Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Biltkers wurde Berltsumers.


It nije Hemmema StateFan âlds behearde de noardkant fan de Biltdyk, de troch de Berltsumers sa neamde "âlde wrâld", (de âlde weareld), dit is it gebiet by de Singel oan de N.E. side, by de gemeente it Bilt. De adressearing wie altyd bgl. oan Jabik Weyer: De Singel, Sint Anne ûnder Berltsum. Oan it Molkefabryk oan de Bitgumerdyk, ek wer: Sint Anne ûnder Berltsum. By de lêste gemeentlike wer yndieling is de grins fan Menameradiel nei it noarden ta opskowd en behearden de Biltdyk en de dernei nij boude hûzen oan de Keats, de Opslach, de Boppe, de Appelhôf, de Parrehôf, de Kersehôf, de Beiehôf en de Prommehôf no by de gemeente Menameradiel. Ek de noardkant fan de Wiersterdyk is by Menameradiel kommen. Dizze bewenners foelen foarhinne ûnder Sint Jabik. Hjir is no Hemmema State boud mei it dêr efter lizzend nij oanleine Hemmemapark. De eardere Sint Anne Buorsters en de ynwenners fan Sint Jabik binne no Berltsumers wurden.

De jûns foar de iepening fan in doarpsfeest waard by donker in brief by my troch de brievenbus treaun mei de meidieling: Wy St. Anne Buorsters en bewenners fan de Bitgumerdyk skiede ús wer fan Berltsum ôf. etc etc.... De oare deis de jûns by de iepening fan it doarpsfeest drong it my destiids as foarsitter fan de "Feriening Oranje Nasjonaal Berltsum-Wier en omkriten" pas troch wat de bedoeling hjir fan wie.


Hjir folget it ferslach fan de L.C.: Berltsum, 30-8-1984.

Berlikum in ban strijd blauwkielen en geuzen.

Spektakel stik by de iepening fan it doarpsfeest. Berltsum yn de ban fan de blau kilen en de geuzen. In grins (swet) skeel tusken de bewenners fan de Bitgumerdyk yn Berltsum dy't wer oanslúting woenen by it Bilt en de geuzen fan Menameradiel lieden justerjûn ta it yngrypen fan de geuzen. De better bewapene en moai útdoste geuzen hienen net folle muoite mei de har ferdigenjende blaukilen fan de Bitgumerdyk dy't allinne mar de beskikking hienen oer dongfoarken en mattekloppers. De (Berltsumer) stêdspoarte waard troch de geuzen mei in stoarmram oan flarden riten, wêrnei de "Bitgumer dyksters" harren nei in lytse skermutseling oerjûchen. Boargemaster Bartele Vries fan de gemeente it Bilt tekene dêrnei mei "pine yn it hert" de akte fan oerjefte "Frede 1984" fan dit part fan it Bilt, dat by de gemeentlike wer yndieling oan Menameradiel tafallen wie. "It giet jimme goed yn de nije gemeente", sa treaste hy de fersleinen. Boargemaster Jaap Goeman Borgesius fan Menameradiel spriek harren ta "Jimme wurde wer mei iepen earmen en yn genede ûntfongen troch de gemeente Menameradiel. "Jimme wurde no wer Berltsumer hûnen." De fjochterijen oan de Bitgumerdyk foarmen it spektakelstik as ynlieding op it trije daagse grutte doarpsfeest yn Berltsum. De happening waard troch in protte doarpsgenoaten opstrewearre, wêrby it organisearende komitee Oranje Nasjonaal en Menameradiels earste boarger op feiliche ôfstân ta seachen nei it ferrin fan de "striid" al sittend op in âlde legertruck. Koart dêrnei fûn op it sportkompleks "de Koekoek" de offisjele iepening plak wêrby de boargemaster de Berltsumers foar dit jier de útfiering fan in grut riolearingsprojekt ta sei (djipriolearring).En de doarpsfernijing soe in grutte prioriteit ha.

(Yn de L.C. fan 7-9-1915 is te lêzen ûnder it opskrift: Grinswiziging. Dat it fersyk destiids fan de bewenners fan de Bitgumerdyk om by de gemeente Menameradiel yndield wurde te kinnen, troch Dep. Steaten fan Fryslân ôfwezen waard. Dy winsk is dus no nei 70 jier pas neikommen.)


L.C. 30-08-1984.

Berlikum in ban strijd blauwkielen en geuzen.

(Spectakelstuk bij opening dorpsfeest.) 

Foto : Op de auto, foaroan steande,  Boargemaster Jaap Goeman Borgesius, Watse H. Posthumus (mei burd) lofts - en frou Hinke Rienks-Anema rjochts fan him. Lofts fan W.H.P. stiet Doeke Sijens en Hessel Simons Rienks stiet efteroan op de auto. Sittend: lofts fan Jaap G.B. syn frou Ali Goeman-Borgesius-Molenkamp en rjochts, amper sichtber, Dirkje Posthumus-Fahner en Ytt Sijens-Nijdam.



Doarpsfeest Berltsum 1984


F.D. 7-1-1984

Berlikum opent feest met verovering poort.


L.C. 7-1-1984.

Menaldumadeelster nieuwkomers bij de gemeente "op’e kofje".

BERLIKUM. Onder het genot van een kopje koffie en een "fleurich sankje" van cabaretier Tetman de Vries heeft de Gemeente Menaldumadeel gisteravond in het Heechhout te Berlikum haar nieuwe inwoners welkom geheten.

Honderdnegentig Bildtkers zijn als gevolg van de herindeling Menaldumadeelster geworden en volgens Tetman de Vries horen de nieuwe inwoners eigenlijk ook meer bij Menaldum dan bij Sint Annaparochie. "In faam wurdt noait in maid en in bleek wurdt noait in blaik". De nieuwkomers zijn nl. woonachtig (geweest) in het niet Bildtssprekende deel van Het Bildt. Zo zijn een stukje Berlikum, het dorp Wier, een stukje Beetgum en een klein stukje Beetgumermolen heringedeeld bij Menaldum. Voor de nieuwe inwoners, van wie een groot deel gisteravond bij het gemeente bestuur van Menaldumadeel "op‘e koffie" kwam, verandert er overigens weinig. Hun straatnamen worden voortaan in het Fries aangegeven en ze zullen voor zover in het bezit van zo’n dier, hondenbelasting moeten gaan betalen. Het Bildt kent die belasting nl. niet. Burgemeester Jaap Goeman Borgesius heette zijn nieuwe gemeentenaren welkom. Hij vertelde, dat zijn gemeente door de herindeling netto 157 inwoners rijker is geworden. (Leeuwarden "kreeg" een aantal Menaldumadeelsters) maar in grond ruim 600 ha kleiner werd. Er kwamen 290 ha bij terwijl door o.a. het verlies van het vliegbasis grondgebied er 940 ha. van de gemeente afging.


Piebe Boomsma, de ienichst op 29 -2-1920 berne soan fan Jan Piebes Boomsma en Feikje Schotanus, is yn Berltsum op 16 jierrige begûn as kappersfeint by kapper Beek. Hy wie krekt as syn heit in echte draaioargelfanaat. Hja reizgen tegearre in protte de kermissen ôf om draaioargel muzyk hearre te kinnen. Syn winsk wie dan ek altyd om sels sa’n draaioargel ris yn eigen besit hawwe te kinnen. Dit slagge him yn 1962. Yn Ljouwert waard in heal fersliten eksemplaar kocht, boud yn 1900, mei de namme "De Hagenaar" en noch wer earder mei de namme "De grote Vreese van de Vuist", en mei behelp fan 2 rasechte oargelbouwers t.w. Henk Möhlmann út Amsterdam en de Hagenees Joop Muilenberg is it oargel yn it foarjier fan 1963 restaureard. Piebe wenne earst yn Diever en letter yn Ruinerwold. Hy kaam hjir gauris yn Berltsum om mei syn draaioargel de doarpsfeesten op te fleurjen.


L.C. 27-6-2003.

Hemmemapark Berlikum soberder. (foto.)

De graafmachines halen het gebied aan de Noordkant van Berlikum overhoop voor de aanlag van het Hemmemapark. Op het terrein, dat eigendom is van de Stichting Berlikumer Belangen, (S .B. B.) komt een grote vijver die in de winter kan worden gebruikt als ijsbaan.......


(It plan ta de oanliz fan in Hemmemapark komt út it brein fan de op de Singel (“de âlde weareld”) en letter oan de Hôfsleane wenjende Froukje Weijer-Kloostra. Froukje wie as widdo yn twadde boask troud mei Jabik Weijer en is Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.)

It park wurdt beheard, fernijd en ûnderhâlden troch de Stifting Hemmemapark. It is in protte frijwilligerswurk. De yngongen fan it park binne oan de Biltdyk, de Wiersterdyk en oan de Singel. It park is rom 7 hektare grut en bestiet út in wetterpartij mei in 400 meter iisbaan. It park leit neist de sa neamde Klaaifeart. Dizze feart wie eartiids de ferbining tusken Berltsum en de Waadsee / Noardsee. De kanorûte giet hjir ek lâns. Yn it park binne û.o. in soad âlde appel en parre rassen werom te finen. Wol 50 âlde rassen. Yn it park wurde wolris ekskursjes jûn foar de skoalbern, mar ek wit men it park te finen by de trije jierlikse doarpsfeesten. It is de muoite wurdich om dêr trochhinne te kuierjen. (of te trimmen.) Der is 2 km. oan kuier- en fietspaden en in protte ôfwiksel yn soarten en in ryke beplanting oan âlde en nije fruchtbeammen en fruitrassen Ek de teelt fan seftfruit (beiesoarten) en heechstam fruchtbeammen is yn ere hersteld. Fanôf de yn 2008 op in terp boude útsjochtoer hat men in moai útsicht oer de omjouwing en it Biltse lânskip. Oan it Hemmemapark binne op in terrein 9 lânguodhûzen boud mei in tasein bliuwend frij útsicht oer it Biltse lânskip.


L.C. 7-6-2004.

Berlikum zelf motor achter aanleg Hemmemapark.

In het park kunnen de inwoners van Berlikum wandelen en fietsen. Het park is 7.5 hectare groot. Er komen ...........tien woningen bij het park..........plus zitbankjes ............plus uitkijktoren in het park.


Útsjochtoer yn it Hemmemapark

Molen yn it Hemmemapark


L.C. 1-4-2004.

BERLIKUM - Hemmemapark.

Boomfeestdag, wethouder Arend Dijkstra plant een Amaliaboom. 10.30 uur.