Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Ûnder de blynkapte hynders

is ieneach kening.


It wie op 7 augustus 1907, dat Sybren Jacob's van Tuinen, (berne te Bitgum yn 1840 as soan fan Jacob Pieters van Tuinen en Tetje Sybrens Heslinga en troud mei Yetske Ket) gernier te Berltsum, nei Bûtenpost ôfreizge om dêr in hynder te keapjen. Folle gading wie dêr net en úteinlik slagge hy by de fuorman Cornelis B. ôfkomstich fan Burgum, dy't mei in swart ien- eachich bist oan de merke stie, dat de gernier wol goed ta like. Mei de keapman gie hy de herberch yn en waard de eigner fan it hynder foar f.185,- gûne, wêrfan hy daliks f.100,- betelle, de rest soe de earstkommende freed fereffene wurde.

Doe’t van Tuinen it hynder op helje woe blyk it nei in oar plak brocht te wêzen en dêr oankommen, fersette Cornelis him der tsjin, dat de keaper it mei nimme soe. Van Tuinen woe no fansels syn jild werom ha en doe't de fuorman ek dêr neat fan witte woe, ûntstie tusken dy twa manlju in skermutseling, wêrby van Tuinen skoppen en slaggen op rûn.

Cornelis hie him letter foar de mishanneling te ferantwurdsjen foar it gerjocht, dochs hy bliuw absint. Mei it each op syn ûngeunstiche antesedinten foardere de offisier fan justysje syn feroardieling ta trije moanne finzenisstraf. Dat sa'n healblyn hynder yn Berltsum noch de kâns krige om fan nut te wêzen, docht oan biste leafde tinken. It bist sil fêst net brûkt wêze foar de hynstesport. Ik ha yn elts gefal net heard dat der prizen mei wûn binne. Boppedat ha ik noch nea in van Tuinen op in hynder riden sjoen. Wol ris op in oaljefant by ien fan ús trije jierlikse doarpsfeesten. Ek is der wol ris in van Tuinen mei hynders en wein op de Bitgumerdyk op'e rin rekke yn 1926, en wol op 22 july. Jabik van Tuinen koe net foarkomme, dat op de Achteromdyk (Hôfsleane) in izeren lantearnepeal rekke waard, dy’t ôfknapte, en in hynder licht ferwûne rekke oan ien fan de fuotten. Hysels wie ek fan de wein ôfslingere en is der bêst foarwei kommen.

Bisteleafde sit syn neikommeling Jehannes (Johan) van Tuinen wierskynlik ek yn it bloed, tink ik dan. Doe't ik ôfrûne simmer ris mei myn pakesizzers Gerrianne en Deborah, de dochterkes fan myn soan en skoandochter Anne en Anneke út Menaam, op de âlde Sint Anne dyk rûn, de Hemmemawei, seachen wy al dy moaie lytse capreolussen rinnen. Ik tocht: Johan moat ek fol biste leafde sitte krekt as syn oer oer pake, oars lei hy net sa'n moai hartekamp oan. Hy fynt it wierskynlik ek moai dat oare minsken hjir fan genietsje kinne. De beide famkes genietsje yn elts gefal eltse kear wer fan de bisten en wolle troch it gaas hinne de lytse harten aaie. In protte minsken (fyts toeristen) stappe efkes fan de fyts ôf, ite op ien fan de banken in hapke en drinke wat. De bankjes wurde ek in soad brûkt troch de memmen mei bern (en bernewein) dy't foarby komme. In moai stikje Berltsum oan de râne fan it doarp. Johan hat hjir in goede set mei dien.

Oer hynders sprutsen. Berltsum hat eartiids in ferneamde bistemerk/hynstemerk hâwn. Dizze waard altyd holden op Sint Markus dei. Dit is op 25 april. Yn de measte doarpen waard sa’n merke op in hilligen dei holden. Yn it fiere ferline wienen dit feestdagen en de minsken hienen dan in frije dei. Letter waard yn Berltsum de merke altyd holden op de lêste tongerdei fan de moanne april. De algemiene sizwize wie altyd: "Mei Belkumer merk moat it koalsied yn bloei stean".


FRISIA 10-8-1907.

De koopman G.B. te Bergum verkocht op de markt te Buitenpost een paard aan een landbouwer te Berlikum voor de som van f.185,- om direct f.100,- en de rest a.s. Vrijdag te storten. Toen B. volgengs afspraak f.100,- ontving, wilde hij ook terstond de rest en anders het paard niet afstaan. De gestorte gelden wilde hij ook niet teruggeven, waarop de kooper het paard niet wilde afgeven. Een hevig gevecht begon, zoodat de politie tusschenbeid kwam en het paard voorloopig te Buitenpost geherbergd is. De kooper zal nu de rest storten en daar moet de verkooper zich aan onderwerpen.