Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumers, om nea te ferjitten.


As jo yn 1950 nei "it húske" moasten, dan moasten jo dêr wat "dwaan", "boadskipje", in "grutte" of in "lytse" boadskip. It ôffeien nei de grutte boadskip hong fan de oertsjûging ôf. Wie men Herfoarmd of Neutraal dan wie oer it generaal de Ljouwerter Krante goed fei materiaal. Allinne de print inket koe wol ris wat swarte spoaren neilitte, mar dat wie it dan ek. Wie men Grifformeard of noch "swierder" dan wie it FRYSK DEIBLÊD de oanwezen krante. Dy krante wie doe noch frij fan sneinsport en minder inket ôflittend dan de LJOUWERTER KRANTE. Famylje- en froulju's blêden wienen minder geskikt fanwege it glêde papier. Dat woe net feie, mar ferpleatse. It glêde papier naam net op. 

It privaat of de húske tonne waard ien kear yn de wike ophelle en ferfongen troch in lege skjinne tonne. Op it Dok lei de tonne pream ("de eau de Colognepream") en fan dêr gie it nei it Berltsumer jiskelân, krekt bûten Berltsum, oan de Frjentsjerter feart. Der wienen ek Berltsumers dy't de tonne sels legen en de ynhâld brûkten foar dong op de tún. Foaral bgl.de ierdbeien woenen hjir tige goed op waakse. Ik tink oan Annigje Hager en ik sjoch yn myn tinzen Bauke Zwart (Bauke en Jabbichje) noch foar my, de tonne leegjen yn it túntsje foar syn hûs, yn in greppeltsje tusken de ierdbeiplantsjes. Hja wennen tsjinoer Bûterhoeke 49, it hûs fan myn pake en beppe. 

Bauke wie ús doarpsdichter ûnder de skûl namme "Tom". Wy hienen hjir al in doarpsdichter foar't Ljouwert in stêdsdichter hie. Wat wienen wy hjir al foarútstrjbjend! In boekje(fersebondel) mei syn gedichten samling is yn 1986 printe by de Frysk Deiblêd Offset te Ljouwert en dêr ek útjûn. 

Dan wie der de jiske auto mei de mannen dy't de jiskefetten ophelje en leegje moasten. Dit wienen gjin unifoarme fetten (amers) sa as no. It wienen allerhanne âlde ûnthalse molkbussen, fetten, tonnen,amers, bakken etc. In elts sette syn of har smoargens sa as jiske en oar (itens) ôffal yn eigen socht materiael oan de dyk. De jiskemannen tilden it faak swiere frachtsje op de auto om te leegjen. It ôffal gie nei de jiskepream dy't krekt as de tonnepream op it Dok lei (te stjonken). Ek dit waard op it Berltsumer jiskelân brocht, wat lei tusken de Kleasterdyk en de Frjentsjerterfeart. No is dêr in leantsje. It is it earste leantsje oan de rjochterkant nei de krúsing Kleasterdyk/ Gernierswei.

Op dit jiskelân wie altyd wol wat te finen wat fan gaading wie foar nifelders en oare minsken. De ratten wienen net te tellen. Wy as jonges fûnen it prachtich fansels om op dizze bisten te sjitten mei pylk en bôge of (stikem) mei de buks. Ek waard it tonne doarke fan it húske wolris stikem iepene en it bleate gat mei in wiete feger fege. Kwea jonges streken mei in protte wille fansels en it kriten fan it slachtoffer.

Yn de wintertiid as it glêd wie, waard de jiske út de kachels en fornúzen wol brûkt om, op it hiem en paad, de glêdens tsjin te gean. Dan wienen de fetten faak wat better te tillen foar de jiskemannen dy't efter op de auto stienen of dy dêr neist rûnen. Yn Berltsum wienen bgl. de "tonneurs" û.o in Gerrit Joh. van Wigcheren (Gerryt en Maaike yn de Buorren op hûs nû. 67 wenjend yn it "Stapsteegje"), in Bauke Dusselaar, in Willem Looijenga, in Sikke Visser, in Rintje Roersma út de Molestrjitte, (Rintsje en Geartsje Roersma de Haan) letter yn Menaam wenjend. Jan (Douwes) Agema as sjauffeur, út de Buorren (letter ek Menaam) en Rienk Rienks wenjend op de saneamde Rolsmastreek (Rynk en Anne) en noch folle oaren dy't rûnen by de jiske auto.

Letter krigen wy hjir de sinken jiskefetten, dêrnei de plastic ôffal pûden en no de keunstof kliko’s yn de donker blauwe en griene kleuren. ("kliko" - ôfkoarting fan de fabrikanten (KLI)nkenberg en (KO)ster). Dan kin ik ek noch Rienk Poelstra fan de Bitgumerdyk neame, dy't hjir de strjitten en stoepen ûnderhâlde en Teade (Zylstra) de strjitfaaier út it Berltsumer earmhûs fan destiids, dy't de strjitgoaten en strjitten skjinmakke fen de hynste fiich en it opromme yn syn hânkarre. It wienen de mannen om it petsje foar ôf te nimmen. Hja hâlden mei har smoarge hannen ús doarp skjin en kreas en koenen net mist wurde. Sels gjin wike.


Yn 1911 wie yn BERLTSUM it tonnestelsel en de doarpsreinigingstsjinst ynfierd of oars sein: better regele. Sa dat der in better tasicht op de dongbulten (rûchskernen) en jiskebulten komme koe. It wie foar de hygiëne ek better. Om de sûnens (en de wetterôffier) yn it doarp te befoarderjen binne yn 1912 rioelearings oanlein yn de Haaijestreek (wer oan no steane de yn 1932 troch timmerman-oannimmer Schram boude 4 hûzen, oan it syd strjitsje op it ein fan de Singel) en de Achterweg (Achteromdyk letter Hôfsleane). Ek waarden ferskate eigners troch de gemeente Menameradiel oanskreaun om dongbulten op te romjen en om jarrekolken te meitsjen foar de opfang fan de jarre etc. 

Oer de niisneamde Haaijestreek (Hainjestreek) noch dit:

Sûnt lange tiid hienen de bewenners oan de Haaijestreek in min paad mei hjir en dêr grutte ûnsljochtens. Troch de gemeente waard no yn 1950 fan de âlde stiennen út de Krússtrjitte in strjitte oanlein wat in grutte ferbettering bestjutte.

Op advys fan de sûnenskommisje waard it yn 1914 ek needsaaklik achte, dat de Grúze dimpt wurde moast fanôf de Buorren (de doarpsstrjitte) oan’t de (Achterweg) Hôfsleane ta. Der soe dan rioelearing oanlein wurde foar wetter ôffier. De betingst wie wol, dat de oanlizzers meiinoar fl. 2000,- op it kleed lizze moasten. De Grúzepiip yn de Buorren wie yn 1894 noch fernijd troch timmerbedriuw Folkert Jacobs Rolsma foar f. 629,-.

Yn WIER is pas yngeande 1-8-1922 in gemeentlike reinigingstsjinst ynfierd. Der kaam in jiske karre, ark en der kamen (húske)tonnen yn it doarpke.