Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer steegen en strjitten.

MENAMERADIEL hat oan't no ta sûnt 1459 seis en tritich boargemasters hawn.

Bekende nammen binne û.o. west: in Hette van Hemmema (op "Hemmema State") In Watze Lolles - en in Lolle Watses van Ockinga, In Tjalling Aedes- en in Tjalling Pieters van Eysinga, 2 van Glinsen, 2 van Burmania's, 2 van Grovestinsen en mar leafst 4 van Schwartzenberg thoe Hohenlandsbergen om mar in pear nammen te neamen. It wie ien grutte famylje clan dy't it hjir foar't sizzen hie. (Yn 1698 hienen de reginten yn 12 fan de 13 doarpen fan Menameradiel noch de mearderheid fan de stimmen.) Hja wennen yn ús gemeente meastal net yn it haadplak Menaam. Hast yn alle doarpen hat wol sa'n haadling, letter Grytman en Boargemaster neamd, wenne.

Hjir dus ek yn Berltsum. Sa wienen in Hemmema (hjir haadling) en bygelyks ek in van Wybe Edzerts van Grovestins, boaske mei Hijck Oentsema (syn oerpake wie Skerne Wybe fan Ingelum) en in Tsjerk van Heerma grytman fan Menameradiel, hjir wenjende yn ús doarp. Beide grytmannen lizze hjir mei harren froulju begroeven yn Berltsum. De nammen Grytmanssteech en de Gryt(mans)sleat oan de westkant fan it eardere boargemastershûs en it Grytmanspaad (A808) oan de eastkant, docht ús noch oan it wenplak (hûs) fan dy bestjoerders tinken. De namme, de Grytmanssteech is letter feroare yn de Vermaningsteech en noch wer letter yn de Vermaningstrjitte en de Grytsleat is letter wierskynlik ferbastere ta de Grúsert. It (twadde) "Grytmanspaad" rûn oer de Terp fan de Grytmanssteech ôf nei de Grüsert (it Grúske, het Gruisje, de Gryt(man)sleat.) ta.

In moai foarbyld fan in namme ferbastering is ek dy fan de hjir destiids yn Berltsum stien hawwende dûmny Gregorius Mees.  De foar en efternamme Mees is  it gearlûken fan de namme Mattheus-soan nei > Meeuws-soan > Meeuws > Mees.

Ferbastere nammen binne ek de Koudeweg (kouwe weg / kowe wei) en de Lúnster, Luunster wei / Luinster (Loenstra) weg (Luyengasterweg / wei). It Kuyckens, Kuyckuits bosch / Kúkens / Kûkens / Koekens / Koekoeks bosk , Kad. perc. seksje A.939 de "Koekuits vijve" oan de eardere (âlde) Koekoeks leane) ten S.E. fan de Koekoeks leane en de dêr oan besibbe namme "de Koekoek". De Lytsebuorren. (de Lutje- Lutke buert. Sa wurdt yn 1677 in hûs oan de Luitjebuyren te Belcum ferkocht troch Sybren Allarts en Haycke Jacobs te Belcum oan Simen Striens en Imckien Eebles te Frjentsjer.) De Krússtrjitte hjitte earder de "Nije strjitte".

(Op 15 -9-1668 wurdt in hûs ca op de Nieuwe Straat (Krússtjitte) te Berlikum" ferkocht troch in Maeicke Gerbrants dr. de widdo fan Hessel Poppes te Berltsum oan Ignatius van Kingma, ritmaster fan in Kompanjy Harquebusiers. (* In soarte fan Kavaleristen, tink oan it Hynstewaad en de (Kompanjy’s) Kamp dêr by de Hemmemapiip yn de Krússtrjitte / Wiersterdyk. (Argyf famylje Van Beijma thoe Kingma).

Doarpsfeart sjoen fan ôf de Hemmemapiip

Bekende Siktarissen fan Menameradiel binne west û.o. in J. Doeyema, in Tiete Folperts Baerdt (sjoch de grêfstien yn de koepeltsjerke foar it doopstek.) en in Folpert Baerdt. De Baarda's (in protte út it neiteam fan harren wenje no noch yn Menaam) stamme út dit skaai.

In Johan Casper Schik (Hy is besibbe oan de Lautenbach's, sjoch it Lautenbach boek side 100 en f.f. of it boek "2000 jaar in een friese gritenij Menaldumadeel " side 57 en f.f.) en 2x in siktaris Mebius.

De namme steech docht jin tinken oan in smelle strjitte of in paadsje tusken de hûzen troch. Dit wie yn Berltsum altyd net sa. Foar hinne hienen wy hjir de Dûmny steech (Tsjerke strjitte), de Skoalle steech (Skoalle strjitte), de Smid steech (Ramshoarn strjitte), de Knikker steech (waard ek wol de Hortensia leane Jacob van Tuinenneamd) en is no de Jacob van Tuinen strjitte wurden. It wienen dus net, sa as de namme altyd ûnderstelde, nauwe, mar ek romme paden en strjitten. Der wienen modderpaden dy’t yn 1888/1889 tagelyk mei de de Achter weg (no de Hôfsleane) en de Tichelers dyk letter feroare binne yn saneamde grintwegen en ferhurde paden. 

De Bûterhoeke fan no hie yn 1893 noch gjin namme. In hûs dêr waard omskrean as steande oan "de reed of wei by de Buorren. Oare reeden wienen: de Jetske reed of -binnenpaad, de Anske reed, it Swarte reedsje (nei de Buorfinne ta) en de Swarte reed (nei Nije finne ta) Sa binne de leanen hjir no ek gjin echte leanen mear, al hjitte it leanen. 

Wol echte steegen wienen bgl.: It Stap steegje, it Stront steegje, de Van Assen steech, de Andringa steech, letter de Visser steech neamd, de Lolke steech. De koerkaai(en)steech tusken Buorren 35 en 37, no it Steegje neamd. It paad oer de Terp (en de Lytsebuorren) waard ek wolris de Earmhús steech neamd. Dan wie der noch de Haaije buorren/streek, neamd nei Haaije (Haye Tjepkes) Hogendijk ek wol de Hainje buorren / streek  neamd, it lytse dwers strjitsje op it ein fan de Singel perselen A2629 o/m 2633) en de sa neamde Skythús buorren efter de Krússtrjitte (earder de Nije strjitte neamd), de namme fanwege de mannichte húskes dêr. De Lieuwe Minnes Kuperusstrjitte is neamd nei de lêste eigner fan it lân wer’t de strjitte trochhinne lein is. Hy wenne oan de Hôfsleane op hûsnûmmer 72. 

Fermanje Berltsum oan de VermaningstrjitteOer de Vermaning strjitte noch dit. De âlde eardere Fermaning stiet noch yn de Buorren efter hûs nû. 61 ferskûle en koe berikke wurde troch it sa neamde Minniste STEEGJE. Dêr sit no in (griene) doar foar. Yn de Buorren lofts fan dit pân, t.w. hûs nû.61 (no tún), stie earder ek in hûs op de hoeke oan de Brouwers steech mei dêr efter nochris 2 wenten, sadat de Minniste tsjerke alhiel net te sjen wie. De Brouwerssteech waard om 1700 hinne ek wol de FermaningSTEECH neamd. It wie in sa neamde skûl tsjerke. It hûs mei hôf, lofts fan niisneamd hûs nu. 61 (no tún), oan de Buorren/ hoeke Steech nei de Kamp waard yn 1805 troch Secr. Mebius op 25-4-1805 publiek te keap oanbean tagelyk mei it hûs oan de westkant fan de Steech rinnende nei de saneamde Kamp. (Brouwerssteech) L.C. 20-4-1805.Yn myn jonge jierren wie ien fan dy hûzen (it hûs oan de Buorren lofts fan it pân nû. 61) sa yn ferfal rekke, dat wy de bûten muorre wol skodzje en hast omtriuwe koenen mei alle gefolgen dêr oan ferbûn. It wy libbens gefaarlik en in wûnder dat der gjin ûngelokken bard binne. Hjir wenne yn it lêst oan, oan’t de ûnbewenber ferklearring ta, de famylje Pieter Boersma. (Pieter en Tjitske) It pân (hûs/pakhûs) Buorren nû. 63 stiet bekend as it "Heege hûs".

In ôfstammeling fan ien fan de Burmania's dy't hjir om 1730 hinne Grytman yn Berltsum west hat, t.w. in Jhr. Eduard Marius van Burmania (1700-1789), hy wie troud mei Foockel Berber van Haersolte), letter wenjend yn Weidum, (sjoch it niisneamde Lautenbach boek, ut supra, side 158.) hat nochal wat oer de skiednis fan Berltsum oerlevere oan dûmny Petrus Nota, dy 't dwaande wie in boekje te skriuwen oer de skiednis fan ús doarp annex oan de ynwijing fan de nije Koepeltsjerke (1779) en it Oargel(1780). Hy sil it Burmania (van Eysinga) archyf wol riedplachte ha of hjir ek wol syn eigen ûnderfinings yn Berltsum meidield hawwe. Hy hat yn elts gefal ynteresse yn de skiednis fan it doarp Berltsum en omkriten hawn. Hy stie 351 bekend as in leafhawwer en ûndersyker fan ‘e âldheid. Syn heit Frans van Burmania wie boaske mei Wilhelmina van Tamminga. Eduard wie berne yn Ingelum op 30-11-1700.

Fuotnoaten:

(* Ignatius (Inte) Saecklesz van Kingma is berne om 1621 hinne en ferstoar op 19-11-1700.

Hy is in neikommeling fan Jelle Kingum, dy’t berne wie om 1450 hinne te Sweins op Kingma -Sate te Sweins. Letter fergrutte ta "Kingma- State". Yn 1864 op ôfbraak ferkocht. Dêr is no noch in Kingma-tille (> Keimpe-tille) en in teehûs út 1657. (**

Hy wie studint yn Frjentsjer.

20-7-1640, Útert, Cornet fan in Companjy Harquebusiers.

1651 Ritmaster.

1654 Kol. Ritmaster fan in Rezjemint te Pearde.

1671 Majeur fan in Rezjemint te Pearde te Útert.

1. Wenne mei Margaretha Lambertsdr. Uit den Bogaert. Út dizze relaasje waard in soan berne, Johan. Mei Margaretha trouwe mocht net fan thús. Inte makke syn stúdzje net ôf en keaz foar in militêre libbensrin. Wie it balstjoerigens? Soan Johan is letter in proses begûn tsjin Zacheus van Ghemminich om in part fan ‘e erfenis te krijen.

2. Hij troude mei Jaecke van Viersen, dochter fan de Muntmaster fan Fryslân. Fryslân hie in dy tiid in eigen Munthûs. 33 wiken letter, 28 July 1652, ferstoar Jaecke mei har te betiid berne poppe. Op hat monumint yn de tsjerke fan Sweins stiet: " wort door een hete koorts met lijfsvrucht weggerukt".

3. Twa jier letter trout Ignatius mei Ida Hoytesdr. Meinsma yn Ljouwert op 15 Oktober 1654. Yn Ljouwert binne twa bern doopt: Inte op 15-7-1660 en Inte yn 1662. Beide jong stoarn. Ida stoar op 30 novimber 1671 en waard begroeven yn it famyljegrêf yn Bears. Fan Ida Meinsma erft Ignatius in buorkerij yn Boer. (Namme Ignatius op de preekstoel yn Boer.) Ida Meinsma wie Roomsk. (Út "de Kinkhoorn.)

4. Ritmaster fan in kompanjy harquebusiers te BERLTSUM op de Companjy’s Kamp (no de Kamp neamd.) Hy keapet op 15-9-1668 in hûs yn de Krússtrjitte. (by de Kamp en it Hynstewaad.)


De Harquebusier wie in type rúter dy’t yn in izeren harnas mei in boarst- en efterplaat en in iepen helm op it hynder siet, sa wurdt oannommen. De Kompanjy behearde ta de swierdere Ynfantery. It wapen wie de karabyn, dy’t yn it earstoan de haakbus neamd waard, in wurd dat ôflaat is út in earder swierder wapen de haakbus.

* *) It teehûs út 1657 :  Tee kin no op elts momint fan de dei dronken wurde. It is dan ek net in wûnder dat, op wetter nei, tee it meast populêre drankje yn ‘e wrâld is. Wrâldwiid wurde der mear as 3 miljard kopkes tee per dei dronken. Dat wie lang lyn oars. Doe ‘t de tee yn de 17e ieu yn Jeropa yntrodusearre waard, wie it sa kostber dat allinne de allerryksten derfan genietsje koenen. Dat is lokkich fluch feroare : tsjintwurdich is tee der foar eltsenien.

*)  Ida Hoytesdr. Meinsma wie Roomsk en hja sil dêr de yn de omkriten fan Sweins-Peins en Dronryp holden gearkomsten fan de Roomsken wol besocht hawwe dy’t dêr plak fûnen û.l.f  de dêr doe destiids rûnreizgjende pater Gogh.

Omdat  Ignatius in grutte stim yn it beneamen fan dûmnys hie yn Peins en Sweins, waard op syn oantrúnen dêr de eks-Franciscaan Petrus Mestrum ta dûmny beneamd. Hy hat hjirtroch wierskynlik de stille hoop hân dat dy troch syn tadwaan syn frou Ida misskien ta it Protestantisme bekeare koe.

Ein novimber 2011 is in famyljeboek “Vier eeuwen Kingma in de Oostergo” fan de printparse rôle. It begjint by Renicus Kingma dy ’t yn 1631 syn testamint opmeitsje liet. De tekst op de efterside meld : Yn 1612 wennet yn it doarp Janum, yn de provinsje Fryslân, Johannes Pitersz Kingma. Hy is de stamheit fan in protte Kingma ’s yn it kwartier Oostergo. De neikommelingen fan Johannes Pitersz Kingma binne yn kaart brocht. Johannes Pitersz Kingma is berne yn SWEINS en in ôfstammeling fan Jelle Kingum (1450 - 1538).

DE SJABRAK VAN YNTE (IGNATIUS) VAN KINGMA.

Sjabrak fan Ynte(Ignatus) van KingmaSa as earder oanjûn, hie Ynte in wenhûs yn de Krússtrjitte te BERLTSUM kocht, doe de NIJE STRJITTE neamd. Ynte, doe neamd as kolonel ritmaster “te pearde”, wie dus in hynsteman en syn hynder sil hjir ek wolris by it HYNSTEWAAD skjinmakke wêze. Ien fan de Fryske topstikken, de blauwe helderblauwe sjabrak fan Ynte, ien fan de seldsum bewarre bleaune eksimplaren is no noch te sjen yn it Frysk Museum te Ljouwert en wurdt beskreaun troch Gieneke Arnoldi, konservator moade en tekstiel fan it Frysk Museum en it giet as folget :
Deze sjabrak – een paardenkleed – van helderblauwe wollen stof, gevoerd met linnen is een bijzonder item uit de collectie van het Fries Museum. In de zestiende en de zeventiende eeuw zijn geborduurd paardentuig, sjabrakken en zadels populair bij de heersende klasse in Europa. Hoewel ze ook in Nederlandse boedelinventarissen worden genoemd, zijn ze vrijwel niet bewaard gebleven. Deze sjabrak is een uitzondering. Volgens overlevering is de Nassau-blauwe sjabrak gebruikt door ‘iemand’ uit het gevolg van de Duitse graaf Johan Maurits van NassauSiegen (1604-1679). Die iemand blijkt de Friese ritmeester en majoor Ynte van Kingma te zijn. Op de sjabrak staat namelijk groot het wapen van de familie Kingma : de Friese adelaar op een gouden ondergrond, twee kinkhoorns – de verbeelding van de naam Kingma- en een zilveren pijl. Aan de beide kanten van de sjabrak is een gekroond monogram te zien. Daarin zijn de initialen I S V K te herkennen van Ynte Seacklesz van Kingma (1621-1700), die zichzelf heel deftig Ignatius noemt. Ynte studeert vermoedelijk rechten, eerst in Franeker en later in Utrecht. Hij maakt de studie niet af, maar kiest voor de militaire loopbaan. In 1651 is hij ritmeester, de benaming voor de rang van kapitein bij de cavalerie (de hynders). En zo belandt hij in het gevolg van Johan Maurits van Nassau-Siegen, achterneef van Willem van Oranje. Zij zijn samen in 1664 in Fryslân om de begrafenis van stadhouder Willem Frederik in Leeuwarden mee te maken. In de begrafenisoptocht voert ritmeester van Kingma het paard de Bataille van de stadhouder mee. Johan Maurits staat bekend als de ‘Braziliaan’, omdat hij van 1636 tot 1644 gouverneur van Nederlands Brazilië is. Daarna treedt hij in dienst van de Staten Generaal en gaat in het MAURITSHUIS in Den Haag wonen dat hij intussen HEEFT LATEN BOUWEN. Een jaar na de begrafenis leidt hij in Fryslân de staatse troepen tegen Bernard van Galen, bekend als Bommen 353 Berend, de bisschop van Münster. Na de begrafenis, weer onderweg naar huis, zakt Johan Maurits in Franeker samen met andere ruiters door de brug. Het is januari en ijskoud, maar hij brengt het er levend af. Poppe van Burmania schrijft in zijn kroniek dat Johan Maurits bij zijn (stief)schoonmoeder Sophia van Vervou in het Martenahuis wordt verpleegd. Ynte van Kingma is zoals gezegd in het gevolg aanwezig en onderweg naar huis in Zweins. Van Kingma raakt ook te water, maar zonder deze sjabrak. Dat werd als pronkkleed alleen gebruikt bij officiële gelegenheden. De sjabrak van Kingma is mei koarten (yn 2013 ? ) te sjen yn de tentoanstelling ‘Oud Geld’, yn it Frysk Museum te Ljouwert wêryn de lykstaasje fan stedhâlder Willem Frederik in kaaistik is.


L. C.

Boer, ‘by ouds Buurstra’ : in tsjerke mei in hanfol huzen.

(foto ; doarpsgesicht fan Boer út eardere tiden.)


Boargemasters fan Menameradiel:


18.....1858 G. F. baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg, earst as grytman.

1858-1901 Willem Adriaan Bergsma.   (Liberaal / Kappeyniaan.)

1901-1912 A. J. Looxma van Welderen baron Rengers.

1912-1940 C. Pals.

1941-1944 Dirk Torensma.

1945 G. de Jong. (N.S.B.)

1945-1964 Dirk Torensma.

1964-1972 Hartman Hoekstra. (Partijloos / V.V.D.)

1972-1979 Dirk Reitsma. (V.V.D.)

1979-1994 Jaap H.G. Goeman Borgesius. (V.V.D.).

1994-2012 Gerbrich (Gerrie) van Delft-Jaasma. ( P.v.d.A.)

 

SIKTARISSEN fan MENAMERADIEL :

1525  Wopcke Rotmers.

1536 - 1537  Jan Coenraets.

1545 Cornelius Wattiesz.

1564  Vitus Joannis Sixti.

1578  Mr. Johannes Doyema.

1581  Hans Cleaszoon Brantsum.

1583 - 1593  Joost (Jodocus) Brantsum.

1595 Tiete Folpert ‘s Baerd. ( ferstoarn op 18-9-1614.)

1614 Folpert Tiete ‘s Baerd. ( ferstoarn 1649, tr. mei Sytske Lasesdr.)

1649 - 1663 Tjaerd / Theotardus Johannis.

1663 Dr. Vitus Johannes Sixti.

1681 - 1695  Christiaan de Hertoghe. (letter nei Ljouwert as skr, Dep. Stn.)

1695 - 1697  Assuerus van Glinstra.

1697 - 1707  Assuerus van Viersen.

1707  Johan Caspar Schik.  (besibbe oan de LAUTENBACH sibbe en ferstoarn yn it neijier fan 1747 yn de âlderdom fan 71 jier. )

1748  Hendrik van Theeken. ( tr./m.  Trijntje Renici.)

1763 - 1802  Mr. Johan Mebius. ( ferstoarn op 10-6-1810 te Marsum, 68 jier âld.)

1798  Wyger van Eyck, prov. siktaris.

 

 *******************************

Yn de tiid fan Tjerck Gosling ‘s van Heerma (1613 – 1639 wenne hjir ek de Siktaris fan MENAMERADIEL Folpert Baardt. Syn grêfstien leit foar it doopstek yn de Koepeltsjerke.

 

In grêfstien fan de yn 1600 op 18 juny ferstoarne Wybe Grovestins, yn twadde boask mei Hylck van Oentsema, stoarn op 21 april 1598, leit foaroan op it tsjerkehôf neist de pastorije. Hy is de soan fan Idszart van Grovestins en Tjets van Oenema. 

 *******************************


L.C. 10-11-1926.

Berlikum 9 November.

De proef, hier dezen zomer genomen met het teren van den Achterweg (Hôfsleane) kan nagenoeg als mislukt worden beschouwd. Voornamelijk daar, waar nogal veel landbouwproducten, als bieten en rapen zijn vervoerd, heeft de teerlaag zich vermengd met het slijk, en is het op den weg een drabbelige massa. Het gedeelte weg, dat minder van het vervoer heeft te lijden gehad, is in tegenstelling met het verdere gedeelte, nog zeer goed. Pas na ingevallen dooi kan hier echter blijken, als het enkel teren van de weg, aanbevelenswaardig is of niet.


L.C. 21-2-1893.

BERLIKUM. - De notaris A Wiersma te Leeuwarden zal op Zaterdag den 25 Februari 1893 ‘s avonds 6 uur ten huize van de Kasteleinsche de Weduwe Osinga te Berlikum, publiek provisioneel verkoopen:

I. Eene flinke guardeniers woonhuizinge met achterhuis, schuurtje, erve, plaats, bleek en hofje, staande en gelegen ten Noorden van de Hervormde Kerk en achter aan de Reed of Weg bij de Buren (is no it hûs yn de Bûterhoeke hûsnummer 26, wêr’t Jouke Best wennet.) te Berlikum gequoteerd no 167 Kad A 1249 gr.1.20 are en no 1250 p.m.7 ares 60 centiares. Bij E.(eltje) D.(eddes) Appelhof en Kinderen in eigen gebruik. Den 12 Mei 1893 vrij te aanvaarden.

II. Een perceel tuingrond, geschikt voor Huissteed, ten Westen van het vorige perceel aldaar, opgemeten p.m. 2 ares 70 centiares.

III. Een perceel tuingrond gelegen ten Noorden van de Reed of Weg (Bûterhoeke)

Aldaar en aan het Berlikumer Wijd te Berlikum, met massaal schiphuis aldaar Kad. A no 2305 groot 5 ares 30 centiares, deels dadelijk, deels 12-5-1894 te aanvaarden en het schiphuis Kad A 2306 groot 34 centiare 12-5-1893 te aanvaarden.

Uitmuntend gardeniersland, de perc. IV. V. VI. VII. etc. etc.

(Yn de tiid fan Grytman Tjerck Goslings van Heerma (1613-1639) wenne hjir ek de Siktaris fan Menameradiel, Folpert Baardt. Syn grêfstien leit foar it doopstek yn de Koepeltsjerke.

In grêfstien fan de yn 1600 op 18 juny ferstoarne Wybe Grovestins, yn twadde boask mei Hylck van Oentsema, stoarn op 21 april 1598, leit foaroan op it Berltsumer tsjerkehôf. Hy is de soan fan Idszart van Grovestins en Tjets van Oenema.)


L.C. 10-4-1913.

DORPSBELANGEN te Berlikum.

Gisteren vergaderde de vereniging "Dorpsbelangen" te Berlikum.

Uit het verslag bleek, dat de zoogenaamde Weeslanden groot 11 pm en behoorende aan het "Old Burger Weeshuis" te Leeuwarden, thans door 44 arbeiders in gebruik zijn genomen en voorlopig met succes. Verder was door het bestuur een adres aan de N.T.M. ingezonden met het verzoek tot betere verlichting en verwarming der wagens en bij gebruik van meer dan een rijtuig afzonderlijke afdeelingen voor niet-rookers. In het bestuur werd gekozen K.(laas) E.(bbings) Lautenbach in de plaats van J.(ouke) W. Swart, die voor zijn functie had bedankt. Etc......Breedvoerig werd gesproken over den slechten toestand der "GRÚZE". Besluiten dienaangaande werden evenwel niet genomen, omdat eerst besprekingen tusschen gemeente en eigenaren zullen worden afgewacht.

("De Feriening fan Doarpsbelangen" te Berltsum is oprjochte yn 1895.)


L.C. 27-4-1805.

De Secr. Mebius, zal op Woensdag den 1 May 1805 ‘s avonds 5 uur t.h.v. Evert Willems Dijkstra, castelein te Berlicum, by Provinciale en Finale Palmslag verkopen:

I. Een huizinge en hovinge, staande en gelegen aan de WALKANT van de STEEG na de z.g.n. Kamp in den Dorpe Berlicum. Waar op geboden is 1200 Car.gls 15 Strs.

II Een huizinge en hovinge, staande en gelegen aan de OOSTKANT van genoemde STEEG aldaar. Waar op gebode is 900 Car.gls 15 Strs.

(Hjir efter dy twa neist innoar steande hûzen op de Eastkant oan de Brouwerssteech stie de âlde Minniste tsjerke ek ferskûle)


L.C. 19-11-1880.

Uit de hand te koop of te huur te Berlikum

EEN PAS GEBOUWDE burgerhuizinge met daarachter gelegen tuintje en bleek bevattende 1 Kamer, Gang, Kamertje, Keuken en Werkplaats, zoomede Regenwatersbak en Put en verdere gerijfelijkheden, staande OP HET EIND van de Kleineburen (no Lytsebuorren nû. 24 Rewi Fashion Anke van Dijk.) BEVOORREGT MET EEN KEURIG VELDGEZICHT. Dagelijks te bezichtigen tegen betaling van 50 cents. Nadere toelichting te bekomen bij D.(irk) F.(reerks) van Dijk en Znn. te Berlikum. Niet op Zondag.

("Das war einmal" sizze de Dútsers.)


L.C. 27-11-1945.

De Afdeling Berlikum - Wier van de vereniging "Het Groene Kruis" kwam in een buitengewone vergadering bieen. Het bestuur kwam met het voorstel "Aankoop Dokters huis" voor een wijkgebouw. Van de 105 uitgebrachte stemmen waren 73 voor. De aankoop mag een vastgestelde prijs niet te boven gaan.


L.C. 5-1-1949.

Het huis op de hoek van de Kruisstraat te Berlikum, waarin voorheen een bakkerij was gevestigd, is thans afgebroken. (û.o de bakkers Egbertus Tulleners, Reinder Jans Hoekstra, Jelte Gerrits van Temmen, Sjoerd Reinders van der Pan, Anne Rients Turkstra, bakker Rispens hawwe hjir wenne) Naar we vernemen zal van de (voor) tuin van het Groene Kruisgebouw (letter de Friesland Bank) ook een strook grond worden afgenomen. Dit zal voor het verkeer een grote verbetering zijn.


L.C. 16-8-1962.

Menaldumadeel (wurdt per 1-1-2011 Menameradiel) voert Friese straatnamen in.

(De doarpen krigen op 1-1-2010 offisjeel de Fryske doarpsnammen)

Klooster Anjum komt bij Berlikum (en wurdt in strjitnamme); Beetgumermolen wordt een dorp. Het dorp Klooster Anjum, dat alleen maar verspreide woningen heeft en alle kenmerken van een dorp mist, is als zodanig van de kaart verdwenen en bij Berlikum gevoegd. De naam blijft als straatnaam behouden.

Beetgum en Beetgumermolen, die steeds één dorp hebben gevormd, worden gescheiden. Beetgumermolen wordt een zelfstandige plaats, zodat het aantal dorpen in de gemeente (dertien) gelijk blijft.

De Raad van Menaldumadeel is uitgegaan van het standpunt, dat de bestaande volksbenamingen voor zover mogelijk in ere gehouden dienen te worden. Op 1-1-1963 zullen de namen officieel worden ingevoerd. De kosten worden geraamd op f.10.000,-


L.C. 11-9-1883.

De Burgemeester van Menaldumadeel bericht, dat de passage met rijtuigen over de Osinga tille te KLOOSTER ANJUM weder zal worden heropend.

Dinsdag 11 September 1883.


L.C. 22-10-1883.

Ondertrouwd:

IJge R. Mulder en Antje S. Vellinga

Dongjum }

Kl. Anjum } 17 October 1883.


L.C. 20-3-1902.

BERLIKUM, 18 maart.

In eene gisteravond nader gehouden vergadering met het doel tot oprichting eener coöperatieve voorschot- en spaarbank te geraken, werdende de door de commissie ontworpen statuten onveranderd goedgekeurd. Vijftien personen verklaarden zich daarop genegen tot bedoelde oprichting over te willen gaan. Na afloop der noodige formaliteiten zal deze inrichting dus haar nuttige werkzaamheden kunnen beginnen en zoo men mag afgaan op de verslagen van dergelijke banken in andere plaatsen, dan is de voorspelling niet gewaagd, dat zij hier, waar zoo tal van gardeniers en nering doenden zijn, binnen korten tijd tot bloei zal geraken.

Aangenomen is, dat het gebied van de bank zich zal uitstrekken over de plaatsen Berlikum, Wier en Klooster Anjum.


L.C. 8-12-1945.

Berlikum. 

In de gehouden algemeene ledenvergadering van de Coöperatieve Voorschotbank "BERLIKUM", werd in de raad van toezicht gekozen de heer K.E. Lautenbach en in het bestuur Joh’s Hoekstra. Het ledental is gestegen tot 371. De omzet bedroeg ca. 4 ¼ millioen gulden; de bedrijfswinst f.3713,02. De reserve bedraagt f. 100.764,24