Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer / tsjerke belangen.

Wat in Tsjerkfâdij as selstannich kolleezje al net die. Hja makke net diel út fan de Tsjerkeried sa as no. It wie al te faak in feriening fan doarpsbelangen en wêr't de tsjerkfâdij ek al net oan betelle. Yn 1865 bygelyks neist tsjerklike saken, in grut part oan de gemeente Menameradiel yn de stiftingskosten fan de nije iepenbiere skoalle en it skoalle hûs hjir oan de Achteromdyk (no Hôfsleane) yn Berltsum. Dit is yn 1834 ek al ris bard by de bou fan de skoalle, op it plak wêr’t no de aula stiet, oan dizze gemeente. Oan de bewaarskoalle. Oan de kommisje ta wurkfoarsjenning. In rinteleaze liening oan it gemtsjerke is ek neaeentlik earm bestjoer. Yn 1823 nimt de tsjerkfâdij it beteljen fan de belêstingen op de hierwaarde, de doarren en finsters en op de skoarstiennen fan de pastorije oer. Master J. Groenewold krige jild foar de jongerein bibleteek. Oan it reserve fûns foar de ûnderwiizers widdowen en wezen yn Fryslân. De doarps omropper trommele no net mear (op) mar krige in nije (doarps) skille fan de tsjerkfâden en gean sa mar troch. Allegearre net tsjerklike saken.

Wol wer tsjerklike saken wienen, en dan neam ik sa mar wer in pear dingen: Yn 1785 op 17 april betelle oan I. (Jelle) Agema mr. stienhouwer te Harns, fanwege de oankeap fan de "ruuwe gedenksteenen sampt het behouwen en beletteren of houwen van de gedenkschriften op die steenen en van de wapens en vercierselen" te meïnnoar 144 car. g. 17 st en wurdt lean betelle oan Jacobus Hoitsma, mr. ferver te Bitgum foar it opfervjen fan de letters op de betinkstiennen oan de tsjerke. Yn 1829 makket W.Schreuder 2 nije sulveren bekkens (skalen) foar fl.78,90 en foar it snijen fl.0,50. Dizze skalen stienen op de úteinen fan de hillich nachtmiels tafel en wienen ornearre foar de nachtmiels jeften. (dus foar de diakonije). Foar twa âlde sulveren bibel heaken waard fl.26.45 betelle, sa dat mar fl.42,95 betelle hoege te wurden. Yn 1833 krige Hoite Born, de leadjitter en laaidekker te Ljouwert, fl.103,- betelle foar it laaidekken op'e toer. Yn 1838 wurdt oan Snetlage en Hamstra foar it leverjen fan twa fergulde kroanen yn de tsjerke fl.250,- en foar acht lytse lampen fl. 98,30 betelle. Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg lit syn yn eigendom besittende beslettene (Grytmans- of Heare-) banken mei de sierfazen (op eigen kosten) yn de Koepeltsjerke fervje. Earder behearden dizze banken nei alle gedachten ta oan de sibbe Heerma van Vos. Hjir hat in Tsjerck Heerma wenne as Grytman fan Menameradiel. Sjoch de útsniene iepenwurke spilen mei opklimmende foksen yn de bank mei druven en maiskolven rjochts efter yn de tsjerke.

Yn 1842 ûntfong de tsjerkfâdij fl. 3650.- om in nije brêge meitsje litte te kinnen oer de Ljouwerterfeart. De âlde stienen (tsjerke-of tichelers) piip moast yn 1842 ôfbrútsen wurde omdat de Ljouwerterfeart ferbreede wurde moast op lêst fan de Heeren Deputearre Steaten fan Fryslân. Hjir is in houten brêge foar yn’t plak kommen.

Der wurdt troch Gerben Joh's Peterzon in brânspuit húske boud en de tsjerkfâd Sybe Willems Osinga keapet út namme fan de tsjerkfâdij in nije brânspuit. Yn 1852 is it oargel neisjoen en fernijd (útwreide) mei in twadde klavier troch de oargelbouwer W. Hardorff. Yn 1857 hawwe de timmerlju Lourens en Gerhard Aukes van der Meij de kreake (geanderij) yn de koepeltsjerke boud foar de som fan fl. 923,71. It ynwennertal fan Berltsum wie tusken 1840 en 1860 tige ta nommen. (De Herfoarme Tsjerke hie yn 1857 yn Berltsum 1507 leden, wêrfan 273 belidenis dien hienen en it Kleaster Anjum 54 wêrfan 10 lidmaat wienen. Om 1840 hinne wie it leden oantal plm. 1100 leden. In ta name dus fan mar leafst mear as 400 leden !) Yn 1883 is de romte tusken de oargel galery en de kreake ticht makke om it sigen tsjin te gean. Yn 1859 is it haad fan de iepenbiere skoalle, master Romke Meinderts van Reenen, de skriuwer fan de "Feriening ta befoardering fan Krislike belangen" yn Berltsum. Hy kriget fl.15,- Hy sit ek as skriuwer yn de" Kommisje ta it warjen fan de earmoede" en hjir foar krige hy fl.100,- fan de tsjerkfâdij ta sein. Yn itselde jier wurdt der ek in brânkast foar de tsjerke oanskaft.

Yn 1862 wurdt de tsjerke flier fernijd (betegele) mei glêde Namurschse stiennen (Namense of Naamse stien, een soarte fan kalkstien út de kalkstiengroeven fan Namen by Vinalmont yn de provinsje Luik) en de âlde grêfstiennen (dy’t oarspronklik yn de âlde Krústsjerke lein hienen) opromme en op it tsjerkehôf del lein en nei 1903, by de weryndieling fan it tsjerkehôf, yn de grûn bedobbe by it tichtsjen fan in sleat, sa is my oerlevere. (yn de âlde balksleat yn de Bûterhoeke?) By de weryndieling fan 1833 binne ek in protte grêfstiennen yn it doarp te loane kommen as stoepestjinnen e.d.

Yn 1868 kaam der in bliksum ôflieder op de toer. Douwe Gerrits Wiersma levere yn 1868 de petroalje en kearsen foar de ferljochting yn de Koepeltsjerke en de kategisaasjes yn de âlde skoalle. Teake Klazes Lautenbach hierde it stikje túngrûn wêr 't no de konsistoarje, boud yn 1908, op stiet.(It jiertal stiet op de muorre) Foar it ûnderhâld oan it Kampsterbregje moast de Herfoarme Tsjerke ek altyd in part oan mei betelje, dit fanwege de skipshelling fan de Diakonije en de oare wenten op de Kamp. Yn 1869 is dit âlde bregje ôfbrutsen en alhiel wer nij makke as draaibregje. Yn plm. 1910 nochris. De boekekiste is yn 1869 repareare. Douwe Joh's Peterzon (de kleanmakker) levere twa nije tsjerkeponkjes en Gerben Joh's Peterzon die wat timmerwurk. Yn juny 1870 wurdt de grytmansbank oankocht fan Jhr Ernst Louis Baron van Schwartzenberg en Hohenlandsberg.

Yn it jier 1871 is de houten tichelers (tsjerke) brêge, dy't troch de eardere tichelers(tsjerke)piip ferfongen wie, oernommen troch de gemeente Menameradiel foar de keapsom fan fl.750,- Yn 1871 komt hjir de (ek) fel omstriiden dûmny Jan Imbertus Swijghuizen Reigersberg. Hy wie hjir yn Berltsum al waarnimmer yn de fakaturetiid, ûntstien troch it ferstjerren fan dûmny Martinus L. de Boer. Ysbrand Romkes Bontekoe hellet de dûmny en de ynboel op fan Wier. Yn 1874 komt der in nij izeren stek foar it tsjerkehôf te stean. Yn 1878 is de tsjerke fan binnen oan grut ûnderhâld ta. Fan binnen wurdt alles ferve, ek it doopstek mei de op de hoeken steande saneamde fjoerfazen of flampotten, it plafond stúkadoare en de preekstoel op 'e nij beklaaid.

Ds. H. HoekstraYn 1881 mei Ysbrand Romkes Bontekoe wer in nije dûmny op helje mei ynboel en al, no út Skúzum en Piaam. It is dûmny Hein Hoekstra. (Ysbrand Romkes Bontekoe, boaske mei Jeltje Bakker hie hjir in ferhierbedriuw fan hynders mei reau en oare weinen. etc. De widdo is yn 1895 fallyt rekke.) Yn 1884 docht de tsjerkfâdij ôfstân fan it Molkepaad (de Biltdyk) Dit paad gie nei de tsjerke finne ta. Ek wol neamd de buorfinne/ bureweide) De gemeente it Bilt woe fan dit paad in nije keunstwei meitsje nei Sint Anne ta. De tsjerke hie ek in stik hynstewaad oan de Krússtrjitte yn eigendom, wêr’t Gerke de Jong syn smitterij hie. Letter wenne hjir túnker / hôfker Klaas Elsma. Yn 1908 is de grutte konsistoarje (no it Herfoarmd Sintrum) oan it tsjerkepaad boud. Yn 1894 wurdt in nije makelaar (* op de toer steld en in nij register yn it oargel pleatse.

Yn 1896 wurdt op fersyk fan Jan Hacquebart in stimpel makke foar de útgeande stikken fan de tsjerkeried. (De tsjerkfâdij hat in eigen (tsjerke)stimpel.) Der binne dus no twa stimpels. 

Tsjerke stimpelKonsistoarje stimpel

Yn 1924 is de lytse konsistoarje (** oan de Koepeltsjerke fêst boud troch oannimmer Pieter Lolkes Lolkema foar de som fan fl.2476,- Ûnder dit geboudsje sit in djippe kelder wêryn de grutte tsjettel fan de sintrale (flier) ferwaarming sit. De arsjitekt yn Rykstsjinst wie Sikke Siebes Koldijk. Hy is berne yn Grou en ferstoarn yn Ljouwert. Hy eindige syn karriëre as distriktsopsjenner fan de lânsgebouwen yn Ljouwert. Hy publisearre yn de L.C. yn de jierren 1924-26 ûnder de titel: "Oud Friesland".

(* In latte oan de topgevel. In dit gefal it (iepen) izeren smeiwurk wêrop de waayer (wynwizer) stiet.

Op ûleboerden stiet tusken de beide swanen ek in “makelaar” (in bewurke ticht of iepen latwurk) mei yn de top in ôfbylding fan bgls. in tulp, in klaverblêd etc.  Sjoch Google op:  uileborden

(** De ûntwerper fan de lytse konsistoarje wie Sikke Siebes Koldijk (Grou 1861 - Ljouwert 1927) Dizze arsjetekt , dy’t as ienige namme makke hat as Frysk dichter en ûntwerper- yn- Ryks- tsjinst (fan û. o. postkantoaren), eindige syn karriêre as distrikts- optsjenner fan de lânsgebouwen yn Ljouwert. Hy wie in kenner fan de Fryske bouwkeunst en publisearre dêr oer û.o yn de jierren 1924-1926 yn de Ljouwerter Krante mei 55 artikels ûnder de titel: "Oud Friesland."


Yngebrûkname tsjerke nei de grutte restauraasje 1974-1980De GRUTTE RESTAURAASJE fan de Koepeltsjerke hat duorre fan 1974 oan’t 1980. Yn 1970 wie men einliks al begûn. Yn it earst oan tocht men ien en oar provisoarysk ferhelpe te kinnen, mar doe in part fan it plafond nei ûnderen kommen wie men der oars oer tinken gien. De restauraasje moast earst 2.5 ton kostje. It waard 3 miljoen. De tsjerklike gemeente moast hjirfan sels 10% opbringe. Jelte Sikke Sijmens Lautenbach waard de foarsitter fan de restauraasje kommisje. De gemeente hat sa lang yn it Herfoarmd Sintrum de tsjerketsjinsten hâlden. Op tongersdei 20 maart 1980 is nei acht jier, de jûns om healwei achten, de tsjerke wer yn gebrûk nommen. Der wienen 126 útnoegings ferstjoerd, wêr ûnder oan de arsjitekbt Sieds Lautenbach fan Boalsert (oarpronklik ôfkomstich dan Tsjummearum) en de Rykstsjinst Monumintensoarch út Zeist. Dûmny Christiaan Sipke Verwoert hie de foargong by de tsjerketsjinst wêrby de oerdracht en de yn gebrûkname fan de tsjerke en it restaureare oargel plak fûn. It begûn mei it kloklieden en oargelspel. Presidint tsjerkfâd Teake Symons Koopmans joech it tsjerkegebou en it oargel út hannen en yn beskikking oan dûmny Verwoert as foarsitter fan de tsjerkeried. De Steatenbibel waard binnen brocht troch de tsjinstdwaande âlderling Dirk Ulbes van Dijk en op de kânsel lein, twa bern fan de sneinskoalle brochten it doopfet yn. De diakens Watse Hendriks Posthumus en Jelle Meiles de Haan setten de bekers op de nachtmielstafel en Jan Joukes van Dijk en Tiny de Jong-Boterhoek de brea skalen. Herfoarme tsjerke Berltsum by nachtTroch twa kategisanten waarden it tsjerkeboek en it lieteboek oanbean. De tekst wie Esra 6: 15,16. It téma fan de preek wie: "Vreugde om een nieuw begin". Ferskate sprekkers fierden dêrnei it wurd. Der waarden geskinken oan bean wêr ûnder de grutte koperen kroanlofter dy’t no midden yn de tsjerke hinget. Yn de kosten dêrfan waard fl.20.000,- troch de arsjetekt en de oannimmers meiinoer betelle.


By de restauraasje fan de Koepeltsjerke binne oerbliuwsels oan it ljocht kommen fan twa âldere tsjerken. Men fûn no restanten fan in tufstiennen tsjerke (tuf stien = dowe stien, in soarte fan swarte lava stien, meastal út Dútslân weihelle.) (1200) en in bakstiennen tsjerke (1300-midsieuwen.) wêryn twa flieren fûn binne mei in nivo ferskil fan 40 cm. Dizze fynsten waarden dien troch G. Elzinga de archeolooch fan it Frysk Museum. It ûndersyk waard dien op ynisjatief fan de Rijksdienst Oudheidkundig Bodemonderzoek.

(By myn witten hawwe hjir wierskynlik gjin roubuorden yn de âld Krústsjerke fan Berltsum hongen sa as yn in protte oare tsjerken no noch te sjen binne. By it ferstjerren fan aadlike leden waard yn de 17e ieu it famyljewapen foarop droegen yn de begraffenisstoet en dêrnei ophongen yn de tsjerke. Yn de 18e ieu is dizze tradysje ôfskaft omdat men de buorden te swier fûn.)


*******************************

L.C. 20-2- 1824.

De Kerkvoogden van Berlikum, presenteren bij besloten Briefjes, aan den minstschrijvenden aan te besteeden: Eenige reparatiën aan den Koepelkerk van dat Dorp, waarvan het Bestek van heden af aan, ter lezing ligt bij A.L. van der Mei, Mr. Timmerman en Kastelein; moetende de Briefjes der gegadigden, vóór den 25 Februarij e.k. ingeleverd worden bij een der ongeteekenden.

De Kerkvoogden van genoemden Dorpe.

K.K. Osinga.

T.W. Dijkstra.


RYKS MONUMINT.

Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod.
Ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip
De KOEPELTSJERKE is in ryksmonumint, yn it monumintenregister bekend ûnder nûmer 28576 mei de status fan HIEL BYSÛNDER yn de HEECHSTE klasse. De Rykssubsydzje bedraagt 65 % fan it bedrach te beteljen by it ûnderhâld en de restauraasjes. De gebouwen wurde om de safolle tiid ynspektearre troch de Monumintenwacht.
It HERFOARMD SINTRUM (no P. K. N.) is, allinne foarsafier it it âlde yn 1908 stifte foarste diel fan it ferieningsgebou betreft, subsidiabel. (destiids de Grutte Konsistoarje neamd, de lytse konsistoarje is it yn 1924 troch it timmerbedriuw Pieter Lolke ’s Lolkema tsjin de Koepeltsjerke oanboude geboudsje.)


L.C. 31 mei 1980.

Onderzoeker Douwe van der Meer:

Wy sitte tusken wâl en skip.

Roordahuizum. "Wy sitte tusken wâl en it skip. Genealogen hawwe krekt lyk as de minsken fan it âldheidkundich boaiumûndersyk gjin offisiële status. Wy moatte it fan tafallichheden ha." Deze klacht komt van de heer Douwe J. van der Meer uit Roordahuizum, voorzitter van het Genealogysk Wurkferbân van de Fryske Akademy. Hij maakt zich zorgen over het feit, dat er bij restauraties en verbouwingen van kerken vaak nog zo nonchalant wordt omgesprongen met fraaie, eeuwenoude grafzerken............het is in ieder geval beter dan het ging bij de restauratie van de koepelkerk van BERLIKUM. Daar werden de stellingen doodleuk geplaatst op een aantal eeuwenoude zerken, waaronder die van de Menaldumadeelster Grietman Tyerck van Heerma. De heer van der Meer is er wel zeven keer geweest om aan te dringen op verplaatsing van de steigers. De laatste keer dat hij er kwam waren de retaurateurs al weer bezig met het herplaatsen van de kerkbanken. Voor één steen kon gelukkig een uitzondering worden gemaakt: voor die van de stiefmoeder van Pieter Stuyvesant, de stichter van New York. Het is een steen met het Stuyvesant wapen erop gebeiteld en deze zerk is in het pad gelegd. Ook niet ideaal, maar hij is in elk geval zichtbaar. Dat in de BERLIKUMER KERK de banken weer op de stenen zijn geplaatst, komt, omdat men er zo veel mogelijk ruimte voor de banken heeft willen gebruiken.

Âlde interieur mei noch de twa banken foar de efterste pylders.


L.C. 20-2-1998.

Geld voor kerk Berlikum.

(It opknappen fan’e Koepeltsjerke kostet yn totaal f.1.4 miljoen)


SIMMER 2000.

Tûzenen Friezen om útens kamen út alle wynstreken nei Fryslân ta om de grutte Friezen reuny mei te meitsjen. Om famylje, freonen en kunden te moetsjen en om it âlde (plak, stee) werom te sjen. Mar Berltsum wie it âlde Berltsum net mear. Berltsum wie in romp sûnder kop. De koepeltsjerke kaam 20 jier nei de foarige restauraasje al wer yn de stegers te stean. De bûnte kjifkrobbe hie syn ferneatigjend wurk dien oan in pear grutte balken yn de koepel en de klokkestoel sadat fierdere restauraasje (2000-2004) nedich wie. By it kloklieden begûn alles te triljen en te skodzjen. De kosten fan herstel waarden op mear as 1 miljoen gûne berekkene. Op 4 febrewaris om 11 oere de moarns wie it dan einliks dochs, nei 3 kear fergees besykjen (31/1, 2/2 en 3/2), slagge om de lantearne fan de koepel te takeljen en dizze tusken de patorije en it tsjerkepaad del te setten. In protte Berltsumers kamen no, de fjirde kear, te let om dizze net daagliks foarkommende happening te sjen. (It wie de jûns noch te sjen op Omrop Fryslân T.V.) De earste kear waaide it te hurd, by de twadde kear blyk de lantearne sa oan de romp fêst te sitten, dat it doe ek net slagje woe. (Der wie in protte epoxy brûkt by de foarige restauraasje). By de tredde kear blyk de lantearne swierder te wêzen dan ferwachte wie. Der wie in aksje op tou set wêrby men riede koe wat it gewicht fan de lantearne, mei alles der op en der oan, wêze koe. Yn it Herfoarmd Sintrum waard troch Dirk Klazes Osinga de útslach bekind makke. It gewicht wie 17.885 kilo. Elisabeth Westra (dochter fan Sybe en Akke Westra-Postma) wûn de 1e priis, in televyzje tastel. Hja siet der mar 4 kilo fanôf. De 2e priis wie foar Kornelis J. Runia (soan fan Bertus en Atsje Runia-Looijenga) fan de Kleasterdyk en om de 3e priis moast lotte wurde tusken Klaas Jasper, Popke D. Schram en Jan Sjoerdsma. In protte besyksels soenen noch folgje om dy houtfrettende krobbe deadzje te kinnen.Yn oktober 2010 is de lantearne wer opnij verfe troch skildersbedriuw Erik de Boer foar 30.000 euro, wêrfan de helte subsidiearre wurdt.


F.D. 13-11-2010. Koepelkerk in Berltsum geschilderd.

Restauraasje Koepeltsjerke 2010BERLTSUM.- De Koepelkerk in Berltsum staat in de steigers en heeft een grote schilderbeurt gekregen. De kerk, in 1779 voltooid, werd de afgelopen vijf weken geschilderd door de Boer Schilderspecialisten uit Berltsum. De "lantaarn" van de kerk, de goten en al het overige schilderwerk aan de buitenkant is gedaan. Tien jaar geleden waren bepaalde onderdelen van de kerk voor het laatst geschilderd, waaronder de lantaarn, die toen van de kerk getakeld werd. Bouwbedrijf Van Dokkumburg, ook uit Berltsum, moest voor de schilders aan het werk konden nog heel wat verrot houtwerk vervangen. (Dit wie jammergenôch 10 jier ferlyn by de lêste restauraasje net goed bard omdat dit mar as in begjin fan it ferrottingsproses sjoen waard en gewoan by in monumint hearde, sa is my oerlevere.) Het hoogtepunt van het schilderwerk bevindt zich op 25 meter, vertelt schilder (en eigner fan it bedriuw) Erik de Boer. "We kinne oeral goed by troch de stegers. It swierste is noch om boppe te kommen. Jo moatte hiel wat trêden op". De Koepelkerk moet één keer in de zes jaar een dergelijke schilderbeurt hebben, zo schat hij. In principe is de schilderklus op wat afwerken na klaar. Totale kosten zijn ongeveer 30.000 euro voor de Protestanse Gemeente Berltsum die ook nog beschikt over de voormalige gereformeerde Kruiskerk. Beide gebouwen zijn nog in gebruik. ABS Steigerbouw uit Leeuwarden plaatste de steigers rond de Koepelkerk en de lantaarn. Het is niet de eerste kerk die De Boer Schilderspecialisten doet. In 2007/2008 deden ze ook het schilderwerk van de St. Lambertuskerk in Arum. "Foarich jier hawwe wy de lantearne fan de Koepeltsjerke yn Wytmarsum skildere". It jier dêrfoar (novimber 2009) binne de binnen de seis grutte ramen fan de Koepel tsjerke sittende 592 rútsjes ferfongen en skildere. De Koepelkerk is al eeuwen beeldbepalend voor het dorp Berltsum. Op 10 april 1777 werd de eerste steen gelegd door Jonkheer Georg Wolfgang Carel Duco Baron thoe Schwartsenberg en Hohenlandsberg. Hij was de zoon van de Grytman van Menaldumadeel. Het dak heeft de vorm van een koepel en is gedekt met schub leien. In 2004 was de laatste grote restauratie.


L. C. 22-3-1980.

Kerk Berlikum als nieuw na acht jaar restauratie.


L.C. 15-11-2003.

Afsluiting restauratie van kerk te Berlikum.

Berlikum. De karakterestieke Koepelkerk van Berlikum staat er na een restauratie van 3 jaar weer fraai bij. De Hervormde kerkvoogdij viert vrijdag de afsluiting van de renovatie met een "dank-je-wel-consert" en een symposium over de bestrijding van de bonte knaagkever. Ook de Koepelkerk was ernstig aangetast door de kever. Zo moest een groot deel van de balken uit de koepel vervangen worden. (En de lantearne hat der yn it jier 2000 ôf west.)

Sjoch ek films: "Bonte knaagkever", "Lantaarn van koepelkerk Berlikum" Deel 1Deel 2 en It waarberjocht mei Pyt Paulusma.


In Koepeltsjerke is in tsjerkegebou wêrby it skip oerdútsen wurdt troch in koepelfoarmige kap. Yn de measte gefallen is de tsjerke in sintraalbou lyk as yn Berltsum.. Koepeltsjerken komme in protte foar yn de Byzantynske arsjitektuer. Yn de Westerske arsjitektuer waarden koepeltsjerken foar it earst boud yn de Renêssânse. Neist Berltsum binne der yn Nederlân noch, by myn witten, mar 21 te finen en wol yn: Amsterdam 2 (De rûne Lutherske tsjerke en ien oan de Stêdhâlderskaai / it Leienske boskje.), yn Arkel, Arnhem, (de yn 1838 oan it Jansplein boude no Grifformearde frijmakke art. 31 tsjerke.) Bussum, Geldrop, Hoorn, Ljouwert, Leien, Lierop, Middelburg, Maastricht, Helmond, Purmerend, Sappemeer, Smilde, Feanhuzen, Willemstêd, Renswoude, Sint Anne en Wûns.


MEMOARJEBOERD oan de lofterside fan it oargel.

MemoarjeboerdAnno 1320 heeft Liaukema pastoor in Belkum voormaals Tuitcum D' kimnade Pastorie huis fundeert en gebout. --- Anno 1345 is de kerk van Belkum van olderdom vervallen door de gemeente wederom verbeterd ten tijde van Heer Theodorico Pastoor namaals Abt te Lidlum. --- Anno 1375 den Kerketooren van nieuws gemaakt ten tijde van Heer Wybrando Pastoor. --- Anno 1432 is het dak van ried met tegelen verandert. --- Anno 1682 is dit wederom vermaakt ten tijde van Tjomme Hanses en de Folpert Baard beide kerkvoogden. --- Anno 1744 is dit wederom vernieuwt ten tijde van Bote van der Veen en Theunis Meetsma kerkvoogden. --- Deese kerk is geheel nieuw gebouwd anno 1779. - - -Anno 1910 is de kerk vernieuwd en geverfd ten tijde van W.(ytse) J.(acobs) Tuinenga, M.(arten) K.(lases) Lautenbach, A.(nne) S.(ikkes Lautenbach Kerkvoogden. --- Anno 1947 is de kerk gerestaureerd ten tijde van J.(acob) W.(ytses) Tuinenga, N.(anne) W.(illems) Osinga, D.(ouwe) S.(joerds) Runia Kerkvoogden. --- Anno 1970-1980 algehele restauratie.

By it gearstallen fan de tekst fan dit memoarjeboerd is frijwol seker gebrûk makke de "Chronica Abbatum Lidlomensium" skreaun troch Sibrandus Leo. (* Fan de toer wurdt dêr sein, dat it in op fundaminten grutte tsjin de tsjerke oan boude swiere (dikke) toer wie. ......turrim magnae crassitudinis ex ipsis fundamentis erigens addidit. De swiere toer is letter nei it Westen ta oerhingjen gien.

By de restauraasje 1974-1980 binne twa betinkingsstiennen fûn dy’t bestimd wienen om oan wjerskanten fan de haadyngong (poarte) yn de bûtenmuorre pleatst te wurden, mar dy’t nei alle gedachten dêr nea yn sitten hawwe. De stiennen sitte no yn de binnenmuorre fan de tsjerke en binne makke troch in Johannes Roelands, mr. stienhouwer te Ljouwert. Op ien fan de beide stiennen is de tekst bewarre bleaun, wêrop te lêzen is:

betinkingsstien

In het jaar onzes Heeren 1779 is deese Kerk onder het bestuur van de Hoog Welgeborenen Heere, Georg Frederik Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, Grytman en ontvanger generaal van Menaldumadeel, Gecomitteerde Staat ten Landsdage, Lid van het Edelmogende Collegie der Heren Gedeputeerde Staaten deeser Provincie, Curator van Vrieslands Hooge school etc. etc. etc. en van Evert Annes Nauta als Kerkvoogden van Berlikum, voltooid, zijnde den gecomitteerde tot opsigt over dit werk benoemd geweest Jetze Meinerts, (mr. timmerman en troud mei Akke Rein(d)erts) ingesetene deser plaatse.



L.C. 22-3-1980.

Kerk Berlikum als nieuw na acht jaar restauratie.


De NACHTMIELS BEKERS fan de Koepeltsjerke.

1e beker: Fecit: 1601 PATRONVS--- BELCUMANUS--- ME.FIERI. IAN THOENIS: SOEN--- KERCK.FOECHT. ENDE (ynisjaal) DIAKEN WILCKE (ynisjaal) BAVCKES--- MEDE. KERCK. FOECHT. (Mei de ôfbylding fan in seal tsjerke mei twa (dutsen par- of sipel foarmige) tuorren en in Johanneslaam mei krúsflagge op it tek fan de tsjerke). De beker is makke troch de Harnser sulversmid Johannes Gerloffsz.. It is syn âldst bekinde wurk.

(Merken: I G (Johannes Gerlofsz., te Harns) en de hânmerken fan IAN THOENIS en WILCKE BAVCKES. De ôfbylding fan in âlde tsjerke mei op it dak in Godslaam. Wilcke Bauckes en syn frou Anna Jaspersdr. kochten yn 1597 in hûs te Berltsum. Jan Thoenisz. wie yn 1601 fâd oer de neilittenskip fan Hylck Pybesdr. Oentzema, de frou fan Wybe Edsardtsz van Grovestins.)

Oersetting fan de Latynske tekst: "De Patroan fan Berltsum hat my meitsje litten.

2e beker: Ao 1818 is deze beker tot gebruick van s’Heeren H. Avondmaal aangekocht uit de Diaconie kas der Hervormde gemeente van J. (ezus) C. (hristus). Destijds was aldaar Predikant G.(erhard) van der Tuuk; ouderlingen K: (laas) J: (ohannes) Werkhoven en T: (ijs) P: (ieters) de Boer. Diakenen te BERLIKUM. L.(olke) K.(lazes) Boomstra (de soan fan Klaas Lolkes Boomstra en Geertje IJme Taekes Appelhof) en H.(eerke) W. (illems) Dijkstra. (Mei in ôfbylding fan de âlde Krústsjerke).

3e beker: Râneskrift yn it Gryks mei it jiertal 1953. (Mei in ôfbylding fan de âlde krústsjerke).

4e beker Râneskrift yn it Frysk ek mei it jiertal 1953. Foar Herf. Gemeente Berltsum makke. Yn it midden fan de beker:" Drink dêr allegearre út !" Mat. 26 vs 27 (Mei in ôfbylding fan de koepel tsjerke. Twa offerskalen mei it opskrift: Kerk Belkum 1830. Dizze skalen stienen eartiids op de beide úteinen fan de (doe hiel lange) nachtmielstafel.


De PREEKSTOEL.

Preekstoel Herfoarme TsjerkeOp de preekstoel sjogge wy de fjouwer tiden fan it jier útbylde. Dit hat fêst te krijen hâwn mei dat Berltsum in túnkers- en hôfkersdoarp is. Op de kânsel doar is in guossefear mei in boek snieën. It skriuw ark fan dy tiid. De guos(sefear) hjir sil fêst net te krijen hâwn hawwe mei de útdrukking: "Voor de ganzen preken". (Foar stuollen en banken preekje). Fierders sjogge wy op de doar grift: Cappittel Johan 17 vers 17 (Wy har (hearre) yn wierheid oan Jo ta; Jo wurd is de wierheid.) en Ps 19 vers 8. (De wet fan de Heare is folslein en set it libben wer yn fleur.) De allegoaryske figuer boek en palmtakke e.d. op de doar fan in preekstoel is net tafallich. It is in warskôging foar de dûmny om fan ôf de preekstoel de wierheid te ferkundigjen. De lining en de trep binne rêste op iepenwurke balústers. De bibel lessener wurdt stipe troch in pelikaan, in wetterfûgel, yn it betide kristendom it symboal fan de sels opofferjende mem dy’t de jongen fuorret mei har eigen bloed yn tiden fan need. (It Kristus symboal. Hy dy syn bloed - it libben- joech foar ús. Yn it bloed sit ommers it libben.) Yn in protte tsjerken is sa ’n stipe fan in bibellessener te finen. It (te) grutte klankboerd hinget boppe de kânsel en is fersierd mei triglyfen, (hout / stien mei twa gleuven yn it Doaryske fries = fersierde streek / list), metopen (dit binne fersierde flakken) en in sierfaas, allegearre makke troch Johann Georg Hempel.Tomas Hendriks leverde it gewoane houtwurk oan de preekstoel, it klankboerd en it efterskot. It stúkwurk oan de binnenmuorren mei triglyfen, de "pylders" neist de preekstoel, it "blassoen" boppe yn it verwulft, ets. is fan Adolph Staal & Co. De Loadewyk 16e styl is û.o. te werkennen oan de platte strik yn de fersiering.


Sa mar in advertinsje út de Ljouwerter krante yn de tiid doe’t de floreenplichtingen it hjir foar it sizzen hienen yn Berltsum.


Burgemeester en Wethouders van Menaldumadeel, convoceren de Hervormde Floreenplichtingen van na voormelde dorpen, Menaldum, Engelum, Berlikum etc. etc. om te vergaderen op de gewone plaatsen van bijeenkomst, ‘s voormiddags 11 uur, als die van Menaldum, Engelum, Berlikum etc. etc. Ten einde: 1................2. Vast te stellen de Begrootingen voor 1861. Voorts te beraadslagen: te Engelum over het stichten van een nieuw Schoolgebouw. Te Berlikum over de vernieuwing van de VLOER in de Kerk en te Wier over ene ruiling van grond tusschen de Pastorie en J.(arich) L.(eenderts) van den Akker, etc. etc.

Menaldum, den 17 Augustus 1860. K.(arst)J. Kalma. L.B.

A.G. Dalsen Fontein. Secr.


L.C. 18-8-1871.

Nadat men vernomen had, dat toch eindelijk door het bestuur der klassis Leeuwarden M.elchior) Wijt te Beetsterzwaag beroepen was tot predikant alhier, is door 170 lidmaten, 240 gehuwde en 140 ongehuwde personen boven de 18 jaar, alhier in deze gemeente woonachtig, een adres aan M.Wijt ter hand gesteld, met het dringend verzoek, dat Z.Ew. toch die beroeping NIET aanneemt, maar mag besluiten om voor dezelve te bedanken. Ongelukkig kan de toestand der gemeente worden genoemd, daar een predikant zoo tegen den wensch der gemeente benoemd is, door bijna geheel buiten de gemeente wonende floreenplichtingen.

Berlikum. Augustus 1871. K.J. v.d. Schoot.


L.C. 20-9-1872.

Kerkvoogden bij de Hervormde gemeente te Berlikum noodigen bij deze de Floreenplichtingen bij die Gemeente uit tot eene vergadering op Dinsdag den 26 September e.k. ‘s-morgens om 10 uur ten huize van (de kastlein) W.G. Haanstra.

1. Vast te stellen het Paatselijk Reglement op het Beheer van Kerkelijke Goederen en Fondsen te Berlikum.

2. Op te neemen de Rekening, dienst 1871.

3. Te onderzoeken de Begrooting, dienst 1873.

4. Te besluiten omtrent een ingekomen verzoekschrift tot benoeming en bezoldiging van een Onderwijzeres in de Vrouwelijke Handwerken.

Reglement, Rekening, Begrooting en Adres liggen ter inzage ten huize van J. Groenewold.

De Kerkvoogden, E.(gge) P.(ieters) Pieterzen, G.(adse) L.(olkes) Boomsma, D.(irk) K.(ornelis) Mulder van Leens.


L.C. 17-8-1931.

Het gevaarlijke van zich op een rijwiel door een auto te laten meevoeren is herhaaldelijk gebleken en toch zijn er nog altijd personen die het maar wagen, de kans op een bekeuring of ongeluk riskeerende. Het laatste overkwam de bouboer Dirk M.(ulder) v(an) L.(eens) D.(ijkstra) te Wier die zich op een rijwiel tusschen Berlikum en Wier aan een rijdende auto vasthield. De auto, een melkauto, moest uitwijken voor een andere auto en haalde tot aan den rand van den berm uit, waardoor de wielrijder in de berm terecht kwam en tegen een aldaar staand telefoonkastje aanbotste. Hij werd bloedend aan het hoofd verwond. Aanvankelijk leek het, dat het ongeval nog al goed was afgeloopen, doch den volgenden dag moest de hulp van den dokter worden ingeroepen, die opneming in een ziekenhuis noodzakelijk achtte.

(Hy is de nammegenoat en pakesizzer fan boppeneamde tsjerkfâd en wie oan de drank ferslave. Hy hat hiel wat bekeurings betelje moatten yn syn libben. Syn segje tsjin de plysje wie altyd, skriuw mar op: "D.M. van L., sûnder ljocht en sûnder bel ". Hy gie mei syn eks frou Roos(je) út iten doe’t hja 25 jier skieden wienen om dit te fieren. Hy siet fol mei grapkes en koe as de bêste moppen taapje. Syn soan wie in wrâldferneamde (skriftlike) skaker en wenne op de Winkel pleats op Moaie Peal. De grêven fan de famylje lizze op it Berltsumer tsjerkehôf.)


Links-Rjochts, Liberaal - Ortodoks, Modern - Frijsinnich. Earder al: Remonstrant - Kontra - Remonstrant, Voetianen (folgelingen fan Gisbertus Voetius) - Coccejanen (folgelingen fan Johannes Coccejus), Krekten (Presizen) - Rekliken - (Ynskikliken). Partijen (rjochtings, groepen) binne der altyd al west yn de Herfoarme tsjerke krekt as ek yn de Minniste en oare tsjerken. Altyd ûnder oare beneamingen. Sûnt it ûntstean fan de Grifformearde (Herfoarme) gemeente fan BERLTSUM wie dizze, krekt as yn alle doarpen fan de gemeente Menameradiel, altyd Ortodoks west. Yn de twadde helte fan de 18e ieu wie fierwei it grutste part fan it grûnbesit dat ta in doarp behearde yn eigendom fan de doetiidske Grytman fan Menameradiel, Frederik Georg Baron thoe Schwartzenberg eb Hohenlandsberg dy’t bekend stie as immen dy’t neat fan de Ortodoksy hawwe moast. Hy wie in waarm foarstanner fan it preekjen yn de geast fan syn tiid, dêrtroch beynfloede troch de sa neamde Ferljochting. De grutte boeren (dy it noch bringe koenen ta bysitter yn in gritenij) wienen foar in grut part ek syn meistanners. As grutste floreenplichtigen hienen dizze persoanen teffens in grutte stim oangeande it beneamen fan dûmny’s en it útoefenjen fan tasicht op it behear fan it tsjerke guod. Foaral yn Bitgum hie de Baron in grutte ynfloed. Troch de definitive skieding fan tsjerke en steat waarden de floreenplichtigen letterlijk fan alle kontrôles ûntheven en koenen hja dwaan wat hja woenen. Sa jûchen hja tsjerklik jild út foar saken as: steatsûnderwiis, bou fan skoallen en ûnderwizerswenten, oanliz en ûnderhâld fan wegen en sleaten, oankeap fan in brânspuit, it stiftsjen fan in bibleteek en neam mar op. De sa neamde nuttige doelen. Tsjinstân koe dêrom dan ek net útbliuwe. Yn 1874 waard it Anti Floreen Bûn oprjochte en fia it ferneamde proefproses fan Easterein (by Wommels), wêr't ek in rjochtsinnige dûmny yn in yn haadsaak rjochtse gemeente oansteld wie siet de feroaring der oan tekommen. Mar earst in útspraak fan de Hege Rie fan 17 juny 1881 ferlosse de tsjerke fan de macht fan de grutgrûnbesitters en dy datum wurdt dan ek sjoen as in mylpeal yn de skiednis fan de Herfoarme tsjerke yn Fryslân (en dus ek yn Berltsum). Sjoch Fokkema, Algra en oaren dêr oer. De tsjerkfâden fan 1881 t.w. E.P. Pieterzen, G.L. Boomsma en D.K. Mulder van Leens moasten dan ek it fjild romje foar in de troch de tsjerklike gemeente keazen tsjerkfâdij. G.L.Boomsma is nei dit machtsferlies hjir letter nei de Minniste tsjerke oergien en D.K. Mulder van Leens hat doe letter foar de Herfoarme tsjerke betanke as lidmaat.

Ds J.I. Swijghuizen Reigersberg

De tsjerkeried hat hjir by my witten altyd foar in grut part en seker nei 1867 (* as gehiel, altyd rjochtsinnich west. Doe’t dûmny Swijghuisen Reigersberg hjir beroppen waard yn 1872, is in advertinsje yn de Ljouwerter Krante set wêrby de (gehiele) tsjerkeried de beroppen dûmny net as wettich dûmny erkende. De bewearing fan Anne Leenderts Runia yn syn taspraak by it 50 jierrich bestean fan de dolearjende tsjerke hjir, dat de TSJERKERIED yn de tiid fan Swijghuisen Reigersberg "omgien" is klopt nei myn betinken dus net. (Sjoch ek haadstik "Jan Gerrits Hacquebart") Yn 1867 koe de tsjerkeried al troch de (foar it fierwei grutste part rjochtsinnige) Herfoarme gemeente al keazen wurde. De TSJERKFÂDEN pas yn 1882. De bewearing fan Anne Leenderts Runia, dat de tsjerkeried doe frijsinnich wie klopt perfoarst net. Dat dûmny Swijghuizen Reigersberg ortodokse dûmny’s fan bûten Berltsum tsjinhâlde koe om hjir te preekjen en letter dêroan ta jûch klopt ek net. Dy koenen hjir frij foargean, alline hy koe harren DE PREEKSTOEL (**wegerje en dat hat hy oan syn dea ta ek dien. De tsjerkeried besliste ommers hokker dûmny’s hjir foargean mochten en net de dûmny allinne. Hy wie de ienige tsjinstanner yn de tsjerkeried fan destiids besteande út 7 man. (3 âlderlingen, 3 diakens en de dûmny.) It preekjen fanôf it (ôfkondigings)boardsje woe men dy dûmny’s net oandwaan. De ortodokse tsjerketsjinsten waarden dan yn de skoalle efter Buorren nû 79 hâlden. De bewearing fan Anne Leenderts Runia, dat dûmny Nijenhuis hjir net dolearje woe omdat hy traktemint en pastoarije leaver hie dan om, sa hy sei, "den Heere te dienen" klopt nei myn betinken ek net. Hy woe, krekt as syn befestiger, de Herfoarme tsjerke fan binnen út "reformeare" en net "op nij oprjochtsje". De tsjerke moast fan binne út reformearre wurde en net dêr bûten. Hja wienen yn syn opfetting as jo bûten de tsjerke stean gienen net reformearjend dwaande, mar separearjend. Dy belofte by syn beropping hat hy hjir ek wier makke. Wol hie hy betongen dat de tsjerkfâdij foar syn ynkomsten gerant stean soe mocht it hjir ek op in skieding útrinne krekt as yn Amsterdam. Dat dit net mei de doleânsje mei gean foar syn heit Leendert Pieters Runia en oaren in teloarstelling wie is dêrom wol te begripen.

(* Yn 1867 krigen de Herfoarme gemeenten it rjocht om de tsjerkeried te kiezen en in dûmny te beroppen. Dêrfoar gie dat troch de wei fan koöptaasje.

(** Oan Dirk Willems Lautenbach waard yn de tsjerkeriedsgearkomste fan 23-2-1877 troch dûmny Swijghuisen Reigersberg meidield dat, op syn fersyk om op snein 4 maart 1877 in Ortodokse dûmny "voor de gemeente te doen optreden niet kan (worden) voldaan. Hij zegt dat de Orthodoxie ‘t er hoelang zoo meer op toelegt om hem (Swijghuisen Reigersberg) en zijne geestverwanten het leven in de kerk te veronaangenamen, dat zij zelfs pogingen begint aan te neemen om hem en zijne geestverwanten uit de kerk te verdrijven, ‘t geen hij vreest dat haar misschien eens zal gelukken, zoodat vele redenen o.a. ook zelfbehoud hem noopen om aan de Ortodoxie geen concessiën te doen maar haar zooveel mogelijk tegen te gaan".

Yn in tsjerkeriedsgearkomste fan 1 maart 1867 waard ek al ris troch tsjerkeriedslid S. Koopmans oan dûmny Martinus de Boer frege of't hy sa goed wêze woe om de preekstoel in kear ôf te stean oan dûmny J. Noordink fan Hilaard. (Dizze hat ek yn Baaium / Welsryp stien) Dan lêze wy: De voorzitter (dûmny de Boer) verklaart zich ongenegen DEN PREDIKSTOEL den genoemden af te staan en algemeen was men van oordeel, dat alhier geen termen bestaan om eene bijzondere gelegenheid voor het prediken van eenen anderen leraar open te stellen. De dûmny wie de baas oer de preekstoel.

Ds. M.L. de Boer

De bewearing fan dûmny Jan Imbertus Swijghuisen Reigersberg, dat de tsjerkeried oarspronklik (hielendal?) fan Liberale rjochting is, klopt neffens my ek net. By de beropping fan dûmny Lambertus Martinus de Boer yn 1843 wienen hjir ek al 3 partijen, t.w. 2 Liberale en 1 Ortodokse. De iene Liberale partij woe dûmny Martinus Lambertus de Boer hjir hawwe, de oare dûmny L.(ouis) S.(uson) P.(edro) Meijboom fan Stiens. De ortodokse partij dûmny J.(an) D.(aniël) Beman Brouwers fan Welsryp / Baaium. (Hy hie al earder yn Welsryp stien as helppreker, letter dûmny yn Waarder, no Grifformearde Bûn binnen de P.K.N. mei no dêrneist ek noch in H.H.K.)

Yn 1871 stiene 2 partijen fûl tsjin oer innoar, de Liberalen (ek wol Frijsinnigen, Modernen of grouwen (groffen) neamd) mei oan it haad de tsjerkfâdij besteande út Egge Pieters Pieterzen, Dirk Mulder van Leens en Gatze Lolkes Boomsma. En de ortodoksen (ek wol de rjochtsinnigen of fynen (fijnen) neamd) mei oan it haad de tsjerkeried besteande út Johannes G. van Temmen, Nanne Sybes Osinga, Sybe Sybes Osinga, Willem Jans Spoelhof, Aart Klazes Aartsma en Jan Gerrits Hacquebart. De liberalen woene dûmny Melchior Wijt (** fan Beetstersweach hjir hawwe en de ortodoksen dûmny Ernst Frederik Kruyff (* fan Hilaard. De earste stimming op 31 jannewaris 1871 waard net jildich ferklearre fanwege gebrek oan it net yn acht nimmen fan de formaliteiten. By de twadde stimming op 31 maaie 1871 waarden op dûmny Wijt 150 en op dûmny Kruijff 128 stimmen út brocht. De stimming waard troch de rjochtsinnigen oanfochten en net as jildich beskôge. Om in lang ferhaal koart te meitsjen. Hjir fûn fan ortodokse side in folks opstân plak. Der waard beledige mei wurden en dieden en ek fûnen fjochterijen plak. By de tsjerkfâden waarden alle rúten ynslein. Fiif belhammers waarden oppakt en hawwe in pear wike yn de finzenis fan Ljouwert trochbrocht. (Sjoch ek haadstik "Oh dy Berltsumers fan doe 2") Oh, dy Berltsumers! (fan doedestiids). Beroppingen fan dûmny’s yn Berltsum hienen yn it ferline ek altyd al in protte fuotten yn de ierde hâwn.


Reaksje fan de Kathuizers, en letter fan in protte fan de Herfoarmden dy de Herfoarme tsjerke trou winsksten te bliuwen wie: Numquam reformata quia numquam deformata, d.w.s. nea reformearre- want ommers nea deformearre. (d.i. de folmakke tsjerke fine jo nearne en sa’n tsjerke is ek nea te formearjen, want deformaasje sil der altyd bliuwe.)


Goethe skriuw al yn in gedicht:

Zwei Gegner sind es, die sich boxen.

Die Arianer und die Orthodoxen.

Durch viele Säcka dasselbe geschickt,

Es dauert bis an das jüngste Gericht.

(Yn it Hollânsk oerset: Twee strijders ziet ge samen boksen. De Arianen en de Orthodoxen (Voetianen), Zoo was het steeds en anders niet.......Zoo zal het zijn in’t verst verschiet.........)

(* E.F. Kruyff wie berne yn 1834 te Wamel (by Tiel) as soan fan in (haad)skoalmaster oan de iepenbiere skoalle dêr. Hy waard op 19 april 1868 dûmny te Hilaard yn in foar dit doarpke fierstens te grutte tsjerke foar sa’n lytse gemeente. Mar der kamen sneins in protte minsken út de omkriten om syn preken te belústerjen, foaral ek út Berltsum kaam eltse snein in grutte groep mei reau en al nei dit doarpke ta en bleauwen oer om ek de middeispreek belústerje te kinnen. Yn 1872 naam hy it berop nei Velp oan. Hy troude dêr mei Marie Henriëtte Swarth, dy’t mei harren suster dêr eltse simmer kaam te útfanhúzjen.Yn 1875 kaam in berop fan Ljouwert, en waard útbrocht troch , en no komt it,  troch in FRIJSINNIGE tsjerkeried. Hjirút blykt dat Kruyff NEA in partijman west hat. Hy hy graach yn Velp bliuwe wollen mar naam dochs it berop nei Ljouwert oan, wer’t hy oan’t 1878 dûmny west hat. Foaral jonge minsken waarden lútsen troch syn frisse en aktuele preken oer it barren yn dy tiid. Se wienen út it libben grepen en syn preken kenden gjin werhellingen. It ivig-aktuele rekke yn de evangeelje ferkundiging nea op de eftergrûn. Hy wie minlik en taktysk yn syn hanneljen. Hy promoveare op 29 juny 1877 ûnder professor Nicolaas Beets (bekend fan de Camera Obscura) mei it proefskrift: De opkomst der Gallicaansche kerk. Op 1 juny 1878 oanfurde hy it heechlearaarsamt te Grins. De Herfoarme Gemeente fan Grins is in protte oan him ferplichte. Hy wie ien fan de stifters fan it Diakonessenhûs dêr en hat de grûnslach lein foar de bou fan in nije tsjerke yn it eastlike part fan de stêd. It meast hat hy yn stilte arbeide op it gebiet fan it Kristlik ûnderwiis, wêrfan hy in waarm foarstanner wie. Nei syn emearitaat yn 1905 hat hy him ta wenjen set yn Den Haach op it Sweelinckplein 62. By de iepening fan de C.N.S skoalle yn de Buorren op 15-12-1866 hat hy hjir de iepeningsrede holden. Hy wie sels earst ek skoalmaster west krekt as syn heit.


(**  Melchior Wijt wie berne op 19-2-1840 te Rotterdam en op 22-9-1870 te Menaam troud mei Anna Maria Posthuma fan Dronryp. De Wijt sibbe komt oarspronklik út Dútslân. Hja binne beide stoarn yn harren lêste wenplak Haarlim. Hy wie ien fan de 5 beskermers fan de “Maatschappij tot bevordering van de Toonkunst”. Master J. H. Groenewold wie as ienige út Berltsum ek lid fan dizze maatskippij.


De rjochting striid hearske foaral yn de Klassis Frjentsjer. Yn de omkriten fan BERLTSUM dus. Yn dizze Klassis wienen de linksen en de rjochtsen ûngefear like sterk. Yn de Klassis Dokkum en Snits wienen de ortodoksen (*yn de mearderheid. Yn Ljouwert en It Hearenfean de frijsinnigen. Yn 1889 wie ien tredde fan alle Nederlânske ûntsjerkliken yn Fryslân te finen. It lânlik persintaazje ûntsjerkliken bedroech doe 1.5% tsjin Fryslân 7.1 %. Yn 1899 2%. (Yn 1958 wienen der fan de 1412 Herfoarme gemeenten yn Nederlân noch 373 frijsinnich.) Yn 2010 is no mear as 45% fan ús lân net tsjerklik. Yn BERLTSUM besykje yn 2010 fan de 2500 ynwenners op snein gemiddeld noch sa’n 170 minsken in (P.K.N.) tsjerke tsjinst. Dat is 7%.

 (*It Gr.Orthos = rjocht, doxa = miening, lear)


Sjoch: De geschiedenis van het Patronaatregt anders genoemd kollatieregt in verband met het Christelijk kerkbestuur sinds de vroegste tijden tot op den tegenwoordigen tijd door A. Ypey, doctor en hoogleraar der godgeleerdheid te Groningen. Tweede druk. Te Breda by Broese en Comp. (1829) Geschiedenis van het patronaatregt in verband met het Christelijk kerkbestuur sedert Karel den Grooten tot de kerkhervorming in de zestiende eeuw.

(Op side 610 wurdt dûmny Gerhard v.d. Tuuk te Berltsum neamd.)

Om 1900 hinne stienen yn Fryslân (noch) sawat 25 dûmnys fan de (âlde) Grinzer rjochting, hjir ek wol de Evangelyske rjochting neamd op de stoel. Sa‘n 90 fan de (dêrnei opkommen) moderne (frijsinnige) rjochting en de ortodokse (rjochtsinnige) oanhing plm. 125 dûmnys.


L.C. 17-6-1958.

Treffend voorbeeld.

(Baron Frederik Georg Baron thoe Schwartzenberg eb Hohenlandsberg, die bekend stond als iemand die van de Orthodoxie niets moest hebben.)


L.C. 26-5-1955.

Vereniging tot uitbreiding der Waarheid in Friesland.

Op 25-5-1855 opgericht en bestaan hebbende tot 3-6-1858. De vereniging kon niet concureren tegen de in 1854 opgerichte "Vrienden der Waarheid" die een gelijksoortig doel had. Eerstgenoemde vereniging had in 5 plaatsen breidscholen opgericht nl. te Kollum, Sint Annaparochie, Menaldum, BERLIKUM en Harlingen.


It Fryske Réveil is 21-3-1854 oprjochte troch ds. Jan Wouter Felix (yn Heech 1853-1860) te Longerhou / Skettens  (1848-1851) en hat fan grutte betsjuttenis west foar it réveil yn Fryslân. Jacob Noordmans fan Allingawier, in freon fan ds. Felix en sels slim libjend yn gestalten en befinings, moat ris tsjin de Berltsumers sein hawwe: “Jimme sitte my fiersten te krap yn de skuon”.

Yn Berltsum, Menaam etc. hat it Réveil ek in grutte ynfloet hân.


L.C. 2-2-1888.

Afdeeling Menaldumadeel van de Nederlandsche Protestanten Bond. Godsdienstoefening o.l.v. Ds. D.C. de Haas te Beetgum, op Zondag 5 Februari 1888, ‘s avonds 5 uur, in de Kerk der Doopsgezinden te Berlikum. De secretaris: Johs. Timmer. (De gearkomsten fûnen plak yn Menameradiel, meastal yn lokalen, û.l.f. de liberale dûmny’s út de doarpen Bitgum, Marsum, Dronryp, Ingelum en Deinum.)


Handboek voor Hervormde Predikanten en Kerkeraden, of volledige verzameling van de verordeningen op de inrigting en het bestuur van de Hervormde Kerk in het Koningrijk der Nederlanden. Tweede stuk, bevattende de verordeningen uitgekomen in de jaren 1820, 1821 en 1822; benevens een Bijvoegsel van vroegere stukken, op de Organisatie en Bestuur der Hervormde Kerk betrekking hebbende. Bijeenverzameld en opgemaakt door Gerhard van der Tuuk, Secretaris van het Provinciaal Kerkbestuur van Vriesland, en predikant te BERLIKUM.


Yn de rin fan de 18e ieu kaam der in twastriid tusken de Oranjeklanten (meast lju fan de Herfoarme tsjerke en ek de "cleyne luiden", dy’t harren heil fan de Oranjes en de Steedhâlders ferwachten) en de Patriotten. Dit wienen meast amters, grytmannen en keaplju, faak minsken mei gâns jild en mei frijsinniger ideeën oer de wrâld, de natoer en de godtsjinst. Dizze Patriotten mei harren gedachten dy’t meast út Frankryk wei kamen, krigen stadichoan de oerhân. En al hielendal doe’t yn 1795 de Frânsken fan Napoleon hjir de baas waarden. Hja woenen, beynfloede troch de Frânske ideeën fan de Ferljochting , in mear demokratysk regearsysteem. De Oranjegesinden ha neat mear te fertellen. Oeral waarden "Comité’s van Waakzaamheid"oprjochte. Dat moast der ek op tasjen dat der (sels) gjin goudsjeblommen mear yn de túntjes ferboud waarden. Der mochten gjin Oranjelieten mear songen wurde. (It "Wij houden van Oranje" soe hjir no ek net mear klinke meie by it fuotbaljen, tink ik sa.) It dragen fan oranjelinten e.d. waard ferbean. De Prinsentún yn Ljouwert moast tenein de Nasjonale tún hjitte. Alles wat oan de eallju titele moast weihakke wurde. Dit is hjir ek yn Berltsum bard. Grêfstiennen en betinkstiennen waarden skansearre. Sa ek de tinkstiennen fan de bou fan de tsjerke, destiids sittende oan de wjerskanten fan de haadyngong, makke troch de stienhouwers Dirk Embderveld en Jelle Agema.


Yn de 19e ieu kaam de TOGA mei BEF en BRET yn swang. De Lutherske dûmny’s hoalen har yn 1840 as earsten yn toga, folge troch de Remonstrantske kollega’s yn 1844. Tsien jier letter trêden de Herfoarme dûmny’s yn harren fuot spoar. Sa waard de toga op foardracht fan it doetiidske Ministearje fan Godtsjinst it "plechtige unifoarm" fan de dûmny. De toga bliuw foar earst it "liturgysk gewaad" fan Herfoarme en Lutherske dûmny’s. Yn ôfskieden kringen moast men dêr neat fan hawwe. De Grifformearde foarman Abraham Kuyper neamde it sels leech tinkend de "Synoadale sopjurk". Yn "Onze eeredienst" (1911) wiist hy net allinne de toga ôf, mar ek it âlderwetske preekkostúm, dat men yn dy tiid yn ôfskieden kringen noch al tsjin kaam. (En dat yn 1847 ek foar de noadige perikels soarge en ta in tsjerkeskuorring laat hat.) It wienen dus net altyd "leer" ferskillen mar ek "kleer"ferskillen. Moraal fan it ferhaal: Der is nei alle gedachten nea yn de wrâld sa’n "drokte" west oer de "klean fan de dûmny"as yn ús lân. Net allinne dêr oer. Ek burden, snoarren en prûken binne altyd tankbere ûnderwerpen fan diskusje west.


Út de NOTULEN fan in yn sept. 1887 hâlde gearkomste fan tsjerkfâden en notabelen is it folgjende te lêzen: Kerkvoogd (Leendert) Runia stelt bij de rondvraag in de vergadering de volgende vraag. Wanneer door deze uitgebroken strijd in de Nederland Hervormde Kerk gelijk te Amsterdam en elders, ook in deze gemeente een deel zich wenscht te houden aan de wettige historische belijdenis der kerk van 1619 (de drie formulieren van (on) enigheid) en een ander deel zich wenscht te houden aan de reglementen der Synodale Organisatie van 1816, hoe hebben dan Kerkvoogden en Notabelen te handelen? Na deze zaak als breder toegelicht te hebben wenscht hij gaarne hier over het gevoelen der vergadering te vernemen. Hierop antwoordde de voorzitter (Jan Gerrits) Hacquebart dat hij zijne gedachten over deze zaak wel wenscht uit te spreken. Zijns insziens hebben Kerkvoogden en Notabelen zich eenvoudig te houden aan het reglement en wie daarnaar niet wenscht te handelen moet bedanken. Hierop zegt Runia dat naar zijn overtuiging de reglementen in strijd zijn met de belijdenis naar den woorde Gods en dat men daarom niet naar de reglementen, maar naar de belijdenis moest handelen zonder te bedanken. Uit de discussie blijkt dat er verschil van overtuiging is over deze zaak, waarom men maar in vrede eindige. Daar niemand iets meer heeft wordt de vergadering gesloten bij monde van den notabel S.(ytze Oeges) Koopmans.

(Fierwie it grutste part miende dat der oan wurke wurde moast om de sike tsjerke fan binne út wer sûn te meitsjen. It reformearjend dwaande wêze oan de tsjerke sels is altyd nedich en in (yn dit gefal) skeef wûksene beam kin sa mar net rjocht lútsen wurde, sa waard der sein. Dêr is tiid foar nedich. Leendert Pieters Runia en cs mienden dat it flugger koe en it (altyd wer) stiftsjen (ôfskieden)fan in nije tsjerke it reformearjen fan de tsjerke wie. It fjochtsjen om it herstel fan de Herfoarme tsjerke (en de belidenis) hat dan ek oant 1951 ta duorre. Doe krige de tsjerke (pas) in nije Tsjerke Oarder.) Foar de tsjerkfâd Leendert Pieters Runia is letter Dirk Gysberts Wassenaar yn it plak kommen. Fan de notabelen Klaas Theunis Runia, Dirk Freerks van Dijk, Rinse Tjeerds Peterzon, Jan Dirks Stienstra, Klaas J.(arichs) van der Schaaf, Sybren Annes Lautenbach, Marten Keimpes Reitsma, Engele Klazes Kool en Sytze Oeges Koopmans binne doe de lêste fjouwer hjir nei de doe sa neamde dolearjende tsjerke oergien. Der moasten dus ek wer 4 nije notabelen keazen wurde. Berltsum wie no wer yn trijen ferdield!)

Oh, dy Berltsumers !  (fan doe.)


L(eendert) P(ieters) Runia, S(ytze). O(eges) Koopmans, S(imon) D(irks) Renzema, E(ngele) K(lazes) Kool c.s. woenen in skeefwoeksene beam direkt wer rjocht lûke en mienden súvere (lanlike) tsjerken stiftsjen te kinnen, frij fan alle smetten en mei tapassing fan tucht. Hja dy’t de Herfoarme tsjerke trou winsksten te bliuwen seinen: In folmakke tsjerke sil det nea komme. Wy binne meiinoar syk wurden, wy moatte meiioar ek wer sjen sûn te wurden, mar dat hat, krekt as mei in sykte, tiid nedich. (Yn 1951 pas) Dit hat letter ek bliken dien. De iene ôfskieding folge op de oare. Ek hjir blyk "frijsinnigheid" net te kearen. (dr. J.G. Geelkerken, Prof. dr. H(arry) M.Kuitert, dr. Herman Wiersinga, dr. Cees J. den Heijer, prof. dr. J(an) Lever (bioloog), Boek: Een (gereformeerd) biolooch leest de bijbel.) en in protte oaren. Yn de Grifformearde tsjerken wurdt no út de H.B.C hast ek net mear preke). Mar ek yn al en net úterlike saken sa as it dragen fan letter (ek wer) in toga, bef en bret, it sjongen fan (earst ienige) gesangen, fan hele op hele en heale noaten, de frou yn it amt, de ôfskaffing fan it censura morem, it sneins twa kear tsjerke hâlden net mear ferplichtsjen, ôfskaffen fan de Kategismus preek, dûnsjen, bioscoop besyk, sport op snein, fytsen en reizgjen op snein, folgen hja de eardere (yn romme opfettings) frijsinigen yn de Herfoarme tsjerke nei. No wurdt der sein:" Wy moatte mei de tiid mei gean". It hat dus neat opsmiten en in protte ûnnedich leed en (ôf)skieding(en) feroarsake.


DOLEARJENDE Berltsumers fan it earste oere: Leendert Pieters Runia, Theunis Pieters Runia, Engele Kool, Sytse Oeges Koopmans, Simon Dirks, Renzema, Arjen Bosma, Gysbert Bosma, Ale Bosma, Wybe J.van Dokkumburg, Anne Groenewoud, Ype Groenhout, Gatse Hylkema, Harmen Kooistra, Yme W. Lautenbach, Tjipke W. Lautenbach, Sybren S, Lautenbach, Ale Reitsma, Pieter Reitsma, Kornelis Johannes Runia, Sikke Werkhoven, Johannes van der Wal, Willem Boomsma, Klaas Gaasterland, Tjeerd S. Lautenbach, Sybren Annes Lautenbach, Sape Smit, Sybe de Vries, Jacobus Wassenaar, Dirk Westra, Berend Boersma, Anne Hoekstra, Jan Jobs de Haan, Freerk S. Lautenbach, Freerk Dirks van Dijk, Sybren Willems Lautenbach.

De Herfoarme tsjerke hie hjir yn 1860 in 1790 sielen en nei de doleânsje yn 1890 noch plm 1300 sielen. Der binne hjir dus net folle minsken mei de doleânsje meigien. De Grifformearde tsjerke fan Berltsum is pas oanwaakse nei de komst fan de al eardere ôfskieden Berltsumers, dy’t yn 1892 fan de ôfskieden tsjerke yn Bitgum (*oerkamen nei Berltsum ta. De fúzje fan de dolearjenden yn Bitgum mei de ôfskiedenen dêr op 28-8-1892 hat laat ta it bouwen fan in nij tsjerkegebou yn Bitgumermolen. 

(* Bitgum en doe it gehucht of buorskip, Bitgumermolen waard as Bitgum oantsjutte. Bitgumermolen is letter pas op 1-1-1962 in selsstannich doarp wurden en dus no ek mei in "doarps"tsjerke.


L.C. 17-12-1887.

BERLIKUM, (classis Leeuwarden) Heden in de voormiddag Godsdienstoefening, toen onze innig beminde en GELIEFDE LEERAAR Ds. Gerhard Nijhuis, zoals gewoonlijk, voor EENE ZEER GROOTE schare toehoorders voor de Gemeente was opgetreden, werd de Gemeente aan het einde van Z.Ews. ernstige en dierbare prediking over Jesaia 64, vs 1a verrassend verblijd door de onverwachtte mededeling, dat Z. Ew. voornemens was voor de beroeping naar de gemeente Huizen (classis Amsterdam) te bedanken. Die blijdschap werd nog vermeerderd door de mededeling, hoe de Heer in de afgeloopen week opnieuw weer had getoond de beden der Gemeente te willen blijven verhooren in den gunstigen uitslag en verkiezing van 8 leden voor het Kiescollege, een Kerkvoogd en 8 Notabelen, die door de Gemeente werden begeerd en gewenscht. AANDOENLIJK was het oogenblik, toen onder hartontroerende blijdschap en VELE TRANEN den blijvenden Leeraar Ps. 134, vs 3, door de Gemeente werd toegezongen. Plechtig was daarna de stonde, toen door de Gemeente, OP VERZOEK VAN HUN GELIEFDE LEERAAR, tenslotte PSALM 133, VERS 3, werd aangeheven. Schenke de Heer den Leeraar kracht en steun en bovenal het licht des Heiligen Geestes, kan het zijn, om nog vele jaren met rijken zegen in deze Gemeente te blijven arbeiden in den Wijngaard des Heeren, is de bede en wensch der Gemeente. Namens de Kerkeraad.

(Der wienen minsken dwaande (Leendert Pieters Runia en Engele Kool c.s..) OM WER TWASPJALT yn de tsjerke te befoarderjen. Ds. Nijhuis woe de âlde tsjerke trou bliuwe en de minsken oantrúne om itselde te dwaan. Ds. E.F. Kruyff, (orthodoks. irenysk, fan 1868 oant 1873 dûmny yn Hilaard) de eardere foarman fan de Berltsumer "Kruyffianen" wie de Herfoarme tsjerke ek trou bleaun.)

Sjoch ek "OH, DY BERLTSUMMERS! (Fan doe)"


UTRECHTS NIEUWSBLAD. 24-3-1903.

Door R.C. Op 16-3-1903 is ds. G. Nijhuis 30 jaar predikant te Renkum. Hoewel het verblijf van Z.Ew. in onze gemeente nog kort is, zoo heeft hij toch de liefde en toegenegenheid van allen gewonnen. Daarom besloot de gemeente deze dag niet onopgemerkt voorbij te laten gaan en den GELIEFDE LEERAAR een blijk van haar toegenegenheid te geven. Als stoffelijk blijk van zijn toegenegenheid gaf men hem 3 prachtige gravures en eene cartonniére. De gravures stellen voor Golgotha, de terugkeer van het kruis, de morgen der opstanding. Zondagmorgen trad Z.Ew. op, om te midden van de gemeente den Heere in alles dank en de eere toe te brengen. De groote kerk van Renkum was stampvol. Hij hield een boeiende leerrede n.a.v. Efeze 3 vers 8. (....etc... etc).O.a. schetste hij de weg dien de Heere hem geleid had. Achtereenvolgens herdacht Z.Ew. de verschillende gemeenten waar hij werkzaam is geweest, nl. in Goudriaan, Langerak, Bergschehoek, Hoogeveen, Genemuiden, BERLIKUM (t.t.f. de doleânsje) en Veenendaal. Wat uitvoeriger stond hij stil bij zijn tegenwoordige standplaats, waarvan hij openlijk getuigde, dat zij hem, al is zijn verblijf in onze gemeente nog slechts kort, reeds zeer lief geworden was. Als bijzonderheid merkte hij daarbij op, dat Renkum zijn 89e beroep is geweest was. Jarenlang bekleede de geachte jubilaris verscheidene kerkelijke betrekkingen, bv als lid van het Provinciaal Kerkbestuur van Utrecht, secundus lid van de Alg. Synode, lid van den Gereformeerde Zendingsbond (G.Z.B.), assessor van het Tehuis te Kampen. Na het uitspreken van de zegen zong de gemeente har leraar toe het laatste vers van Ps. 90, terwijl na dankzegging aan de gemeente OP VERZOEK VAN den jubilaris nog PSALM 133 VERS 3 gezongen werd. Met een plechtig amen eindigde dezen indrukwekkende godsdienstoefening. Maandag, de eigenlijke feestdag werd door den jubilaris een druk bezochte receptie gehouden. (...... etc... etc.)

Ds. Gerhard Nijhuis behearde letter ta it sa neamde Grifformearde Bûn yn de Herfoarme tsjerke. Dizze rjochting bestiet no noch yn de P.K.N. mei in eigen sinding, de G.Z.B. en de I.Z.B., mei eigen útjeften en eigen organisaasjes. Dizze Bûn makke destiids sawat 1/3 út fan de Herfoarme tsjerke en wie net sa foar in fúzje mei de Grifformearde tsjerken en de Evangelyske Lútherske tsjerke. De Bûn is op it lêste momint dochs noch meigien op in 50 á 60.000 leden nei, dy’t op 1-5-2004 fierder gien binne as Hersteld Herfoarme tsjerke. (H.H.K.) De Grifformearde tsjerken en de Evangelyske Lútherske tsjerke stimden hast anonym foar de fúzje. Yn de Herfoarme tsjerke hong it op 12-12-2003 fan ien stim (fan út it Grifformearde Bûn) ôf, oars wie de lanlike fúzje op 1-5-2004 net trochgien.


In 7-tal Grifformearde tsjerken binne op 1-5-2004 net mei gien yn de P.K.N., wêrfan in 3-tal yn Fryslân, en hjitte no de fuortsette Grifformearde tsjerken yn Nederlân (v.G.K.N.) oprjochte te Garderen op 8-5-2004. Dûmny ’s út de P. K. N wurde dêr wol talitten om te preekjen.

In paralelle skiednis fan it op wei wêzen fia S.O.W nei in tsjerkefuzje is de skiednis fan bgl.: Flitsen uit de geschiedenis van de gereformeerde kerk Sliedrecht 1945-2002


Dr. Abraham Kuyper, dy’t yn 1892 oan de widze stie fan de Grifformearde tsjerken yn Nederlân, wie fan miening dat de Bibel letterlik nommen wurde moast. Dat jilde ek foar de earste haadstikken fan it Bibelboek Genesis, dy’t oer de skepping en de sûndefal gean. Yn in rede, hâlden yn 1881, sei hy mei klam, dat de minske allinne wis yn it libben stean koe by de graasje fan in absolút en net betwivelber gesach fan de Hillige Skrift. Dus net: It Wurd fan God is YN de Skrift te finen, mar DE SKRIFT is Gods Wurd. Nei de kwestje "ds. Geelkerken" oer it sprekken fan de slang (Synoade fan Assen 1926) en de opkomst fan de rommer tinkende Grifformearde teologen is der hiel wat feroare yn de Synodale Grifformearde tsjerken. Foaral teologen as Tj. Baarda, J.L. Koole, C.A. Augustijn en H.M. Kuitert kenden yn harren wurk stapsgewize hieltyd mear gewicht ta oan de bydrage FAN MINSKEN oan it ta stân kommen fan de tekst fan de Bibel.Dêrmei waard de histoaryske krityk talitten ta de Grifformearde teology. De tsjerke folge op harren bar de nije teologyske ynsichten. Der ûntstie in pluriformiteit fan opfettings, binnen de folle rommere grinzen dan yn de Grifformearde teology tefoaren brûklik west wie. Letter binne de beslúten fan de Synoade fan Assen (1926) dan ek oanpast. De grutte omslach fûn plak tusken 1950 en 1981. Hûndert jier nei de rede fan dr. Abraham Kuyper, yn 1981, liet de Synoade fan de Grifformearde tsjerken yn Nederlân it rapport "God met ons" ferskine. De tinkbylden fan earder neamde teologen waarden yn feite oannommen. De tekst fan de Bibel wie GJIN GODLIK diktaat, mar in wjerslach fan ûnderfiningen fan de bibelskriuwers fan harren relaasje mei God. It gie oer de fraach, wat foar boadskip de bibelferhalen oerbringe.

Der is in protte feroare yn de Protestânske tsjerke. Der wurde (yn Berltsum en op in protte plakken yn Nederlân) no net allinne mear (sa as eartiids) psalmen songen mar ek in protte oare lieten út ferskate bondels. Froulju kinne no tsjerklike amten beklaaie. De wetslêzing fynt net mear plak. De iepenbiere skuldbelidenis fan in lid of mei-inoar bart (hast) net mear. (Trouwens yn de Roomske tsjerke wurdt ek net folle mear oan de biecht dien.) De algemiene skuldferjouwing, útsprutse troch de dûmny, mei it dêrop sjongen fan in liet fan de genede en de tankberens fynt net mear plak. It censura morum is ôfskaft. De middeis tsjerketsjinst mei de Kategismus preek is ôfskaft. (De Heidelberger Kategismus mei de 52 sneinen mei fraach en andert wurdt net mear brûkt by "it fraachlearen".) De ferkundiging is in oertinking wurden. Gewoanten en tradysjes binne troch in protte lju fan hjoed loslitten. It "hokken" is in (al as net registreard) "by inoar wenjen" wurden. It Sneinshilligjen is feroare. (sport op snein, toaniel en bioskoopbesite, dûnsjen, reizgjen op snein, ensafuorthinne, it kin no allegearre. Wêr binne se bleaun, dy "aemechtige Joaden" (dy Berltsumers fan doe!) In protte bart no net mear fan oan "ús" en "fan de oare" kant. We fuotbalje en keatse, gymnastykje, toanielspylje, feeste en muzysearje as doarp no mei-inoar. De "Zuilen" (pylders) fan eartiids binne (lokkich) ferbleke. Wa hie dat ea tinke kinnen. No de beide skoallen noch! De sa neamde "brede skoalle" sit der oan te kommen en moat foar it nije skoaljier yn 2013 oplevere wurde. De wrâld feroaret en wy mei har.

Oh, dy Berltsumers fan no !


De learing út it al mar wer ôfskieden.

Út it NEDERLANDS DAGBLAD d.d. 17-10-2006.

(De LÊSTE konfesjonele) *) Professor dr. Klaas RUNIA (1926-2006) overleden. Confessioneel in plurale (Gereformeerde) kerk. (Hy wie de soan fan de âld Berltsumer Theunis Pieters Runia, en besibbe oan Leendert Pieters Runia, de soan fan Pieter Theunis Runia en Trijntje Leenderts van den Akker, ien fan de foarmannen fan de Berltsumer doleânsje.)

KAMPEN - Runia stond bekend als confessioneel omdat hij stelling nam tegen opvattingen van spraakmakende, vrijzinnige theologen als Wiersinga, Kuitert, Den Heijer en Ter Linden. Zo vond hij het onbegrijpelijk, dat zijn collega Den Heijer kon aanblijven omdat het bestuur van de universiteit zijn opvattingen binnen de grenzen van het toelaatbare achtte. In 2000 adviseerde hij Den Heijer af te treden omdat hij volgens Runia afscheid had genomen van de gereformeerde wereld. Runia was blij dat 30 jaar eerder de Gereformeerde Synode de alternatieve verzoeningsleer van Wiersing afwees. Tegelijk werd dr. H. Wiersinga niet afgezet. "Dat is een spanning die in de kerk eigenlijk niet kan", zei Runia in een intervieuw. " Ik zit niet te pleiten: je moet mensen links en rechts afzetten. Wel, dat je de grenzen moet bewaken. De Synode heeft die consequenties niet aangedurfd, niet aangekund of misschien wel niet aangewild".

Hij tekende hierbij aan: "Ik heb het gevoel dat de Synode niet meer kan doen, bang als men was, DAT ER WEER ZO EEN ELLENDIGE BREUK zou komen als in 1944. Hij heeft zich verbaasd over de snelheid waarmee de verschuivingen zich in zijn kerkverband voltrokken. "Geen Gereformeerde zou het vroeger in zijn hoofd gehaald hebben om te ontkennen dat Jezus de enige Zoon van God was. Nu wordt dit in tal van publicaties openlijk betwijfeld", zei hij in 1996 in Trouw. In zijn boek: Wegen en doolwegen in de nieuwere theologie (1993) stelde Runia, dat wie de klassieke christologie afwijst, uiteindelijk de Bijbel zelf moet herschrijven. Tegelijk erkende hij, dat niemand met de klassieke leeruitspraken van de vroeg-christelijke kerk op zak het geheim van Jezus Christus in de vingers heeft. Ondanks zijn kritiek vindt hij, dat de confessionelen in de Gereformeerde kerk (Synodaal) MOETEN BLIJVEN, zei hij in een intervieuw in het Nederlands Dagblad. Mij wordt in mijn kerk niets in de weg gelegd; ik hoef niets te doen, dat tegen mijn geweten in gaat, waardoor ik moet zeggen: Hier sta ik en ik kan niet anders: IK MOET ER UIT. (Sa tochten in protte Berltsumer konfesjonelen NET yn 1887 t.t.f. Dûmny G. Nijhuis). Oh, dy Berltsumers ! (fan doe.) De breuk hat 123 jier bestien en in soad ellinde feroarsake foar in protte minsken yn it doarp en wat hat it oplevere? 

Prof. Runia siet mei ds. Ate Rienstra, ds. Cor van de Velde e. o. yn de letter yn de Griff. tsjerke oprjochtte feriening “Confessioneel Gereformeerd Beraad (C. G. B.) de gelikens oan de yn 1864 oprjochte “Confessionele Vereniging” yn de Herfoarme tsjerke. Beide wienen oprjochtte om de synoade(n) oan te sprekken op de plicht te wearjen wat it beliden tsjinsprekt.)

*) sa stie it yn de Ljouwerter krante.


L.C. 4-6-2004

Afscheid Van Fryslân Met Preek Op Terp Hegebeintum.

.........Op een steenworp afstand van zijn geboortehuis neemt ds. Willem D. Buursma zondag in Hogebeintum voor zijn gevoel afscheid van de provincie die hij in 1929 verruilde voor de Verenigde Staten...... Hij preekt er in de kerk op de terp in het Fries. Zijn wieg stond in Hogebeintum. Hij ging met zijn ouders mee naar Amerika....... Zijn gereformeerde ouders sloten zich aan bij de Christian Reformed Church met Nederlandse wortels tot in 1857 etc... etc...... Zijn stevig- Calvinistische Chr. Ref. Church was niet meegegaan in de nieuwe Nederlandse verzamelkerk P.K.N. denkt hij. Deze kerk verloor nog niet eens zo lang geleden 30.000 leden door toelating van de vrouw in het ambt. "Minsken by ús kinne net begripe dat de grifformearden (hjir) frijsinniger wurden binne as de frijsinnige herfoarmden"........Sinds zijn bezoek tijdens SIMMER 2000, toen Buursma in BERLIKUM preekte, vindt hij de Nederlanders ontevredener geworden. "Der is in oare geast hjir. En dat mei safolle frije dagen"...................Hy hat hjir doe ek preke yn de Grifformearde (krús)tsjerke fan Berltsum..................


F. D.  Sneinspetiele d.d. 28-1-2012.

Sa mar de miening fan twa dûmnys’s út de troch ds. W. D. Buursma neamde “nieuwe Nederlandse verzamelkerk P.K.N.  : ”Onze visie op de heilige schrift.........wij nemen afstand van wat ze de heilige huisjes vinden, de misverstanden over de Bijbel die nog steeds in stand worden gehouden, niet in de eerste plaats door de kerk zelf. Bijvoorbeeld het historisch opvatten van Bijbelverhalen en het verkondigen van bepaalde dogma’s .  ............... In het N.T. gaat het bijvoorbeeld niet om de historische Jezus, maar de verhalen OVER hem laten ons wat zien. Daarmee wordt niet ontkend dat er een historische Jezus zou zijn geweest. Alleen in het evangelie gaat het OVER Jezus – Jeschoua – Jozua : hij die bevrijdt. Je moet een poging wagen om heel onbevangen en objectief de verhalen te lezen en je af te vragen: wat staat er en wat kunnen we ermee ?” “Genesis is geen geschiedenisboek van hoe de aarde is gemaakt. Het is een compositie, als een muziekstuk. Het vertelt ons niet WAT het was, maar WAAR het naartoe gaat”. Beide dûmny’s beskôgje harren net as ortodoks, mar seker ek net as frijsinnich. ............frijzinnigheid gaat uit  van de behoefte van de MENS. Het stelt de mens  en niet God centraal. Maar ook de orthodoxie heeft antropocentrische kenmerken: het gaat erom hoe IK het heil van God kan verkrijgen. Wij gaan uit van een DERDE optie. En dat is dat iets van de “andere kant”, van GOD dus, naar ons toe komt”.  Frans Breukelman leerde ons de Bijbel op te vatten ALS LITTERAIRE tekst. 


F.D. juny 1985. "SAMEN WEG" uit Berlikum.

BERLIKUM. - Zo langzamerhand ontstaat er een "ernstig’ tekort aan predikanten in Berlikum. De Gereformeerde predikant ds. P. van Dijk vertrekt 30 juni (naar Nijkerk), afgelopen zondag nam ds. Chr.S. Verwoert afscheid. Zeven vruchtbare jaren van samenwerking werden afgesloten. "Het was een SAMEN-OP-WEG gemeente, nu is het een "samen weg - gemeente", aldus ds.van Dijk bij het afscheid van zijn Hervormde collega. Het Samen-op-weg karakter kwam onder meer naar voren uit de combi-vergaderingen van de beide kerkeraden en uit de gezamenlijke middagdiensten in het zomerseizoen. Afgelopen zondag nam ds. (Chr. S.) Verwoert afscheid, omdat hij predikant wordt in Raamsdonk. Hij sprak over Psalm 1, 6 en 150, 6 in zijn afscheidsdienst. De scriba D.(irk Ulbes) van Dijk bedankte de predikant tijdens de dienst.

(Op 19-9-2010 wurdt de fúzje akte tekene yn de Krústsjerke en wurdt de S.O.W. meiinnoer (tegearre)- ûnderweis- gemeente de Protestanske Gemeente fan Berltsum yn de P.K.N..)


Sjoch ek film: Ôfskie Ds. Verwoert.


L.C. 21-2-1980.

Te weinig aandacht voor kernwapens binnen kerk.

Hoe’t ds. Verwoert tocht oer de machtslykwicht tusken East en West mei behelp fan kearnwapens. Syn útspraak, dat by need kearnwapens brûkt wurde kinne, jûch nochal wat reaksjes  en ynstjoerde stikken yn de kranten.

(Hy tocht dus hiel oars as de eardere Minniste dûmny fan Berltsum prof.dr. H. B. Kossen en in protte oaren.)


L.C. 20-9-2010.

FEEST in BERLIKUM.

Ds. J.G. v.d.Boogaard-Bongers en Ds. A.J. BouwknegtBerlikum. - Het was zondag feest in de kersverse PROTESTANTSE GEMEENTE van BERLTSUM. Tijdens een speciale dienst in een volle Kruiskerk werd de FUSIE akte getekend van de Hervormde gemeente en de Gereformeerde kerk, waardoor de fusie gemeente nu echt een feit is. (De beide predikanten J.G. van den Boogaard-Bongers en A.J. Bouwknegt hielden beide een gezamenlijke preek met als thema "Verbinding" waarbij twee stukken hout over elkaar werden gelegd in de vorm van een kruis.) De festiviteiten gingen verder in een feesttent bij de kerk nog uren door: met een springkussen voor de kinderen, oud Hollandse spelletjes, een luch en een mini consert door de muziekverenigingen De Bazun en Klimop. (Er reed een treintje tussen beide kerken voor de mensen die slecht ter been waren. Een tentoonstelling (van creatieve gemeenteleden) was ingericht in de Koepelkerk met als thema "Verbinding". In het Centrum waren oude archief stukken, 

Tekene akten fan de fúsje

oude foto’s, foto’s van oud predikanten (voor zover aanwezig) in te zien en te bezichtigen. Er werd een video film vertoont enz.) Later op de middag werd de dag feestelijk afgesloten met een vesper in de Koepelkerk.

(De midden ortodoksen yn de Herfoarme tsjerke en (de sûnt 1975 saneamde) modern Grifformearden wienen yn haadsaak de motor efter de tsjerkefúzje ta de P. K. N.)


Op 22-4-1891. DISKUSJE oer kêst 35 fan it tsjerklik reglemint. Somliken miene, dat alle persoanen, dy’t in fêste tsjinst by de tsjerke hawwe, oan’t de stove setter en paadwjûder ta, tsjerklike beâmten binne, en dus troch de tsjerkfâden en notabelen beneamd wurde moatte. Oaren wolle ha, dat der ûnderskie makke wurdt tusken beämten en betsjinners, en beweare, dat men in stovesetter net ta de beämten rekkenje kin.


L.C. 19-3-1887.

LUTHER voor den Rijksdag te Worms.

Zij die nog in het bezit wenschen te komen van den Christelijke Scheurkalender "De Waarheidsvriend" onder hoofdredactie van ds. Gerhard Nijhuis, predikant te Berlikum, zende een postwissel groot fl.1,50 waar op staat Waarheidsvriend, en ontvangt franco etc. etc. W.M. Heijl, Boekhandelaar te Utrecht.


L.C. 21-10-1891.

In de gisteren in de zaal van mej. de Wed. van der Wielen, (de lettere Sealen Schaaf op de Nije Buorren yn Ljouwert) o.l.v. de heeren dr. HOEDEMAKER, van Amsterdam, en ds. Dijkstra van Hilversum, gehouden, druk bezochte vergadering is met volkomen eenstemmigheid uitgesproken de wenschelijkheid van de oprichting van eenen provinciale afdeeling van de CONFESSIONEELE VEREENIGING. Nagenoeg alle aanwezigen traden tot de vereeniging toe. In afwachting van de oprichting van plaatselijke afdeelingen, om tot een provinciale afdeeling te komen, werd een voorlopig bestuur benoemd, bestaande uit de heeren ds. Tichelaar, van BERLIKUM, ds. Eringa, van Engwierum, en ds. Koopmans, van Garijp etc etc.


L.C. 13-7-1933.

Rede ds. Kramer.

Ds. Th. Kramer (de Herfoarme dûmny) te Berlikum sprak op de landdag te Oranjewoud op de Brink, naast het buitengoed "Oranjewoud" van het Friesch Verband vanwege de Landelijke organisatie de Bijzondere Vrijwillige Landstorm (B.V.L.). Hij behandelde het onderwerp: "De B.V.L. en het geweten". Hij zette uiteen hoe het geweten de stem van ons binnenste is, de stem van God. Door de zonde zijn andere stemmen in ons geweten gaan meespreken en daardoor is het geweten vaak niet meer in overeenstemming met dingen die van God zijn. Ons geweten moet op Gods gaven afgestemd zijn, zoals een horloge moet worden geregeld naar de zon. etc. etc.....Op voor Vorstin en Vaderland en het geweten.


L.C. 14-10-1938.

Kerk en School, benoemingen enz.

Bij Kon. Besluit is aan ds. Th. Kramer, (Hervormd) predikant te Berlikum, op zijn verzoek, eervol ontslag verleend uit zijn functie van reserve-veldpredikant voor de tijd van oorlog bij het leger te velde.

(Op 12 Desimber 1939 waard hy wer beneamd yn deselde funksje. (L.C. 21-12-1939.) Dit sil wol te krijen hâwn hawwe mei de mobilisaasje fan de Nederlânske militêren yn augustus fan dat jier.)


L.C. 5-5-1973.

Als je geen consequenties trekt wordt het geloof navelstaren en droogkoken.

Dirk Papma uit Wolvega naar Werelddiakonnaat. (foto : ds. Dirk Papma)

Met het vertrek naar het Werelddiakonaat komt er voorlopig een einde aan de predikants loopbaan - hij houdt alleen de bevoegdheid van emeritus predikant - van ds. Papma, die tien jaar geleden begon in BERLIKUM en 4 jaar geleden in Wolvega werd voortgezet. Hij is nu 42 jaar oud en afkomstig van Ferwerd. Hij studeerde aanvankelijk in Leiden, maar ging later over naar Utrecht. Waarom hij tijdens de theologie studie van universiteit veranderde kan hij niet in een paar woorden uitleggen. Hij wilde zijn blik wat verruimen. In het vrijzinnige Leiden; als jongen uit een goed orthodox huis kwam hij teveel op de tocht te staan. "Maar ik heb hele fijne herinneringen aan die tijd hoor?" zegt hij. Na zijn studie werd Dirk Papma niet meteen predikant. Hij trad in dienst van de C.B.T.B. (de Chr. Boeren - en Tuinders Bond) om in de N.W. Veluwe mee te werken aan een streek verbeterings project. "Ik wilde wat meer de sociale ethiek in, als een betere voorbereiding op het predikantsschap", zegt hij.

N. B. De teologyske oplieding yn LEIEN bestiet no net mear. De Feriening fan Frijsinnich Protestanten (V.V.P.) hawwe hjoed de dei noch in bysûnder heechlearaar oan de Grinzer universiteit. (R.U.G.) t. w. Rick Benjamins. (1964).


L.C. 26-10-1974.

Ik bin bidoarn troch de smûkens fan de Wâlden.

Dûmny Romke Bijl oer de BERLTSUMERS: Ik ha yn sân gemeenten tsjinne.. Fan al dy gemeenten kin ik spesifike ferhalen fertelle. Alle respekt en goede freonen. Mar yn Berltsum, by de túnders op har stikje bou, dêr koe ik de dingen troch prate. As ik ris in preek hâlden hie, dy’t net al to djip gie, dan wie it earste hwat ik yn’ e konsistoarje hearde, soksahwat as:" Dûmny hat it fan’e moarn mar wer goedkeap fortsjinne!" Yn de Feankoloanje’s moast men ienfâldige evangelisearjende preekjes hâlde. Yn Haarlim wie ik in oaljeman mei it spuitsje om alles draeijende te hâlden.........


L.C. 29-5-1999.

Kerkenpad in Berlikum en omgeving. (foto tsjerke fan Bitgum.)

Yn 1985 is op 24 en 31 augustus troch de N.C.R.V. t.v. hjir in "Kerkenpad" route organisearre. De folgjende Herfoarme tsjerken hawwe hjir oan mei dien: Bitgum, BERLTSUM, Sint Anne en Stiens. Der binne doe foarhinne t.v. opnames makke en yn de wike dêrfoar útstjoerd om in lytse ympresje te jaan. Der kamen dy beide sneonen yn totaal sa’n 10.000 (!) minsken op ôf.

Yn it Herfoarmd Sintrum koe men sop en broadsjes krije, kofje en koeke. Ûnder de besikers wienen ek oargelisten wêr ûnder de jonge oargelist Bert Elbertsen. Hy wist de tsjerke fol besikers ûnder de yndruk te krijen troch syn jubeljend oargelspel. Der waard fan herte mei songen en krige tusken de lieten troch hieltyd wer in grut applaus oanbean. Hy is hjir letter in pear kear yn Berltsum werom west om oargelkonserten te jaan. In protte besikers, en dat wienen der hiel wat,  woenen tsjerke-stimpels ôfprintsje litte yn harren stimpel sammeling. Yn de Buorren wienen kreamkes delset foar de ferkeap fan Berltsumer produkten wêrûnder muzykopnames fan De Bazuin


Sjoch ek it filmke mei de de útstjoering van Kerkenpad



L.C. 23-8-2008.

Tsjerkepaad: Koepelkerk van Berlikum. 

Grêf fan Peter Stuyvesant syn mem

BERLIKUM. Een van de kerken die tijdens Tsjerkepaad 2008 de deuren open stellen, is de koepelkerk van Berlikum. Het markante bedehuis is relatief jong, het werd in 1779 ingewijd als vervanging van de oude kruiskerk die zo was vervallen, dat restauratie onmogelijk bleek. Van de oude kerk zijn onder meer de (drie, te weten een grote en twee kleinere) grafkelders bewaard gebleven, die overigens niet zijn te bezichtigen. Ook resteerden oude grafzerken, onder andere van de laatste rustplaats van de moeder van Peter Stuyvesant. De koepelkerk heeft een mooie besneden preekstoel en (twee) fraaie herenbanken.

(De fersiering op de preekstoel is makke troch de houtsnijer Joh. Georg Hempel. It gewoane houtwurk is levere troch in Tomas Hendriks. It grutte klankboerd boppe de preekstoel  is bekroane mei in grutte sierfaas. De Hearenbanken hawwe in oerkaaping dy’t rest op Doaryske pylders en foar de haadbank in soarte fan foarbank mei sierfazen. Besjoch ris de maiskolven, de druven en de klimmende fox, mar ek de blynkappe Moarekop is it besjen wurdich.)

Tijdens Tsjerkepaad, dat tot 13 september duurt zijn de deelnemende kerken op zaterdag middagen geopend.


BERLTSUMER HOUNEN.

By nammen.

It Berltsummer hûntsjeNet allinne persoanen hienen somtiden by nammen, ek de stêd- en doarpsbewenners krigen fakentiden by nammen. Harnser (ouwe seunen) bgl. waarden Tobbedounsers neamd. By it útspielen fan de ferve jern fan it "Harnser bûnt"waard troch de Harnsers mei bleate fuotten op de ynhâld yn de tobben omdounse oant it wetter helder waard, sadat it jern net mear ôf joech. De Wergeasters waarden brêge bidlers neamd om it brêge jild. It doarpshûs dêr hiet dan ek "De Bidler". Fan in protte by nammen fan plakken is net altyd mear bekend hoe’t dy ûntstien binne. Menamer bearen, Minnertsgeaster keallepoaten, Dronrypster oksen, Boalserter oaljekoeken, Dokkumer grenaeten of gernalen, Woarkumer brijbekken, Starumer ribbekliuwers, Drylster keapmankes, Hylper tjeunken of kilen, Hallumer koekefretters, Frjentsjerter klokkedieven, Ljouwerter speknekken of galgelappers, Snitser dúmkefretters, Arumer moudekrûpers, Oerterper oanbreide hoasen, Earnewâlder luzeknippers, Makkumer miigen (magen, sibben) Hearrefeanster poehanen (oerdwealsken, droktemakkers), Holwerter roekefretters, Ternaarder bargestrûpers, Marrumer gibben (fjilddowen) en gean sa mar troch. It ferhaal fan de Tsjommer lyntsje sniders en de Boarnster tuorkemjitters is by de measte minsken wol bekend. Rinsumageastmer hûnewippers. Leonser hûnen en Baarder katten. (Baard hat in byldsje fan in kat). Wurdumer tuorkefretters. Marsumer strontbiezems. Rypster sleeptoffels, oksen. Bitgumer roeken. Boksumer kneppelders. Ingelumer spekswurden. Deinumer koalen. Hoe’t de Berltsumers oan de by namme "Hounen" kommen binne, binne ferskate teltsjes yn omrin. Der wurdt wol ris sein, dat it laam yn it Berltsumer (tsjerke)wapen foar in hûn oansjoen wurden is. (sjoch ek 40) De meast foar de hân lizzende is, tinkt my, dat wy de namme oan de opsteande wynhûnen út it wapen fan de Hemmema’s te tankjen hawwe. Net allinne is " ús hûntsje" bekend, mar ek "it Berltsumer spek" (de Berltsumer sipels) en de "Berltsumer winter" (winterwoartel (sied) is tige bekend. Ik hâld hjir oer op, oars wurdt it in ferhaal "sa lang as Berltsum". As de Wierster katten op de fiets nei Berltsum geane, is dit meastentiids oer de Kamp, it Kampsterbregje en de Brouwerssteeg. Dit paad tusken de Wiersterdyk en de Buorren wurdt troch de Berltsumers dan ek wol "de Katteloop" neamd. Sil dêr yn Wier ek nochris in " poeske" op in sokkel komme? Efkes de Friesland Bank leaf oan sjen.

Ek in protte Berltsumers hienen by nammen. (Gjin skelnammen dus!) It wie fakentiden sa, dat der op in doarp (of stêd) in protte minsken wennen mei deselde foar- en efternamme. By de bank en oare ynstellings waard der skriftlik wol ris by set fan sr. en jr. (de âldere en jongere, as it in pake en in nei him ferneamde pakesizzer oangie) Om se útinoar te hâlden waard der meastal in bynamme oan ta heake. Sa wienen der yn Berltsum bgl. wol 3 Boates Algra, 4 Jannen Wassenaar, 5 Theunissen Runia en gean sa mar troch.

Sa mar in pear by nammen:

Popke Par, Klaas Appeltsje (K.E.L.), Lammert Mol, Jacob Koekoek, Durk Krante, Bauke Kwante (hy koe de r. net sizze.), Lammert Toal (hy koe de k. net sizze), Ele Kramtried (hy wie reumatysk), Durk Lape of Lapke (hy hie in lape winkel) Hy waard ek wol neamd "de dûmny fan Peins" (omdat hy dêr wol preke.) Dôve Durk, Bline Harm, Harm Snoek, Kâlde Piter (hy koe it by tiden smout opsizze), Ale Protter (hy gie as postboade op de fyts al fluitsjende it doarp troch), Wieger, de sjongende banaan (hy gie al sjongende mei de grientekarre troch it doarp), Jantsje Petroalje, Simen Lúsjefers, Annegie Baarch, (hja wie net al te skjin), Aukje, it sûkerwyfke (swiet praat), Roel de Nachtmelker, Theunis Skuonkletser, Lytse Hinke (myn oerbeppe Hendrikje Santhuizen), Lytse Symke, Lytse Durk, Lytse en grutte Sybren fan Klimop, Jan Kats, Syn beide soannen "de Katsmannen", Siem "Pak’em hâld’ em krij’ em", Yep fan de Pyp, Lies Muoi guod, Haye Bjinder (hy ferkocht bjinders, biezems e.d.), Hearke Stopnudle (hy wie nochal meager), Cobe Dull (hja wurke by Mr. Johan Hendrik Dull, kantonrjochter te BERLTSUM fan 25-5-1891 oant 7-4-1911), Durk Bliksum (dit wurd wie syn stopwurd), Marten Stoker (hy wie stoker op it fabryk), Pyt Japs (soan fan Japke), De Dakhazze, Zwaan (hy hie in lange hals), Fokke Patat, (hy hie in snackbar), Bauke Blomkoal, Hendrik Steamtsjettel, (hy hie as jonkje û.o. ûnder syn boartersguod in "grutte" steammasiene.) Bertus N.A.K., (kontroleur fan de Nederlandse Aardappel Keuring), Taeke Môg, Durk Joad, (Hy wie in echte keapman / sakeman). Jan Spar (Spar winkel), (Annie gehaktbal, (kafetaria). Lieuwkje Kroket, (kafetaria). Sytske Bûterbonsje, Gryt Pakje tee, Willem Strontsje ek wol Gromsnor neamd, Mindert Skyt, (hy wie "tonneur"). Mijnheer Don (de direkteur fan de feiling), Ôns Dirk, (Syn mem hie it altyd oer ôns Dirk") "Mevrouw Geeft niet" (Hja jûch net oan kollekten, sa sei it tsjinstfamke altyd as immen oan de doar kaam.), Ate Futtel, Klaas mei it hântsje, Louw Poepnak, Janke ien ear, Auke Pûde, Goasse Pûde Hylke Snor, Tsjeard Knibbel, Ebbing Poat, Mink Swetser, Bline Sjoerd, Grouwe Dooitse, Dooitse Scheveningen en syn soan Jan Bok. Tsjip Oarandus, Jan Steamfiets, Jan Gewear, Slappe Sytse, Tsjeard Jut (soan fan Jurjen), Grutte Jo (Jurjen), Durk M. van der L, Lou Poepnak, Grutte Boate, Lytse Boate, Boate PH3 (stikume radio stjoerder), Gerrit Griender, Heerke Skoffel, De Kevers, (hja dienen hannel yn bestridingsmiddels). Ymre Fjouwerfuotter, (hy rûn ris stomdronken mei hannen en fuotten op de Wiersterdyk en krige de namme "Berlikumer viervoeter" fan de Ljouwerter rjochter yn dranksaken), Marie, "de Keninginne fan Berltsum", (hja waard sa neamd troch in rjocher yn in rjochtsaak), Waling Snotbongel, (it wurd snotbongel lei him tsjinoer de jongerein foarop yn de mûle.) Drs "P". (mysels), De Reitsma’s (Johannes, Tjeerd en Jan mei harren suster “skouwe” Jantsje) fan de Wiersterdyk, de “Oastmannen” neamd, (Harren heit hie yn East-Ynje sitten) Ele flearmûske en sa koenen jo wol troch gean. Yn rou advertinsjes sjogge wy ek wol ris dat troch de famylje, tusken heakjes, de by namme fan de ferstoarne fermeld wurdt om oan te jaan om hokfoar persoan it no krekt giet.

(Noch in moai ferhaaltsje (oer by nammen) út de Ljouwerter krante fan 9 desimber 2009, side 14 oer myn oerbeppe Boatsje fan Poppenwier, mar ek de oerbeppe fan Janneke Kuperus, de eigeneresse fan berne opfang "Okidoki" oan de Mulseleane 13 en dus de beppe fan har heit Johannes Sybrens Kupe-rus en har omke Dirk Sybrens Kuperus, respektivelik wenjende yn de Bûterhoeke 12 en de Molestrjitte 4 hjir yn Berltsum.)


POPPENWIER.

Wat oars. Bonne Stienstra.

Er is een Binnenbuorren, een Bûtenbuorren, een Skoallesteech, een Fiskersstreek. Vroeger lag het aan zee. Nu is het het mooiste dorp van de Lege Geaën, vindt iedereen. Anna de Jong woont al meer dan 60 jaar in het huis waarin ze is groot gebracht. Maaike Punter - Nicolaï kwam in de oorlogs jaren met haar ouders in het dorp wonen. Ze is tachtig. De twee hebben bij elk huis wel een verhaal..........Over vroegere bewoners, over hun BIJ NAMEN, over hun bezigheden.

Vroeger had het dorp 350 inwoners. Nu nog maar 185. Hjir wenne "âlde Pytsje", zegt Maaike Punter. En hjir "dove Feikje", zegt Anna de Jong. "Berend by nacht" had je en" âlde Oege". Ach bijnamen werden vaker gebruikt dan achternamen.

Beppe Boatsje"Beppe Boatsje", zeggen ze. Nog zo ‘n bijnaam? Nee, Bootje was haar echte naam. Beppe Bootje (Koopmans, widdo fan Johannes Fokma) woonde in een steeg en zag uit op de blinde muren van huizen en de Doopsgezinde kerk. Toen ze de mogelijkheid had te verhuizen naar het huis vóór haar, met veel meer uitzicht en licht, weigerde ze. "Ik sit hjir goed", zei beppe Boatsje. De Doopsgezinde kerk staat wat achteraf, zoals schuilkerken vroeger moesten staan. Niet prominent in beeld, vooral geen toren.............


*************************************

Nei har ferneamde beppesizzers yn Berltsum wienen:

Boatsje Watses Posthumus, Boatsje Wybes van Dokkumburg en Boatsje Sybrens Kuperus.

In nicht fan beppe Bootje (berne op 21-2-1872 as dochter fan de ferver/glêzensetter Gooitzen Gerrits Koopmans en Jeltje van ‘t Zet) wie Bootje Visser en hja wenne ek yn Berltsum. Hja wie berne te Irnsum op 13-10-1869 as dochter fan Dirk Gerrits Visser en Akke Gerrits Koopmans, de lettere kastlein yn de Buorren nû. 60 te Berltsum. (no winkeltsje “De âlde tiid”) De “Vissersteech” werinnert noch oan Dirk Gerrits Visser. 

De âld Berltsumer skoalmaster fan de iepenbiere skoalle, Arend Douma, dy ‘t my oantrúnt  hat om de Berltsumer skiednis en âlde ferhalen oer Berltsum fêst te lizzen, wennet no ek yn Poppenwier.  (Poppingawier)  mei ek al in bynamme?  De Earn of de Muonts bgl.

In protte Nederlanners hawwe fan harren by-namme de efter-namme makke. Tink mar oan: Hafniks (haw neat), sa hjitte Maaike de frou fan Dirk Fokke ‘s Kuperus fan efternamme Bult, Bril, Boekenoogen, Appelhôf, Appel, Peereboom, Vroegindewei, de Grijs, de Witte, Donker, (de) Zwart, (siet yn de brânje hannel), de Kleine, de Groot, Kool, Visser (iel of seefisker), de Lange, de Korte, Vis, De Kwaa(d)steniet, Snoek, Hetebrei, de Koe. Zondergeld, Zonderland etc. etc. Der wienen ek minsken dy’t der de gek mei hienen om in  ferplichte efternamme oan te nimmen. Fan dêr ek in protte frjemde efternammen. Oaren wer hienen de gekheid mei de dûbele en soms lange efternammen en neamden harren  Van Beijeren Bergen en Henegouwen. Mar efternammen sa as Van Struyckel tot Tippelaere of Jecanme de contlique bin ik noch nea tsjinkommen.


Wa hat noch nea heard fan de al hiel âlde  by-nammen sa as fan in : Karel de Greate, Karel de Keale, Karel de Stoute (moedige), Philips de Skjinne, Willem de Zwijer, Frederik Hendrik de Stêdenbetwinger,  Skearne Wybe, (Hy hie gjin burd) mar no ek wer de Izeren Lady (premier Thatcher fan Ingelân.)


‘t KLEINE KRANTSJE.  (In Ljouwerter blêdsje)

BARTELE BULTSJE,  in lêstich man.

Yn it boek :  Rare saken in Friesland, skreaun troch de redakteur - útjouwer fan it KLEINE KRANTSJE Fenno Schoustra, komt in ferhaal foar oer in figuer dy ’t earder yn Ljouwert tige bekend west hat, hoewol ’t hy der net wenne, dat wie Bartele Bultsje, dy ’t de measte minsken fan syn tiid dan ek allinne as Bartle Bultsje kend hawwe. Foar de lêzers fan’t Kleine Krantsje skriuwe wy syn nuveraardich libbensferhaal graach oer út it boek.

Wie hy de goedheid selve op de nochteren mage, nei it nuttigjen fan in pear boarreltsjes koe hy op slach feroarje yn in nidige spin, in redeleaze rûzjesyker, dy ’t gewoan heibel makke om de lytste lytsichheden. Dêrby dearde it him neat, wa ’t hy tafallich foar him hie. Mei alle fernoegen misledige Bartele Bultsje eltsenien.

Fan Bartele’s  jonge jierren is net folle bekend bleaun, mar der lizze dan ek al een 100 jier efter oan. Wol witte de Berltsumers noch te fertellen fan in pynlik foarfal, wêrby de klerk fan de notaris belútsen wie. Op in skimerjûntyd waard dy ûnferhoeds troch Bartle ’s heit by it skouder pakt. “Thúskomme, direkt !” hjitte de âlde Faber bartsk. Mar doe blyk, dat Jan Faber de ferkearde grepen hie – krekt as Bartele hie de notarisklerk ek in bult ets.  ets.  .........  ............   ...............

Hy hie net folle kontakt mei de famylje. Syn soan (* Jan hat him ienris opsocht yn Ritsumasyl omdat hy de hântekening fan syn heit nedich hie fanwegen dy syn foarnommen houlik. Fol trots waard syn soan doe oan syn omjouwing foarsteld. Fan syn dochter hat hy nea wer wat heard. Letter by syn begraffenis oan de foet fan ‘e Deinumer tsjerke, kamen dochs noch twa famylje -leden opdagen. Net syn bern, mar syn âldste broer Lammert en syn soan Jan. “Hy hat as in houn libbe en hy is as in houn begroeven” fertelde Lammert Faber letter yn BERLTSUM.

Fuotnoat :

(*  Jan Bartele ’s Faber berne op 9-10-1906 – letter wenjende en stoarn op 12-10-1982 te Rys (gem. Gaasterlân - Sleat) wie op 22-2-1931 te Starum troud mei Martje Albertsma, berne op 26-3-1908 en stoarn te Boalsert op 25-12-1996. Hja krigen 6 bern t. w. Pietertje Sjoukje, berne op 6-1-1932 en stoarn te Amsterdam 29-3-2006. Jantine, berne op 5-8-1933. Rinze Thijs, berne op 14-2-1935. Thijs Jan, berne op 9-2-1937. Sjoukje Freerkje, berne op 20-1-1942 en Adriana Anna Caty, berne op 1-1-1946. Lêstneamde is mei har op 16-12-1968 troude man Egbert Wijbenga yn 1981 nei Australië emigrearre.)


‘t KLEINE KRANTSJE.

BARTELE BULTSJE (ek wo neamd Lytse Bartle.) út ‘t Kleine Krantsje d.d. 20-3-1976. fan Fenno Schoustra.

Bartele Bult

(In Ljouwerter blêdsje oer Ljouwerter âldheden.)

Fokke van der Meer, soan fan in echte Berltsumer snikfrachtfarder, dochs abbonee op it krantsje reagearde op in stikje skreaun oer Bartele Bult fan Berltsum, troch de hear Spijkerman fan Bartlehiem. It gie oer bysûndere boatsjeminsken dy’t oan de Sneekertrekweg leinen, minsken dy’t hy wol kend hie.

Fokke van der Meer hjir oer :

Bartle Faber waard yn BERLTSUM berne op 4-2-1869 as twadde soan fan Jan Lammerts Faber en Janke Barteles Liemburg. Syn âldste broer wie Lammert en syn jongste broer hjitte Albert. Syn heit Jan Faber wie sútelder en hie in grutte pream. Hy wenne yn’e Bûterhoeke. Stokâlde Berltsumers wisten noch te fertellen dat de Fabers harren net mei it doarpslibben ferbûn fielden. “Ik hear nearne by” sei Jan Faber altyd, en “as ik tefolle stjonk bergje hja my mar op” en dat lêste typeart miskien wol aardich de situaasje thús. Fan Lammert is bekend bleaun dat hy sliepe koe as in mol. Al reinde it noch sa en hy lei te sliepen yn it fjild, dan waard hy noch net wekker. Sûnt dy tiid hjitte hy Lammert Mol. Bartle ferfierde letter klei nei de Berltsumer en oare tichelwurken. Hy troude in nette frou en krige in kreas gesin. Broer Albert bliuw frijfeint. Hy hie de by namme “de swalker” omdat hy in ûngeregeld libben laatte. Sa hiet it boatsje fan him ek, wer’t hy mei farre. Bartle, troch in protte Berltsumers en oaren ferachte en pleage, moat op in goede dei it sukses, dat hy ris op menear de kantonrjochter befocht, as eat hiel bysûnders erfaren hawwe. Menear Dull , mr. Johan Hendrik Dull, hy wie in trijedûbeldeftig (út it Grinzerlân ôfkomstich) man en hy bewenne in hûs tsjinoer it “Hôf fan Hollân”. Foar it hûs lâns rûn in sleat en wat kaam der op in wynderige dei yn terjochte ? De hoed fan Jacoba van der Heide (by namme Jacoba Dull) , it tsjinstfamke fan menear Dull. Mar gjin noed, want foar’t holledeksel sinke koe, skeat Bartle Bultsje ta en helle de hoed derút. Sa kamen Jacoba en Bartle in momint tsjininoar oer te stean, mar dat foel ferkeard by menear Dull. “Ga weg bij die vuilak !” rôp hy syn tsjinstfaam ta. En dy belediging fan dizze deftige menear hat de al sa folle pleage Bartle net nommen.  Bartle Bultsje gie it oan en de kantonrjochter moast no sels terjochte stean en in boete betelje. Foar Bartle moat dit in triomf fan syn libben west ha. Hy waard in soad troch de bern pleage en begûn dan te razen en te tjirgjen. En dat koe de lytse man as de bêste. Foaral as hy in pear slokjes op hie koe hy slim tekear gean en begûn hy te flokken en te razen en makke eltsenien foar alles en wat  út. Hy hie syn bekje op it goede plak sitten. Hy moast ek wol, de lytse man. Somlike bern songen wolris : “Het is Bartle syn eigen skuld dat hy in bult moet drage, hy heeft er self om sitten frage” ets. ets. Der waard troch him dan fûl op reagearre en dêr wie it de leave jongerein dan ek om begûn natuerlik. It kaam dan ek faak foar dat it mismakke mantsje mei dizze pesterijen  jierrenlang troch djippe dalen gean moast. Yn ‘e winter ferskinde Bartele mei in âld slidzje op it iis en dan koenen de jonges by him dobbelje om koeke en sinesappels boppe de 8 en ûnder de 13 jier. Fakentiden gie dit goed, noch faker besiken hja him dêrby te beduveljen en út de tinte te lokjen. Heftige skellerij wie dan it gefolch, want dat wisten dy jonge Berltsumers al lang : flokke en tjirgje koe Bartele as de bêste. It ferhaal gie dat syn mem him, as baby, ris fallen litten hat. Oaren fertellen dat hy as jonkje  tusken de wâl en de pream fallen is en dat dêrby syn draaibonke skeind is. Doe’t Bartle 34 jier wie seach hy kâns it hert fan in 9 jier jonger hiel kreas famke te bemasterjen. It wie Tryntsje Hoekstra, in weesfamke, dat alhiel allinne op de wrâld stie. Hja wie berne yn Oentsjerk. Op 17-9-1903 stapten Bartle en Tryntsje yn it houliksboatsje. Letter blyk dat it in “moetje” wie. Fiif moanne letter waard in famke berne dy’t de namme fan har beppe krige en Janke neamd waard. Twa jier letter waard in jonge berne dy’t de namme Jan krige. Noch gjin 4 jier letter nei it houlik, op in snein, op 10-3-1907 rekke Tryntsje yn it wetter en ferdronk. Hja leed oan setten. De bern waarden yn in tehûs opnommen en Bartle kaam yn in hiel âld en tige rommelich boatsje te wenjen op Ritsumasyl by Deinum. Hy libbe yn soberens fan de ferkeap fan sinesappels en it snoekfiskjen mei skeakelnetten en dêr wie hy in matador yn. Wannear’t Bartele troch de stêd rûn mei de sek op’e rêch, dan sieten der meastal inkelde snoeken yn. Want Bartele wist presys hokker hearen leafhawwers fan snoek wienen. Hy gie dan by de grutte hearehûzen efterom want hy wist meastal wol wannear’t de hearen thús wienen. By de foardoar waard hy meastal ôfsâlte troch de dames of it tsjinsfamke. As hy op fersyk fan de hearen de fisk ek noch skjin en panklear makke, krige hy meastal ien of twa glêskes en as hy de smaak te pakken krigen hie en wer sinten hie koe hy gjin kroechje mear foarby rinne. Hy dronk in protte en koe dêrnei dan hiel opsternaat wêze. As it net gie sa’t hy woe joech hy de minsken fan alles nei. 

Ek al krige hy sa no en dan wat te iten oanbean, dan koe hy noch fûl tekear gean. “Dit ite sels de hûnen net” en mear fan dat soarte taal krigen de minsken dan fan him te hearren. Op it lytse kroegje yn de Bûtehoeke yn BERLTSUM koe waarimpel wol foar Bartle skreaun wêze :

“Ik tap het nat uit fles en vat en doe het zonder schromen – Die borgen laat en vechten laat, mag hier binnen komen”.

Bartele wie ek yn Ljouwert in bekend figuer, fandêr dit stik fan him yn it Ljouwerter krantsje fan Fenno Schoustra. Hjir stiet in moaie grutte foto fan him yn en ek fan in lettere Ljouwerter freon -dinne fan him. Bartele hat ek in skoftsje brêgewipper yn Ljouwert west. Hy is op 20 july 1936 yn it Diakonessenhûs te Ljouwert stoarn oan bloespuien.

Berlikum, Fokke van der Meer.

 

‘t KLEINE KRANTSJE    16-1-1971.

Lezers klommen in de pen.

In het Kleine Krantsje no 33 van 12-12-1970 werd door de heer Fokke van der Meer (út de Molestrjitte te BERLTSUM) geschreven over Bartele Faber uit BERLIKUM. Als kind van 5 jaar werd ik in 1906 naar Berlikum gedirigeerd, daar mijn ouders overleden waren. Ik kwam bij Jan Dusselaar in de Boterhoek te Berlikum, hij was scheeps-timmerman en kwam met deze Faber in contact als kind en ik kwam dan ook bij hun in huis, bij de moeder, de dochter, Albert en Bartele. De moeder was een heel lieve vrouw, en van de dochter heb ik nooit meer iets gehoord. Bij Albert heb ik nog als kind gevaren op het schip de Swalker; hij was een hele goede man, alleen als hij veel gedronken had was hij vervelend, ik ben niet lang bij hem geweest. Maar nu over die Bartele, inderdaad noemde men hem Bartele bult, maar hoe kwam dat: hij was vroeger een flinke man van ongeveer 1.85 m lang, hij was getrouwd en volgens mijn oom, oom Saake Dusselaar en oom Jetze Dusselaar, moest het de mooiste vrouw uit Friesland zijn. Ze hadden een kind, een meisje waarvan ik nooit meer iets heb vernomen. Maar deze Bartele is ongelukkig geworden door een ongeluk, (troch)dat hij op zijn rug in het water viel, maar net onder water was een paal en daar viel Bartele op. Hij werd aan boord genomen en was bewusteloos. Daarna groeide hij krom en kreeg een bult. Toen zijn vrouw was overleden werd hij visserman en de rest is zoo als de heer van der Meer schrijft. Deze gegevens heb ik nog van mijn ooms gehoord en geef dat graag door voor het Krantsje en dank u hartelijk voor de opname.

                                                                                                                    Boven-Leeuwen .     S. Demmers.

 

‘t KLEINE KRANTSJE  16-1-1971.

In nummer 131 noemde de heer D. Spijkerman uit Bartlehiem de naam Bartele Bult als van een visserman die met zijn vriend met een scheepje in de Sneekertrekvaart lag en dikwijls dronken was. Toen ik nog niet eens naar school ging kende ik Bartele al, die meestal met zijn scheepje vlak bij mijn oudeshuis in BERLIKUM lag. Als ik als schooljongen zat te vissen, dan gaf Bartele me les in de hengelkunst. Zijn eigenlijke naam was Bartele Lammerts Faber, maar in de volksmond zei men Bartele Bult of Kromme Bartele, en mijn moeder zei altijd Kleine Bartele.

Fokke van der Meer :   (nochris oan it wurd.)

As ik him yn de winter opsocht yn de finzenis as hy dêr syn tiid wer ris út siet fanwegen iepenbiere dronkenskip, dan sei hy wolris tsjin my : “Sa’n borrel kin somtiden ek noch nut hawwe want no haw ik lekker in skoftsje it iten fergees en ek noch fergees it sliepplak derop ta. Folle is der dochs net te fangen yn sa ‘n rot winter”. Wie hy thús, dan lei Bartele faak te lêzen. De boeken helle en ruile ik altyd foar him yn de Nutsbibleteek fan BERLTSUM. Ien ding kin ik ek noch fan Bartele sizze: Hy hie altyd in fleurich sin, dit yn tsjinstelling mei in broer fan him dy’t ek in protte yn de stêd kaam en in lyts frachtskipke hie en yn ‘e wannel Albert Swalker neamd waard, dy moppere en seurre altyd en as hy dan ek noch wat te folle drank op hie dan spriek hy somtiden hiel faak efterinoar, mei de finger omheech wizende : “”Maar eens, maar eens, komen ze voor de rechterstoel des  Heeren”. Bartele sei wolris tsjin my: “Jo kinne better stelle as biddelje”. Sels soe hy dat nea dwaan. As hy jild liende fan immen dan krigen hja it seker wer fan him werom, sa wie hy.

Der wienen kastleins by – en dat haw ik sels sjoen -  dy ’t twa soarten fan drankflessen hantearren, net mei wetter fertinne. De mindere soart gie fakentiden nei de begoedige keaplju en it sjouwersfolk krige de mindere soart, aldus Fokke.

(Dit sil fêst ek fan ynfloet west hawwe op it dronkenskip fan de lytse – gewoane - man.)


L.C. 10-4-1805 en 26-10-1805

Yn 1805 is Cornelis Douwes van Gelder, huisman (boer) te Berltsum (Hy wenne yn it pleatske neist de "nije herberch" = Hof van Holland, wêr’t letter Sybren Jac. van Tuinen wenne hat.), Klaas Klases van Gelder, huisman te Berltsum en Claas Cornelis van Gelder, huisman te Sint Jac. Parochie (û/d Berltsum).


L.C. 24-2-1809.

Verkoop van een bijkans nieuwe Huizinge (no bouwbedriuw van Dokkumburg It Skil 12) voorzien van een ruim woonhuis, een royale net betimmerde Voorkamer en Achterkamer, Keuken, Kelder en Galderije, benevens een nieuw gebouwde groote Schuur voorzien van diverse Koe en Paardestallen met deszelfs Steede Grond, Tuin, Put en Regenwatersbak, by Arjen Cornelis (van Dussen, boaske mei Maartje Rinses) bewoond, staande en gelegen tegenover de Oude Herberg

(Hjir stie letter it tramstasjon en is no parkearplak wurden.)


De Berltsumer Myotis dasycneme (Mar flearmûs) en Xestobium rufovillosum. (Bûnte kjifkrobbe).

(Yn lús en plús sitte.)

Flearmûzen hingent oan de tsjeke souder.Omstreeks 1940 start in Nederland een uitgebreid vleermuisonderzoek. Dat onderzoek levert een schat aan gegevens op. Het blijkt, dat er 17 vleermuissoorten in ons land voorkomen. Voor het overgrote deel bestaat die uit honkvaste dieren die zich zowel de zomer als de winter in dezelfde streek ophouden. Dat bleek uit het feit, dat de van ringen voorziene vleermuizen vrijwel altijd in de buurt van de plaats van loslaten werden terug gevonden. Slechts enkele soorten vormden een uitzondering op deze regel, w.o. de meervleermuis (myotis dasycneme). Van deze soort werden ongeveer 200 exemplaren in de mergelgrotten van Zuid Limburg geringd. Terugmeldingen leverden een totaal ander beeld op dan van alle overige inheemse soorten. Het bleek, dat de tijdens de winterslaap in Zuid Limburg geringde dieren zich in de zomer in noord-noord westelijke richting hadden begeven tot in West- Friesland en de provincie Friesland. Het was in eerste instantie niet duidelijk waartoe deze verplaatsing diende. Toen in de vijftiger jaren de eerste zogenaamde kraamkolonie van meervleermuizen (marflearmûzen) in de Nederlands Hervormde Kerk van Kollum werd aangetroffen, werd duidelijk hoe de stukken van de legpuzzel van deze vleermuizensoort in elkaar grepen. Het bleek, dat Nederlandse meervleermuizen altijd overwinteren in grotten op een afstand van twee- tot drie honderd kilometer van het zomerkwartier. Deze grotten bevinden zich in West Duitsland, Zuid Nederland, België en Noord Frankrijk. Het zomerkwartier bevindt zich in Noord- Holland en Friesland. De gevaarlijke route tussen winter- en zomer gebied wordt vermoedelijk afgelegd langs diverse grote waterwegen, zoals rivieren en kanalen. Na de ontdekking van de eerste kraamkolonie van de meervleermuizen te Kollum (een kraamkolonie is een verzameling vrouwelijke volwassen vleermuizen van dezelfde soort, die ‘s zomers tijdelijk bijéén komen om min of meer gelijktijdig hun jongen ter wereld te brengen, de rest van het jaar leven deze dieren solitair) werden nog meer van deze kolonies ontdekt. Een in Noord Holland (Oostzaan) en tien in Friesland, t.w. in Kollum, Wommels, Oosterend, Goutum, Sloten, Oosterlittens, Tjerkwerd, BERLIKUM, Beetgum en yn in hûs te Wartena. Hoewel de kolonie in de Nederlands Hervormde Kerk te Berlikum al lang bij de koster (Hendrik Lourensz. Zwart) en omwonenden bekend was, werd ze pas in 1960 bij toeval door "de wetenschap" ontdekt. (Neidat Hendrik Zwart in troch him fûn ringd eksemplaar opstjoerd hie). Een Belgisch geringde meervleermuis werd dood in de nabijheid van de (Koepel)kerk gevonden. De ringgegevens van dit dier belanden bij toeval bij vleermuisonderzoekers van de Rijksuniversiteit van Utrecht (Zoölogisch Instituut, dr.A.(ldo) M.(ari) Voûte.) Hun aandacht werd op een voor hen nieuwe kraamkolonie gevestigd. In voornoemde kraamkolonies werden in de vijftiger en zestiger jaren grote aantallen meervleermuizen geringd, wat resulteerde in het eerder beschreven inzicht over de winter- en zomer verblijven en de hiertussen gelegen trekwegen. Toen bleek, dat het ringen van vleermuizen niet bepaald bevordelijk was voor de overlevingskans van de vleermuizen (de aangebrachte ring kan arm- en vleugel beschadegingen veroorzaken) werd het ring onderzoek gestaakt. In plaats hiervan werd in 1965 de kraamkolonie uit de Nederlands Hervormde Kerk van BERLIKUM uitgekozen als object van diepgaande biologische studie betreffende de relaties tussen deze dieren en hun milieu. Dit onderzoek, dat plaats vond tussen 1965-1971, had de sympathie van de plaatselijke kerkeraad en de Berlikumer bevolking. Ook de gemeente Menaldumadeel steunde dit onderzoek en verleende alle onderzoekers gratis onderdak in het voormalige "Berlingahiem". Om de instandhouding van soorten nauwlettend te kunnen volgen werden jaarlijks tellingen gehouden, zo ook in Berlikum. Thans bestaat de kolonie uit ongeveer 100 exemplaren. Met hulp van de plaatselijke vogelwacht wordt jaarlijks in de maand november het zomerverblijf van de meervleermuizen in de koepelkerk van de nodige uitwerpselen ontdaan. Tijdens de restauratie van 1972-1980 bleef, ondanks de bouwactiviteiten aan dak en koepel, een deel van de vleermuizen achter, terwijl een overig deel eigener beweging een nabij gelegen gastvrij onderdak vond. (yn de spoumuorren fan it hûs Hôfsleane nû. 58) Goed overleg tussen het restauratie team en vleermuisonderzoekers voorkwam desastreus onheil voor de dieren, hoewel de tweemaal uitgevoerde hout conserveringsbehandeling (de kap sit fol mei swier ikehout) voor problemen zorgde. Hoewel die behandeling plaatsvond in de winterperiode en zich dus geen vleermuizen in de kerk bevonden, sneuvelden in het jaar daarop tientallen jonge vleermuizen. Nog voor deze in staat waren uit te vliegen, stierven deze, naar het oordeel van de faculteit voor Diergeneeskunde, aan het voorkomen van conserveringsmiddelen in het darmkanaal van deze dieren. Dit gebeuren was voor alle autoriteiten, belast met de zorg voor flora en fauna, voldoende redenen om bij de restauratie van monumentale gebouwen uiterst zorgvuldig te werk te gaan. Ten slotte gaat het om een bedreigde, maar bij de wet beschermde diersoort. De indruk bestaat, dat de gevolgen van het gebruik van bestrijdingsmiddelen afneemt, hoewel dat op dit moment nog niet met zekerheid kan worden gesteld. De bijna-ramp met de Berlikumer meervleermuizen heeft ook positieve krachten ontketend, t.w. een toegenomen besef van verantewoordelijkheid een intensievere samenwerking tussen alle bij de kerkrestauraties betrokken instanties en het zoeken naar alternatieve conserveringsmiddelen. (hjitte lucht) Tijdens de laatste restauratie van de Koepel en klokkenstoel (in 2000), noodzakelijk geworden door het verwoestende werk van de bonte knaagkever, zijn extra voorzieningen getroffen. Er is een speciale zoldering aangebracht en is de kerk voorzien van vlieggaten. Uit het hierboven beschrevene mag blijken, dat alle verantwoordelijken voor de gerestaureerde kerk van Berlikum een bijdrage blijven leveren aan het welzijn van de meervleermuizen. (en it ferdylgjen fan de bûnte kjifkrobbe.)

(Der komme mar twa sub populaasjes fan dit soart foar yn Jeropa, ien yn Ruslân en ien yn N.W. Jeropa. Tsjerkwert hat de grutste populaasje t.w. in 600 folwoeksenen en jongen.)


Sjoch ek: De vleermuis heb ik in dank ontvangen.

(100 jaar vleermuisonderzoek in de Sint Pietersberg; van benutting tot bescherming. Door Marjolein Bax.)


L. C. 4-9-1972.

Het wonderlijke leven van de meervleermuis.

(w.û. yn Berltsum, ûnder tasicht fan dr. Voûte.)


L.C. 26-4-1976.

Meervleermuis in Friese kerktorens kind aan huis.

................."laten wij ons ervan bewust zijn, dat wij ten aanzien van de meervleermuis wel een zeer grote verantwoordelijkheid dragen", zei de secretaris van het "Fryske Gea" de heer Adriaan J. van Tooren. Hij dacht hierbij aan de gang van zaken in BERLIKUM waar men tijdens de restauratie van de kerk in 1973 en 1974 bijzonder voorzichtig te werk is gegaan om de vleermuizen niet te verjagen. In 1974 waren er bijna 250 dieren in de Berlikumer meervleermuizen kraamkamer. Maar het dak was na de restauratie van de kerk aan een grondige opknapbeurt toe; vleermuizen of niet, ook Berlikumers zitten graag droog in de preek. Deze herstelwerkzaamheden aan het dak betekende echter een nog veel groter gevaar voor de kolonie dan de restauratie. Er kwamen biologen aan te pas die samen met de architect en de kerkvoogden uitdokterden hoe dit varkentje het best gewassen kon worden. Zo werd onder meer het werkschema bij de verbouwing aangepast bij het gedrag van de vleermuizen. Voorjaar 1975 was de situatie op de kerkzolder zo ongunstig voor de vleermuizen, dat er nog maar 30 dieren in de kerk bleven. Deze volhouders kwamen de kerk binnen (en verlieten dus) door de gewone vlieggaten, hoewel er op dat moment veel grotere openingen in het dak zaten. In de zomer van 1975 vestigden ook de vleermuizen die eerst waren uitgeweken naar de spouwmuur van een nabij gelegen woning (oan de Hôfsleane nu. 58.) zich weer in de kerk. Er werden tenslotte weer 160 dieren geteld in de kraamkolonie in de kerk van Berlikum. Dat betekende wel een teruggang, maar dat was waarschijnlijk niet uitsluitend toe te schrijven aan het herstelwerk. Eind 1974 was al gekonstateerd, zei de heer Van Tooren, dat heel wat vleermuizen waren overleden door de grote hoeveelheden DDT en ander gif, dat ze binnen hadden gekregen. (by it bestriden fan de houtwjirm en de swam yn it hout fan de koepel.) De secretaris van het "Fryske Gea" kwam tot de slotsom, dat er "in stilte" belangrijk werk is verricht op natuurbeschermings gebied te Berlikum.


Sjoch ek de L.C. fan 23-7-1977.

BERLIKUM en Tjerkwerd enige kraamkamers in West-Europa.

Deskundigen noemen dood meervleermuizen een ramp. Wijfjes van honderden kilometers ver om hier de jongen groot te brengen.


en de L.C. fan 16-10-1968.

Operatie meervleermuis in en rond Berlikumer Koepelkerk ten einde.

(De meervleermuis kin sân sintimeter wurde en weaget tusken de 14 en 20 gram. De bûnte kjifkrobbe hat sa wat in lingte fan 7 millimeter. Hy hat in foarleafde foar ikenhout. Yn it Hollânsk wurdt it bist ek wol it doodskloppertje neamd. It is in wiere pleach foar monuminten behearders. De krobbe giet troch itselde gatsje de balke yn, en pas as dy fan binnen frijwol úthold is, fâlt der fan bûten wat te sjen.)


L.C. 21-5-1990.

Vleermuizen tellen als nachtavontuur.


L.C. 26-3-1878.

Aanbesteding bij gesloten briefjes te Berlikum, wegens het afbreken van eene schuur, het bouwen van een nieuw Evangelisatie-lokaal met meublement en een belangrijke herstelling van het woonhuis enz. (en efter no Buorren 51) voor den evangelist, waarvan het bestek ter inzage ligt bij den Kastelein Klaas B. (erends) Osinga aldaar. Aanwijzing van het werk op Dingsdag 2 April, des v.m. 11 uur. De briefjes franco in te leveren op Vrijdag 5 April uiterlijk des v.m. vóór 5 uur, t.h.v. K.(laas) J.(arigs) van der Schaaf te Berlikum.

Herfoarme pastorije oan de Tsjerkestrjitte(destiids tsjerkfâd en mr timmerman te Berltsum. Klaas Jarigs van der Schaaf wie troud mei Doutzen Taekes Lautenbach. Syn soan Taeke Klazes van der Schaaf hat yn 1860 de no grutte kastanjebeam en de grutte boekebeam yn de pastorije tún foar de doe nij bouwde Pastorije plante.)


Hjir hawwe 2 evangelisten wurke yn Berltsum t.w. de heren Jan Willem Poot (berne te Deventer op 17-7-1851) en Haverkate. Poot, troud mei Frederica Sophia Vink, is letter yn 1879 nei Âldeleie ferhúze as twadde foargonger nei dûmny M. Mooy. Jelle H. Boersma en oaren hienen dêr in evangelisaasje oprjochte wat letter yn 1875 de Frije Evangelyske Tsjerke fan Âlde Biltsyl wurden is. Doe it tredde haad fan de C.N.S. skoalle t.w. Pieter Kurpershoek hjir kaam op 8-10-1879 is hy troch J. W. Poot ynstallearre. Skipper D. Reinouds fan Berltsum (de pake fan Dirk Gerrits de Haan, troud mei Maaike Wassenaar J. dr.) hie Kurpershoek, troud mei Anna Schravesande, fan Noordbarge (Emmen) mei húsrie en al ophelle. Hy hat hjir net sa lang haad fan de skoalle west, want op 30-10-1883 is hy al wer fuort gien nei Nieuwveen (Z.H.). Hy is letter as haad fan de C.N.S. skoalle yn Skettens yn 1889 mei de doleânsje meigien. (In foto fan Kurpershoek  stiet yn it Geïllustreerd Christelijk Vijf Cents–Blad.)


L.C. 13-3-1779.

Ymand genegen, of zulks benodigt zijnde om eenige honderden Last best KEYSEL, of zogenaamd best Vriesch Wrak uit de hand te kopen, leggende in het Dorp Berlikum op ‘t Kerkhof, alwaar het van de Gegadigdens kan worden bezien, zeer bequaam en geschikt om aan de Zeedijken te kunnen worden geëmployeerd en gebruikt, kan zig adviseeren of vervoegen by Sipke Jans, Timmerbaas op de Waeze naast Koopman Reiger, of by Hylke Stienstra, Mr. Timmerman in ‘t Zaayland te Leeuwarden, die in alle billykheden en zeer Civiel willen handelen. 


L.C. 11-12-1776.

Aanbesteding afbraak / opbouw 8 kantige Koepelkerk te Berlikum. (Arsjetekt Willem Douwes, stêdsboumaster te Harns, hat de tekening fan de koepeltsjerke makke nei in plattegrûn út it learboek fan Simon Bosboom (Amsterdam 1682).

(De opsjenners by de nij te bouwen tsjerke wienen Willem Douwes, keapman te Harns en âld boumaster fan dy stêd, Sybren van Gelder, mr. tiggelbaas te Berltsum en Jetse Mein(d)erts, troud mei Akke Reiners, mr. timmerbaas te Berltsum.)


L.C. 20-5-1778.

Aanbesteding timmeren binnenwerk, l

eyen dekken, glazen maken, pleisterwerk in de nieuwe Koepelkerk.


L.C. 24-12-1860

Aanbesteding afbreken en opbouw nieuwe pastorie op dezelfde plaats te Berlikum.


Stêds- en doarpskroniek van G.A. Wumkes. 26-3-1777.

Verloren een tekening met 3 wapens, terug te bezorgen bij den beeldhouwer Hempel te Harlingen.

(Johann Georg Hempel wie ôfkomstich fan Altenburg yn Dútslân. Hy wenne yn Harns by de Franequer pijp as selstannich byldhouwer en houtsnijer. Sjoch de fjouwer tiden fan it jier op de preekstoel yn de koepeltsjerke troch him snien.)


Verkoop van Friesche steen van de afgebroken kerk te Berlikum.


De ANTEPENDIA (foar oer de nachtmielstafel) en de stola’s (foar oer de toga) fan de Koepeltsjerke binne makke troch: Akke Talsma-Sijtsma, tr. /m Reinder Talsma (in pearse), Willy Runia -v.d. Zee, tr./m Thomas Pieter Runia (in reade), Dirkje Posthumus-Fahner, tr./m Watse Hendriks Posthumus (in griene), Wietske Wolters, tr./m. Jan Annes van Assen (in pearse), Sytske Tuinenga - Burrie, tr./m Tjisse W. Tuinenga (in wite) en Willy, tr./m. Bote Martens van Dijk (in reade), leden fan de Herfoarme gemeente fan Berltsum.

(Der wie yn oktober 1997 troch de tsjerkfâdij in nije (langere en hegere) ikenhouten nachtmielstafel meitsje litten. Op foarstel fan dûmny Aiso Wiebenga binne doe troch frijwilligers fan de tsjerke de antependia foar oer de nachtmieltafel en de dêrby behearende stola’s foar oer de toga makke.)


Yn de donkere desimber moanne waard de Berltsumer toer gauris ferljochte, wat betelle waard fan út it doarp. Sûnt 1997 hat de tsjerkfâdij om de Kryst hinne sels foar in eigen fêste ferljochting foar op de toer soarge.


UTRECHTS NIEUWS BLAD. 30-7-1912.

Gearresteerd. Men seint ons uit Lemmer. Hedenmorgen is door de veldwachters de Vries en Hibma van Berlikum gearresteerd en gevankelijk naar Leeuwarden gevoerd L. de L. vroeger stationschef bij de Ned. Tramweg Mij te Berlikum, thans 2e klerk alhier, daar hij verdacht wordt van het plegen van ontuchtige handelingen.

(Hy, L. de L. wie dus no de L..)


UTRECHTS NIEUWS BLAD. 9-5-1921.

Fabriek kunstmeststoffen. Men meldt ons uit Berlikum. De groote olieslagerij van de firma van der Mei en Co. te Berlikum is aangekocht door de N.V. Kunstmesthandel v/h Hulshof en Co. te Utrecht. Het plan is van het gebouw een fabriek van kunstmeststoffen te maken. (no Bûterhoeke nû. 62)


UTRECHTS NIEUWS BLAD. 9-7-1941.

Ds. J.Offers, (studint yn Kampen west en dêr ek berne en fan de âlde ôfskieden rjochting) Gereformeard predikant te Berlikum, die zeer geruime tijd verhindert was zijn werkzaamheden te verrichten, is thans weer zover hersteld dat hij Zondag 20 July zijn gemeente weer zal kunnen dienen.

(Hy koe net mei de Berltsumer Grifformearden oerwei en dêrfoar ek al net mei syn foarige gemeente. Hy wie dêrfoar yn Dútslân (te Laar yn it Greefskip Bentheim) ek mar ien jier dûmny west en is letter, nei de Berltsumer perioade 1927-1946, help- en evangelisaasje dûmny wurden yn Sittard en dêr op 28-10-1969 hommels yn syn hûs ferstoarn. Sjoch ek haadstik "De rol fan Berltsum".)


UTRECHTS NIEUWS BLAD 31-12-1947.

Herbenoemd tot hulppredikant te Lutterade-Treebeek J. Offers te Berlikum.


L.C. 2-3-1955.

Kerknieuws

De Gereformearde kerken in de mijnstreek, die van Heerlen, Lutterade en Treebeek werken op het gebied der evangelisatie reeds ruime tijd samen en hebben een centrale commissie. Sedert 7 jaar is ds. Offers aldaar evangelisatie-predikant. Deze centrale evangelisatie.commissie kwam verleden jaar in contact met het Ned. Evangelisatie Comité, dat in "Het Brandpunt" te Baarn (no yn Doorn mei anneks Het Zoeklicht.) zijn zetel heeft en waarvan de heer J.(an) Kits één der leiders is. Met hem en met de heer Kessler, zendeling in Peru van de Livingstone Evangelisation, die tijdelijk hier ten lande vertoeft, werd de mogelijkheid van samenwerking in het zuiden des lands besproken. Aan de Gereformeerde evangelisatie werd een auto met geluidsinstallatie beschikbaar gesteld. Na overleg met de vereniging "Autozending in Nederland"stond deze organisatie een deel van haar arbeidsterrein in het zuiden aan het Gereformeerd. evangelisatie comité af, n.l. het gedeelte ten zuiden van de rivieren en noord België. Deputaten voor de evangelisatie van de evangelisatie in de Gereformeerde kerken voor het zuiden gingen met één en ander accoord, bepaalden dat ds. Offers als evangelisatie-predikant in dienst zou blijven van de geref. kerken en verklaarden zich bereid het werk te steunen tot aan de volgende particuliere synode van Brabant-Limburg. De kerken hebben een commissie "Auto"- zending" in’t leven geroepen. Daarin heeft ook de heer Kits zitting genomen, alsmede één der deputaten. Van Heerlen uit wordt nu een campagne begonnen.

(Hjir wie de bêste man better op syn plak. Offers hat dêr in protte goed wurk dien. Jan Kits wie letter mei van Johan van Oostveen (ek in evangelist) de inisjatyfnimmer ta it oprjochtsjen fan de Evangelyske Omrop. (E.O.)) Jan Kits krige letter in ere doctoraat.


L.C. 19-9-1964.

De Grifformearde dûmny L.W. Muns is nei in lang tiid fan sykte te Útert ferstoarn. 

Hy wie noch mar 44 jier âld. Hy is bekend wurden troch syn beriming fan de 150 psalmen út it Hebriuwsk en de 3 lofsangen út it Gryksk. Hy hat ek yn Berltsum stien (1947-1951).


FRIESCH DAGBLAD. Ds. H. Poelman (voorheen te Berlikum) wil naar Vrijgemaakte Gereformeerde Kerken. (Van onze kerkredaktie) Ds. H.(arm) K. Poelman heeft zich met een aantal leden van de Gereformeerde Kerk te Kamperland op Noord-Beveland onttrokken aan opzicht en tucht van de kerkeraad. Zijnzijn voornemens contact te zoeken met de dichtbijzijnde Vrijgemaakte Gereformeerde Kerk, dat is de Vrijgemaakte Gereformeerde Kerk te Vrouwenpolder. De oorzaak van het zich onttrekken aan de Gereformeerde Kerk ligt in de huidige ontwikkeling van het Gereformeerde kerkelijk leven. Ds. Poelman is in 1919 geboren. Op 20 juni 1948 werd hij bevestigd in Den Andel in Noord Brabant. Op 9 oktober 1955 deed hij zijn intrede in Arnemuiden en 13 augustus 1961 wDe TRIJE GLÊS RÚTEN yn de krústsjerke oerd hij verbonden aan de Gereformeerde Kerk te Berlikum. Ds Poelman deed 14 januari 1968 intrede in Kamperland op Noor-Beveland.

(Nei syn emeritaat wenne hy wer yn Berltsum oan te Twibak / hoeke Kwekerijleane. It hûs wat Willem Rintjes Roersma bouwe litten hat. (Willem en Pytsje fan de eardere "Monty Bar" oan It Skil.))


De TRIJE GLÊS RÚTEN yn de Krústsjerke oan de Hôfsleane foarmje meiinoar in komposysje, in soarte fan trijelûk en symboalisearje de skepping, de sûndefal en de ferlossing troch it krús. Troch alle rúten rint libbensboarne mei de foarm fan in krús.

Glêsrúten yn de krústsjerke oan de Hôfsleane

Op it lofter glês rút (fan binnen út sjoen) sjogge wy û.o. in sjiraffe en in grutte (see) fisk.

Glêsrúten yn de krústsjerke oan de Hôfsleane

Op it middelste glês rút û.o. it earste minske pear. Twa hollen út ien lichem. Adam en Eva as út him nommen, steande by de libbensbeam en dêr ûnder de slang dy’t al sprekkende it minske pear ôflaat hat nei de twadde beam, de beam fan de fersiking. De kar tusken it goede en kweade. De wei geande mei God of sûnder Him.

Glêsrúten yn de krústsjerke oan de Hôfsleane

Op it rjochter glês rút û.o. in fûgel en in lytse fisk. Op alle rúten sjogge wy de libbensboarne mei de foarm fan in houten krús, fan boppen útrinnende ta de libbensbeam. De beam fan it ivich libben, troch Kristus foar ús oan it krús befochten. Wy wienen ferflokt en wurde wer seinege as wy ús (be)keare ta God.


Krústsjerke oan de Hôfsleane te BerltsumHjir folget in beskriuwing (in bytsje oars as ik heard ha.) Er zijn drie glasramen in de oostgevel van de kerkruimte. Het aantal van drie werd gekozen om de ontwerp-kunstenaar de mogelijkheid te geven in deze eenheid van drie, af te beelden b.v. "Geloof -Hoop - Liefde" of de drie-eenheid "Vader - Zoon - en Heilige Geest". Het aantal -drie- heeft verschillende betekenissen. De kunstenaar, dhr. Wisse te Vlissingen, een van onze medewerkers, heeft in deze drieëenheid het volgende ontworpen. "DE SCHEPPING. Het lijnenspel is een contrast met de strakke opzet van de kerk, abstrakt en gebogen gehouden. Het middelste glas stelt voor de eerste mens Adam, waaruit Eva is voortgekomen. Deze groei wordt voorgesteld door een "embryo" (het lichaam in wording). Die groei van Gods Schepping komt tot uitdrukking in het rechter paneel, de vorm van een ei, waarin eveneens een embryo. Het rechter paneel geeft de afbeelding van een giraffe en een lama (dieren op aarde). Het linker paneel een vogel in de blauwe lucht en een vis in het water (dieren in de lucht en in de diepten der zee). Deze laatste figuren geven dus aan het ontstaan van het dierenrijk. De planten in de schepping worden in alle drie panelen aangegeven door bomen. De boom achter de persoon van Adam in het middelste paneel heeft de vorm van het kruis, hetgeen wijst naar Christus (de tweede Adam), die het leven voor de Christenen mogelijk gemaakt heeft. Direkt na de schepping werd reeds de slang zichtbaar afgebeeld rechts van het middelste paneel (de duivel). Tot zover een korte uiteenzetting over de betekenis der glasramen.

(jaarboekje 1985/1986 Gereformeerde Kerk. Berlikum.)


Âlde Griff. Tsjerke oan de Wiersterdyk. (No pension Sjoch foar de stifting (14-8-1887) en de skiednis fan de Grifformearde tsjerke it boek: 100 jaar - Gereformeerde kerk van BERLIKUM 1887 - 1987 skreaun troch master Floris Visser. (De feriening fan de ôfskiedenen en dolearjenden fûn hjir plak op 28-8-1891. Hjir hat, foaral yn it begjin, by it beroppen fan Grifformearde dûmny’s in protte strideraazje west oer it beroppen fan in dûmny. De oarspronklike ôfskieden groep woe it leafst in dûmny út Kampen hawwe. De oarspronklike dolearjende groep, in dûmny fan de V.U. út Amsterdam. De groep "Kampen" wie hjir folle fûler yn dan de "V.U.- ers". (de Feuten) Sa is bgl. dûmny J. Offers fan "Kampen" hjir kommen.)


SITPLAKKEN ferhier.

Om oan jild te kommen waarden der ek wol sitplakken ferhierd. Hjir is dat yn BERLTSUM ek bard yn de Grifformearde en Herfoarme tsjerke. It heucht my noch, dat yn de Grifformearde tsjerke in ljochtsje baarnde en dan letter 5 minuten foar de tsjinst útgie om oan te jaan dat de sitplakken fanôf dat momint frij wienen.

 

Yn de FRIJE FRIES fan 7-6-1902 is it folgjende te lêzen :

SURHUISTERVEEN – De zitplaatsen in de Gereformeerde kerk werden gewoonlijk flink betaald. Dochs it skynt, no ’t ds. G. J. Breukelaar it berop oannommen hat, dat men fol goede moed is, want by de healjierlikse ferhiering op de twadde Pinksterdei stegen dizze sitplakken noch mei 100 gûne.

(In graach sjoene en winske dûmny koe dus somtiden ek noch wat ekstra jild opsmite.)

 

L. C. 28-9-1903.

Voor de Gereformeerde gemeente (moat wêze : kerk) te BERLIKUM was donderdagavond een plechtige ure. Ruim 14 jaren had het kerkgezang zonder instrumentale begeleiding plaats, maar nu werd Psalm 138 aangeheven onder de heerlijke tonen van het nieuwe, in streng Gotischen stijl gebouwde,  orgel. Verheffend was de indruk, welken het gevoelvolle spel van den heer J. H. Bos, organist te Leeuwarden, op de toehoorders maakte. Welk een mengeling van tonen, welk een afwisseling van geluiden werd het orgel ontlokt. Vooral bij het orgelspel van den 150ste Psalm kwam dit uit toen door den organist de verschillende registers getrokken werden.


L.C. 1-2-1949.

I.v.m. te weinig plaatsruimte heeft de kerkeraad der Gereformeerde kerk te Berlikum besloten de kraak te vergroten. Hierdoor zullen ruim 60 zitplaatsen meer worden verkregen.


L.C. 26-4-1968.

Gereformeerde kerk te Berlikum verkocht.

De voormalige Gereformeerde kerk met bijgebouwen en de daarbij behorende pastorie (oan de Wiersterdyk nûmmer 17) te Berlikum is gisteren verkocht voor fl. 32.990,- aan de heer S. Rosendal uit Scharnegoutum. Het bod was met fl.1,- verhoogd. De kerkzaal is 240 m2 (20 x 11 m) groot en de grond (erf en tuin) resp. 14.90 en 18.40 are.


(De tsjerke wie op 24-11-1889 yn gebrûk nommen. Hjir stie earder de pleats fan de widdo J.B. Roorda. Dizze is troch de "Feriening Tsjerklike Kas" oankocht. De tsjerke is op de fundaminten fan de ôfbrutsene pleats boud. It ien klaviers oargel mei njoggen stimmen wie boud troch oargelbouwer L. van Dam foar fl. 1600,- en waard op 24-9-1903 oplevere. De pastorie, no " Pension Welgelegen" is yn 1908 boud. De tsjerke is yn 1926 ferboud en útwreide. Yn 1949 nochris.)


Âlde Griff. skoalle(C.N.S.) mei skoalhûsDe Krústsjerke is boud troch arsjetekt Steen. Hy is ek de bouwer fan de Grifformearde tsjerken fan Garyp, De Westereen, Damwâlde, Makkum, Britsum en fierder de tsjerken yn Almere, Amsterdam, Zoutkamp, Leersum, Eindhoven, Hippolytushoef, Venlo, Haamstede, de Adelaar tsjerke yn Ljouwert (1972), etc. etc. De Krústsjerke stiet op it plak fan de eardere C.N.S. skoalle. Yn de folksmûle de grifformearde skoalle neamd. Op woansdei 23 novimber 1966 koe de foarsitter fan de boukommisje de troch boubedriuw Westra út Frjentsjer boude nije tsjerke oerdrage oan de tsjerkerie en de gemeente en dûmny Harm Klaas Poelman (* hâld de earste preek yn de nije tsjerke. Op 31-1-1969 is it nije oargel feestlik yn gebruk nommen troch de bekende oargelist Piet van Egmond. Yn 1986 wurdt op 28 oktober besletten om in lift yn de tsjerkeseal oan te bringen. Yn july 1987 wurdt mei de wurksumheden begûn.

(* Dûmny Poelman is letter nei de sa neamde Frijmakke griff. tsjerke (art. 31) oergien.)

Arsjetekt Gerrit Steen is berne yn 1916 en stamt út in bouwers sibbe. Syn pake Gerrit wie oannimmer yn Marrum. Syn neef Gerrit Tuinhof, mei Steen assosjeerd, hat "it" ek yn de famylje. Hja startten in arsjetektenburo yn Dokkum en sûnt 1959 sit it buro yn Ljouwert en draacht de namme: "Achitecten bureau Steen & Tuinhof".


DE WET OP DE TSJERKE GENOATSKIPPEN.

Yn 1853 wie de Wet op de Tsjerkegenoatskippen yn wurking gien en dizze wet bepaalde ûnder oare dat gjin nije tsjerken boud wurde mochten binnen in striel fan 200 meter fan in besteande tsjerke. Dit om it fersteuren fan de godtsjinstoefening troch it kloklieden en it fersteuren troch de sang te foarkommen. By de bou fan de tsjerke op de Kamp joech dit gjin swierrichheden tsjin -oer de Herfoarme tsjerke omdat de ôfstân mear as 200 meter is. By de bou fan de tsjerke oan de Hôfsleane lei dit efkes oars. De nij te bouwen tsjerke soe binnen in striel fan 200 meter fan de  Doopsgesinde tsjerke yn de Vermaningstrjitte komme te stean. Hjir moast oerliz plak fine tusken de beide tsjerken. Dat de tsjerke der dochs op dit plak kommen is jout oan dat de Berltsumer minnisten net minsken wienen dy ’t de konfrontaasje sochten mar it oerliz. Op in protte oare plakken is dat wolris oars útpakt. Foaral tusken protestanten en roomsken hat dit yn it ferline op somlike plakken wolris reboelje jûn.


L. C. 7-10-1995.

Trommelen met schenkelen van Maria Louise.

Regnerus STEENsma : HET FRIESE KERKINTERIEUR.

Oer de Grifformearde tsjerken.

Van die laatste stroming valt de dodelijke saaiheid op van moderne kerken in BERLIKUM, Leeuwarden en Damwoude met enorme kerkmuuroppervlakken alle ontworpen door de man met de toepasselijke naam G. STEEN.

(Boppeneamde Regnerus Steensma (Tirns 1937) studearre teology oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Yn   brede kring is hy algemien bekend as deskundige by utstek op it mêd fan tsjerkebou en tsjerkeynterieur.)

Der kaam yn de Koepeltsjerke okkerdeis in âld boardsje boppe wetter. Hjirop is it folgjende te lêzen: Ieder wordt verzocht in de kerk niet te pruimen, noch te rooken. Indien zulks plaats vindt wenschen kerkvoogden er mee in kennis te worden gesteld. It hinget no efter yn de Koepeltsjerke oan de muorre tusken de beide herenbanken. (Oh, dy earme ferslave Berltsumer no ek noch (kaugom) prúmkers en no ek noch (hasj) smokers.)

Oan de oare kant fan it boardsje: Ieder wordt verzocht zorg te dragen dat in de kerk het houtwerk niet wordt beschadigd of bemorst. Indien zulks plaats vindt wenschen kerkvoogden gaarne daarmede in kennis te worden gesteld.


L.C. 9-2-1847.

Aanbesteding by gesloten briefjes, van het afbreken van een oud en het opbouwen van een nieuw huis, voor de diaconie te Berlikum; met bylevering van materialen enz. Waarvan tekening en bestek ter inzage liggen by A.(uke) L.(ourens) van der Meij (mr. timmerman) aldaar en de briefjes moeten franco ingeleverd worden vóór of op den 18 Februarij e.k. by K.(laas) T.(eakes) Lautenbach, mede aldaar.

(Foarhinne it diakonije hûs op de Terp, no de twa wenhûzen hûs nû. 8 en 10.) 


L.C. 24-5-1985.

N.C.R.V.’s "Kerkepad" twee keer in Friesland.

Leeuwarden. - Het populaire N.C.R.V. programma "Kerkepad" brengt deze zomer gedurende twee keer twee weekenden vele duizenden bezoekers naar Friesland. ..............op 24 en 31 augustus leidt de tocht langs Sint Annaparochie, Stiens, BERLIKUM en Beetgum. De televisie opnamen voor de beide routes zijn afgelopen maanden gemaakt. ................

(foto) + (video film) In protte besikers wienen samler fan op papier printe âlde tsjerkestimpels.

(Yn Berltsum kamen eltse sneon sa’n 5000 besikers it tsjerkepaad ôf.)


Sjoch ek filmkes: N.C.R.V. Kerkepad en Kerkepad troch Watse Posthumus


L.C. 4-10-2002.

Kerkelijk jeugdwerker trekt ook de wijk in. (foto Ali Stork.)

Een jongeren werker die wordt betaald door de kerkelijke en burgelijke gemeente. Een unieke aanstelling. Ali Stork (út Berltsum en troud mei Gerard Popkes Schram) heeft zo’n aanstelling in de S.O.W. gemeente in de Leeuwarder wijk Cammingaburen..............

(Hja wurket no as pastoraal meiwurker yn de P.K.N. gemeente fan Dronryp.)


L.C. 7-7-2001.

Tegenslag bij grondkoop tuinbouwclub Berlikum.

BERLIKUM - De Stichting Tuinbouwontwikkeling Friesland heeft opnieuw een tegenslag moeten incasseren bij de grondwerving in het kassengebied bij Berlikum. In kort geding heeft de president van de Rechtbank Willem Hangelbroek geoordeeld, dat de Hervormde Gemeente Berlikum een omstreden stuk grond in het gebied voorlopig niet hoeft te leveren aan de T.O.F. Volgens de stichting was er een koopovereenkomst over de grond die bestemd is voor woningen t.b.v. de kas eigenaren. De Hervormde Gemeente ontkent dat. Volgens de rechtbank president moet de T.O.F. het bestaan van de koopovereenkomst bewijzen in een bodemprocedure. In zijn vonnis zegt hij echter te betwijfelen of de T.O.F. daarin zal slagen aangezien de enige getuige van de betwiste mondelinge overeenkomst om gezondheidsredenen niet meer gehoord kan worden.

(It perseel grûn (boulân), tsjinoer de terp Marsma op de Wettertún, yn eigendom fan de tsjerkfâldij.)


Dit stik lân lei binnen it bestemminsplan doarpsútwreiding, wêrtroch foar it lân, by ferkeap troch de tsjerkfâdij, in folle hegere keappriis frege wurde koe. Omdat de gemeente Menameradiel oan de kant fan de Stichting Tuinbouwontwikkeling Friesland stie, waard it "bestimmingsplan" (fansels) sa mar ienienen fan it lân ôfhelle.