Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Beroppen, bybaantjes en hobby's.

(nei 1750 e.f.f.)


De measte minsken hienen yn it ferline fakentiden mear as ien berop of baan. Tink bgl.mar oan master S.A.Ypey, dy't hjir yn BERLTSUM net allinne skoalmaster wie, mar ek koster, oargelist, doarpsrjochter en sa mear. Minne M. Braaksma, dy't neist syn wurk as feerskipper, ek noch de tsjerke saad hierde, om wetter by't amer ferkeapje te kinnen oan de yn de simmer droech steande Berltsumers. Foaral yn de tiid fan droechte, as alle wetterbakken by de minsken thús leech stienen, smiet it somtiden in aardich sintsje op.

Yn 1824 wurdt de reparaasje oan de Koepeltsjerke oanbestege. Yn 1827 hat mr. timmerman / kastlein Auke van der Mei wer in hiele nije wetterbak makke by de tsjerke op de westkant fan it tsjerkehôf foar fl. 869,- Guon frjoulju hienen as bybaan, it bôlekoer rinnen, it kreamheinen, it skjinmeitsen, allegearre bybaantsjes neist it húshâldlik wurk, om't hja widdo wurden wienen of de man siik wie en it dêrom net al al te rom mear hienen. Fan A.O.W., A.W.W.en Ziektewetten etc. hienen hja noch nea net fan heard. Sa wie mr. glêzemakker (en ferver) Boate Bartels neist syn daagliks wurk ek noch oerwurk makker en beiker. (Wy kenne him noch fan it opfervjen fan de wynfane en de pynappel op de Berltsumer tsjerke toer yn 1778/1779) Nei syn ferstjerren yn 1785 is by boelguod ferkocht: 14 á 15 oerwurken, oerwurkers ark, bankskroeven, ien á twa draaibanken, in ferfmoune, twa alderbêste diamanten, mar ek noch bijkers ark, sa as bije kuorren, in huning parse etc. De oerwurken en foaral de grutte oerwurken rûnen yn dy tiid net sa lûdleas as no. It foarige âlde oerwurk yn de Koepeltsjerke bgl waard foarhinne dêrom sneins ek altyd stil set ûnder de tsjerke tsjinst. 

Jan Folkerts wie mr. wolkjimmer yn de Buorren. Wander Emmen fan Berltsum wie neist wol kjimmer ek noch keapman. Tjalling (Tjallings) Camp, dy't yn Ljouwert yn 1741 yn twadde boask boaske wie mei Neine (Neyne) van der Laan, wie hjir sulver smid op "it Easteinde" (fan de Buorren), mar syn wiif wie faak fuort te himmeljen. Hy is yn 1733 mr. wurden en stoarn yn 1749. Letter ferhierde hja, doe’t hja widdo wurden wie, it hûs op it easteinde (fan de Buorren, no It Skil, Hemmemaplein) oan de grutskipper Arjen Jarigs Bilker (1761). 

De widdo fan Goris Jelles hie oan har ferstjerren ta (yn 1754) in winkel. Pytter Pytters wie kastlein en wynhanneler. Symen Sieks Baarda, boaske mei Saapke Hazenbosk, yn "It Wapen fan Gelderlân" wie kastlein en wynhanneler. Hy is letter opfolge troch Harmen Berents Bosma, troud mei Antje Jorrits. Evert Annes Nauta, troud mei Vroukje Johannes Datema, yn "It Wapen fan Fryslân" allyksa, kastlein en wynhanneler. Hy is ek tsjerkfâd west.

Durk Feikes hie op de hoeke fan de Krússtrjitte (dertiids de Nije strjitte neamd) in weimakkerij, syn frou hoechde wierskynlik net by te fertsjinjen, want hy hie hjir in tige goed bestean. Theunis Meetsma, de soan fan Tjitsger Sybesz. (M.doarpsrjochter) boaske mei Grytje Gorrits Fopma, wie yn 1792 hûsman en Taeke Klases, mr. timmerman. Gauke Ages, hôfker. (Hy wie troud mei Hendrika Lammerts en skynt goed by kas sitten te hawwen, want op ien maaie 1792 lient hy ien tûzen car. gûnen oan de tsjerke fan ús doarp.) Jan Feyes de turfskipper. Fedde Jans, turfmjitter en turftôger, Hans Sybrens Faber, Monte Sybes, Klaas Joostes (troud mei Sijke Abrahams) en Klaas Hemkes, (troud mei Sytske Symons), mr. bakker. Klaas Klases (de) Geele, klean leveransier. Sikke Beernts, mr smid. Heerke Wiglenhuizen, troud mei Hycke Piers, kleanmakker en burdskearder.

Andries de Vries, mr. sulversmid. Benjamin Boomsma, (berne yn 1765 te Weesp en troud mei Reinouke Plet) mr. sulversmid. Johannes de Valk, glêzemakker/ferver en Jacob Jacobs de Wilde, túnker/winkelman. Bartholomeus Wiebrens wie oerwurk (klok)makker. De neikommelingen fan syn soan Bote (Barteles), glêzemakker/ferver en oerwurkmakker, troud mei Rigtje Salvis (de Jong), neame har letter Klok. Jouw Pytters (Keuning) wie mr. skuonmakker en troud mei Hendrikje Beernts de Graav(f.)

De Berltsumer Herfoarme dûmny Siricus Arnoldi, (Sierk Arnoldus soan) dy’t hjir ferstoarn is, wie wierskynlik ynteressearre yn skiednis, technyk en mineralen want hy wie in samler fan mineralen en al sa mear. Let op: hy lit yn 1772 it folgjende nei: in biblioteek, Frânske boeken, in gouden horloazje, in kostber steand oerwurk yn in nute beame kast, dy't in moanne rinne kin sûnder op te winen, in izeren jildkiste, in Ingelske luchtpomp, in dito elektrisear masine, in tover lantearne, mineralen, ferstienningen, hoarntjes, skulpen, in pear skilderijen en skoarstien stikken.

Jetse Meinerts, boaske mei Akke Reiners, wie mr. timmerman. Jacob Deddes, troud mei Sibbeltie Tjallings Swart, wie hôfker/túnker. Jouw Pijtters (Keuning) mr. skuonmakker, wie troud mei Hendrikje Beernts de Graav. Reiner Dirks wie mr. glasemaker. Theunis Meetsma wie boaske mei Grietie Gorrits Fopma. Feijes Jans en syn soan Jan Feijes wienen turfskipper. Jeremias Reins (Quarré, troud mei Berber Pytters), Wytse Johannes de Haan en Simon (Jans) Kramer leverden winkelwaar. Jeremias Klases (Quarré) wenne oan de Grússleat.

Pyter Keimpes Reitsma hie in protte baantjes, sa wie hy û.o. turfmjitter/drager, pûster traper by it oargel en tromslagger/omropper. Klaas Wops de Groot levere súvelwaar, sa as bûter e.d. Jetse Meinerts wie mr. timmerman. Cornelis Pieters Westerdijk wie mr. smid. Jacob Elias, troud mei Nieske Hendriks, brûkt yn 1759 in keamer, koken, tún en ¼ fan it Berchhôf, wêrfan Hotze Quader de eigner is. Syn heit Elias Willems wie hjir gernier / hôfker. Syn mem Tjamke Jacobs is hjir ferstoarn yn jannewaris 1776. Durk Feikes wie hjir, oant syn ferstjerren ta yn 1796, mr. weinmakker. Sa mar in pear nammen fan ynwenners fan âld Berltsum, dy't wy allinne noch kenne út de tsjerkeboeken en advertinsjes út de Ljouwerter Krante.

(Sa kaam ik ek yn de L.C. noch in aardich stikje tsjin, en in tank en in rou advertinsje wat giet oer in frou út de Berltsumer túnkers sibbe, de Hofma’s fan eartiids. It giet oer de âlde Baaye Hofma dy’t troud wie mei Gerben Pieters Koopmans. Har man wie túnker en hja stie oan’t har dea ta, op de Berltsumer merke yn Ljouwert. A.O.W. en pensioen koe men doedestiids noch net. Hjir folget it ferslach fan dit aardiche stikje:)


L.C. 20-7-1885

Welke Leeuwarder kent Baaije niet?

Wie misschien in dit geval mogt verkeeren, wete, dat onder deze naam bekend is, Baukje Hofma, vrouw van den oud-strijder van *) 1831-1832 Gerben Pieters Koopmans, gardenier te BERLIKUM. Waartoe deze herinnering of meededeeling? Omdat deze vrouw gisteren een zeer eigenaardig jubilé mocht vieren. Het was toen eene halve eeuw geleden, dat zij voor het eerst op de Berlikumer Markt verscheen, om aardappelen en andere landbouw producten, benevens boomvruchten te verkoopen, en sinds, jaar in jaar uit, daarvan wekelijks onze stadsgenooten kwam voorzien. De nog altijd vlugge koopvrouw zou ervaren, dat men deze dag niet ongemerkt wilde laten voobijgaan. Na afloop der markt werd haar door een groot getal belangstellenden uit de buurt en nog vele anderen, zoo van hier als uit andere plaatsen der provincie een fraaije leuningstoel, benevens eene keurige bloemtafel met bloemen als blijk van deelneming in het haar te beurt gevallen voorregt aangeboden, waarbij de gardenier Wenselaar, van Berlikum, uit aller naam haar op hartelijke wijze in de Friesche taal toesprak. Hiermede was het echter nog niet gedaan. Toen het brave oudje zou vertrekken, kwam het geheele personeel marktbestellers, mannen en vrouwen, aanzetten, om haar als in triomph op haar eergestoelte te plaatsen en zóó rond te dragen. Uit verscheidene der in de nabijheid gelegen marktschepen wapperde ter eere van de jubilarisse de nationale vlag. Het was in alle opzigten eene warme, welgemeende ovatie.

(Baukje Piers Hofman is trije jier letter yn april 1889 ferstoarn yn de âlderdom fan 76 jier. Baukje wie de dochter fan Pier Jarig’s Hofma en Minke Botes Klok en har man in soan fan Yme Gerbens Koopmans en Grietje Heeres van Dokkumburg en hja wienen troud op 20-5-1835.)

*) De âld striders waarden ûnderskieden mei it metalen krús. By K.B. fan 12-9-1831. (K.B. ter toekenning van "het Metalen Kruis" (Trouw aan de Koning en Vaderland) 1830-1831, aan de deelnemers van de tien daagse veldtocht van 2 tot 11 augustus 1830 tegen de opstandige zuidelijke provincies (Belgie) en ook aan hen die sinds 1830 aan de strijd hadden deelgenomen.) It waard ek wol it "Hasselter Krús" neamd as ferwizing nei de by Hasselt op de Belgen bût makke kanonnen, wêrfan it omraande brons brûkt waard foar it meitsjen fan dizze metalen krúsen.


De Huzaren van Sytzama.

Dit rezjimint wie yn 1814 oprjochte troch baron J.G. van Sytzama, dy ‘t dêrta in opdracht krigen hie fan Kening Willem I. Van Sytzama skreau in hertstochtlike oprop oan “U wakkere Vriezen” om niet “zorgeloos tehuis te blyven”, mar om as rúters foar de “doorluchtige souverein” te striden. Hy fierde sels it Fryske rezjimint oan , dat doe noch Dragonders Nr. 2 hjitte. It rezjemint focht yn û. m. de Slach by Waterloo (1815), de Tsiendaagse Fjildtocht (1831) en de Gelderske Fallei (1940). Nei de oarloch waard it ústjoerdnei û. m. Bosnië (1997). De lêste tankbataljons fan de kriichsmacht, w. û. de Huzaren fan Sytzama en dêrmei de komplete Kavalerie,  binne op 16 septimber 2012 opheven. Op de Lange Voorhout yn Den Haach waard de stander (it findel) oplein, sa as dat hjit. Dit bart yn it kader fan de besunigings by Definsje troch it Ryk. In protte BERLTSUMERS hawwe by de Kavalerie tsjinne, û. o. ek myn heit.


L.C. april 1989.

In de vorige week overleed te Berlikum in den ouderdom van 76 jaren, Boukje Piers Hofma, vrouw van G.P. Koopmans. Zij was op de Berlikumer markt alhier eene zeer bekende persoonlijkheid en velen zullen zich nog herinneren, hoe eenige Leeuwarde heeren haar voor drie jaar op die markt een fraaien armstoel vereerden ter gedachtenis aan het feit, dat zij 50 jaren daar handel had gedreven.


L.C. 8-7-1895.

BERLIKUM. 5 juli. De gardenier J.(an) J.(ohannes) van W.(igcheren) alhier mocht heden het voorrecht genieten, dat hij ‘s Vrijdags in de zomermaanden gedurende het tijdperk van 50 jaar de Berlikumermarkt te Leeuwarden met aardappelen bezocht.. Zeker is het aller wensch, dat de bejaarde en ijverige man nog menig reisje naar Frieslands hoofdplaats mag doen.


Yn jannewaris 1740 ferkeapje Reiner Sybrens de Jong, oerwurkmakker en syn wiif Anna Catharina Anthonia Slots te Berltsum dêr in hûs oan Thomas Aebes, wolkjimmer te Berltsum foar de keapsom fan 200 car.gls.


Teatske Gosses van Sippema, de widdo fan Jacob van Dusten, kollekteur fan de lekkens binnen de stêd Ljouwert, ferkeapet op 24-9-1735 oan Pyter Sjoerds, Skútsjefierder te Berltsum, in hûs dêr foar 80 car. gn en 20 st.


L.C. 21 nov. 1795.

N. B. Nieuwe Zilversmids gereedschappen. Wie gadinge maakt gelieve zig te addresseeren by Andries (Lourens) de Vries, Mr. Zilversmid en Executeur te Berlikum.

(Hy wie master wurden yn 1789 en liet karre yn Ljouwert. Yn 1789 wie hy troud mei Hendrikje Daniëls. Hy is ferstoarn te Ljouwert yn 1804 of 1808.)


Der wie ek in Benjamin Jacobs Boomsma (troud mei Reinou Plet) as sulversmid wurkum yn Berltsum. Mooglik ek yn Ljouwert. Hy wie berne te Weesp yn 1765 en yn 1796 mr. wurden en yn datselde jier te Ljouwert troud mei Reinouwske Carels Plett. Hy ferstoar te Ljouwert op 27-4-1836. Yn 1806 jowt Boomsma oan in mastersteken mei " in beamke " te brûken.


In mr. Sulversmid Andries Passemier (Pieter Hans), berne te Haarlim op 1-1-1674, yn de Westertsjerke te Ljouwert op 30-10-1698 troud mei Aaltje Meinsma, ferstoarn te Ljouwert op 10-9-1739 is hjir yn BERLTSUM begroeven lykas syn frou Aaltje en trije fan syn bern. Oft hy hjir ek wenne hat koe ik net gewaar wurde.


L.C. 18-4-1761.

Dr. T.(adeus) R.(enici) - en S.R. van Theeken praesenteeren publyk aan de meest biedende te verkoopen: Een deftige en welbetimmerde huizinge en agter erve c.a., waarin een lengte van jaaren met groot succes een lakenwinkel is gehouden te Berlikum etc. etc.


L.C. 12-12-1792.

Klaas Klazes Osinga,

boer op "Schellingwou" ("Skilwolde") te Berlikum verkoopt aldaar (Jetskereed no. 3) bomen van allerlei soort etc. etc.

(Klaas Klazes Osinga, wie op 23-6-1748 troud mei Lolkje Gerlof ’s Baarda, en boer te Menaam, hy  ferstoar te BERLTSUM op 14-2-1832. Soan Sybe Klazes Osinga, boer, berne te Menaam op 13-5-1774 wie troud mei Jetske Nanne ’s Cuperus, berne te Marsum yn 1790. Klaas Klazes Osinga is mar 57 jier âld wurden. Hy is de stamheit fan de Berltsumer Osinga ’s. De Jetskereed is wier -skynlik neamd nei Jetske Nanne ’s Cuperus de frou fan syn soan Sybe Klazes Osinga. Pakesizzer Nanne Sybe ’s Osinga, berne te Menaam op 8-10-1815, is stoarn te BERLTSUM op 12-7-1888, 72 jier âld. Hy wie op 27-5-1840 troud mei Adriaantje Heerke ’s Dijkstra, berne te BERLTSUM yn 1810, de dochter fan de skoallemaster en ûntfanger te BERLTSUM en Ytje Hendriks van der Meer.  Pietje Sybe ’s Osinga, de suster fan Nanne Sybes wie troud mei de Berltsumer weinmakker Pieter Jentje ’s Larooij, de soan fan Jentje Wybe ’s Larooij, destiids ek weinmakker te BERLTSUM en te Kimswert. De weinmakkerij is letter oernommen troch Jan Gerrit ’s Hacquebart.) 


********************************


 TWA BOEREN DY ‘t DE KOP DER FOAR HÂLDE.

(Yn ferkoarte foarm oernommen.)

Sape Hoites, is hier boer op "Tsjeppenboer". Sybe Johannes Andringa is hier boer op "Fellingwird" (“Fjouwerhûs”) As Sybe Johannes Andringa syn hier jierren om binne komt Sape Hoites (wer) as hierboer op "Fellingwird." Op 28-1-1670 hie Sape Hoites mei syn frou Antie Clases belidenis dien en wurdt hy doopt. En op 3-7-1670 lieten hja twa bern dope, de âldste mei de namme Geartsje en de jongste is in Hoite. Op 14 Maaije 1671 litte hja in Aafke dope ensafuorthinne..... ensfh..............................................

Yn 1693 (wer)troude Antie Claesses oan Pier Pytters en har dochter AAFKE Sapes trout letter yn 1702 mei Claes Jelles fan Bitgum en noch wer letter mei AEDE YSBRANDS (Stapensea) de soan fan Ysbrand Aedes (Stapensea) út Dronryp dy’t yn 1675 te Menaam boaske wie mei Idske Wybrens.

(De namme Stapensea is ûntliend oan de ûnder Menaam lizzende pleats "Stappens", letter "De Stapel" neamd.) Earst hawwe hja boer west op "Westerwird", mar op 12-5-1708 komme hja op "Fellingwird." Hja krigen de pleats op foarspraak fan Gabe Botnia en Daniel Kiestra.

Dan wurdt EIGNER fan ‘e pleats HENDRIK OSINGA, berne te Boalsert as soan fan Jan Hendriks (Osinga) en dy syn twadde frou Tietie Gerryts. (De sibbe is dêr "bleeker" fan berop, fan dêr de namme Oasinga, it oasen fan in protte wetter waard by it bleekjen brukt.) *) AEDE YSBRANDS (Stapensea) en dy komme nei ôfrin fan de hier fan "Fellingwird" op de pleats "Schoonheim" ek ûnder it behear fan Menaam.

Op 14 augustus 1719 komt AEDE YSBRANDS syn frou (AAFKE) te rêsten. Hja sil beïerdige wurde op it tsjerhof fan Menaam. Nou wie it dêr sa neffens de proses stikken: "Dat alle Sathen liggende tot Menaldum yder hunne aparte Grafsteden hebben".

AEDE jûch de "buormannen" ("dat te Menaldum altoos het gebruick is geweest en noch is, dat het graf werde gemaeckt door de buermannen en door geen dootgraver") opdracht foar syn deade frou te graven en wol ûnder in sark dy’t by de pleats "Fellingwird" hearde, fan eigner HENDRIK Osinga. Mar as de buormannen fan "de Dyksterbuorren" op 13-8-1719 de moarns tusken sâwn en acht oere op it tsjerkhôf komme, freegje hja de timmerman Gerryt Pytters earst of’t hy de stien (sark) al fan it grêf helle hat. Nou né, dêryn wie er fan ‘e doarpsrjochter Tjebbinga behindere, dy‘t wer hannele yn opdracht fan HENDRIK (Jansen) Osinga. Osinga hie sein, dat it grêf fan him wie en as AEDE dêr syn deade begrave woe, moast er him dat earst freegje. Nou dan hiene hja mei innoar de stien der wol efkes ôftilt. Mar, om lêst te foarkommen, sei Tjebbinga har soks yn gjin gefal te dwaan, hy soe it net talitte, dat hja binne warskôge. Ja, dan steane se al efkes yn bestân, hja sille earst nochris mei AEDE prate moatte. Mar AEDE seit harren, dat hja der mei trochgean moatte. "Alsoo hij seijde beneffens sijn stiefvader Meinse Galkes, voor alle swaerigheid in te staan". As de saken sa steane doarre hja it wol oan en sille begjinne. Mar dan komt HENDRIK Osinga der sels ek by om harren hjit op te hâlden. "Soe AEDE my frege ha, dan hie ik it net wegere, mar no ‘t er dat wegere komt syn frou ‘s lyk net yn myn grêf".

En sa kaam it, dat as de iene partij it grêf groeven hie, it troch de oare partij wer tichtsmiten waard. Njonkenlytsen komt de lykstaesje op it Menamer tsjerkehôf oan, mar dan is it grêf wer tichtsmiten. AEDE, dy‘t dan al lang net nofteren mear is, hjit de buormannen it grêf wer iepen te meitsjen. Dan lit OSINGA oan allegearre syn eigendomsbewizen fan ‘e grêven sjen. Mar AEDE mei syn dronken gat sleurt dy him út hannen en smyt se yn ‘e modder. Fan daliks begrave kin op dat stuit neat barre. De famylje en ek Ds. Luitsmaterp jouwe opdracht it lyk earst mar yn ‘e tsjerke te setten. Wylst de bier mei it deafet (deadskiste) foar de tsjerkedoar stiet en de doars kaai ophelle wurdt, rint AEDE om de bier hinne en heakket op in ûnfertocht momint om dy fan OSINGA en dêr gie it oan.....................................


FOAR IT HÔF fan FRYSLÂN.

Der wurde gâns in meute tsjûchen oproppen. Der wurde ôfskriften fan grêven en bewizen by brocht. Tietske Taekes dy ‘t trout west hat mei Hoite Sapes, de broer fan Aede Ysbrands syn frou Aefke Sapes, hie noch tsjin Aede sein, "doch geen graf in Hendrik Osinga’s te maken, dat legerstee behoor-de by deselven sathe "Fellingwird", dewijl die graven by ons elders maar als huurders zijn gebruikt en wij noch gij daer geen eigendom aan hebben." Ek wurdt der noch yn brocht, dat Aede syn "stiefvader" (stypheit) Meinse Galkes sein hie: "Wij willen het doen tegen de wil en dank van Hendrik Jansen". Fierders wurdt der in raar boekje iepen dien oer Aede. "Dat hij als een dronkenbroer daags en nachts syn werk er van maeckt zich dronken en vol te drinken tot minne van zijn gesin. Hij zijn vrouw en kinderen dagelijks schijnt te plagen door zich met jenever vol te gieten. Zich besopen door de Buren van Menaldum te begeven, groot rumoer maeckende".....ensfh... ensfh...........................

Mar it lyk wurdt dochs yn it grêf begroeven. "En it Hôf beslist te gehangen en gedogen, dat de overleedene huijsvrou met name AAFKE Sapes in de grafstede te Menaldum op ‘t kerkhof, en in dewelcke deselves op ‘Hofs ordonnantie neergeset, rustig en onverandert blijve begraven, ordineert Osinga sig in ‘t vervolg van dusdanige attentaten hiertoe neffens te onthouden". Ensfh.....ensfh............

Aldus gedaan en uitgesproken in de Cancelarije binnen Leeuwarden den 15 Julij 1722.

R.S.Roorda. (Ryksargyf te Ljouwert.)

*) Sa binne bgl. de Damwâldster / Dokkumer Osinga’s wierskylik ek oan dy efternamme kommen. De stamheit Lammert Nammens (Osinga), berne te Hijum en nei alle gedachten ferstoarn te Damwâld, hy wie "mr (linnen)BLEEKER en herbergier" ûnder Damwâlde.


Tsjûchenis op 4-10-1705 fan Hendrik Jansen Osinga, boer te Menaam, .......gesond in het geloove, ende vroom van wandel. Lidmaet van de Chr. Gereformeerde Kercke (Herfoarme tsjerke) tot Menaldum, soo veel ons bekend is...........................


Fan Hendrik Jansen Osinga stamme de Berltsumer Osinga’s ôf troch de komst fan Klaas Klaases Osinga op de pleats "Schellingwou " oan de Jetske reed.

(Osinga nammen: Klaas, Sybe, Gerlof, Nanne, Heerke etc. etc.)


Boer Sjoerd Reitsma wenjende oan it Moddergat en syn soan Dick, no op de pleats "Longerhou", oan de Anskereed 2,  hawwe in STAPENSEA as ien fan harren foarâlders. Ek de boeresibben Dykstra en Gerbens út Menaam binne oan de Stapensia ‘s besibbe. Sa komt bgl. de namme Aede ek yn de Gerbens sibbe foar.

As wy de troch Jellema makke stambeam leauwe meie dan giet de Osinga stambeam werom nei in Sybren Osinga dy’t libbe hat te Kimswerd om 1415 hinne. (Iksels ha hjir sa myn twifels oer.)

De Berltsumer Osinga’s binne net besibbe oan de Osinga’s fan Skettens. Hja wennen dêr as hearen op Osinga State. It wie in rike en machtige famylje. De sibbe is al tige ier útstoarn. Hja hawwe spoaren neilitten fan grutte weard. (Peter Karstkarel. Út : Friesland Post April1999.)


********************************


SNEUPJENDE Berltsumers.

Op it Ryksarchyf yn Ljouwert komme jo sa no en dan ek Berltsumers tsjin. Is it net in Jacob Sluis, dan wol in Marten Gatses Hylkema. Dan wer in Wim Kuikman en neam mar op. Faak bin ik jûns mei (Lam)bertus Schaaf nei Ljouwert reizge om te sneupen yn de argiven fan it Ryksarchyf, no bekind ûnder de namme Tresoar. Hjir folget in stikje (yntervieuw) út de Ljouwerter krante fan 2-7-1994 mei Bertus Schaaf.:

(L.C. 2-7-1994.) 

Bertus Schaaf hoorde 5 jaar geleden van zijn schoonvader Klaas Holstes Meijer een merkwaardig verhaal. Diens vader Holst Meijer was, zo vertelde hij, destijds door zijn grootouders opgevoed. Hij had zijn moeder nooit gekend, omdat ze kort na zijn geboorte naar Amerika emigreerde. Ze heeft één, misschien ook twee brieven gestuurd. Daarna is het contact verloren gegaan. Schaaf was zo door dit verhaal getroffen, dat hij op een bepaald moment besloot, er meer over te weten te komen. Hij was er vrij gauw achter, dat de vrouw, Geartsje Holstes Meijer, op 20 jarige leeftijd uit Hilaard naar Amerika was gegaan. Maar de ontdekking die hij daarna deed, kon pikant worden genoemd. Tegelijkertijd met Geartsje was ook een man uit Hilaard uit het bevolkingsregister uitgeschreven: de 28 jarige schilder en herbergier Otte Tsjetses van Oostrum. Over hem staat in de stukken, dat hij zijn vrouw en kinderen "kwaadwillig" heeft verlaten. Geartsje werkte van haar veertiende af als dienstmeisje in Boksum bij wagenmaker Auke Jacobs van der Stal en diverse anderen. Ze had geen man, toen ze op 27 -1-1879 haar zoontje Holst (vernoemd naar haar vader Holst Halbes Meijer) kreeg. De vader van haar kind bleef onbekend. Op 25 februari beviel de vrouw van herbergier Otte van een kind. Kort daarop waren Otte en Geartsje verdwenen. Bertus Schaaf: "Se hawwe beiden in probleem hân." Het enige dat de familie te weten kon komen was dat beiden waren vertrokken naar Pella in Iowa. In elk geval 15 jaar later, op 19 4-1894, kwam er nog een brief van Geartsje uit Appleton in Iowa. Dat is het laatste spoor, waarover Bertus Schaaf op dit moment beschikt. Omdat hij een gezin en een drukke baan heeft (hij is electro technicus) is er niet veel tijd en vordert hij maar langzaam met zijn onderzoekingen.Zo is hij er nog steeds niet in geslaagd, de in Hilaard achtergebleven nakomelingen van Otte op te sporen. Bovendien raakte hij van liever lede geïnteresseerd in zijn eigen familie. Zijn vader Haaije Anne Schaaf en zijn grootvader Hendrik hebben jarenlang bij de marine gediend, en ook daarover zijn interessante verhalen bekend.

(Klaas H. Meijer wenne op de hoeke Buorren / Tsjerkestrjitte. Bertus syn pake, Hendrik Obes Schaaf, is earder ek plysje west yn Berltsum. Sels bin ik noch ta de ûntdekking kommen, dat boppe neamde Marten Gatses Hijlkema fan fierren ek noch besibbe is oan Halbe Holstes Meijer de foarpake fan Holst en Tineke (Trijntje) Meijer, de frou fan (Lambertus) Bertus Schaaf.)


L. C. 26-6-2000.

Zoektocht Friezen naar het verleden in Ryksarchief

(Bertus Schaaf.)


L.C. 3-4-2006.

Berlikumer promoveert op slateelt.

BERLIKUM. - Stefan de Graaf (32) uit Berlikum is vrijdag gepromoveerd aan de universiteit van Wageningen op een onderzoek naar de teelt van kropsla in kassen. De Graaf heeft een wiskundig algoritme ontworpen waardoor telers hun sla opbrengsten kunnen verhogen. Ook kunnen de onderzoek resultaten telers helpen om aan de eisen voor de hoeveelheid nitraat in kropsla te voldoen. De Graaf werkt op dit moment bij een bedrijf in Trondheim in Noorwegen.