike besittings wienen de boarne fan ynkomsten foar de tsjerke. Dit is sa bleaun oan it ein fan de 18de ieu ta (de Frânske tiid). Doe waard noch mear yngrepen yn it tsjerklike bestel. De namme Herfoarme tsjerke is pas ûntstien op befel fan Kening Willem I. yn 1816, doe ‘t hy in nij reglemint foar de tsjerke fêststelde. Dêrfoar wie de namme Nederduytsch Gereformearde kerk. Ik bin fan betinken dat de Steat derom hjoed de dei no noch altyd in grutte ferplichting hat tsjinoer de no saneamde P.K.N. tsjerke. Út de besittings en de tsjerklike bydragen binne de âlde tsjerkegebouwen net mear te ûnderhâlden.

 

L. C.  13-4-1966.

INGEZONDEN.

.........  ...........  de verzilting is toch grotendeels het gevolg van het afvalwater van de industrie, dat op de Friese boezem wordt geloosd en niet van het z. g. lek– en schutwater van de sluizen te Harlingen, noch van het kwelwater door de zeedijken. Deze laatste bezwaren hebben door alle tijden heen bestaan, maar waren toen geen oorzaak tot verzilting van de Friese boezem. Ik HERINNER mij dat wij in MIJN GEBOORTEPLAATS BERLIKUM omstreeks 1900 des winters vaak een ijsvloer hadden, hard en donkergroen van kleur met allerlei bellen erin, waardoor de dikte van de ijslaag was te schatten. Des zomers BIJ HET BADEN, dat toendertijd ook IN DE VAARTEN van de Friese boezem plaats vond, was het water DOORZICHTIG en kon men aan de kanten in ondiep water alle voorwerpen OP DE BODEM ZIEN LIGGEN en was daar een eldorado voor hengelvissers. Zondagsmorgens om 6 uur waren de Leeuwarders al aanwezig, het zij op het BERLIKUMERWIJD of in de BLIKVAART hun geluk te proberen. Maar KOM NU EENS : GRAUW en TROEBEL is het water. Een jaar geleden fietste ik .........  ..........

Harlingen.               L. van der Meij, gepensioneerd technisch ambtenaar Waterschap “Binnendijk”.

 

 

PROTEST TSJIN IT MEITSJEN FAN IN STELSEL FAN LIENMANNEN.

DOEKE MARTENA wie yn 1499 Grytman fan de gemeente Baarderadiel. Hy wie yn 1504 ien fan de Gesanten, dy ’t Georg Hartoch fan Saksen fan it plan ôfbrochten om it ûnreplik guod FAN DE HEARSKIPPEN yn Fryslân “leenroerig te maecken”.

Yn 1504 wurdt in oerienkomst slúten tusken de Hartoch fan Saksen en de Ridders en Hearskippen fan Fryslân, wêrby’t hy fan syn eask ôfsjocht om harren fêstguod fan him yn lien te ûntfangen, mits hja him de 21ste pinning fan harren opbringsten tasteane. ( Chart.b. II 31, 235)

Reversealbrief fan boppeneamde Ridders en Hearskippen, wêrby’t hja de Foarst de 21ste pinning tasteane, ûnder betinkst om harren fêstguod tsjinstfrij as harren besit te hawwen, en de belofte fan him om oan allegearre bystân dwaen te wollen. Mei de nammen fan de ealju, welke net yn it Charteboek foarkomme.


FRISIA, 15-6-1928.

De Versuvius

.........Dorpen werden verwoest, als van de aarde weggevaagd, één dorpje zelfs viermaal.....maar viermaal ook werd het weer opgebouwd en toog men vol goede moed en vertrouwen weer aan den arbeid. Men kende het gevaar, maar men was gehecht aan den grond, wilde geen ander oord kiezen als woonplaats. Zoo deden ook de oude Friezen met het stadje UITGANG, dat driemaal door de Noormannen verwoest werd en telkens weer opgebouwd. Nu ligt daar BERLIKUM. Zoo doen menschen in den ondergeloopen polder, waar het water hun huizen omver werpt, hun oogst vernielt, hun vee verdrinkt. Als het water weggemalen is, bouwen en planten ze weer..............


L.C. 24-9-1800.

De notaris. F. Bavius, zal op zeer gemakkelijke Termijnen van Betaaling publicq aan den meestbiedenden praesenteeren te verkoopen: De wel bekende zeer voortreffelijke Zathe en Landen de NIJE FENNE genaamd, geleegen onder Jacoby-Parochie digt aan de Breede Dyk nabij BERLICUM, groot 44 morgen of 110 pondemaaten, (It wie 500 bunder by skinking troch de Hartoch fan Saksen oan Hette Hemmema) bijna alle hooge en alderbeste Greidlanden, thans by Oene Wopkes Tolsma cum uxore bewoont, dog Petry en May 1801 vry van Huuringe, en zulks in 12 percheelen; breeder by Billetten te Specificeeren. Wie hier aan gadinge maakt, kome op Vrydag den 26 September 1800 ‘s namiddags om een uur in de Nieuwe Herberg aan het Oostend te Berlicum, en kope op conditiën dan voor te leezen, en inmiddels by de Actuarius te verneemen.

DE HUIZINGE, Schuur, Hieminge, Hovinge, Cingels, Gragten tezamen groot 4 Morgen, als mede 1 morgen ten Zuiden van de Cingel en de geheele REED en de LUUNSTERWEG, geheel groot 1 Mor -gen, dus tezamen groot 6 Morgen.

(Dêrfoar wennen hjir û. o. yn 1698 al in Wybe Wijtses, in Eeltje Sikkes, doopt te WIER op 14- 6 -1715, (neiteam : Fennema), troud mei IJesch Aukes, dy ‘t yn 1788 nei Deinum gien is, en in Lucas Evert ’s Nauta (*1763  -  +9-5-1812 Bkm), troud mei Grietje Gjalts, dy ’t nei Himpens gien wie en ein 1802 hjir werom kommen is.)


L. C. 14-2-1801.  (Ferkeap fan de ynboel / hûsboel.)

De Secr. E. van Loon, zal op 27-2-1801 t. h. v. Oene Wopkes (Tolsma) huisman op de Nieuwe Fenne o/d St. Jac. Parochie (by BERLTSUM) verkoopen : koeien, paarden, een phaëton, chais, wagens, eerdkarren etc. etc. TWEE HEEMDOGGEN, meubelen, huisgeraad etc. ...  ...etc. ...  .....

(Op 1 Maart wie de Zathe ûntromme en is men begûn mei de ôfbraak. Dat wie it ein fan it “Heerlijke Lien Nijefenne”.)

 

Neffens dûmny PETRUS NOTA bewenne Baron David Constantijn yn 1781 sels yn de op Nije Fenne steande Heerehûzinge. Syn soan Jr. Marc Cornelis Willem Baron du Tour Bellinchave, berne te Weerseloo op 9- 2-1764, ferstoarn op 3-4-1850 te Ljouwert en begroeven te Hallum, wie de lêste besitter, mar net bewenner, fan it Lien. Yn 1784 rjochtte Baron David Constantijn in fersyk oan de Steaten fan Fryslân mei it fersyk om jild opnimme te meien op syn Lienguod de Nije Finne, wat by Resolúsje fan Deputearre Steaten fan 7 september 1784 tastien waard. Doe wie lykwols de ûndergong fan it Lienguod al begûn. Yn de stimkohieren fan it Bilt fan 1788 hjit Nije Finne (stimnûmer 1) in hûs en skuorre mei 43 moargen lân. Fan de oarspronklike 50 moargen (46 hektare) wie op 27- 7-1784 al 3 moargen en op 20-11-1784 al 4 moargen ferkocht.

 

(Sjoch op side 18 fan it boek :  BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP, de situaasjetekening, ôfte-kene fan in kadastrale kaart fan it âlde Bilt fan 1735 mei de neistlizzers fan 1735 neamd en mei de dêrop de yn 1800 oanjûne te ferkeapjen tolve stikken lân mei de nammen fan de keapers dêr op. De kaart is ek op Google te finen : yntikke – Het heerlijke Leen Nijefenne op ’t Bildt en zijn bezitters. Sjoch op de situaasjetekening fan lânferkeap mei de nammen fan de eigners.)

 

Fan de âld Bilt Gemeente oanslaggen, dy ’t de eigners fan de yn 1752 ferkochte staten betelje moasten, neffens kêst 4 fan de keapbrief fan 7 july 1752, wêrby harren de ferplichting oplein waard om foar altyd de dûmnys en skoalmasters fan de trije parochys te beleanjen en de tsjerken en tuorren, pastoriën en skoalmastershuzen behoarlik te ûnderhâlden, wienen de besitters fan it Lien Nije Finne frijsteld, as wêzende al foar dy tiid yn it besit fan dat ûnreplik guod.

(Doeke Hettes van Hemmema, de soan fan Hette van Hemmema en Ebel Riencksdr van Juwsma, troud mei Bauck Foppesdr. van Popma fan Skylge (ús Bauck) hie it Lien, grut 15 moargen, al yn 1502 krigen fan de Saksyske Hertogen by lienbrief tekene d. d. 13-10-1502, neist de 35 moargen dy ‘t hy al op it Bilt besiet. No totaal grut 50 moargen.)

 

Foar it foarôfgeande lêze men:

Het heerlijk Leen Nije Fenne op ‘t Bildt, en zijn bezitters uit de geslachten Van Hemmema en Du Tour. 

skreaun troch H.(artman) Sannes.

...............   û. o.  Bij bulle van 20 Juli 1498 erkende de Duitse Keizer Maximiliaan I. Hertog Albrecht als Heer van Friesland (It wie út mei de doe saneamde Fryske frijheid.) Tot 1515 nl heeft het Saksische bestuur hier geduurd : t. w. Albrecht van 1498 – overleden in 1500, daarna zijn beide zoons Hendrik en George tezamen van 1500 tot 1504, tenslotte George alleen van 1504, totdat hij in 1515 Friesland (fanwegen jildkrapte) overdroeg aan Karel V. Heer van Holland etc. etc. ..... Deze Saksische Hertogen nu hadden het plan, het leenstelsel, zooals dat na Karel den Grooten de toestanden in het Frankische Rijk en elders beheerste, maar dat in het land de “Vrije Friezen” NOOIT ingang had kunnen vinden, hier in te voeren. Op den Landdag op 20 Mei 1504 kwam Hertog George, toen pas in Friesland gearriveerd, met het voorstel, dat de Heerschappen (edelen) hunne onroerende goederen AAN HEM zouden opdragen en WEDER IN LEEN ZOUDEN TERUG ONTVANGEN. Een storm van verzet stak onder den edelen op. George kon zijn voor -nemens NIET volvoeren. Hij moest genoegen nemen met de 21e penning door de edelen te betalen van al hunne huren. Die 21e penning is door de Friese edelen betaald tot en met 1514. Toen stond de Hertog den Heerschappen, dien last AF TE KOOPEN of AF TE DIENEN door 3 maanden lang 500 knechten ten dienste van den Hertog te betalen. Karel V. bevestigde bij de overdracht in 1515 dien vrijdom. Nog eer Hertog George met de Heerschappen de regeling van 1504  getroffen had, werd door hem en zijn broer HET LOON DER DANKBAARHEID uitgekeerd aan hun wakkerste helpers en trouwe vrinden. Daaronder behoorde behalve Hessel Martena, ook de HEMMEMA ‘s. In 1498 was Doecke Hemmema met Hessel Martena uitgetrokken met 1000 Duitsers en 500 Friese knechten, om Zevenwouden voor de Hertog te winnen, terwijl ook Aleff Hemmema zich weerde. En terwijl de stad FRANEKER, waar de Friezen in 1500 tevergeefs Hertog Hendrik belegerd hadden, voor haar dapper gedrag bij giftbrief van 26 Maart 1501, behalve vrijdom van accijns van de in de stad gebrouwen bieren, één week – en 2 jaarmarkten, 200 morgen van het Saksische domein Het Bildt geschonken werd – welke 200 morgen de stad daar nu nog bezit onder Sint Jacobi Parochie (de saneamde FRANEKER LANDEN) - werd Hessel Martena “sonder brieven” beschonken met 26 morgen Bildtland onder Sint Anna Parochie en bekwam DOEKE HETTES (HEMMEMA) 15 morgen van hetzelfde Bildtland bij de 35 morgen die hij reeds bezat, welke 50 morgen nu tot ÉÉN LEEN werden gemaakt “NIJE FENNE“ genaamd. De leenbrief is van 13 Oktober 1502.

De brief wie segele mei it opskrift : Sigellum Ducum Saxonie Gubernatorum Frisiae.

 

WILLEM van HAREN. (II.)

De Grytman fan it Bilt, Willem van Haren, wie berne yn 1626 as soan fan Willen van Haren (I.) te Ljouwert. Dizze wie wer de soan fan de bekende wettergeus Adam van Haren, dy ’t troch syn maten bekend wie as “Hopman Daam”. Grytman van Haren  wie dêrneist troch de stimgerjoch- tigen ek noch keazen ta ûntfanger-generaal fan it Bilt. Hy wie yn augustus 1656 te Sint Anne troch ds. Petrus Horreus troud mei de 18 jierrige Elizabeth, de dochter fan Duco van Hemmema. Dizze dûmny wie tagelyk mei him op it Bilt kommen te wenjen. Hja setten harren ta wenjen op de “NIJE FENNE” te Sint Jabik ûnder BERLTSUM sa mei oannommen wurde. Om fan dêr yn Sint Anne komme te kinnen moasten modderige reden beriden wurde. Dêrom frege van Willem van Haren oan Keimpo van Donia oft hy in reed, oer syn lân ten easten fan “Nije fenne” lizzende, brûke mocht om op de algemiene wei (de Súderwei) komme te kinnen. (fanôf “de troch mij bewenne Nie-fenn”, sa’t hy yn dit fersyk oanjoech.) Letter wenne van Haren op in slot neist de doarpstsjerke yn Sint Anne. Yn 1659 is de pleats “Nije Fenne” ferhierd oan in sekere Pytter Gerrits.  (sjoch de L. C. fan 17-10-1930. Een Vermaard Fries.) De lêste bewenner fan “Nije Fenne” yn 1801 wie Oene Wopkes Tolsma. De yn 1682 boude Van Haren’s tsjerke yn Sint Anne, mei de tsjin de N. E side dêroan yn 1686 boude van Haren’s grêfkapel, is nei boppeneamde Willem van Haren (II.) neamd. Hy wie neist grytman ek in grut en ferneamd steatsman

 

L. C. 21-10-1801.

De Secretaris E. van Loon, zal op Maandag den 26 October 1801 ‘s nademiddags om één uur precys, voor de Weduwe Dirk Andringa ten huize van H.(endrik) van den Berg, Castelein te BERLICUM publicq VERHUUREN : voor zeven achter-een-volgende Jaren ; 43 ¾  Pondematen kostelyk GREIDLAND, geleegen aan de Belkumer Buure Weide onder Sint Anna (Parochie), en zulks om met Aard-Appelen te bebouwen, breeder by Billetten gespecificeerd.

N. B.    De Eigenaar zal de Huurder nevens deze landen een vrye vaart bezorgen.

L. C. 15-8-1934.

Uit de Provincie.

Afscheid H. Sannes.

Dhr Sannes, geboren te Sint Annaparochie. Actief op velerlei terreinen. Bildts historicus.

 

Sjoch ek it boek fan him :

Het heerlijk Leen Nijefenne op’t Bildt en zijn bezitters uit de geslachten Van Hemmema en         Du Tour door H.(artman) Sannes.

 

L. C. 19-2-1937.

Hoe voor ruim vierhonderd jaar een belangrijke bedijking tot stand kwam.

Uit de geschiedenis der inpoldering van Het Bildt door H.(artman) Sannes.

 

LANDAANWINNING en BEDIJKING, de inpoldering van Het Bildt.

Bestuur van de Saksische Hertogen over Friesland

(út it Argyf  TREASOAR)     

 û. o.  in brief fan George fan Saksen oan Christof von Taubenheim “inzake het zenden van (“Holtzmessers”) nei Fryslân.   (Dresden op 25-8-1509)

In brief wêrby Hartoch George oan syn amtner te Faeyburg (Christof von Taubenheim),    skriuwt oangeande it fersyk fan de Rieden fan Fryslân,  it stjoeren fan in pear lânmjitters (“Holtzmessers”) om it Bilt op te mjitten. De Nederlânske mjitters binne net sa sa geskikt. (Dresden op 4-6-1510)

Friesländische sachen. (Fryske saken) In brief fan ‘e Fryske reginten oan George fan Saksen oangeande it bedykjen fan it Bilt. Men hat George “Teychgraff “ (Teychgraber”) as dykgrêve oansteld foar in moannelean fan 10 (yn bysûndere moannen 14) gûne, bywannear’t men mei Thomas Beukelaar yn see giet, dy it Bilt foar minder as 20.000 gûne bedykje wol. Dan is hy reewillich dêrfoar 10.000 gûne te lienen.

In akte fan Hartoch George fan Saksen, dat hy mei Thomas Beukelaar en de bruorren Heer Jacob ridder Floris en Diederik van Wijngaarden oerienkommen is, dat hy tsjin it beteljen fan 16.000 goudgûnen it bedykjen fan it Grutte Bilt foltôgje sil neffens opmakke ûntwerp. De binnen- en bûtendyks lizzende lannen sille hja 11 jier lang – ien jier fergees en elts folgjend jier foar 5 goudgûnen yn ‘e moanne – yn gebrûk hawwe, ûnder “reserve der onbruikbare “blicken.”   

In akte oangeande it fiskrjocht en in brief oangeande Thomas Beukelaar, dy ’t dêr 11 jier lang op it Bilt Grytman wêze sil.

In akte wêrby Hartoch George fan Saksen it noch net bedike part fan it Grutte Bilt oan Thomas Beukelaar en syn oanhing yn erflik eigendom (lien) jaan wol, as men soarch draagt foar it ûnderhâld fan ‘e diken, slúzen, sleatten en wegen.

 

---------------------------------------------------------------------------

 

Foar de aardichheid samar noch wat resintere stikken dy ’t bewarre wurde yn TREASOAR.

 

Keapbrief  wêryn Ebel, de frou fan Hette van Hemmema oan Gaytia Juwsma (troud mei Eelk van Eysinga wenjende te Rinsumageast) yn 1496 rom twa roeden fean ferkeapet te (te Rinsuma- geast) (Famylje Argyf Burmania-van Eysinga)

Ferklearrings fan ferskate persoanen út BERLTSUM oangeande it wjerfarren en it ûnderfinen  fan lêstich bejegenjen te Ljouwert op 9 febrewaris 1552. Ôflein tjinoer (in) Peter, rjochter te BERLTSUM.

Út de Sertifikaatboeken d. d. 5-11-1616 bgl.  in Trijn Andles, de huysvrouw f. d. timmerman Rieurd Taeckes oangeande in “wandelkoop” (d.i. it ruiljen) fan in hûs steande en lizzende yn de Cleijne Sint Jacobsstraat te Ljouwert mei it hûs steande en lizzende yn de GEBUYREN tot BELCKUM fan Tiallingh Cleasen. Lêstneamde hat 300 goudgûnen betelle foar it “bevestigen des brieffs”.

1702.  Ferkeap troch Otto Cramers en Catharina Hoogheveen te Ljouwert fan lân oan Duco van Hemmema mei in mjitbrief troch lânmjitter C. van Eck.

1730.  Ferkeap fan los lân ûnder BERLTSUM en WIER  Carel Duco d ‘Aumale de Haucourt, berne yn  1693  en yn 1730 troud mei Anna Maria van Assendelft dy ’t yn 1746 stoarn is.

Ferbaal fan stimming fan Andries Jacobs, skoalmaster te Ingelum ta skoalmaster yn BERLTSUM. (Hy is it net wurden.)

1762.  Rekest fan Evert Annes Nauta en Simon Sierks (Baarda), kastleins te BERLTSUM oangeande de kontribúsje ta ûnderhâld fan de earmen te BERLTSUM en in berjocht fan ‘e stimgerjochtige ynsittenen fan BERLTSUM oan te Gerjocht fan Menameradiel oangeande itselde ûnderwerp.

1763.  Stikken oangeande it ôfslúten fan ‘e stege dy ’t lâns it hûs fan Georg Frederik thoe Schwartzenberg rint en de dêrtroch ûntstiene BALDADIGHEDEN.

1776-1777.  Stikken oangeande de te bouwen Koepeltsjerke te BERLTSUM mei kaarten.

1771.  Brieven fan de Berltsumer dûmny Winandus van Assen oan G. F. thoe Schwartzenberg, Grytman fan Menameradiel, mei wat opmerkings oer it gedrach fan in earmfâd fan BERLTSUM en oer de tastân fan ‘e Diakonije dêr.

1769.  In list fan belêstings dy ’t heven wurden t. b. f. it ûnderhâld fan ‘e earmen fan BERLTSUM.

1756.  Betingsten foar de ferkeap fan drankjilden te BERLTSUM t. b. f. de earmen fan BERLTSUM.

1756. Fonnis fan it Gerjocht fan Menameradiel tsjin (timmerman) Willem Meinderts, earmfâd te BERLTSUM, dy ’t WEGERE YN ‘e TSJERKE te KOLLEKTEARJEN.

1715.  Besoignes fan de stimming fan in nije dûmny te BERLTSUM.

1804.  Kwitânsje fan reparaasjes oan de grêfkelder te BERLTSUM betelle troch de erven fan ‘e generaal d ‘Aumale.

Mar ek Regleminten en konsept-regleminten op de buorreplicht, de rattelwacht, de kontribúsje fan it ratteljen, lantearnejild en de turftôgers etc. In oersicht fan troch de pachters fan Marsuma (Marsma) Zathe te BERLTSUM opbrochte bedragen dy’t de Rintmaster fan ‘e Domeinen ôfdroegen wurde moasten.

 

Ek út oare Histoaryske Argiven as dy fan Swol binne âld Berltsumers te finen as bgl. in Klaas Peterzon, de soan fan Johannes Douwes Peterzon en Grietje Freerks Tilstra, dy ’t op 28-9-1899 te Swol troude mei de út Menaam ôfkomstige Grietje Berkenpas, de dochter fan Gerben Abrahams Berkenpas en Trijntje Pieters van der Veen (myn oerpake en beppe)