Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Brân yn (op) de piip (Pyp).


Op 7 jannewaris 1875, de middeis om fjouwer oere hinne waarden de bewenners fan ús doarp hommels opskrikt troch it geroft fan brân wat fluch útbrútsen wie yn de steam-sûkereifabryk fan de hear Lammert Ysbrand's Brouwers. (letter Johannes Brouwers as sûkereifabrikant, no "it Piipskoft"). It like nochal driigjend, foaral troch de grutte foarried brânstoffen dy't dêr opslein wienen. Mar troch feriene krêften fan de BERLTSUMERS mocht it fjûr der net yn slagje om út te wreidzjen. Hja wienen de brân gau master. It wie lokkich oerdei en it wie dy deis dea stil mei de wyn, oars hie it hiel oars útpakke kinnen. Dat naam net wei, dat de eigner frij wat skea hie oan it gebou en de droege sûkereiwoartels.

De brân wie ûntstien omdat droege sûkereiwoartels tsjin in oer de souder lizzende gloedhjitte steampyp kommen wienen. Brân is ien fan de slimste dingen dy't immen oerkomme kin. Sa binne hjir allinne al yn Berltsum ferskate brânnen west. Yn de Bûterhoeke is der brân west yn de nacht fan 8 op 9 septimber 1903 op de skipshelling by de bruorren Jan en Bernardus van Manen. De brân waard ûntdutsen troch de masinist fan de doe neistlizzende oaljeslaggerij en lynoaljekoekenfabryk. De skea koe beheind wurde ta de timmer skuorre mei de dêr oan boude wenten. Der koe lykwols net folle fan de have rêden wurde. De oarsaak wie mooglik te sykjen yn in efterbleaun fonkje fjûr dat by it kromjen fan it hout brûkt is. De hulpfeardichheid fan de omwenjenden wie tige grut west. 

De neist lizzende oaljeslaggerij yn de Bûterhoeke is, noch wer letter, ek hielendal ôfbaarnd. De oaljeslaggerij wie yn 1889 oprjochte troch de hearen Frans Andries Gerbens út Menaam, (troud mei Jannigje de dochter fan A.L. v.d. Meij), Auke Lourens van der Meij, doe wenjende yn Drachten, dêrfoar yn Berltsum, en Lolke Gatzes Boomsma út Berltsum. De v.o.f. wie festige yn Berltsum en hie as doel, it slaan fan lynkoeken en lynoalje en it driuwen fan hannel yn dy artikels en yn koalsied en raap oalje. Op 15-4-1930 om 11 oere begûn de(brân) klok te kleppen. De pakhûzen fan de N. N. K. yn de Bûterhoeke stienen yn de brân. Dêr stie in hurde wyn mar dy wie lokkich wol geunstich. De Berltsumer brânspuit wie der fuottendaliks bij mar it slagge net om it ding oan de praat te krijen. De Marsumer brânspuit waard oproppen en begûn te dwêsten.(blussen). De Berltsumer spuit joech op dat stuit ek wer wetter. Tegearre slaggen hja dêr yn de brân te dwêsten mar de boel lei sa goed as plat.

Dan neam ik dan no sa mar in pear brannen op dy't ik sels meimakke ha tusken de jierren 1950 en 2000. Op 23-3-1956 begûn yn de middei tsjin 5 oere de grutte kisteloads op it feilingterrein te baarnen. It wie ien bonke hout oan kisten en net mear te dwêsten. Om 19.00 oere hinne wie it fjûr betwongen mar de skea wie grut. Der binne sa wat in 20.000 kisten ferbrânne. Hoe it fjûr ûntstien is, wie net bekend. De fersekering duts de skea. It makke op ús as bern in grutte yndruk. Op de súvelfabryk hjir is de kantine ris folslein útbaarnd. (L.C. 5-6-1954 foto) Op 26-1-1971 gie de opslach loads fan de C.C.F. oan de Bitgumerdyk totaal plat. It wie it foarhinne tsjettelhûs fan de fabryk en waard no brûkt foar de opslach fan sûkelade en iis wafels. Kafee It kafee "de Brug", by de brêge oer de Ljouwerterfeart, fan de famylje Jurjen Uitterdijk is op 7 novimber 1963 oan de grûn ta ôfbaarnd. It soantsje fan fjouwer jier boarte mei in fjoeroanstekker. Hjir stie letter it doedestiids nij boude wetterskipskantoar fan "Noardlik Westergoa" en wêr't Hendrikus (Drikus) Sinnema (Drikus en Ettsje Sinnema-Osinga) no syn kantoaren yn hat. (It Hotel "Hof van Holland" van Fokkinga op it Hemmemaplein is trouwens yn 1927 ek al ris ôfbaarnd). It Nieuwsblad van het Noorden d.d. 15-8-1927 hjir oer: J.(acob) van Tuinen uit Berlikum: doordat de wind draaide bij de brand in hotel Fokkinga sloeg het vuur over op de (er vlak naastliggende) boerderij (nû. 8) van van Tuinen, die (ook) geheel afbrande.

De eardere tsjerkepleats ("Longerhou" of ek wol "La(e)tsma" neamd) oan de Anskereed fan de bouboer en jirpel selekteur Jan Bauke’s Lettinga wêr't de famylje fan de feehâlder Sjoerd Reitsma wenne hat en no syn soan Dirk (Dick) wer, is yn 1961 ek finaal ôfbaarnd. Op in Berltsumer merke (ein juni 1968) is de pleats fan Roelof (Roel) Zijlstra oan de âlde Menamerdyk plat lein. Op de merke wie op dat stuit hast gjin minske mear te finen. De merkelju binne dy jûns de dupe mei wurden sa kin men wol sizze. By Ulbe Pieters Runia yn de Smitsteech (no Ramshoarnstrjitte) wie it ek rekke. Ulbe stroffele mei in kanne oalje oer de hûn en der gie it oan. De ynventaris en de trou ynventaris fan dochter Willy en de oansteande skoansoan Wieger Durk Jan's van Dijk gienen alhiel yn flammen op.

Brân twadde krystdei 1982 (Buorren 45, Berltsum)Op de twadde Krystdei 1981 wie der brân by de famylje Algra-de Vries yn de Buorren op nû. 45. (Hendrik & Baukje) De skea wie grut. Omdat it stil waar wie koenen de oanbuorjende hûzen behâlden bliuwe. De brân troch in baarnende kers (kryst 1982) yn de konsistoarje ûnder de Grifformearde tsjerke (no de Krústsjerke neamd) is lokkich beheind bleaun ta dizze romte, oars hie de hiele tsjerke wol ris yn flammen opgean kinnen. Yn 1990: Wjerljocht ynslach yn de Koepeltsjerke. Troch it each fan de nulle, dat kin en mei rêstich steld wurde. It hie mar in hier skeelt of it monumentale tsjerkegebou wie in púnfal west. Lokkich is ús dat besparre bleaun. De wjerljocht wie ynslein op in kabel fan it klokmeganisme. Dêr troch is der koartslúting ûntstien yn de meterkast. Kabels wienen begûn te smeulen en letter op de dei, doe it ûntdutsen waard, begûn te brannen. It tafâl woe, dat koster Sape Schoorstra mei syn soan Boate de klok opwine woenen. Boate woe kontroleare of de doar yn de konsistoarje wol goed beskoattele wie, mar sa fier kaam it net, troch de ferstikkende reek. Lokkich hie de brânspuit alles gau ûnder kontrôle en is de skea beheind bleaun.

Begjin 1995 op 29 jannewaris waarden wy op in sneintemoarn betiid opskrikt troch in gelûdsauto. Der wie in smeulende brân yn de keunstdong opslachloads fan keunsdong hannel van Dijk op it feilingterrein. De bewenners fan de Mulseleane moasten evakueerd wurde fanwegen de fergiftige reek. De hiele strjitte lei yn in tichte damp. Dan moat noch neamd wurde de grutte winkelbrân op 24-4-1992 fan de van Wigcheren's (de Végé) *) yn de Buorren op hûsnû. 12. Ik stie yn de Skoallestrjitte hjir op feilige ôfstân nei te sjen. Der kaam in frjemde man neist my stean. It blyk de nije grifformearde dûmny te wêzen, t.w. dûmny Pieter Dijkstra. De bêste man ha ik hjir op dit plek foar it earst kennen leard. Hy is 15 jier letter dûmny wurden yn de Sint Pytter tsjerke fan Grou. (Doe wie it: "Pytter yn de Sint Pytter" of ek wol neamd "de Paus fan Grou".) Hy wenne koarte tiid yn it wenhûs (pleatske) fan de eardere Berltsumer hûsskilder Durk Ale’s Strooisma. De nije pastorije wente oan de Ir.C.M. van der Slikkeleane nû.8 wie noch yn oanbou want de âlde op nû.5 foldie net goed as pastorije.

Rjochts it ôfbânde pakhûs/wenhûs Theodorus Jr.

Ein desimber 2007 is it (heege) hûs/pakhûs fan Theodorus Wissman(neist de âlde Grifformearde tsjerke oan de Wiersterdyk) totaal ôfbaarnd en gean mar troch, tefolle om op te neamen. Sa bliuwe brannen altyd yn jins tinzen hingjen want it is net neat om hjir by alles te ferliezen. It begrutsjen bliuwt dan ek lang hingjen by de minsken.

*) De (need)winkel is in tyd lang yn ien fan de loadsen fan Douwe Jacob's van Dijk oan de Mulseleane festige west. De nije winkel is net wer yn de Buorren kommen, mar oan de Hôfsleane op it plak wêr't earst Jan Pieter's Wassenaar mei syn broer Koos in transportbedriuw hienen en wêr’t foarhinne harren pake Jan Jacobus Wassennaar wenne. (Jan en Afke Wassenaar - Hoekstra) Hjir wie mear parkeergelegenheid en romte by de nije winkel dan yn de Buorren. It transportbedriuw, no fan Koos (en Joke) Wassenaar, sit tjintwurdich op it nije bedriuwenterrein De ôfslach.


Nieuwsblad van het Noorden.

30-1-1995. Evacuatie door brand.

BERLIKUM - Politie en brandweer hebben gisterochtend (it wie de sneintemoarns) ongeveer 70 bewoners (û.o. dy fan de Mulseleane) van het Friese plaatsje Berlikum geëvacueerd. Door brand in een opslagloods met 3000 ton kunstmest (yn de loadsen fan Keunstdong hanneler K.(laas).D.(ouwes) van Dijk oan it âlde feilingsterrein, foarhinne de loodsen fan de jirpelhannelers Andele - en Dirk Boomsma) kwam dikke, verstikkende rook met zoutzuur en nitrineuze dampen vrij. Aan het begin van de middag konden de bewoners weer naar hun huis. De evacuatie was een voorzorgsmaatregel, omdat de brandweer de brand moeilijk onder controle kon krijgen. Nadat de rook ontwikkeling was teruggebracht, kon de gloeiende kunstmest uit de loods worden gebracht. De brandweer houdt in rekening dat spelende kinderen de brand op hun geweten hebben.

(Wy, as bewenners fan de Mulseleane 27, binne doe mar nei myn skoanmem yn Ljouwert evakueard. Hja hie natuerlik net op ús rekkene foar it waarme miel. Wy hawwe doe mar wat fan de Sinees helle.)


L.C. 8-5-1905.

Hûs Dr. Kwasr sr. (De lettere Fryslânbank oan It Skil)Door onvoorzichtigheid van de meid, die ter droging van een bedje een stoof daarin had gezet, ontstond heden voormiddag brand in de woning van onze geneesheer (dokter J. Kwast sr.) Door het late ontdekken liet zich de brand dadelijk ernstig aanzien. Het achtergedeelte van de woning is dan ook geheel vernield. Hulpvaardige handen - met de spuit kon weinig worden gedaan - hebben het woongedeelte kunnen behouden, dat evenwel ook al veel schade kreeg. Van den inboedel is mede zeer veel verloren gegaan. Een en ander was verzekerd te Woudsend.


L.C. 20-10-1954.

Begin van brand te BERLIKUM.

Bij de winkelier A.(lbert) van der Ploeg (aan de Buorren) te Berlikum ontstond brand doordat een halve zak suiker, die bij de kachel stond te drogen, vlam vatte. De brand liet zich eerst ernstig aanzien, daar het behang en het houtwerk al flink brandde. Gelukkig wist men met emmers water het vuur spoedig te doven.


L.C. 11-9-2003.

Bejaarde overleden aan gevolgen brand.

BERLIKUM - De 89 jarige Keimpe (Boates) Algra uit Berlikum die gistermorgen ernstig gewond raakte bij een brand in zijn woning in de Molestrjitte, is later op de dag in het ziekenhuis in Leeuwarden overleden. De hoogbejaarde man werd gisteren rond half tien met zware verwondingen door de brandweer uit zijn woning gehaald, nadat een wijkverpleegster de brand had ontdekt. De oorzaak van de brand is nog niet bekend.


L.C. 8-1-1869.

Ondergetekende, eigenaar geworden zijnde van de gerenommeerde cichorei-fabriek, vroeger gedreven door K.(laas Klases) van Gelder, en later door D.Feenstra te BERLIKUM, neemt de vrijheid zich daarin, zowel buiten als binnen deze provincie aan te bevelen, beloovende eene accurate en soliede bediening.

Minnertsga, Januarij 1869. L.IJ Brouwers, Cichorij-fabrikant te Berlikum.