Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Beroppen en baantsjes fan Berltsumer foarâlden. (1750-1800) Inkele nammen.


Yn 1752 wie Hendrik van Theeken, troud mei Trijntje Renici, út BERLTSUM, de gemeente siktaris fan Menameradiel. Hy is letter opfolge troch siktaris dr. J. Mebius fan Marsum. (Dr. Tadeus Renici van Theeken, doopt as Teade te Ljouwert op 13-10-1737 en stoarn te Haren op 24-9-1812, de lettere Proc. fiscaal fan Menameradiel, op 7-12-1760 troud mei Antje Pyters fan Berltsum, is syn soan.) Der wie ek noch in S.R. van Theeken (L.C. 18-4-1761). Mr. Joost Hofman, wie de sirurgyn. Romke Pieters Roepsma wie arbeider en syn soan Rein Romkes Roepsma wie hjir letter kastleinsfeint. Georgius Duco Lemke wie boer. Jacobus Cant wenne hjir as hearskip. Tjeerd Pieters Peterzon wie skipper en syn broer Johannes Pieters Peterzon wie glêzemakker/ ferver. Heerke Dirks Tilstra wie ek skipper. Salvus Klazes de Jong, skuonmakker. Pieter keimpes Reitsma, wever. Wybe Heeres van Dokkenburg, boerenfeint.

Yn 1757 wie Johannes Dirks (Kuik ?) boer / hierder fan de tsjerkepleats, Anskereed nû. 2 (is "Longerhou" of ek wol "La(e)tsma" neamd). Yn 1759 wie dit in Wytse Minnes. Noch wer letter, yn 1768, in Kornelis Ruurds. Arjen Jarigs Bilker wie grutskipper. Jetze Folkerts, mr wolkjimmer. Dirk Heerkes Tilstra, hôfker. Klaas Hemkes, bakker. Hylcke Fôkes (Fokkes) Kuperus wie koperslagger en kúpmakker. Bartele Wybrens wie, oan syn fersjerren yn 1760 ta, oerwurkmakker. Lolke en Willem Meinderts (Boomsma) wienen beamkwekers en hienen in interije û.o. op de (Luitenants) Camp. Rein Willems Spoelhof, berne om 1725 hinne en boaske mei Lysbet Freerks wie hôfker en túnker en út syn neiteam wienen Rein en Willem Spoelhof ek wer hôfker en gernier. Letter binne der Spoelhofs û.o. nei St. Anne, Tsjummearum etc. gien te wenjen. (L.C. 22-3-1930. De O.L.S. te St. Anna.) Te Sint Annaparochie stond ene Willem Reins Spoelhof (1788-1802), zijn vader was koopman en ouderling te Berlikum. Meester Spoelhof nam deel aan den politieken strijd zijner dagen, aan de zijde der Patriotten, maakte in 1795 zelfs deel uit van de Provisionele Municipaliteit (voorlopige gemeenteraad) van het Bildt. Er kwamen klachten over het verwaardelozen van den schooldienst en in 1802 bedankte hij of werd bedankt. In 1808 neemt hij evenwel weer tijdelijk de school waar, en in 1812 treedt hij op als onderwijzer aan de toen geopende school te Nieuwe Bildtdijk, tot zijn dood in 1839. (Sjoch ek de L.C. fan 11-11-1937. 125 jaar school aan den Nieuwen Bildtdijk.)

Jan Symens (Wassenaar) wie húsman (boer), earst yn it Kleaster Anjum en letter yn de Buorren op de Terp. De Wassenaars komme fan it Bildt. Jacob Deddes Appelhof wie hôfker / gernier en is û.o. brûker west fan it hôf "de Fûgelsang", wêr't no de Kristelike basisskoalle skoalle mei deselde namme stiet. De foarâlden fan Jacob Deddes wennen hjir al yn 1722 want doe wie Dedde Jacobs (berne yn 1696) "steenmaecker en former op het tichelwerk te Belcum". Der wie ek noch in Dooitse Deddes Appelhof as túnker. Letter wennen der Appelhofs (Eeltje Deddes sûnt 1893) û.o yn St.Jabik en letter yn Dokkum, Dronryp etc. Klaas Symens (Faber) en letter Gerben wie mr. smid (yn de Smitssteech, no de Ramshoarnstrjitte).

Pieter Theunis Hager wie opheller fan de iviche rinten en pachten en Doarpstsjinner. De namme "Hager" hat hy te tankjen oan it berop fan syn foarheit, dy't fan berop "hager" wie op it Berltsumer tichelwurk. Hy sette de stiennen yn hagen, yn en út de stien ûne. Op oare plakken komt de skaainamme Former foar. (stien/pan foarmer). Sybren van Gelder wie tichelbaas en tsjerkfâd. Hy wie op 11-5-1758 boaske mei Tryntie Wilkes.

Evert Annes Nauta wie kastlein yn "it Wapen fan Fryslân" en tsjerkfâd. Hy wie berne om 1717 hinne en yn 1742 troud mei Jeltje Ottes van der Linde. Simen Sieks Baarda, de soan fan Simon Zyks, wie kastlein yn herberch "it Wapen fan Gelderlân, ek wol de "Nije herberch"neamd. Boate van der Veen, mr. timmerman en tsjerkfâd. Hendrik Jeremias Quarree (Quarré, Carree) wie û.o. ek reid leveransier. Beernt (Sybes) Faber wie koperslagger. Grietje Pijters Reitsma, berne yn 1771 en boaske mei Douwe Jeremias Quiree (Quaré), wie hjir sûnt 1806 in foarnaam kreamheinster.

Pytter Keimpes (Reitsma) boaske mei Janke Tjeerds, tromslagger, omropper en pûstertraper by it oargel. Hy trommele de Berltsumers op, as it nedich wie, om earne hinne te gean, mar ek makke hy it doarps nijs bekend. (Letter binne hjir doarps omroppers west: û.o. Douwe Rinses en Rinze Douwe's van Wigcheren en Gerrit Sijtsma mei de skille, Hisse Feike's Brouwer, earst mei de skille en letter mei de elektryske" speaker "en as lêste Piet Weijer mei de gelûdsauto.)

Houke Feddes (Hager) wie de Ljouwerter skipper en doarpstsjinner. IJsbrand Lammerts (Brouwer) hie in bierbrouwerij yn Berltsum. (Letter yn Sint Jabik. De Brouwerij.) Klaas van Gelder, opheller fan de skoarstienjilden. Douwe van Gelder is hjir û.o. hierder west fan de fiskerij yn de tichelerspiip. (Dit is de tsjerkepiip yn de Menamer- of Ljouwerter feart, dy’t nei Menaam fierder oan’t Ritsumasyl ta fierder giet mei de namme de Ballens.)

Jeremias Clases (Caré) wie krekt as Tjeerd Romkes (Bontekoe) brieve samler en brocht de skriftlike boadskippen nei oare doarpen en stêden. De postbestelling sa't wy dy no kenne wie der noch net. Jeremias Clases Carree, boaske mei Berber Pytters, wie winkelman. Heere (Herre) Carree wie krekt as Klaas Symens Faber, mr. smid. Sape Andele's (van der Hout), troud mei Grietje Pyters, mr. timmerman en beam snoeier. Hy siet yn "it deade en libbene hout" as fakman. Johannes de Valk wie mr. ferver. In D. van Wicheren (Wigcheren), mr smid en in Popke Gerrits van Wicheren, ferver / glêzemakker. (De van Wi(g)cherens komme oarspronklik fan Ljouwert en omkriten).

Heere Sjoerds van Dokkumburg wie yn it lêst oan wurksum yn de tsjerkefinne (buorfinne) as oppasser. Klaas Klases Osinga, hûsman (boer) op "Skilwolde". (no Jetskereed 3.), hy wie û.o. ek earmfâd. Wytse Johannes de Haan hierde de diakony helling en wie tagelyk ek skipper. Hy wie ôfkomstich fan Harns. Obbe Thomas (Westra), doarpsrjochter en fjildwachter. Yme Daniëls (van Schepen), hôfker en túnker. Klaas Hemkes, troud mei Sytske Symons, mr. bakker. Tjeerd Romkes, mr. bakker.

Hans Sijbrens Faber, mr bakker yn de Buorren. Syn âlden komme oarspronklik fan Frjentsjer, syn heit wie dêr master tin jitter, en naam, krekt as de smid en de koper slagger, de namme Faber oan. Hja fabrisearren eat en yn it gefal fan Hans Faber no ek wer, nammentlik: it deistich brea. Andries Lourens de Vries wie mr. sulversmid en yn 1789 troud mei Hendrikje Daniëls. Douwe Eeltjes (Schiphof) wie winkelman, hy levere û.o. kearsen, mar ek klean en naaiersjern. Hy is ek tsjerkfâd west. Eeltje Douwes (Schiphof) wie letter âlderling yn de Herfoarme tsjerke.

Oene Wopkes Tolsma wie hjir bekend as mollefanger. Dan binne der de Ru(i)nia 's (Theunis Jans) en de Lautenbach's (Jacobus). Beide Berltsumer sibben Lautenbach en Runia binne ôfkomstich fan Wier. Earst neamde,Theunis Jans, wie yn Wier boer op de pleats deun by Lauta state en de lêst neamde, Jacobus, wie de Herfoarme dûmny fan Wier. No noch hjitte de ôfstammelingen fan Runia, Theunis en Jan en oars wol Theunis Stienstra of Theunis van der Graaf. En de ôfstammelingen fan de Wierster dûmny Jacobus Lautenbach: Jacobus Lautenbach en oars wol Jacobus Wassenaar of Jacobus van Schepen. 

Op "It Heechhiem", oer it Berltsumer wiid, wenne de Kompanjy skriuwer (ek wol Heer(leger)skriuwer neamd) Michaël Hulshuijs. De Hulshuijzen komme oarspronklik fan Leer yn East Fryslân en binne fia Holwerd hjir kommen te wenjen. Hy wie hierder fan in trijedûbelige sletten tsjerkebank yn de Berltsumer tsjerke. Hjir yn Berltsum hat hast altyd wol in kompanjy tahâlden. Tink mar oan it wurd de (Kompanjy's of Luitenant's) kamp, no ferkoarte ta: de Kamp, doe alhiel noch troch wetter ynsletten. It wurdt Luitenantskamp wurdt sels yn 1868 noch neamd yn in akte fan publ. ferkeap. De hynders koenen te lâne op it dêr tichteby lizzend hynstewaad. Berltsum lei op in tige strategysk punt om nei Ljouwert, Harns en Frjentsjer komme te kinnen, sawol oer it lân as oer it wetter. De grutte kanalen en strjitwegen fan hjoeddedei wienen der doe destiids noch net nei dy trije stêden. En Berltsum hat it witten!! It gie der hjir soms mâl om en ta. Plundering, brânstifting en moarderij.

Ik bin as âldste Berltsumer mei in dûbel berop tsjinkommen: in Bartel Jansen,boaske op 4-11-1685 mei Martijntie Pyters, dy’t notaris publicus en goudsmit wie. Dit wienen sa mar in pear beroppen en nammen. Ôfstammelingen mei deselde efter- en foar nammen wenje hjir no noch yn Berltsum of yn de omkriten. It is foar harren misskien wol aardich om dit te witten. 


L. C.  9-12-1994.

Ouderen blij met klussendienst. 

(foto : û.o. Rients Gosses Tijsma fan Berltsum)