Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

It Berltsumer tsjerkehôf.


Sicht op it tsjerkehôfIt Berltsumer tsjerkehôf hat al fan âlds oan de N.W. side in útrinnend hoekje grûn hawn, it sa neamde "skoallemasters hôf" (het meestershofje A 685 grut 3.30 are). It makket no part út fan it al wer in pear jier ferline nij oanleine en dus fergrutte tsjerkehôf. It saneamde "nije diel". Op de oergong yn dizze hoeke fan it âlde nei it ''nije diel" fan it tsjerkehôf, stiet no de urne muorre. Yn 1868 kochten de tsjerkfâden it dêr oan de Súd West kant fan it tsjerkehôf lizzend stikje grûn (A 684 grut 16.20 are) by fan de widdo fan Klaas Oenes Tolsma, t.w. Alida de Lazu Joh.dr. grut 16 roeden en 20 el. Har heit Johannes Lodewijk de Lazu (berne om 1755 hinne) wie ôfkomstich fan Kampen en troud mei Tietje Klases Hager. Dêrfoar yn 1832 wie Gerrit Gjalts Reitsma, de soan fan Gjalt Gerrits Reitsma en Jeltje Ypes Faber, destiids bouboer te Hurdegaryp, de eigner fan dit no súdwestlike part fan it tsjerkehôf. Beide perselen dêrby foarmje no tegearre mei it âlde, it no yn 2002 fergrutte tsjintwurdiche tsjerkehôf.

Der binne op de skieding by de nije oanliz ek wat beammen mei stronk en al út de grûn helle sa dat it tsjerkehôf no noch folle grutter liket. Hjir hat op de westkant fan it nije no mear as trije meter ophege tsjerkehôf bebouwing west want der kamen fundaminten fan û.o. reade stien te foarskyn dy't by it opheegjen fan it "nije" hôf no noch djipper ûnder de grûn kommen binne te lizzen. Dit sille de fundaminten fan de âlde skoalle (of skoallehûs?) yn it eardere sa neamde skoallemastershôf west hawwe. It stie midden yn it skoallemastershôf. By it skoallemastershôf, yn de skoallemasterhaven (ek wol neamd de twadde haven fan it tsjerkehôf) dêr wie in stalte oan in feart dy't dêr oan it tsjerkehôf ta rûn hat. Bewenners út it Kleaster Anjum wei waarden faak, as hja ferstoarn wienen, hjir by dit stalte it tsjerkehôf opdroegen as de lêste reis mei de boat (snikke of pream) gie, sa is my oerlevere troch de âld koster fan de Herfoarme tsjerke, Hendrik Lourensz.Zwart, (Hendrik en Frânskje) dy’t ek wer it ien en oare fan âlde doarpsbewenners heard hie w.û. in âld boer mei de namme de Groot dy't earne by de âlde Grifformearde tsjerke oan de Wiersterdyk wenne hat. Neist de âldste skoalle op it tsjerkehôf stienen om 1760 hinne ek noch doe al 3 âlde húskes dy’t troch de tsjerke ferhierd waarden.

Om efkes wer op niisneamde Gerrit Gjalts Reitsma werom te kommen. Hy wie ek eigner fan de grûn fan it ‘âld tichelwurk" wêrfan Claes Poopes yn 1675, boaske mei Grietie Fockes, de tichelbaas wie en noch wer letter yn 1758 Sybren van Gelder. (* mei de dêrop noch oerbleane wente en de grûn fan it lettere hûs wêr't de âld boer út it Kleaster Anjum, Jan Sybes Hiemstra wenne hat en wêr't no syn dochter Henny Wijngaarden - Hiemstra wennet. Dit hûs (A 695) is no nûmmere Hôfsleane 74. (it wie troch Reitsma oankocht yn 1830/31. Yn 1835 wenne hjir Klaas Eeltjes Schiphof.). 

Hûs oan de Hôfsleane nûmmer 74

De grûn wêrop de hûzen Hôfsleane 60 o/m 72 steane wienen ek fan dizze Gerrit Gjalts Reitsma. Syn broer Ate wie eigner fan de dêr wer efter lizzende greide wêr op no de yn Delfts Read: weropbou hûzen (1942-1952) Molestrjitte nû. 1 o / m it lêste nûmmer steane. De hiele wyk dus.

(Weropbou)Wenten oan de Molestritte

It tsjerkepaad rjochting de tichelers of tsjerke piip rûn hjir oer dizze greide. De trochbraak Molestrjitte / Hôfsleane (om 1953/1954 hinne) is yn myn jonge jierren krekt bard. It begraven yn de tsjerke wurdt yn 1795 ferbean. Mar yn desimber 1813 is it wer tastien. It definityf einde wie mei yngong fan 1-1-1829. Sûnttiid waarden de deaden op rige en nûmmer begroeven. Foar 1829 kaam de deade sa mar op in frij kommend plak te lizzen. Ek moasten de tsjerkehoven ôfsletten wurde. Yn 1818 joechen de tsjerkfâden fan Berltsum, mei goedkarren fan de Hear Grytman fan Menameradiel, al oan in nij grêf register meitsje te wollen yn de tsjerke en op it tsjerkehôf. Mei it gefolg, dat de eigners fan de grêven oproppen waarden om har foar 1-10-1818 by de fjildwachter O(bbe) T(homas) Westra, boaske mei Antie Douwes, (wenjende oan de Foarstrjitte) ta te kearen mei de bewizen fan (grêf) eigendom. Obbe wie de soan fan Thomas Wybes en Hiske Obbes Westra. Foar it opmeitsjen fan it register en it yn oarder bringen fan de grêven soe foar elts grêf 5 stoeren betelle wurde moatte troch de grêf eigners en de net oanjûne grêven soenen as oan de tsjerke ferfallen beskôge wurde.

Der sille ek doe wer hiel wat grêfstiennen opromme wêze, sa tink't my. Sawol yn as bûten de tsjerke. Op it tsjerkehôf sille fêst net folle stiennen lein ha. Dêr hienen de measte minsken it jild net foar om soks betelje te kinnen. It hôf wie meast greide wêrop gjin fee weidzje mocht, it meande gers waard fakentiids as hea ferkocht oan de heegste bieder.

De tsjerke (iepenbiere) skoalle stie ek op it tsjerkehôf en de bern boarten dêr. (Om 1903 hinne binne de 7 lêste grêven dy’t foar it bordes (de haadyngong) leinen, opromme. It tsjerkepaad kaam no fan ôf de Buorren rjocht út te rinnen nei de haadyngong fan de tsjerke ta. Yn 1862, by de oanliz fan de nije stiennen flier yn de tsjerke, binne in protte stiennen romme en op it tsjerkehôf opslein of it doarp yn rekke om brûkt te wurden foar stoepestiennen e.d. Der binne doe ek in protte âlde stiennen op it tsjerkehôf romme.) Om de tsjerke hinne stiet it no fol mei grêfstiennen, sa dat wy it ús no hast net mear foar stelle kinne. De diakonije hat in part op it hôf yn gebrûk hawn om dêr de minsken, dy it net betelje koenen, begrave litte te kinnen.

Op it izeren stek oan it begjin fan it tsjerkpaad steane de wurden "Memento Mori". (Frij oerset:"tink der oan, datsto ek ienris stjerre silst". of koart sein "Gedenkt te sterven".) It izeren stek is yn 1991 makke en yn de plak kommen fan de stiennen muorre mei houten draaistek. Hjirfoar stie hjir ek in izeren stek mei itselde opskrift. Hjir sjogge jo oer it generaal net folle minsken, blommen en baarnende ljochtsjes op it tsjerkehôf. De measte minsken sizze: "Ik ha hjir op it hôf net folle te sykjen". Allinne op stjêr data, trou- en jierdei wurde noch wolris blommen, as oantins, nei it grêf op it hôf brocht. Yn it bûtenlân hawwe wy by ús protte reizgjen as gesin troch Jeropa en foarâl yn it súdlike part dêrfân hiele oare ûnderfinings opdien. It binne foaral de Roomske omkriten, wêr 't de minsken der hiel wat foar oer hawwe om de ferstoarnen te betinken mei blommen en troch it kearsen op stekken as neitins. De grûn is dêr wijde grûn. De net Roomsken en net doopte Roomske bern kamen elts op in apart dêrfoar bestimd diel te lizzen. Hjir binne alle minsken gelyk. No't ek party minsken har ferbrânne litte, is der koartlyn in urne muorre (columbarium) op it tsjerkehôf oprjochte. It kremearjen is yn 1925 pas legalisearre.

Tsjerkehôf Herfoarme Tsjerke

(* Om noch efkes op it boppeneamd "âld tichelwurk" werom te kommen. Yn 1784 is it âlde tichelwurk bûten wurking steld en de hiele ynboel ferkocht. (L.C. 7-5-1785) Yn 1792 hie Winandus van Assen wer in nij tichelwurk stifte oan de oare kant fan de no neamde Hôfsleane op it lettere feilingsterrein "De Afslag". Yn 1814 wie Tetman Willem’s Dijkstra hjir eigner fan wurden. Yn 1836 syn skoansoan Sjoerd Willem’s Osinga. Yn 1871 Hermanus Alma (** en yn 1873 Auke Gerhard van der Meij. (A.G. van der Meij, stien-en pannenfabriek; hannel yn boumaterialen 1792-1916) Nei de stifting fan in tichelwurk yn 1856 troch L. & G.. van der Meij op it ein fan de Tichelersdyk oan de Menamer/Ljouwerter feart waard it tichelwurk fan 1792 no wer it "âlde" tichelwurk neamd. It twadde "âld" tichelwurk dus. It lêste yn 1856 stifte tichelwurk hat oan’t 1937 ta bestien en is doe ôfbrutsen.Yn 1871 wie K.Hager dêr tasker. Herman Alma (de soan fan de Berltsumer notaris Hendrik Willem Alma en de pakesizzer fan Tjeerd Alma, notaris te Menaam.) de tichelbaas liet yn 1871 yn de simmertiid syn wurknimmers wol keatse om fleisprizen. De froulike wurknimmers mochten doe noch allinne ta sjen. Rinse Cornelis Kramer hat oan’t syn dea ta yn 1933 dit tichelwurk bestjoerd as mastersfeint(tasker) foar L. G. v.d. Meij. Oare beroppen wiene neist de tasker, hager, tichelder en oen(oven)feint. Der binne noch foto’s fan dit tichelwurk. (sjoch op Google : Het levensverhaal van Cornelis Visser, - Spanvis mei û.o. foto’s wêrop Cornelis Rinses Kramer (mei in grutte wynflek op it wang). Hy wenne oan te Tichelerdsyk nû. 32. Sije en Sijke Beetstra- Schotanus, ek fan de Tichelersdyk op nû. 20 en Jan en Gryt Wijma-Schotanus fan de Molestrjitte nû. 2.)  

ANNO 1679 DEN 28 DECEMBER IS IN DEN / HEERE GERUST DEN EERSAMEN CLAES POOPES / MEISTER TICHELAER TO BELKOM OUT IN SYN 32 / IAER LEIT ALHIER BEGRAUEN / ..........IS ..........HEERE ge / RUST DEN EERBAERE GRYTIE . O . ES......T / 71 STE IAER EN LEIT ALHIER BEGR................/

De widdo fan Claes Poopes, t.w. Griet Fokesdr. troude nei 1679 mei Sybren Cornelis en sette it bedriuw fuort. Sybren Cornelis wie foarhinne boer op Cammingha yn it Kleaster Anjum en syn heit Cornelis Pytters kocht yn 1622 in hûs yn Berltsum.

(** Foar de aardichheid dit stikje út de Ljouwerter krante fan 25-7-1871.


******************************


Mijheer de Redacteur!

Te midden van het fraaiste weer der wereld hadden wij hier j.l. zondag een echt Friesch volksfeest. Geheel voor eigene rekening liet de heer Herman Alma onder zijne werklieden eene kaatspartij houden, welke, begroet door een aantal vlaggen, bijgewoond werd door honderden toeschouwers. Voor de mannen bestond de prijs in 6 kilogram spek, die, na een hardnekkige strijd, ten deel viel aan F. Dijkstra en P.Hager; de premiewinnaars ontvingen 5 kilo, al de overigen elk 1 ½ kilogram. De levenlustige jongens betwistten elkander vrolijk en dapper de overwinning, doch ten slotte kregen ook dezen elk eene mooie pijp, ½ kilo tabak of iets anders. De vrouwen en meisjes, ofschoon zij wel is waar niet mede kaatsen, kregen ieder ook een prijs. Van eene goede hoeveelheid bier kon elk naar hartelust drinken, dat de strijders tot nieuwe moed aanwakkerde. Kortom, het was eene vermakelijkheid, die voor het geliefkoosde steekspel der ouden niet behoefde onder te doen. De heer Alma heeft hierdoor op nieuw het bewijs geleverd, dat hij een volksman is; het strekte ten voorbeeld voor alle fabrikanten en werkgevers. Als die heeren, benevens alle kapitalisten, zoodanig meer en meer handelden, er zou gewis weldra harmonie tusschen heer en knecht, tusschen kapitaal en loon tot stand komen. Wij althans danken bovengenoemden heer voor de genoegens en het plezier ons zoo ruimschoots bij die gelegenheid geschonken en hopen, dat hij lang onze patroon mag blijven en nog vele jaren tot nut en welzijn van den werkenden stand moge leven. Ook onze tasker, K. Hager, heeft alles aangewend, wat tot opluistering van dit feest kon dienen, dat in de beste orde afliep; hij blijve nog lang zijne werkplaats bekleeden met den wensch, dat soortgelijke volks vermakelijkheden dikwijls de kermissen moge vervangen, zult ge mijnheer de redacteur ons met de opname dezer regelen in uw blad zeer verpligten.

De arbeiders van het Oud Tigchelwerk. Berlikum, 19 Julij 1871.


Der wienen tusken 1854 en 1891 wol tweintich oan’t sân en tritich bakstienfabrikanten yn Fryslân. It tal arbeiders yn dizze takke fan yndustry skommele sawat tusken de 300 en 400 wurknimmers mei útsjitters yn 1874 (1060) en yn 1891 (994). De produksje wie yn it earste plak bestimd foar Fryslân en Hollân. Dêrfoar wienen ek de Eastsee lannen ôfnimmers. De Fryske bakstienbakkers gienen teloar omdat hja net mei de tiid meigienen. It wie hjir in twadde takke en tsjin de konkurrinsje út Grinzerlân en de fabrikanten de Grutte Rivieren bylâns wienen hja net opwoeksen. Om 1900 hinne wie it sa goed as ôfrûn yn dizze sektor yn Fryslân.


L.C. 9-4-1867.

De ondergetekende, bij Zijne Majesteit’s besluit van den 14 Maart 1867 no 65 benoemd tot notaris in de plaats van wijlen zijnen Vader den Heer T. Alma, ter standplaats Berlikum, brengt bij deze ter kennis aan belanghebbenden, dat hij op heden die betrekking heeft aanvaard en provisioneel zijn kantoor zal houden ten huize van S.(joerd) A.(ukes) Tolsma alhier.

Berlikum, den 2 April 1867. H. W. Alma, notaris.


L.C.  30-10-2006.

Begraven in Beetgum. De doodgraver vertelt.

(foto : begraffenisstoet.)


Grytie Fockes (Fokes) dr., de widdo fan de op 28-12-1679 yn ‘e âldens fan 32 jier ferstoarne Claes Popesz. master tichelder wenjende op it âld tichelwurk (A 694), is nei 1679 troud mei Sybren Cornelisz. van Gelder. Dizze hat it tichelwurk fuort set. Sybren syn suster Aaltje van Gelder wie boaske mei de om 1705 hinne berne Bote (Aebees) van der Veen. (Sybren en Boate hawwe beide tsjerkfâd west.) Sybren en Aaltje hawwe de namme van Gelder oerkrigen fia harren beppe Aeltie van Gelder dy’t troud wie mei Folkert Ernstes. Beppe Aeltie har heit wie Corn. Thijssens van Gelder en skuonmakker fan berop. De sibbe komt oarspronklik fan it Bilt. Dizze Corn. Thijssens van Gelder hat yn de rie fan Menameradiel sitten (as "mederechter") en syn namme stiet ek op de grutte tsjerke klok dy’t yn de eardere krústsjerke fan Berltsum hongen hat.


L.C. 19-2-1785.

Dr. J.(ohannes) Mebius, Seretaris van Menaldumadeel, zal op Maandag den 7e Maart 1785 ‘s Morgens om 11 uur praecys, ten huize van de Castelein Hendrik Everts te Belcum publick op een Afbraak Verkoopen: Een Tichelwerk: met de daar aan zijnde lootsen, waar aan een menigte beste Bouwmaterialen zijn, van extra zwaare Balken, Pannen, Steen en Yzerwerk enz. staande onder het behoor van Berlicum, zynde intusschen nader onderrigt te bekoomen by de Actuarius voorz. en by S. van Gelder ten gemelde Dorpe Berlicum.

N. B. By de bovengemelde S.(ybren) van Gelder (troud mei Tryntje Wilkes) zijn nog te bekomen, eenige Duizenden beste Nieuwe Steen, van Allerhande zoorten voor een civylle Prys.

(De soan fan dr. Johannes Mebius en Hiltje Ennema, t.w. Mr. Paulus Joh. Mebius, berne te Marsum op 29-5-1769, abbekaat en notaris te Marsum is letter ek Siktaris fan Menameradiel en te Marsum stoarn op 25-5-1838.)


FRISIA 22-6-1928.

WARGA - Onze plaatsgenoot de heer J.L. de Boer, candidaat notaris, is bij Koninklijk Besluit benoemd tot notaris te BERLIKUM.


L.C. 15-5-1893.

Belangrijke verkooping

Stienfabryk Aan de Steenfabriek "De Nijverheid"te Berlikum voorradig groot formaat drieling steen. Aan de gele steen fabriek "Nooitgedacht"te Ried, eene flinke sorteering moppen en kleine steen. Aan de pannen, vloeren - en draineeer buizen fabriek "De Onderneming" te Berlikum een ruime voorraad gewone, gegolfde en platte pannen, holle steen (mop, drieling en klein) en verdere bouwmaterialen. Bestellingen worden aangenomen aan de Fabrieken en aan het Kantoor bij de Pakhuizen te Leeuwarden, Willemskade, alwaar de meeste soorten Bouwmaterialen aanwezig zijn, als soort Engelsche en Duitsche Portland-Cement in vaten en zakjes etc.

A.G. van der Meij, steen - en pannen fabrikant, Willemskade, Leeuwarden.

Beleefd aanbevelend. Concurrerende prijzen. Men neme proef!


L.C. 13-2-1936 Afbraak boelgoed. Berlikum.

Notaris J. de Boer te Berlikum zal op Zaterdag 15-2-1936 ‘s morgens 9 uur bij boelgoed á contant verkoopen: Een groote partij afbraak afkomstig van en aanwezig op het NIEUW Tigelwerk te Berlikum als: De geheele oven, ijzeren kruiplaten, enkele kipkarren, plm 150 meter rails, platte en holle kruiwagens, stookpotten etc. etc.


L.C. 23-1-1960.

Apart grêfskrift yn Berltsum.

Yn de Berltsumer tsjerke leit in stien foar ûnderskate sibben fan in boerefamylje, dy’t noch gjin "fan" hie. Op de stien nou komt in tige apart opskrift foar, dat tsjut op it from ferstjerren fan in famke fan tsien jier. Dat famke hiet fan "Soetie"en wie in dochter fan Mynthie Claesz. It opskrift seit:

"ANNO 1629 DE 11 FEBR. STERF SOETIE MYNTHIES DR.OLT INT 11 JAER SONG IN HAER LAETSTE URE DE STRICKE DES DOOTS HADDEN MIJ OMVAEN DOCH ICK RIEP DES HEREN NAEM AL SO AEN O HEER VER(laet mij niet?) IN DESE NOOT EN LEIT HIER BEGRAUE"

De minsklike need, dy’t sa faken by grêfskriften ûntbrekt, komt hjir nei foaren yn in meidieling oer it úterste fan in bern fan tsien jier. D.J. van der Meer, dy’t dit opskrift meidielt yn syn boek oer Menameradiel, hat fûn, dat it liet, dat Soetie song, foarkomt yn "De C L Psalmen Davids" fan Petrus Dathenus. Dy psalmen waarden doe in protte songen. It liet (Ps CXVI), de fersen 2 en 3 seit: De stricken des doots hadden mij omvaen. Ick was beladen met anghsten ter hellen. Ick was in noodt en suchten en in quellen. Doch ick riep des Heeren naem also aen. O Heer verlos mijn ziel uyt deze noot. In lyts histoarysk "document humain" dit grêfskrift. (Dizze (grutte sark) stien leit no, nei de lêste grutte restauraasje, lofts foar it doopstek. De oare (grutte sark) stien is fan Folpert Baardt c.s. en leit rjochts foar it doopstek. Hjirop is it folgjende te lêzen: Anno 1649 den 9 september is in den Heere gerust d ‘eerentveste en achtbaren Folpert Baardt, secretarius van Menaldumadeel, oud in zijn............ en leyt alhier begraven. Anno 1657 den 14 october is in den Heere gerust d ‘eerbare Sydtske Baardt, huysvrouwe van Folpert Baardt, secr: van Menaldumadeel......... ende leyt alhier begraven.)


BERLTSUM. Grêf skriften. û.o.

G. 27 Grutte sark; sirkelmedaillons; yn 1 en 3 in hânmerk (221; 2 en 4 nea brûkt.

(R) Ao 1639 DEN 31 MAY STERF-DE EERSAME IASPER POVWELS OVT INT 72 IAER EN LEIT HIER BEGRAVE- Ao 1636 DE- 31 MAERT STERF D- EERBARE TRINTIE CLASES HUISVROU VA- IASPER POVWELS OVT INT 59 IAER-.

Binnen de râne:

ANNO 1658 DEN (3?) IUNY STERF DEN EERSAME POUWEL IASPERS..........IAER ENDE LEIT HIER BEGRAVEN - ANNO 1660 DEN 11 (H.v.V.: 17) IUNY STERF IANNEKE POUWELS-DE HUISVR...........CONELIS OUT- 26 IAER.............BEGRAVEN- ANNO 1709 DEN 7 NOVEMBER IS IN DEN HEERE -GERUST DEN EERSAMEN LAMMERT PYTTERS OUT-INT 43 IAER EN LEIT ALHIER MET TWE KINDERS BEGRAVEN- 1731- DEN 1 (H.v.V.: 3) IULY IS IN DEN HEERE GERUST DEN -EERSAME CLAAS ATES OUD 71 IAAR- MIN 21 DAAGEN EN LEIT HIER -BEGRAVEN-


Jasper en Cornelis Paulusz. wennen yn 1613 te Menaam (Hyp.bk. O 2 side 115). Hja wienen bruorren fan Adriaen Paulusz. te Marsum en waarden yn 1621 fâden oer de wezen fan Marten Claesz. te Berltsum (broer fan Tryntie Claesdr.; fgl. G 34). Paulus Jaspersz. soan fan Jasper Paulusz. en Tryntie Claesdr. te Berltsum trouden (as Minnisten) 18 Juni 1633 foar it gerjocht fan Menameradiel mei Adriaentie Hendricksdr. dochter fan Hendrick Claesz. (Procl.bk. A 12 side 153). Hy wie yn 1650 boarger fan Ljouwert (Procl. Bk. A 15 side 73) Syn widdo ferkocht yn 1659 lân te Berltsum, mar in bloedbesibbene, t.w. Dirck Dircksz. (troud mei Grietie Marten-Claesdr.) niaarde (Procl. Bk. A 16 side 185).


Lammert Pytersz, soan fan Pyter Lammertsz. en Maeycke Paulus-Jaspersdr. te Dyksterhúzen ûnder Bitgum, troud mei Eentie Intsesdr., berne om 1675 hinne, dochter fan Intse Deddesz. en ANTIE HOYTES dr. (Weesbk. I 31 side 336 e.f.) Syn neilittenskip waard yn 1715 ynventarisearre (Weesk. I 41 side 273) en Paulus Pytersz. te Berltsum waard as omke fâd oer de 3 wezen, t.w. Antie, Tryntie en Tiets. Lammert Pytersz. wie boer te Kleaster Anjum (Stimkohier fan Kleaster Anjum, nu. 3) en besiiet lân te Berltsum (Floreenkohier fan Berltsum, nû. 197)

De stjerdatum fan Claas Atesz. is nei alle gedachten net just ôflêzen. It Quotisaasjekohier neamt him noch yn 1744. Dirk Andringa (as erfgenant fan syn mem) erfde in grut part fan it fermogen (Pers. kohier fan Berltsum, 1747).

(ANTIE HOYTES dr. boppeneamd is de foarbeppe fan de Runia’s en in protte oare Berltsumers, wêr ûnder dy fan my.)


Ao 1661 den 18 Jan sterf Marten van Baard lieutenant van een Comp te voet out 34 jaer ende leit alhier begraven. (Hjir yn Berltsum waard foarhinne de Kamp ek wol de Lieutenants- of de Compagny’s Camp neamd.)


A.o. 1625 de 2 May sterf de erbare Margareta Hardenstein out 50 iaren en was d’echte huisvrouwe van Balthasar Stuyfsant i chr dienaer in sijn gemeinte toe Belcum. Nascentes morimar, morientes vivimus, illud intulit alter Adam, hoc contulit alter Adam. Christe vini, vidi, vince tuis, tibi vincere morti mortuus ut poteras, mortem ab olendus ades. Sic rubra terra siam macula sine -stikje Gryks- et fir mors iurrosa mihi, vitaque Christe sies.

(De grutte sark is te sjen oan de lofter side fan it doopstek.)


Do Gothofredus VigliusAnno 1685 den 19 Martius is seer godtsaligh in den Heere ontslapen den Eerwaardigen Godtsalighen en Welgeleerde Do Gothofredus Viglius nae dat hij deese Gemeijnte tot Berlikum als een getrouw Harder en Leraar heeft bedient den tijd van 18 jaren olt 45 jaren en leijdt alhier begraven.


Yn de tsjerke: Elisabeth Petrus Nota. Berne yn 1764. Doopdatum 11-11-1764. Stjerdatum 25-10-1775. Anno 1775 die 25 octobris saivo variolorum morbo tristissimis parentibus crepta est charissima filia Elisabeth Nota annum agens duodecimum, et hic sepulta est.


Yn de tsjerke: Douwe (Dominicus) Petrus Nota. Berne yn 1755. Doopt op 7-9-1755. Stjerdatum 25-12-1775. (ds. Nota sil op de 1e Krystdei fêst net preke ha.) Anno 1775 die 25 decembris maximo cum parentum suorum cucta variolis obiit optimus juvenis Dominicus Nota, litt: studiosus, anno aetati suae vigesimo primo et sub hic tumolo quiescit.

(Dizze lêste trije (lytse) stiennen lizze oan de rjochterside fan it doopstek.)


Den 19 iuni 1708 is in den Heere gerust den eerbaere Tryntie Ians, huysvrouw van Ian Harmens, orgelmaeker en organist tot Belcom, oudt in haar 60 ste iaar en is hier begraven met ses van haar kinderen.


Ao 1796 den 13 may is overleden Sybe Ymes Sevenster in leeven huisman tot Berlikom oud zijnde 85 jaar 11 maanden en 8 dagen en leit alhier begraven. (Sybe IJmes 5-6-1710-13-5-1796 boaske mei Grietje Jans Brolsma.)

Anno 1678 den 19 september is in den Heere gerust de eerbare Aeltie Jans de huisvrou van Claes Ians de nagelatene weduwe van Iohannes Sybes Andringa oud in haer 48 iaar ende leit alhier begraven.


L.C. 25-2-2003

Raadsel grafsteen Berlikum opgelost.

Fragmenten fan in stien fûn yn Berltsum: Yede Hyclkes Colaerdt, kapitein op de Westergo [manh]afte Yede Hylckes Colart ordris capiteijn van ‘t collegie ter admirlt in...... en de nammen der op fan Simon Gerrits, berne yn 1763, ferstoarn op 4-6-1810 en fan Taakje Ynnes, berne yn 1772, ferstoarn op 25-11-1829. (Beide lêst neamden wienen minnist.) Sjoch it Fryske journaal HJOED fan 5-10-2001 en de L.c 25-2-2003. It skip is yn 1653-54 te Harns boud. It wie útrêste mei 56 kanonnen en waard ynset op 7-6-1672 yn de Slach by Solebay. De Frânsen en de Ingelsen tsjinoer de Nederlanners.

(Simon Gerrits, ôfkomstich fan Harns, wie earder sûnt 1789 troud west mei in Pietje Durks. Teakje Ynnes (Ennes) wie earder troud (te Harns) mei de fluitskipper Harmen Teevis en hja wennen letter yn Wommels. Oer “fluiten” sprutsen : Sa wie Molkwar destiids it grutste doarp fan Fryslân en bestie foar it grutste part fan de seefeart. It doarp oan de Súdersee dat syn bynamme “Doalhôf fan Fryslân” te tankjen hat oan syn gaoatyske struktuer, waakse en bloeide tusken 1600 en 1750. De Molkwarder FLUITEN ferfierden foaral hout, koalsied en nôt, mar ek pik, waaks en izer fanút de Eastseegebieten nei Amsterdam.

Yn itselde jier 1672 fan de slach by Solebay ferdigene Hans Willem van Aylva as luitenant -generaal Fryslân tsjin Bernard von Galen (Bommen Berend), bekend fan de oanfallen op de stêd Grins, de oanfierder fan de Münsterse troepen. Dizze Hans Willem van Aylva waard op 22 februaris 1667 beneamd as opfolger fan Tjerk Hiddes de Vries ta Luitenant admiraal en yn 1672 as generaal yn it leger. Hy wie yn Holwert op 12-12-1658 troud mei syn nicht Frouck van Aylva. Ferstoar yn 1691 te Leuven troch in fal fan syn hynder en is begroeven yn it famyljegrêf te Holwert.)


OENTZEMA / OANTZIEMA.

Op it tsjerkehôf leit foaroan in ienfâldige grutte sark: nei alle gedachten ôfkomstich út de eardere tsjerke; merkt: 1598 (yn in cartouche) en D L (yn de ûnderrâne); sirkelmedaljons, wêryn mannenwapens;

1. dield; lofts h. ad.;

2. net kenber;

3. nei alle gedachten Oentzema (51);

4. dield mei rjochts h. ad,; lofts trochsnien.

(R) Ao 1600 DE 18 IUNY STERF / DE EEDELE WYBE V GROVESTEIN GRIETMA OVEr MENALvMaDEEL / Ao 1598 DE 21 APRILIS / STERF DIE EERBAre IVFFROV HYLCK OENTZEMA Zy HVISFROW /

Net werkenber ôfh. All. Wapens ûnder in kroande helm; helmteken.: 3 strúsfearen (yn it wapenteken fan it Stamb. Yn elts fan de strúsfearen 3 stjerren, pealsgewize; dizze stjerren ûntbrekke hjir). It fierdere neffens War.

Ao 1660 DEN 30 NOVEMBER STERF GEESKE IANS / DE HUYSVROUW VAN.......... CLAESSEN OUT / INT. 0 IAER EN LEGT ALHIER BEGRAVEN /

Wybe van Grovestins wenne - krekt as syn opfolger Tierck van Heerma- as Grytman te Berltsum, wêr’t syn frou ferskate eigendommen besiet.

Symon Claesz. en Geyscke Jansdr. (boppe neamd) wienen "harbargiers" te Berltsum.

D.L.: Dirk Lieuwesz. de stienhouwer. 


L.C. 2 maart 1916.

Notaris Wachter te Leeuwarden zal publ. verkopen op dinsdag 7-3-1916 om 7 uur bij J. De Jong in café "Spoorzicht" te Leeuwarden: De in volle werking zijnde pannenfabriek "De Onderneming" te Berlikum, met erf droogloodsen, turfschuren, 6 woningen, machines, ovens, persen, bakken, gereedschappen, pantafels, schragen, kruiwagens, planken, pramen enz. aan den weg naar Leeuwarden en het vaarwater, groot 94.21 are, tot heden in exploitatie bij de N.V. voorheen A.G. van der Meij te Leeuwarden, welke fabriek steeds en met succes een alom zeer gunstig bekend produkt heeft voortgebracht.


L.C. 14 april 1916.

Afbraak

Te koop op afbraak eene partij beste materialen van de af te breken pannenfabriek te Berlikum w.o. 3 loodsen, lang 40 meter, breed 7 meter, 2 loodsen lang 6 meter, breed 7 meter. Plusminus 60.000 gegolfde, geribde en holle roode pannen, 300.000 rode en gele steen, balken, 32 holle en platte kruiwagens, 6 houten pramen, juffers, latten, schroten, deuren etc. etc.


Út it gemeentelijk contact 2e jiergong nû. 3 fan septimber 1970 lêze wy: Steen- en pannenfabriek te Berlikum. Daan (Daniël) de Jager gaf ons een interessante beschrijving van de Stoomsteen-en pannenfabriek "De Nijverheid" te Berlikum, waar hij van 1912 tot 1917 als machinist werkzaam is geweest. Deze fabriek was eigendom van de N.V. voorheen A.G. van der Meij en uit de brief van de heer De Jager blijkt dat in deze fabriek langs machinale weg metselsteen werd vervaardigd. In maart 1912 nam men ook de productie van dakpannen ter hand. Dit laatste heeft echter niet zo lang geduurd, want op 1-1-1917 werd de fabriek gesloten. Gebouwen en terreinen werden verkocht aan de Veilingvereniging "De Afslag " te Berlikum, die deze liet inrichten tot marktterrein. De huidige veilinggebouwen staan noch tot 2012 op het voormalige fabrieksterrein en zullen worden afgebroken.


Wêrom binne de measte dakpannen read ?

Eartiids koenen der allinne mar reade dakpannen makke wurde. Yn Nederlân waarden dak -pannen makke fan rivierklaai. It izer oksyde kleuret de pannen ûnder it bakken read. Yn de 17e ieu pas waard ûntdutsen hoe’t donkere dakpannen makke wurde koenen. De metoade: in part fan ‘e soerstof ûnder it bakken ûntskuorre. Dat die men troch in tige grutte mannichte brânstof te brûken, en de oen ôf te slúten sadat der gjin nije soerstof by koe. Sa kleuret it izeroksyde yn de klaai blauswart. Omdat der mear brânje foar nedich wie, wienen dizze dakpannen wol djoerder en dêrtroch ek wat sjieker. Tsjintwurdich kinne wy dakpannen yn prinsipe yn alle kleuren fan de reinbôge meitsje. Dochs kieze minsken noch fakentiden foar read. Hjoed de dei is dat lykwols net ûnûntkomber, mar in kwestje fan smaak en tradysje.


L.C. 9-6- 1923.

Uit de hand te koop.

Pakhuizen (voormalige vlasfabriek) te Berlikum. Het voormalig fabrieksgebouw gelegen aan spoor en groot vaarwater. Te bevragen bij P. en M. Braaksma te Berlikum. Desgewenst is de gehele fabriek ook te koop met of zonder inventaris.


L. C. 31-3-1978.

Bouw nieuwe veiling Berlikum begonnen.

(foto : bouterrein feiling feriening “De Afslag” te Berltsum.)


L. C. 7-9-1977.

Oud-tuinbouwman S. J. van Tuinen (73) overleden.


L.C. 20-11-1855.

De eigenaars van Graven op het kerkhof te Berlikum worden opgeroepen, om zich vóór den 20 Dec. 1855 te vervoegen t.h.v. den Houder van het nieuw aan te leggen Register der Graven, den Onderwijzer R.(omke Meinderts) van Reenen, ten einde aldaar bewijs van eigendom te ontvangen. De Graven, voor welke zich geen eigenaars opdoen, zullen beschouwd worden als aan de Kerk te zijn vevallen.

Namens de Kerkvoogden. K.R. de Groot. Adm.


L.C. 19-7-1844.

Familieberichten

Na her verlies van ZES Kinderen, werden wij heden op nieuw in diepen rouw gedompeld, door het overlijden van onzen jongsten zoon Jetze. Hij bereikte slechts den leeftijd van een jaar en 6 weken. Elk ouder hart gevoelt hoe zwaar ons dit valt, en bidde met ons,dat God ons sterke om ook deze bezoeking Christelijk te verdragen.

Berlikum, den 10 Julij 1844. K.R. de Groot, M. de Groot, geb. Heeres.


L.C. 13-2-1863.

Mr. Schonegevel, Griffier te Berlikum, zal, t.v.v. H.H. Kerkvoogden aldaar, op Maandag den 23 Febr. 1863, des v.m. 11 uur op het Kerkhof te Berlikum, tegen gereed geld, veilen: 54 zware Esschen-, 19 zware IJperen boomen en 1 zware Linde boom. Benevens de takken van dien.


L.C. 3-5-1901.

Uit de Provincie.

BERLIKUM. 1 Mei. Met 13 Mei a.s. treed hier een nieuwe regeling in werking met betrekking tot de begrafenissen. Onlangs n.l. is een (begrafenis) vereeniging opgericht, die zich ten doel stelt "door het heffen eener jaarlijksche contributie van haar leden, hun overledenen kosteloos op waardige en plechtige wijze ter aarde te brengen". De jeugdige vereeniging vindt algemeen bijval. Verreweg de meeste hoofden van gezinnen hebben zich aangesloten, zoodat het binnenkort met de oude regeling, de BUURT DIENSTEN, (de burenplicht) wel voorgoed gedaan zal zijn.


L.C. 2-7-1990

Berlikumer stierf niet bij aanval op vliegveld.

Leeuwarden - In Sneon & Snein van zaterdag stond in de Leeuwarder Courant vermeld, dat op zaterdag 27 juli 1940 de 31 jarige Theunis Stroop uit Berlikum om het leven gekomen is als gevolg van een Engelse bombardements aanval op het vliegveld Leeuwarden. Dat is volgens Klaas (Holstes) Meijer niet juist. Loodgieter Theunis Stroop is die julimorgen in 1940 omstreeks kwart vóór negen bij werk aan het koepeltje van de Hervormde kerk in Berlikum uitgegleden en van het ronde dak gestort, (en op it tsjerkehôf te loane kommen) waardoor hij dodelijke verwondingen opliep. Meijer, toen electriciën in Berlikum, herinnert zich, dat hij Stroop de vrijdags tevoren boven op de kerk geholpen heeft en toen nog tegen hem gezegd heeft, dat Stroop beter geen klompen kon dragen. Dat was gevaarlijk bij dit soort loodgieterswerk, gezien de glibberigheid van de goten van de kerk. Toch is Stroop de volgende dag weer op klompen in de goot aan het werk gegaan. Toen moet hij zijn uitgegleden. Het in Berlikum wel gehoorde verhaal, dat Stroop geschrokken zou zijn door een laag overkomend vliegtuig, dat een aanval deed op het vliegveld en daardoor zijn evenwicht moet hebben verloren, ontkent Meijer met klem: "Der wie gjin fleanmasine".

(Theunis Stroop wie nog mar 3 jier troud en wenne midden yn de Buorren yn Berltsum. (no de Fa. (A.(ugustinus Jacobus) Wetting en Znn op nû 86-90) Hy wie berne te Âldeboarn as soan fan Geert Stroop en Sytske Vlieger. Hy is oan syn ferwûnings yn Ljouwert deselde dei noch ferstoarn.) 


L. C. 15-8-1940.

Loodgietersbedrijf annex winkel in Huis Houdelijke Artikelen heeft overgedragen aan.

L.S.

Ondergetekende deelt aan het geachte publiek van Berlikum e.o. mede, dat zij m.i.v. heden haar loodgietersbedrijf annex winkel en huishoudelijke artikelen heeft overgedragen aan den heer G.R. Mollema te Franeker, met dank voor het genoten vertrouwen.

Hoogachtend, Wed. T. Stroop, Berlikum.

Als uitvoerder in dit bedrijf is daar aangesteld de heer T. Wetting, (Augustinus Jacobus) die reeds geruime tijd bij hem in het bedrijf werkzaam is geweest tot volle tevredenheid van de cliëntele.